| |
| |
| |
Fjouwer
As it oan de fine master Braaksma, de man mei it oranjestrikje ûnder de kraech, lein hie, dan soe de man yn 'e moaije keamer it by de rjochte ein hawn ha. Dy skoalmaster sei it hwat oars, mar it kaem op it selde del. Yn 'e hjerst fan it earste oarlochsjier kaem er al op 'e pôlle.
- In gaedlik plak, sei er nei't er hwat omsneupt hie.
It wie om in mieltsje iel to rêdden, jawis, mar yn it doarp siet oars ek in fisker en dy wie fan syn kant.
Hy hie it wol yn 'e gaten. In pear wike letter wie de skoalmaster der wer.
- O sa geskikt, net ien kin jin hjir ûngemurken binei komme.
Mar hy makke noch in reis ear't er mei syn boadskip kaem: oft er út en troch in hantaest dwaen woe foar in goede saek. Hy wegere planút, en Gryt, dy't der by stie, sei, dat se net wer yn it lijen woenen. Dat ergere him en hy gong nei de boat ta. De skoalmaster bisocht it Gryt lit to lizzen en kaem even letter by him.
- Mar as wy út en troch immen ha, dy't in skoftsje oan 'e kant moat?
- Hoe bidoele jo dat?
- Wel, der binne minsken dy't yn libbensgefaer forkeare. As se dy pakke, krije se de kûgel.
- Hwa't se efter de broek sitte, kin komme, mar oars net, hied er sein. Dêr hie de skoalmaster genôch oan. Gryt wie der lulk om en se woe him biprate. Doe't it net slagge kaem se mei de forwiten, dy't er jierren hearre moaten hie en letter kaem it stúmske swijen, dêr't er ek wol yn bihurde wie.
De earste kaem ridlik gau del en hy sei tsjin Gryt, dat de man
| |
| |
op 'e tiid syn wiet en droech ha moast, en dat die se. Mear as fjouwer tagelyk hienen se noait hawn, en sa gau de skoalmaster him yn oare dingen bihelje woe, sei er koart en dúdlik, dat er net woe. Der hie noait in wapen op syn hiem west. Syn eigen jachtgewear, de foarlader fan de âld man, hied er net iens thús. De man yn de moaije keamer hie him yn 'e kaert sjen litten. Syn strafregister, dat wie 't him. Se tochten, dat hy ien fan 'e mannen wie. Mar der sieten by him allinne mar minsken, dy't socht waerden. Hy frege noait hweromt se ûnderdûke moasten. It koe him neat skille hwat se út 'e wei set hienen.
Yn '40 ek net, doe't der twa jonges in dei as fjirtjin yn 'e skuorre hísmanne hienen. Hy wie der net iens wis fan oft it ien fan Thomas wie. Bigj in maeije stienen se op in joun sa mar op 'e pôlle, twa jongkeardels yn soldatepakjes. De lytste sei omke tsjin him en fortelde, dat er ien fan Thomas wie, en se seinen, dat se it forpoften en fjochtsje foar koaningin en faderlân. Thomas wie in pear jier foar him forhuze en hy moast op 'e Houtigehage sitte. Hy hie in keppel bern en it koe bêst ien fan him wêze. Gryt wie der fansels op tsjin, dat se de jonges ûnderdak joegen, mar hy sei it selde as letter: Hwa't se efter de broek sitte, dy komt mar. Fjouwer wike letter setten se ôf en hy hearde der neat wer fan. It hoegde om him ek net. Hy hie de soldatepakjes, dy't se yn 'e skuorre bidobbe hienen opgroeven en Gryt makke der klean foar de jonge út. Hy sels hie in soad wille hawn fan in jekker.
- Dit is de earste kear, dat wy der hwat fan oerhâlde, sei er foar de gek.
Gryt hold steande, dat er se fuort stjûre moatten hie. - Hie se mar nei Hindrik stjûrd, dy hat altiten in great wurd hawn.
Mar Hindrik wenne oan it kanael tusken de minsken en it wie dêr net fortroud.
It fanke wie it hwat oars mei. It sinnige him sels eins ek net,
| |
| |
dat Germ sa mar mei har thús kaem. Gryt bisocht it noch fûleindiger as oars. It wie de earste kear, dat er bigreatsjen mei har hie. Se koe net oars, se hie it oer har.
