| |
| |
| |
1 Razzia
Guon minsken leit it op 'e lea, mar hy hie noait foarge-foelens hân, dat it kaam him ek dizze kear oer 't mad. Hy hearde de losse planken yn 'e brêge ratteljen en doe't er him omdraaide, kaam it ljocht de reed del. Fuort letter wie it út, mar de motor rûn noch.
Hy hie krekt de boat op 'e wâl lutsen en it spit yn 'e grûn trape. Dat lêste hoegde net, want allinne op 'e midden fan de mar stie in koelte. Oan 'e kant lei it wetter sa blak as in spegel, bestjurre ûnder de dize en it skimertsjuster dy't mar min fuort woenen.
Hy stie op 'e kant en hie beprakkeseard dat er earst wol teesette koe en dan de iel út 'e beun helje. It wie koel en der hie net ien deade iel oan 'e dôbers sitten, dat it koe wol lije.
De motor dy't de reed del kaam, brocht him derôf. Hy stapte it hiem oer nei it loadske en die de doar iepen. Wylst seach er achterhûs lâns nei de reed dêr't it noch tsjuster wie. Folle tsjusterder as op 'e mar dy't begûn te ljochtsjen.
It lûd kaam tichterby en út en troch wie der even in ljochtskym. Se fertrouden de reed net, it hie juster noch reind. De motor bleau gauris stykjen, sa hearde it alteast wol.
Hy rôp om 'e doar: ‘Jonges, der komt wat oan, jim moatte even út 'e wei.’
Cor stie daliks neist him, kjel en drok. ‘Wat is der? Komme se deroan, komme de Dútsers deroan?’
‘Der komt wat oan, mar ik wit net oft it Dútsers binne.’
| |
| |
Cor wie it tsjuster fan de skuorre al wer yndraafd en raamde syn tekkens by inoar. Wylst flokte er tsjin Willem dy't altiten even langer wurk hie.
Hy sei: ‘Wachtsje even op it fanke, dan kinne jim dy meinimme, want ik moat strak de lytse skou brûke.’
It fanke - hy neamde har noait by de namme - slepte yn it achterhûs. Hy krige de klink en bûgde him wylst er ûnder de lege goate troch stapte.
‘Der komt wat oan, de jonges steane al by de boat.’
Der kaam gjin antwurd út it tsjuster. Hy die op 'e taast in pear stappen en luts oan 'e tekkens. Se skeat ynienen oerein.
‘Der komt wat oan,’ sei er noch ris.
Hy fielde by de muorre lâns en fûn de petroaljelampe dy't op de kiste neist it ledikant stie.
It fanke stie al neist him en pakte him by de earm.
‘Komme de Dútsers deroan?’
Har stim wie heas en eangstich en hy fernaam hoe't se trille.
‘Ik wit it net, mar der is in motorfyts op 'e reed.’
Doe hearde se it lûd ek. Wylst hy har byljochte, pakte se har klean by inoar. Se strûpte de swarte oerjas dy't Germ foar har opdien hie, oer de lange nachtjûpe en troppe de jurk en hoazzen yn de boadskiptas.
‘De jonges steane al by de boat, ik sil de brot wol oprêde,’ sei er.
Se hime en doe't se der út soe, stroffele se oer de drompel. It fanke waard alle kearen benauder, tocht him.
Hy hie har noch freegje wold oft Germ der ek wie, mar se wie al fuort. Hy lei de tekkens teplak en stapte om it ledikant hinne nei it leiderke. Mei de lampe yn de iene hân en de oare op de boppeste trieme fan de leider ljochte er de souder oer. It ledikant dat mei de
| |
| |
fuottenein tsjin de pannen stie, wie net beslept. Hy gong nei ûnderen en krige doe dochs mar de tekkens fan it fanke har bêd. De lije waarmte fan har lichem kaam him temjitte. Dat bern rûkt sa eigenaardich, hie Gryt ris sein. It wie yndied in oare lucht as dy fan Gryt, sa moassich net, earder wat swietlik.
