| |
| |
| |
4 Partisaan
Rimmelt de Jong út Berltsum gyng yn 1941 nei Ruslân en waard chauffeur yn it Dútse leger. Yn 'e simmer fan 1942 rûn er oer nei de Russise partisanen. Hast twa jier letter is er sneuvele by de befrijing fan de stêd Minsk. Op himsels is dat al in ferhaal, soe 'k sizze. Mar der is mear: Rimmelt hat yn de Spaanse boargeroarloch fan de jierren tritich ek noch yn it republikeinse leger fochten. Hoe kin soks, freget men jin ôf. Earst yn de slach tsjin de fascisten fan Franco, dan yn tsjinst fan de fascisten fan Hitler, by einbeslút sneuvele yn 'e striid tsjin it fascisme. Wat hat dat foar in man west, dy Rimmelt de Jong en wat besiele him? Dêr is in moai boek oer te skriuwen, tinkt my. Ear't ik dêr lykwols oer gear kin, moat ik yn Ruslân even om my hinne sjen. De rook fan it lân opsnuve en besykje noch wat mear gewaar te wurden as yn de skiednisboeken stiet. Yn oktober 1986 sil soks dan mar wêze.
It giet om Rimmelt de Jong, hoe't er yn Wytruslân as partisaan libbe hat. Dat gjin toeristys praat en oare omballings. Al is de ferlieding wol grut. Want it begjint al yn Hengelo dêr't je yn de Russise trein stappe, dy't fan Hoek van Holland nei Moskou giet en dêrwei sels trochrydt oant Wladiwostok ta. In echte Russise trein, knap smûsterich, dy't rûkt nei âld, soerich swit, koal, sipels en knoflook. Mei in echte Russise kondukteur dy't al aardich yn it waar sjoen hat en letter, as er fernimt dat ik Bearenburch by my ha, elk heal oere komt te sûnfreegjen, krekt salang oant dy flesse leech is.
| |
| |
Dan dy reis fan mear as tritich oeren troch Dútslân en Poalen, it grinsstasjon dêr't je mei de heule trein yn dok geane en op smeller spoar set wurde. De sfear fan ferlitten stasjons yn 'e nacht dêr't je mei de honger yn 'e hals om 'e nocht in flaubyt besykje te krijen. En yn Ruslân de einleaze bjirkebosken út de klassiken, ferdomd, dy besteane dus. Uteinlik de dropping op it ûnbidige stasjon yn Minsk yn de iere moarn.
Ik bin net sa'n globetrotter, it bin al bliid as ik yn de goede trein sit en ik fiel my pas ferromme as ik op it goede stasjon útstap en teplak kom. Dat slagget, it is in keamer op de fjirde ferdjipping fan in grut hotel, mei in bad, skjinne lekkens en rêst. Ik soe wol tsien oeren sliepe wolle. Kin je begripe, twa oeren it fel oer de eagen hân en klear wekker. Komt goed út, want der moat wat dien wurde, ik ha mar tsien dagen. Wêr sille wy begjinne? It oarlochsmuseum dêr't neffens de dokumintaasje alles te finen is oer wat se yn Ruslân de ‘grutte faderlânse oarloch’ neame.
Rimmelt de Jong hat neffens my nocht hân oan it aventuer. Oars wied er yn it begjin fan de jierren tritich net as boerefeint nei Frankryk tein. Dat arbeidersjongens nei it bûtenlân gyngen te arbeidzjen, is net ûngewoan. Der wie hjir gjin wurk, as se hjir hingjen bleauwen kamen de measten úteinlik yn de wurkferskaffing telâne. Dêrom gyngen se nei Dútslân. Se waarden melkfeint by grutte boeren, mar se wurken ek yn de minen, de fabriken fan it Roergebiet en se fertsjinnen in bêste deihier by de oanlis fan nije wegen en spoarweiferbinings. It gyng dêr yn Dútslân ûnder it bewâld fan Hitler mar bêst, elk bearde derfan.
