| |
| |
| |
3 Ferhoar
Hy wie de dyk nei it Hearrenfean mar in kear as wat del kaam, om krekt te wêzen trije kear. De earste reis wie doe't er nei de breafisker Poepjes op Fjouwerhûs gong om ôf te praten. Hy wie mei de tram nei it Fean gien en doe geandefoet fierder. Albert Poepjes frege net folle jild foar syn fiskerij, se wienen it samar iens. It âld hûs oan 'e igge fan de mar joech er mar trijehûndert gûne foar. Fjirtjin dagen letter wienen se al mei hynder en wein ûnderweis nei it nije stee. It bytsje húsrie koe op ien wein en Gryt en de jonge koenen der skoan by.
De tredde kear dat er de dyk lâns moast, wie foar de begraffenis fan heit. Se wennen doe amper in fearns jier oan 'e mar en se hienen it noch noait sa min hân. Hy moast suver alles leare en fong mar in bytsje. Boppedat brocht de iel yn dy snuorje te min jild op.
Se hienen him net kundige dat de âldman siik wie. Hy krige allinne mar in brievekaartsje fan Hindrik dêr't op stie dat heit de saterdeis nei it hôf brocht waard. Hy hie derhinne west, hoewol't er wist hoe't der yn Beets oer him tocht waard. Doe't se heit syn âlde keet leech hellen en de boel ferparten, sei Thomas it.
Hy woe heit syn gewear wol ha.
‘Wat moatsto mei dat gewear,’ sei Thomas, ‘do bist in jager mei fergunning.’
Se bedoelden syn fiskakte, hy wie gjin streuper mear, dat hy soe it gewear net brûke doarre. Hy hie it âld gewear by einbeslút al meikrigen.
| |
| |
Ear't er dat baantsje as opsichter by de polder oannaam, hied er besocht it mei heit te bepraten. De âldman wie sa ferkeard net mear as eartiids, it wyldste wie derôf en soms wie syn praat besteklik.
Hy sei tsjin de âldman: ‘Hindrik en Thomas ha maklik praten, dy ha sûne bern en rûgelje der maklik troch, mar by ús is 't altiten lijen. Ik moat fêst wurk ha, oars strûpt myn húshâlding derûnder.’
Heit ei: ‘Asto slavedriuwer by de polder wurdst dan ha 'k mei dy ôfdien.’
Hy sei ek dat er der neat fan begriep. ‘Hindrik syn Geeske is krekt in rudige hjerstkat, der sit gjin fleis oan en se is sa plat as in skol. Mar sa sûn as in fisk en alle jierren in bern. Do hast in blok fan in frommes en do hast mar ien en it is ek noch in tjirmer.’
Hindrik sei dat Gryt in krimmenearder wie. ‘Do moatst har oanpakke. En dy jonge fan jim dat wurdt sa ek neat.’
Wat de jonge oanbelanget hienen se gjin gelyk krigen. It wie him net mear oan te sjen dat er as poppe in lijerke wie.
De Dútse soldaat achter op de motor siet rûngear mei de holle yn 'e kraach fan de oerjas en socht lijte achter de rêch fan syn maat. Se seagen net nei him om. Se hienen it seil fan de sydspan stiif om him hinne bûn, hy koe gjin kant út.
De motor stuitere oer de minne klinkertdyk. Se gongen oer it spoar en doe by it kanaal lâns, de kant nei Ljouwert út. Dat foel him ôf. Hy hie tocht dat se him nei it tichthûs Crackstate op it Fean bringe soenen.
Dêr wied er thús, hy koe it as bern al út de ferhalen fan heit. Letter kamen Hindrik en Thomas mei sterke ferhalen út Crackstate wei. Heit sei dat er de kearen dat
| |
| |
er dêr in straf útsitten hie net mear telle koe.
Ljouwert wist er neat fan. Der stie in grutte gefangenis, mar as jo dêr hinne rekken wie 't om in pear jier te reden en net om in pear wike of in fearns jier lykas yn Crackstate. It beneare him dat se him nei Ljouwert brochten.
