| |
| |
| |
Trije
Hy wie de dyk nei it Hearrenfean mar in kear as hwat del kaem, om krekt to wêzen trije kear. De earste reis wie, doe't er nei Poepjes gong om ôf to praten. Hy wie mei de tram nei it Fean gong en dêr wei geande foet fierder. Se wienen it sa mar iens, dat fjirtjin dagen letter wienen se mei hynder en wein ûnderweis. It bekje fol húsrie koe op ien wein en Gryt en de jonge koenen der skoan by. De tredde kear, dat er de dyk del kaem, wie foar de bigraffenis fan heit. Se wennen doe amper in fearns jier oan 'e mar en se hienen it noch noait sa min hawn, omdat er suver alles leare moast en in bytsje fong.
Se hienen him net kundige, dat de âld man siik wie. Hy krige in briefkaertsje fan Hindrik, dat heit de saterdeis bigroeven waerd. Hy hie der by west, hoewolt er wist hoe't der yn Beets oer him tocht waerd. Doe't se it húske leech hellen en de boel forparten, sei Thomas it. Hy woe heit syn foarlader wol ha. Hwat moatstou dêr mei, sei Hindrik, dou bist in jager mei forgunning. Se bidoelden syn fiskakte. Hy wie gjin streuper mear, dat hy soe de foarlader dochs net brûke doarre.
Ear't er dat baentsje by de polder oannaem, hied er it mei de âld man bisocht. It wyldste wie der doe ôf en heit woe soms wol aerdich om lyk. Hy sei: - Hindrik en Thomas hawwe maklik praten. Dy hawwe al in pear bern; se rûgelje der in stik makliker troch as ik. It hat by ús altiten in great lijen west.
Mar de âld man sei, dat er der gjin sprút fan bigriep. - Hindrik syn Geeske is krekt sa'n rudige hjerstkat. Der sit gjin fleis oan en se is sa plat as in skol. Mar sa soun as in fisk en alle jierren in bern. Dou hast in blok fan in frommis en dou hast mar ien, en it is ek noch in tjirmer.
| |
| |
Hindrik sei, dat Gryt in krimmenearder wie. - Dou moatst har oanpakke. En dy jonge fan jim, dat wurdt sa ek neat.
Hwat de jonge oanbilange hienen se gjin gelyk krige. It wie him net mear oan to sjen, dat er as poppe neat wurdich wie.
De Dútser efter op de motor siet roungear mei de holle yn 'e kraech fan 'e oerjas en socht lijte efter de rêch fan syn maet. Se seagen net nei him om. Se hienen it seil fan it sydspan stiif om him hinne teard. Hy koe gjin kant út.
De motor hippele it minne klinkerdykje lâns. Se gongen oer it spoar en doe by it kanael del, de kant nei Ljouwert út. Dat foel him ôf. Hy hie tocht, dat se nei Crackstate gongen.
Der wied er thús. Hy koe it al as jonge doe't er der sels noch net west hie. Heit fortelde hoe't it der om en ta gong en letter kamen Hindrik en Thomas der mei sterke forhalen wei. Crackstate wie harren suver eigen. Ljouwert wist er neat fan en it bineare him in bytsje. It waerd sa ek in lette boel en se soenen him wol net thús bringe.
Hy waerd ek kâld. It wie moai sinneskyn waer, hwant de minsken dy't se ûnderweis yn it lân seagen, hienen de jas der by út, mar de motorfyts ried hurd en it waeide him sa fûl yn it gesicht dat de triennen him, oer de wangen rounen.
Oan 'e oare kant Jirnsum - hy seach de namme op in boerd stean - rôp de soldaet dy't stjûrde hwat nei syn maet en de motor hold. De soldaet ried him yn 'e berm en se stapten ôf. Se stutsen in sigret oan en gongen tsjin 'e beam stean to pisjen. Hy woe ek wol even stappe; de skonken wienen him stiif wurden en it liif die him sear fan it stompen.
Hy frege: - Kin ik der hjir ek even út?
Se bigrepen him earst net en hy makke de meneuvels dy't by pisjen hearre. Doe't dat net holp, sei er it yn Dúts. Se makken it seil los en seinen, dat er net útnaeije mocht. De iene soldaet krige it gewear fan 'e rêch en naem it ûnder de earm. Hy stapte
| |
| |
mei stive skonken hinn' en wer en gie dêrnei by in beam stean to pisjen. Doe knypten de soldaten har sigret út en hjitten him, dat er ynstappe moast.
