| |
| |
| |
4 Braaksma
As it oan de fine meester Braaksma, de man mei it oranjestrikje ûnder de kraach, lein hie dan soe de man yn de moaie keamer it by de rjochte ein hân ha. De skoalmaster sei it wat oars, maar it kaam op itselde del. Yn 'e hjerst fan it earste oarlochsjier kaam er al op 'e pôle.
‘In gaadlik plak,’ sei er nei't er even omsneupt hie.
Hy kaam om in mieltsje fisk, jawis, mar yn it doarp siet oars ek in fisker en dy wie fan syn kant.
Hy hie it daliks foar it ferstân, mar Braaksma kaam net daliks mei syn boadskip. In dei as fjirtjin letter moast er al wer fisk ha.
‘O sa geskikt,’ sei er, ‘net ien kin jin hjir oer 't mad komme.’
Braaksma seach him oan, mar hy bearde lykas hied er it net begrepen.
De tredde loop kaam er ta syn doel: oft er út en troch in hantaast dwaan woe foar de goede saak. Hy wegere plan-út en Gryt dy't der by stie, sei dat se net wer yn it lijen woenen. Dat praat ergere him en hy rûn der by wei. De skoalmaster besocht it earst mei Gryt en doe't dy yn 'e hûs gong, kaam er by him. Hy wie yn 'e skou stapt en klaude yn 'e fûken om.
‘Mar as wy út en troch immen ha dy't in skoftsje út 'e wei moat?’
‘Hoe bedoele jo dat?’
‘Wel, der binne minsken dy't yn libbensgefaar ferkeare, as se dy pakke dan krije se de kûgel.’
| |
| |
‘Wa't se achter de broek sitte, kin komme, mar fierders wol ik der gjin gedoente mei ha,’ hied er sein.
Dêr hie de fine skoalmaster genôch oan. Gryt wie der lulk om en woe him beprate. Doe't dat net slagge kaam se mei de ferwiten dy't er al jierren oanhearre moatten hie. Neitiid kaam it stûmske swijen dêr't er ek wol yn behurde wie.
De earste ûnderdûker kaam ridlik gau del en hy sei tsjin Gryt dat de man op 'e tiid syn wiet en droech ha moast en dat die se. Mear as fjouwer tagelyk hienen se noait hân en sa gau as de skoalmaster him yn oare dingen behelje woe, sei er koart en goed dat er soks net woe. Der hie noait wapentúch op syn hiem west. Syn eigen âld jachtgewear, it hoannegewear fan heit, hied er net iens yn 'e hûs.
De man yn de moaie keamer hie him yn 'e kaart sjen litten. Se hienen oars net as syn strafregister en dêr koenen se him net op pakke. Se tochten fansels dat er by de yllegaliteit siet, mar se hienen gjin bewizen. Se besochten it allinne mar.
Minsken dy't yn gefaar wienen, oars woed er net ha. Hy frege noait wêrom't se ûnderdûke moasten, it koe him neat skele wat se út 'e wei set hienen.
Yn 1940 ek net doe't der twa jonges in dei as fjirtjin yn 'e skuorre húsmanne hienen. Hy wie der net iens wis fan oft de iene jonge ien fan syn broer Thomas wie. Begjin maaie stienen se op in jûn samar op 'e pôle, twa jongkeardels yn soldatepakken. De lytste neamde him omke en sei dat er ien fan Thomas wie. Se seinen dat se it ferpoften om foar koaningin en faderlân te fjochtsjen. Hy joech de jonges gelyk. De iene koe trouwens skoan ien fan Thomas wêze, Thomas hie in keppel bern en der moasten in stik as fjouwer groujonges by wêze.
| |
| |
Gryt wie der fansels op tsjin dat se de beide knapen ûnderdak joegen, mar hy sei itselde as letter: wa't se achter de broek sitte, dy kin by ús komme.