Hy waard kâld op de motorfyts en it wie dochs moai sinneskynwaar. De minsken dy't se ûnderweis tsjin kamen, hienen de jas derby út. Mar de motorfyts ried hurd en de wyn waaide him sa fûl yn it gesicht dat de triennen him oer de wangen rûnen.
Oan de oare kant fan Jirnsum - hy seach de namme op it boerd stean - rôp de soldaat dy't stjoerde wat tsjin syn maat en de motor hold. De soldaat ried him yn de berm en se stapten ôf. Se stutsen in sigret oan en gongen om bar tsjin 'e beam stean te pisjen. Hy hie ek wol even stappe wold, de skonken wienen him stiif wurden en it liif die him sear fan it stompen.
Hy frege: ‘Kin ik der ek even út?’
Se begrepen him earst net en hy makke de meneuvels dy't by 't pisjen hearre. Doe't dat net holp frege er it yn it Dúts. Se makken it seil los en seinen dat er net útnaaie mocht. De iene soldaat krige it gewear fan 'e rêch en naam it ûnder de earm.
Hy stapte mei stive skonken hin en wer en gyng doe by de beam stean te pisjen. De soldaten knypten de sigretten út en seinen dat er ynstappe moast.
Ljouwert hied er twa kear yn syn libben west. It bêste heugde him de reis as jonge, mei heit en Thomas en in hiele ploech Beetsters en Terwispelders. It moast op in snein west ha, want se hoegden net te arbeidzjen en der waard ek net staakt. It grutte gersfjild mei in hage fan plysjes en soldatefolk der omhinne wie him by
| |
| |
bleaun. Hy wie doe in jier as alve en hy stie dy maitiid al mei de oare jonges yn 'e baggelbak.
De sprekkers wist er neat mear fan, mar de plysjes en de soldaten sa't dy swijend yn rigen om har hinne stienen dat tafriel koed er foar him krije. De reis werom heugde him ek, omdat heit him hyltiten oanfiterje moast. Hy koe de ploech, dy't dreech petearjend oer de meeting de dyk del trêde, net sa maklik byhâlde. Se songen út en troch it Marianne-liet. En yn Akkrum of dêromtrint krigen heit-en-dy spul mei in ploech út Terwispel. Heit woe oanstekke yn de herberch, mar dy iene man út Terwispel gyng foar him stean en raasde: Drinkende arbeiders denken niet, denkende arbeiders drinken niet. Doe waard heit lulk en reage er dy man oan 'e kant.
Yn Ljouwert gong de motorfyts oer in pear brêgen en draaide in brede strjitte yn. It wie gjin tichthûs dêr't se ôfstapten. It like mear in hearehûs mei in heech izeren stek derfoar en in grutte tún derachter. Der stienen moaie blommen yn en tusken de blomperken wienen paden mei wyt skil. Soksoarte kastielen seagen jo allinne yn Beetstersweach.
De doar like wol in poarte, sa heech en breed en der wie in blauwe stoepe foar mei trije trêden. By de yngong hied er al in soldaat sjoen dy't dêr op wacht stie, by de doar wie al wer ien. Achter de doar wie in lange wite gong, likernôch as yn it gemeentehûs, mar dizze wie folle ûnbidiger. Safier as men sjen koe wienen der oan wjerskanten brune doarren.
De iene soldaat bleau by him, de oare waard wei achter in doar. Hy wie gau werom en brocht him in eintsje fierderop yn in keale keamer dêr't in pear banken stienen. Ien soldaat gong by de doar sitten, de oare sette ôf.
| |
| |
It duorre miskien in lyts kertier. Hy hie de jekker losmakke, want it wie in bytsje near yn dat lokaal.
De soldaat brocht him oan 'e ein fan de gong de hoeke om. Hy waard yn in keamer litten dêr't mar ien man achter in mânsk buro siet. Hy siet heal ferskûle achter in palmbeam. De keamer hie grutte ruten mei sinneskerms. Hy hie noch noait yn sa'n grutte en moaie keamer west. Ek yn Crackstate op it Fean en yn Beetstersweach yn it kantongerjocht en it gemeentehûs hienen se sokke ûnbidige keamers net. De souder wie wyt en der sieten figuren op. Der hongen elektrise lampen mei wol tweintich pitten en allegear koper en glêzen kralen der omhinne. Yn 'e hoeke stie it byld fan in neakene frou, ek wyt, de iene knibbel in eintsje omheech en de hân yn 'e nekke. It behing wie dûnkerread en der hongen grutte skilderijen op. Op 'e flier leinen kleden dêr't men yn weisakke.
