| |
| |
| |
Twa
By de brêge stie in grize frachtauto dêr't in hege, tichte bak op siet mei op 'e side lytse traeljerútsjes. Der wienen twa plysjes by en in soldaet.
- Hjir mar yn, sei plysje Bolhuis en hy liet oan 'e efterkant de klep falle. Hy luts him omheech en gong op 'e bank sitten. De trije plysjes kamen der ek by en dêrnei stapten de soldaten yn. De klep bleau iepen stean. Twa soldaten pielden mei de motorfyts om. It ding siet ûnder de dridze en de soldaten fagen it rûchste der ôf. Healweis de reed wie de motor ôfslein en se moasten him oan in ein tou nei de dyk lûke.
Hy hie it sicht op it hûs fan de slûswachter. De blinen sieten ticht en der wie gjin minske op 'e lappen. It hiem fan Salverda syn buorkerij wie ek forlitten. Salverda hie ûnderdûkers.
Hy hie Gryt sein, dat se de iel yn 'e bak dwaen moast, hwant se woenen net lije, dat er sels dien wurk makke. Hy mocht al in brochje meinimme, en de plysje woe krekt witte hoe't Gryt it klear makke. Hy hie har noch sizze moatten, dat se fan 'e middei de ielkeapman birjocht dwaen moast, mar dat kaem him to let yn 't sin. Boonstra soe him sâlt leverje, en dêr wied er oan ta.
Hy moast gaueftich nei hûs. De boel moast birêdden wurde, hwant it koe in waerme dei wurde, en dan wie de brut joun bidoarn. Hy moast ek noch fûkstopje en om lytse fiskjes út foar de dôbbers. Dizze drokte paste him min, en dat hied er Bolhuis sein.
De plysje siet neist him, en de beide oare plysjes joegen har oan 'e oare kant del. De soldaten sieten efteryn op 'e flier, mei de rêch tsjin it sket. Se wienen slûch en gappen, wylst se de holle op it boarst sakje lieten. Twa soldaten skouden de motor- | |
| |
fyts oan en krigen him oan 't gong. Doe bigoun de auto to riden. Bolhuis luts de klep ticht en it waerd skimerich yn 'e auto. Hy seach nei de beide plysjes oan 'e oare kant, dy't in sigret rôllen en tsjin inoar seinen, dat it in moaije septimberdei waerd. Op dat stuit fleach it him oan. Hy sei: - Welfordomme.
- Hwat sei? woe de iene plysje witte.
- Oare hearen, mar de selde feinten, sei er. - Dat hat altiten al sa west. Kapitalisten of fascisten, it forrekt jimme neat; jim litte jim troch elkenien stjûre.
Hy fielde in greate grimitigens, dêr't him de hannen fan trillen en hy bigoun ek to switten. Lyk as dy kear yn Beets, doe't er in marechaussé fan it hynder skuorde en de man in klompe stikken sloech op 'e holle, of doe mei dy feanbaes, dy't se mei inoar de skonken brutsen hienen, of doe yn Duerswâld mei de boskwachter, al dy kearen dat er ek ynienen dûm waerd, en hwat die, dat er better net dwaen koe.
Bolhuis krige him by't skouder. - Nou moat it net mâlder wurde, is 't jo yn 'e kop slein?
Dat hied er ek faker heard.
De beide oare plysjes forsetten de fuotten.
- Hwat is dat foar in man, Bolhuis? fregen se.
- In minnen-ien, op it buro sille se wol hwat oer him ha.
En doe tsjin him: - Jo moatte dat strak wol even herhelje; dan kin it der fuort by.
- Ik hearde it net krekt, sei de iene plysje, - hwat sei er eins?
De soldaten efteryn sieten mei de rêch tsjin inoar oan. In pear smookten, de oare slûge.
Bolhuis hie syn skouder loslitte moatten, dan wie 't wol oer gien. Hy waerd nou noch lulker. Hy sei: - Hwat binne jim foar keardels, dat jimme jim hjir op ôfstjûre litte. Jim...
- O, sit it sa, sei de plysje, dy't it net heard hie.
