| |
| |
| |
2 Om dea
Doe't yn febrewaris 1953 yn Seelân de diken trochbrutsen, wie ik yn Amsterdam op de marinebasis Kattenburg yn oplieding foar codeur-telexist.
De skipper kaam de moarns yn 'e klasse en frege: ‘Heb ik ook boeren in deze bak?’
Wy holden ús yn ôfwachting fan in neiere útlis allegear stil. Soks hienen wy nammentlik al leard: net te gau de finger opstekke. Want fregen se bygelyks wa't op in piano spylje koe en jo melden je, dan koe it wêze dat je oanwiisd waarden om yn de longroom fan de offisieren, dêr't sa'n ynstrumint stie, de flier te dweiljen.
‘Ik heb jannen nodig die koeien kunnen melken,’ ferfolge de skipper en hy lei ús út dat yn Seelân tûzenen kij dy't troch de wettersneedramp oan 'e swalk rekke wienen, opheind en fersoarge wurde moasten. Wy wienen troch de radioberjochten oprjocht begien mei it lot fan minsk en dier en woenen der allegear wol hinne om te helpen. Mar allinne de Limburger Johan Hansen en ik kamen troch de seleksje. Johan wie in boeresoan en ik koe nei wierheid ferklearje dat ik tsien kij yn oardeloere melke koe. Soks hie 'k yn de jieren dêrfoar yn Frankryk wol leard.
De skipper hie it net op my stean, hy neamde my geregeldwei ‘stuk verdriet van je vaders genotsknuppel’, mar hy wiisde my al oan foar útstjoering nei it rampgebiet.
It kaam my goed út, ik woe wol út dy oplieding en út dat Amsterdam wei. Dêr siet ik al mear as in heal jier alle dagen yn de skoalbanken. Se learden ús hoe't wy yn tiden fan oarloch oan 'e hân fan codearboeken en seinapparaten boad- | |
| |
skippen ferstjoere moasten dy't de fijân net daliks troch hie. Yn de rêch fan dy geheime boeken siet op syn minst in kilo lead. Mocht it safier komme dat ús skip yn hannen foel fan de fijân, dan wie it myn taak om dy boeken yntiids oerboard te smiten. Der waard fan jo ferwachte dat je soks dienen ‘met inzet van den gehelen persoonlijkheid.’ Ja, it gyng sa fier dat jo der it libben foar oer ha moasten om dy boeken út hannen fan de fijân te hâlden, dêr moasten jo in djoere eed op swarre.
Dat wie my te stûf, dan leaver wer tusken de kij. Hansen en ik krigen de opdracht om opslach ús plunjesek yn te pakken en ôf te reizgjen nei Den Helder. Hansen sei noch dat Vlissingen de oare kant út wie, mar it die bliken dat de spoar- en weiferbinings yn it rampgebiet ferbrutsen wienen. Wy soenen mei it skip fan Den Helder nei Vlissingen farre. Wy fierden de frijheid en dienen lang oer de treinreis, mar úteinlik moasten wy wol yn Den Helder ferskine. Wy kamen op de Cerberus telâne, in skip dat der op makke wie om yn tiden fan oarloch stielen netten te lizzen foar de yngong fan havens, sadat de ûnderseeboaten fan de fijân der net samar ynfarre koenen.
Dy netten leinen trouwens op 'e wâl, it skip wie foar dizze gelegenheid laden mei helpguod foar it rampgebiet. En dêr leinen wy nachts tusken. De oare moarns farden wy út en in boatsman holp ús oan wurk. Dat waard rustbikjen, mei de hammer de âlde ferve fan de railing klopje en dy railing dêrnei yn de reade meny sette. It wie ús earste seereis en it foldie wol. Wy seagen middeis de krytrotsen fan Ingelân en soenen yn 'e jûntiid yn Vlissingen oankomme. Dat waard him tenearsten net. De wyn foel, it waard dampich en ynienen wie 't allegear mist. De Cerberus gyng foar anker, de misthoarn kaam oan en wy waarden om bar op de útkyk set. Ik hie leau ik de platfoetwacht, twa oeren yn 'e kâlde seedamp en as ik wat fernaam moast ik dat neffens de
| |
| |
ynstruksje melde by de offisier fan de wacht yn de noflik waarme stjoerhut.
Dy man seach dat ik ferklomme, want se hienen ús foar dy koarte reis gjin winterplunje ferstrekt. Hy sei: ‘Blijf maar binnen, jan.’ Doe seach ik dat hy op de radar alles, en dan ek noch in kertier earder, al sjoen hie wat ik plichtsgetrou oan him troch joech. Hy lei my út dat it ynstitút fan de útkyk sûnt Michiel Adriaanszoon de Ruyter bestie en dat it bestean bliuwe soe oant yn lingte fan dagen. Mar omdat se my yn Den Helder gjin winterplunje ferstrekt hienen, wie it ferantwurde om mei de tradysje te brekken. Dat ik hoegde my net deafrieze te litten, it lêste oere mocht ik by him yn de hut bliuwe.
