| |
| |
| |
Sawn
- Hoe is 't gien? frege de oare.
Hy stie ûnder it pitsje mei de hannen op 'e rêch en seach him op en del oan.
- Wol goed.
Hy joech him del op 'e brits.
- Hoe sa, wol goed?
- Of net goed, dat wit ik ek net krekt.
- Ik ha der ek wer foar west.
- Dat tocht ik al.
- Hoe kinne jo dat witte?
- Se ha jo rokerij jown.
- Forrek.
Hy die de hân foar de mûle. - Dat kinne jo rûke fansels. Ik mocht sa folle smoke as ik woe. Ik ha fjouwer sigretten efterinoar op rookt. Ik bin der mislik fan, mar nou bin 'k ek aerdich sêd. Se wienen geskikt. Der binne smearlappen by fansels, mar der binne ek in pear, dêr is wier wol mei to praten. Jo moatte je fansels net forsjen op dy minsken. Se wurde ek stjûrd en ik jow it jo to dwaen, fier fan hûs yn in frjemd lân...
- Hwat wie 't boadskip? frege er.
- Hwat se tsjin my seinen? Nou...
- Né, hwat jo my to sizzen hawwe.
- Nou ja, se hawwe it der wol oer hawn. Dat hienen jo fan 'e moarn al yn 'e rekken. Ik ha net alles sein. Ik sit der biroerd foar, like biroerd as jo en it is my hwat wurdich as ik hjir wei kin. Ik ha in húshâlding mei trije jonge bern. Ik in...
Hy grypte nei syn liif en tearde dûbel. - Dêr is 't al sa, kramp yn 'e bealch. Hy draefde nei it tontsje en strûpte de
| |
| |
broek del. Wylst er sitten gong, stinde er: - Dat kin sa net langer, de hiele boel sit forstoppe. Ik moat mar freegje oft der ek in dokter komme kin.
Syn praet gong oer yn kreunen.
Hy kaem aerdich ta himsels. Hy wie wol wurch. Ik kin der sa goed net mear oer as eartiids, tocht er.
Yn it earst fan syn trouwen gong it faek yn him om, soms alle dagen. Troch it petear oer Germ en Bareld mei de man yn 'e moaije keamer, kaem it werom: it gefoel fan spyt, dat hy net nei Amerika gien wie. Germ woe it graech, hwant dy doarste allinne net earlik. Hie 'k it mar dien, hie 'k it mar dien. Der wienen tiden, dat er it alle dagen in pear kear tocht. Der gong doe sa'n greate rop fan. Jonges fan sawntjin, achttjin jier setten der hinne en se fortsjinnen jild as wetter.
It hie om it jild net oergean hoegd. De reis kostte doe 80 goune en mei safolle jild wied er wolris út Dútslân kaem. Se hienen ek ris in hiele simmer yn 'e turfmakkerij sitten en net ien kear staekt en nei dy simmer hied er it dwaen kind. Nei't er oan Gryt hingjen bleau, hied er it noch yn 'e holle, mei of sûnder Gryt en de jonge. As de lêste der net west hie, soed er allinne gien wêze. Der wie wol ien dy't mei woe. Jaep Dykstra koed er goed mei en se hienen it togearre wol rêd.
- Hoechst it om my net to litten, sei de âld man. - As ik tsien jier jonger wie, bisocht ik it ek noch.
- Hwat let jo?, sei Hindrik, - it kin nou ek noch wol.
Hindrik woe net. Hy woe net iens út Beets wei en as se yn Dútslân sieten wied er bytiden suver lytsman. Hy gong letter sa faek net mear mei. By him thús koe it lije. - Myn âld minske kin mei in bytsje ta, plichte er to sizzen.
- It wol net, sei de oare man wylst er it lid op 't tonne die. - It is nou oer, mar it komt fansels werom.