Hy stie op 'e midden fan de keamer, op 'e learzens en de doar wie achter him ticht gien. De man achter it buro hie gjin unifoarm oan en hy spriek gjin Dúts. Hy sei: ‘Kom, dêr wienen jo al.’
Hy kaam oerein, rûn om it buro hinne en wiisde nei in pear lege stuollen.
‘Gean sitten, miskien wolle jo de jas even út ha, it is hjir in bytsje waarm. De sinne stiet krekt op 'e glêzen en sa'n skerm keart lang net alle waarmte op.’
It wie in kreaze man mei in moai griis pak oan en syn swarte skuon spegelen.
Hy liet him yn sa'n platte, learen stoel sakje en de man gyng tsjin him oer sitten, achter in leech taffeltsje. Der stienen sigretten yn in houten doaske op it taffeltsje. De man naam dersels ien út en hold him doe it doaske foar. ‘Stek mar ien op, soe 'k sizze.’
‘Ik hie wol in prûmke ha wold.’
| |
| |
‘Gean jo gong, mar ik ha gjin prûmtabak en ik kin jo ek net in kwispelpot oanbiede.’
‘Ik kin wol droech prûmkje.’
De man sei glimkjend: ‘Us pake prûmke ek, it giet der oars wol út, hèn. Us heit die it út en troch, mar mem hied er sa'n hekel oan. Us heit wie in arbeidersman lykas jo. Hy hat 45 jier by de boeren omskrept, in min libben. Alle arbeiders hienen it yn syn tiid min. Heit is net âld wurden, hy hat de opgeande tiid net belibje mocht, it stumper.’
Hy gong oerein en helle papieren fan syn buro. Hy moast him al raar fersinne as it brune kaft dêr't dy papieren yn sieten net itselde wie as dat de boargemaster fan 'e moarn foar him lizzen hie.
De menear gong sitten mei it kaft iepen op 'e knibbels. Hy sei: ‘En witte jo wat my it measte om ús heit begruttet? Dat er it noait begrepen hat. Oan de lêste dei ta hat er yn it spier west foar de SDAP. Hy wie in fûleindich partijman, de partij wie him alles. Hy leaude alles wat de foaroanmannen yn de partij seinen, hy hat noait witte wold hoe't er bedondere waard.’
Hy moast oerein omdat de telefoan op syn buro al twa kear skille hie. Hy harke en sei: ‘Even sjen.’
Der leinen mear papieren op it buro. Hy sneupte der yn om, doe sei er: ‘Nee, stjoer dy daliks mar troch nei Mayer.’
Hy gong wer sitten en naam it kaft fan it taffeltsje.
‘Wêr wienen wy bleaun?’
Hy lei de skonken oer inoar. ‘O ja, ik sei dat ús heit sa'n fûl partijman wie. Binne jo der ek by grutbrocht?’ Wylst sneupte er yn de papieren om.
Hy liet yn him omgean wat er sizze moast. Hy wie der in bytsje ôf omdat er it oars wend wie. Eartiids pakten se him fuort oan. Der hie wolris immen west dy't it
| |
| |
mei in freonlik praatsje besocht, mar se lieten him noait yn in maklike stoel sitte.
Hy sei: ‘Ik ha noait by in partij west.’
‘Dat is ferstânnich. Mar jo hawwe wol warber west, al is 't miskien net yn de polityk. Ik ha de stikken om earlik te wêzen net sa goed lêzen, mar as ik dat sa neigean...’
Hy gong mei de finger by de rigels lâns. ‘Fjirtjin moanne kriget men bygelyks net samar, yn elk gefal net foar fytsen sûnder ljocht. En dan noch trije moanne, fjouwer wike, in stikmennich oare feroardielings... Man, man, jo hawwe in strafdossier fan komsa.’
Hy hie it witte kind. By alle gelegenheden kaam it op it aljemint en wat langer de list waard wat swierder de straffen. Syn hiele libben soe dat strafregister him achterfolgje.
