| |
| |
| |
3 Kiboets
Op it fleanfjild komt it al oer jin, krekt lykas de earste kear. Doe wie it lykwols nij en moast men der ta wenne, no is it de geur fan de herkenning. In flutsje citrus, in bytsje fan de cypressen en luchtsjes dy t min te definiëaren binne. It hat wat fan it piipkrûd yn 'e iere simmer, mar ek fan de bloeiende flear. Mei inoar is it de rook fan it lân, fan Israël. It wurket as in ferdôvjend middel, je wurde der kritykleas ûnder en je litte it mar oer jin komme. Je hawwe trouwens ek net folle yn te bringen, je wurde sa'n bytsje libbe. Se slepe jin fan moarns ier oant jûns let fan it iene histoarise plak nei it oare, by nije fabriken lâns of troch âlde en takomstige frontlinys. En altiten moatte je wol earne te gast wêze.
Ik ha it lykwols oankommen sjoen en myn bestek makke. Ik sil se diskear in slach foar wêze. Lit de ploech dêr't ik mei reizge ha it lân mar trochfleane, by de hillige steeën, âlde stienklompen, souvenirtintsjes ensfh. bylâns. Mei de tiid sjoch ik op de dia's wol wat se belibbe ha, yn withoefolle suertsjekleuren. Ik gean net mei, ik pyk derút en gean allinne op stap, inkognito. Sûnder fototastel en sûnder dat rare blauwe mûtske dat de sinne opkeare moat, mar dat leau ik folle mear bedoeld is om de minsken te warskôgjen: pas op, der komt in tourist oan.
Meinte Walta sil my der noch hast fan ôfbringe. Wy sitte dan tegearre op in terraske, yn it skaad fan grouwe beammen en achter grutte glêzen bier. It bier komt út de iiskast en is fiersten te kâld, it stiicht jin fuort nei de holle. Mar wy binne it der folslein oer iens dat men eins gjin stap dwaan hoecht. Israël komt hjir ommers wol by ús, it heule libben flaneart
| |
| |
hjir. Wat sil men eins noch bereizgje yn dy gleone sinne. Dat soe 'k ek sizze, seit Meinte.
Mar sa sille wy net, ik wol myn pylgerreize meitsje, ik gean nei de kiboets. Mar dan wol nei in echten-ien fansels. Net sa'n liberale ynstelling mei priveebesit en Arabieren as wurknimmers. Ek net sa'n religieuze mienskip dêr't se gods wetter mar oer gods ekers rinne litte. Nee, foar my in echte marxistise kommune, sûnder jild, mar mei idealen. Mishmar Ha'emek dus, wat Wachter fan de flakte betsjut. It leit yn de delte fan Jisraël, mei útsjoch op de Karmel, de stêd Nazareth en de heechflakte fan Golan. Ik wol fan dit Israëlise aventuer as it heal kin in koarte roman oerhâlde. Oer in fierhinne assimilearre joadse jonge dy't him syn joads wêzen yn de Seisdaagse oarloch ynienen bewust wurdt, nei Israël reizget en dêr yn de kiboets foar de krêftproef komt te stean. Sokssawat, it moat fansels noch bliken dwaan oft ik dat ûnderwerp oankin.
Der steane fansels withoefolle minsken klear dy't my yn 'e auto nei it noarden bringe wolle, mar dat is it doel net. Ik gean mei de bus, sa'n rattelding dat de dyk del davert lykas die de chauffeur mei oan in rally. Se litte de bussen ride mei in frekwinsje dy't it grif mooglik makket it heule folk yn ien dei te evakuearen, mar der sitte altiten minsken yn. De chauffeur ferkeapet kaartsjes wylst hy skeakelt, in oare auto ynhellet en my útleit wêr't ik oerstappe moat.