De Dútsers wienen al rûnom baas doe't de beide jonges wer ôfsetten. Se hienen se noait wer sjoen en soks hoegde om him ek net. Hy hie de soldatepakken dy't se yn de skuorre bedobbe hienen wer opgroeven. Gryt makke der klean út foar Germ en hysels hie by't wyldstreupen in soad wille hân fan sa'n lange, griene jas. Yn it jonge reid seagen jo dy jas suver net en it ding wie ek noch fierhinne wetterticht.
‘Dit is de earste kear dat wy der wat fan oerhâlde,’ sei er foar de gek.
Gryt hold steande dat er se fuortstjoere moatten hie.
‘Se hienen wol nei jim Hindrik ta kind, dy hat altiten in steil wurd hân.’
Mar Hindrik wenne tusken de minsken en it wie der net fertroud. Soks sei er yn it earstoan noch, hy woe ha dat Gryt it begripe soe, mar it joech him neat.
It fanke wie it wat oars mei gien. It sinnige himsels eins ek net dat Germ samar mei har thúskommen wie. Gryt besocht it noch fûleindiger as oars. It wie de earste kear dat er begrutsjen mei har hie. Se koe net oars, se hie it oer har.
‘Dat bern wurdt ús ûngelok,’ sei se, ‘en oars Germ sines wol.’
Dagen neitiid eamele se der noch op om. It koe dochs gjin kant út, in poerfrjemd frommes yn 'e hûs en dan ek noch sa'n-ien.
De fine skoalmaster sei: ‘Ik wit net, ik wit net... De joaden moatte fansels holpen wurde, mar oft sa'n bern hjir te plak is dat leau ik net.’
‘Germ en sij binne it oars wakker iens,’ sei er. En mei opsetsin der achteroan: ‘Se sliepe by inoar, dat wy
| |
| |
hoege der net iens in ledikant by en it skeelt Gryt yn 't waskjen, is 't net sa.’
Hy begûn deroer út te pakken en Gryt sei letter: ‘Do likest jim Hindrik wol, dy hie ek altiten sok ôfwaaid praat.’
Dêr hied er it ek fan, Hindrik jage der elk mei op stang.
De skoalmaster spriek der letter it fanke sels oer oan. It joech gjin foech dat se samar mei in feint ferkearde. Doe't er dat hearde, hied er de skoalmaster it hiem ôfstjoerd. Hy moast tenei syn mieltsje fisk mar earne oars weihelje. De skoalmaster kaam net wer. As er boadskip hie, stjoerde er immen.
Se soenen de pôle hjoed wol yn 'e gaten hâlde. It lette neat. Willem en Cor pasten op it fanke. Benammen Willem wie aardich thús op 'e mar, miskien sieten se op dit stuit wol yn 'e skûlhutte by Lolke. En Germ hoegde er alhiel net oer yn te sitten. Dy wist fansels allang dat der wat te rêden wie. Hy hope al dat de jonge him net al te bot yn dat yllegale wurk bejûn hie.
Hy siet op 'e brits en harke mei in heal ear nei de man dy't yn ien siken wei op 'e tekst wie.
De sel wie skjinner as dy yn it tichthûs Crackstate op It Fean en it tontsje stonk sa bot ek net. Dochs sieten der gjin finsters yn 'e sel. Yn 'e souder wie in luchtkoker en dêr kaam in bytsje ljocht troch. Boppe de doar siet in elektrys lampke, mar dat skynde net safier. Yn 'e hoeken fan de sel wie it healtsjuster.
Hy wie op it bankje by de muorre sitten gien, krekt foar de doar. Se hienen him alles hâlde litten, ek syn prûmtabak. Hy die de jekker út en hong him oan it knopke fan de brits. Hy soe nei it tontsje ta te pisjen doe't de oare man oerein skeat.
| |
| |
‘Wachtsje even, tagelyk. It lid moat der sa min mooglik ôf, oars fergeane wy aans fan de stank. In dei as wat lyn ha 'k oan 'e loop west, it komt fan dat wetterige iten fansels. Se leegje de tonne oars om 'e twa dagen, mar ik tink dat se my de lêste kear fergetten ha, dat no stjonkt it as de sykte.’