Mar Rimmelt de Jong gyng net nei Dútslân, hy waard boerefeint yn Frankryk. Dat is apart. Frankryk hie wol de oarloch fan 1914-'18 wûn, mar it hie yn de jierren tritich in arbeider net folle te bieden. Ik ha der de famylje fan Rim- | |
| |
melt oer ûnderfrege, se koenen my net fertelle wêrom't Rimmelt nei Frankryk gien is. Ik bin der likemin achterkommen wêr't er yn Frankryk wurke hat. En oer wat der neitiid mei him bard is, is suver neat bekend. Hy hat yn it Frânse frjemdlingenlegioen sitten, al is dêr net iens wissichheid oer. It stiet wol fêst dat er op in stuit yn de Spaanse boargeroarloch bedarre is. Der is in foto fan him bewarre bleaun dêr't er op stiet yn in unifoarm fan de Spaanse marine. Hy focht oan 'e kant fan de republikeinen en dy ha de slach ferlern. As ik it witten hie, hie 'k yn it leger fan Franco gien, moat er letter tsjin Ype Poortinga sein ha. Dat kin in sarkastys grapke west ha. It kin wêze dat er deserteard is út it Frânse legioen en fia Spaans Marokko yn Spanje telâne kaam. Dat binne lykwols spekulaasjes.
By de Dútse ynfal yn maaie 1940 is Rimmelt werom yn it heitelân. Yn de simmer fan 1940 wurket er mei tûzenen oare Fryske arbeiders op de fleanbasis Ljouwert dy't omboud wurdt ta Fliegerhorst. Rimmelt is dêr chauffeur. Itselde wurk docht er letter ek noch in skoftsje op in fleanfjild yn Noord-Brabân.
Stumper, wêr bin 'k hjir bedarre. Ik tocht yn in smûke provinsjestêd te kommen, mar Minsk blykt in stêd mei oardel miljoen ynwenners te wêzen, in metro, in universiteit mei 25.000 studinten en neam mar op. In nije stêd boppedat, want it âlde Minsk is twa kear it front oergien, yn 1941 en yn '44 noch ris. Fan de earst 200.000 ynwenners wienen der oan 'e ein fan de oarloch noch 45.000 oer en de stêd sels is gjin hûs fan stean bleaun. Dit hat fansels neat mei Rimmelt de Jong te krijen. Dy hat hjir wol omslein, mar doe wie it in heul oare stêd. As partisaan hied er trouwens syn thús, as men it sa neame kin, yn de bosken en sompen achter de Beresina, hûnderten kilometers westlik fan Minsk. Dy kant moat ik fansels al even út, mar ik ha wierskynlik ek dêr net
| |
| |
folle te sykjen. De moerassen, it skûlplak fan de partisanen, binne nei de oarloch droechlein en oanmakke.
Hawar, wy sjogge wol, earst mar nei dat museum. It is in imposant gebou fan trije ferdjippings en yn in stik as fyftjin grutte sealen is alles te finen oer de oarloch. Ik tink net dat der earne oars op 'e wrâld safolle sammele is oer ien oarloch. It leit foar de hân, gjin lân hat safolle te lijen hân as Wytruslân. Krapoan trije fan de njoggen miljoen Wytrussen binne omkaam. Ien op trije, yn elke húshâlding op syn minst ien deade. De measten binne fallen yn de striid achter it front, de partisanenoarloch dus.
Ik sis de tolk dat myn belangstelling benammen útgiet nei dy oarloch en dat wy de skiednis fan de reguliere oarloch wol slûpe litte kinne. Mar sa sille wy net. Ik moat earst in ferslach oanhearre fan de heroïse striid om it grinsplak Brest dêr't it Russise leger yn 1941 wiken lang stânholden hat. Folle foto's binne der net fan bewarre bleaun, mar de realistise sowjetskilders ha safolle jier letter yn byld brocht hoe't it yn Brest om en ta gyng. De Russise soldaten wienen op stjerren nei dea en dan songen se noch de Ynternationale. En gij gelooft dat, om mei myn âld-wurkjouwer, de Flaming Jules de Smet te sprekken. No nee fansels en de tolk grif likemin, mar dat frommeske hat har ynstruksjes. Elke nije alinea begjint se mei: Yn de grutte patriottise oarloch... Soks wurdt op 't lêst knap ferfelend. Likegoed sizze de kritise studinten dy't ik letter te sprekken krij it ek. In gefolch fan yndoktrinaasje, tink.
