| |
| |
| |
6 Dossier
De man yn de moaie keamer wie earst net allinne. Der siet in offisier by him, in hegen-ien nei alle gedachten. Mar de offisier gong gauachtich fuort. Doe kaam der in soldaat yn dy't him by de doar postearde.
Hy moast der earst by stean, wylst de man achter syn buro sitten bleau. Hy die it him oan tiid, hy studearde yn rapporten en papieren om en skreau dingen op. Hy bearde lykas stie der nimmen foar syn buro.
Op 't lêst lei er it potlead del en seach omheech. Hy sei: ‘Ik liet my fan 'e moarn even gean. Ik ha it te drok en dan meitsje ik my te gau lulk. Mar jo hâlden en dragen wie ek sa ûnferstannich. Ik ha yntusken jo hiele dossier lêzen en ik ha oer wat der fan 'e moarn by de mar bard is ek in rapportsje krigen. Ik sjoch it no even skerper.’
Hy lei de hân op it pakje papier mei in brune kaft. ‘Ik ha al sein dat ik begryp ha foar it slach minsken lykas jo. Myn heit wie ek arbeider. Wachtsje, wy geane der even by sitten.’
Hy moast wer yn de lege stoel dêr't er leaver net yn siet en de man gong tsjin him oer sitten.
‘Fertelle jo my no ris it ferhaal fan dy fjirtjin moanne. Ik ha fansels de offisjele stikken, ik ken de feiten en formeel kaam jo dy fjirtjin moanne wol ta, dêr is gjin finger tusken te krijen. Mar dy stikken fertelle lang net alles, soms net iens de wierheid. De werklikheid is oars, de stikken lige.’
De man lei de fuotten oer inoar. Syn skuon wienen
| |
| |
noch like glêd as fan 'e moarn. Hy luts de knibbels fan syn broek op en krige in sigret út it houten bakje.
‘En no wol ik fan jo hearre hoe't jo oan dy fjirtjin moanne gefangenisstraf komme.’
Hy skytskoarre der tsjinoan. ‘It is al sa lang lyn en as jo it dochs wol witte...’
‘Nee, jo begripe my net. Ik wol graach jo lêzing fan de saak hearre.’
Hy tocht nei. ‘It moat yn de strange winter fan 1922 west ha. Ik wit it jiertal noch omdat ik doe krekt troud wie.’
‘Yn '22, dat kloppet. Jo binne fan 1894, jo wienen doe dus 28. Jo wienen der net sa betiid by.’
De man hie it brune kaft krigen en lies deryn om.
‘Ik hie gjin fêst wurk en it ferlet om te trouwen wie ek net sa grut.’
‘Faak wurkleas fansels.’
‘Ja, dat gong doe sa en de bazen sieten ek net op ús te wachtsjen.’
‘Fanwegen jo politike aktiviteit.’
‘It gong ús net om de polityk, it gong ús om in pear sinten yn 'e oere mear, dêr staakten wy foar.’
‘Mar as der staakt wurde moast dan rûnen jo foarop.’
‘Ik net sasear, ús heit en myn bruorren wienen fûler.’
‘Jo soan is fan '22, sjoch ik hjir. Lit ris sjen, dat wie gjin frijwillige trouwerij, soe 'k sizze.’
‘Nee, wy moasten trouwe, oars hie 'k it net dien. Ik hie net in sint en wy wienen yn dy snuorje ek net folle thús, wy sieten in protte yn Dútslân.’
‘Ja, dêr kom ik strak op werom, op dat arbeidzjen fan jim yn Dútslân. No earst jo relaas oer dy fjirtjin moanne.’
‘Dat hat yn Duerswâld west. Wy streupten winterdeis in soad, dat wie dan ús iennichste fertsjinst. Foar in
| |
| |
wylde knyn barden wy op 'e Gordyk twa kwartsjes, in folle hazze krigen wy in gûne foar en in ree wie mear as in wyklean. Mar in ree hienen jo net samar en jo moasten der nachts mei nei de poelier, oars wie 't net fertroud. Yn Duerswâld krige ik in boskwachter achter my oan en dêr ha 'k doe op sketten.’