Yn Vlissingen kamen wy neist de Van Heemskerck te lizzen, in yn myn eagen ûnbidich grut skip mei mânske kanonnen yn geskutskoepels. Krekt echt, mar it spul woe net mear sjitte en die tsjinst as wachtskip, sa bliek letter. Op dat skip waarden wy ûnderbrocht.
‘Jongens, wat moet ik met jullie?’ sei de skipper. Wy stienen fersteld, dy skipper neamde ús gjin puppes, net iens jan en hy rôp ek net ‘Je kunt m'n rug afhollen en m'n zak opblazen.’ En ik wie net mear ‘het stuk verdriet van je vaders genotsknuppel.’ Dizze skipper wie in minske en dat kaam troch de Java-see, hearden wy letter. Dêr hied er yn 1942 trije dagen op in reddingsboei omdobbere nei't syn skip yn opdracht fan admiraal Karel Doorman tenûnder gien wie tsjin de Japanners. Dan krije jo rejaal de tiid om oer it libben nei te tinken en doe is dy man minske wurden.
No ja, dat tinkt my, it wit ik fansels net. Hysels folstie by de ynstruksje oer hoe't jo sa'n kalamiteit oerlibje koenen mei it jaan fan praktise tips. Sjoch, sei er, as jo in dei yn it waarme wetter fan in tropise see lein ha dan geane de poriën fan de hûd iepen en by einbeslút rint it bloed jin ta it fel út. Ha jo dan noch in needfoarrie oan iten by je, yt dan bygelyks it
| |
| |
pakje bûter net op, mar smar mei dy bûter it fel ticht. Dat detail is my fan syn ynstruksje bybleaun. It wol my wol oan dat sa'n erfaring bydraagt ta it minske wurden.
Mar de skipper hie dus gjin ferlet fan ús. De kij dy't molken wurde moasten, wienen al teplak brocht yn Brabân en de oaren dreauwen as kadavers de Skelde út nei see. Tenearsten moasten wy mar wer rustbikje, it iennichste wurkferskaffingsprojekt dat se by de marine hienen.
En doe stie ynienen de sergeant neist my. Ik seach it fansiden al, earst it ynfallen liif mei de koppelriem der stiif omhinne, doe heugerop de bonkige skouders en dêrnei de megere hals mei grouwe ieren. Hy draaide him in heale slach om en ik ek, doe stienen wy tsjin inoar oer. ‘Godsamme, dat ik jou hier weer schaak, rooie,’ sei er mei datselde kreakerige lûd fan doe. Ik krige it knap benaud, it triljen begûn en ik wie der wis fan dat it diskear om dea gean soe.
Ik hie in minne start makke by de marine, dêr kaam it fan. Yn minder as in fearns jier hie 'k in heul rychje ‘bakjes’ yn myn conduite-boekje. In bakje wie in oertreding fan de kriichstucht en dy waard mei soarch byskreaun op de steat fan tsjinst, it conduite-boekje. Dat boekje achterfolge jo yn je fierdere libbensrin as militair. By elke oerpleatsing rieplachten se earst it boekje, se seagen jo even oan en dan wist ik it wol. Je koenen gjin poat oerdwars sette of se snipten je. It gyng al ferkeard doe moast ik noch oan dat aventuer begjinne. De oprop foar de tsjinst krige ik yn Frankryk. Ik wurke dêr en ik woe wol fuort, mar it militaire bestean, al wie 't mar 22 moanne, hie 'k eins gjin nocht oan. Ik hie der al ris oer tocht om de tsjinst te wegerjen. It wie doe lykwols in heule toer om erkend te wurden. Je moasten eins gods-tsjinstige beswieren ha. Dy binne der fansels skoan te betinken. Militairisme is ‘uit den Boze’, en oarloch is de meast suksesfolle útfining fan de Duvel, sokke stellings bin 'k it
| |
| |
heulendal mei iens. Mar jo moasten tagelyk tsjin alle geweld wêze, sa hie 'k my al ris foarljochtsje litten. Ferskynden jo foar de kommisje dy't de gewissebeswieren hifkje moast en se stelden je de fraach: As in Rus (want dat wie yn dy tiid it maklikste foarbyld) yn dyn bywêzen begjint oan de ferkrêfting fan dyn mem en susters, wat dochsto dan? en je seinen dat jo dy Rus as je de kâns krigen daliks dea dwaan soenen, wel, dan wienen jo sakke foar it eksamen tsjinstwegerer. Je moasten sizze dat je yn petear gean soenen mei dy Rus en as dat net holp mochten je byneed mei in amer wetter prebearje de Rus fan syn oanstriid ta ferkrêftsjen ôf te bringen.