Hy knoffele roungear nei it bankje en gong der op sitten.
| |
| |
Hy mocht de man net lije, fan 't bigjin ôf oan net, mar hy seach wol, dat er der lêst fan hie.
- Op 'e knibbels sitten gean en dan trochsakje, sadat it liif yn 'e knipe komt, dat helpt.
De man seach him oan. - Dat is in grapke, tink?
- Né, bisykje it mar. As wy roppich yn 't liif wienen, dienen wy it ek. De terms wurde by inoar knypt, dat is it.
- Mar it komt by my net fan 'e honger, mar omdat ik forstoppe sit.
- Dat jowt neat. Foar pyn' yn 't liif helpt it ek omraek. Jo kinne dan strak ek wol út 'e broek. In bytsje pipermintoalje soe noch better wêze. As it ús barre mocht, hie mem it gauris yn 'e hûs en dan krigen wy in heal théleppeltsje fol. Se hie it by har as wy mei inoar yn 'e turf sieten. Us mem kroade en wy stienen yn 'e bak. Wy wienen noch mar fan dy baeskes en hjerstmis hienen wy almeast de lea fol kjeld, en dan seagen wy nei har út. Hearken, hwat hienen wy dan slim forlet fan mem.
De man knibbele op 'e flier en bisocht it.
- Goed knipe, sei er en hy gong op 'e side lizzen om to sjen hoe't de man it die.
It duorre even, doe sei de oare stinnend: - Fordomd, ik leau dat it helpt.
- Bliuw sa mar sitten. Us mem woe ha, dat it net mear as in kertier lije koe, oars kaem it net goed. Ik wit lykwols net mear hwat der dan net goed kaem. Se hie in soad fan dy kunstjes, dy't neat kosten. Sêftsinnich wie se net, mar dat koe al min oars.
Der kaem him yn 't sin, dat hy it mei it fanke oer Amerika hawn hie. It kaem to praet doe't se sei, dat har heit yn '39 mei de húshâlding nei Amerika wold hie, omdat der út Dútslân sokke mâlle birjochten kamen.
- Hied er it mar dien, sei se.
- Hie 'k it ek mar dien, sei hy.
| |
| |
Se wienen togearre by de fûken lâns. It wie foar har in útsje en se hantlange in bytsje as dêr forlet fan wie. Hy hie in fûke ûnder hannen, dêr't nei alle gedachten in fiskotter ta sitten hie, en hy lei har út hoe't sa'n bist der út seach. Hy hie de boat yn 'e lijte fan in reidpôlle lein en breide de gatten ticht.
Doe't se it der oer hienen, fortelde hy, dat er in kear as hwat op 'e spong stien hie om fuort. - En it hie maklik kind. Ik ha der twa broers en de iene hie ús syn adres stjûrd, sei er. - It hat my letter faek spiten.
- Ha se it goed dien yn Amerika, dy broers fan jo?
- Ik tink it wol, se binne tominsten net werom kaem.
- Hoe sa, skreauwen se dat net? woe it fanke witte.
- Wy ha net sa folle nei skoalle gien, en wy ûnderholden it ek net. Mar Germ stjûrde gauris in ansichtkaert en dêr stie dan yn in pear wurden op, dat it him goed gong.
- En dy oare broer?
- Dêr ha wy neat wer fan heard, hy koe net mei heit.
- Is hy fuort roun of sa?
- Né, wy ha gjin spul hawn, mar de moarns dat er fuort gong, hat er earst ús heit in wan jown.
Doe hied er har mar forteld hoe't Germ de blaupûde del sette, nei de âld man ta roun en tsjin him sei: - En nou krijstou earst noch in wan op 'e bealch, omdatst ús mem deagean litten hast, âlde doerak.
En hy raemde heit yn it boarst en soalde him yn 'e tuseartepôllen, nei't er him in pear stompen yn 'e mage jown hie.
It fanke seach him oan en frege hoeden: - Wie jim heit dan sa'n mâllen-ien, of wie dy broer...