Op healwei komme wy oan de partisanen ta. Duvekater, dit kin net yn in middeisskoft, ik mei hjir wol trije folle dagen foar nimme. Alle ferklearjende tekst is yn it Russys, boppedat yn it Cyrillise skrift, dat ik hoech it net iens te besykjen. Allinne de Dútse Bekanntmachungen kin 'k neikomme. Mar it foto-materiaal sprekt foar himsels en foar it oare bin ik sa frij om de tolk te ûnderbrekken sa faak as ik dat noadich
| |
| |
achtsje. As wy om goed seis oere yn it kantoar fan de gidsen weromkomme, ha wy beide de ein yn 'e bek. Ik tink dat it fanke no noch mei ôfgriis oer my praat. Ik moat der tenei mar allinne yn op.
De earste yndruk is wol dat it oars west hat as ik my tocht hie. Ik hie Rimmelt al teplak brocht yn sa'n ûntagonklik gebiet as bygelyks de Alde Feanen, mar dan tsientûzen kear sa grut. Mar der leinen achter de Beresina ek oerbosken, mei heuvels, iepene plakken, marren en doarpen. Grutte stikken fan dat gebiet ha eins noait beset gebiet west. Yn it museum lizze Dútse stêfkaarten dêr't de partisanenkampen op oanjûn binne, kompleet mei landingsbanen en droppingsplakken.
Fjouwer oeren yn dat museum omslein en my mei ynmoed bejûn yn dy grouwélige oarloch. Bûtendoar is 't dan suver wennen. Mar der is útkomst, de wite tsjerke dy't ik op de hinnereis al sjoen hie, is iepen en ik hein de klanken op fan sa'n ferskuorrend moai koar. Dit is de kâns om it yn 't echt te beharkjen. Want sjoch, ik hâld fan Johannes de Heer, de Muzikale Fruitmand, it Urker Mannenkoar en it Utrechts Byzantijns Koor, mar soe it yn it Hjirneimels op in priissjongen gean dan kinne dy fansels wol ynpakke as der sa'n Russys-ortedoks tsjerkkoar op it poadium ferskynt. Dat wurde yn de superieure eare-ôfdieling allegear earste prizen, mei lof fan de Heechste Jury. As it oars wie soe 't my ôffalle. Hjir is it dan, sa'n religieuze happening en ik krij der daliks it einefel fan.
It koar is net te sjen, it stiet fansiden op in soarte fan kreake en ik krij allinne de dirigint yn it fisier. As ik noch mear sjen wol, moat ik deun by 't alter wêze en dan stean ik de minsken yn it paad dy't yn 'e rige op de pope ta skarrelje foar de seine en de hosty. De tsjerke is oerdiedich fersierd, it habyt fan de foargonger net minder, de pope sels is sa fet as blabber, it tsjerkfolk bestiet foar it grutste part út âlde, megere wyfkes, skier en útrûpele. Ut en troch moatte se troch de
| |
| |
knibbels en mei de foarholle op de kâlde stiennen flier. Guon kinne mar min oerein komme, mar de pope stekt gjin hân út en syn assistinten likemin. Neffens my ferlanget de Heare God fan sokke âlde wyfkes, dy't al safolle lijen oer de lea hân ha, net mear dat se op de âlde dei trijeris wyks yn 'e bocht geane. Je soenen ha wolle dat sa'n pope soks seit. Mar it sjongen is moai, duvekater wat is dat moai. Soe Rimmelt dit ek ris meimakke ha?
Hoe is Rimmelt de Jong by dy Dútse Organisation Todt bedarre? Ik hâld it der mar op dat er it út selsbehâld dien hat. Troch ‘in vreemde krijgsdienst te treden’, lykas it omskreaun wurdt, hied er de Nederlânse nationaliteit ferspile. Hy wie ‘statenloos’ en soks wie riskant. Soe it útkomme dat er statenloos wurden wie troch Spanje, dêr't er dan ek noch oan de yn Dútse eagen ferkearde kant stie, dan hienen se him fansels daliks oppakt. As chauffeur yn Dútse tsjinst krige er in identiteit dy't him minder kwetsber makke. Sa kin it gien wêze.
