Se wie doe al in pear wike op 'e pôle en hy wist op dat stuit net hoe't Germ oan har slagge wie.
De fine skoalmaster bemuoide him der doe ek noch mei. ‘Dit kin eins net, as elk op eigen manneboet ferhuzet, rint de boel yn 'e war. Jo soan hat it fanke samar meinaam, hy hie it mei de organisaasje oer lizze moatten. Of ha jo it him sein dat er it bern meinimme mocht?’
It praat nitele him. Hy sei: ‘Nee hear, soks hoecht by ús net.’
‘Jo soan mei dwaan en litte wat er wol, begryp ik.’
‘Sa is 't krekt.’
‘Dat hy kaam op in nacht samar mei har thús.’
‘It wie yn 'e skimerjûn, se kamen yn 'e skou achter de reiden wei, elk oan in riem, sa moai as wat.’
Sa wie it ek krekt gien. It wie sa'n hoare simmerjûn, jo koenen de merkels oan 'e oare kant fan de mar hearre. Hy hie de skou net fernaam, sa súntsjes farden se. Germ koe trouwens ek kloetsje sûnder leven te meitsjen. As se te streupen wienen, ferrifele hy de einen dermei. Hy kaam se bytiden sa nei oan dat er twa en soms trije yn ien skot hie.
Hy hie dy deis mei Kuiken, dy't oan de Follegeaster kant fiske, op en út west. Tegearre koenen se safolle skeakelnetten útbringe dat se hiele pôlen tichtsetten. Se fongen dy deis in pear hûndert pûn snoek en bears. It heugde him sa goed omdat der ek frijwat snoekbears by west hie en dy fisk fong er oan syn kant fan de mar hast noait.
Hy hie him de jûns bûtendoar op de reinwettersbak deljûn en Gryt wie derby sitten gien mei in pear fûken dy't stoppe wurde moasten. Gryt gong it stopjen en breidzjen fan de fûken better ôf as him. Ien fan de ûnderdûkers lei yn 't gers neist de skuorre. Hy hie