‘Dat wie op syn minst poging tot doodslag, jo kamen der mei fjirtjin moanne noch bêst foarwei. Dat wisten jo sels ek wol, mei 'k oannimme. Streupe is in oertreding, mar in ûnbesoldige opsichter oer de kop sjitte is in swier misdriuw. En dochs dienen jo it. Wêrom skeaten jo op dy man?’
‘It stie der by my thús beroerd foar. Doe't it bern sawat komme moast, rekke de frou op bêd en it like min. Ik koe der net by wei, ik moast thús wêze. Oars hie 'k my wol pakke litten, want as frijfeint hie 'k faker sitten en dat lette my net safolle. Winterdeis yn elk gefal net, want dan wie der dochs gjin wurk. En dan hienen se thús ek noch in iter minder.’
‘Jo skeaten op dy man, mar se krigen jo dochs.’
‘Ja, mar dat is sa gien: hy begûn te âljen as in bolle en hy kaam net wer oerein. Dat wie de bedoeling net, ik hie him in bytsje skansearje wold sadat er net mear achter my oangong. Mar ik hie in âld gewear, it skeat net al te sekuer en jo wisten eins noait wêr't de hagel krekt bedarre. Ik wie bang dat ik him yn 't gesicht rekke hie en doe't er lizzen bleau en begûn te razen wie 'k benaud dat er deafrieze soe. Want it frear dy jûns fûl.’ Hy krige in droege mûle fan al dat praten, dat hy moast even slokke.
‘En doe?’
‘Ik ha him thús brocht en wy praten ôf dat wy it stilhâlde soenen. Dêr ha wy goed oer ôfpraat, mar hy hat him der net oan holden.’
| |
| |
‘Just, hy hat jo dochs oanjûn.’
‘Miskien ha se him der wol op ferge. Sjoch, dy man hat fansels dagen út 'e baan west en se sille him wol frege ha hoe't er oan al dy smertlapen kaam. Want hy hie it lichem fol hagel, dat hie 'k wol sjoen. Dêr hat er mei nei dokter ta moatten, dat kin hast net oars. Doe kin der praat fan kaam wêze. En sa'n boskwachter is op 't lêst ek mar in lyts mantsje.’
‘Hy hie in ferlechje betinke kind.’
‘Ik ha sein dat er my beslûpte en dat ik him foar in ree oansjoen hie. As sa'n dier yn de hjeljûn ynienen omheech komt út syn leger en der sit ek noch wat strewelleguod tusken dan kin it jo, as jo wat hastich binne, ûntkomme. Dat ha 'k sein en hy hat net sein dat it oars wie. Hy hat it dus mei my skikt, mar dat sil er ek wol dien ha omdat er benaud foar ús wie.’
‘En jo gongen fjirtjin moanne de bak yn.’
‘Sa is 't.’
‘Wa soarge salang foar jo húshâlding?’
‘Net ien fansels, dat is te sizzen, ús folk hat dermei rêd. Dêr hienen se ek neat, mar se koenen de kachel al waarm hâlde. Us Hindrik hat doe yn Koartsweagen in pear kuorfol jirpels stellen en sa binne se de winter trochskarrele.’
‘Jirpels stellen, seinen jo?’
‘Ja, de bouboeren hienen de jirpels yn 'e bult. In protte strie deroer en dan in moai protte grûn, dan beferzen se net gau. Wy makken gauris sa'n bult jirpels iepen en hellen ús part der by wei. It wie nachts in hiel geheister, foaral as de froast djip siet. Jo moasten dan de bile derby ha en dat joech in bulte gerûs. En de boeren stienen op skerp fansels.’
‘Mar net ien autoriteit dy't him om jo sike frou bekroade.’
| |
| |
‘Och heden nee.’
‘Krekt, en dan no dy sân moanne.’