Ljouwert hied er twa kear yn syn libben west. It bêste heugde him de reis as jonge, mei heit en Thomas en in hiele ploech Beetsters en Terwispelers. It moast in snein west ha, hwant se hoegden net to arbeidzjen en der waerd ek net staekt. It greate gersfjild mei de hage fan plysjes en soldatefolk der omhinne wie him by bleaun. Hy wie doe in jier as alve en hy stie al mei de oare jonges yn 'e baggelbak. De sprekkers wist er neat mear fan, mar de plysjes en soldaten sa't se swijend yn rigen om har hinne stienen, koed er foar him krije. De reis nei hûs heugde him ek noch, omdat heit him hyltiten oanfiterje moast. Hy koe de ploech, dy't dreech petearjend oer de meeting de dyk del trêdde, net byhâlde.
De motorfyts gong oer in pear brêgen en draeide doe in brede strjitte yn. It wie gjin tichthûs, dêr't se ôfstapten. It like mear in hearehûs mei in heech izeren hek en in greate tún der foar, dêr't moaije blommen yn stienen. De doar like wol in poarte, sa breed en heech, en der wie in stoepe foar. By it hek roun in soldaet hin' en wer mei it gewear oer it skouder en foar de doar wie noch ien. Efter de doar wie in greate gong, likernôch as yn it gemeentehûs, mar folle ûnbidiger en heger en sa fier as men sjen koe wienen der brune doarren.
De iene soldaet bleau by him, de oare waerd wei efter in doar. Hy wie gau werom en brocht him in eintsje fierderop yn in keale keamer, dêr't in pear banken stienen. Ien soldaet gong by de doar sitten, de oare sette ôf. It duorre miskien in lyts kertier. Hy hie de jekker los makke, hwant it wie in bytsje near yn it lokaeltsje.
De soldaet brocht him oan 'e ein fan 'e gong de hoeke om. Hy waerd yn in keamer litten, dêr't mar ien man efter in great
| |
| |
buro siet. Hy siet heal forskûle efter in palm. De keamer hie greate ruten mei sinneskermen. Hy hie noait sa'n greate en moaije keamer sjoen, en yn Crackstate en op 'e Sweach hienen se oars ek moaije keamers. De souder wie wyt en der sieten figueren op. Der hongen elektryske lampen mei wol tweintich pitten, mei kralen en koper der omhinne. Yn 'e hoeke stie it byld fan in neakene frou, ek wyt, de iene knibbel in bytsje omheech en de hân yn 'e nekke. It bihang wie dûnkerread mei gouden blommen, en der hongen greate skilderijen en oer de flier leinen kleden, dêr't er yn weisakke.
Hy stie op 'e midden fan 'e keamer, op 'e learzens, en de doar wie efter him ticht gien. De man efter it buro hie gjin unifoarm oan en hy spriek gjin Dúts.
Hy sei: - Kom, dêr wienen jo al.
Hy roun om it buro hinne en wiisde nei in pear lege stuollen. - Gean sitten, miskien wolle jo de jas út ha. It is in bytsje near. De sinne stiet krekt op 'e glêzen en sa'n skerm keart lang net alle waermte op.
It wie in kreaze man mei in moai griis pak en syn swarte skuon spegelen.
Hy liet him yn de learen stoel sakje en de man gong oan de oare kant fan it lege taffeltsje sitten. Der stienen sigretten yn in houten doaske en de man naem der sels ien út en hold him doe it doaske foar. - Roke jo?
- Ik hie wol in prûmke ha wold.
- Gean jou gong, mar ik ha gjin prûmtabak en ik kin jo ek net in kwispelpot oanbiede.
Hy sei it glimkjend. - Us pake prûmke ek noch. It giet der oars wol út, hèn. Us heit die it út en troch. Ek in arbeidersman, lyk as jo. Hy hat 25 jier by in boer omskrept. In min libben hawn, lyk as alle arbeiders fan syn leeftyd. Hy is net âld wurden; hy hat de opgeande tiid net bilibje mochten, de stumper.
| |
| |
Hy gong oerein en krige papieren fan it buro.
