| |
| |
| |
2 Minne dei
By de brêge stie in grize frachtauto mei in hege tichte bak, op 'e side sieten lytse traaljerútsjes. Der wienen twa plysjes by en in soldaat.
‘Hjir mar yn,’ sei plysje Bolhús en hy liet oan de achterkant de klep falle. De trije plysjes kamen der ek by en dêrnei stapten de soldaten yn. De klep bleau iepen stean.
Twa soldaten pielden mei de motorfyts om. It ding siet ûnder de dridze en de soldaten fagen it rûchste derôf. Healwei de reed wie de motor ôfslein, se moasten him oan in ein tou nei de dyk lûke.
Hy hie it sicht op it hûs fan de brêgewachter. De blinen sieten ticht en der wie gjin minske op 'e lappen. It hiem fan de pleats fan Salverda wie ek ferlitten. Salverda hie ûnderdûkers.
Hy hie Gryt sein dat se de iel yn 'e grutte beun dwaan moast, want se woenen net lije dat er sels dien wurk makke hie. Hy mocht al in brochje meinimme, de plysje stie derby doe't Gryt it klear makke. Hy hie har noch sizze moatten dat se fan 'e middei de ielkeapman berjocht dwaan moast, mar it kaam him te let yn 't sin. Boonstra soe him sâlt leverje en dêr wied er oan ta.
Hy sei tsjin Bolhús: ‘Ik hoopje al dat dizze grap net te lang duorret. De iel moat berêden wurde, oars is my jûn de brot bedoarn. Ik tink dat it oerdei waarm wurdt en dan kin it neat lije.’
Bolhús seach him allinne mar oan, dat hy swijde fierders.
| |
| |
Hy moast ek noch in pear fûken stopje en om fiskjes foar de dôbers út. Dizze drokte paste him mar min.
Ien plysje siet neist him, de beide oaren joegen har achteryn del. De soldaten sieten mei de rêch tsjin it sket. Se gappen en lieten de holle op it boarst sakje. De offisier moast al foaryn sitte.
De beide soldaten skoden de motorfyts oan en krigen him oan 'e rin. Doe begûn de auto te riden, Bolhús luts de klep ticht en it waard skimerich yn 'e auto. Hy seach nei de beide plysjes foar him oer. Se rôlen in sigret en seinen tsjin inoar dat it wolris in moaie septimberdei wurde koe.
Op dat stuit fleach it him even oan, hy sei: ‘Welferdomme.’
‘Wat sei?’
‘Oare hearen, mar de selde feinten, dat hat altiten al sa west. Kapitalisten of fassisten, it ferrekt jim neat, jim litte jim troch elk stjoere.’
Hy fielde in grutte grimmitigens opkommen, de hannen begûnen him te triljen en it swit briek him út. Lykas dy kear yn Beets doe't er in maresjesee fan it hynder skuorde en de man in klompe op 'e kop stikken sloech. Of doe mei dy feanbaas dy't er hast in skonke brutsen hie. Of doe yn Duerswâld mei de boskwachter. En alle oare kearen dat er ynienen dûm waard en ferkearde dingen die.
Bolhús krige him by 't skouder. ‘No moat it net mâlder wurde, is 't jo yn 'e harsens slein?’
Dat hied er ek faker heard.
De beide oare plysjes gyngen fersitten.
‘Wat is dit foar in man, Bolhús?’ fregen se.
‘In minnen-ien, op it buro sille se wol wat oer him ha.’
En doe tsjin him: ‘Jo moatte dat strak wol even herhelje, dan kin it der daliks by yn in proses-ferbaal.’
| |
| |
‘Ik hearde it net krekt,’ sei de iene plysje, ‘wat sei er eins?’
Bolhús hie syn skouder loslitte moatten, dan wie 't wol oergien. Hy waard no allinne mar lulker, hy sei: ‘Wat binne jim foar kearels dat jim jim hjir op ôfstjoere litte, jim...’
Doe bedimme er him.
‘O, sit it sa,’ sei de plysje dy't it net heard hie.
Hy woe noch mear sizze, mar hy tocht oan de jonge en hold him stil. Bolhús kaam oerein en liet syn skouder gelokkich los.
‘Dit sil dy swier oanrekkene wurde, heite. Hjir silst foar bliede.’
Doe wist er al dat it in minne dei waard.