Mei de tekkenboel ûnder de earm rûn er it gonkje troch. Oan 'e ein, neist it kelderdoarke, fûn er op 'e taast de amer dêr't Gryt de smoarge wask yn te weak hie. Hy stoppe it lekken ûnder it sjipsop. De tekkens gong er mei nei it keammerke en smiet se troch it iepen bedstee oer Gryt hinne. Se draaide har om en grommele wat, mar se joech har daliks wer del. It holkessen lei er yn it oare bedstee op syn eigen. Doe't er derút soe, kaam it him yn 't sin dat it fanke gauris wat op de skoarstienmantel lizzen hie. Hy taaste derby lâns en fûn in kaam en in hierboarstel. Hy stoppe de dingen ûnder yn de amer mei smoarge wask. De petroaljelampe stie noch yn it achterhûs. Hy blies it ljocht út en sette it om 'e doar.
De motorfyts moast no op healwei wêze, it gong net hurd. De reed wie dêr goed min en wa't net oppaste koe der oan 'e kûten ta yn de dridze reitsje. Mei sa'n motorfyts wie 't grif noch dreger.
Hy die in pear stappen nei de opfeart ta en harke. De skou wie wei wurden en hy hearde noch even de kloet. Cor koe der aardich mei wurde.
Om wissichheid te hawwen gong er nei de skuorre en taaste op 'e knibbels de sliepplakken fan de jonges ôf. Se hienen neat lizze litten. Hy reage it strie út inoar en smiet der in pear âlde fûken op.
Doe rûn er wer it hiem oer nei de grutte skou en helle it skepnet troch de beun. Moaie iel, tusken de fûkiel sieten al skieren. De dôbers moasten jûn ek mar wer
| |
| |
út, it woe op 't heden fange.
Doe kaam it by him op dat er dêr miskien net oan takomme soe. It wie in nuver gefoel, hy stapte út 'e skou wei op 'e wâl en wachte ôf.
Hy hie wol witte wold wêr't Germ tahold. De jonge wie gauris in nacht op 'en paad, mar dan sei er it meastentiids. It heugde him net dat Germ juster by de itenstafel wat sein hie. As er op dit stuit ûnderweis wie nei hûs ta murk er gau genôch dat it net fertroud wie.
Hy byske in pear stappen hin en wer oer it hiem en gyng doe dochs mar wer nei de skou. De iel moast berêden wurde. Hy hearde Gryt yn 'e doar. ‘Wat komt deroan?’
‘In motorfyts, soe 'k sizze. Set mar teewetter op, dan sil ik de iel oppakke. It hat goed fongen fannacht.’
Mar hy begûn der net mei en Gryt stapte yn 'e klompen.
‘Is alles oan 'e kant?’
‘Jawis, oars stie 'k hjir net.’
Hy socht om in prûmke. It wie de tiid noch net. Hy hie in pûdsje mei opset sin net yn 'e bûse dien, want as er moarns ier al begûn te kôgjen, moast er it jûns belije.
Hy sei: ‘Germ wie der net.’
Hy stapte dochs mar wer yn 'e skou en krige it skepnet.
‘Hat er net thús west?’
‘It bêd lei noch opmakke.’
Hy tilde it lid fan de beun en lei it skepnet der oerhinne. Doe stapte er mar wer op 'e kant.
Se wienen oan 'e hikke ta doe't se yn aksje kamen. It wie ynienen allegear ljocht, se hienen der grutte bûslantearnen by. Se beskynden de foarein fan it hûs, der kamen in pear man it hiem op en se seagen him stean.
| |
| |
Hy waard de skym fan in soldaat gewaar, doe noch ien en achter it ljocht fan de motorfyts beweegden mear. Se hienen lange jassen oan, se swalken oer it hiem en twa man gyngen foar him stean en skynden him lyk yn 't gesicht.
‘Wy wurde ferwachte,’ sei de iene man. ‘Wat is 't hjir kâld.’
‘It komt fan de wiete damp,’ sei de oare.