Hy moast him al raer forsinne as it brune kaft net it selde wie, dat de boargemaster fan 'e moarn foar him lizzen hie.
De menear gong sitten en lei it kaft iepen op 'e knibbels. Hy sei: - En witte jo hwat my it measte om ús heit bigreatet? Dat er it noait bigrepen hat. Oant de leste dei ta hat er yn it spier west foar de SDAP. Hy wie in fûleindich partijman. Hy leaude alles hwat de foaroanmannen yn 'e partij seinen. Hy hat noait witten hoe't er bidondere waerd.
Hy roun nei de telefoan op it buro, dy't al twa kear skille hie en harke. Hy sei: - Even sjen.
Der leinen mear papieren op it buro, dêr't er yn om sneupte. Doe sei er: - Né, stjûr dy daliks mar troch nei Mayer.
- Hwer wienen wy bleaun?
Hy gong sitten en lei de fuotten oer inoar. - O ja, ús heit, in fûleindich sosialist. Binne jo der ek by great brocht?
Hy liet yn him omgean hwat er sizze moast. Hy wie der in bytsje ôf, omdat er it oars wend wie. Eartiids pakten se him fuort oan. Der wie wol ris immen, dy't mei in freonlik praetsje bigoun, mar se lieten him noait sitte. Hy sei: - Ik ha net by in partij west.
- Dat is forstannich, mar jo hawwe oars wol aktyf west. Ik ha de stikken net sa goed lêzen, mar as ik sa nei gean...
Hy krige it kaft en lies der yn om. - Fjirtjin moanne kriget men bygelyks net sa mar. Dat is yn elk gefal net foar fytsen sûnder ljocht. En dan noch trije moanne, fjouwer wike en in hiel rychje lytse foroardielingen.
Hy hie it witte kind. By elke gelegenheit, kaem it op it aljemint en hwat langer de list waerd hwat swierder de straffen. Syn hiele libben soe dat strafregister him efterfolgje.
- It wie in oare tiid, sei er, - de lêste fiif jier ha 'k noait spul hawn.
| |
| |
De man weau mei de hân. - Lit mar, ik bigryp it skoan. As ik yn dy tiid libbe hie, soe 'k net oars dien ha. Safolle ûnrjocht, dat freget om forset. Ik kin gjin ûnrjocht fordrage, dat hat altiten sa west.
Hy wist net krekt hwat er der oan hie.
- Binne jo tsjerks? en hy lies yn de papieren om. - Ik leau it net hèn? Fansels net.
- Ik bin neat, sei er.
- Jo komme út in frijhwat anarchistysk formidden.
Hy helle de skouders op. - Ik ha ús heit gauris oer Dommela praten heard, dat is sa.
- Domela Nieuwenhuis, ha jo dy kend?
- Né, doe't ik sa'n jonkje wie kaem er in soad yn Beets en Terwispel en hy moat ek by ús oer de flier west ha. Se wienen doe yn Beets wiis mei him.
- Hat jou folk altiten yn dy krite wenne?
- Dat tink ik al. Se forfarden fansels wol ris, fan Terwispel nei Beets, doe't dêr alles forgroeven wie. Se huzen yn in wenbok, dat it koe maklik. Mar ús pake hat leau ik altiten yn Terwispel ta holden.
- Ek in Domela-man fansels.
- Letter al, fan hûs út wied er dat neffens ús heit net. Ik leau, dat er fan Menniste-komôf wie.
Hy sei mar hwat er wist, en dat wie net in soad. Der waerd thús suver net oer praet. Hy hold lykwols noch in slach om 'e earm, omdat er earst witte moast hwer't de man op oan woe. It soe wol in praetsje yn 't foar wêze.
De man frege der neijer op yn en doe died er it forhael, sa't er it fan heit heard hie. Dat pake op in dei by de iterstafel wei roun, omdat er net út 'e bibel lêze woe.
- Moast er dat dwaen?
- Hy wie de iennige dy't lêze koe. In skoalmaster, dy't aer- | |
| |
dichheit oan him hie, moat it him bybrocht ha. Mar dy master hat him, tink ik, ek noch hwat oars bybrocht.
