| |
| |
| |
7 Panterdoaske
‘Hoe is 't gien?’ frege de oare.
Hy stie ûnder de lampe, de hannen op 'e rêch en seach him op en del oan.
‘Wol goed.’
Hy joech him del op de brits.
‘Hoe sa, wol goed?’
‘Of net goed, dat wit ik net krekt.’
‘Ik ha der ek wer foar west,’ sei de man.
‘Dat tocht ik al.’
‘Hoe kinne jo dat witte?’
‘Se ha jo rokerij jûn.’
‘Ferrek.’
Hy die de hân foar de mûle. ‘Dat kinne je rûke fansels. Man, ik mocht safolle smoke as ik woe. Ik ha fjouwer sigretten achter inoar opstookt. Ik bin der mislik fan, mar no bin 'k ek sa sêd, ik hoech de hiele wike gjin sigret wer. Se wienen geskikt. Der binne smearlappen by fansels, mar der binne ek in pear by, dêr is wier wol mei te praten. Jo moatte je der fansels net op fersjen. De measten wurde stjoerd en ik jou it jo te dwaan, fier fan hûs yn in frjemd lân en tusken folk dat jo wol deasjen wol. Dat is net sa noflik, dan hoecht it jin gjin nij te dwaan dat se soms ferkeard binne. En...’
‘Wat wie 't boadskip?’ frege er.
‘Wat se tsjin my seinen? No, ik...’
‘Nee, wat jo my te sizzen ha.’
‘Wel, no ja, se hawwe it der wol oer hân, mar dat hienen jo fan 'e moarn al yn 'e rekken. Ik ha net alles sein,
| |
| |
mar ik sit der beroerd foar, like beroerd as jo en it is my wat wurdich as ik hjir wei kin. Ik ha in húshâlding mei trije jonge bern, ik woe...’
Hy grypte ynienen nei it liif en tearde dûbel. ‘Dêr is 't al sa, kramp yn 'e bealch.’
Hy draafde nei it tontsje en strûpte de broek del. Wylst er sitten gong, stinde er: ‘Dit kin sa net langer, de hiele boel sit ferstoppe. Ik moat der in dokter by ha.’
Syn praat gong oer yn kreunen.
Hy seach dat de man echt pine hie, hy sei: ‘No't jo rookt ha, komt it miskien los. Doe't ik as jonge myn earste pipe smookte, skiet ik neitiid as in slob.’
De man stinde deroer, mar sei dat der neat kaam.
Hy gong op 'e rêch lizzen en stoarre yn de luchtkoker.
Hy kaam aardich ta himsels. Hy wie wol slim wurch.
Ik kin der sa goed net mear oer as eartiids, tocht er.
Yn it earst fan syn trouwen gong it faak yn him om, soms alle dagen. Troch it petear mei de man yn de moaie keamer oer Bareld en Germ kaam it werom, it gefoel fan spyt dat er net nei Amearika gien wie. Germ woe him graach mei ha, want dy doarste allinne net earlik.
Hie 'k it mar dien, hie 'k it mar dien, der wienen tiden dat er soks alle dagen in pear kear tsjin himsels sei. Der gong doe sa'n grutte rop fan. Jonges fan santjin-achttjin jier gongen nei Amearika en stjoerden neitiid berjocht dat se it poerbêst hienen.
It hie om it jild net oergean hoegd. De reis koste doe tachtich gûne en dat protsje jild hied er yn Dútslân oerholden. Se hienen ek ris in bêst jier yn de turfmakkerij hân omdat der net ien kear staakt waard. Doe hied er aardich garre, gjin tachtich gûne mar Germ woe him gerive.
| |
| |
Nei't er oan Gryt hingjen bleau, hied er it earst noch yn 'e holle. Mei of sûnder Gryt en de jonge. As de lêste der net west hie, soed er trochsetten ha. Germ wie der doe al, mar syn maat yn Dútslân, Jaap Dykstra, woe ek en tegearre hienen se it grif oprêd.