- Dat bern wurdt ús ûngelok, sei se, - en oars Germ sines wol.
En dagen nei dy tiid krimmenearde se noch. It koe dochs gjin kant út, in pûrfrjemd frommis yn 'e hûs, en dan ek noch sa'nien.
De fine skoalmaster sei: - Ik wit net, ik wit net... De joaden moatte holpen wurde fansels, mar oft sa'n bern hjir to plak is...
- Germ en sij binne it tige iens, sei er, en mei opset sin der efteroan: - Se sliepe byinoar, dat wy hoegden der net iens in ledikant by en it skilt Gryt ek aerdich yn 'e wask.
Hy bigoun der oer út to pakken, en Gryt sei letter: - Dou likest jim Hindrik wol, dy hie ek altiten sok praet.
Dêr hied er it ek fan. De fine skoalmaster spriek der letter it fanke sels oer oan en doe hied er him sein, dat er tonei syn mieltsje fisk mar earne oars weihelje moast. Hy woe him net wer op it hiem ha. De fine skoalmaster kaem net wer. As er boadskip hie, stjûrde er immen.
Miskien holden se de pôlle hjoed noch wol yn 'e gaten. It lette neat. Willem en Cor pasten op it fanke, en Germ ûntkaem neat. As er it net fortroude, gong er wol earne oars hinne. Willem wie aerdich thús op 'e mar. Se koenen rounom wol plak fine foar in pear dagen. Hy leaude dochs, dat de jonge der mear fan ôf wist.
Hy siet op 'e brits en harke mei in heal ear nei de man, dyt yn ien siken op 'e tekst wie.
De sel wie skjinner as dy yn Crackstate, en it tontsje stonk sa bot ek net. Dochs sieten der gjin finsters yn. Yn 'e souder wie in luchtkoker en dêr kaem ek in bytsje ljocht troch. Boppe de doar siet noch in lyts pitsje, mar yn 'e hoeken fan 'e sei wie it healtsjuster. De man siet op 'e ûnderste brits.
| |
| |
Hy wie op it bankje by de muorre sitten gien, krekt foar de doar. Se hienen him alles hâlde litten, ek syn prûmtabak. Hy die de jekker út en hong him oan it knopke fan 'e brits. Hy soe nei it tontsje to pisjen, doe't de oare man oerein skeat. - Wacht even, tagelyk. It lid moat der sa min mooglik ôf, hwant oars forgeane wy hjir. In dei as hwat lyn ha 'k oan 'e loap west fan dat wetterige iten. Se leegje de tonne oars alle trije dagen. Ik tink, dat se my de lêste kear forgetten ha.
Se gongen elk oan in kant stean, sadat it lid der net to lang ôf hoegde.
- Is 't net ûnhuer, sei de man. - Mar de grap is, dat ik nou al dagen net kin. Fan it iene uterste yn it oare. It liif docht my der sear fan. En ik kin min oer dy tonnelucht.
Hy foun, dat it tafoel. Yn Crackstate wie it slimmer en op 'e Sweach ek. Hy gong op it bankje sitten en naem in prûmke.
- Bliksem, hawwe jo tabak?
Hy bea de man it pûdtsje oan.
- Hie 'k nou mar in stikje papier.
Hy gong oerein en foun yn syn jekker in kladtsje fan Boonstra, de ielkeapman.
- Ha jo ek lúsjefers?
- Dêr kin 'k jo net oan helpe.
- Spitich.
De man snúfde yn it pûdtsje en krige der in topke út. - It rûkt as krûd; dat is gjin eigenbou. Sitte jo hjir ek foar swarte hannel? Dêr bin ik wol foar oppakt, sjoch. In gewoan hanneltsje. Men moat troch de tiid, is 't net sa; elk skarrelt foar himsels. It is mar krekt hwa't it treft. Se soenen like goed it hiele minskdom oppakke kinne.
Hy snúfde wer yn it pûdtsje en slikke oan it tûfke tabak, dat er tusken tomme en wiisfinger hie. - Ik ha noait prûmke. Is 't lekker?
| |
| |
Hy die in pear triedtsjes yn 'e mûle en sûge der op. - Wol skerp, mar ik kin net sizze, dat it min smakket.