Yn in bus leare jo Israël kennen. Wy ride oer de grutte wei nei Haifa. Elke fiif menuten hâldt de bus en komt der folk by. Arabieren mei foege frachten griente dêr't se mei nei de merk geane, soms mei kistenfol fisk dy't ta de bus útstjonke. Alles mei ferfierd wurde, it iennichste betingst is dat men it der sels yntôget en dat it gjin tiid kostet. Arabieren binne dêr goed handich yn. As de bus deroan komt, stiet de heule húshâlding mei de bagaazje op 'e reesprong. Heit ropt in befel en yn no time ha se de brot deryn. De radio spilet oer
| |
| |
alles hinne, net ien harket. It wurdt wol stil as de nijstsjinst oan bar is. Israël is op plakken ferdulde smel, amper tritich kilometer. Dan wolle jo it yntiids witte oft der ek wer oarloch komt.
Yn Haifa ha 'k it busreizgjen wol besjoen. It is slim waarm en ik soe wol hast teplak wolle. Der is in taksy, it is mar in pear kilometer nei Mishmar Ha'emek, seit de chauffeur, dat kin dus heuchút in pear ryksdaalders kostje. Mar it is krapoan tweintich kilometer en it kostet 28 pûn. In joadestreek, as ik myn sin sis, mar dat kin yn Israël al min oars.
Mishmar Ha'emek is it paradys, de sontfloed moat der oan foarby gien wêze. Fan 'e grutte wei ôf sjocht men dat sa net, want earst komt der in fabryk en dan de buorkerij en dêr omhinne is it fansels wat smûsterich en rommelich. Mar achter in brede wâl fan dadelpalmen mei dêrûnder in hage fan bloeiende kaktus begjint de hôf fan Eden. As ik florist wie, rekke ik der net op útsjoen. No tink ik bytiden allinne mar: dit kin net, dit binne keunstblommen. En der steane beammen dy't sa pronksk binne dat se it har net iens oan tiid dien ha en set blêd oan. Der sitte allinne mar blommen oan. It is te moai fansels, je wurde suver wat ûnrêstich ûnder al dy skientme. It moat op 't lêst al ierdsk bliuwe. Aldergeloks is der in fûgeltsje yn it paradys dat omraak skelle kin, in swart-bûnt bistje, in koekoek of in specht. Frek, frek, ropt er en dat is in goed ding om jin yn de wurklikheid werom te bringen.
Mar de jûns, as ik poer allinne ûnder de dadelpalmen lis, komt it dochs werom. Fan dy mankelike prakkesaasjes yn de trant fan: Kinst neigean hoe't Adam him field hat doe't er ferballe waard. Dat moat in klap west ha, hy hoegde krekt lykas ik mar in hân út te stekken en de fruchten des velds rûgelen him temjitte. En dan te betinken dat ik allinne bin en dat Adam syn Eva ek noch ûnder berik hie. Wier, dit moat
| |
| |
net te lang duorje, oars wol ik hjir net wer wei.
Mishmar Ha'emek is lykwols ek fan dizze wrâld. Kom jûn mar by de general meeting, sizze Channa en Leda. It is de jûn nei sjabbath. De kiboetsmienskip sit yn de ytseal en hâldt in miene gearsit. Alle leden ha rjocht fan praten, allegear ha se stimrjocht en alles wurdt besletten by mearderheid fan stimmen. It sekretariaat fertelt allinne wêr't it om giet, leit oplossings foar en dan moat de gearkomste mar in kar dwaan. It is in model-demokrasy.
