| |
| |
| |
Guon lêzers sille miskien tinke, dat my by it skriuwen fan dit forhael it sa wol neamde ‘drama fan de Tsjûkemar’ (1940) foar de geast stien hat. Dat is ek sa, mar ik ha my net oan de histoaryske feiten en data holden. En as der immen is, dy't tinkt: Dat koe dy-en-dy wol wêze, dan is dat ek pûr tafallich.
| |
| |
| |
Ien
Guon minsken leit it op 'e lea, mar hy hie noait foargefoelens hawn, dat ik kaem him diz' kear ek oer 't mat. Hy hearde de losse planken yn 'e brêge ratteljen en doe't er him omdraeide, kaem it ljocht de reed del. Fuort letter wie it út, mar de motor roun troch.
Hy hie krekt de boat op 'e wâl lútsen en trape it spit yn 'e groun. Dat lêste hoegde net, hwant allinne op 'e midden fan 'e mar stie in bries. Oan 'e kant lei it wetter sa flak as in spegel, bistjurre ûnder de dize en it skimertsjuster, dy't mar min fuort woenen. Hy stie op 'e kant en biprakkesearde, dat er earst wol thésette koe en dan de iel út 'e beun helje. It wie koel, en der hie net ien deade iel oan 'e dôbbers sitten, dat it koe wol lije. De motor, dy't de reed del kaem, brocht him der ôf. Hy stapte it hiem oer nei it loadske en die de doar iepen. Wylst seach er efter it hûs lâns nei de reed, dêr't it noch tsjuster wie. Folle tsjusterder as op 'e mar, dy't bigoun to ljochtsjen. It lûd kaem tichter by en út en troch wie der even in ljochtflits. Se fortrouden de reed net, it hie juster noch reind. De motor bleau, sa hearde it alteast, gauris stykjen.
Hy rôp yn 'e skuorre: - Jonges, der út, der komt hwat oan.
Cor wie daliks neist him, kjel en drok. - Hwat is der? Komme se der oan, komme se der oan?
Hy draefde it tsjuster fan 'e skuorre yn en raemde syn tekkens by elkoar. Wylst flokte er tsjin Willem, dy't altyd even langer wurk hie.
Hy sei: - Wachtsje even op it fanke, dan kinne jim dy mei nimme, hwant ik moat strak de lytse skou brûke.
It fanke - hy neamde har noait by de namme - slepte yn it
| |
| |
efterhûs. Hy krige de klink en bûgde him, wylst er ûnder de goate troch stapte. - Der komt hwat oan, sei er - De jonges steane al by de boat.
Der kaem gjin antwurd út it tsjuster. Hy die op 'e taest in pear stappen en luts oan 'e tekkens. Se skeat ynienen oerein.
- Der komt hwat oan, sei er noch ris.
Hy fielde by de muorre del en foun it petroaljelampke dat op de kiste neist it ledikant stie.
It fanke wie der al út en pakte him by de earm. - Komme de Dútsers der oan? Har lûd wie heas en eangstich en se trille.
- Ik wit it net, mar der is in motorfyts op 'e reed.
Doe hearde se de motorfyts ek. Wylst hy har byljochte, pakte se har klean by inoar. Se strûpte de swarte oerjas, dy't Germ foar har opdien hie, oer de ûnderklean en roppe de jurk en har hoazzen yn de boadskiptas.
- De jonges steane der al, ik sil de boel wol oprêdde, sei er.
Se hime, en se stroffele ek noch oer de drompel doe't se der út soe. Se waerd elke kear binauder, tocht him.
Hy hie har noch freegje wold hwer't Germ wie, mar se wie al fuort. Hy lei de tekkens to plak en roun om it ledikant hinne nei it ljedderke. Mei de lampe yn 'e iene hân en de oare oan 'e boppekant fan de ljedder, ljochte er op healweis oer it souderke. It ledikant, dat mei de fuottenein tsjin 'e pannen stie, wie net bislept. Hy gong nei ûnderen en krige doe dochs mar de tekkens fan it fanke har bêd. De lije waermte fan har lichem kaem him tomjitte.
- Dat bern rûkt sa eigenaerdich, hie Gryt ris sein.