Hy helle it prûmke út 'e mûle en biseach it omstandich. - Oars wol in fize griemerij.
- Kalm bigjinne, sei er, - en net to bot kôgje.
- Dit is echte tabak, soe 'k sizze. Dy is net mear to keap.
- Ik ruilje gauris in heal poun.
- Dan moatte jo goed spul to ruiljen ha.
- Fisk.
- Fisk? Nou't jo it sizze, jo ha de rook yn 'e klean sitten. Dus jo binne fiskkeapman.
- Ik fiskje sels, en ik hie fannacht aerdich iel. Dy sille jo wol rûke, hwant se strike wol ris even mei de sturt oer de mouwe fan 'e jas of oer de knibbels.
- Oars wol sterk, dat se jo de tabak hâlde lieten, sei de man, dy't op 'e brits sitten gien wie.
- Ik ha alles noch.
- Forgetten fansels, mar dat komt in Dútser net gau oer. It stekt har nou, en as se har forsinne is 't net sa bêst. Sa'n soldaet kriget fuortdaliks oerpleatsing nei it front. Ik ha der sterke forhalen oerd heard.
De man praette him to folle.
- It sit hjir nofliker, dat bankje is to smel. Jo wurde der wurch fan yn 'e rêch. Ik sprek út ûnderfining, hwant ik ha de tiid hawn om it to bisykjen. Ik sit hjir aens trije wike. It hinget my de kiel út, en wist ik mar hwer't ik oan ta wie. Earst seinen se tsjin my, dat ik nei Amersfoart stjûrd waerd. Mar dat kin fansels net. Sa'n kleinichheit kinne se jo net foar yn in kamp sette, is 't net sa? Se tochten fansels, dat ik swart die foar ûnderdûkers en sa. Ik ha dagen yn it forhoar west. Dat gong der soms om wei. Se hawwe my ien kear in klap jown, mar der wie in offisier by, dy't der daliks hwat fan sei.
| |
| |
De man hie it prûmke yn 'e mûle dien en hold him even stil. Hy gong nei de midden fan de sel en seach him oan. - Jo sitte der aerdich kalm by. As wienen jo thús, it hoegde net oars.
- Litte se de minsken hjir ek hwat dwaen? woed er witte. - Hwat piele, pûdtsjeplakke of sa?
- Hoe hwat dwaen? Welné, hwat soenen wy dwaen moatte. Ik sit hjir in hiele dei mei de hannen oer inoar. Wy meije der net iens út to luchtsjen, en dat skynt oars yn alle gefangenissen gewoante to wêzen. Mar dit is gjin gewoane gefangenis fansels. De minsken wurde hjir forheard. Se binne net ynsteld op luchtsjen en sa. Om de trije dagen meije wy der út om ús to waskjen. Der is in lokaeltsje hjir boppe mei in pear kranen. Wy geane mei trije man tagelyk. Woenen jo hwat to dwaen ha?
- Dat bin 'k wend, ik ha altiten pûdtsjeplakt.
De man foun it in aerdige grap, sei er, en woe der mear fan witte. Mar hy makke him der ôf, hwant it wie gjin grap en dat bigriep de man sa't skynde net. Hy wie ek wurch, hy woe him wol deljaen. Hy biseach de boppeste brits. Der lei neat op, mar hy tearde de jekker dûbel en lei dy ûnder de holle.
- Joun om njoggen ûre bringe se in tekken. In matras dogge se der net by, oars net as in tekken. Ik ha earst al oan dy planken wenne moatten. Ik bin wend op 'e side to sliepen, mar dat kin net; it skouder is jo moarns stikken.
Hy gong op 'e rêch lizzen en seach krekt yn 'e koker, dêr't in bytsje frisse lucht troch kaem en in skeintsje ljocht.
- Dus, jo binne fiskerman, bisocht de man it wer. - Hwer wenje jo?
- Oan 'e noardeastlike kant fan 'e Tsjûkemar.
- O, dy wrâld ken ik net. Fangt it aerdich? Der sit fansels wol sleet yn 'e fisk.
It like in skoft lyn, dat se him oppakten, en dochs wie it noch mar in heale dei.
| |
| |
- Hwannear krije wy iten? frege er.