Se gongen elk oan in kant stean, sadat it lid net te lang fan de tonne hoegde.
‘Is 't net ûnhuer,’ sei de man. ‘Mar de grap is dat ik no al dagen net út 'e broek kin. Fan it iene uterste yn 't oare, it liif docht my der sear fan. En ik kin sa min oer dy tontsjelucht.’
Hy fûn dat it tafoel.
Hy gong wer op it bankje sitten en naam in prûmke.
‘Bliksem, ha jo tabak?’
Hy bea de man it pûdsje oan.
‘Hie 'k no mar in floeike.’
Hy gong oerein en fûn yn syn jekker in kladsje fan Boonstra, de ielkeapman. ‘Kin dit it dwaan?’
‘It stekt my net sa nau, as it mar rikket. Ha jo ek lúsjefers?’
‘Dêr kin 'k jo net oan helpe.’
‘Ferduld, dan wurdt it noch neat.’
De man snúfde yn it pûdsje en krige der in topke tabak út. ‘It rûkt as krûd, dit is gjin eigenbou. Sitte jo hjir ek foar swarte hannel? Dêr bin ik foar oppakt, sjoch. In gewoan hanneltsje, men moat troch de tiid, is 't net sa. Elk skarrelt foar himsels. It is mar krekt wa't it treft, as se elk oppakten dy't wol ris in swart hanneltsje hat dan bleauwen der gjin minsken oer.’
Hy snúfde wer en slikke oan it tûfke tabak dat er tusken tomme en wiisfinger hold. ‘Ik ha noait prûmke, is 't lekker?’
Hy die in pear triedsjes yn 'e mûle en sûge derop.
| |
| |
‘Wol skerp, mar ik kin net sizze dat it my tsjin stiet.’
Hy helle it bytsje tabak út 'e mûle en beseach it omstandich. ‘Oars wol in fize griemerij.’
Hy sei: ‘Kalm begjinne en net te bot kôgje.’
‘Dit is echte tabak, soe 'k sizze. Sokke tabak is net mear te keap.’
‘Ik ruilje út en troch.’
‘Dan moatte jo goed guod te ruiljen ha.’
‘Fisk.’
‘Fisk? No't jo it sizze, jo ha de lucht yn 'e klean sitten. Dus jo binne fiskkeapman.’
‘Ik fiskje sels en ik hie fannacht aardich iel. Dy sille jo wol rûke, de slimen fan 'e iel.’
‘Oars wol apart dat se jo de tabak hâlde lieten,’ sei de man dy't op de brits sitten gien wie.
‘Ja, ik ha alles noch.’
‘Fergetten fansels, mar dat komt in Dútser oars net gau oer. It hipt nau by dy mannen en as se har fersinne is 't net bêst. Sa'n soldaat wurdt daliks oerpleatst nei it front. Ik ha der sterke ferhalen oer heard.’
De man prate him tefolle.
‘Dat bankje is te smel, jo krije it aanst yn 'e rêch. Op 'e brits sit it nofliker. Ik sprek út ûnderfining, want ik ha it oan tiid hân om it út te prebearen. Ik sit hjir aanst trije wike, it hinget my de kiel út. En wist ik no mar wêr't ik oan ta bin, hèn. Earst seinen se tsjin my dat ik nei it kamp yn Amersfoart stjoerd waard, mar dat kin fansels net. Sa'n kleinichheid kinne se jo net foar yn 't kamp sette, is 't net sa. Se tochten fansels dat ik swarthannele foar de ûnderdûkers en sa. Ik ha dagen yn 't ferhoar west en dat gong der soms om wei. Se ha my ien kear in klap jûn, mar der wie in offisier by dy't der op slach wat fan sei en doe ha se it net wer dien.’
De man hie it prûmke yn 'e mûle dien en hold him
| |
| |
even stil. Hy sûge der op om wylst er op en del kuiere. Hy sei: ‘Jo sitte der aardich kalm by. Lykas wienen jo thús, it hoegde net oars.’