De kiboets beheart polityk by de Mapam, in lytse socialistise partij, links fan de sociaal-demokratise Mapai. De kiboetsbeweging fan de Mapan hâldt it ideaal fan de kommune heuch. Lean wurdt der net betelle, allinne in bytsje bûsjild. Elk kriget nei behoefte, elk hat deselde rjochten en plichten en dêr besteane gjin útsûnderingen op. Leda is manager fan in grutte feefoerfabryk yn Haifa, in kollektive ûndernimming fan de kiboetsym yn Galilea. Hy hat dêr in grut kantoar en de kofje wurdt him troch in sikretaresse brocht. Mar thús, yn de kiboets, moat er om de safolle wiken tsjinst dwaan yn it bernetehûs. De bern op bêd bringe, ferhaaltsje foarlêze, nachts oppasse ensfh. Der wenje twa leden fan de Knesseth, it Israëlise parlemint, yn de kiboets. Se hawwe fanwegen de ôfstân in keamer yn Jeruzalim, mar as de Knesseth net fergadert binne se yn de kiboets en dogge neffens roaster tsjinst yn de keuken. Ik ha yn de sintrale keuken neist de geachte afgevaardigde Chazzan stien te ôfwaskjen en it oare parlemintslid rûn ek mei de skelk foar. Ik sjoch Schmelzer sa noch net omstappen, Marcus Bakker trouwens ek net. De specialisten - ûnderwizers, chauffeurs, melkers - binne fan sokke putsjes net frijsteld. As it har tiid is kinne se mar opdrave. It jildt ek foar de bestjoersfunksjes.
Wat dat lêste oangiet jout it wol problemen, sizze Channa en Leda. It is bygelyks net botte effisjent om immen dy't twa
| |
| |
jier lang in wat specialistise funksje hân hat te ferfangen troch immen dy't in heal jier wurk hat om deryn te kommen. Mar se hâlde fêst oan it prinsipe dat elk op syn tiid de ferantwurdlikheid drage moat. Op 't heden, it is april 1968, binne de problemen grut. It leger easket de jonge minsken op en de âlderen moatte algeduerigen opkomme foar herhellingsoefeningen. En dat wylst de rispinge foar de doar stiet. Probleem ien: wêr krije wy de minsken wei? De ekonomen hawwe al útrekkene hoefolle mankrêft der noadich is om it fruit yn te heljen en hoefolle folk der beskikber is. As no de keuken ris safolle ynlevere, de ûnderhâldsploech it mei safolle minder dwaan koe? Der is in foarstel om de âldste skoalbern yn te setten by de pluk fan de perziken en abrikoazen, mar der draaft daliks in frommes nei de mikrofoan. Se is der poer op tsjin, it ûnderwiis giet foar, ropt se ferheftich. As der stimd wurdt docht bliken dat hja de slach wûn hat. Yn de kiboets hat de edukaasje in heuge prioriteit, ek wat de folwoeksenen oanbelanget. Mishmar Ha'emek hat op achthûndert bewenners in bibletheek mei tritichtûzen boeken en yn de lêsseal lizze hast alle Israëlise kranten en tydskriften en ek noch moai wat bûtenlânse.
Oan 'e ein fan de jûn wurdt it ynienen spannend, fernim ik wol. Fûleindige ynterrupsjes en lulke koppen. Channa leit it my út. It giet om de finansjele bydrage fan de kiboets oan de partij, yn dit gefal dus de Mapam. De kiboets hat aardich winst makke, de bydrage soe omheuch kinne, mar lang net elkenien is 't der mei iens. Der komt in jongfeint oerein dy't seit dat de partij him net folle skille kin, hy soe de winst reserveare wolle foar in nij swimbad. Wol fjouwer grize kiboetsleden rize oerein en sprekke mei moanjende finger en triljend lûd skande fan it egoïstise praat fan dizze jonge kammeraat. Se ferhelje beswarrend fan de grutte offers dy't de âlderein brocht hat om in sterke beweging op te bouwen. De jongerein hellet de skouders op en lit se pra- | |
| |
te. Sjochst no wol datst hjir net yn it paradys biste, flústert Channa my ta.