‘Hoechst it om my net te litten,’ sei de âldman. ‘As ik tsien jier jonger wie, besocht ik it ek noch.’
‘Wat let jo,’ sei Hindrik, ‘jo binne noch sa feardich as wat en ûnwrant kinne se yn Amearika wol brûke.’
Hindrik woe foar gjin goud nei Amearika, sei er. As se yn Dútslân sieten wied er al sa ûnwennich as in kat. Hy gong sa faak ek net as de oaren. By him thús koe 't lije. ‘Myn âld minske kin mei in bytsje ta,’ plichte er te sizzen.
‘It wol net,’ suchte de man wylst er it lid op 'e tonne die. ‘De kramp is no even oer, mar it komt fansels wer.’
Hy knoffele rûngear nei it bankje en gong sitten.
Hy mocht de man net lije, daliks al net, mar hy fernaam wol dat er goed yn de nederklits siet. It duorre mar even doe klapte er hast foaroer fan de pine.
‘Op 'e knibbels sitten gean en dan trochsakje sadat it liif yn 'e knipe komt, dat wol gauris helpe,’ sei er.
De man seach him mei ferlutsen gesicht oan. ‘Dat is in grap, tink?’
‘Nee, besykje it mar. As wy as bern roppich yn 't liif wienen, dienen wy it ek. De terms wurde by inoar knypt en dat jout ferromming.’
‘Mar it komt by my net fan de honger, mar omdat ik ferstoppe sit.’
‘Dat jout neat, foar gewoane pyn' yn 't liif helpt it ek omraak. Jo kinne dan strak miskien út 'e broek. In bytsje pipermuntoalje soe noch better wêze. As it ús folk
| |
| |
barre mocht, hie mem it altiten yn 'e hûs. Wy krigen in heal teeleppeltsje fol. Se hie it yn 'e bûse fan de skelk as wy mei inoar yn 't turflân wienen. Wy stienen as jonges yn 'e baggelbak te traapjen en mem kroade de earste turf yn 'e bult. Hjerstmis hienen wy almeast de lea fol kjeld en dan seagen wy nei har út. Mar as hja der net wie, gyngen wy even troch de knibbels en knypten de terms ticht.’
De man knibbele op 'e flier en besocht it.
‘Trochsette,’ sei er en hy gong op 'e side lizzen om te sjen hoe't de man it die.
It duorre even, doe sei er stinnend: ‘Ferdomd, ik leau dat it helpt.’
‘Bliuw sa mar sitten. Us mem woe ha dat it net mear as in kertier lije koe, oars kaam it net goed. Ik wit lykwols net mear wat dan net goed kaam. Mem hie in soad fan dy keunstkes dy't neat kosten.’
Der kaam him yn 't sin dat er it mei it fanke oer Amearika hân hie. It kaam te praat doe't se sei dat har heit yn 1939 mei de húshâlding emigreare wold hie, it leafst nei Amearika dêr't se famylje hienen. Heit wie bang dat Nederlân yn de nije wrâldoarloch dy't op kommende weis wie net neutraal bliuwe soe.
‘Hienen wy it mar dien,’ sei se.
‘Hie ik it ek mar dien,’ sei er.
Se wienen tegearre by de fûken lâns. It wie foar har in útsje en as der ferlet fan wie hantlange se him in bytsje. Hy helle in fûke op mei in grut gat yn de lêste kubbe. It wie sa't it like it wurk fan in fiskotter en hy lei har út hoe't sa'n bist der útseach. Hy lei de skou yn 'e lijte fan de reidpôle en breide it gat ticht. Se seach him de keunst ôf en prate yntusken oer thús.
‘Wienen wy mar nei Amearika gien.’
| |
| |
Hy fertelde doe dat er in kear as wat op 'e sprong stien hie om fuort.
‘It hie maklik kind. Ik hie der twa broers en de iene woe my wol helpe. It hat my faak spiten dat ik it net trochset ha.’