‘Litte se de minsken hjir ek wat dwaan?’ woed er witte. ‘Wat piele, pûdsjeplakke of sa?’
‘Hoe wat dwaan, arbeidzje bedoele jo. Welnee man, wat soenen wy dwaan moatte. Ik sit hjir alle dagen mei de hannen oer inoar. Wy meie der net iens út te luchtsjen en dat skynt oars al regel te wêzen yn in gefangenis, ha 'k heard. Mar ja, dit is gjin gewoane gefangenis fansels. De minsken wurde hjir yn 't ferhoar nommen, mear net. Se binne net ynsteld op luchtsjen en sa. Om de twa dagen meie wy derút te waskjen. Der is hjir boppe in lokaaltsje mei in pear kranen. Wy geane mei trije man tagelyk, mar wy meie neat tsjin inoar sizze. Dus jo woenen wat te dwaan ha.’
‘Dat ha 'k wend west, wy moasten altiten pûdsjeplakke of knipers meitsje.’
De man fûn it in aardige grap, sei er en hy frege der neier op yn. Mar hy makke him derôf, want it wie gjin grap en dat skynde de man net te begripen.
Hy wie ek wurch, hy woe him wol deljaan. Hy beseach de boppeste brits. Der lei neat op, mar hy tearde de jekker dûbel en lei dy ûnder de holle.
‘Jûn om njoggen oere bringe se ús in tekken. In matras dogge se der net by, jo krije oars net as in tekken. Ik ha earst al oan 'e planken wenne moatten. Ik bin wend om op 'e side te sliepen, mar dat kin op 'e planken net. It skouder is jo moarns stikken en it docht sear oan 'e heup.’
Hy gong op 'e rêch lizzen en seach krekt yn 'e koker dêr't in bytsje frisse lucht troch kaam en in skeintsje ljocht.
‘Dus, jo binne fiskerman,’ besocht de man it wer.
| |
| |
‘Wêr wenje jo, as ik freegje mei?’
‘Oan 'e noardeastlike kant fan de Tsjûkemar.’
‘O, dy wrâld ken ik net. Fangt it aardich? Der sit fansels wol sleet yn 'e fisk?’
It like in skoft lyn dat se him oppakt hienen en dochs wie 't amper in heale dei lyn.
‘Wannear krije wy iten?’ frege er.
‘It sil de tiid hast wêze, mar wy krije gjin bakte of stoofde iel, as jo dat soms miene.’
As Boonstra der net west hie, soe de lyniel no wol dea wêze. It dearde him net folle mear. Miskien wienen de jonges trouwens al oan it skjinmeitsjen en lei Germ it fjoer ûnder de tonne. En oars wie Gryt wol mei de brot nei Boonstra set. Yn sokke dingen wie se redsum genôch. Hy leaude lykwols net dat se har op dit stuit op 'e pôle drok makken om in flut iel.
‘Ik mocht eartiids graach fiskje,’ sei de oare man.
‘Mei de angel fansels. Sûnt myn trouwen kom ik der net mear oan ta. Spitich, want it kin sa moai wêze, in moarnsskoft mei de angel by de feart sitte, fral yn 'e neisimmer. Hoe is it waar op 't heden? Ik ha de sinne yn gjin dagen sjoen.’
‘It is alle dagen moai waar, stil en sinnich en nachts dauwet it. Mar jûns wurdt it al lûkerich en de nachten binne aardich langer.’
‘Dat sil't wol. En ik sit hjir myn tiid te fergriemen. It brânt my soms yn, wolle jo dat wol leauwe. Hawar, it sil no de langste tiid duorre ha, hoopje ik mar. Ik ha de lêste fjouwer dagen net foar de hearen west en dat wiist goed, tinkt jo ek net?’
De man begûn wer te jeuzeljen, mar hy stelde gjin fragen mear, dat hy koe him deljaan. De lea bejoech him en hy slûge heal. Hy hearde de man sizzen dat er soms gjin wink yn 'e eagen krige en dat er him net begripe
| |
| |
koe hoe't immen sa kalm en rêstich wie.