Der binne in pear brieven bewarre bleaun dy't Rimmelt yn de maitiid fan 1942 nei syn thús skreaun hat. Hy skriuwt frijmoedich dat er graach oer de Wytrussen mei, hy beart foaral fan de froulju dy't sa aardich binne en sa deeglik en dat se sa moai bordure kinne. Hy wol mem sa'n moai hantwurkje stjoere en hy freget har oft er de faam meinimme mei as er mei ferlof thús komt. It binne oandwaanlike briefkes. Dat er begien is mei it lot fan de Wytrussen docht bliken út de meidielings fan Berend Krottjé dy't dêr doe ek chauffeur wie. Rimmelt hold iten achter en brocht it nei de minsken dy't der ferlet fan hienen.
Miskien hat syn faam him yn kontakt brocht mei de partisanen. Berend Krottjé heugde it dat er der yn fertrouwen wol ris oer praat hat. Yn dy snuorje, de simmer fan 1942, wûn Dútslân noch op alle fronten en waard der leaud oan de
| |
| |
einoerwinning fan Hitler. As Rimmelt doe al deserteard is en oerrûn nei de partisanen, dan hat er in held west. Ik leau mear oan de minslike oanstriid om te oerlibjen as oan heldendom, mar der binne fansels sitewaasjes wêryn guon minsken boppe harsels útstige. Miskien hat in iepenbiere eksekúsje yn it sintrum fan Minsk him oer de streek holpen. Yn it museum is sa'n eksekúsje op trije panielen mei sterk útfergrutte foto's te sjen. De foto's binne troch faklju fan de Wehrmacht makke en se waarden yn kranten en Bekanntmachungen publiseard om de befolking te warskôgjen: sa fergiet it de partisanen. Op it earste tafriel sjogge jo trije minsken, bewekke troch Dútse soldaten, tusken in lange en tichte rige fan boargers rinnen. De boargers wienen ferplichte om derby te wêzen. De trije slachtoffers ha de hannen fêstbûn op 'e rêch. De man links is likernôch fjirtich, hy hat him yn dagen net skeard en syn burd is roetswart. It slûke hier hinget him yn de eagen. Wat opfalt binne syn grutte, gleone eagen.
De middelste is in fanke, holdoekje om, breiden fest, rok, breidene hoazzen en in pear útwâde skuon oan 'e fuotten. Se hat in boerd om 'e nekke dêr't opstiet: Wir sind Partisanen und haben auf Deutsche Soldaten geschossen. De Russise fertaling stiet derneist. Hja sjocht frijmoedich yn de kamera, se hat harsels goed yn 'e macht. De tredde finzene is in jonge, in bern noch soe 'k sizze. Hy hat in nije pet op en sjocht fernuvere ûnder de klep wei.
It fanke is it earst oan bar. Op de folgjende foto hat se gjin holdoek mear om. Hja stiet op de trep ûnder de galge en in Dútse offisier kontroleart mei grutte soarch de knoop fan de strûp. Hy hâldt dêrby it lange, ljochte hier fansiden. Hy hat learen wanten oan.
Op de tredde foto is se al dea. Se hinget yn de strûp, de mûle stiif ticht en yn har foarholle sitte djippe tearen, lykas wie se yn prakkesaasjes. Om de faam hinne steane Dútse soldaten,
| |
| |
se sjogge mismoedich. De jonge stiet no op 'e ljedder. Hy mei de pet ophâlde, want dy sit de strûp net yn 'e wei. Hy sjocht ferheard, lykas begrypt er net wat him oerkomt. Der is gjin ferset en gjin panyk. As de man mei it swarte burd de strûp omlein krijt, pûlje him de swarte eagen sawat út 'e holle. Hy hat de mûle heal iepen, ik tink dat er raasd hat. Op de lêste foto sjogge je se alle trije hingjen, de Dútse soldaten steane der mei earnstige gesichten by. Op de achtergrûn de klibbe folk, allegear gesichten sûnder útdrukking.
Der binne yn it museum folle mear foto's fan ophinge minsken. Je sjogge se bongeljen oan brêgen, balkons fan grutte huzen, lantearnepeallen en fansels oan beammen, soms fjouwer oan ien swiere tûke. Se binne ûnferskillich opknope, hastich en sûnder de tarieding fan dy publike fertoaning op 'e merk yn Minsk.