‘It wie in oare tiid,’ sei er, ‘de lêste seis-sân jier ha 'k gjin spul mear hân, dat moatte jo yn de papieren ek sjen kinne.’
De man weau mei de hân. ‘Lit mar, ik begryp it skoan. As ik yn dy tiid libbe hie soe 'k it nei alle gedachten net oars dien ha. Safolle ûnrjocht freget om ferset. Ik kin gjin ûnrjocht ferdrage.’
Hy wist net krekt wat er der oan hie.
‘Binne jo tsjerks?’
Hy lies yn de papieren om. ‘Ik leau it net, hèn? Och heden nee, fansels net.’
‘Ik bin neat,’ sei er.
‘Jo komme út in frijwat anarchistys fermidden.’
Hy helle de skouders op. ‘Us heit wie in Dommelaman, dat is sa. Hy hie it altiten oer Dommela.’
‘De grutte Domela Nieuwenhuis, jonge ja. Ha jo him noch meimakke?’
‘Nee, doe't ik sa'n jonkje wie kaam er in soad yn Beets
| |
| |
en Terwispel en hy moat ek ris by ús oer de flier west ha. Se wienen yn Beets wiis mei Dommela.’
‘Hat jo folk altiten yn dy krite wenne?’
‘Dat tink ik al. Se ferfarden fansels wolris, fan Terwispel nei Beets doe't de turf der allegear út wie. Mar pake kaam fan Gythoorn, ha 'k wolris heard, in protte Beetsters kamen út dy hoeke, se praten krûm. Doe't de klyn der yn Oerisel út wie, kamen se dizze kant oer. Se koenen oars net as turfmeitsje, se moasten achter it wurk oanreizgje.’
‘En allegear Domela-oanhingers?’
‘Dat sil't wol, yn ús tiid yn elk gefal al. Mar ik leau dat der frijwat by wienen dy hienen earst by de mennistetsjerke west.’
Hy sei mar wat er wist en dat wie net in soad. Der waard thús net folle oer praat. Hy hold lykwols in slach om 'e earm, omdat er earst witte moast wêr't de man op oan woe. It soe wol in praatsje yn 't foar wêze. De man frege der neier op yn en doe died er it ferhaal sa't er dat fan heit heard hie. Dat pake op in dei by de itenstafel weirûn wie omdat er net út de bibel lêze woe.
‘Moast er dat dan dwaan?’
‘Hy wie de iennichste dy't in bytsje lêze koe. In skoalmaster dy't aardichheid oan him hie, moat it him bybrocht ha. Mar dy man hat him tink ik ek noch wat oars bybrocht.’
De âldman mocht der graach oer opsprekke. Hy leaude net dat it sa gien wie, mar neffens heit moast pake sein ha: Ik ferdom it langer en as dat boek hjir noch ien kear op 'e tafel komt dan gean ik fuort.
‘En syn âldelju woenen der fansels net ôf.’
‘Nee, dy wienen sa opbrocht. Dat doe hat pake net wer thús west.’
| |
| |
Der wie wer telefoan en de menear prate gâns in skoft. Hy seach troch it grutte rút nei de loft dy't blau wie as laai. Hy krige it waarm en makke it boppeste knoopke fan syn boesgroen los. It siet ek net noflik yn dy lege stoel, hy sakke der te fier yn fuort en hy wie ferlegen mei syn skonken.
‘No goed, oer in kertier kin 'k him wol ha,’ sei de man en hy lei de hoarn del. Hy bleau achter it grutte buro sitten en krige in potlead dêr't er súntsjes mei op it hout tikke.
‘Ik freegje my ôf wat soarte man jo binne. Jo binne gjin terrorist, dêr binne jo te nochteren foar. Jo ha tefolle sjoen en belibbe om jo oanhysje te litten troch dy klyk yn Londen, de saneamde regearing yn ballingskip dy't noait wat foar jim dien hat. Se ha no ferlet fan jim, mar jo binne wol wizer. Ha ik dat goed sjoen?’
‘Ik ha nearne gedoente mei.’
