Ik wit hwat it is, mar ik wol hjir sa graech wei. As it jo neat skille kin, wolle jo my dan net helpe?
- Dan help ik jo der miskien út, mar in oaren-ien der yn, sei er. - Ik kin jo dy namme net sizze.
- Bin ik dan minder as dy man? Jo seinen doch sels...
- Ik ken jo net, ik ken dy oare man trouwens ek net, dat it bliuwt wakker gelyk. Mar hy is net sa âld en ik leau wol, dat er noch jonge bern hat, krekt lyk as jo.
- As it dan neat útmakket...
De man seurde der oer troch, mar hy joech der gjin antwurd op.
Hy wachte op de soldaten, dy't der mei in heal ûre al wienen en him troch it gonkje nei it keale hokje brochten. Se setten him nou op de stoel en de manlju stienen der om hinne.
- Dyn soan hast al forlern, sei de man, - astou dy der sels ek noch oan weagje wolste...
- Dêrom krekt, sei er.
- Jawis, dou sjochst der ús foar oan, dat wy dy jonge dea sketten ha, en út wraek wolst nou swije. Mar soest net werom wolle nei dyn frou en nei dyn wurk.
- It kin sa wol, sei er, mar de man bigriep it net.
- Dou hast leau ik net yn 'e gaten, dat it foar dy forkeard ôfrint, sei de man.
- Ik ha dochs sein, dat it sa wol ta kin?
- Wolst net wer frij litten wurde?
- Ik ha der gjin bilang by.
- Dat sille wy dan ris sjen, sei de man.
Hy joech de soldaten in wink; hy gong der sels út.
De soldaten bigounen him to slaen, net fûl, mar wol op gefoelige plakken. It duorre mar even en doe kaem de man der wer yn. Hy sei: - Hoe liket it nou?
Hy siet rjochtop yn 'e stoel, hy sei neat.