Der kaam in offisier by mei in hege pet op, hy skopte tsjin 'e skou oan. Hy ljochte mei syn bûslantearne de skou ôf en sei wat.
Der wienen altiten wol in man as seis-sân. Yn 'e skuorre sloegen se yn de fûkestokken om en hy hearde ek dat se de âlde taantsjettel dy't yn de fierste hoeke stie, omkearden. De man mei de hege pet op strúnde by de wâl del en kaam by de wylgepôle dêr't de nije taantsjettel stie. Hy beseach him oan alle kanten en rôp wat. Der kaam immen fan foaren, ek ien mei in pet op, mar it wie gjin soldaat. Hy seach dat it in plysje wie, mar net ien fan de wetterplysje. Dy mannen koed er allegear. It moast Bolhús wêze dy't op it doarp stie. De offisier frege tekst en útlis en Bolhús die syn bêst. Mar hy hie it Dúts net yn 'e macht, dat wie skoan te fernimmen. Se beseagen ek it oventsje dêr't er simmerdeis de deade iel dy't net duorje koe yn rikke. Se rûkten der beide oan en Bolhús bearde dat rikke iel lekker wie.
Hy hie 't de offisier sels better útlizze kind, hy soe Bolhús yn alle gefallen sizze kinne dat lekker yn it Dúts smackhaft wie, mar hy sei neat.
De offisier sneupte fierder.
Hy sei tsjin Bolhús: ‘It is dêr frijwat sompich, as dy menear der net oan 'e kloaten ta yn wol, kin er better dizze kant útkomme.’
| |
| |
De plysje brocht it boadskip hastich oer en ljochte de offisier by.
It begûn te daagjen en de koelte dy't út de mar weikaam, jage de damp foar him út.
Op 'e side fan 't hûs strúnden twa man om de megere fruchtbeammen hinne en se seagen achter de wylgeen elzepôlen dy't er dêr yndertiid boud hie om de fruchtbeammen út 'e wyn te krijen.
De offisier sei: ‘Wy geane yn 'e hûs.’
De plysje kaam op him ta en sei: ‘Wy sille hússiking dwaan moatte.’
Gryt stapte fansiden, de offisier liet de plysje foargean. De plysje stompte de holle tsjin 'e daksgoate, de offisier glimke en bûgde him djip. Mar yn it gonkje rûn er mei de pet tsjin 'e panlatten oan en flokte er. Hy liet de plysje de pet oppakke.
It keammerke wie mei fjouwer minsken aardich fol. Se skynden mei de bûslantearnen om har hinne, de plysje sei: ‘Stek de lampe mar oan.’
Gryt die it, mar se knoffele frijwat en hy naam it oer. Hy krige it glês fan de lampe, de offisier ljochte him by. Twa soldaten skarrelen yn it achterhûs om en gyngen de leider op. Se klosten op it souderke om, der kaam stof troch de skreven en de lampe begûn te skodzjen.
‘Gean mar sitten,’ sei de offisier.
Hy makke de learen jas los en lei de pet op 'e tafel. Gryt gong op 'e stoel tusken de beide bedsteden sitten. Hysels rûn om de tafel hinne dêr't yn 'e hoeke syn reiden stoel stie, krekt tusken de skoarstienmantel en it finsterbank yn. De plysje bleau yn 'e doar stean.
De offisier hie sa't it skynde syn nocht. Hy luts de stoel oan en gong mei de earmtakken op 'e tafel hingjen. De plysjeman like der in bytsje mei oan te wêzen,
| |
| |
hy ferstapte hyltiten. Gryt woe miskien wol teesette, mar se doarste it út harsels net te dwaan. Se meneuvele mei de hannen.
Hy ferskode it kessen ûnder syn gat en krige it kistje út it finsterbank dêr't de prûmtabak yn siet. De offisier seach mei de eagen heal ticht hoe't er der in topke útnaam en yn 'e mûle stoppe. Op 'e souder ferskoden de soldaten it ledikant en se sloegen yn de steapel fûken om dy't er by de skoarstien stean hie omdat se dêr moai droech bleauwen.
