Hy sei tsjin Gryt, dat se de kofje waerm meitsje moast en hy helle de reiden stoel út 'e hûs. Wylst hy der mei troch it gonkje kaem, sei Gryt, dy't by it stel stie: - Dit komt net goed, hjir moatst hwat fan sizze.
Hy sette de stoel neist de reinwetterbak en sei tsjin it fanke, dat se mar sitten gean moast. Germ hie him op 'e fierste kant fan 'e bak deljown en praette mei Willem, de ûnderdûker. Hy biseach de side en woe der fuort mar in kleaune fan meitsje.
- Kinst my moai even helpe, sei er tsjin it fanke, en lei har it reau oer de hannen. En tsjin Germ sei er, dat er in jas ophelje moast, hwant it fanke huvere. Hy murk wol, dat de jonge der in bytsje mei oan wie. Hy hie noait earder mei in frommis thús west, en Gryt en hy wisten net iens, dat er oanslach hie.
Se sei: - Ik bin net kâld, mar it is hjir sa stil en sa great.
- Dat went wol, sei Willem, - ik ha dat earst ek hawn.
Hy sei: - It is in stille joun, dat ha wy net sa faek.
Germ lei har út, dat se hjerstmis it wetter wol ris oan 'e drompel ta hienen.
It fanke stoareage oer de greide, dêr't in keppel kij weide yn 'e opkomende dauwe. En doe nei de damp, dy't út 'e Heafeart omheech kaem, en nei de greate wetterflakte, dy't fansiden lei.
Hy hie der sels noait ta wenne kend. Der wie tofolle wetter en to folle greide. Hy hold fan de petgatten mei hagen fan els en wylch der tusken. De dize naem ek de rook mei fan dong en kouweswit, dêr't er net oer mocht.
- Nou, hjir is noch hwat kofje, sei Gryt.
Se sette de koppen op 'e bak en brocht har stoel yn 'e hûs. - Ik hâld mar op, it bigjint al to skimerjen.
Hy joech har ien fan de bakken kofje. - It is nou noch waerm.
Har lange fingers trillen in bytsje en se luts út en troch mei de mûle. Se seach nei Germ, dy't mei de rêch nei har ta siet en tsjin Willem praette.