| |
| |
| |
10 ‘Sa kin 't wol ta’
It duorre neitiid nochal even ear't it ferstân werom kaam.
Earst sleepten se him de gong troch. Healwei de trep kaam er by en begûn er te balten en om him hinne te slaan. Hy houde en trape sa bot dat se him even loslitte moasten. In soldaat hufte him mei de kolf fan it gewear yn 'e mage en hy klapte foaroer op de stiennen flier. Se kearden him om, sadat er op it liif kaam te lizzen en bûgden him de earms op 'e rêch. Twa soldaten gongen op syn skonken stean, doe hienen se him yn 'e macht.
‘In hurde kop,’ hime de iene soldaat. ‘Ik miende oars al dat ik him de harsens ynslein hie.’
De oare sei: ‘Der is wat mei syn harsens, se lizze goed troch inoar.’
Achterôf kaam it him yn 't sin, mar nei't de iene soldaat sein hie dat er wat mei syn harsens wie, rekke er wer bûten wêzen.
Hy kaam by op in tafel dêr't se him oplein hienen. Syn beide skonken sieten fêst yn klemmen en oer 't liif hinne siet er fêstbûn. De boppe-ein koed er lykwols bewege.
Hy sei lûdop tsjin himsels: ‘Ik hoopje al dat ik him deaknypt ha.’
Der kamen minsken by en der wie ien dy't sei: ‘Hy is aardich takocht.’
In man bûgde him oer de tafel hinne en sei tsjin him: ‘Noch wat dwyl yn 'e holle, tink? Dat sil noch wol
| |
| |
even oanhâlde, jo dienen it ek sa mâl.’
It wie net deselde as dy yn de moaie keamer, mar hy hie al in gewoan pakje klean oan en hy prate Frysk.
Troch dat boargerpak kaam it him miskien wer yn 't sin. De wierheid wie sa ferbjusterjend dat er it net úthold en opnij begûn te razen. Hy rôp dat it net koe, sokssawat hie it alteast west. Dat sei de man yn de sel letter, dy hie it troch alle muorren hinne heard.
Doe kaam der wer even neat. Der wie noch al even de skym fan in soldaat dy't him in fodde yn 'e mûle treau en it razen dêrmei smoarde.
‘It moat need gien wêze,’ sei de oare man yn de sel neitiid. ‘De hiele boel wie oerémus. Se wienen der leau ik mei oan, der draafden hjir sa te hearren wol fiif soldaten troch de gong. En dat wie neffens my allegear om jo te rêden.’
De wrâld kaam yn lytse stikjes werom. Earst hearde er stimmen. Gewoane stimmen fan minsken dy't petearden. Tuskentiden wie der it tikjen op skriuwmasines, lykas de moarns yn it gemeentehûs. De stimmen en it tikjen kamen út de keamer neist it lokaal dêr't hy op de tafel lei, de doar stie iepen.
Hy lei op dy tafel en fielde dat er fêst siet. Hy die de eagen net iepen om te sjen hoe't it om him hinne wie. Hy beweegde ek net, want hy wie bang dat der dan minsken by him komme soenen.
Yn it earstoan kaam der neat mear by. Hy wist dat er libbe en dat der minsken om him hinne wienen. Hy moast der ta wenne, mar ear't er dêr mei klear wie kamen der oare dingen tusken. It wie in nuver spoekbyld, hy seach de oare man yn 'e sel dy't sei dat er gjin pyn' yn 't liif mear hie.
Doe waard it grutte fertriet him oermânsk. Hy joech lûd en der stie daliks immen neist him. Hy waard bang
| |
| |
en lei deastil, mei de eagen ticht. De man gong gelokkich fuort.
Ik hâld it net foar inoar, tocht er, it slacht my aans yn 'e holle en dan wurd ik gek.
‘Jo ha mar in pear oeren fuort west,’ sei de oare man yn de sel letter.
Hy hie it gefoel dat er der dagen by wei west hie. It soe wol sa wêze lykas de man sei, want fuort letter kaam in soldaat mei it jûnsmiel, twa stikjes kuch en in beker wetter de man.
Doe't er op de brits lei mei de jekker ûnder de holle, lykas fan 'e moarn, sei er lûdop: ‘Hy hat it hân en hy hat net bot lit.’
Hy hie it de man frege dy't neist him by de tafel stie.
‘Deasketten op 'e flecht,’ sei dy man. ‘Jo soan sprong út 'e skou wei en swom it reidfjild yn. Dat hied er net dwaan moatten.’