De plysjeman sei: ‘Sis it mar, wat ha jo yn 'e hûs?’
Hy seach tagelyk nei de offisier dy't it wol goed fûn.
‘Wat ha jo te sizzen?’
Hy joech daliks gjin antwurd. Hy ferskode syn prûmke. ‘Ik ha jim gjin berjocht dien dat ik wat te sizzen hie.’
‘Wat dogge dy minsken der sa betiid ôf?’ woe de offisier witte wylst hy de holle even optilde.
‘It binne fiskerlju,’ ferklearre de plysje, ‘fiskers moatte moarns ier yn 'e baan.’
En tsjin him: ‘De Oberst wol witte wêrom't jim sa betiid binne.’
‘Dat hear ik,’ sei er.
‘O, jo kinne it folgje?’
‘It kin it wol neikomme.’
Hy koe wol sizze dat er lang genôch yn Dútslân arbeide hie om de taal better yn 'e macht te krijen as de plysje, mar salang as it him net frege waard, woed er him mar stil hâlde.
Der kaam in Feldwebel yn 'e doar dy't de hakken tsjin inoar sloech en sei dat se neat fûn hienen. De offisier knikte, de Feldwebel gyng der mei de plysje út. Even letter hearden se de plysjeman op 'e souder praten.
Hy seach nei bûten en waard in soldaat gewaar dy't
| |
| |
mei it gewear ûnder de earm ûnder de apelbeammen stie.
De plysje kaam deryn en frege: ‘Hoe is 't mei de kostgongers?’
Hy krige it blikken buske fan de flier dêr't er de tabaksjarre yn garre. ‘Wy binne meastentiids tegearre, de frou en ik.’
‘Dy beide ledikanten wurde fansels net brûkt. En jim ha twa bedsteden. Jim ha eins oan ien genôch, dat dy oare sliepplakken binne foar de útfanhuzers.’
Hy die in stap foarút en seach achter de bedsteedoarren. ‘Men soe oars sizze dat se beide beslept binne.’
Hy joech gjin antwurd omdat him neat frege waard. De plysje rapportearde dat der fjouwer sliepplakken wienen, wylst se oan ien genôch hienen.
‘Lit him mar fertelle hoe't dat sit,’ sei de offisier. Hy rôp de Feldwebel yn 'e hûs en joech him opdracht it hiele hiem ôf te sykjen.
‘De Oberst wol witte wêr't jim al dy bêderij foar brûke moatte.’
‘Ha jo dat al net útlein?’
‘Ik ha konstateard dat der tefolle bêden binne foar twa minsken. Wa slept hjir?’ Hy wiisde nei it earste bedstee.
‘Dêr lis ik.’
‘En yn 'e oare?’
‘Dêr slept de frou.’
Hy klaude yn 'e tekkens om. ‘Soa, dus jim sliepe apart.’
‘Kofje?’ frege de offisier.
‘Ja, jo koenen wol in bakje kofje sette,’ sei de plysje tsjin Gryt.
Se soe oerein, mar hy sei: ‘Kofje ha wy net.’
‘Dan mar tee.’
| |
| |
‘It is ús tiid noch net. Ik moat earst dien meitsje en dêr kom ik sa net oan ta.’
Hy gyng oerein en die de jekker út. It wie smûk yn it keammerke en hy hie ear't er moarns ôfsette in trui oan dien.
‘Jo wolle net meiwurkje, begryp ik al. Wel, sokken lûke by ús altiten oan 'e koartste ein.’
De plysje sei tsjin de offisier dat se gjin kofje sette woenen. De offisier helle de skouders op.
Hy murk dat Gryt him de wink jaan woe, mar hy seach mei opsetsin ta it rút út. Hy wist wat se sizze soe as de soldaten fuort wienen: No, wat ha 'k dy sein? Dêr begjint it lijen wer. Wêr bemuoist dy mei, wy ha genôch oan ússels.
‘En hoe sit it no mei dy útfanhuzersbêden?’
‘Wy ha gjin útfanhuzers,’ sei er.
