- Jo wisten fansels ek net, dat dy trije minsken earjuster in pear kear yn it doarp west hawwe. Elkenien hat se sjoen en praet der oer, mar jo wisten it net.
- Ik ha al sein, dat ik selden yn it doarp kom. Ik sit altiten op 'e pôlle. Hwat is der mei dy minsken?
- Dy soenen fannacht troch in fleantúch oppikt wurde en in ploechje minsken moast har dêrby helpe.
- En dêr soe Germ dan by west ha?
- Dêr wied er by. En nou wurdt it tiid, dat wy saken dogge.
- Ik moat earst mei him prate.
- Dat kin net, en nou sil ik jo krekt fortelle hwer't it op stiet. Jo moatte nou, op dit stuit, in bikentenis ôflizze, oars nimme wy jou soan ûnder hannen. Dat bitsjut, dat jo him net wer sjogge. Hearre jo my goed? Dan sjogge jo him net wer.
- Hwerom net?
- Op dit soart dingen stiet de deastraf, dat wit elkenien.
- En krijt er dy net as ik jo it ien en oar fortel?
- Dat is to sizzen, wy kinne dan rekken hâlde mei syn leeftyd. Formeel hat er de deastraf fortsjinne, mar jo kinne him rêdde. Yn útsûnderingsgefallen meije wy dat dwaen, en dit is sa'n útsûndering. Wy ha mear bilang by de minsken dy't feilich efter de skermen sitte as by de domkoppen, dy't it smoarge wurk opknappe.
- Ik ken de minsken net, sei er. - As Germ der by west hat, dan sil dy wol mear witte. Dêrom moat ik earst mei him prate.
Op dat stuit bigoun er wer twifelriedich to wurden. De jonge syn tabaksdoaske lei dêr, en syn bûsmes en de oanstekker. - Ik moat earst mei him prate, ik wol him sjen.
De man joech gjin antwurd. Hy krige in sigret en socht om fjûr. Doe't er om 'e nocht yn syn bûsen taest hie, krige er Germ syn oanstekker en bisocht it dêrmei. It ding woe net, lyk as meastentiids. De man knipte der mei om en biseach him. Doe't