By myn tredde of fjirde sneuptocht troch it museum doch ik in grutte ûntdekking dêr't ik suver in bytsje oerémus fan reitsje. It bjusterbaarlike ferhaal fan Rinse T., dy't oan it feit dat er klompen droech syn libben te tankjen hat, wurdt my befêstige. Ik woe it net leauwe, it wie te healwiis, mar it kin wier wêze. Foar myn roman kin 'k it dus brûke. Hjir komt it sterke stik fan Rinse T.
Der stienen op Wytrussys grûngebiet in stik as tritich konsintraasjekampen, guon mei ferbrânningsoven. Yn it museum is in makette fan sa'n kamp. In protte finzenen rinne op klompen, der lizze in pear yn in fitrine. It binne primitive klompen, mear útholle stikken hout as klompen en foar de lytse tean is gjin plak, liket my ta. De Wytrussen kinne de klompe net, de earmelju rinne op bleate fuotten, de oaren ha learzens of skuon oan.
Rinse T. waard yn 1942 Oostland-gonger. Hy wie yn de krisisjierren fan de pleats rekke, in swier stik om fan boer arbeider te wurden en hy hat der dan ek moai wat rankune
| |
| |
tsjin de maatskippij fan skipe. Mar yn Ruslân koenen sokken neffens de Dútse propaganda wer boer wurde. Rinse die net oan polityk. Ir. Staf, nei de oarloch minister fan definsje fan 1951 oant '59 mar yn 'e oarloch baas fan de saneamde Oostland Compagnie, soe it wol witte. Rinse krige gauachtich foar it ferstân dat it spul luzen hie, hy koe lykwols net mear werom. Hy moast it griene unfoarm oanlûke. Yn it Poalse part fan Wyt-Ruslân setten se him op in grut en alearen feodaal lângoed. Hy moast der jirpels bouwe foar it Dútse leger.
Rinse T. hie as handikap syn grutte fuotten. Hy hie 69 as maat en allinne de klompmakkerij yn it tichtst bylizzende konsintraasjekamp koe deryn foarsjen. Rinse hie al syn libbensdagen op klompen rûn, dat hy fûn it gjin beswier om ek as Oostlandboer op klompen troch it libben te gean. Mar klompen steane net by in unifoarm, seinen syn superieuren. Pas doe't bliken die dat yn it heule Dútse leger gjin learzens of skuon yn de maat 69 te krijen wienen, mocht er de klompen oanhâlde en it unifoarm útdwaan. Dat lêste wie him noflik, hy wie wend ta mesjester en seilbokse.
Wel, dat hat syn behâld west. Yn de winter fan '43 oerfoelen de partisanen it lângoed. Se weefden linich ôf mei alles wat Dúts wie of in unifoarm oan hie, dus ek mei de Oostlandboeren. Mar doe't it oan Rinse ta wie, seagen se syn klompen en syn suterige klean. Se tochten dat er twangarbeider wie, troch it konsintraasjekamp útliend oan de Dútse behearder fan it lângoed. Se skonken him dêrom in buorrel en neamdem him kammeraat. Rinse is der dochs mar sa gau mooglik útpike en nei de oarloch libben yn Fryslân werom kaam. Ik ha syn libbensferhaal ris opskreaun foar de krante, mar hy woe net yn de publisiteit. Dat klompe-ferhaal ha 'k eins noait leaud. En ferduld, anno 1986 op ûndersyk yn Wyt-Ruslân wurdt jin it bewiis levere dat it wier wêze kin.
| |
| |
Ik moat nei Chatyn, seit de receptioniste fan it hotel. Neffens my is se oanwiisd om my yn 'e gaten te hâlden. It is de tiid fan Gorbatsjov, mar it regime bestiet noch wol. Dy receptioniste is oars in noflik frommes, se hat my freonlik ûnderfrege en sûnt se wit wêr't it om te rêden is, jout se my alle dagen tips. Chatyn moat ik neffens har west ha en se organiseart ferfier, it is sa'n sechstich kilometer noardeastlik fan Minsk.