‘Ha se it goed dien yn Amearika, dy broers fan jo?’
‘Ik tink it wol, se binne teminsten net werom kaam.’
‘Hoe sa, skreauwen se dan net ris in brief?’ woe it fanke witte.
‘No nee, wy ha mar in pear jier op skoalle west en it skriuwen neitiid net ûnderholden. Dan falt it letter ôf en skriuw samar in brief. Mar Germ hat in pear kear in ansichtkaart stjoerd en dêr stie dan op dat it goed wie.’
‘En dy oare broer?’
‘Dêr ha wy neat wer fan heard. Hy koe net mei heit.’
‘Is er fuortrûn of sa?’
‘Nee, se ha gjin spul hân, mar de moarns dat er fuortgong hat er heit earst in wân op 'e bealch jûn.’
Doe hied er har mar ferteld hoe't Bareld de blaupûde delsette, op de âldman tarûn en sei: ‘No sil ik dy omseamje, âlde doerak, omdatst sa min op mem past haste.’
En dat wie sa. Heit wie wreed oer himsels en noch wreder oer mem en de bern. De groujonges koenen it wol ha, mar mem net. Bareld sei dat er har stjerre litten hie. Hy raamde heit yn 't boarst, stompte him trije kear mei de fûst yn 'e mage en soalde him doe yn 'e feart. Dêrnei lei er de blaupûde oer de rêch en sette de stap deryn.
Nei't er dat ferteld hie seach it fanke him nuveraardich oan. Se frege hoeden: ‘Wie jim heit dan sa'n mâlenien of wie dy broer...’
‘Bareld wie net sa ferkeard. Hy hat ús mem langer meimakke en neffens Hindrik wied er o sa wiis mei
| |
| |
har en sij mei him.’
‘En wat die jo heit doe?’
‘Neat, hy hie aardich syn bekomst, tink ik, wy ha him út it wetter helje moatten, oars wied er miskien fersûpt, want hy koe net swimme. Hy hat al noch in skoft op it jaachpaad neist it kanaal stien te sjen, mar neffens my hat Bareld net ien kear oer 't skouder sjoen.’
It fanke hied er wol oan, fernaam er.
‘Wat sei er ek al wer oer jo heit?’
‘Hy sei dat er ús mem deagean litten hie. Mem hat lang siik west, dat heucht my skoan. Wy leinen doe yn it nije feangat oan 'e Prikwei. It wie dêr doe noch allegear wetter en huzen wienen der hast net. Wy wennen yn in bok, in pream sil 'k mar sizze, en dêr hie ús heit in keet op boud. Ik wit net wat ús mem ûnder de lea hie, dêr waard net sa bot om tocht, mar it sil de tarring wol west ha, dat gong doe in soad. Wy krigen fansels net tefolle iten en ús mem noch minder, want de bern gongen foar. En it wie ferkeard iten, ik tink dat ús mem ferlet hân hat fan molke en aaien en sa.’
‘En wie dat der net?’
‘It wie der wol, mar wy koenen it net betelje. Mem hie miskien al holpen wurde kind, mar dan hie heit nei de earmfâld op 'e Sweach moatten om bystân. Dy joegen wolris wat, net folle fansels en almeast gjin aaien of oar djoer iten. Dat miskien hie 't wol net holpen. En it wie foar heit in swiere gong, sa'n reis nei de earmfâld yn Beetstersweach.’
‘Wêrom wie dat sa'n swiere gong?’
It fanke begriep der neat fan.
‘Heit woe de hân net ophâlde, dêr wied er te grutsk foar. Ik tink trouwens net dat de earmfâld him holpen hie. Hy lei by dy mannen op in minne namme, hy wie
| |
| |
in fûle Dommela-man. Domela Nieuwenhús wie syn man, wat dy sei dêr hold er him oan. Dommela wie de foarman fan de anarchisten en sok folk hienen de hearen op 'e Sweach in hekel oan.’