‘Dus dy bêden op 'e souder en yn 't achterhûs binne der foar de sjeu.’
‘Simmerdeis kin it goed near wêze yn it bedstee en dan sliep ik gauris yn it achterhûs,’ sei er.
Dat wie wier. As er by it ôfljochtsjen seach dat it fanke by Germ op bêd krûpt wie, krige er de tekkens fan syn bedstee en slepte er yn it achterhûs. Hy wie der net op út, mar hy harke altiten nei Germ en it fanke.
‘Dy jonge fan jo slept op 'e souder, tink?’
Hy knikte. Hy ferwachte dat de plysje der neier op yn freegje soe, mar dat died er net.
‘Ha jo fannacht thús west.’
‘Ik ha fannacht thús west.’
‘Jo hienen dôbers yn 'e skou, ha 'k dat goed sjoen?’
‘Ja, ik ha in stikmennich dôbers út hân, mar dêr bliuw ik nachts net mear by.’
En ek dat wie wier, hy helle de dôbers op as er moarns nei de fûken gong.
| |
| |
‘Wêr hienen jo dy dôbers lizzen?’
‘Oan de oare kant fan it soal, oan 'e súdwâl. Dêr sit de weake grûn en om distiid fan 't jier...’
Mar de plysje harke al net mear. Hy fertelde de offisier dat er oan 'e súdkant fan de mar fiske hie. De offisier woe der mear fan witte. ‘Freegje him hoe let er dêr west hat en hoe lang.’
De plysje brocht it oer.
Hy wachte even. Hy tocht deroan dat se net nei Germ fregen wylst de plysje wist dat se in jonge hienen.
‘Ik bin begûn út te lizzen om healwei njoggenen hinne, mar it kin ek wol in heal oere earder of letter west ha. Ik ha almeast gjin horloazje by my.’
‘Wêr binne jo krekt begûn?’
‘By de opfeart ûnder Ichten. Ik ha dêr in tichtset en dy sjoch ik earst altiten nei. En doe ha 'k de earsten útlein.’
De offisier harke mei mear belangstelling as earst en ûnderbriek de plysje in pear kear.
Hy fiske al wiken oan de súdkant en it hie juster net oars west as alle dagen.
‘Hoe let binne jo nei hûs fearn?’
‘Dat wit ik net. Ik ha de lêsten derút smiten doe begûn it al te skimerjen, tinkt my.’
‘Hoe let wienen jo thús?’
Gryt prakkesearde der op om. ‘Like let as oare jûnen,’ sei se doe.
‘Wy tinke hjir noait om 'e tiid.’
De plysje sei: ‘Guon fiskers bliuwe der nachts by.’
‘As ik in healtûzen dôbers út ha en it is in moaie nacht dan doch ik dat ek wol ris, mar net om in pear hûndert. It hoecht tsjintwurdich ek net mear.’
‘Wêrom net?’
‘Der kin suver neat ferkeard gean, der is hast gjin far- | |
| |
derij mear, no.’
Hy hoegde safolle ek net mear te fangen, want de iel wie djoer. Hy ruile de measte iel trouwens oan iten, tabak, sâlt foar de rikkerij en side en ketoen foar de fûken.
‘Ha jo neat bysûnders opmurken justerjûn?’
‘Ik soe 't net sizze. Der is in tsjalk troch it soal gien, de kant út nei de Follegeastersleat. De skipper hie in fracht hout yn, ha 'k wol sjoen, fan dy meterbalken. En de plysjeboat fan de Lemmer wie der fansels, om de selde tiid as oars.’
Hy hie der by sizze kind dat de adjudant lykas altiten mei de kiker nei him stie te sjen. Se woenen him graach pakke. As er op bears en snoek fiske, kontrolearden se him altiten op ûndermaatse fisk. Se wisten dat er streupte, se moasten ek wol witte dat er in âld jachtgewear hie en einen skeat. Se woenen him ha, mar se wienen net tûk genôch.
‘Der is jo dus neat opfallen. En hoe let binne jo fan 'e moarn ôfset?’