‘Hoe't ik dy krigen ha? Wel, dat hat earder west, folle earder. Ik tink dat ik doe noch gjin tweintich wie. Se staakten rûnom yn de turfmakkerij, yn Beets seinen wy boljeien en wy holden moarns appèl op 'e hoeke by de herberch. Dêr kaam de maresjesee dan ek by. Se setten dat hynstefolk om ús hinne en as it harren te bot gong dan lieten se de hynders in pear stappen foarút dwaan. Wy stienen op 't lêst stiif op inoar, sa koenen se ús better baas. Dy kear mislearre it, mar hoe en wat wit ik net krekt mear. Se wienen rûnom yn 'e slach, ek yn de herberch. Ik wit noch dat se Strampel, de appèlmeester, mei de platte sabel út de hynstekrêbe weisloegen. Yn 'e hynstekrêbe stienen jo boppe it folk, sa koed er de kloft better oer sjen.’
‘Wat wie it appèl?’
‘No, dan waard der oer praat, de kop derfoar hâlde en trochstake of belies jaan. It hinge der fanôf wat de bazen betelje woenen.’
‘Se wienen oeral yn 'e slach, sizze jo, want as de maresjesee begûn te slaan dan sloegen jim der ek yn.’
‘Wy klapten fan ús ôf, dat koe al min oars. Mar wy koenen se fansels lang net ha. Wy ha doe bêst op 'e bealch hân.’
‘Foar in pak op 'e bealch krije jo gjin sân moanne.’
‘Wy wienen mei ús fjouweren en wy ha alle fjouwer itselde krigen. It heucht my noch dat ús Hindrik it hynder by de bek pakte.’
‘Wa is Hindrik?’
‘Dat is op ien nei myn âldste broer. Wy wienen thús mei ús seizen as bern, fiif jonges en in fanke. Der ha noch twa west, mar dy binne jong stoarn. Ik ha se net kend en ús Jantsje libbet ek net mear. Us Germ en
| |
| |
Bareld binne nei Amearika gien, Germ earst en Bareld in pear jier letter. Bareld ha wy noait wer wat fan heard.’
‘Dy Hindrik, libbet dy noch?’
‘Ja, en Thomas ek, ik ha teminsten gjin berjocht hân dat der wat wie.’
‘Wat sette de mannen út 'e wei?’
‘Wat se op it stuit dogge, wit ik net. Hindrik siet altiten yn it grûnwurk en ik leau dat Thomas no op 'e Houtigehage wennet. Hy hannele wat en hy hie in protte hinnen.’
‘Jo komme net sa faak by harren.’
‘Nee, wy rinne inoar de doar net plat. It is jierren lyn dat ik yn Beets west ha.’
‘Spul hân of sa?’
‘Wy ha noait spul hân, mar wy wenje in ein út 'e reek en elk hat genôch oan himsels. Wy binne net famyljesiik.’
‘Goed, jo wienen mei Hindrik dwaande, dy krige it hynder by de bek.’
‘Ja, want it wie sa, as jo foar it hynder stienen en jo hienen it by it bit beet dan koe dy maresjesee jo mei de sabel net maklik benei komme. En skopten jo dan it hynder ûnder de bealch dan smiet it de kont omheech en as jo dan gelok hienen, rekke de man derôf. En dan koenen jo him oan, is 't net sa. Mar dizze foel der net ôf, want dat hynder siet in foalle yn en ús Hindrik is in bistefreon, dat hy woe it hynder net yn 'e bealch skoppe. Ik krige in klap mei de stompe kant fan de sabel oer 't skouder en dat die glûpende sear. De oaren wienen ek dûm en wy ha him mei inoar fan 't hynder skuord en bêst omseame. It hie oars net hoegd, want wy hienen eins al ôfpraat dat wy mar wer oan it wurk soenen.’
| |
| |
‘It hie net hoegd, sizze jo, mar dat koe de rjochter neat skele.’
‘Ik leau wol dat wy it sein ha. De maresjesee feegde der samar yn. Mar se sille ús net oanheard ha, tink ik.’