Mei de tekkenboel ûnder de earm, roun er it gonkje troch. Oan 'e ein, tsjin 'e doar oan, foun er op 'e taest de amer, dêr't Gryt de smoarge wask yn to weak hie. Hy stoppe it lekken ûnder it sjipsop. De tekkens gong er mei nei it keammerke en smiet se troch it iepen bedsté oer Gryt hinne. Se draeide har om
| |
| |
en grommele hwat, mar se joech har daliks wer del. It holkessen lei er yn it oare bedsté op syn eigen. Doe't er der út soe, kaem it him yn 't sin, dat it fanke gauris hwat op 'e skoarstienmantel lizzen hie. Hy taestte der by lâns en foun in kaem en in hierboarstel. Hy stoppe de dingen ûnder yn de amer mei smoarge wask. It ljocht stie noch yn it efterhûs. Hy blaesde it út en sette it om 'e doar.
De motorfyts moast op healweis wêze. It gong net hurd. De reed wie dêr goed min en hwa't it net wist, koe der oan 'e knibbels ta yn 'e dridze reitsje.
Hy die in pear stappen nei de opfeart ta en harke. De skou wie weiwurden en hy hearde noch even de kloet. Om wissichheit to hawwen, gong er nei de skuorre en taestte op 'e knibbels it sliepplak fan de jonges ôf. Hy foun neat mear. Hy reage it strie út inoar en smiet der in pear âlde fûken del. Doe roun er wer it hiem oer nei de skou en wachte.
Hy hie wol witte wold hwer't Germ siet. De jonge wie gauris in nacht op 'en paed, mar dan sei er it meastentiids. Hy leaude net, dat er justermiddei by de iterstafel hwat sein hie. As er op dit stuit ûnderweis wie nei hûs ta, murk er gau genôch, dat it net fortroud wie.
Hy stapte yn 'e boat en luts de beun nei de wâl. Hy socht om it kaike, doe't er Gryt fornaem. Se stie yn 'e doar en frege: - Hwat komt dêr oan?
- In motorfyts, soe'k sizze. Set mar théwetter op, dan rêd ik mei de iel. It hat goed fong fannacht.
Mar hy bigoun der net mei en Gryt stapte yn 'e klompen.
- Alles oan 'e kant?
- Jawis.
Hy socht om in prûmke. It wie de tiid noch net. Hy hie it pûdtsje mei opset sin net yn 'e bûse dien, hwant as er moarns ier bigoun, moast er it jouns bilije.
| |
| |
- Germ wie der net, sei er.
Hy hie it skepnet krige en tilde it lid fan 'e beun.
- Hat er net thús west?
- It bêd lei noch opmakke.
Hy lei it skepnet op 'e iepen beun en stapte op 'e wâl. Se wienen oan 'e hikke ta, doe't se yn aksje kamen. It wie ynienen allegear ljocht, hwant se brûkten ek bûslantearnen. Se biskynden de foarein fan it hûs en seagen him stean. Hy waerd de skym fan in man gewaer en doe noch ien en efter it ljocht fan de motorfyts biweegden in pear. Se hienen lange jassen oan. Der kamen twa man op him ta en de oaren swalken oer it hiem. Hy wist, dat it soldaten wienen. Se gongen foar him stean en skynden him yn it gesicht.
- It is kâld, sei de iene, in man mei in hege pet op.
- It komt fan dy wiete damp, sei de oare.
De soldaten rounen om it hûs hinne. Ien man bleau by him stean, de man mei de hege pet op skarrele by de wâl del en skopte tsjin 'e skou oan. Der wienen altyd wol in man as fiif, seis. Yn 'e skuorre sloegen se yn 'e fûkestokken om en hy hearde ek, dat se de âlde taentsjettel, dy't yn 'e fierste hoeke stie, omkearden. De man mei de pet wie by de wylgepôlle oanlanne, dêr't de nije taentsjettel stie. Hy skopte der tsjin oan en rôp in namme. Der kaem immen efter it hûs wei, ek ien mei in pet, en hy seach dat it in plysje wie. Net ien fan de wetterplysje; dy koed er allegear. It moast Bolhuis wêze, dy't op it doarp stie. De offisier frege tekst en útliz en de plysje die syn bêst, mar hy koe min Dúts. Se biseagen ek in oventsje, dêr't er de deade iel yn rikke en de plysje rûkte der oan. De offisier sneupte fierder.