Nei trije dagen rûk ik nei de kiboets. It is sa'n ienheidsgeur fanwegen deselde sjippe, deselde handoeken, deselde bêderij. Mar it komt ek fan it leidingwetter dêr't wy ús yn douche. It is skier fan de rommel dy't deryn stoppe wurdt om it goed te hâlden. En omdat it buizenet foar in part boppe de grûn leit is it altiten lij. It is eins wol in noflike lichemslucht, yn elk gefal is it wer ris wat oars as de Odorex dêr't wy thús de switluchtsjes mei bestride. Wat is der trouwens op switlucht tsjin? Yn de kiboets snúf ik myn eigen mei wolbehagen op, benammen ûnder de earms. En as der in switkobbe fan de noas nei ûnderen komt, priuw ik der even fan.
Benammen op it hjitst fan de dei, as wy net arbeidzje, en jûns fiel ik my behaachlik. Gean mar nei: de kiboets hat in folslein wenninkje foar my frijmakke. In koele keamer mei waranda, in keukentsje en in douche. Dêr kin ik mysels wêze. Ik set in stoel op de waranda en jou my del achter de roazestruken. Ljocht út fansels, ik sit heale nachten bûtendoar, kuierje in eintsje, harkje nei de lûden fan de nachtdieren en snúf de lucht op. Nachts rûkt it as krûd.
Der is mar ien beswier, de drank is op. Ik hie der oars wol rekken mei holden. De Israëli's binne der sober yn en yn de kibboets is 't noch slimmer. Se drinke hast oars net as grapefruit mei sinesapelsop, in sûn drankje fansels. Mar ik bin bedoarn ta op syn minst in gleske bier deis en as it heal kin foar de nacht in slokje. Soks heart net by de deistige ferstrekking en ik doar der net om te freegjen. Op it fleanfjild yn Amsterdam kocht ik twa heale mingels, ik maksimum dat je taxfree ynfiere meie. Sa'n moai rjochte en sljochte fjouwerkante fles Bokma en in ierdewurkkrúkje fan Wijnand Fockink. Yn in rije rite ha 'k Leda dat krúkje skonken. Mis fansels, it wie oan him net bestege. Ik sei der noch by dat it
| |
| |
real Dutch gin wie mei in spesjaal smaakje en ik hie der op rekkene dat er him doe wol iepenmeitsje soe. Mar hy taalde der net nei, hy sei tankewol en sette dat fleske yn 'e kast. Gjin drip ha 'k der fan hân.
It krúkje Bokma zeer oude genever sparje ik lang mei om. Ik ha der in heul lyts gleske by om mjitte te hâlden. Dat skilt wol, der sitte frijwat fan dy lytse gleskes yn dat heale mingel. Ik ha noch even oan it krúkje fan de widdo fan Sarfat tocht dat mar noait leech rekke. It bin op 't lêst op histoarise grûn, sokke wûnders moatte hjir bard wêze. Mar yn it krúkje fan de widdo fan Sarfat siet bakoalje, yn mines jenever, miskien makket dat ferskil. Yn elk gefal moat ik Bokma by einbeslút op 'e kop hâlde om der noch in drip út te krijen.
Mar der barre dochs noch wûnders yn Kanaän, wiswier wiswier sis ik jim. De oare deis bringt Channa my it rantsoen: in blikje kofje, in plak sûkelade en in flesse brandy. Dat lêste fanwegen Pesach, seit se, mei Pesach drinkt men in gleske cognac. In heale mingel brandy, 44 persint en de smaak kin dy fan Frânse cognac belykje. As ik sunich bin, kin 'k der wol in wike mei ta. It etiket fermeldt dat de opperrabbyn fan Jeruzalim dizze brandy geskikt befûn hat foar religieuze feesten. It is neffens de foarskriften makke, dus sa kosjer as wat. It is dúdlik dat der segen op dizze brandy rêst. Hjir hat Bokma wol oan.