Wat Putten is foar Nederlân, Oradour foar Frankryk, Lidice foar Slowakije en gean sa mar troch, dat is Chatyn foar Wyt-Ruslân. It ferskil is dat Chatyn gjin insidint wie of in represaille-maatregel. Chatyn is ien fan de likernôch 250 doarpen dy't neffens plan platbrând binne en dêr't de befolking fan útmoarde is. It is yn de jierren nei 1942 bard. De pasifikaasje dêr't de Dútsers it earst noch even mei besocht ha yn de hoop de Wytrussise nationalisten en anti-kommunisten mei te krijen, wie al fan de baan. De opset wie no om de Wytrussen as minderweardich Slavys folk út te roegjen en it lân opnij te befolkjen mei ‘Germaanse’ boeren út West-Europa. Chatyn is in betinkingsplak wurden. Yn it bybehearrende museum sjogge je wat de befolking oandien waard en dan benammen bern en froulju omdat de measte manlju al by de partisanen wienen. Der is in primityf deiboekje te sjen fan in famke, Tanya Savicheva, se is tsien jier âld. Har oantekeningen begjinne op 28 septimber 1942 en hâlde op 30 maaie 1943 op, in pear dagen letter is se sels stoarn, sizze de gidsen. Op 28 septimber skriuwt Tanya dat har suster deagien is, yn it heal jier dêrnei meldt se it ferstjerren fan beppe, in broerke, twa omkes en op 30 maaie fan har mem.
Der is ek in grutte foto fan in brânnend doarp yn in winterlânskip. Op de foargrûn sjocht men in frou dy't in ko oan it hoarntou meifiert. Trije lytse bern, elk mei in tûke yn 'e hantsjes rinne achter de ko te tyskjen. Se steane op bleate fuotsjes yn 'e snie. Jo kinne net sizze dat se der wanhopich
| |
| |
útsjogge. Ek de frou is der aardich lykmoedich ûnder. De ko hat wat sekken guod op 'e rêch, de frou draagt in poppe foar it boarst.
Hawar, ik ha njonkenlytsen genôch minsklik lijen út de archiven sjoen, ik moat it plattelân op en sjen hoe't de minsken dêr libje. Soks ha 'k alris besocht, mar doe brochten se my nei sa'n kollektive buorkerij, in model-kolchose, neffens my spesjaal yn stân holden foar de propaganda. Dat moat net wer, ik gean op eigen manneboet it plattelân op. It mei eins net, as ik bûten de stêd wol moat ik tastimming freegje. Dan krij ik lykwols wer in gids mei en dat is it doel net. It is op eigen initiatyf wol te aventoerjen, de skerpe kantsjes binne der ûnder Gorbatsjov al ôfsliten.
Ik lit my yn in autobus it plattelân opride en stap út by it earste it bêste doarp. Ik swalkje der in pear oeren om en it is de muoite wurdich. Sa moat it Wytrussise plattelân der yn it begjin fan de jierren fjirtich hinnelein ha. Houten huzen oan ûnferhurde sân- en modderpaden, allinne de haadstrjitte is asfalteard. De huzen wurde goed ûnderholden en sitte fleurich yn de farve. Knalgiel, blau en grien, it kin blykber allegear. Boppe de kesinen is snijwurk oanbrocht en de houtfikers ha ek flyt dien op de doarren. Hast alle huzen ha in smûke tún mei gâns fruitbeammen en om it heule hiem hinne stiet in houten stek dêr't in folwoeksene krekt oerhinne kypje kin. Minsken sjogge jo hast net en de pear dy't my foarby rinne, groetsje skruten.
By it paad nei in hússtee stean ik nei in tûke fol prachtige apels te sjen dy't oer it sket hinget. Der komt in âld man fan it hiem ôf, hy fertrout it blykber net. Ik begjin wakker te bearen fan syn moaie fruchten. Yn it Dúts, wat moatte jo oars, hy hat dy taal grif faker heard, al sil it gjin moaie oantinkens oproppe. Hy pakt my by de earm en wy geane tegearre it hiem op. Beppe sit yn de iepen doar achter in âlde
| |
| |
elektrise fruitparse, amersfol apelsop om har hinne. Mei in sleef skept se it skom derôf. Mei deselde sleef moat ik út alle amers priuwe en by einbeslút krij ik in pûde apels en parren mei. Wy klopje inoar op de skouders en dan gean ik myn wegen mar wer. Duvelse spitich dat je mei sokke minsken net prate kinne.
It griene houten tsjerkje ha 'k al fan fierren sjoen. It hat in spits tuorke, de doar is ticht, mar jo kinne sjen dat it tsjerkje brûkt wurdt. Ik meitsje in plattegrûnsje fan it doarp. Letter, as ik by de rivier lâns rin dy't dwars troch Minsk rint, situear ik dat doarpke oan de rivier. En dan ha 'k myn lokaasje wol fûn.
