| |
| |
| |
Seis
De man yn 'e moaije keamer wie earst allinne. Der siet in offisier by him, in hegen-ien nei alle gedachten. Mar dy gong gau fuort. De soldaet lykwols bleau by de doar stean. De man bleau efter syn buro sitten en hy moast stean.
Hy sei: - Ik liet my fan 'e moarn in bytsje gean. Ik ha it to drok en ik makke my lulk, omdat jo sa ûnforstannich wienen. Ik ha nou jou hiele dossier lêzen en ik ha oer fan 'e moarn ek noch in rapportsje krigen.
Hy lei de hân op it pakje papier mei it brune kaft.
- Ik ha al sein, dat ik bigryp ha foar it slach minsken lyk as jo. Myn heit wie ek in arbeider. Wacht, wy geane der by sitten.
Hy moast wer yn de lege stoel, dêr't er leaver net yn siet, en de man gong tsjin him oer sitten.
- Fortelle jo my nou ris it forhael fan dy fjirtjin moanne. Ik ha fansels de offisjele stikken. Ik ken de feiten en formeel kamen dy fjirtjin moanne jo wol ta. Der is gjin finger tusken to krijen. Mar dy stikken fortelle net de wierheit. De werklikheit is oars; de stikken lige.
De man lei de fuotten oerienoar. Syn skuon wienen noch like glêd as fan 'e moarn. Hy luts de knibbels fan syn broek op en krige in sigret út in houten bakje.
- Fortel ris hoe't dat om en ta gie.
- It is allang lyn en as jo it dochs wol witte...
- Né, jo bigripe my net. Ik wol it fan jo hearre.
Hy tocht nei. - It moat yn dy strange winter fan '22 west ha. Ik wit it noch, omdat ik doe krekt troud wie.
- Yn '22, dat kloppet. Jo binne fan '94. Jo wienen doe dus 28. Jo wienen der net sa bitiid by.
| |
| |
De man hie it brune kaft krigen en lies der yn om.
- Ik hie gjin fêst wurk, en it forlet om to trouwen wie ek net sa great.
- Faek wurkleas fansels.
- Ja, dat gong doe sa, en se wienen ek net sa hyt op ús.
- Fanwegen jou aktiviteiten as der staekt wurde moast en sa.
- Us heit en in pear fan myn broers wienen fûl, en ik die ek wol mei fansels.
- Jou soan is fan '22, sjoch ik hjir. Lit ris sjen, dat wie gjin frijwillige trouwerij soe 'k sizze.
- Né, wy moasten trouwe, oars hie 'k it net dien. Ik hie gjin jild en ik siet in soad yn Dútslân.
- Ja, dêr kom ik strak op werom. Nou earst jou forhael oer dy fjirtjin moanne.
- Dat hat yn Duerswâld west. Wy streupten in soad om oan 'e kost to kommen. Foar in knyn barden wy op 'e Gordyk in pear kwartsjes, dat sadwaende. Yn Duerswâld krige ik in boskwachter efter my oan en dêr ha 'k doe op sketten.
- Hwerom skeaten jo op dy man?
- Wy sieten der biroerd foar. Doe't it bern komme moast, rekke de frou op bêd en it like min. Ik koe der net by wei. Oars hie 'k my wol pakke litten, hwant as frijgesel hie 'k faker sitten en dat lette my net safolle. Winterdeis yn elk gefal net, hwant dan hienen se thús in iter minder.
- Mar se krigen jo dochs noch.
- Hy bigoun sa binaud to âljen, dat ik him net lizze litte doarst. It frear fûl en hy kaem net mear oerein. Ik hie in âld gewear en de hagel fleach alle kanten út, en ik wist net hwer't ik him krekt rekke hie.
- En doe?
- Ik ha him thús brocht, en wy praetten goed ôf, dat wy it stil hâlde soenen. Mar dat hat er net dien.
| |
| |
- Just, hy hat jo deagewoan oanjown.
- Miskien ha se him der wol op ferge. Hy hat der in skoft mei sitten en dat bleau fansels net stil.
- Hy hie wol in forklearring bitinke kind.
- Ik ha sein, dat er my bislûpte, en dat ik him foar in ré oan seach, en hy hat sein, dat er it net krekt mear wist. Hy hat it dus skikt, mar dat sil er wol dien hawwe, omdat er binaud foar ús wie.
- En jo gongen fjirtjin moanne de bak yn.
- Sa is 't.
- Hwa soarge salang foar jou húshâlding?
