Wa't him deasmoke wol, dy docht soks mar. En dêr bin 'k dus letter sels ek wer mei begûn, lykas út de oanhef bliken docht.
Goed, en dan no it ferfolch. In pear moanne letter woe ynienen myn rjochterskonk net sa goed mear. De húsdokter neamde it in ‘etalagebeen’. Soks hâldt yn dat jo om de fyftich meter even stilstaan moatte omdat it yn it kût of sa begjint te knipen. As jo soks yn de bewenne wrâld oerkomt dan besjogge jo even de etalaazje dêr't jo op sa'n stuit foar steane. Sa hie ik yn Drachten, as dat sa útkaam, al heul wat meubelshows besjoen. En ûnderweis nei it kafee fan Sibe dêr't ik ornaris twaris wyks oanstek, krige ik al aardich doel oer baby-artikels omdat myn aksjeradius him yn earste oanrin ta dy winkel beheinde. En by boekhannel Brouwer skôge ik altiten omstannich de nije titels.
‘De heer Van der Velde heeft een absoluut rookverbod,’ sitearde de húsarts út it rapport fan de specialist by wa't ik telâne kommen wie. Want it ferban tusken smoken en tichte ieren is sa klear as in klûntsje. As it wer wat mei my wurde soe, dan moast ik de nikotine ôfswarre. Dat wist ik al fan de man sels, mar it is goed dat de eigen húsdokter soks herhellet, sa wurdt dy der ek noch in bytsje better fan.
No, dan moat it mar wer heve, sei ik fleurich. Underweis nei hûs soalde ik it krekt oanbrutsen pakje sjek ta de auto út, de jûns hie 'k der al spyt fan en de oare deis ha 'k in nij pakje helle. Se ha dy dizze loop net benaud prate kind, sei myn frou, en sa is 't krekt. In dei as fjirtjin it sikenhûs yn, even in nij stikje ier yn dy skonk en yn oktober koe 'k wer te hazzejeien. Noflik is 't net fansels, de earste heale kilometer rin ik as in ljip, mar dan begjint dy skonk te pinigjen. Trochrinne, sizze de h.h. doktoaren, want it moat mei rinnen oerbetterje. Dat no hobbelje ik twaris deis it fytspaad nei de Middelgeast lâns en oertink mei in healswier sjekje yn 'e mûle myn sûnden. Want ik moat fan it roken ôf en kin it dochs net litte. It