Hy tocht oan de fjirtjin moanne doe't er earst ek sa min slepte en nachts tsjin 'e doarren opstode, omdat er miende dat er gek waard.
De doar gyng iepen en de man ûnder him riisde oerein.
Hy die de eagen net iepen. Der waard net praat, hy hearde de oare man nei de doar ta gean en doe wied er allinne. No't er fan it gepraat ôf wie, rekke er yn 'e sliep, mar hy waard hyltiten wekker mei in gefoel fan ûngerêstens. Hy frege him ôf hoe't it mei de jonge wie en it fanke kaam him ek foar de geast.
De man makke him wekker. ‘Se ha my wer yn 't ferhoar hân. It hie neat om 'e hakken, ik tink dat ik no gau frij kom.’
Hy soe op 'e tekst, der kaam lykwols in soldaat yn mei twa pantsjes rats en in kanne wetter.
De oare snúfde yn it pantsje. ‘Koalrapen fansels en grif wer sûnder sâlt.’ Hy preau derfan. ‘Hie 'k wol tocht, gjin kerrel sâlt. It is frjemd, mar ik ha noait witten dat sâlt sa belangryk is foar de smaak. Dit is gjin iten. De earste dagen ha 'k it gauris stean litten, mar dat komt my no net mear oer. Twa stikjes kuch moarns en in kanne wetter, in pantsje stamppot as middeismiel en jûns noch ris twa stikjes kuch, dat is te min. Ik bin tink ik wol tsien pûn ôffallen, de broek slingert my om 't gat.’
Hy begûn te iten. Der siet yndied gjin smaak oan, mar hy iet de panne skjin leech.
‘Jo koenen wol net folle wend wêze.’
‘Dat is sa, al wurdt it de lêste jierren better.’
‘Man, dit is dochs gjin iten, ik slok it troch, mar oars...’
| |
| |
‘As 't net minder wurdt...’
Dat miende er. As bern rekken se winterdeis faak mei in stik rauwe koalraap op bêd. Soms hienen de rapen beferzen west en stonken se deroer. In prûs jirpels mei in fjirdepartsje fan in pikelhjerring wie yn dy tiid al in gastmiel.
‘Jo kinne der wol oer, fernim ik wol. Ik wit net hoelang as jo sitten ha, mar al slute se my tweintich jier op ik wen der noait ta. Ik soe deagean, ik leau grif dat ik mei in jier stjerre soe.’
‘Dat falt ta, mar wenne docht it net gau, dat is sa.’
Hy sette it lege pantsje op 'e bank en joech him wer del.
‘Wolle jo net in pear slokken kâld wetter ha?’
Hy hie der gjin ferlet fan.
‘No ja, der sit fansels ek genôch wetter yn dy rats.’
Hy naam in prûmke en seach dat er der gau troch wêze soe.
‘Ik ha frege hoelang se my noch fêsthâlde wolle, mar ik krige gjin beskie. Dochs leit it my by dat ik gauachtich frij kom. Ferline wike hienen se it noch oer it kamp yn Amersfoart, dêr drigen se hyltyd mei. Ik ha fan de rechercheur heard dat se by myn frou west ha en se ha ek ynformaasje oer my frege by de plysje en de boargemaster. Se witte no wol dat ik gjin swarthanler yn it grut bin en dat ik gjin gedoente ha mei de yllegaliteit. No, dan moatte se jo in kear loslitte, is 't net sa. Se fregen my ek wat ik fan jo tocht. Ik sei: ik ken de man amper in oere, dus dêr kin 'k al min wat fan sizze, mar ik ha wol sjoen dat er slepte doe't jim my ophellen. Dat fûnen se wol nijsgjirrich, like my sa ta. Ik ha der mar by sein dat jo aardich kalm wienen. Ik sei: As ik myn sin sis dan freget dy man him krekt lykas ik ôf wat er hjir docht. Wa't skuld hat dy skeukt
| |
| |
wol, is 't net sa. Immen dy't him sa rêstich deljout kin noait folle ferkeard dien ha. Of sliepe jo al wer?’