De âld man mocht graech swetse. Hy leaude net, dat it sa gien wie, mar neffens heit moast pake sein ha: Ik fordom it langer, en as dat boek hjir noch ien kear op 'e tafel komt, dan gean ik der út.
- Syn âldelju woenen der fansels net ôf.
- Né, dat hy hat net wer thús west.
Der wie wer telefoan en de man praette gâns in skoft.
Hy seach nei de loft, dy't blau wie as laei. Hy krige it waerm en makke it boppeste knoopke fan syn bûsgroen los. It siet ek net noflik yn dy lege stoel. Hy sakke der to fier yn wei en hy wie forlegen mei de fuotten.
- Oer in kertier kin ik him wol ha, sei de man, en lei de telefoan del. Hy bleau efter it buro sitten en krige in potlead, dêr't er súntsjes mei op it hout tikke. Hy sei: - Ik freegje my ôf hwat soarte man jo binne. Jo binne gjin terrorist; jo hawwe to folle sjoen en bilibbe om jo ophysje to litten troch dy klyk yn Londen, dy't noait in finger nei jim útstutsen hat. Se hawwe nou forlet fan jim, mar jo binne wol wizer. Ha ik dat goed bigrepen?
- Ik ha nearne gedoente mei.
- Krekt, mar jo lizze de mannen fan 'e illegaliteit ek neat yn 'e wei, of wol?
De man kaem efter syn buro wei en forfolge: - As jo op 'e mar binne en der komme fleantugen oer, dy't pakken mei wapens útsmite, dan sjogge jo der net nei.
Hy murk op, dat de man syn toan oars wie, en dat er op it horloazje seach.
- It is my noait opfallen.
- Né, dat sil 't wol, mar as jo it seagen, hwat dienen jo dan?
Hy hie graech op in hege stoel sitte wold. Hy fielde him machteleas mei de fuotten hast dûbel teard.
| |
| |
- Nou, hwat sizze jo?
- Ik ha dat noait meimakke, dat ik kin al min sizze hwat ik dwaen soe.
- Jo wine jo der foar wei.
Hy seach wer op syn horloazje. - Ik ha it net sa lang oan tiid. Jo binne net sa ûnskuldich as ik earst tocht. Dat spyt my, foar jo. It makket my fansels neat út; it is mar in kunstje om de minsken bikenne to litten. As wy wolle fortelle jo mei in ûre alles. Mar ik doch it leaver net, en ik miende dat it mei jo ek net hoegde.
- Ik wit net hwat jo my bikenne litte wolle, antwurde er. - Dat ha 'k fan 'e moarn al tsjin 'e boargemaster sein. Ik ha de hiele nacht thús west.
De man fearre oerein. - Hoe witte jo dat it fannacht west hat?
- Dat ha 'k wol bigrepen. De boargemaster sei it trouwens sels en der sieten mear minsken by, de wetterplysje en in offisier en noch in gewoane plysje.
- Ik warskôgje jo, dat it neat jowt. Wacht, ik sil it jo maklik meitsje. Ik fortel hoe't it gien is, en dan hoege jo oars neat to dwaen as it forhael to bifêstigjen. Sille wy dat mar dwaen?
Der waerd in antwurd fan him forwachte. Hy sei: - Ik ha neat murken, ik kin dus ek gjin ja of né sizze.
- Jou soan hat it ús forteld.
It kaem him oer 't mat. Hy soe oerein, mar it handige him net yn dy lege stoel. It wie ek daliks oer, mar de ûnrêst kaem der efter oan. Hy seach nei de man, dy't him skerp yn 'e gaten hold en doe nei it buro. Hy sei neat. Hy wist, dat it forhoar nou waerd lyk as er it wend wie, en dat er om syn wurden tinke moast. It wie wol slimmer as eartids, omdat de jonge der yn bihelle waerd. Hy fielde, dat er ynwindich in bytsje bigoun to triljen, krekt lyk as altiten. It bigoun mei in huver, dy't oer syn fel roun. Hy wie binaud.
| |
| |
- Hy hat ús alles forteld, sei de man nei't it in skoftsje stil west hie. - Hy hat in soad fan jo. Hy réagearde ek krekt sa. Ik ha him it selde sein. Ik woe him helpe, hwant ik leau net dat er forkeard is. Hy hat him fansels biprate litten, dat meitsje wy mear mei. Ik bin ré om it him net iens sa swier oan to rekkenjen. Mar hy woe earst net. Ik hie bigreatsjen mei him doe't er hjir letter wer kaem en alles opbychte. Ik ha him ek warskôge, krekt lyk as jo nou. Hy...