- Us Germ wie net forkeard. Hy is âlder as ik en hy hat ús mem langer meimakke. Neffens Hindrik wied er wiis mei har.
- En hwat die jou heit doe?
- Neat, dy hie aerdich syn bikomst, tink ik. Us Germ lei de
| |
| |
pûde op 'e rêch en sei dach. En sa is er fuort gien.
- Hwat sei er ek al wer fan jou heit?
- Hy sei, dat er ús mem dea gean litten hie. Us mem hat lang siik west, dat heucht my noch. Wy leinen doe yn in pet oan 'e Prikwei. Dat wie doe allegear noch wetter en huzen wienen der hast net. Ik wit net hwat ús mem ûnder de lea hie, mar se krige fansels net tofolle iten en miskien moast se wol oar iten ha, aeijen en molke en sa.
- Koe se dan net holpen warde?
- Dan hie ús heit nei de earmfâld op 'e Sweach moatten. Dy joegen wol ris hwat, net folle fansels en almeast gjin aeijen en oar djûr iten. En it wie foar ús heit in swiere gong.
- Hwerom?
- Us heit woe de hân net ophâlde. Hy wie in fûllen-ien en hy lei by de hearen net op in bêste namme, dat ik wit net oft se him wol helpe woenen.
- Hat er it noait bisocht?
- Ik tink it net.
- Mar as jim mem nou sa slim siik wie...
- Miskien hat er it sels net witten. Der sil wol net in dokter by west ha. En ús mem wie wreed oer harsels.
- Mar soenen jo dat dwaen, as jo frou slim siik wie?
- Dat wit ik net. Wy sieten der letter ek wol slim foar, mar sa slim net.
- Germ fortelt my noait hwat oer Beets en sa, sei it fanke.
- Germ wit ek net sa folle! it wie noch mar in jonge doe't wy der wei gongen.
- Mar jo fortelle him dus ek neat. Hwerom net?
- Hy hat der noait nei frege, tink ik.
By in oare gelegenheit sei hja, dat Germ en hy sa'n bytsje tsjin inoar seinen en dat Gryt en hy hiele jounen swijden. Hy sei doe tsjin har, dat it tsjin frjemd blykber hwat makliker praette.
| |
| |
- Soe 't sa hast kinne? frege de oare man. - Ik leau, dat de pine fuort is.
- Bisykje it mar ris.
- As ik nou út 'e broek koe...
De man gong der foar stean. - Ik hoech it net iens to bisykjen. Hy joech him del op 'e brits.
- Op 'e rêch lizzen gean en knibbels omheech lûke, as 't kin oan 'e skouders ta, dan komt it net werom.
- Hwat witte jo dat allegear goed.
- Wy sitte in ein út 'e reek en moatte ússels meastentiids rêdde.
- Jo hienen it der niis oer hwat myn boadskip wie. Se wolle, dat ik jo útkloarkje, en dat ik it dan oan har oer bring. As it slagget, litte se my frij. Ik ha sein, dat ik it bisykje soe. Ik ha mar net sein, dat ik jo neat wiismeitsje hoech. Doe't jo krekt foar it forhoar wienen, moast ik by dy oare man komme en forslach útbringe. Ik ha bisocht om der hwat fan to meitsjen, mar dy keardels binne sa gehaeid. Se hienen daliks wol yn 'e gaten, dat ik neat oan 'e weet kaem wie. En doe bigounen se to drigen en se seinen, dat ik it noch ris bisykje moast, en dat it oars net sa bêst mei my like.
- Mar se lieten jo ek sigretten smoke.
- Dat wie letter, nei't ik it har útlein hie.
- Hwat leinen jo se út?
- Dat jo net foar ien gat to fangen binne, sil ik mar sizze. Ja, hwat moat je. In bin der mei oan en dêrom siz ik mar planút hoe't it lân der hinne leit. Ik wol hjir fordomde graech wei. Ik wurd hjir op 'e dûr hartstikke gek.