‘Nee, mar ik kin der foar 't selde by lizzen gean.’
De man wie ûnder him sitten gien. ‘Wêr sieten jo ek al wer, oan 'e Tsjûkemar, no?’
‘Post Dolsterhuzen.’
‘Ik leau dochs dat ik der west ha. Ik kom sels fan Snits, dat is te sizzen, dêr wenje ik sûnt myn trouwen. Ik wenje der om de hannel, ik doch yn skiep, sjoch. Ik keapje wol ris in ko, mar skiep ha 'k it leafst. Kij is sok ûnhânsum fee, no. En jo ha der sa'n wurk fan. In keppel skiep jeie jo yn 't lân en it rêdt him wol. Sitte der by jim aardich skiep?’
‘Ik ha der noait om tocht, mar ik leau it net.’
‘Ik tocht oars dat minsken dy't lykas jo op 'e romte wennen op 't heden allegear fee hienen, al soe 't mar in geit wêze. Alle dagen in pear mingel fette molke en maitiids in pear jongen derby. Sa komme jo maklik troch de tiid.’
‘Ik jou net safolle om fee.’
‘As fiskerman rêde jo it fansels oars ek wol. Ik kom ris del om in mieltsje iel, is dat goed? Sa gau as ik frij bin, wol ik ris yn dy krite fan jo sjen.’
‘Jo komme mar del.’
‘As se jo teminsten ek gau loslitte.’
‘Fregen se jo ek noch mear oer my?’
‘Welnee, sa't ik sei, wat moat ik oer jo fertelle. Wêr ha se jo no eins foar oppakt?’
‘Dat wit ik net.’
‘O, al frjemd fansels, se pakke samar net ien op.’
‘Se ha jo dochs ek samar oppakt?’
‘No ja, ik bin fansels net hielendal skjin op 'e hûd. Sa't ik sei, in hanneltsje en doe tochten se dat der mear achter siet.’
| |
| |
‘Dat tinke se dan fan my ek, moatte jo rekkenje.’
‘Mar der moat in oanlieding wêze, soe 'k sizze. Fisk wat te djoer ferkocht en..., och ja, fansels, jo wenje op 'e romte. Underdûkers, tink?’
Hy joech der gjin antwurd op.
‘Dêr moatte jo foarsichtich mei wêze. Ik wol de goeden net tenei komme, mar jo witte yn 't foar net wat jo oanhelje. Der sit fan alles by en net te min ferkearden. In sweager fan my is lyts boer en dy hie in pear fan dy Hollanners oer de flier. Alle nachten wienen se op 'en paad en se seinen noait wat se by de ein hienen. En opiens in razzia, it hiem fol Dútsers en alles oer de kop. Se fûnen gelokkich neat, mar doe ha 'k tsjin him sein: Do moatst se de doar wize, want strak pakke se dy der foar op. Dat hat er doe ek dien. Ik wit net hoe't jo der ûnder steane, mar ik soe net tefolle moederaasje mei dy ûnderdûkers ha. Dy mannen rêde har gau genôch, dêr sit in hiele organisaasje achter. En dy Dútsers hjir dy litte har net besoademiterje. Se dogge de hiele dei oars net as minsken útkloarkje, dêr binne se o sa betûft yn. Je kinne de kop derfoar hâlde fansels, mar se komme der by einbeslút wol achter. Ik ha ek altiten tsjin mysels sein: Noait bekenne, mar dêr bin 'k no wol ôf. Se hienen my samar yn 'e skjirre, ik koe op 't lêst gjin kant mear út en ik kin oars aardich prate, al sis ik it sels. Wel, doe ha 'k it mar earlik opbycht. Ik sei: Asjeblyft, dit is myn ferhaal, ik ha in skiep slachte, de frou hat alle wekflessen foltroppe en wy ha fjirtjin dagen skiepfleis iten. De rest moast de doar út en dêr ha 'k in stikmennich minsken mei geriifd. Ik ha net frege wêr't dat fleis bedarre, dat binne myn saken net. As ik lykwols witten hie dat it foar de yllegalen ornearre wie, dan hienen se it fan my net krigen. Want ik wol gjin gedonder ha. Elk hat yn dizze tiid genôch
| |
| |
oan himsels, sa ha 'k it krekt sein. Ha jo ek in húshâlding?’