Hy woe noch mear sizze, mar hy tocht oan de jonge en hold
| |
| |
him stil. Bolhuis kaem oerein en liet syn skouder gelokkich los. - Dit wurdt dy swier oanrekkene heite. Hjir silst foar bliede.
Doe wist er al, dat it in minne dei waerd. En dochs woed er gjin spul ha. Hy woe sa gau mooglik nei hûs en dat wie him hwat wurdich, folle mear as eartiids. Hy woe binammen gjin spul ha mei de plysje, en ek net mei de Dútsers en hy woe gjin gedoente ha mei master Braaksma, de man fan de illegaliteit, dy't him sa faek oan 'e kop seurde. Mei him yn elk gefal net, dy fine fint mei syn oranjestrikje ûnder de kraech fan 'e jas.
Hy hie it ek net yn 'e kant set doe't er mei moast. Hy hie der net iens oanstriid ta hawn. Gryt waerd der kjel fan en bigoun noch mear to triljen. Hy wist hwat se graech sizze wold hie: Hwat ha 'k dy sein, dêr sitte wy wer yn 't lijen.
Dat sei se salang as se troud wienen, mar sûnt se oan 'e mar sieten, hoegde it sa faek net mear.
Hy helle it brochje út 'e bûse en bigoun to iten. Bolhuis seach nei it spek, dat der tusken siet. - It liket my ta, dat it net fan in hússlachting is.
- Ik slachtsje sels net.
- Hoe is 't mei de hannel?
Hy joech gjin antwurd. Hy woe wol, dat er mei Gryt oer de iel praet hie. It wie bigreatlik as de boel dearekke. En de jonges hienen hjoed oerdei de dôbbers wol klear meitsje kind. Hy woe joun hwat mear útlizze, omdat it waer sa gaedlik wie: waerm oerdei en nachts tsjustere moanne. Hy hie ek noch in dûbelfleugel mei in pear stuitfûken yn 'e tochtsleat by it âld tsjerkhôf sette wold, hwant it rinket stie iepen en der koe skiere iel troch komme. Miskien wie Germ op 'e tiid werom en makke dy de boel klear. Se hienen it der oer hawn. Mar net ien praette oer de jonge.
- As wy dochs dwaende binne, kinne wy aens ek wol even oer de swarte handel gear, sei Bolhuis.
| |
| |
- Och man, hwat mael ik om dy swarte hannel, sei er. - Ik bin net op jildfortsjinjen út, ik hoech allinne mar oan 'e kost to kommen.
- Jawis, mar it skilt fansels...
- Ik ruilje hwat. Ik krij in stikje spek fan in boer en dy kriget in mieltsje fisk fan my.
- Wy prate der strak wol oer.
De auto ried it klinkerdykje lâns nei it doarp. De beide plysjes tsjinoer him seinen, dat it smûk waerd en namen de pet ôf. De soldaten, suterich en smoarch, slûgen nou allegear en har hollen knikten op en del as de auto troch in kûle botste. Efter de auto pofte de motorfyts. Hy tocht, dat se hast yn it doarp wêze moasten, mar it wie min roaijen, omdat er it ein noait mei de auto riden hie.
De auto gong oer in brêge en dat moast de feart wêze, dy't nei it haventsje roun, dêr't it bûterfabryk stie. Dêrnei hold de auto, draeide linksôf en stoppe. Bolhuis smiet de klep los en sprong der út. De sinne forbline him en hy stie der tsjin to kniperjen.
- Kom der mar út, sei Bolhuis.
De soldaten fearren oerein en rekten har út.
- Ik hoopje, dat de boade noch hwat thé of kofje hat, sei de iene plysje.
- Fannacht wie der kofje, echte kofje. De Dútsers hienen it by har en Bouma hat der twa tsjettels fan set. Mar op 'e sikretary sille se der wol ta west ha.
Hy stapte ûnwennich út 'e auto. Se stienen foar it gemeentehûs en op 'e stoepe hold in soldaet de wacht. Der stienen mear auto's en der wie ek noch in motorfyts mei in sydspan, en op 'e side, foar it fytshok, stie in auto fol soldaten. Der wie gjin minske op 'e dyk en it skoalplein wie ek leech.