Hy rôp: - De groun is dêr frijhwat slap en as dy menear der net yn wol, kin er better diz' kant út komme.
De plysje joech it boadskip hastich troch en ljochte de offisier
| |
| |
by. It bigoun to daegjen en de bries, dy't út 'e mar weikaem, jage de damp foar him út. Op 'e siden fan it hûs strúnden twa man om de megere fruchtbeamkes hinne en se seagen efter de wylgepôllen, dy't er dêr yndertiid boud hie om de apelbeammen út 'e wyn to krijen.
De offisier sei: - Wy geane yn 'e hûs.
De plysje kaem op him ta en sei: - Wy sille it hûs ûndersykje moatte.
Gryt stapte fansiden; de offisier liet de plysje foar gean. De plysje stompte de holle tsjin 'e daksgoate en de offisier seach der nei en bûgde him djip. Mar yn it gonkje roun hy tsjin 'e panlatten oan en flokte. It keammerke wie mei fjouwer man aerdich fol. Se skynden mei de bûslantearnen om har hinne en de plysje sei: - Stek de lampe mar oan.
Gryt die it, mar se knoffele frijhwat. Hy naem it oer. Hy krige it glês fan de lampe en de offisier ljochte him by. Twa soldaten skarrelen yn it efterhûs om en gongen de leider op. Se klosten op it souderke om en de lampe bigoun to triljen.
- Gean mar sitten, sei de offisier.
Hy makke de learen jas los en lei de pet op 'e tafel. Gryt gong op 'e stoel tusken de beide bedsteden sitten. Hy sels roun om 'e tafel hinne, dêr't yn 'e hoeke de reiden stoel stie, krekt tusken de skoarstienmantel en it finsterbank yn. De plysje bleau yn 'e doar stean. De offisier hie sa't skynde syn nocht. Hy luts de stoel oan en gong mei de earmtakken op 'e tafel hingjen. De plysjeman seach him oan en wachte ôf. Gryt woe miskien wol thé sette, mar se doarst it út harsels net to dwaen. Se meneuvele mei de hannen.
Hy forskoude it kessen ûnder syn gat en krige it kistje út it finsterbank, dêr't de prûmtabak yn siet. De offisier seach mei de eagen heal ticht hoe't er der in topke út krige en yn 'e mûle stoppe. Op 'e souder forskouden de beide soldaten it ledikant
| |
| |
en se sloegen ek yn in steapel fûken om, dy't er by de skoarstien stean hie, omdat se dêr goed droech bleauwen.
De plysjeman sei: - Siz it mar, hwat hawwe jo yn 'e hûs? en hy seach tagelyk nei de offisier, dy't it wol goed foun. - Hwat ha jo to sizzen?
Hy joech daliks gjin antwurd. Hy forskoude syn prûmke. - Ik ha jim gjin boadskip dien, dat ik hwat to sizzen ha, sei er doe.
- Hwat dogge dy minsken der sa bitiid ôf? woe de offisier witte wylst er de holle even optilde.
- It binne fiskerlju, forklearre de plysje, - dy moatte moarns ier oan 'e slach. En tsjin him: De Oberst wol witte hwerom jim sa bitiid binne.
- Dat hear ik, sei er.
- O, jo kinne it wol folgje?
- Ik kin it wol neikomme.
Hy koe wol sizze, dat er lang genôch yn Dútslân arbeide hie om de tael better yn 'e macht to krijen as dy plysje, mar salang it him net frege waerd, woed er him mar stil hâlde.
Der kaem in soldaet yn 'e doar, dy't mei de hakken tsjin inoar sloech en sei, dat se neat foun hienen. De offisier wiisde mei de holle, dat er der wol út gean koe. De plysjeman gong der út en klaude fuort letter ek op 'e souder om.
Hy seach nei bûten en waerd in soldaet gewaer, dy't mei it gewear ûnder de earm tusken de apelbeammen stie.
De plysje kaem der yn en frege: - Hoe is 't mei de kostgongers?
Hy krige it buske fan 'e flier, dêr't er altiten de tabaksjarre yn garre. - Wy binne meastentiids togearre, de frou en ik.