It ûndergrûnse ferset begûn daliks nei de Dútse ynfal, mar yn Dútse rapporten wurdt der tenearsten net swier oan tild. Yn augustus 1941 giet der lykwols al in Bekanntmachung út dêr't yn stiet, dat Freischärler, Heckenschützer en Flintenweiber tenei as terroristen behannele wurde. Froulju dy't wapens drage, manlju dy't út hinderlagen sjitte en losse omrinders dy't op eigen manneboet de Dútsers dwarssitte wurde dus sûnder proces ophinge. Letter komt der noch by dat ek bern dy't spionaazje bedriuwe de deastraf krije kinne. De ferwachting fan de Dútse legerlieding wie dat it klimaat ôfweve soe mei de tûzenen manlju dy't har yn de sompen en bosken ferskûlen. Se krigen noch gjin help út it achterlân wei, se hienen hast gjin wapens, de organisaasje wie breklik en der wie boppedat gjin ienriedigens tusken de partisanen-groepen. It pakte oars út, de winter kearde him mear tsjin de Dútsers as tsjin de partisanen. Wytrussen wienen masters yn it oerlibjen, se koenen hast fan it fjild libje en se wienen it klimaat treast. Se bouden in hechte organisaasje op en krigen yn de lêste jierren út Moskou sels swiere wapens.
Yn de earste twa jier lykwols koenen se tsjin de regulearre Dútse troepen neat ûndernimme en wie sabotaazje it ien- | |
| |
nichste middel fan ferset. Alle wapentúch dat de Dútse troepen op it noardlik front brûke moasten, waard fia it spoar oanfierd. Dy oanfierline wie kwetsber, yn it museum kin men sjen hoe't de saboteurs it spoar hyltiten wer stilleinen. Sân en metaalgrús yn de silinders fan de stoommasines, de tsjettels befrieze litte, dat wienen de ienfâldigste keunstjes. It Russise treinpersoniel moast soks dwaan en it duorre fansels mar in skoftsje, doe kamen der kollaborearende Oekraïners, Poalen, Letten of Esten op de lokomotiven. De partisanen fûnen de saneamde koalemyn út: in grut stik stienkoal waard yn twaën seage, útholle en opfuld mei springstof. Dêrnei plakten se de twa helten op inoar en waard de koalemyn by de foarrie stienkoal lein dy't de machinist op syn reis meikrige. It kaam in kear safier dat de koalemyn yn it fjoer ûnder de tsjettel bedarre en dan gong de lokomotyf de loft yn.
Mei it bewekjen fan it spoar en de Bandenbekämpfung wienen permanint in SS-Kavalerie-brigade, in SS-Infanteriebrigade en alle mooglike helpkorpsen besteld. Elke kilometer spoarbaan moast befeilige wurde. It museum lit sjen hoe't yn minder as in kertier mei speciale apparatuer fjouwer meter rails sloopt wurde koe, hoe't mei kleef- en magnetise bommen brêgen opblaasd waarden en hoe't stikken ûndergrûnse telefoan- en telegraafkabel opgroeven waarden, mar sûnder spoaren nei te litten. Se moatte fernimstich west ha, dy saboteurs.
Rimmelt hat as partisaan tsjinne yn de brigade-Tjodorow. Syn kommandant hat letter ferteld hoe't it om en ta gien is. Rimmelt hie al kontakten mei de ûndergrûnse, nei alle gedachten fia in faam. De Russen fertrouden him net, se sille gauris mei ynfiltranten te krijen hân ha. Hy moast earst syn betrouberens bewize. Dat died er neffens de oerlevering troch twa kear in frachtwein fol Dútse foarrieden by de par- | |
| |
tisanen ôf te leverjen. De lêste kear wie it tabak en sûkelade en moat er o sa wolkom west ha. Ik hie dat ferhaal al by de rubryk sterke stikken ûnderbrocht. Kom no, samar even mei in frachtwein fol guod troch de Dútse linys hinne ride, meitsje dat de kat wiis. Mar it kin in wier ferhaal wêze. Der leit yn it museum in berjocht fan de Dútse legerlieding oan de kommandanten fan fersprate ienheden om foaral goed om Fahnenflüchtigen en Uberlaüfer te tinken. Ut de taljochting docht bliken dat de partisanen de Dútstalige deserteurs op isolearre stellingen ôfstjoerden mei it fersyk om iten en wapens foar oare Dútse ienheden dy't earne yn ‘Egelstellung’ leinen. De Dútse legerlieding hat noait de folsleine kontrôle oer it Wytrussise plattelân hân. Yn de hyltyd gruttere chaos koenen de partisanen mei sukses opereare. Yn dy snuorje moatte der ek nochal wat Dútse soldaten oerrûn wêze, benammen ex-kommunisten út de tiid fan de Weimarrepublyk.