‘Hat er noait besocht om help te krijen foar jim mem?’
‘Ik tink it net.’
‘Mar as jim mem no sa slim siik wie...?’
‘Miskien hat er it net yn 'e gaten hân. Der sil wol net in dokter by west ha en ús mem klage noait.’
It fanke makke it him suver lêstich, se frege mar en se frege mar.
‘Wat soenen jo dwaan as jo frou slim siik wie?’
Hy sei dat er it net wist.
‘Germ fertelt my noait wat oer Beets en sa,’ sei it fanke.
‘Germ wit ek net safolle. Hy wie noch jong doe't wy der wei gongen.’
‘Mar jo fertelle him ek net folle. Wêrom net?’
‘Hy hat my der noait om frege, tink ik.’
By in oare gelegenheid sei hja dat Germ en hy sa'n bytsje tsjin inoar seinen en dat Gryt en hy soms hiele jûnen swijden.
‘En jo fertelle my in hiele bulte.’
Hy sei doe dat it tsjin frjemd blykber wat makliker prate.
‘Soe 'k hast oerein kinne?’ frege de oare man. ‘De pine is fierhinne fuort.’
‘Besykje it marris.’
‘As ik no út 'e broek koe...’
Hy gong der foar stean en stinde. ‘Ik hoech it net iens te besykjen.’
Hy joech him del op 'e brits.
‘Op 'e rêch lizzen gean en de knibbels omheech lûke,
| |
| |
as 't kin oan 'e skouders ta, dan komt it miskien net werom.’
‘Wat witte jo soks allegear goed.’
‘Sa't ik sei, by ús thús moasten wy dersels mei rêde en wat ús mem ús learde dêr ha wy no ek noch genot fan. Wy ha by ús op 'e pôle noch noait in dokter hân.’
‘Jo hienen it der niis oer wat myn boadskip wie.’
Hy wachte ôf. ‘Ik sei, jo hienen it der niis oer wat myn boadskip wie.’
‘Ik hear jo wol.’
It duorre even. ‘Se wolle ha dat ik jo útkloarkje en dat ik it dan oan harren oerbring. En dan litte se my frij, ha se sein.’
‘Soks hie 'k al begrepen.’
‘Ik ha tsjin har sein dat ik wol woe, mar dat ik jo neat wiismeitsje hoech. Doe't jo foar it ferhoar wienen, moast ik by dy oare man komme en him fertelle wat jo sein hienen. Ik ha besocht om der wat fan te meitsjen, mar dy mannen binne sa gehaaid. Se hienen daliks troch dat ik neat oan 'e weet kaam wie. Sa, no witte jo hoe't it der foar stiet.’
Hy hearde de planken fan de brits ûnder him kreakjen. De man rydboske hin en wer en blaasde ôf. ‘No, dy is der yn elk gefal út.’
Yn 'e gong klonken de stappen fan soldatelearzens, mar it lûd gong harren sei foarby.
De man sei: ‘Doe begûnen se te drigen. Ik moast trochsette, seinen se, oars like it net sa bêst mei my.’
‘Mar se lieten jo ek sigretten smoke.’
‘Dat wie letter, nei't ik it harren útlein hie.’
‘Wat leinen jo se út?’
‘No, dat jo net foar ien gat te fangen binne, sil 'k mar sizze. Ja, wat moat je, ik bin der mei oan en dêrom sis ik mar plan-út hoe't it lân der hinne leit. Ik wol hjir
| |
| |
ferdomde graach wei, ik wurd hjir op 'en doer hartstikke gek.’
‘Dat falt almeast ta.’
‘By my net, ik ferlies myn ferstân as ik hjir langer sit.’
‘De earste wiken binne it slimste, dat is sa.’