- Dy beide ledikanten wurde fansels net brûkt. En jim ha twa bedsteden. Jim ha dus eins oan ien genôch, de rest it foar de útfanhuzers.
Hy die in stap foarút en seach efter de bêdsdoarren. - Men
| |
| |
soe oars sizze, dat se beide bislept binne.
Hy joech gjin antwurd, omdat him neat frege waerd, en de plysje rapportearde, dat der fjouwer sliepplakken wienen, wylst se oan ien genôch hienen.
- Soa, sei de offisier, - lit him mar fortelle hoe't dat sit.
Hy rôp nei ien fan de soldaten, dat se it hiem goed ôfsykje moasten.
- De Oberst wol witte hwer't jim al dy bêdderij foar brûke moatte, sei de plysje.
- Ha jo dat al net útlein?
- Ik ha konstateard, dat der tofolle bêdden binne foar twa minsken. Hwa slept hjir? Hy wiisde nei it earste bedsté.
- Dêr liz ik.
- En datte?
- Dêr slept de frou.
Hy klaude yn 'e tekkens om. - Soa, dus jim sliepe apart.
- Kofje? frege de offisier.
- Jo koene wol in bakje kofje sette, sei de plysje tsjin Gryt. Se soe oerein, mar hy sei: - Kofje ha wy net.
- Dan mar thé.
- It is ús tiid noch net. Ik moat earst dien ha, en dêr bin 'k noch net oan ta kommen. Hy kaem oerein en die de jekker út. It wie smûk yn it keammerke en hy hie de moarns in trui oan dien ear't er ôfsette.
- Jo wolle net meiwurkje, bigryp ik. Sokken lûke altiten oan 'e koarste ein.
De plysje sei tsjin 'e offisier, dat se gjin kofje sette woenen. De offisier helle de skouders op.
Hy murk, dat Gryt him de wink jaen woe, mar hy seach mei opset sin nei bûten. Hy wist hwat se sizze soe as de soldaten fuort wienen: Nou, hwat ha 'k dy sein? Dêr bigjint it lijen wer. Hwer bimuoist dy mei; wy ha genôch oan ússels.
| |
| |
- En hoe sit it nou mei dy útfanhuzersbêdden?
- Wy ha gjin gedoente mei de minsken, sei er.
- Dus, dy bêdden op 'e souder en yn it efterhûs steane der foar de sjeu, en dan praet ik mar net iens oer dat bedsté.
- Simmerdeis kin it goed near wêze yn it bedsté en dan sliep ik gauris yn it efterhûs, sei er.
Dat wie wier. As er by it ôfljochtsjen seach, dat it fanke by Germ op bêd krûpt wie, krige er de tekkens fan it bedsté en gong der mei nei it efterhûs. Hy wie der net op út, mar hy harke altiten nei Germ en it fanke.
- En dy jonge fan jo slept op 'e souder, tink?
- Sa is 't.
Hy forwachte, dat se der neijer op yn freegje soenen, mar dat dienen se net.
- Ha jo fannacht thús west?
Hy knikte mei de holle.
- Jo hienen dôbbers yn 'e boat, ha 'k dat goed sjoen?
- Ik ha in stikmennich dôbbers út hawn, mar dêr bliuw ik nachts net mear by.
En ek dat wie wier. Hy helle de dôbbers moarns op as er nei de fûken gong.
- Hwer hiene jo dy dôbbers lizzen?
- Oan 'e oare kant fan it soal, oan 'e súdwâl. Dêr sit de weake groun en as jo iel...
De plysje sei tsjin 'e offisier, dat er oan 'e súdkant fan 'e mar fiske hie. De offisier woe der mear fan witte. - Freegje him hoe let er dêr west hat, en hoe lang.
De plysje brocht it oer.
Hy wachte even. Hy tocht der oan, dat se net nei Germ fregen, wylst de plysje wol wist, dat se in jonge hienen. - Ik bin bigoun út to lizzen om healwei njoggenen hinne, mar it kin ek wol in kertier earder of letter west ha.
| |
| |
- Hwer binne jo bigoun?
- By de opfeart ûnder Ychten. Ik ha der in tichtset en dy sjoch ik earst altiten nei.