Hy wist dat dizze man de wierheid spriek. Germ liet him samar net pakke en hy koe swimme as in rôt. Hy woe de reiden yn, dêr soe net ien him benei komme kinne. Mar de kûgel wol.
‘It hie net hoegd,’ sei de man derby. ‘As er him pakke litten hie, hienen wy him nei alle gedachten nei Dútslân stjoerd. Mar hy naaide út en dat is it domste wat jo yn sa'n sitewaasje dwaan kinne.’
De man prate besteklik. Hy hie it oer in swiere slach, benammen as it om in iennichst bern gong.
‘Mar jo moatte fierder,’ sei de man. ‘It libben giet fierder, jo ha in frou en jo ha jo wurk.’
De man sei ek noch dat er him wer by de oare yn 'e sel sette soe om wat by te kommen.
Hy hie oars stomme graach allinne wêze wold. Hy moast hyltiten tsjin himsels sizze dat de jonge it no hân hie en dat er net lit hie. Yn 'e rêch sketten en fuort
| |
| |
dea, hy hie net lit. Dy lêste wittenskip joech suver in bytsje ferromming.
‘Germ hat it hân, dy is derôf en ik bin fan 't lijen ôf.’
De man ûnder him sei al wat, mar hy harke net.
‘Ik bin fan alles ôf,’ sei er nochris.
Hy liet it yn him omgean en hy fûn dat it sa krekt wie.
Hy wie fan alles ôf.
‘En dêr ha 'k no sa'n wurk fan hân. Gryt trouwens ek, it begruttet my om har, it deart my oan, want se hat der like folle mei te stellen hân as ik en wol de helte mear. Foardat de jonge der wie, siet sij der ommers al mei.’
Dêr lei er oer te prakkesearen.
‘En dan is 't ynienen dien. Ik ha der altiten bang foar west. Ik ha it eins altiten wol tocht, mar sa net. Ik hie der rekken mei holden dat er in kear ferûngelokje soe. En yn de earste jierren tocht ik dat er op in dei gewoan deagean soe, omdat it sa'n swak bern wie. Mar dat is tafallen, dy beide stellene skiep hawwe him der trochskuord, want doe koenen wy bananen keapje en sûnder bananen hied er it net oprêd. Gryt en ik seinen tsjin inoar: as wy him earst mar sûn hawwe.’
De holle die him sear. Der sieten kluten bloed yn 't hier.
‘Wat ha se jo neisjoen,’ hie de oare man sein nei't se him werom brocht hienen yn 'e sel.
Doe't er sein hie dat se syn jonge deasketten hienen, luts er wyt wei.
‘Deasketten, bliksem... Dogge se dat hjir?’
‘Fannacht op 'e mar ha se him deasketten, deagewoan deasketten omdat er útnaaide. En no is 't dien. Hy hat it hân, hy is derôf en ik bin der ek ôf. En hy hat net lit, dat is in gelok. Ik ha ris in bern ûnder it iis weihelle. It moat in skoft wraksele ha om derút te kommen, it hie it skom om 'e mûle. Soks is goed slim, ik ha it nachten
| |
| |
foar my hân. It hiele gesicht lei yn 'e kramp. En sa't ik sei, it skom om 'e mûle. In kûgel makket der gau in ein oan, hy hat it miskien net iens fernaam.’
Hy tocht der oer nei.
‘It komt der in kear fan dat jo dea geane, foar de iene earder as foar de oare. Mar wat makket it eins út. Ik wit noch moai krekt hoe't dat mei my gien is. Ik wie in jier as sân-acht doe't ik foar it ferstân krige dat it libben einich is, dat wy stjerlik binne. Oant doe ta hie 'k dêr gjin aan fan, ik hie 't fiersten te drok mei bearsfiskjen yn de Bonne-petten. Doe gong Brant Hoen dea, ús buorman. Hoe koe dat no? Wel, sei mem, alle minsken geane op 'en doer dea. Ik ek, mem? Do ek. Doe wie 't my oer, ik hie nearne mear nocht oan, ik woe net iens mear te bearsfiskjen. As jo dan dochs deagongen wat soe 'k my dan noch drok meitsje. Letter gong dat fansels wol oer, mar noait hielendal. Ik ha eins altiten wol witten dat it libben in ferduld bytsje doel hat.’
De man ûnder him sei: ‘Ik wit net wat jo allegear bemale, mar it is goed slim. Ik jou it oer, it moat mar komme sa't it komme moat.’
Hy liet it iten dizze loop al stean, de oare man haffele it op.
Fuort letter kaam de man yn gewoane klean deryn en hy hie twa soldaten by him.