- It is de tiid hast, mar wy krije gjin bakte iel, as jo dat miene.
As Boonstra der net west hie, soe de lyniel nou wol dea wêze. It dearde him net folle mear. Miskien sieten de jonges wol to skjinmeitsjen en lei Germ it fjûr ûnder de tonne. En oars wie Gryt faeks wol mei de brut nei Boonstra ta set. Se stinde in soad, mar as it der op oan kaem, wie se rêdsum genôch. Hy leaude lykwols net, dat se har op 'e pôlle op dit stuit drok makken om in flut iel.
- Ik mocht eartiids graech fiskje, sei de oare. - Mei de angel fansels. Sûnt myn trouwen kom ik der net mear oan ta. Spitich, hwant it kin oars sa moai wêze yn 't fjild, foaral yn 'e neisimmer. Hoe is 't waer optheden? Ik ha de sinne yn gjin dagen sjoen.
- It is alle dagen moai waer, stil en sinnich en nachts dauwet it. Mar jouns wurdt it al aerdich kâlder en de nachten wurde ek langer.
- Dat silt wol. En ik sit hjir myn tiid to fordwaen. It brânt my soms yn. Hawar, it sil nou de langste tiid wol duorre ha. Ik ha de lêste fjouwer dagen net foar de hearen west en dat wiist net mâl, soe 'k sizze.
En doe bigoun de man wer to jeuzeljen. Hy stelde gjin fragen mear, sadat er him deljaen koe. De lea bijoech him en hy slûge heal. Hy hearde de man sizzen, dat er soms gjin wink yn 'e eagen krige en dat er him net bigripe koe hoe't immen him rêstich deljaen kin. Hy tocht oan de fjirtjin moanne, doe't er yn de earste wiken ek sa min slepte en nachts tsjin 'e doarren opfleach, omdat er miende dat er gek waerd.
De doar gong iepen en de man ûnder riisde oerein. Hy die de eagen net iepen. Der waerd net praet, de man ûnder him gong nei de doar ta en doe wied er allinne. Nou't er fan it gerattel ôf wie, rekke er yn 'e sliep, mar hy waerd hyltiten wekker mei in gefoel fan ûngerêstenens. Hy frege him ôf hoe't it
| |
| |
mei de jonge wie en it fanke kaem him ek foar de geast.
De man makke him wekker. - Hja hawwe my wer yn it forhoar hawn. It hie neat om 'e hakken. Ik tink, dat ik der nou gau ôf bin.
Hy soe op 'e tekst, mar der kaem in soldaet yn mei twa pantsjes rats en in kanne wetter. De oare snúfde yn it pantsje. - Koalrapen fansels, en grif wer sûnder sâlt.
Hy preau der fan. - Hie 'k wol tocht, gjin kerrel sâlt. Dat is frjemd, mar ik ha noait witten, dat sâlt sa bilangryk is foar de smaek. Dit is gjin iten. De earste dagen ha 'k it gauris stean litten, mar dat komt my net wer oer. Twa stikjes kuch moarns en in beker wetter, in pantsje stamppot as middeismiel en jouns noch ris twa stikjes kuch, dat is to min. Ik bin in pear poun ôffallen; de klean hingje my op 'e lea.
Hy bigoun to iten. Der siet gjin smaek oan, mar hy iet it pantsje skjin leech.
- Jo koenen wol net folle wend wêze.
- Dat is sa, al wurdt it de lêste jierren better.
- Mar dit is gjin iten. Ik slok it troch, mar oars...
- As 't net minder wurdt...
Dat miende er. As jonges gongen se winterdeis faek mei in stik fan in koalraep op bêd. Soms hienen de rapen biferzen west. In prûs ierpels mei in fjirdepartsje fan in sâlte hearring wie in gastmiel.
- Jo kinne der wol oer. Ik wit net hoelang jo sitten ha, mar al slute se my tweintich jier op, ik leau net dat ik der ta wen. Ik soe deagean, leau ik.
- Dat falt hwat ta, mar wenne docht men net gau, dat is sa.
Hy sette it lege pantsje op it bankje en joech him wer del.
- Wolle jo net in pear slokken kâld wetter ha?