Dat ik waard gjin tsjinstwegerer. Mar ik liet it mei dy oprop in bytsje sloere. Yn Parys gyng ik earst noch nei de ambassade mei it boadskip dat ik gjin jild hie. Se ferskaften my opslach in treinkaartsje Parys-Rozendaal en in oantekening yn it paspoart. Doe koe 'k der al min mear foar omlizzen gean. It gefolch wie dat der yn Rozendaal militaire plysje op my stie te wachtsjen dy't my nei it opkomstsintrum yn Voorschoten brocht. Dêr kaam ik justjes te let oan. Se woenen my daliks ûnder de kriichstucht pleatse en oft ik mar tekenje woe. It reglemint liigde der net om, in dei útstel om it yngeand te bestudearjen like my binlik. In man - ik koe noch gjin rangen, it wie dus foar my in man al hied er in unifoarm oan - sei: ‘Puppes, jou zie ik binnen drie maanden in Nieuwersluis onder de vlag staan.’ Nieuwersluis wie it strafkamp. De beneaming puppes begûnen jo mei, moat ik der noch even by sizze, letter waarden jo jan en fierder ha ik it net brocht.
Nei Voorschoten bedarren wy yn it opliedingskamp op de Hilversumse heide. En dêr wie dy sergeant fan de mariniers. Hy moast ús marsjearen leare en bajonetfjochtsjen mei striepoppen. Fierders moasten wy oer de stoarmbaan drave en skiifsjitte mei in echt gewear. Mar wol allegear yn sân hasten, want wy moasten sa gau mooglik nei de ferbinings- | |
| |
skoalle yn Amsterdam om dêr it eigentlike fak fan codeur-telexist te learen.
De sergeant wie wat se by de marine in blauwe jonge neamden, in Ambonees, oerkommen út in KNIL of sa en ik tink dat it soldatelibben syn iennichste hobby wie. Hy siet ús dei en nacht achter de broek. Tsjin my sei er dat ik yn de rimboe fan Nieuw Guinea as earste ôfsketten wurde soe en sa net dan died er it sels. Der wie nammentlik wol ris sprake fan dat wy mei de tiid útstjoerd wurde soenen nei ús lêste koloanje.
Ik libbe dus mei dy sergeant ‘op gespannen voet’ lykas de floatpredikant it letter sa treflik formulearde. Doe hie 'k troch it tadwaan fan de sergeant al ris ferswierre arrest hân, neitiid fiif dagen op wetter en bôle en noch it ien en oar. Dat ik krige in yngreven haat tsjin dy man. As er op de sjitbaan te ticht by de skiven stie, dan tocht ik: No hoecht it mar in ôfswaaier te wurden en dan leit er.
Wel, en dêr wied er dus wer, no as ûnderoffisier fan plysje op Hare Majesteits wachtskip Van Heemskerck. Hy snipte my slach op slach, de lêste kear barde dat doe't ik nachts op wacht stie. Dat wachtrinnen sil ek wol sa'n oerstallige tradysje west ha, krekt as it útkyk-boartsjen op de farrende skippen. Utsein de sloper hie, tinkt my, net ien belang by dat âlde skip. Mar de sergeant ynstruearde ús as gyng it om in geheime basis mei supergeheime wapens. De skriftlike consignes, de ynstruksjes, liigden der ek net om. Der wienen leau ik tsien artikels en yn ien dêrfan stie dat wy de ynslûpers earst oanroppe moasten. Melden se har net dan moasten wy sjitte.
Ik sei neat, dat koe net lije, hie 'k al leard. Mar Johan Hansen frege yn dat swietlike Limburchs fan him oft soks ek jilde as bygelyks de sergeant sels dronken binnenkaam, om dy reden fergeat him te melden en troch him, Hansen, delsketten waard.
| |
| |
Hansen wie in aardige jonge. Hy hie doe, op syn 21ste, al in búkje, hy koe goed mei elk, hy hie in blanco conduite-steat en hy gyng dochs syn eigen wegen. Om oergeunstich op te wurden, sa linich fan geast as dy Hansen wie. Hy wie myn maat, mear ek net. Ik ha by de marine in protte maten hân, mar noait gjin freonen.
De sergeant sei dat Hansen ek yn dit gefal sjitte moast. Mar dan daliks wol goed raak, sadat de deade sergeant foar de kriichsrie net mear as getuge oproppen wurde koe. Hansen luts even mei de wynbrauwen en sei minlik glimkjend dat er it ûnthâlde soe. Twa nachten letter stie ik by de binnenhaven op wacht, tusken twa en fjouwer oere, dat wie leau ik de hûnewacht, en doe pakte de sergeant my samar it gewear ôf. Hy lei my de rjochterhân op it skouder en oer de nekke hinne grypte er it gewear. Ik hie him net fernaam. ‘Daar schaak ik je weer eens, rooie.’