Hy bleau op 'e brits lizzen en seach fansiden. De mannen kamen neist him te stean, mar hy draaide de holle de oare kant oer en seach nei de muorre.
‘Kinne jo ferheard wurde? Ja, it spyt my wol, mar wy hawwe ús wurk te dwaan. Ik moat jo earst noch sizze dat jo soan opbierd leit yn it plysjeburo op it doarp. Dêr moat er fansels wei. Wy kinne syn omskot by jo thús bringe en dan is der foar jo alle gelegenheid om de begraffenis te regeljen. It lyk is al frij jûn en as jo
| |
| |
yn steat binne in ferklearring ôf te lizzen dan litte wy jo daliks frij en kinne jo de dingen dwaan dy't by sokke gelegenheden dien wurde moatte.’
Hy sei: ‘Se sille der wol mei rêde.’
‘Jawis, jim binne miskien by de begraffenisferiening, mar wat der dien wurde moat dat witte jo better as ik.’
‘Lit it sa mar.’
‘Hoe bedoele jo dat, wolle jo dersels net by wêze?’
‘Hy is ommers dochs dea.’
De man wachte even. ‘Hoe seinen jo?’
‘Hy is ommers dochs dea.’
‘Jawis, no ja, ik sis it út goederbêst. Jo moatte it fierders sels mar witte. Ik soe sizze, kom der dan mar ôf en gean mei.’
‘Moat ik wer foar de hearen?’
‘Ja, dat kin net oars.’
Hy bleau lizzen, hy sei: ‘Ik wol de man net wer sjen, dy man yn 'e moaie keamer.’
‘Dy komt der net by. Dit is in oare ôfdieling.’
‘Ik fergriem dy man.’
‘Jo hienen him al hast fergriemd, hy gappet op dit stuit noch nei de siken. It wie net ferstannich fan jo, al kin ik it my wol yntinke. Mar it wie net ús doel, wy hienen it jo besparje wold.’
Hy riisde oerein, it triljen begûn wer, hy fielde it oankommen.
‘Ik moast it sels útfine. Earst myn jonge fermoardzje en him dan brûke om my út te kloarkjen.’
Hy die in taast oerside, mar de earms wienen him swier en ynpleats dat er de man by de strôte pakte, liet er de earms falle en begûn er te skriemen. It duorre net salang en fan dat skriemen gong it triljen oer.
Hy sei mei de klam op elk wurd: ‘Wat binne jim ûndieren. Ik miende dat ik der wat fanôf wist. De
| |
| |
maresjesees hawwe my faak knoeid en de plysje ek. En ik tocht dat der gjin minder folk wie as rjochters en oare grutte hearen. Mar jimme binne it. Grutter ploerten as jim soarte is der net. Jimme lizze it mei de Dútsers oan en dogge foar harren in smoarge wurk.’
De man sei koart: ‘Mei nei it hok.’
De soldaten lutsen him fan de brits, hy hie gjin oanstriid om him te fersetten. Hy sei allinne: ‘Jo bedije neat, jo krije neat út my.’
‘Dat sille wy dan wol ris sjen,’ sei de man.
Hy wie o sa wis fan himsels. Doe't se him neist de brits oerein setten, rjochte er dwers troch de pine hinne de rêch en stapte weardich foar de soldaten út. Se brochten him nei in keale sel dêr't oars net yn stie as in stoel. Dêr gong de man op sitten en de soldaten postearden him der rjocht foar. Se gongen elk oan in kant stean en holden him by 't skouder beet.
De man sei: ‘Ik tocht datsto hjoed genôch meimakke hiest. Ik jou dy noch ien kertier om ta dysels te kommen. Langer net, want de minsken dy't wy ha moatte, hawwe al te lang omrûn. Wy wolle fannacht noch in razzia hâlde en de kopstikken oppakke. Foar dy tiid moatte wy de nammen ha. Dy nammen wolle wy fan dy ha en fan net ien oars. Do krijst in kertier om nammen en adressen op te skriuwen. Hjir is in potlead en papier.’ Hy naam it net oan.
‘Ek goed, oer in kertier komst hjir wer en dan skriuw ik se wol op.’
Se brochten him werom nei de sel. De oare man stie rûngear by de tonne en frege: ‘Binne jo wier fan doel om neat te sizzen. Witte jo der wier neat fan?’
‘Ik wit wol wat, mar ik sis neat.’
‘Se hawwe oan in bytsje genôch, ien namme binne se al tefreden mei.’
| |
| |
‘Ik ken wol ien, mar de man hat my noait wat misdien. It is in flapdrol, hy hat in oranjestrikje ûnder de kraach. It is ek noch in grutte skiter, oars hold er dat strikje net ferburgen.’