Hy hie der gjin forlet fan. Hy naem in prûmke en seach, dat er der gau troch wie.
| |
| |
- Ik ha frege hoelang se my noch fêsthâlde woenen, mar se joegen gjin biskied. Dochs leau ik, dat ik der nou gau ôf bin. Forline wike hienen se it noch oer Amersfoart. Ik ha wol heard, dat se by de frou west ha en se hawwe ynformaesjes frege by de plysje en sa. Se witte nou wol, dat ik gjin swarthanler yn 't great bin en gjin gedoente ha mei de illegaliteit. Nou en dan moatte se jin loslitte, is 't net sa? Se fregen my ek hwat ik fan jo tocht. Ik sei: Ik ha de man amper sjoen, dêr kin 'k al min hwat fan sizze, mar doe't ik fuort gong, slepte er. Dat founen se wol nijsgjirrich, like my ta. Ik haw har sein, dat jo aerdich kalm wienen. Ik sei: As ik myn sin siz, dan freget dy man him krekt lyk as ik ôf hwat er hjir docht. Hwa't skuld hat, dy skeukt wol. Immen, dy't him sa rêstich del jowt, kin noait folle dien ha. Is 't net sa? Of sliepe jo al wer?
- Né, mar ik kin der krekt like goed by lizzen gean.
De man wie wer ûnder him sitten gien. - Hwer sieten jo ek al wer, oan 'e Tsjûkemar nou?
- Post Dolsterhuzen.
- Ik leau dochs, dat ik dêr wol west ha. Ik kom sels fan Snits, dat is to sizzen, dêr wenje ik sûnt myn trouwen. Om 'e hannel, ik doch yn skiep. Ik keapje wol ris in kou, mar skiep ha 'k it leafste. Kij is sok ûnhânsum guod, en jo ha der sa'n wurk fan. In keppel skiep jeije jo yn it lân en se rêdde har wol. Sitte der by jim noch aerdich skiep?
- Ik ha der noait om tocht, mar ik leau it net.
- Ik tocht oars, dat minsken lyk as jo, dy't op 'e romte wenje, allegear fé hienen, al soe 't mar in geit wêze. Alle dagen in pear mingel fette molke en maitiids in pear lammen, dy't goed jild wurdich binne.
- Ik jow net safolle om fé.
- As fiskerman rêdde jo it fansels oars ek wol. Ik kom ris del om in mieltsje. Sa gau as ik frij bin, wol ik yn dy krite sjen.
| |
| |
- Dat moatte jo altiten dwaen.
- As se jo tominsten gau los litte.
- Fregen se jo ek noch mear oer my?
- Welné, dat koe ek al min nou. Hwer ha se jo nou eins foar oppakt?
- Dat wit ik sels net.
- O, frjemd, se pakke oars sa mar net ien op.
- Se hawwe jo dochs ek oppakt?
- Nou ja, ik bin net hielendal skjin op 'e hûd. Sa 'k sei, in hanneltsje, en doe tochten se, dat der mear efter siet.
- Dat tinke se dan fan my ek.
- Mar der moat in oanlieding wêze, soe 'k sizze. Fisk hwat to djûr forkocht of sa en... fansels, jo wenje op 'e rûmte, hèn. Underdûkers tink?
Hy joech der gjin antwurd op.
- Dêr moatte jo altiten foarsichtich mei wêze. Ik wol de goeden net tonei komme, mar je witte net yn 't foar hwat jo oanhelje. Der sit fan alles by. In sweager fan my, dy't lyts boer is, hie in pear fan dy Hollanners. Hiele nachten op 'en paed, mar se seinen noait hwat se by de ein hienen. En op in nacht sa mar in razzia. Doe ha 'k tsjin him sein: Dou moatst se de doar wize, hwant strak pakke se dy der foar op. Dat hat er doe ek dien. Ik wit net hoe't jo der ûnder steane, mar ik soe net to folle moederaesje mei dy ûnderdûkers ha. Dy mantsjes rêdde har gau genôch. En dy Dútsers hjir, dy litte har net bisoademiterje. Se dogge in hiele dei oars neat as minsken forhearre; se binne der bitûft yn. Je kinne de kop der foar hâlde fansels, mar se komme der wol efter. Ik ha ek altiten tsjin mysels sein: Noait bikenne, mar dêr bin 'k nou wol ôf. Se hienen my sa mar yn 'e skjirre, ik koe optlêst gjin kant út, en ik kin oars aerdich prate, al siz ik it sels. Wel, doe ha 'k mar earlik opbycht. Ik sei: Asjeblyft, hjir is myn forhael. Ik ha in skiep slachte, myn frou hat alle wekflessen
| |
| |
fol troppe en wy ha in dei as seis skiepfleis iten. De rest moast de doar út en dêr ha 'k in pear oaren mei geriifd. Dat is alles. Ik ha net frege hwer't de boel hinne gong, dat binne myn saken net. As ik witten hie, dat it foar ûnderdûkers en illegalen ornearre wie, dan hienen se it fan my net krige. Hwant ik wol gjin gedonder ha. Elk hat yn dizze tiid genôch oan himsels. Sa ha 'k it krekt sein. Ha jo in húshâlding?