Dat wurd brûkte er altiten, schaken. En hy koe net iens skake, die letter bliken. Mar it kaam my op in dei psalmsjongen te stean. It psalmsjongen kaam hjir op del dat jo mei in bakstien, sân en wetter it houten dek van Hare Majesteits Van Heemskerck skjirje moasten. Mar jo mochten der gjin psalm by sjonge. Dy oanstriid hie 'k doe ek net, soks betink ik no: Als g' in nood gezeten, geen uitkomst ziet, Wilt dan nooit vergeten, God verlaat U niet. Ensafuorthinne. En ik seach net folle útkomst mear. God hie 'k út mysels allang ferlitten, dat ik moast der sels mei rêde.
Ik lei op 'e knibbels dat dek te skjirjen en der sil wol fan alles yn my omgien wêze. Yn elk gefal naam ik even skoft en doe trape de sergeant my op 'e fingers. It die mar in bytsje sear, dat wie 't slimste net. Ik seach omheuch en dêr stied er dus wer mei dat ynfallen liif. Want hy wie sa meger as in rûp. Der kaam my in flues foar de eagen, it wie dûmens, dan steane jo net mear foar josels yn, ha se my yn de Wâlden letter útlein. Ik skeat út de hoksen wei oerein en stompte mei
| |
| |
de holle yn dy megere mage fan de sergeant. Hy rekke fan de sokken, mar dat joech gjin foldwaning, ik woe him ek noch de strôte útfrette. De skipper, dy fan de Java-see dêr't er salang yn te weakjen lein hie en dêrtroch neffens my minske wurden wie, helle my derôf.
Ik krige foarlopich streng arrest, út te sitten oan board. ‘Ook voor u en voor mij, is een knijp aan stuurboordzij,’ songen de beide dronken stokers dy't de earste nacht by my ynsletten waarden. Mar se wisten net iens dat it in fariant op in opwekkingsliet fan Johannes de Heer wie. It waard in rûzige nacht. De earste kaam om tolve oere. Neffens de ynstrukjes fan de wacht mocht dy net daliks by my yn de cel, want wy soenen tegearre in pear foarmje kinne. Ik hie gjin oanstriid en hy ek net, mar wy moasten wol op in tredde arrestant wachtsje ear't wy ús deljaan mochten yn ien cel.
Sij mochten der de oare deis wer út, mar ik net. Ik krige cellulair en in wike op wetter en bôle. De dagen wienen lang, de nachten noch langer. Ik seach nuvere bylden en de sergeant spile der hyltiten in rol yn. Doe ha 'k de help fan in dominee ynroppen. Ik ha altiten in hekel oan floatpredikanten en aalmoezeniers hân. It kin fansels ek net, sokke mannen fan de frede yn tsjinst fan it duvelse militairisme. Jo helje dochs ek net in fegetariër oan as slachtersfeint. De dominee kaam de cel yn mei in kop kofje yn de iene hân en in sigret tusken de fingers fan de oare. Ik moast even goed slokke en wachtsje oant it flues foar de eagen wei wie, mar ik ha him neat dien. En hy holp my nei fjouwer dagen út de knijp wei, haleluja.
In dei as fjirtjin letter krige ik nachts de kâns. It wie oan de ein fan de likernôch twahûndert meter dy't ik mei de Lee Enfield oer 't skouder hin en wer rinne moast. Hy stie oan de wetterkant heal achter in protte guod dat se ôfdekt hienen mei seilen. Wetter ljochtet op, ik seach it blikkerjen fan it koperen embleem op syn mariniersmûtse en doe syn sil- | |
| |
houet. Ik makke in modeldraai en paradearde like model werom. Oan 'e ein, fyftich meter it skip foarby, naam ik it gewear fan de skouder. Der siet in hâlder mei fiif patroanen yn, jo hoegden allinne mar te grindeljen om in patroan yn 'e loop te krijen. It jout in klikje, mar dat kin er net heard ha. Op sa'n skip stiet altiten wol in masine oan en dat jout gerûs. En doe werom, ik begûn in bytsje te triljen. By it einpunt it gewear fan 't skouder, de tûme op it knopke safe. De sergeant stie heulendal frij.
Mar ik die it net. Ik rôp him oan, hy melde him en kaam op my ta. Doe hie 't noch wol kind, eins noch better, want no krige er al heulendal de kâns net mear om my foar de kriichsrie te bringen. Mar ik die 't wer net. Miskien hat er wol sjoen dat de gewearloop wat skodde. Hy sykhelle djip en sei: ‘Goed gedaan, rooie, maar de volgende keer schaak ik je weer.’
|
|