- Dat ha se by ús thús dien. Dêr hienen se ek neat, mar se koenen yn elk gefal de kachel waerm hâlde. En ús Hindrik hat dy winter in pear kuorfol ierpels út in bult raemd. Dat wie by in boer yn Ald-Beets.
- En net ien autoriteit, dy't him om jo frou en bern bikroade?
- Fansels net.
- Krekt, en nou dy sawn moanne.
- Hoe't 'k dy krigen ha? Dat hat earder west, folle earder. Ik tink, dat ik doe noch gjin tweintich wie. Se staekten rounom, yn Beets seinen wy boljeijen, en wy holden moarns appel op 'e hoeke by de herberch yn Beets. Dêr kaem de marechaussé dan ek by. Se setten dat hynstefolk om ús hinne en as it harren to bot gong, dan lieten se de hynders in pear stappen foarút gean. Wy stienen optlêst stiif op inoar en dan koenen se ús better baes. Dy kear mislearre it, mar hoe en hwat wit ik net krekt mear. Se wienen oeral yn 'e slach, ek yn 'e herberch.
- Hwant jim sloegen der ek op yn.
- Soms wol, mar wy koenen se net ha. Ik ha in soad klappen hawn.
- Foar dy klappen ha jo gjin sawn moanne krigen.
- Wy wienen mei syn fjouweren, en wy ha allegear it selde
| |
| |
krige. It heucht my noch, dat ús Hindrik it hynder by de bek krige.
- Hwa is Hindrik?
- Op ien nei de âldste. Wy wienen mei syn seizen as bern, fiif jonges en in fanke. Der hat noch ien west, mar dy is jong stoarn. Ik ha se net kend en Jantsje libbet ek net mear. Us Germ en Bareld binne nei Amerika gien, Germ earst en Bareld in pear jier letter. Bareld ha wy noait wer hwat fan heard.
- Dy Hindrik, libbet dy noch.
- Ja, en Thomas ek, ik ha tominsten gjin birjocht hawn, dat der hwat wie.
- Hwat sette dy mannen út 'e wei?
- Dat wit ik net. Hindrik siet altiten yn 't grounwurk, en Thomas moat yn Houtigehage wenje. Hy hannelt hwat en hy hie ek hinnen, mar ik wit net hwat er nou docht.
- Jo komme net sa faek by harren?
- Né, it is jierren lyn, dat ik yn Beets west ha.
- Spul hawn of sa?
- Wy ha noait spul hawn, mar wy wenje in ein út 'e reek.
- Goed, jo wienen mei Hindrik dwaende.
- Us Hindrik hie it hynder by de bek, dat wit ik wol. Salang as jo it hynder beet hienen, koenen se jo net sa maklik binei komme. En se skopten it dier ûnder de bealch, en dan smiet sa'n hynder de kont omheech en as jo gelok hienen, rekke de man der ôf. En oars hied er wurk genôch om yn it seal to bliuwen en kaem er oan slaen net ta. Mar dizze sloech wol, hwant der siet in foalle yn dat hynder en ús Hindrik is in bistefreon. Ik krige in klap mei de stompe kant fan de sabel oer it skouder en dat die glûpende sear. De oaren wienen ek dûm en wy ha him der meiinoar ôfskuord en him in wân jown. It hie oars net hoegd, hwant wy woenen doe wol om lyk. De staking bigoun to forrinnen.
| |
| |
- It hie net hoegd, sizze jo, mar dat koe de rjochter neat skille.
- Ik leau wol, dat wy it sein ha. De marechaussé feegde der sa mar yn. Mar se sille ús net oanheard ha, tink ik.
- Krekt, dêr woe ik jo ha. Ik hoech jo aens neat mear út to lizzen. Wy geane noch even fierder. Hoe komme jo oan..., lit ris sjen, dy fjouwer wike. Ik pik der sa mar hwat út.
Hy wist it net mear, hy hie safolle fan dy lytse poarsjes útsitten. En de man makke him hwat erchtinkend.
- It sil foar streuperij wêze. De kantonrjochter op 'e Sweach hie in hekel oan streupers, hwant wy sieten in soad yn syn bosk.
De man glimke hyltyd mear. It gong him, sa't skynde, skoan nei 't sin. Heit syn sechje wie, dat men net gau to min sei as men foar de hearen moast. Tink der om, alles hwatst seiste, moatst wiermeitsje kinne. Mar dan gong it om oare dingen. Dit wie in petear oer eartiids en hy hoegde neat binefter to hâlden.
- En hwerom streupten jim?
- Om oan 'e kost to kommen. Wy ieten se sels net op. Wy brochten se nei de poelier en foar it jild kochten wy Amerikaensk spek en fet.
