er in briefke dêr't er mei nei de winkel op 'e Sweach koe om rysmoal foar de poppe en hy mocht twaris wyks by in boer yn Aldbeets in mingel molke helje.
Neitiid siet er in pear wike yn 't losse wurk, skiplade op 'e Gordyk en spoarweinen losse. It fertsjinne min, mar as er mear barre woe, moast er nei de Grinzer klaai ta en hy woe net by de jonge wei.
It wie noch even it doel om fêst arbeider te wurden by in boer yn Boarn. It like net iens sa mâl. Hy hoegde net te melken en der wie in keammerke by, in stiennen hûs mei in reinwettersbak en in pomp. Gryt hie der in protte nocht oan, de ark wie dampich en moassich en foaral foar de jonge heal ferkeard.
Doe't heit it hearde, spuide er deroer, sa lulk wied er. En Hindrik sei: ‘Is it dy yn 'e plasse slein? Ien fan ús by de boer, dit is dwars troch alles hinne. Ast sels net doarste, sil ik Gryt wol sizze wêr't it op stiet.’
Hy sei: ‘Ik doch it net om Gryt, mar om de jonge.’
Hy sei dy boer lykwols ôf en ear't er it Gryt fertelde, kocht er yn it kafee by de brêge mear buorrels as er tille koe, sadat hja it net yn 'e kant sette doarst. Want hy hie in kweade dronk oer him.
En dochs skuorden se de jonge der trochhinne.
‘It komt fan de bananen,’ sei Gryt.
Alle wiken gong er nei de Gordyk om twa pûn bananen en dêr krige de jonge in pear deis fan. Gryt peide de bananen mei swiete molke en as se gjin molke hie, kôge se de bananen sels, sadat it tin iten waard. Se hie de sinten yn in kopke sûnder ear achter yn 'e kast stean en as der minsken oer de flier wienen, leinen de bananen yn it alkoof ûnder it bêd. Der mochten gjin eagen oer gean, dat wie goed ôfpraat. En it jild dat er foar it skiep bard hie, mocht nearne oars foar brûkt wurde.
Letter helle er by dyselde boer noch in skiep út 'e wei-