‘Krekt, dêr woe 'k jo ha. Ik hoech jo aanst neat mear út te lizzen. Wy geane noch even fierder. Hoe komme jo oan...lit ris sjen, dy fjouwer wike. Ik pik der samar wat út, it komt in deade baarch net op in stek oan.’
Hy wist it net mear, hy hie safolle fan dy lytse poarsjes útsitten. En de man makke him erchtinkend, hy waard him wat te minlik.
‘It sil wol foar streuperij west ha. De kantonrjochter op 'e Sweach hie in hekel oan streupers, want wy sieten faak yn syn bosk.’
De man glimke hyltyd mear, it gong him sa't it like skoan nei 't sin. Heit syn sechje wie dat men al gau tefolle sei as men foar de hearen ferskine moast. Tink derom, alles watst seiste, kin tsjin dy brûkt wurde. Mar dan gong it om oare dingen. Dit wie in petear oer eartiids en hy hoegde neat benefter te hâlden. It stie trouwens allegear yn dat brune kaft.
‘En wêrom streupten jim?’
‘Wel, dat ha 'k al sein, om oan 'e kost te kommen. Wy ieten it wyld sels net op. Wy brochten it nei de poelier en foar it jild kochten wy Amerikaans spek en fet. Dat wie doe goedkeap en it wyld hat altiten djoer west.’
‘De need wie sa grut dat jim streupe moasten.’
‘Sa wie 't sawat, mar wy mochten it fansels ek graach dwaan.’
‘Hat der oait in rjochter west dy't der rekken mei hold dat jim oars neat hienen om troch de tiid te kommen? Hat de rjochter dy't jo fjirtjin moanne joech der begryp foar hân dat jo net by jo húshâlding wei koenen? Welnee, dêr waard net oer prakkeseard, dat kaam by dy
| |
| |
minsken net op. In arbeider telde net mei, in arbeider hie gjin rjochten. En no myn fraach: Wolle jo sokke rjochters werom ha, moatte wy sokke tastannen yn 'e takomst wer ha, moat de tiid wer oanbrekke dat in arbeider gjin rjochten hie? Jou my dêr no ris antwurd op.’
‘It hoecht om my net.’
‘Dat soe 'k sizze, noait wer fansels. Dy tiid komt ek net wer, dêr sille wy foar soargje. Mar in protte minsken soenen it wat better begripe moatte dat der dan wat dien wurde moat. Se soenen ús helpe moatte. Dat jildt benammen foar minsken lykas jo, jo witte wat der yn 'e wrâld te rêden is.’
De man gong oerein en rûn nei syn buro ta. ‘Lit dat ris yn jo omgean, as jo it ferstân brûke dan sille jo it úteinlik mei my iens wêze.’
It wie noch net dien, begriep er wol. Hy wachte ôf en seach nei bûten. De sinne kaam fansiden en sette de finsters oan de oare kant yn it ljocht. De loft wie noch hyltiten sa blau as laai, it soe wol near wêze yn 'e lijte fan de pôle, foaral achter de skuorre.
‘Wat sizze jo derfan?’
De man begûn op en del te byskjen.
‘Wat moat ik derfan sizze? De plysjes dy't my eartiids ha woenen, sitte my no noch achter de broek en ik leau dat de boargemasters ek wakker de selden binne.’
‘It giet fansels net om in pear plysjemannen en ek net om in boargemaster. As jo trouwens klachten ha oer de behanneling fan dy mannen dan moatte jo it sizze, want dan wurdt soks ûndersocht. Dat is al gâns oars wurden. Mar dêr giet it net om, it giet om de grutte saak.’
‘Ik wit der net folle fan. Wy komme hast net ûnder de minsken en wy ha mei net ien gedoente. Dat wol ik net
| |
| |
mear, wy ha genôch oan ússels.’
‘Jo binne in teloarsteld man. Jo hienen idealen en dêr is neat fan telâne kaam, wier of net?’
‘Wy woenen in bytsje knap troch de tiid, oars net.’
