Dat is eigenaerdich, mar ik wit nou krekt hwat ik al wollen hie.
Hy moast lykwols noch in pear dingen op 'e rige sette. Earst dat gefal yn Dútslân. De jonge wie doe al in jier as tsien. Se sieten by it spoar, dat koe net misse, hwant alle wiken arbeiden se earne oars. En it gong fan Douwe Krist út. Dy hie oanhâld krige en sei, dat dit syn soarte wie. As ik noch ris trouwe wol, helje ik my sa'n-ien út Dútslân, sei er. Wy meitsje der in moaije joun fan, wy kuijerje in eintsje en dan net to folle spul, broek út en helder op. Sa binne dy froulju hjir, se ha der aerdichheit oan. En noait gjin gekrimmenear fan: Moat it nou al wer, welné, hwat faker hwat better.
- Ha jo wol ris yn Dútslân west? frege er de oare man.
- Ik net, en ik sjoch der ek net nei út. It moat min wêze yn dy kampen. Se hawwe it oer Amersfoart hawn. Wolle se jo nei Dútslân stjûre?
- Né, dat bidoel ik net. Ik wie der yn de tweintiger en tritiger jierren. Meastal in heal jier, mar soms ek wol in moanne as acht. Ik ha dêr in frommis hawn, dêr hie 'k eins wol by bliuwe wold.
- Ik woe wol, dat jo it oer hwat oars hienen, sei de oare. - Froulju is op 't heden it lêste hwer't ik forlet fan ha. Jo kinne oars ek better oan jo eigen frou tinke; dy sil op dit stuit wol forlet fan jo ha.
- Dat hat hja noait hawn, sei er. - It is in goed fanke en in bêste húshâldster. Se kin de boel omraek by inoar hâlde. Ik ha yn jierren net by har slept.
Heit hie it mear as ien kear sein. By Hindrik is elk skot in einfûgel, en dou hast mar ien. En dat hat ek noch in forsin west. Sa'n grou frommis as Gryt, it is allegear fleis.
Dat sei Geart Heida ek doe't se togearre op Sweachster merke wienen. Bisykje dou it mar by dy, sei er. In stevich fanke, dêr kinst hwat mei bilibje. En hy mei de oare, dêr't er letter fan sei, dat er noch dy selde jouns fan 'e kruk west hie. Neffens