‘Dit is gjin gefangenis, dit is in trochgongshûs. De minsken dy't net om lyk wolle wurde hjir hinne brocht. Ha jo dy lange gong sjoen, hjir krekt om 'e hoeke? Dêr ha se sellen foar de swiere jonges dy't net bekenne wolle. Nachts hear ik soms ynienen minsken razen en dan drave der soldaten troch de gong. Soks skynt altiten nachts dien te wurden.’
‘Binne jo dêr ferheard?’
‘Nee, mar ik bin der bang foar.’
‘Dat jo hawwe noch net bekend.’
‘Ik ha neat te bekennen, dat is 't him. Ik ha alles sein, mar dat is te min. Yn Snits sitte ek frijwat yllegalen, seinen se en dêr soe 'k wol wat fan witte. Mar ik wit neat, ik bin keapman en dy yllegalen moat ik neat fan ha. Mar soks leauwe se net.’
‘Nee, dat is almeast sa.’
‘Stjerrende wier, se miene dat ik fan alles by de ein ha. Mar ik ha oars net dien as wat hannelje. Ik ha in nust bonnen kocht, soks docht elkenien dy't yn de gelegenheid is. As ik witten hie dat de yllegaliteit se út it distribúsjekantoar stellen hie dan wie 'k der fansels wol ôfbleaun. Mar jo kinne oan dy bonnen net sjen wêr't se weikomme. Ik ha it mei dy man ôfmakke yn de stege neist it kafee op 'e merk. Ik kin net iens sizze hoe't dy man der útseach, want it wie yn 'e skimerjûn. Dat is alles, mar se leauwe my net. Ik sei: Miene jo dat dy yllegalen it ferstân net brûke. Se dogge der wier gjin namme en adres by. Soks soe sa'n resjersjeur dochs begripe moatte.’
| |
| |
‘En no litte se jo hjir mar sitte.’
‘De earste dagen moast ik algeduerigen minsken besjen dy't se oppakt hienen, mar ik koe der net ien fan. Doe is 't stadichoan minder wurden en ik krige al in bytsje hope dat ik der sa ôfkomme soe.’
‘Miskien sitte se noch achter guon minsken oan dy't se jo besjen litte wolle en hâlde se jo dêrom noch fêst.’
‘Ik wit net, ik bin derôf. Ik woe wol dat ik de mannen wat wizer meitsje koe. Wist ik mar safolle as jo.’
‘Ik wit noch minder, ik ha noch noait bonnen kocht. Ik ferkeapje fisk en ik wit krekt wêr't dy wei komt, want ik helje se sels út 'e mar.’
‘Se skine der oars aardich wis fan te wêzen dat jo yn de ûndergrûnse sitte.’
‘Dat tink ik ek.’
De man ûnder him kaam fan de brits ôf, gong neist him stean en hold de hân op lykas woed er hantsjebakke. ‘Ik wol mei jo akkoartsje, der komt gjin minske achter, de Dútsers hoege it ek net te witten. Ik fertel harren dat jo je even ferpraat ha. En ik jou jo der tsientûzen gûne oerhinne. Ik ha oan de oare kant Snits in moai protte skiep rinnen. Wy geane der tegearre hinne en wy rekkenje daliks ôf. Myn hân derop en it bliuwt ûnder ús, dêr ha wy beide belang by, is 't net sa. Jo hoege de Dútsers net alles te sizzen. As se mar in bytsje fêstichheid ha dan rêde se der fierders wol mei. Tink om jo húshâlding, in oar tinkt der net om. En jo hoege sels neat te dwaan.’
De man hold him de iepen hân foar en seach him gleon oan.
Hy sei: ‘Dit is in min spul, jo witte folle mear fan de ûndergrûnse ôf as ik.’
Doe begûn de man senuwachtich te snokkerjen en ynienen stode er mei de hannen op it liif nei it tontsje.
| |
| |
Op healwei liet er him op 'e knibbels falle en knypte it liif dertusken.
‘Ik gean deroan, ik gean deroan en do ek godferdomme, allebeide geane wy deroan. Doch de bek dochs iepen keardel, wat ferrekt ús de minsken.’