Hy kaem komselden yn it doarp. Boonstra, de ielkeapman,
| |
| |
wenne der, mar as dy birjocht ha moast gong Gryt yn 'e regel by him oan.
Hy stapte foar Bolhuis de stoepe op. De man die de doar iepen en gong fansiden. - Toe mar.
Se kamen yn in lange wite gong mei in loper oer de flier. Der sieten in pear loketten mei minsken derefter, dy't even de holle optilden. Oan 'e oare kant wienen hege ikenhouten doarren mei buordtsjes, dêr't boargemaster en siktaris op stie. En oan 'e ein wie de trep.
Hy wist it paed; de adjudant fan de wetterplysje hie him ris ûntbean. Hy woe earst net, hwant hwa't him ha moast, dy moast mar by him komme, tocht him. Mar Gryt sei, dat er dy minsken better op healwei komme koe, dat hy wie der optlêst mar hinne gien op Germ syn fiets. De adjudant wie geskikt. Dat kunstje koed er, sa bigounen se altiten. It kaem der op del, dat er graech hwat witte woe oer Kuiken, dy't ek fiske, mar noch folle mear streupte. Hy hie de adjudant fansels daliks sizze moatten hwer't it op stie, mar dat died er net. Hy sei, dat er der om tinke soe en sa.
De beide oare plysjes gongen rjochtút nei de boadekeamer en de soldaten wienen bûten bleaun. Hy hie de offisier net wer sjoen. Bolhuis gong mei him de trep op. Neist de riedseal wie it buro fan de plysje. De keamer wie leech. Hy gong op 'e bank tsjin 'e kant sitten. Bolhuis roun nei de telefoan op it fierste buro.
- Is Liuwes dêr? Freegje even oft er boppe komt. Hy hat dochs burotsjinst?
Der kaem even letter in jonge plysje yn.
- Ik woe ek wol sa'n bêst bakje kofje ha, sei Bolhuis.
- Dan moatst gau wêze.
It wie in fleurige fent, dy't fluitsjend efter in buro sitten gong. - Soa, noch in arrestant. Ik tocht oars, dat wy it hawn hienen. Binne der mear ûnderweis?
| |
| |
- Ik wit it net, antwurde er.
De plysje krige in sigret út in pakje, dat op it buro lei. - Nim ek mar ien, it giet fan de greate bult. Dy Dútsers hawwe genôch.
De plysje smiet him ien ta, mar hy bitanke. Hy hie der oars wol nocht oan hawn. De sigret foel op 'e flier. Hy soe him earst lizze litte, mar hy krige him dochs op en brocht him werom. Doe't er wer op 'e bank siet, krige er in prûmke út syn eigen pûdtsje.
De plysje sei: - Jo kinne dy sigrettetabak ek prûmkje; it is altiten better as dy fan jo.
- Dizze kin it my wol dwaen.
De plysje dangele troch it buro en krige de telefoan. - Is Bolhuis dêr? Hat er syn kofje krigen? Moai sa. Hwat moat der mei dizze man dien wurde? Ja, ik wachtsje wol, mar om tolve ûre rint myn tsjinst ôf en dan ha 'k mear ûren makke as oars yn in heale wike. Jawis, dou ek, mar dat kin ik net helpe. Ik freegje strak fuort twa dagen forlof; kin my neat skille hwat de opper der fan seit.
Hy lei de hoarn del. - Kin je bigripe...
Bolhuis kaem der yn, mei in kop kofje yn 'e hân.
- De Oberst sit al wer by de boargemaster, en de opper is der ek by. Se ha de wetterplysje ynskeakele, hèn? Ik ha de adjudant sjoen, en dy oare fint, hoe hjit er ek al wer. Se hawwe de hiele nacht yn 't fjild west. De boargemaster is fan 'e moarn om trije ûre út syn nêst helle, hy hat de smoar yn, sizze de amtners.
Se gongen togearre foar it finster stean.