Hy woe gjin spul ha, hy woe sa gau as it koe nei hûs ta en dat wie him hiel wat wurdich, folle mear as eartiids. Hy woe benammen gjin lijen ha mei de plysje, likemin mei de Dútsers en hy woe gjin gedoente ha mei meester Braaksma, de man fan de yllegaliteit dy't him sa faak oan 'e kop seurde. Mei dy man yn elk gefal net, de fine miger mei syn oranjestrikje ûnder de kraach fan 'e jas.
Hy hie it ek net yn 'e kant set doe't er mei moast, hy hie der net iens oanstriid ta hân. Gryt rekke alhiel oerstjoer, se begûn te skodzjen en neitiid gûlde se mei lange úthalen. Hy wist wat se him sizze wold hie: wat ha 'k dy sein, dêr sitte wy wer yn it lijen.
Dat sei se al salang se troud wienen, mar sûnt se oan 'e mar wennen, hoegde it sa faak net mear.
Hy helle it brochje út 'e bûse en begûn te iten. Bolhús seach nei it spek dat der tusken siet. ‘It liket my ta dat it net fan de hússlachting is.’
‘Nee, ik slachtsje sels net.’
| |
| |
‘Hoe is 't mei de hannel?’
Hy joech gjin antwurd. Hy woe wol dat er mei Gryt oer de iel praat hie. It wie begrutlik as dy flut iel har ûntkomme soe. Eins hienen de jonges oerdei de dôbers wol klearmeitsje kind. Hy hie mear út ha wold omdat it waar sa gaadlik wie: tsjustere moanne en waarm oerdei. Hy hie ek noch in dûbelfleugel mei in pear stuitfûken yn de tochtsleat by it âld tsjerkhôf ha wold. It rinket stie iepen en der soe grif skiere iel troch komme. Miskien wie Germ op 'e tiid werom en makke dy de boel klear. Se hienen it der justermiddei noch oer hân.
Mar nimmen prate oer de jonge en dat fertroude er net.
‘As wy aanst dochs dwaande binne, kinne wy it ek wol even oer de swarte hannel ha,’ sei Bolhús.
Hy hold him yn. ‘Och man, wat kin my de swarte hannel skele. Ik bin net op jildfertsjinjen út, ik hoech allinne mar oan 'e kost te kommen.’
‘Jawis, mar it skeelt fansels...’
‘Ik ruilje wat, ik krij in stikje spek fan in boer en dy kriget in mieltsje fisk fan my.’
‘Wy prate der strak wol oer.’
De auto ried it klinkertdykje lâns nei it doarp. De beide plysjes tsjin him oer hienen de pet ôfdien en seinen dat it near yn de auto waard. De soldaten, suterich en smoarch, slûgen. De hollen knikten op en del as de auto troch in kûle ried. Achter de auto pofte de motorfyts. Hy tocht dat se hast yn it doarp wêze moasten, mar it wie min te roaien omdat er it ein noait mei de auto riden hie.
Se kamen oer in brêge, dat moast de opfeart wêze dy't nei it haventsje rûn dêr't it bûterfabryk stie. De auto hold, draaide ôf en stoppe. Bolhús smiet de klep los en sprong derút.
| |
| |
De sinne ferbline him en hy die de hân foar de eagen.
‘Kom der mar út,’ sei Bolhús.
De soldaten kamen stadich oerein en rekten har.
‘Ik hoopje dat de boade noch wat tee of kofje stean hat,’ sei de iene plysje.
‘Fannacht wie der kofje, echte kofje. De Dútsers hienen it meinommen en Bouma hat der twa tsjettels fan sette kind. Mar op 'e siktary sille se it fan 'e moarn wol opsûpt ha, soe 't net?’
Hy stapte ûnwennich út 'e auto. Se stienen foar it gemeentehûs, op 'e stoepe hold in soldaat de wacht. Der stienen mear auto's en der wie ek noch in motorfyts mei sydspan. Op 'e fierste kant stie in auto fol soldaten. Der wie gjin boarger op 'e dyk en it skoalplein wie ek leech.
Hy kaam komselden yn it doarp. Boonstra, de ielkeapman, wenne der, mar as dy berjocht ha moast, gong Gryt almeast by him oan.