‘Dat soe 'k graach leauwe wolle. Mar it kin wêze dat jo de mannen fan de yllegaliteit neat yn 'e wei lizze.’
Hy kaam achter syn buro wei en ferfolge: ‘As jo op 'e mar binne te fiskjen en der komme fleantugen oer dy't konteners mei wapens ôfsmite dan sjogge jo de oare kant út.’
Hy murk op dat de man syn toan feroare en dat er op syn horloazje seach.
‘It is my noait opfallen.’
‘Soa, mar as jo soks tafallich seagen wat soenen jo dan dwaan?’
Hy hie graach op in hege stoel sitte wold. It wie lykas lei er yn ûnmacht.
‘No, wat sizze jo?’
‘Ik ha it noait meimakke, dat ik kin al min sizze wat ik dwaan soe.’
| |
| |
‘Jo wine jo der foarwei.’
Hy seach wer op syn horloazje. ‘Ik ha it net sa lang mear oan tiid. Jo binne sa ûnskuldich net as it liket. Dat spyt my foar jo. It makket my fansels neat út, it is mar in keunstke om de minsken bekenne te litten. As wy wolle, fertelle jo mei in oere alles. Mar ik doch soks leaver net en ik mien noch dat it mei jo ek net hoecht.’
‘Ik wit net wat jo my bekenne litte wolle,’ sei er. ‘Dat ha 'k fan 'e moarn ek tsjin de boargemaster sein. Ik ha de hiele nacht thús west.’
De man fearre oerein. ‘Hoe witte jo dat it fannacht west hat?’
‘Dat ha 'k wol begrepen. De boargemaster sei it sels en der sieten mear minsken by, de wetterplysje, in offisier en noch in gewoane plysje.’
‘Ik warskôgje jo, dit jout jo neat. Wachtsje, ik sil it jo maklik meitsje. Ik fertel hoe't it gien is en dan hoege jo oars neat te dwaan as myn ferhaal befêstigje. Sille wy it sa dwaan?’
Der waard antwurd fan him ferwachte, hy sei: ‘Ik ha neat murken, ik kin dus ek gjin ja of nee sizze.’
De man sei ynienen: ‘Jo soan hat it ús ferteld.’
It kaam him oer 't mad. Hy soe oerein, mar it handige him net yn dy platte stoel. It skeat him ek yn 'e skonken, mar hy hie himsels gau yn 'e macht. Doe kaam lykwols de ûnrêst oer him. Hy seach nei de man dy't him skerp yn 'e gaten hold en doe nei it buro. Hy sei neat. Hy wist dat it ferhoar no waard lykas er wend wie en dat er fan dit stuit ôf duvels om syn wurden tinke moast.
It wie wol helte slimmer as eartiids omdat de jonge deryn behelle waard. Hy fielde dat er in bytsje begûn
| |
| |
te triljen as er oan de jonge tocht. It begûn mei in huver dy't him oer 't fel rûn. Hy wie bang.
‘Hy hat ús alles ferteld,’ sei de man nei 't it in skoftsje stil west hie. ‘Hy hat in soad fan jo, hy reagearde krekt sa. Ik ha him itselde sein. Ik woe him helpe, want ik leau net dat er ferkeard is. Hy hat him fansels beprate litten, dat meitsje wy faker mei. En sokke jonges ha nocht oan it aventuer, is 't net sa. Ik bin ree om it him net swier oan te rekkenjen. Mar hy woe earst net, dat ik ha him trochstjoere moatten. Ik hie begrutsjen mei him doe't er hjir letter wer by my siet en alles opbychte. Ik ha him ek warskôge, krekt lykas ik jo warskôgje. Hy...’
‘Wat ha jim mei him dien?’
It wie de earste kear dat er de man net útprate liet.
‘Wy ha him bekenne litten. Hoe't it dêrby om en ta giet, sille jo mei gauwens sels fernimme, as jo teminsten no noch net om lyk wolle. Der is hjir noait immen weikaam dy't úteinlik net de wierheid sein hat. Sokke hurden binne der net of se wurde hjir lytsman makke.’ Der gongen him ferhalen troch de holle fan de ûnderdûkers. Cor, de Amsterdammer, wist der alles fan en it fanke hie ek soksoarte ferhalen. Mar se hienen it allegear fan in oar. Der gongen safolle wylde ferhalen oer de Dútsers, men koe net alles leauwe.