- De need wie sa great, dat jim streupe moasten.
- Sa is 't wol sa hwat, mar wy hienen der ek wol aerdichheit oan.
- Hat der oait in rjochter west, dy't der rekken mei hold, dat jim oars neat hienen om troch de tiid to kommen? Hat de rjochter, dy't jo fjirtjin moanne joech der bigryp foar hawn, dat jo net by de húshâlding wei koenen? Welné, dêr ha se net oer prakkeseard. In arbeider telde net mei, in arbeider hie gjin rjochten. En nou myn fraech: Wolle jo dizze minsken werom ha, moatte wy sokke tastannen yn 'e takomst ha? Jowe jo my dêr ris antwurd op.
- It hoecht om my net, sei er.
| |
| |
- Dat soe 'k ek sizze. Noait wer fansels. Dy tiid komt ek net wer. Dêr sille wy foar soargje, mar de minsken soenen dat hwat better bigripe moatte. Se soenen ús helpe moatte, jo ek.
De man gong oerein en roun nei syn buro ta. - Lit dat mar ris yn jo omgean, en dan sille jo it úteinlik mei my iens wêze.
It wie noch net dien, bigriep er wol. Hy wachte ôf en seach nei bûten. De sinne kaem fansiden en sette de finsters oan 'e oare kant yn it ljocht. De loft wie noch altiten blau.
- Hwat sizze jo derfan?
- Hwat moat ik der fan sizze. De plysjes dy't my eartiids ha woenen, sitte my nou noch efter en ik leau, dat de boargemasters wakker de selden binne.
- It giet fansels net om in pear plysjemantsjes en ek net om in boargemaster. As jo trouwens klachten ha, dan wurde dy earnstich yn bihanneling nommen. Dat is al gâns oars wurden. Mar dêr giet it net om, it giet om de greate dingen.
- Ik wit der net folle fan; ik kom hast net ûnder de minsken en ik ha mei net ien gedoente. Dat wol ik ek net.
- Jo fiele jo hwat toloarsteld. Jo miene, dat it dochs neat jowt. Hwerom binne jo eins út Beets wei gien?
Hy sneupte yn 'e papieren.
- Ik bin tafallich oan dizze fiskerij slagge. Ik siet doe krekt sûnder wurk, dat ik koe it al gau bisykje.
- Jo hienen krekt foar dy tiid fêst wurk hawn.
Se wienen goed op 'e hichte. Sels dy blaumoandei by de polder, dêr't er it leaver net oer hie, wisten se fan ôf.
- Dat hat mar even west, dat wie neat foar my.
De man frege der net fierder op yn en dêr wied er bliid om.
- Lit ús oannimme dat jo gjin gedoente mei de minsken ha en dat it jo ek net sa folle skille kin hwat der optheden yn 'e wrâld bart. Lit ús fierder oannnimme, dat jo fannacht thús west ha en neat fornamen.
| |
| |
- Dat is sa. Ik ha it fan 'e moarn al sein. As it oan de oare kant fan 'e mar west hat, dan kin dat skoan, hwant by dizze wyn giet it lûd fan ús ôf. En ik ha ek sein, dat wy yn bedsteden sliepe en dy binne net hoarich.
- Goed, mar jo wenje op 'e romte; in gaedlik plak foar minsken, dy't leaver net tusken it folk forkeare, is 't net sa?
- Dat koe wol, mar ik kin it ek net helpe, dat ik dêr wenje.
- Jo hâlde jo dom. Ik wol oannimme, dat jo jo nearne mear mei bimuoije. Ik kin my dat wol yntinke. Mar ik kin my net yntinke, dat der noait minsken by jo west ha mei bipaelde forsykjes. Of ha 'k ûngelyk.
- Ik bigryp jo net.
- Jo bigripe my wol, mar ik sil it wol sizze. As ik ûnderdûker wie, dan gong ik nei jo ta.
- Ik wol der gjin gedonder mei ha.
- Akkoard, mar hat der noait ien west to freegjen?
- Se kenne my wol. Se witte hoe't ik der oer tink.
- Jo jowe gjin antwurd op myn fraech.
- Sa 'k sei, se kenne my wol. Der hat noait ien west. It kin ek net. Wy ha sa'n plat hûske út 'e tritiger jierren mei ien keammerke.
- Ik lês hjir, dat der fan 'e moarn fjouwer bêdden teld binne. Hy hold it rapport omheech. - Fjouwer bêdden, is dat net ryklik?
- Dat ha ik fan 'e moarn al útlein. Plysje Bolhuis frege der nei. Simmerdeis sliep ik gauris yn it efterhûs, omdat it der net sa smûk is as yn it bedsté, en dat bêd op 'e souder is fan 'e jonge.
