De man kaam achter syn buro wei en kuiere de keamer op en del. Hy lake fyntsjes en sei: ‘Sa bryk ha 'k it noch net belibbe, jo keare de rollen om, jo ferhearre my.’
Hy bleau stean en lei de hannen op 'e rêch. ‘Mar fan jo kin ik it ha, is 't net nuver? Ik ha in swak foar jo, dat sil 't wêze. Likegoed bin ik hjir baas en ik kin net tastean dat twa fertochten mei inoar ôfprate oer wat se ferklearje sille, dat soe in unikum yn de ûndersykspraktyk wêze.’
Hy moast dersels om laitsje.
‘Mar as hy der by west hat, by dat trelit fan fannacht...’
‘Hy hat der by west, oars hienen wy him net oppakt, no?’
‘Dat wit ik net. It wie op 'e mar, ha 'k begrepen, dêr spoeket er gauris om, hy fisket op myn akte en om dis tiid fan 't jier is er in protte te wyldstreupen. Dat mei fansels net, mar...’
‘Us minsken pakke gjin wyldstreupers op, as wy minsken oppakke dan giet it om oare saken.’
‘Hy kin dêr tafallich omstrúnd ha.’
‘Jo witte wol better.’
‘Nee, dat wit ik net en dêrom moat ik mei him prate.’
‘Jo soan is oanholden mei de wapens yn 'e hân.’
Hy besocht it him yn te tinken, mar sûnt er dat panter-doaske en dy oare dingen sjoen hie, wie hy der in bytsje ôf. Hy sei: ‘It liket my sterk ta.’
Der kaam him wat yn 't sin. ‘Wy ha in âld jachtgewear, it is noch fan ús heit en dêr is er wol ris mei yn 't fjild. Wy ha der gjin fergunning foar, mar...’
‘It wie gjin jachtgewear, mar in Ingelse stengun, in masjine-pistoal.’
Hy wie der ynienen wis fan dat de man him der