Godstsjinst dogge se yn Mishmar Ha'emek net oan. Der wenje frijwat bewuste atheïsten, de oaren leauwe it wol, dat is te sizzen, dy leauwe dus net, mar neame harsels dochs net atheïst. Mar elkenien hat in hekel oan de ortedokse minderheit dy't it heule folk de wet foarskriuwe wol. De wet dy't bygelyks bepaalt dat der op snein gjin autobussen ride, dat it iten yn iepenbiere gelegenheden kosjer wêze moat en mear fan dat uterlike fertoan. Benammen Leda lit derûnder, want syn feefoerfabryk stiet likernôch de heule peaskewike stil en
| |
| |
dat kin eins net. Leda berêst deryn, je dogge wat om de frede yn eigen lân te bewarjen, benammen no't de driging fan bûtenôf wer sa grut is.
Yn de kiboets wurdt it peaskefeest wol fierd. Der is ien dei gjin bôle yn de ytseal, ynstee dêrfan leit der matzes op 'e tafels. De twadde deis is de matzes der ek noch, mar dan leit de bôle der wer neist. Wa't de tradysje heuch hâlde wol kin de heule wike oan de droege pankoeken. Dat it peaske is, is ek te fernimmen oan de skoalbern. De beukerskoalle bout op it skoalplein fan wiete klaai in oventsje dêr't de bern brea yn bakke. De âldere jeugd spilet de úttocht út Egypte nei en de reis troch de Reade See. Channa leit my út dat it âldtestamintise ferhaal gewoan in stikje faderlânse skiednis is. De religy ha se der útsouwe, mar wa't it opperwêzen ek noch in rol yn de skiednis jaan wol dy stiet soks fansels frij.
Jûns let bin ik yn de ytseal dêr't se manmachtich dwaande binne de boel foar it feest te fersieren. De jemenitise ûnderwizeres studeart der mei âldere bern lieten yn en der wurde wantskilderingen makke. De wantskilderingen foarmje mei inoar in soarte fan staasje, de lijensgong fan it joadse folk mar mei oan de ein de symboalen fan de frijheid, de nije takomst en de hoop op frede. Se binne der o sa ienriedich en tagedien mei dwaande en ik sit der de heale nacht by. De sfear is min te beskriuwen, mar ik wurd der knap mismoedich ûnder. Ik soe eins wol ta dizze mienskip behearre wolle. Mar dat kin fansels net. Nei in pear wiken soe 't my nei alle gedachten al oanfleane. Om kiboetsnik te wurden moatte jo in mentaliteit ha dy't yndividualisten lykas ik, foarme troch in frije kapitalistise maatskippij, frjemd is. Jo moatte der ek in oare geastlike bagaazje foar meikrigen ha.
En it mienskiplike fijân, betink ik even letter. Want ûnderweis nei myn keammerke kom ik ien fan de wachten tsjin, it Uzzi-pistoal bongelt him foar it boarst. Hy seit dat er my no wol ken, mar dat ik likegoed jûns en nachts net troch de
| |
| |
bosk bûten de poarte omdoarmje moat. Fanwegen de wetterlieding dy't saboteurs justernacht wer ris besocht ha op te blazen, sjitte se op 't heden op alles wat beweecht.
Middeis om fjouwer oere hinne komt Mishmar Ha'emek eins goed ta libben. De slimste waarmte is oer, de measte manlju en froulju hawwe it wurk dien en dan begjint it. Heit en mem (beide hawwe de heule dei arbeide en de bern allinne yn it koarte middeisskoft miskien even sjoen) drave nei it poppehûs ta en helje de lytsen op. De beukers en skoalbern skarrelje op eigen gelegenheid de kant út dêr't se heit en mem ferwachtsje.
De measte wennings lizze tsjin de berch op. It is in wenpark fan bungalows en apparteminten, beskûle yn 'e beammen en strûken en mei iepen gazons dertusken. Op 'e midden fan dy stikjes greide steane mânske skaadbeammen, almeast dadelpalmen. Alle paden binne asfalteard, auto's meie der net oer. Sadwaande kinne se de bern mar rinne litte. Sa't ik sei, dit is it paradys, mar wol troch minsken skepen. En as der yn 'e simmer net alle dagen in bats wetter oerkaam, soe 't gau fertoarke wêze. Trouwens, tritich jier lyn wie it noch in neakene berchhelling, elke beam en elk pôltsje strewellen is troch de pioniers plante.