Hy bearde troch wylst er hyltiten mear yn inoar dûkte en mei it gat hin en wer skeukte. Hy snokkere mei lange úthalen.
Hy lei der noch doe't der in soldaat ynkaam dy't even nei him seach en doe sei dat er oerein komme moast. De man hie him net fernaam en fearre oerein, mar hy tearde fuort wer dûbel en hy rôp dat er it bestoar fan de pine. De soldaat liet him gewurde, stapte nei de brits ta en joech him de wink dat er meikomme moast. Hy die de jekker oan en rûn foar de soldaat op.
Se gongen wer nei de moaie keamer en de soldaat bleau op 'e matte by de doar stean. De sinne rekke noch krekt de boppe-ein fan de huzen oan de oare kant. De sinneblinen wienen omheech lutsen en hy seach minsken achter de glêzen.
‘Jo lêste kâns,’ sei de man saaklik.
Hy hoegde net mear te sitten.
‘Ik tink net dat jo witte wat soks betsjut. As wy it dizze reis net iens wurde dan kin ik neat mear foar jo dwaan.’
Hy seach him oan en gong fierder: ‘Wy dogge it no sûnder de omballings fan fan 'e moarn. Ik ha it yn goedens mei jo besocht, ik ha jo alle gelegenheid jûn, is 't net sa?’
‘Dat sil't wol.’
‘Ik stel no rjochtstreekse fragen en ik ferwachtsje rjochtstreekse antwurden, dat moatte wy even goed ôfprate. Dit is de earste fraach: Hawwe jo gjin kontakten mei de yllegaliteit?’
| |
| |
‘Nee, dat haw ik al sein en...’
‘Ik sei: sûnder omballingen. Hoe is jo soan by de yllegaliteit kaam?’
It gong him wer even oer de lea. Hy sei stadich: ‘Ik wit net oft er derby is, ik leau it net.’
‘Hy is der wol by. Hy is krekt 21 jier, mearderjierrich, mar kin er dat allegear bûten jo om dwaan?’
‘As jo sizze dat er derby is dan giet dat bûten my om.’
‘Wêr wied er fannacht?’
‘Dat wit ik net, hy wie net thús.’
‘Jo litte him mar rinne, jo hawwe gjin sizzenskip oer him, de jonge kin dwaan en litte wat him goed tinkt.’
‘Fan hûs út ha wy leare moatten om ússels te rêden.’
‘Sa binne jo opbrocht en sa giet it mei jo soan ek.’
‘Sa ha wy it altiten wend west.’
‘Hy hie yn Dútslân sitte moatten, hy hat in oprop hân, mar dat witte jo dan grif ek net.’
‘It stiet my sa net by.’
‘Mar it is wol sa, ik ha it neisjen litten. Hy hat oproppen west foar Dútslân.’
‘Wy binne net wend om ús stjoere te litten.’
De man ropte ynienen it laad fan syn buro iepen en lei in pear dingen op 'e tafel: in skurf panterdoaske, in knypmes en in blikken sigretoanstekker.
Hy seach it daliks, hy hie it net fan tichtby besjen hoegd, mar hy die dochs in stap nei foaren en stoareage nei it tabaksdoaske, de F. Herder en de oanstekker. De jonge griemde der faak mei om, omdat it ding sa min oan woe.
Hy fielde him beroerd wurden, in gefoel dat er noch net earder hân hie en dat helte slimmer wie as it triljen en it switten.
De man achter it buro swijde.
Hy hie wat sizze wold, mar hy koe der net op komme.
| |
| |
Hy hie no wol sitte wold, byneed yn dy lege stoel, want it skeat him yn de skonken.
De man sei: ‘Wy ha altiten mear as ien izer yn 't fjoer.’
It triljen yn 'e skonken saksearre net en de beroerdens op 'e mage ek net.
Op 't lêst sei er: ‘Dus jim hawwe him.’
De man sei: ‘Wy hawwe him.’
|
|