‘Wat docht er yn de yllegaliteit?’
‘Hy rêdt mei ûnderdûkers en joaden en sa en as der fleantugen mei wapens komme dan is er ek yn 't spier.’
‘Dus dy fent hat jo soan de dea ynjage. Man, wat let jo dan.’
Dat er Germ de dea ynstjoerd hie, wie net wier. De jonge liet him net stjoere. Hy hie Germ noait stjoerd, it heugde him net iens dat er him oait wat hjitten hie. It fanke hie him miskien al oanfitere, mar hy naam it har net kweaôf. En Germ hie al omgong mei guon fan de yllegaliteit doe't er oan har noch gjin kunde hie. Hy hie neat op it fanke tsjin, hy hie har altiten graach lije mocht.
In senuwpil, sei Gryt. In gleon frommes, sei Willem, se wol Germ bytiden wol yn 'e gulp krûpe. Neffens Gryt skamme it fanke har nearne foar. Se seach it mispriizgjend oan as se moarns yn 'e ûnderbroek nei de pomp draafde. Hy seach ek in soad nei har, mar mei oare eagen. En as hy simmerdeis yn it achterhûs slepte, wachte hy derop dat Germ en it fanke tegearre nei de souder gongen.
‘Sliepe jo wer?’
De man stie neist him.
Hy die de eagen iepen en skodholle.
‘Ik ha noch net in bern nei 't hôf bringe hoegd,’ sei de man. ‘Ik wit net wat dat is, mar it liket my slim ta. En ik wol hjir sa graach wei. As it jo neat skele kin, wolle
| |
| |
jo my dan net helpe?’
‘Dan help ik jo der miskien út, mar in oaren-ien deryn. Ik kin jo net helpe.’
‘Bin ik dan minder as dy man? Jo seinen sels dat it in flapdrol wie. Jo meie my miskien ek net lije, mar ik stean hjir foar jo.’
‘Ik ha neat op jo tsjin. Ik ken jo net, ik ken dy oare man trouwens ek net, dat it bliuwt wakker gelyk. Mar hy is sawat like âld as jo en ik leau wol dat er jonge bern hat, krekt lykas jo.’
‘As it dan neat útmakket...’
De man eamele der oer troch, hy joech mar gjin antwurd mear.
Mei in goed kertier wienen de soldaten der wer. Se moasten wer nei dy keale keamer, mar se setten him no op 'e stoel en de oare manlju gongen om him hinne stean. Se seagen fan boppe op him del en se seinen dat er net oerein komme mocht.
‘Dyn soan hast al ferlern,’ sei de man, ‘asto dysels der no ek noch oan weagje wolste...’
‘Dêrom krekt,’ antwurde er kalm.
‘Jawis, do sjochst der ús op oan dat se de jonge deasketten ha en út wraak hast it no yn 'e kop om neat te sizzen. Mar do wolst dochs wol werom nei dyn frou en nei de fiskerij?’
‘It kin sa wol ta.’
De man begriep it net. ‘Do hast leau ik net yn 'e gaten dat it foar dy sa ferkeard ôfrint.’
‘Ik ha dochs sein dat it sa wol ta kin?’
‘Wolst net wer frij komme?’
‘Ik ha der gjin belang by.’
‘Dat sille wy dan ris sjen.’
Hy joech de soldaten de wink en gong dersels út.
De soldaten begûnen him te slaan, net fûl, mar wol op
| |
| |
gefoelige plakken. It duorre mar even, doe kaam de man werom: ‘Dit wie noch mar in priuwke, hoe liket it no?
Hy siet rjocht op 'e stoel, suver mei in slach yn 'e rêch en hy sei neat.
‘Jou my antwurd.’
Hy hie syn nocht fan dat freegjen en doe't er wat sei wie it mear foar himsels as foar de oaren. ‘Ik ha sa faak dingen tsjin it sin dwaan moatten, dêr hâld ik no mei op. It hoecht no net mear.’
It wie in ûnferstân, dy man. Hy frege mar troch en makke him hyltyd lulker. Hy gong der geregeldwei út en dan begûnen de soldaten wer te slaan. Earst kearde er de klappen mei de hannen en earms op, mar hy rekke fan 'e stoel en doe't er oer de flier lei, trapen se him. It duorre lykwols noait net lang en it wie te fernimmen dat de soldaten har ynholden.
De man kaam deryn en sei: ‘Sa, dit wie it begjin. Do krijst no noch in kertier de tiid en dan wurdt it tinken.’ De soldaten brochten him werom nei de sel.
|
|