‘Healwei fjouweren sawat.’
‘Dat is betiid.’
‘It is trije kertier farren, it wol moarns net sile as it sa stil is.’
‘En it wie noch tsjuster doe't jo werom kamen, dat ha wysels sjen kind.’
‘Dat kaam troch de damp, it is oars earder ljocht.’
‘Kinne jo de dôbers fine as it noch tsjuster is?’
‘Se lizze op 'e rige, by elke set fan de kloet moatte jo ien ha.’
‘Hoefolle dôbers hienen jo út?’
‘Goed hûndertenfyftich, tinkt my.’
‘Leinen se fan 'e moarn allegear op 'e rige?’
‘Ja, ik ha der stiennen oan.’
| |
| |
‘Mar as der wat oerhinne fart?’
‘Dan strûpe se meastentiids ûnder de boat troch. Der wurdt wolris ien fersleept, mar dat kin in grouwe iel ek dwaan.’
Der hie wol wat by de tichtset west. Der stie in stok bryk en it kearnet moast even oan 'e kile fan in skou sitten ha. Der wie neat stikken en se hienen ek net ta de fûken west. It hoegde lykwols neat te betsjutten. Der sieten in soad ûnderdûkers om de mar hinne en dy woenen der jûns en nachts wol ris út. Se gongen nei de froulju of sneupten samar wat om.
Hy wist net wêr't it om te rêden wie. De earste kear sochten se om wapens dy't troch fleantugen ôfsmiten wienen. In part wie yn 'e mar telâne kaam, hied er letter wol begrepen. De soldaten kearden doe it hiele hûs om en sneupten mei mannemacht de krite ôf. It gyng no net om wapens, oars hienen de mannen fan de ûndergrûnse him wol warskôge dat er de dobers better earne oars útlizze koe.
‘Jo sitte hjir deun by de mar, jo ferkeare alle dagen op it wetter. As der wat te rêden is, fernimme jo it gau,’ sei de plysje.
‘De mar is grut, mei it bleate each kin 'k amper oer de helte hinne sjen. En fan de súdkant sjogge jo neat, want der leit dêr in lange hage fan reid en biezen. Se sizze dat it in âlde dyk is, mar dat sille jo wol witte.’
‘Jo prate moai, mar jo tinke dochs net dat wy dit allegear leauwe,’ sei de plysje ynienen. Hy seach net iens mear nei de offisier, hy naam it oer.
‘Jo binne alle dagen op 'e mar, jo sjogge en hearre fan alles, mar jo witte neat.’
‘Sa is 't.’
‘Witte jo eins wol dat it oarloch is?’
‘Wy merke der hjir net folle fan.’
| |
| |
Tweintich jier lyn soed er dit net oer syn kant gean litten ha en tsien jier lyn ek net. Hy hie in grutte haat tsjin plysjes en alle oare mannen fan it gesach en dat wie net feroare. Mar hy spatte net mear op en hy wie alhiel net fan doel om it yn 'e kant te setten. Hy tocht oan de jonge en woe wol yn goedens. Hy hie de mannen op dit stuit miskien wol kofje ta ha wold.
‘Mar it is oarloch,’ sei de plysje, ‘en dan wurde de minsken oars behannele as se wend binne.’
‘Ik ha it mei jim noait sa goed wend west,’ sei er en fuort der achteroan: ‘Ik ha op alles wat jo my fregen in antwurd jûn, wier of net?’
‘Jo ha net de goede antwurden jûn.’
De plysje frege net nei de jonge en dat makke him ûnrêstich.
Bûten wie it ljocht wurden. Der hong hjir en dêr noch wol in flarde grize damp, mar út 'e mar wei kaam de wyn opsetten.
De offisier kaam oerein en stapte nei bûten ta. De plysje rûn achter him oan, yn it gonkje flústeren se tegearre. Gryt seach him oan, mar hy hold de soldaat yn 'e gaten dy't foar it rút hin en wer rûn.
De plysje kaam deryn en sei: ‘Jo moatte de jas mar oandwaan.’
|
|