Yn 'e neimiddei is it drok bûtendoar. De âlden boartsje mei de lytsen. Der wurde tobben en amers oantôge en fol wetter dien. Dêr pûdelt de jongste generaasje yn om. De grutten geane nei it swimbad, nei de sporthal of nei de lêsseal. Mar mei de sport wachtsje se almeast oant nei it jûnsmiel, dan is it koeler wurden. Om healwei seizen wurdt it wat stiller. De famylje sit foar hûs en der wurdt kofjedronken. Om sân oere begjint de úttocht nei de ytseal. De poppen wurde ûnderweis ôflevere, de âldere bern geane mei heit en mem te iten en wurde neitiid nei harren ferbliuw brocht. Heit en mem geane letter op 'e jûn nei in fergadering, nei de bioskoop of de
| |
| |
konsertseal. Der is de lêste jierren sels sokssawat as in kofjebar.
En dy stumpers fan berntsjes moatte har yntusken kollektyf útklaaie, waskje, sliepe en wekker wurde. Se moatte mei trije-fjouwer oeren memmeleafde deis ta. Op it each lije se der net ûnder, mar de eventuele frustraasje sit fansels ek net oan 'e bûtekant. Ik wit net hoe skealik de kollektive opfieding is. Der sitte yn elk gefal in stikmennich foardielen oan:
1 Heit en mem krije net de kâns om de bern ta de grûn yn te bedjerren sadat der letter gjin lân mei te besilen is.
2 De âldelju krije likemin de gelegenheid om harren lulke oanslaggen op de bern te ferheljen, lykas te uzes aardich oanboazet as ik de kranteberjochten oer bernemishanneling neigean.
3 Alle bern krije likefolle mei en krije dus ek deselde kânsen. Dêr hat it by ús wol oan.
Channa leit it my út dat der net straft wurdt yn de kiboets, lêstige bern wurdt mei praat. It is my wat te leaf. Is der bygelyks noait in jonge-yn-de-minne-leeftyd dy't in wân op 'e hûd fertsjinnet? Channa sjocht my ferheard oan. Slaan, echt slaan? Nee, dat bestiet hjir net.
Ik ha dochs ris in heit op syn bern fûterjen heard. Ik ha it net sjoen, mar nei dat fûterjen hearde ik wat en opslach waard der net te min gûld. Ik leau grif dat er it bern in draai om de earen jûn hat. Soks docht jin dan dochs wol goed.
Moarns fiif oere fandelt Etan syn folkje by inoar. De trekker rint al, mar op de oanhingwein sit allinne in âld man. Klim der mar op, seit Etan sûnder fierdere plichtplegings, mar hy wiist al mispriizgjend nei myn knappe broek dy't te goed is foar it rûge wurk. Want der is ôfpraat dat ik gewoan arbeidzje sil, ik bin volontair, ik moat wurkje foar kost en ûnderdak. Ik ha al yn 'e keuken stien, sinesapels plukt en piken slachte. En no moat ik dan mar ris lânwurk dwaan. Etan set
| |
| |
ôf en komt even letter werom mei in kloft famkes en jonges. Hy driuwt se as skiep foar him op, mei in kalm praatsje derby. Guon moatte har rinnende weis noch oanklaaie. Hy hat se blykber sa fan 't bêd ôfreage. It binne bern út de stêd dy't in skoftsje yn de kiboets ferkeare, in soarte fan wurkwykein sil it wol wêze. As de ploech kompleet is, rydt Etan mei ús it fjild yn. Wy wurde tusken de abrikoazebeammen ôfset. Oan elk tûkje sitte wol in stik as tweintich lytse fruchten, deun op inoar. De helte moat derôf om de oaren de romte te jaan sadat it grutte, swiere fruchten wurde kinne. Ljedders yn de beam op en dan mar omheuch. It is gjin leabrekkend wurk en moarns ier is it suver koel tusken de beammen. It jongfolk sjongt en gekjeit. Etan moannet se. Tafersjoch is noadich, as Etan him omkeart sette se it fuort op it sacht sin. Dit is gjin kiboetsjeugd, de kiboetsbern ha plichtsbesef, ik wit net hokker soarte it lokkichst is.