Hy stapte foar Bolhús de hege blauwe stoepe op. De plysje die de doar iepen en gong fansiden. ‘Toe mar.’ Se kamen yn de lange wite gong mei de marmeren flier en mei in reade loper der oerhinne. Op 'e linkerkant wienen loketten mei minsken derachter dy't even de holle optilden. Op 'e oare kant wienen grutte ikenhouten doarren mei buordsjes dêr't boargemaster en siktaris op stie. En oan 'e ein fan de gong wie de brede trep mei op healwei in slinger deryn.
Hy wist it paad, de adjudant fan de wetterplysje hie him ris ûntbean. Hy woe earst net, wa't him ha moast, kaam mar by him, sei er. Mar Gryt bearde dat er sokke minsken better op healwei komme koe, dat hy wie der by einbeslút op Germ syn fyts hinne set. De adjudant wie geskikt, mar dat keunstke koed er, sa begûnen se altiten. It kaam der op del dat de adjudant wat witte
| |
| |
woe oer Kuiken dy't ek fiske, mar oars ek noch fan alles by de ein hie. Hy hie de adjudant fansels daliks sizze moatten wêr't it op stie, mar dat hied er net dien. Hy sei dat er by gelegenheid om Kuiken tinke soe.
De beide oare plysjes stapten daliks troch nei de boadekeamer, de soldaten wienen bûten bleaun. Hy hie de offisier net wer sjoen.
Bolhús gong mei him de trep op. Neist de riedseal wie it buro fan de plysje. De keamer wie leech, Bolhús wiisde him de bank tsjin de fierste kant en rûn nei it buro mei de telefoan.
‘Is Liuwes dêr? Freegje him oft er boppe komt, hy hat dochs burotsjinst?’
Der kaam even letter in jonge plysje yn.
‘Ik woe ek wol sa'n bêst bakje kofje ha,’ sei Bolhús.
‘Dan moatst gau wêze.’
It wie in fleurige feint dy't fluitsjend achter it buro sitten gong.
‘Soa, noch in arrestant. Ik tocht oars dat wy it hân hienen. Binne der noch mear ûnderweis?’
Hy seach him oan.
‘Ik wit it net.’
Bolhús wie der útgien. De jonge plysje krige in sigret út it pakje dat op it buro lei en stuts op. Hy smiet him ien ta. ‘Nim ek mar ien, it giet fan de grutte bult, dy Dútsers ha genôch.’
Hy betanke, hy hie der oars wol nocht oan hân. De sigret foel op 'e flier, hy soe him earst lizze litte, mar krige him dochs mar op en brocht him werom. Doe't er wer op 'e bank siet, naam er in prûmke út syn eigen pûdsje.
‘Jo kinne dy sigrettetabak ek kôgje, hear. It is grif better as dat guod fan jo.’
‘Dizze kin it my wol dwaan.’
| |
| |
De plysje dangele wat om en krige de telefoan. ‘Is Bolhús dêr? Hat er syn kofje krigen? Moai sa. Wat moat ik mei de man dy't hjir sit? Jawis, ik wachtsje wol, mar om tolve oere rint myn tsjinst ôf en dan ha 'k mear oeren makke as oars yn in hiele wike. Fansels, do ek, mar dat kin ik net helpe. Ik freegje strak fuort twa dagen ferlof. Wat sei? Kin my neat skele wat de opper der fan seit.’
Hy lei de hoarn del: ‘Kin je begripe...’
Bolhús wie der mei gauwens wer, mei in bak kofje yn 'e hân.
‘De Oberst sit by de boargemaster yn 'e keamer en de opper is der ek by. Se ha de wetterplysje ynskeakele, hèn. Ik ha de adjudant sjoen en dy oare fint, hoe hyt er ek al wer. Dy mannen ha de hiele nacht yn 't fjild west en se ha de boargemaster fan 'e moarn om trije oere út syn nêst helle, hy hat de smoar yn, sizze de amtners.’
Se gongen tegearre foar it finster stean.
‘Wat is dit foar man, Bolhús?’ woe de jonge plysje witte.
‘In rakkert, de wetterplysje ken him wol.’
De telefoan gong oer en Bolhús naam him op. ‘Hy komt deroan.’
En doe tsjin him: ‘Kom mar mei.’
Se gongen by de trep del en waarden yn de keamer fan de boargemaster litten. Hy hie de man noait sjoen, mar hy wist dat er al jierren yn dizze gemeente stie. It wie in âldeftige man mei in rûne, keale holle. Der siet in Dútse offisier neist him, in oaren-ien as dy fan fan 'e moarn, en de adjudant fan de wetterplysje siet der ek by.