- Hwat is dit foar in man, Bolhuis? woe de jonge plysje witte.
- In rakkert, de wetterplysje ken him wol.
De telefoan gong en Bolhuis naem it boadskip oan. - Hy komt der oan.
En doe tsjin him: - Kom mar mei.
| |
| |
Se gongen by de trep del en waerden yn 'e keamer fan de boargemaster litten. Hy hie de man noait sjoen, mar hy wist, dat er hjir al jierren stie. In âldeftige man mei in roune, keale holle. Der siet in Dútse offisier neist him en de adjudant fan de wetterplysje wie der ek by.
De boargemaster joech him de wink, dat er tichterby komme moast. Hy forskoude syn prûmke en die in pear stappen nei foaren.
- Jo kenne dizze man, adjudant?
- Ik sjoch him hast alle dagen, boargemaster.
Troch de fjildkiker, efteryn 'e plysjeboat.
It wie itselde slach as dy op 'e Sweach, dizze boargemaster. Fjouwer plysjes hie dy fan 'e Sweach om him hinne doe't er bigoun út to pakken. Dat hy de man wie, dy't de feanarbeiders oansette ta staken, dat er ek diz' kear appelmeester west hie en dat se nou mei him ôfweve soenen. Hy hie sein: As jo dizze mantsjes net by jo hienen, doarsten jo dit net to sizzen. In skijtkeardel binne jo, it deaskoppen net wurdich.
Dit wie ek sa'n-ien. Mar hy woe gjin spul, hy woe nei hûs ta en hy woe binammen witte hwer't Germ siet.
- Even koart om 'e hoeke, bigoun de boargemaster. - Hwat is jou rol yn dizze saek?
Hy sei neat. Hy wist net hwer't se it oer hienen, oars hied er wol hwat sein.
- Nou?
- Der is net ien dy't my sein hat hwer't it om to rêdden is, sei er.
- Man, ik ha al spul genôch mei de Dútsers. It moat nou dien makke wurde.
- Ik wit neat, sei er.
- Hark ris goed, op dizze manier komme wy der net. As ik fan 'e moarn gjin resultaten birik, dan nimme de Dútsers it sels
| |
| |
oer, en dat moatte wy net ha. Dat soe ta skea fan de hiele gemeente wêze. Wy moatte hjir sels mei rêdde.
Hy hie neat to sizzen.
- Wy hawwe hjir jou steat fan tsjinst, as men it sa neame kin, sei de boargemaster. - Wy witte hwa't jo binne en ik bin net fan doel om in man lyk as jo de hân boppe de holle to hâlden. It rint foar jo hielendal forkeard ôf as jo my neat to sizzen ha.
Hy sei muoilik: - Ik ha hjir noait in minske ta lêst west.
- As ik even mei, kaem de adjudant der tusken, - ik sjoch hjir trije foroardielingen, dy't der net om lige, fjirtjin moanne, trije moanne, fjouwer wike, en it is mar in greep.
- Ik wenje hjir aens fiif jier en ik ha noait spul hawn.
- Dat komt omdat jo aerdich oanleard hawwe, sei de adjudant.
- Ik ha heard, dat jo fannacht to fiskjen west ha, sei de boargemaster.
- Ik ha justerjoun dôbbers út lein en by de fûken lâns west en ik ha it spul fan 'e moarn wer ophelle.
- Jo ha net op 'e mar west, fansels net, en jo ha neat sjoen.
- Neat.
- En fannacht ek neat fornaem? It is der oars heidensk om wei gien.
Hy sei: - Dat kin hast net, dan soe 'k it hearre moatte.
- Dat woe 'k ha, sei de boargemaster.
- De mar is great en as de wyn súdeastlik is, en it hat oan 'e westkant west, dan kin it my ûntkaem wêze, sei er.
Hy woe syn bêst wol dwaen, dêr lei it wier net oan. Miskien hied er dochs wol hwat heard, it lûd fan in motor, mar net dy fan de plysjeboat. Hy wie lykwols yn syn earste sliep en yn it bedsté hearde it net skerp. Hy hoegde it net to sizzen, nimmen hie der hwat oan. Hy soe ommers net iens sizze kinne, hwat er heard hie.
| |
| |
- Hwat sizze jo derfan, adjudant?