- Dat giet fansels oer.
- By my net, ik forlies myn forstân as ik hjir langer sit.
- De earste wiken binne it slimste, dat is sa.
- Dit is gjin gefangenis, dit is in trochgongshûs. De minsken
| |
| |
dy't net om lyk wolle komme hjir tolânne. Ha jo dy lange gong sjoen, hjir krekt om 'e hoeke? Ik leau grif, dat se dêr keamers ha foar de swiere jonges dy't net bikenne wole. Nachts hear ik soms ynienen minsken razen en dan rinne der soldaten troch de gong. Soks skynt altiten nachts dien to wurden.
- Binne jo dêr forheard?
- Né, mar ik bin der bang foar.
- Dus, jo hawwe noch net bikend.
- Ik ha alles sein hwat ik wist, mar dat is suver neat, hwant ik wit der neat fan.
- Ik ek net.
- Stjerrende wier, se miene dat ik fan alles by de ein haw, mar ik haw oars net dien as hwat hannelje. Ik ha in nustje bonnen kocht, mar as ik witten hie, dat dy troch de illegaliteit út in distribúsjekantoar helle wienen, dan wie 'k der fansels wol ôf bleaun. Mar hoe kin ik dat witte? Ik ha op 'e merk mei dy man ôfdien. Ik kin net iens sizze hoe't er der út seach, hwant it wie heal tsjuster. Dat is alles, mar se leauwe it net. Ik ha tsjin har sein, ik sei: Miene jim, dat dy minsken fan de illegaliteit gek binne? Dy dogge har namme en adres der wier net by. Soks soenen dy Dútsers bigripe moatte!
- En nou litte se jo hjir mar sitte.
- De earste dagen moast ik algeduerigen minsken bisjen, dy't se oppakt hienen, mar ik koe der net ien fan. Doe is 't stadich minder wurden en ik bigoun al to hoopjen, dat ik der sa ôf komme soe.
- Miskien ha se hwat yn 't sin en hâlde se jo salang fêst.
- Ik wit net, ik bin der ôf. Ik woe, dat ik dy mannen hwat wizer meitsje koe. Wist ik mar safolle as jo.
- Ik wit noch minder. Ik ha noait bonnen kocht. Ik forkeapje fisk en ik wit krekt hwer't dy wei komt, hwant ik helje se sels út 'e mar.
| |
| |
- Se skine der oars aerdich wis fan to wêzen, dat jo der mear fan ôf witte.
- Dat leau ik ek.
De man ûnder him kaem oerein en hold de hân op lyk as woed er hantsjeklappe. - Ik wol mei jo akkoardzje. Der komt gjin minske efter, de Dútsers hoege it net to witten. Ik siz harren, dat jo je forpraet hawwe. Ik jow der jo tsientûzen goune oer hinne. Ik ha oan 'e oare kant Snits in moaije keppel skiep rinnen. Wy geane der togearre hinne en dan rekkenje wy daliks ôf. Myn hân der op, en it bliuwt ûnder ús. Dêr ha wy beide bilang by. Jo hoege dy mannen alles net to sizzen. As se mar in bytsje fêstichheit ha, dan rêdde se der wol mei. Tink om jou húshâlding, in oar tinkt der net oan. En jo hoege sels neat to dwaen. Iterstiid binne wy thús.
De man hold de hân wer op en seach him gleon oan.
Hy sei: - It is in min spul. Jo witte folle mear fan de illegaliteit as ik.
Doe bigoun de man sénuweftich to snokkerjen en ynienen stoude er mei de hannen op it liif nei it tontsje. Healweis liet er him op 'e knibbels falle en knypte it liif der tusken.
- Ik gean der oan, ik gean der oan, en dou ek godfordomme, allebeide geane wy der oan. Doch de bek dochs iepen, keardel. Hwat forrekt ús de minsken.