De twifelriedigens begûn oan him te fretten en hy seach de spoekbylden dy't him al pleagen doe't de jonge noch lyts wie. Hy hearde him yn it bedstee neist him smûgen en piipjen as er it op it boarst hie en hy seach de jonge syn bangens doe't er foar de earste kear nei skoalle moast.
Hy hie fyftjin jier lang yn noed sitten, doe dijde de jonge op en koed er him rêde. Op dit stuit kaam de noed wer, it flime him troch 't boarst.
| |
| |
De man moast it oan him sjen kinne, hy sei: ‘Ik wol jim helpe en ik kin der hiel wat ta dwaan, leau dat mar fan my. Ik kin jim der trochskuorre, mar dan moatte jo my helpe. Wy wolle it ferset dêr by jim oprôlje en jo kinne ús op gleed helpe. Jo neame my de nammen fan de foaroanmannen en dan stean ik der foar yn dat jo jûn wer thús binne.’
‘Myn jonge ek?’
‘Jo soan ek.’
Der waard op 'e doar kloppe en de man seach op syn horloazje. Hy rûn nei de doar en prate mei immen op 'e gong. Doe't er de doar wer achter him tichtlutsen hie, sei er: ‘Ik ha it net langer oan tiid. Der binne mear minsken dy't ik miskien noch helpe kin.’
Hy gong achter it buro sitten en krige it potlead. ‘Sille wy dan mar?’
‘Wat woenen jo witte?’
De man sei koart: ‘Alles moat ik witte.’
‘Mar jo wisten alles al? Us Germ hie it jo ommers ferteld?’
Hy sei it sûnder bedoeling, it kaam samar by him op. Hy hie der noch wat by sizze wold, mar de man joech him de kâns net.
Hy spatte oerein en rôp: ‘No hat it lang genôch duorre. Ik fergriem gjin tiid mear oan jo, bekenne en op slach.’
Hy wie safier noch net, hy fielde him kalmer wurden en doe kaam syn erchtinkendheid ek werom.
De man sloech mei de fûst op 'e tafel en rôp: ‘Ik krij it der wol út en dan giet de hiele binde tsjin de muorre. En dat terroristenêst fan jo, dat brâne wy op mei alles wat deryn sit. Wy ha mear fan sokke fersetsnêsten opromme.’
It waard him aardich rommer om 't hert doe't er seach
| |
| |
hoe't de man him tjirge. Hy hie it witte kind, se besochten it altiten en hy hie it altiten daliks foar it ferstân hân. Dat er niis dochs even op 'e doele rekke wie, kaam allinne troch de jonge. Mar se hienen him net, hy wie der wis fan dat se Germ net pakt hienen.
Hy sei: ‘Hat er dat allegear bekend, fan dy fersetsnêsten en sa?’
Hy hie oanstriid om te gnizen dêr't er eartiids de plysjes en maresjesee ek sa lulk mei krije koe.
De man soe op him ta, mar bedimme him. Hy gong mei grutte stappen nei de doar, ropte him iepen en sei: ‘Dizze derút.’
In Dútse soldaat naam him mei troch de gong, net nei de grutte doar ta, mar de oare kant út. Se gongen in stiennen trep del en doe troch in smelle gong dêr't yn de souder lytse lampen achter traaljes sieten. De soldaat die in doar fan 't slot en joech him de wink dat er deryn moast. Hy kaam yn in sel en seach dat er dêr net allinne wie.
‘Kom, ik krij in prater,’ sei de oare, ‘dêr mei 'k oer. Ik sit hjir al dagen poer allinne.’
It wie in man yn in brún-mansjesteren pak. De earmtakken en de knibbels fan dat pak wienen glêd en om de gulp hinne wie it fetlik. Hy hie in ronfelich gesicht mei in skier en koart knipt polkeprúkje.
Hy frege: ‘Hâlde se de minsken hjir lang fêst?’
Doe sei de man wêr't er al bang foar west wie: ‘Wa't hjir sit, is daliks net wer thús.’
|
|