- In frou en in soan.
- Hoe âld is dy jonge?
- Ien-en-tweintich.
- Gefaerlike leeftyd. Ha se him pakt of wied er net thús?
- Ik wit net hwer't er is. Se sizze, dat se him hawwe.
- Bliksems, dat is net sa moai. Dat wurdt Dútslân, yn 't fabryk. Siet er yn 'e illegaliteit? Ja fansels, dêr ha sokke jonges aerdichheit oan. Sit er hjir?
- Ik wit it net, mar ik leau it net.
- Wied er thús?
- Ik wit it net.
- As ik jo wie, dan kaem ik de mannen op healwei. It giet om jou húshâlding, is 't net sa? Eigen is je mear as frjemd. As it oars wie, soe 't net yn oarder wêze. Elk hat de plicht foar syn húshâlding op to kommen.
Hy hie daliks yn 'e gaten hwer't de man op oan woe. Hy hie se faker sa praten heard. As jonge al nei't se nachs yn Terwispel in feanbaes ôftúgd hienen, dy't net om lyk woe. Moatst om jim mem tinke, jonge. Dat wie fjildwachter Dijkstra, dy't him der op ferge, dat er de nammen fan 'e maten neame soe. Tink om jim mem, dy hat al sa'n krús. Dou draeist hjir allinne foar op en dan komt it namsto hurder oan. En letter kamen de oaren, de evenredige mannen, dy't him earst gelyk joegen en sa graech yn goedens woenen. Lyk as de foarsitter fan de polder. Jo sitte der slim foar, en dêr moat hwat oan dien wurde. Hy frege him fuort
| |
| |
hwa't him stjûrd hie, en de foarsitter sei, dat er sa mâl net moast. Fan 'e moarn, yn de moaije keamer, wist er it wer. Se dienen it noch wakker gelyk.
De man ûnder him jeuzele fieder. Hwat hienen se him tasein as er slagge?
Doe't se nei de staking fan '20 útsluten waerden foar de wurkforskaffing, brûkten se Jan Welles der foar. Dit moat ophâlde, sei Jan. Ik moat oan it wurk, ik doar net thús to kommen. Ik kin Aeltsje en de bern net forrekke litte. En se wolle it mei ús skikke. As wy it papier tekenje, dat wy net wer stake, dan steane wy moarn wer yn 'e put. Hindrik sei: Astou hjir noch ien kear in poat oer de drompel setst, dan brek ik dy de skonken.
Wie hy it doe mei Hindrik iens?
Hy sei nou neat. Hy liet de man prate, hy joech gjin antwurd mear. Doe't de oare man oerein kaem, hold er de eagen ticht. Even letter hearde er him by it tontsje. Hy strûpte de broek del en gong der op sitten. Hy sei: - Ik sit forstoppe, it wol net. Ik krij der lêst fan, dat forrekte minne iten.
Hy die de broek omheech en gong op it bankje sitten en krimmenearde, dat er pyn' yn 't liif hie.
Hy gong op 'e side lizzen, hwant de rêchbonken bigounen him sear to dwaen.
- Sliepe jo wer? frege de man.
Hy sei: - Freegje mar net mear, hwant ik ha jo neat to sizzen. As it al wêze moat, dan rêd ik der sels wol mei.
Doe hold de man him stil.
|
|