Hy bearde troch wylst er hyltiten mear yninoar dûkte en mei it gat hinne en wer heukere.
Hy lei der noch doe't der in soldaet yn kaem, dy't nei him seach en sei, dat er oerein komme moast. De man hie him net fornaem en fearre oerein. Mar hy tearde fuort wer dûbel mei de hannen op it liif en hy rôp, dat er it bistoar fan de pine. De soldaet liet him gewurde, stapte nei de brits ta en sei: - Mei komme.
Hy die de jekker oan en folge de soldaet. Se gongen wer nei
| |
| |
de moaije keamer en de soldaet bleau op 'e matte by de doar stean. De sinne rekke noch krekt de boppe-einen fan de huzen oan de oare kant. De sinneblinen wienen omheech lutsen en hy seach minsken efter de glêzen.
- Jou lêste kâns, sei de man.
Hy hoegde net to sitten.
- Ik tink net dat jo bigripe hwat dat bitsjut. As wy it dizze reis net iens wurde, kin ik neat mear foar jo dwaen.
Hy seach him oan en gong fierder: - Wy dogge it nou sûnder de omballingen fan fan 'e moarn. Ik ha it goed mei jo bisocht, ik ha jo alle gelegenheit jown, it 't net sa?
- Dat sil 't wol, sei er.
- Ik stel nou rjochtstreekse fragen en ik forwachtsje rjochtstreekse antwurden. Dat moatte wy even goed ôfprate. Dit is de earste fraech: Hawwe jo gjin kontakten mei de illegaliteit?
- Né, dat haw ik al sein en...
- Ho mar, ik sei: sûnder omballingen. Hoe is jou soan by de illegaliteit kaem?
- Ik wit net oft er der by is, ik leau it net.
- Hy is der wol by. Hy is krekt 21 jier, krekt mearderjierrich. Kin er dat allegear bûten jo om dwaen?
- As jo sizze, dat er der wol by is, dan giet dat bûten my om.
- Hwer wied er fannacht?
- Dat wit ik net, hy is net thús.
- Jo litte him mar rinne. Jo hawwe neat yn to bringen. Dy jonge kin dwaen en litte hwat er wol.
- Fan hûs út ha wy leare moatten om ússels to rêdden.
- Sa binne jo great brocht, en sa giet it mei jou soan ek.
- Sa ha wy dat altiten wend west.
- Hy hie yn Dútslân sitte moatten. Hy hat in oprop hawn, mar dat witte jo grif net.
- It stiet my sa net by.
| |
| |
- Mar it is wol sa. Ik ha it neisjen litten. Hy hat oproppen west foar Dútslân.
- Wy binne net wend om ús stjûre to litten, mar hwa wit sit er der wol.
Doe ropte de man ynienen in laid iepen. - Hy is der net, sei er, en tagelyk lei er in pear dingen op it buro: in skurf panterdoaske, in knypmes en in blikken sigretteoanstekker.
Hy seach it daliks wol. Hy hie it net fan tichtby bisjen hoegd, mar hy die dochs in stap nei foaren en stoareage nei it tabaksdoaske, de F. Herder en de fjûroanstekker, dêr't de jonge faek mei omgriemde, omdat it ding sa min woe. Hy fielde him biroerd wurden, in gefoel dat er net earder hawn hie en dat helte slimmer wie as it triljen en it switten.
De man efter it buro swijde.
Hy hie wol hwat sizze wold, mar hy koe der net op komme. Hy hie nou sitte wold, byneed yn dy lege stoel.
De man sei: - Wy ha altiten mear as ien izer yn it fjûr.
It triljen saksearre net en dochs died er neat, omdat it biroerde gefoel yn 'e mage him forlamme. Op 't lêst sei er: - Jim hawwe him.
De man antwurde: - Wy hawwe him.
|
|