‘In frou en in soan.’
‘Hoe âld is jo jonge, as ik freegje mei?’
‘Ien-en-tweintich.’
‘Gefaarlike leeftyd dus. Ha se him ek oppakt of wied er net thús?’
‘Ik wit net wêr't er op dit stuit is. Se sizze dat se him oppakt ha.’
‘Bliksem, dat is net sa moai. Dat wurdt Dútslân, yn 't fabryk. Siet er yn 'e yllegaliteit? Ja fansels, dêr ha sokke bysfeinten aardichheid oan. Sit er hjir yn Ljouwert of earne oars?’
‘Ik wit it net, mar ik leau net dat er hjir is.’
‘Wied er thús doe't se jo ophellen?’
‘Dat wit ik net.’
‘As ik jo wie dan kaam ik de mannen op healweii. It giet om jo húshâlding, is 't net sa. Eigen is mear as frjemd, as it oars wie, soe 't net yn oarder wêze. Elk hat de plicht foar syn húshâlding op te kommen.’
Hy hie daliks yn 'e gaten wêr't de man op oan woe. Hy hie se faker sa praten heard. As jonge al nei't se dy nacht yn Terwispel in feanbaas neisjoen hienen dy't net om lyk woe.
Moatst om jim mem tinke, jonge.
Dat wie fjildwachter Dykstra dy't him der op ferge dat er de nammen fan de maten neame soe. Tink om jim mem, dy hat al sa'n krús. Do draaist hjir allinne foar op en dan komt it namste hurder oan.
En letter kamen de oaren, al sa evenredich as wat. Earst joegen se him gelyk, jawis, dy feanbaas hie 't ek net goed dien. En wat woenen se allegear graach yn goedens, foaral de foarsitter fan de polder.
Jo sitte der slim foar en dêr moat wat oan dien wurde.
| |
| |
Hy frege dy man fuortendaliks wa't him stjoerd hie en de foarsitter sei, dat er sa mâl net moast en dat er it út goederbêst die.
Fan 'e moarn, by dy menear yn de moaie keamer, wist er it wer. Se dienen it noch wakker gelyk as eartiids.
De man ûnder him jeuzele fierder. Wat hienen se him tasein as it him slagge en krij him oan 'e praat?
Doe't se nei de staking fan 1920 útsletten waarden fan de wurkferskaffing brûkten se Jan Welles derfoar. Dit moat ophâlde, sei Jan Welles, ik gean oan 't wurk. Ik kin Aaltsje en de bern net ferkomme litte. En se wolle it mei ús skikke. As wy it papier tekenje dat wy net wer stake dan steane wy moarn wer oan 'e lep. Hindrik waard lulk, hy sei: Jan Welles, asto noch ien kear in poat by ús oer de drompel setst dan brek ik dy beide skonken.
Wie hy it doe mei Jan Welles iens?
Hy sei no neat. Hy liet de man op de brits ûnder him prate, hy joech gjin antwurd mear. Doe't de man oerein kaam en nei him seach, hold er de eagen ticht. Even letter hearde er him by it tontsje. Hy strûpte de broek del en gong sitten. Hy stinde: ‘Ik sit ferstoppe, it wol net en ik krij der lêst fan. Dat ferrekte minne iten docht my de kraach noch om.’
Hy die de broek omheech en gong op it bankje sitten te krimmenearen dat er sa'n pyn' yn 't liif hie.
Hy besocht it op 'e side, want de rêch begûn him in bytsje te pleagjen.
‘Sliepe jo al wer?’
Hy sei: ‘Freegje mar net mear, want ik ha jo neat te sizzen. En as it al wêze moat dan rêd ik der sels wol mei.’
Doe hold de man him stil.
|
|