- Ik ha gauris minsken opmurken by jo op it hiem, sei de adjudant. - It liket my in gaedlik plak ta foar ûnderdûkers en sa.
- Dat koe wol.
- As jo it binne of jou frou, dan sjoch ik dat gau. Dit wienen oaren.
- Jo kinne by ús net oan 'e wâl komme mei dy plysjeboat. Jo moatte fier sjen kinne.
Der stie op 'e eastkant sa'n bytsje wetter, dat de mannen net faek bûten it soal kamen en dat lei in ein fuort. Mar se hienen goede kikers, dat wist er ek wol.
- Hawwe jo ûnderdûkers en hwat sette dy út 'e wei, woe de boargemaster witte.
- Der komme net folle minsken by ús op 'e pôlle. De bakker, om 'e twa dagen, in inkelde kear de winkelman, mar de frou hellet de boadskippen meastentiids sels. En de ielkeapman komt gauris, foaral mei gleon waer. En sa is der noch wolris ien.
- Ik hear it wol, sei de boargemaster, - jo wolle neat sizze. Sels witte, mar ik ha jo warskôge. Ik freegje noch ien kear: Hwa binne de mannen fan 'e illegaliteit, dy't dit útfoun hawwe? Jo meitsje my net wiis, dat jo, dy't dêr sa gaedlik wenje, der net yn bihelle binne.
- Ik ha der neat mei to meitsjen.
Hy soe wol witte wolle hwat der fannacht op 'e mar bard wie. Hy leaude net, dat de jonge der by wie. Hy fortelde suver neat, mar as der wapens ôfsmiten waerden, joech er wol in seintsje. Hy hie ek gjin boadskip efter litten, dat er net thús kaem to sliepen. Hy wie gewoan in nacht fuort bleaun, lyk as sa faek. Hy koe nei Ychten gien wêze, dêr't se soms kaertspilen mei de ûnderdûkers fan Klaes van Houten. As it let waerd, krûpte er by de mannen yn it hea. Hy koe likegoed mei wapens ûnderweis wêze. Gryt woe ha, dat er it de jonge forbiede soe. Se joech it it
| |
| |
fanke op 'e skuld. Dy fitere him oan, sei se. Hy wist, dat it wier wie. Se waerd al wyld as se it wurd Dútser hearde.
- Dan sels mar witte, makke de boargemaster der in ein oan nei't er even ôfwachte hie. Hy joech Bolhuis, dy't yn 'e doar stie, de wink. De plysje krige him by de earm.
Hy woe noch hwat sizze tsjin 'e boargemaster. Hy sei: - It komt my net gelegen. Ik kin der sa mar net út rinne, ik ha...
- Dat binne myn saken net, antwurde de boargemaster.
Hy die in laed iepen en socht earne om. Bolhuis luts him oan 'e earm.
- Dit gedonder fan jim is myn saek ek net.
- Nou, sa kin 't wol.
De boargemaster wiisde koart nei de doar en de adjudant wie al oerein. It fleach him oan, mar hy forbiet syn lulkens. Hy soe se de wille net gunne. Se woenen der stomme graech ynhuffe, dy adjudant en Bolhuis. Lyk as eartiids, doe't er op 'e Sweach de kantonrjochter oan soe. Se sprongen mei trije man op him ta en se knoeiden him noch, doe't er al mei de hannen op 'e rêch op 'e flier lei.
Ear't er troch de doar gong, blaesde er ôf, sa lûd dat de boargemaster oerein kaem. Bolhuis joech him in triuw en luts hastich de doar ticht. - Fordomde hufter...
Hy bleau stean en sei: - Jonkje, dou moatst my net wer beet krije, hwant dan forgriem ik dy.
En doe roun er de gong troch en de trep op nei boppen. Yn it buro bigoun Bolhuis tsjin him op to spatten. - Astou noch ien kear in foet oerdwers setst, dan weef ik mei dy ôf.