Wy helje fleurich de klok fan acht oere en dan is it tiid foar it moarnsiten. De heule ploech yn de bak en nei de ytseal. Oer in heal oere moatte wy wer by de trekker wêze, seit Etan. It wurdt trije kertier, de baas is ynskiklik. Werom yn de abrikoazen stiet de sinne al moai heuch. It wurdt near tusken de beammen. Wy reizgje om bar nei de karre dêr't de kiste mei grapefruit stiet. It plaske fege wy der mei it mes ôf en dan sûgje wy him leech. It binne ûnfoech grutte grapefruits, meloenen allyk. It fruchtfleis meie wy der net út ite, jo krije der neffens Etan ferstoppe terms fan. Mar it sop kinne wy net genôch fan drinke.
Etan driuwt no sels ek yn it swit. Hy snúft de lucht op en seit dat de chamsyn deroan komt. Dat is de gleone wyn dy't fan de Syrise kant komt, yn april komselden waait mar yn myn tiid seis dagen presint is. Abnormaal, seit elkenien, mar hy is der en de chamsyn soarget foar temperaturen fan tsjin de fjirtich graden. Foar proletariërs dy't yn it fjild it deistige brea beskreppe moatte, komt de paradysflok dan aardich
| |
| |
hurd oan. Om tsien oere seit Etan dat ik him mar even helpe moat by it ferlizzen fan de wetterbuizen dy't de abrikoazentún befloeie. Dat wurdt bealigjen. De skuon en sokken út, broeksboksen omheuch oant boppe de knibbels. Ik moat oan 'e kûten ta troch de kliemske klaai. Trije dagen lang is der wetter op brocht, dat de grûn is as in sompe. Elk stik buis moat fersleept wurde nei it droege part fan de plantaazje en dêr wer keppele wurde. Etan ropt my ta dat ik om de weepers tinke moat. It is in feninige njirre, in slankje fan amper tweintich sentimeter, mar as se tabite kin 'k mysels wol ôfskriuwe. No ja, sa slim is 't ek wer net, mar ik moat it al even sizze. Ek hinget der wolris in klobbe wylde bijen yn in beam, in stikje aldtestamintise folklore, mar it is net ferstânnich en ferbalje dat folkje. Fierders huzet der tusken de beammen in mich, hy liket op in libelle, dy't prippen jout dêr't jo daliks net dea oan geane, mar wol in bulte as in sinesapel fan oerhâlde.
It is in stûf kerwei, mar ik kin Etan al byhâlde en dat jout foldwaning. Mei wolbehagen knyp ik nei ôfrin it swit út it bûsgroen en slikje my it swit ûnder de noas wei. Dêrmei wer ris de wurden út Genesis folbringend dat de minske ‘in het zweet zijns aanschijns’ it brea ite sil. Jûns bin ik út 'e liken, mar tefreden. Ik begjin ferdomd te leauwen dat men yn dit lân mear ha kin as earne oars op 'e wrâld.