‘Jim woenen lotsferbettering, dat wie jim ideaal.’
‘As jo it sa neame wolle...’
‘En no miene jo dat it dochs neat jout.’
‘Wy ha it al aardich better, de fisk docht in goede priis.’
De man bleau stean en seach op him del. ‘Wêrom binne jo eins út Beets weigien?’
‘Ik koe dizze fiskerij krije en ik siet doe krekt sûnder wurk, dat ik koe it al gau besykje.’
‘Jo hienen oars krekt fêst wurk hân.’
Se wienen goed op 'e hichte, sels dy blaumoandei by de polder dêr't er it leaver net oer hie, wisten se fanôf.
‘Dat hat mar even west, dat wie neat foar my.’
De man frege der net fierder op yn en dêr wied er bliid om.
‘Lit ús oannimme dat jo gjin gedoente mei de minsken ha en dat it jo net folle skille kin wat der op 't heden yn de wrâld bart. Lit ús fierders oannimme dat jo fannacht thús wienen en neat fernaam ha fan wat him op de mar ôfspile...’
‘Dat is stjerrende wier. Ik ha it fan 'e moarn al sein: as it oan de oare kant fan de mar wie dan hearre jo by ús op 'e pôle neat. En by dizze wyn giet it lûd ek noch fan ús ôf. Boppedat sliepe wy yn it bedstee en dêr is 't net hoarich.’
‘Goed, dat leau ik wol. Mar jo wenje op 'e romte en dat is in gaadlik plak foar minsken dy't leaver net tusken it folk ferkeare, wier of net?’
‘It koe wol, mar ik kin it net helpe dat ik dêr wenje.’
‘Jo hâlde jo dom. Ik wol oanimme dat jo je nearne
| |
| |
mear mei bemuoie, ik kin my dat sjoen jo ferline skoan yntinke. Mar ik leau net dat der noait minsken by jo west ha mei bepaalde fersykjes. Of ha 'k ûngelyk?’
‘Ik begryp jo net.’
‘Jo begripe my hiel goed, mar ik sil it wol sizze: As ik ûnderdûker wie dan gong ik nei jo ta.’
‘Ik wol der gjin gedoente mei ha.’
‘Akkoart, mar hat der noait immen west te freegjen?’
‘Se kenne my wol, se witte hoe't ik der oer tink. En it is dêr allenduvels fine minsken, dy fertrouwe my net heal.’
‘Jo jouwe gjin antwurd op myn fraach.’
‘Sa't ik sei, se witte dêr wat foar persoan ik bin, se komme net by my. It kin ek net, wy ha in lyts hûs mei ien keammerke, wêr soe 'k se litte moatte.’
De man hold it rapport omheech. ‘Hjir stiet dat der fan 'e moarn fjouwer bêden teld binne yn dat lytse hûs fan jo. Is dat net ryklik?’
‘Dat ha 'k fan 'e moarn útlein, plysje Bolhús frege dernei. Simmerdeis sliep ik gauris yn it achterhûs omdat it dêr sa near net is as yn it bedstee. En dat ledikant op 'e souder is fan de jonge.’
Hy sei it mei opsetsin en hy wachte ôf oft de man ek oer Germ begjinne soe.
‘Jo ha yndertiid yn Dútslân sitten, hèn? Dêr soenen wy it noch even oer ha. Hoe lang ha jo dêr arbeide?’
‘Noait langer as seis-sân moanne oan ien stik en wy gongen altiten mei de hiele ploech.’
‘Der waard goed fertsjinne, is 't net sa?’
‘Wy koenen der wat jild oerhâlde.’
‘Arbeiden jo by de boer?’
‘Nee, boerewurk lei ús net, ik koe ek net melke. Ik ha in skoftsje yn de minen sitten, mar meastentiids sieten
| |
| |
wy by 't spoar en by de wegenbou. Der waarden doe in soad nije diken oanlein en spoarbanen.’
‘Hoe like it jo ta yn Dútslân?’
