foardat it wurk bigoun, en doe't er werom kaem, wie it der wer sahwat oan ta. Se arbeiden mar in wike as trije, doe moast der staekt wurde, omdat de feanbazen op it lean koartsje woenen. Hy koe eins net sûnder fortsjinst. De jonge wie der ûndertusken, in tjirmer neffens heit en Hindrik. En se hienen it nocht der goed ôf en help syn húshâlding troch de tiid. Hindrik moast, wylst hy yn Crackstate mei syn fjirtjin moanne dwaende wie, in loop nei Boarnburgum makke ha, dêr't Gryt har folk wenne, mar dy hienen genôch oan harsels.
Om de jonge gong er nei de earmfâld op 'e Sweach en Gryt stjûrde him ek nei de dominé, dy't it goed miende en immen gau ris hwat taskoude. Hy arbeide ek in pear wike by in boer yn âld Beets, foar fiersten to min jild, mar as er mear forstjinje woe, moast er nei de Grinzer klaei en hy woe net by de jonge wei. It hat ek noch even it doel west, dat er as fêst arbeider nei in boer yn Boarn soe en der wie in keammerke by. Gryt wie der o sa wiis mei. Heit spuide der oer, sa lulk wied er en Hindrik sei: - Is 't dy yn 'e plasse slein? Ien fan ús by de boer, it moat net mâlder wurde. Ast sels net doarste, sil ik Gryt wol sizze hwer't it op stiet.
Hy sei: - Ik doch it net om Gryt, ik wol dy jonge net misse.
Hy sei dy boer lykwols op en ear't er it Gryt oansei, kocht er op 'e hoeke mear buorrels as er tille koe, sadat hja it net yn 'e kant sette doarst. Hwant hy hie in kweade drank oer him.
En dochs rêdden se it op mei de jonge.
- It komt fan 'e bananen, sei Gryt.
Alle wike gong er nei de Gordyk om in kilo bananen en dêr krige de jonge trije deis fan. Gryt hie de sinten yn in kopke efter yn 'e kast stean en as der minsken oer de flier wienen, leinen de bananen ûnder it bêd. Der mochten gjin eagen oer gean, dat wie goed ôfpraet, en it jild, dat er foar it skiep bard hie, mocht nearne oars foar brûkt wurde. Letter helle er by de selde boer