Oan de leeftyd fan fjirtjin ta wurde jonges en famkes yn Mishmar Ha'emek meiinoar grut brocht. Nei har fjirtjinde krije de famkes wol in aparte badkeamer, mar sliepe se dochs noch mei de jonges op ien keamer. Pas as se achttjin binne, geane se út inoar. Clara Malraux, dy't in moai boek oer de kiboets skreaun hat, wijt der ien haadstik oan en dat hat my op 'e smaak brocht. Om krekt te wêzen: as dat jongfolk salang yn de selde sliepkeamer gearhokket dan wol ik bygelyks wol ris witte hoe't it giet mei it ‘voorechtelijk
| |
| |
geslachtsverkeer’, sa't de NVSH it sa smaaklik formuleart. Israëlise fammen sit alles oan en se showe it o sa frijmoedich. As dat net begearich makket dan mankeart der wat oan dy jonges. Ik freegje der Channa nei, mar dy sjocht der gjin nijs yn. It is ien grutte famylje, seit se, se libje as broers en susters.
Clara Malraux leit út dat dit krekt de grap is. Se groeie mei inoar op, op de leeftyd dat jonges nijsgjirrich wurde, binne kiboetsjonges dat net, want se ha alles al sjoen. En tsjin de tiid dat gewoane jonges mear as nijsgjirrich wurde, stiet it by de kiboetsjeugd noch altiten op in sacht sin. Dat hat yn it ferline, fertelt Clara Malraux, suver in probleemke west. Yn de isolearre kiboetsym wie tusken de seksen te min erotyk. It gefolch wie dat der net genôch peare en troud waard. Se binne doe begûn mei it organisearjen fan meetings tusken de jongerein fan ferskate kiboetsym, jeugdkampen dêr't jonges en fammen dy't inoar frjemd wienen, mei inoar yn de kunde kamen. En klear wie 't. It probleem bestiet no net mear, want beide soarten moatte mei achttjin jier ûnder tsjinst en dan fynt elk sines wol.
Oan de jongerein fan Mishmar Ha'emek kin men it ferhaal fan Clara Malraux aardich krekt befêstige krije. Der wurdt wol frijd, mar dan benammen as der nije minsken kaam binne. Der wurdt ek wol peare, mar der komme hast gjin saneamde ûnechte bern fan. It ferkear tussen jonges en famkes is oars yn de kiboets. De fammen rinne derby dat elk him gnuvend omdraaie soe as se sa by ús oer de dyk rûnen. Yn de kiboets wurdt der net nei taald. De jonges dogge foar in faam de doar net iepen, se litte har net foar gean en se nimme de froulju it swiere wurk ek net út hannen. By ús wurdt dat útlein as gebrek oan hoffelikheid, mar yn de kiboets sizze dat sok fertoan boargerlik is en it bewiis dat by ús de emansipaasje noch net foltôge is.
Wat de trouwerij oangiet ha se yn de kiboets in konsessy
| |
| |
dwaan moatten: it houlik wurdt troch de rabbi befêstige. Eartiids dienen se dat net, se trouden oer de putheak, mar sokke houliken wienen net jildich. De rabbi is yn Israël wat by ús de amtner fan de boargerlike stân is. It noasket se yn de linkse kiboetsbeweging net, mar Leda seit al wer dat je ynskiklik wêze moatte omwille fan de frede. De ortedokse minderheid hat ek yn dit stik fan saken de mearderheid goed yn de besnijing. En foar de rest: foar strúnjeiers is der yn Mishmar Ha'emek gjin aardichheid oan.
En dan komme jo wer thús, it âlde libben griist jin oan. As ik allinne wie, prakkesearde ik der net lang oer. Mar der is in húshâlding bykaam, in frou en in lyts bern. Kom op, besykje ik fleurich, wy brekke de boel op en geane in pear jier nei de kiboets. En dan? Wie dan leeft wie dan zorgt. Miskien wolle wy wol noait werom. Maar tussen droom en daad... Krekt in nagelnij hierhûs tawiisd krigen. En wa garandeart my dat der letter in baantsje foar my is? Dat it sil der wol net fan komme. Ik moat yn elk gefal earst dat ferhaal oer dy joadse jonge mar ris skriuwe.
|
|