De boargemaster joech him de wink dat er tichterby komme moast. Hy ferskode syn prûmke en die in pear stappen nei foaren.
| |
| |
‘Jo kenne dizze man, adjudant?’
‘Ik sjoch him hast alle dagen, boargemaster.’
Troch de fjildkiker, achteryn de plysjeboat.
It wie itselde slach as dy fan de Sweach, dizze boargemaster. Fjouwer plysjes hie dy kearel om him hinne doe't er begûn út te pakken. Dat hy de man wie dy't de turfmakkers oansette ta staken, dat er diskear appèlmeester west hie en dat se no mei him ôfweve soenen. Hy hie sein: As jo dy fjouwer plysjes net by jo hienen, dan doarsten jo my dit net te sizzen. In skijtkearel binne jo, it deaskoppen net wurdich.
Dit wie ek sa'n ien. Mar hy woe gjin spul, hy woe nei hûs ta en hy woe foaral witte wêr't Germ siet.
‘Even koart om 'e hoeke,’ begûn de boargemaster.
‘Wat is jo rol yn dizze saak.’
Hy sei neat. Hy wist net wêr't se it oer hienen, oars hied er wol wat sein.
‘No, hoe liket it.’
‘Der is net ien dy't my sein hat wêr't it om te rêden is,’ sei er.
De boargemaster hie der blykber argewaasje fan.
‘Man, ik ha al spul genôch mei de Dútsers, ik moat no dien wurk meitsje, oars nimt de Oberst it ûndersyk oer en dan is 't net bêst.’
‘Ik wit neat.’
‘Harkje goed, bêste man, dit moat net te lang duorje, de Oberst wurdt ûngeduldich, wy moatte dien wurk meitsje. En sa't ik sei, as de Oberst it oernimt, pakke se jo oars oan. En jo net allinne, mar de hiele gemeente en dat moat ik as boargemaster foarkomme. Wy moatte dersels mei rêde. Ha jo dat goed foar it ferstân?’
Hy wist net wat er sizze moast, hy hie wol wat sizze wold.
| |
| |
De boargemaster sei: ‘Wy hawwe hjir jo steat fan tsjinst, as men it sa neame kin. Wy witte wa't jo binne en ik bin net fan doel om in man lykas jo de hân boppe de holle te hâlden. It rint foar jo hielendal ferkeard ôf as jo my neat te sizzen ha.’
Hy sei muoilik: ‘Ik ha hjir noait in minske ta lêst west.’
‘As ik even mei,’ kaam de adjudant dertusken, ‘ik sjoch hjir trije feroardielings dy't der net om lige, fjirtjin moanne, in fearns jier, fjouwer wike en it is mar in greep.’
‘Ik wenje fiif jier yn dizze gemeente en ik ha noait spul hân.’
‘Dat komt omdat jo aardich oanleard ha,’ sei de adjudant. ‘Jo binne yn 't sâlt bebiten, jo litte jo net sa maklik mear pakke.’
‘Ik ha heard dat jo fannacht te fiskjen west ha,’ sei de boargemaster.
‘Ik ha justerjûn dôbers útlein en by de fûken lâns west en ik ha it spul fan 'e moarn ophelle.’
‘En neat sjoen fansels.’
Hy antwurde net.
‘Ik sei: en neat sjoen fansels.’
Hy sei: ‘Ik ha neat sjoen, mar dat hoech ik net te sizzen, want jim leauwe my dochs net.’
‘En jo ha fannacht ek neat fernaam. It is der oars heidens om wei gien.’
Hy sei: ‘Dat kin hast net, dan soe 'k 't hearre.’
‘Dat woe 'k ha,’ sei de boargemaster.
‘Mar de mar is grut, as de wyn súdeastlik is en it hat oan 'e westkant west dan kin it my ûntkaam wêze.’
Hy woe syn bêst wol dwaan, dêr lei it wier net oan. Miskien hied er dochs wol wat heard, it lûd fan in motor mar dan net dy fan de plysjeboat. Hy wie lyk- | |
| |
wols yn syn earste sliep en yn it bedstee harke it net skerp. Hy hoegde it net te sizzen, nimmen hie der wat oan. Hy soe ommers net iens sizze kinne wat er heard hie.