- Hwat ha jim mei him dien?
It wie de earste kear, dat er de man net útprate liet.
- Wy hawwe him bikenne litten; hoe't dat om en ta giet merke jo fansels as jo net om lyk wolle. Der is hjir noait ien wei kaem, dy't úteindelik net de wierheit sein hat. Sokke hurden binne der net of se wurde hjir lyts man makke.
Der gongen him forhalen troch de holle, dêr't er de ûnderdûkers oer heard hie. Cor, de Amsterdammer, wist der alles fan, sei er. En it fanke koe soksoarte forhalen ek. Mar se hienen it allegear fan in oar. Der gongen safolle forhalen oer de Dútsers. De twifelriedigens bigoun oan him to fretten en hy seach de spoekbylden, dy't him al pleagen doe't de jonge noch lyts wie. Binaudens as er it oan it boarst hie, sadat se him yn it bedsté hymjen hearden, en letter de bangens as de jonge jouns mei sterk iis op 'en paed wie en er him yn in wek riden seach. De man moast it oan him sjen kinne; hy bigoun to praten. - Ik wol jim helpe en ik kin der hiel hwat oan dwaen, mar dan moatte jo ús helpe. Wy moatte de boel dêr útroegje. Ik wol de nammen ha fan minsken, dy't illegael wurk dogge en dan stean ik der foar yn, dat jo joun wer thús binne.
- Myn jonge ek?
- Jou soan ek.
Der waerd op 'e doar kloppe en de man seach op syn horloazje. Hy roun nei de doar en praette mei immen op 'e gong.
| |
| |
Doe't er de doar wer efter him ticht luts, sei er: - Ik ha it net langer oan tiid. Der binne mear minsken, dy't ik miskien noch helpe kin.
Hy gong efter it buro sitten en krige in potlead. - Sille wy mar?
- Hwat woenen jo witte?
- Alles moat ik witte.
- Mar jo wisten alles al.
Hy sei it sûnder bidoeling en hy hie der noch hwat by sizze wold, mar de man joech him de kâns net. Hy spatte oerein en rôp: - It hat nou lang genôch duorre. Ik forgfriem gjin tiid mear oan jo. Bikenne en op slach.
Mar hy wie sa fier noch net.
De man sloech mei de fûst op 'e tafel en raesde: - Ik krij it der wol út en dan giet de hiele troep tsjin 'e muorre. Dat terroristenêst by jo, dat barne wy op en al sit de rommel in meter djip yn 'e groun, wy sille it fine. Wy ha mear sokke forsetsnêsten opromme.
It waerd him aerdich rommer doe't er de man sa praten hearde. Hy hie it witte kend; se bisochten it altiten en hy wie der noait fan ûnder de yndruk kaem. Dat er nou dochs even op 'e doele rekke, kaem allinne troch de jonge. Mar se hienen him net, hy sei: - Hat er dat allegear bikend, fan dy forsetsnêsten en sa.
Hy hie oanstriid om to gnizen, dêr't er eartiids de plysjes en marechaussé's ek sa lulk mei krije koe.
De man soe op him ta, mar bitocht him. Hy gong mei greate stappen nei de doar en ropte dy iepen. - Dizze der út, rôp er.
In Dútse soldaet naem him mei troch de gong, net nei de greate doar, mar de oare kant út, in stiennen trepke del en doe troch in smelle gong, dêr't yn 'e souder lytse lampkes efter traeljes sieten. De soldaet makke in doar iepen en joech him de
| |
| |
wink, dat er der yn moast. Hy stie yn in sel en wie der net allinne.
- Kom, ik krij selskip, dat is aerdich. Ik sit hjir al sa'n skoft pûr allinne.
Hy frege: - Hâlde se de minsken hjir lang fêst?
Doe sei de oare hwer't er hyltyd al bang foar west hie. De man sei: - Hwa't hjir sit, is fuort net klear.
|
|