De kommandant fernijde fierders dat Rimmelt mear as ien kear mei syn frachtauto minsken út it getto fan Minsk smokkele hat. Ek dat kin wier wêze. Fanâlds wie in fjirde part fan de ynwenners fan Minsk joaden. Yn 'e oarloch waarden se by inoar brocht yn it getto fan de stêd. Der kamen letter noch treinenfol Dútse joaden by, op in stuit moatte der mear as 200.000 west ha. It gyng de partisanen der net om joaden te helpen, dêr moasten jo yn East-Europa net om komme, hjoed de dei trouwens noch net. Mar guon koenen se brûke en dy lieten se út it getto helje. Rimmelt wie der goed foar.
Myn tiid sit der op, ik moat wer nei hûs ta. Mar no sil it dan dochs noch heve. It is wol allegear glasnost en perestroika en yn it hotel sjogge wy alle jûnen Gosbatsjov op de televisy, mar it systeem wurket noch wol. Ik krij besite fan in redakteur fan in krante en der is in partijbons by, al neamt er
| |
| |
him sa net. It wurdt in muoisum petear. Ik moat antwurd jaan op de fraach hokker boadskip ik mei myn roman oer de heroïse kammeraat Hollanski útdrage sil. No kin ik wol sizze dat ik net sa'n boadskiprinder bin, dat it in meinimmend en spannend ferhaal wurde moat en dat soks my tenearsten genôch is. Mar dêr kin it net mei ta, dat ha 'k al gau foar it ferstân. De moraal, dêr giet it om, leit de partijbons op strange toan út.
Hawar, ik bak der mar wat fan. Hoe't it my oankomt yn Minsk en wat ik fan de opbou fan it Wytrussise heitelân tink. No, dêr kin 'k sûnder beswier fan beare. En ik ferhelje fansels fan de gollens fan de minsken dy't my pûdfollen apels taskikke. En fan de pear freonen dy't ik op myn jûnskuiers makke ha, studinten fan de technise universiteit dy't yn restaurants en bars fan har earmoed trakteare en lulk wurde as ik ek in kear betelje wol. By einbeslút wurde wy it noch aardich iens.
De lêste jûn swalkje ik allinne by de rivier lâns. Ik wit leau ik wol aardich hoe't it moat mei dy roman. En de titel ha 'k al: De histoarje fan kammeraat Hollanski. Ik ha by it massagrêf stien dêr't er yn leit. Yn in lânskip dat besiedde is mei massagrêven. En rûnom stiet der sa'n pompeus heldenmonumint op.
Wat wit ik no eins oer dy man? Hoe hat er it ûndergien, dit lân, dizze minsken? Wel, hy hat der nei alle gedachten net sa bot mei ompakt, hy hie wol wat oars oan 'e kop. Twa jier lang opjage, elke oere fan de dei en de nacht op skerp stean, want even sleau wêze koe jin de kraach kostje. Hy hat eins altiten op skerp stien, yn Marokko, yn Spanje en yn '40 doe't er as fûgelfrije even thús wie net minder. En altiten hat er by de ferliezende partij west. Mar yn it lêste jier moat er it gefoel hân ha dat it oan himsels ta wie. Hy hat de freugde fan de oerwinning preaun, noch even trochsette en hy koe nei hûs ta. Op it alderlêste stuit, twa
| |
| |
moanne foar de befrijing fan Minsk, is 't him dochs noch by de hannen om ôf brutsen. It komt my samar yn 't sin, wêr ha 'k dat ris lêzen of heard: In libben om der ien op ta te jaan.
|
|