‘Wat sizze jo derfan, adjudant?’
De plysje sei tsjin him: ‘Ik ha by jo op it hiem gauris minsken opmurken. It liket my in gaadlik plak foar ûnderdûkers en sa.’
‘Dat koe wol.’
‘As jo it binne of jo frou, dan sjoch ik dat gau. Dit wienen oaren.’
‘Jo kinne by ús net oan 'e wâl komme mei dy plysjeboat, dat jo moatte fier sjen kinne.’
Der stie op 'e eastkant sa'n bytsje wetter dat de mannen net faak bûten it soal kamen. En it soal lei in ein fuort. Mar se hienen goede kikers.
‘Hawwe jo ûnderdûkers en wat sette dy út 'e wei?’ frege de boargemaster.
‘Der komme net folle minsken by ús op 'e pôle. De bakker om 'e twa dagen, inkeld de winkelman, mar de frou hellet de boadskippen meastentiids sels. En de ielkeapman komt gauris, foaral as it gleon waar is en de iel net te lang sitte moat. En sa is der noch wol ris ien.’
‘Ik hear it wol,’ sei de boargemaster, ‘jo wolle net meiwurkje. Sels witte, mar ik ha jo warskôge. Ik freegje noch ien kear: wa binne de mannen fan de yllegaliteit dy't dit útfûn ha? Jo meitsje my net wiis dat jo, dy't dêr sa gaadlik wennet, der net yn behelle binne.’
‘Ik ha der neat mei te meitsjen.’
Hy soe graach witte wolle wat der fannacht op 'e mar bard wie. Hy leaude net dat de jonge der oan meidien hie. Germ fertelde suver neat, mar as der wapens ôf- | |
| |
smiten waarden, warskôge er almeast. Hy hie ek gjin boadskip achter litten dat er net thús kaam te sliepen. Hy wie gewoan in nacht fuort bleaun, lykas sa faak. Hy koe nei Ichten gien wêze dêr't er soms kaartspile mei de ûnderdûkers fan Klaas. As it let waard, krûpte er by de mannen yn 't hea. Mar hy koe fansels likegoed mei wapens ûnderweis wêze. Gryt woe ha dat er it de jonge ferbea. Se joech it it fanke op 'e skuld, dy fitere him oan, sei se. Hy wist dat it wier wie, se waard al ferkeard as se it wurd Dútser hearde. En hy koe him soks yntinke nei't se ferteld hie hoe't se har heit neisjoen hienen.
De boargemaster wachte even en seach him oan. ‘Komt der noch wat fan? Nee fansels, wel, dan sels mar witte.’
Hy joech Bolhús dy't by de doar stie de wink en de plysje krige him by de earm.
Hy woe noch wat sizze tsjin 'e boargemaster, hy sei: ‘It komt my net gelegen, ik kin der sa mar net by wei, ik ha...’
‘Dat binne myn saken net,’ sei de boargemaster koart. Hy luts it laad fan syn buro iepen en klaude der yn om. Bolhús luts him oan de earm.
‘Dit gedonder fan jim is myn saak ek net,’ sei er.
‘No, sa kin 't wol ta.’ De boargemaster wiisde nei de doar en de adjudant kaam oerein.
It fleach him oan, mar hy ferbiet syn lulkens, hy soe se de wille net gunne. Se woenen der stomme graach ynhuffe, dy plysjes. Lykas eartiids doe't er op 'e Sweach de kantonrjochter achter de tafel weihelje soe. Se sprongen him mei trije man op 'e hûd en se knoeiden him noch doe't er al mei de hannen op 'e rêch op 'e flier lei.
Ear't er troch de doar stapte, blaasde er ôf, sa lûd dat it
| |
| |
troch de gong davere. De boargemaster sprong oerein.
‘Wel ferdomme, do...’
Bolhús joech him in triuw en luts de doar hastich ticht.
‘Ferdomde hufter,’ sei de plysje.
Hy bleau stean en sei: ‘Jonkje, do moatst my net wer beet krije, want dan fergriem ik dy.’
Doe rûn er de gong troch en de trep op nei boppen.
Yn it buro begûn Bolhús op te spatten. ‘Asto noch ien kear in foet oerdwars setst dan weef ik mei dy ôf.’