‘Der wie mear wurk en de minsken hienen it der better as by ús, doe al teminsten. Mar der hat ek in tiid west dat de Dútsers by ús kamen te meanen en te haaien, dat sille jo wol witte.’
‘Jawis, mar dat wie de âlde tiid. Doe't jim der sieten kaam it nasjonaal-sosjalisme op en dat holp jim oan wurk. Jim hienen it oan Hitler te tankjen dat jim in pear sinten oerhâlde koenen.’
‘Der wie doe fan alles oan 'e gong, soks fernamen jo wol, mar it gong bûten ús om. Wy wienen der om te arbeidzjen en wy hienen ús eigen ploech.’
‘Ha jo der noait oer tocht om yn Dútslân te bliuwen?
‘Wy hienen de húshâlding yn Beets en dêr woenen wy wêze, ik wit net krekt wêrom.’
‘Der is oars nochal ris immen bleaun.’
‘By ús wei net, mar ik ha der praat oer heard. Dat wie letter, ik ha der sûnt 1937 net wer west.’
‘Dy minsken hienen it der frijwat better, yn Reckling-haus ha 'k mei in protte Friezen praat dy't it dêr nei 't sin hienen. Dy minsken witte no it ferskil tusken de âlde en de nije tiid en dêrom witte se oan hokker kant hja stean moatte. Der wurdt fan harren in soad frege op 't heden. De manlju steane oan it front, de froulju yn de fabriken. Yn ús lân hoecht it folk suver neat te dwaan, Dútslân docht alles foar ús. Der wurdt fan jo ek neat frege, ik moat allinne mar wat ynformaasje fan jo ha, mear net. It let ús neat as jo swije, wy komme der dochs wol achter. It is mar in lyts keunstke en pak in pear hûndert minsken op. Der sitte altyd guon by dy't fuortendaliks begjinne te praten. Mar wy dogge it leaver net. Unskuldigen wurde faak mei de dupe en it
| |
| |
jout in protte opskuor. Ik nim oan dat jo net ferkeard binne. Ik wit skoan hoe't de gewoane minsken deroer tinke, se wolle wol mar se doarre net. Se wurde troch in lytse groep terroriseard. Dat binne de minsken dy't wol sjogge dat se har tiid hân ha. Se ha alles te ferliezen, dêrom fersette se har. Ik hie tocht dat jo moediger wêze soenen en dat leau ik eins noch. Jo binne net benaud, soks docht út de stikken wol bliken. Jo hawwe altiten foar jo miening útkomme doarst.’
De man lei it brune kaft op it buro. ‘Wel, dêr hâlde wy it dan mar op,’ sei er mei in sucht.
De soldaat krige de wink en kaam nei foaren.
Hy hise him út 'e stoel en bleau even stean. Hy sei: ‘Dit is in fersin, ik ha neat te sizzen. Ik stean der bûten en ik wol der neat mei te meitsjen ha. Dat is dochs net ferbean? Ik ha de fiskerij en dêr fertsjinje ik op 't heden aardich myn brea mei. Ik ha der gjin ferlet fan en fyn noch wat oars út. Wêrom moat ik hjir yn behelle wurde? Ik wol it net iens witte, it binne myn saken net. Wat kin it my ferrekke wat se nachts op 'e mar útspoekje, as se mar fan myn fûken ôfbliuwe.’
Hy die in stap op de man ta. ‘En as jo no sizze dat yn dizze tiid in arbeider net mear oerlevere is oan de hege hearen hoe kin it dan dat ik samar oppakt wurd? Eartiids seinen se der daliks by wêr't se my foar ha moasten, mar dat dogge jim net iens. Jimme dogge mei de minsken wat jim goed tinkt. Ik ha neat mei de rotsoai te meitsjen en ik ferdom it om hjir langer te sitten.’
De soldaat grypte him by 't skouder.
Doe't er troch de gong rûn, hold it triljen gauachtich op. Hy fage syn switterige hannen oan 'e broek ôf en liet him opslute.
|
|