Hy sei it mei opset sin, en hy wachte ôf oft de man ek oer Germ bigjinne soe.
- Jo ha ek yn Dútslân sitten, hèn? Hat it lang west?
- Noait langer as seis, sawn moanne oan ien stik, en wy gongen dan mei in hiele ploech.
| |
| |
- Der waerd goed fortsjinne, is 't net sa?
- Wy koenen der hwat jild oerhâlde.
- Arbeiden jo by de boer?
- Dat ha 'k noait dien. Ik ha in skoftsje yn 'e minen sitten, mar meastentiids sieten wy by it spoar. Der waerden doe in soad nije spoarlinen makke.
- Hoe like it jo ta yn Dútslân?
- Der wie mear wurk en de minsken hienen it der better as by ús, doe al tominsten. Mar der hat ek in tiid west, dat de Dútsers by ús kamen to meanen en sa, dat sille jo wol witte.
- Jawis, mar dat wie in oare tiid. Doe't jim der sieten kaem it nasionael-sosialisme op en dat holp jim oan wurk.
- Der wie doe wol hwat oan 'e gong, mar dêr hienen wy net folle mei to krijen. Wy hienen ús eigen ploech, en wy kamen der om to arbeidzjen.
- Ha jo der noait oer tocht om yn Dútslân to bliuwen?
- Wy hienen de húshâlding yn Beets en wy woenen dêr wêze. Ik wit ek net krekt hwerom.
- Der is oars nochal ris ien bleaun.
- By ús wei net, mar ik ha der praet oer heard. Dat wie letter, ik ha der sûnt '36 net wer west.
- Dy minsken hienen it frij hwat better. Dy witte it forskil tusken de âlde en de nije tiid en dêrom witte se nou ek oan hokker kant hja stean moatte. Dy minsken wurdt optheden frij hwat mear fan frege as fan jo. De manlju steane oan it front, de froulju yn 'e fabriken. Wy hoege hjir suver neat to dwaen. Dútslân docht alles foar ús. Ik freegje fan jo allinne mar in pear ynljochtingen. It let ús neat as jo swije, wy komme it dochs wol to witten. It is mar in lyts kunstke en pak in pear hûndert minsken op. Der sitte altiten guon by, dy't fuortdaliks bigjinne to praten. Mar wy dogge it leaver net. Unskuldigen wurde de dupe en it jowt opskuor. Ik nim oan, dat jo net forkeard binne. Ik wit
| |
| |
skoan hoe't de gewoane minsken der oer tinke; se wolle wol, mar se doarre net. Se wurde troch in lyts groepke terroriseard. Dat binne minsken dy't wol sjogge, dat se har tiid hawn ha, mar se wolle har oan it lêste ta forsette, omdat se neat to forliezen hawwe. Ik hie tocht, dat jo moediger wêze soenen. Dat leau ik noch. Jo binne net binaud, dat docht út dizze stikken wol bliken. Jo hawwe altiten foar jou miening útkomme doarst.
Hy lei it brune kaft op syn buro. Hy hie in sigret krigen en stiek der de brân yn. Mar der kaem neat, en doe sei er: - Wel, dêr hâlde wy it dan mar op.
De Dútse soldaet krige in wink en kaem nei foaren. Hy hise him út 'e stoel en bleau even stean. Hy sei: - Dit is in forsin, ik ha neat to sizzen. Ik stean der bûten en ik wol der neat mei to meitsjen ha. Dat is dochs net forbean? Ik ha myn fiskerij en dêr fortsjinje ik optheden aerdich myn brea mei. Ik ha der gjin forlet fan en fyn noch hwat oars út. Hwerom moat ik hjir yn bihelle wurde? Ik wol it net iens witte, it binne myn saken net. Hwat kin it my forrekke hwat se nachts op 't mar útspoekje. As se mar fan myn fûken ôfbliuwe. En as jim nou sizze, dat yn dizze tiid in arbeider net mear oerlevere is oan de hege hearen, fortel my dan ris hoe't it mooglik is dat ik samar oppakt wurdt? Eartiids seinen se der daliks by hwer't se my foar ha moasten, mar dat dogge jim net iens. Jim dogge mei de minsken hwat jim goed tinkt. Ik ha neat mei de rotsoai to meitsjen en ik fordom it om hjir langer to sitten.
De soldaet grypte him yn 't skouder. Doe't er troch de gong roun, hold it triljen gaueftich op. Hy fage syn switterige hannen oan 'e broek ôf en liet him opslute.
|
|