Hy sei neat mear. Hy woe hjir wei, sa gau mooglik. Hy gong op 'e bank sitten. In lange dei skeakelfiskjen waard er sa wurch net fan as dit.
De jonge plysje lake him slop doe't Bolhús him fertelde wat der yn de boargemasterskeamer bard wie.
‘Hoe lappe jo dat, ik bedoel, krekt op it stuit dat it jo gelegen komt? Spesjale technyk, tink? Wy hienen yndertiid by de maresjesee ek in man dy't op kommando ôfskite koe.’
Bolhús woe belje, mar de adjudant kaam deryn. Bolhús frege: ‘Wat is de bedoeling?’ en hy wiisde nei him.
‘De boargemaster hat sein dat se him mar meinimme moatte.’
Hy krige papieren fan 'e tafel en gong derút, Bolhús rûn achter him oan.
‘Dat wurdt in djoere skeet, baas,’ sei de jonge plysje mei in knypeach.
Hy hie daliks al oan de telefoan tocht, mar woe it doe net freegje. No't it der op like dat se oare plannen mei him hienen, moast it mar wêze.
Hy frege: ‘Kinne jo Boonstra, de ielkeapman, foar my belje? Hy moat even delkomme, dan wit er it wol. Ik ha in moaie flut iel sitten en se kinne mei dit waar net duorje.’
| |
| |
‘Wennet dy Boonstra hjir op 't doarp?’
‘Ja, en hy hat telefoan, ik ha him wolris belle by de brêgewachter.’
De jonge plysje socht yn it telefoanboek en draaide it nûmer. Hy die syn boadskip. ‘Wa't it is? Dat wit ik net, mar hy kin omraak ôfskite.’
Hy joech him de wink dat er komme moast en hy naam de hoarn oer. Hy sei tsjin Boonstra dat er de hiele brot mar ophelje moast, ek de dôberiel, want oan rikjen kaam er hjoed dochs net mear ta. En Boonstra moast it sâlt net ferjitte.
‘Dat komt min út, ik ha gjin sâlt mear lizzen. Mar ik kin dy noch wol in bêste slikstien leverje, moatst himsels fyn meitsje. Ast it dêr earst mei dwaan kinste dan hâldst it sâlt tegoede.’
It wie tsjin 'e ôfspraak, mar hy sei: ‘Toe dan mar.’
De plysje krige him de hoarn út 'e hân. ‘Ik leau dat de kollega's deroan komme.’
It wie in amtner dy't even om 'e hoeke seach en fuort wer ôfsette.
De jonge plysje lake. ‘Dat ferhaal giet fansels de hiele siktary troch en no wolle se witte wa't de man is dy't sa ôfblaze kin. Wat ik sizze woe, ik kin strak wol in mieltsje iel ophelje, tink?’
‘Doch dat mar, gean nei Boonstra en sis him dat ik jo stjoerd ha en dat er jo in pear pûn meijaan moat. Ik sil it letter wol mei him ferrekkenje.’
De jonge plysje wreau him yn 'e hannen. ‘Dan ha 'k dochs noch in goede dei. Duvekater, bakte iel, ik wit net mear hoe't it smakket. Ik wenje yn 'e stêd, sjoch en dêr is soks net te krijen. Jo moatte as plysje ek sa foarsichtich wêze, hèn, se ride ús nei.’
Hy hie noch in brochje yn 'e bûse en bepluze dat. It wie near yn de plysjekeamer, de sinne stie op 'e glê- | |
| |
zen. It moast hast iterstiid wêze en dochs bleau it stil op it doarp. De minsken bleauwen yn 'e hûs. Yn de plysjekeamer wie allinne it iepen- en tichtgean fan doarren yn de siktary te hearren en it klossen fan soldatelearzens op de stoepe foar it gemeentehûs.
It soe hjoed geskikt waar west ha foar de snoekbears. Hy hie nei 't âld tsjerkhôf kind, want der wie hast gjin wyn.
De adjudant kaam deryn en Bolhús wie by him. De adjudant gong foar him stean en seach him lang oan.
Hy frege: ‘Is der wat?’
De adjudant sei: ‘Ja, der is wat, gean mar achter Bolhús oan.’
Se gongen nei bûten. Dêr stie in motor mei sydspan klear. Hy moast yn it sydspan sitten gean en in soldaat starte de motor. De oare soldaat gong achterop sitten. Doe riden se fuort.
|
|