Hy sei neat mear. Hy woe hjir wei, sa gau mooglik. Hy gong op 'e bank sitten. In dei skeakelfiskjen waerd er sa wurch net fan as dit.
De jonge plysje bigoun to skatterjen doe't Bolhuis fortelde hwat der yn 'e boargemasterskeamer bard wie. - Hoe lappe jo
| |
| |
dat, ik bidoel, krekt op it momint, dat it jo gelegen komt. Spesjale technyk tink? Wy hienen froeger yn 'e kompy ek sokke knapen.
Bolhuis woe skilje, mar de adjudant kaem der yn. Bolhuis frege: - Hwat is de bidoeling, en hy wiisde nei him.
- De boargemaster hat sein, dat se him mar meinimme moatte.
Hy gong der út en Bolhuis roun efter him oan.
- Dat wurdt in djûre skeet heite, sei de jonge plysje mei in knypeach.
Hy hie daliks al oan de telefoan tocht, mar woe it doe net freegje. Nou't it der op like, dat se oare plannen mei him hienen, moast it mar wêze. Hy frege: - Kinne jo Boonstra, de ielkeapman, foar my skilje. Hy moat even del komme, dan wit er it wol. Ik ha in flut iel sitten en se kinne mei dit waer net duorje.
- Wennet dy Boonstra hjir?
- Ja, en hy hat telefoan. Ik ha him wolris belle.
De jonge plysje socht yn it telefoanboek en draeide it nûmer. Hy die syn boadskip. - Hwa't it is? Dat wit ik net, mar hy kin omraek ôfblaze.
Hy joech him in wink, dat er komme moast en hy naem de hoarn oer. Hy sei tsjin Boonstra, dat er de hiele boel mar ophelje moast. De lyniel ek, hwant oan rikjen kaem er hjoed dochs net mear ta.
Mar hy moast it sâlt net forjitte.
- Dat komt min út, sei Boonstra, - ik ha gjin sâlt mear lizzen. Mar ik kin dy noch wol in bêste likstien leverje. Ast it dêr earst mei dwaen kinst, dan hâldst it sâlt to goede.
It wie tsjin 'e ôfspraek, mar hy sei: - Toe dan mar.
De plysje krige him de hoarn út 'e hân. - Ik leau, dat de kollega's der oan komme. It wie in amtner, dy't om 'e hoeke seach en fuort wer ôfsette.
| |
| |
- Hwat ik sizze woe, ik kin strak wol in mieltsje ophelje, tink? Sil ik mar nei dy ielkeapman ta gean?
- Doch dat mar, sei er, - en siz mar dat ik jo stjûrd ha en dat er jo in pear poun meijaen moat. Ik sil it wol mei him forrekkenje.
- Dan ha 'k dochs noch in goede dei, sei de plysje. - Ik wenje yn 'e stêd sjoch, en dêr is neat to krijen. Wy moatte as plysje ek sa foarsichtich wêze, hèn. In mieltsje iel, dat sil der ynfalle. Wy hawwe it yn jierren net hawn.
Hy hie noch in brochje yn 'e bûse en iet it op. It waerd near yn de plysjekeamer. De sinne stie op 'e glêzen en it moast hast kofjetiid wêze. Mar it bleau stil yn it doarp. Se hearden allinne út en troch de stappen fan in amtner en it iepen en ticht gean fan in doar. Bûten klosten in pear Dútsers op 'e stoepe om.
Geskikt waer to snoekbearsfiskjen, tocht him. Hy hie hjoed wol nei it âld tsjerkhôf kind, hwant der wie in bytsje wyn.
De adjudant kaem der yn en Bolhuis wie by him. De adjudant joech him de wink. Hy bleau sitten en frege: - Is der hwat?
- Ja, der is hwat. Gean mar efter Bolhuis oan.
Se gongen nei bûten. Dêr stie de motor mei sydspan ré. Hy moast yn it sydspan sitten gean en in soldaet startte de motor. In oare soldaet gong efterop sitten en doe rieden se it doarp út.
|
|