De offisier harke mei mear bilangstelling as earst en ûnder-briek de plysje in pear kear. Hy fiske al wiken oan 'e súdkant en it wie juster net oars as alle dagen.
- Hoe let binne jo nei hûs fearn?
- Dat wit ik net. Ik ha de lêsten der út smiten doe't it bigoun to skimerjen. It wie al hast tsjuster, tinkt my.
- Hoe let wienen jo thús?
- Hoe let wie ik thús, Gryt?
Gryt, dy't noch neat sein hie, wist it net. - Like let as oare jounen, sei se doe.
Hy sei: - Wy sjogge hjir net op in ûre.
- Guon fiskers bliuwe der nachts by, sei de plysje.
- As ik in heal tûzen dôbbers út ha, en it is in moaije nacht, dan doch ik it ek wol ris, sei er, - mar net om in pear hûndert. It hoecht tsjintwurdich ek net mear.
- Hwerom net?
Der kin suver neat mei barre; der is hast gjin farderij mear.
Hy hoegde it measte ek net to fangen. Hy fong sa folle as er brûke moast om to ruiljen. Hy moast op 'e tiid hwat tabak ha en sâlt foar de rikkerij en side en ketoen foar de fûken.
- Ha jo neat bysûnders sjoen, justerjoun?
- Ik soe 't sa net sizze. Der is in tsjalk troch it soal kaem, de kant út nei de Follegeastersleat. Ik ha wol sjoen, dat it hout wie, fan dy meterbalken. En de plysjeboat fan de Lemmer wie der fansels, om de selde tiid as oars.
Hy hie der by sizze kind, dat de adjudant lyk as altiten mei de kiker nei him siet to sjen. Hy woe him wol ha. As er op bears of snoek fiske, kontrolearden se him altiten op undermaetske fisk. Se wisten, dat er streupte. Se moasten ek wol witte, dat er
| |
| |
in gewear hie en dêrom bisochten se it hyltiten. Se hienen ek bisocht syn forgunning yn to lûken.
- Der is jo dus neat opfallen. En hoe let binne jo fan 'e moarn ôf set?
- Healwei fjouweren sahwat.
- Dat is bitiid.
- It is trije kertier farren, en it wol moarns net sile as it sa stil is.
- En it wie noch tsjuster doe't jo werom kamen, dat ha wy sels sjen kind.
- Dat kaem troch de damp; it is oars earder ljocht.
- Kinne jo de dôbbers wol fine as it noch tsjuster is?
- Se lizze op 'e rige.
- Hoefolle dôbbers hienen jo út?
- Goed hûndertenfyftich.
- Leinen se fan 'e moarn allegear goed?
- Ja, ik ha der stiennen oan.
- Mar as der hwat oerhinne fart?
- Dan strûpe se meastentiids ûnder de boat troch. Der wurdt wol ris ien forsleept, mar dat kin in grouwe iel ek dwaen.
Der hie wol hwat by de tichtset west. Der stie in stok bryk, it kearnet moast oan 'e kile fan in boatsje sitten ha. Der wie neat stikken en se hienen ek net ta de fûken west. It hoegde lykwols neat to bitsjutten. Der sieten in soad ûnderdûkers om 'e mar hinne en dy woenen der jouns en nachts wol ris út. Se gongen nei de froulju of sneupten sa mar hwat om.
Hy wist net hwer't it om to rêdden wie. De earste kear sochten se om wapens, dy't út fleantugen smiten wienen en foar in part yn 'e mar del kamen. Hja kearden doe it hiele hûs om en se sneupten mei man en macht de hiele krite ôf. It gong nou net om wapens, hwant oars hienen se him wol warskôge, dat er de dôbbers better earne oars út lizze koe.
| |
| |
- Jo sitte hjir fuort by de mar, jo forkearre alle dagen op it wetter. As der hwat bart, merke jo dat gau, sei de plysje.
- De mar is great. Mei it bleate each kin 'k amper oer de helte hinne sjen. En fan 'e súdkant sjogge jo neat, hwant der leit in lange hage mei reid en biezen. Se sizze, dat it de âlde dyk is, mar dat sille jo wol witte.
- Jo tinke dochs net, dat wy dit allegear leauwe, wol? Jo sitte hjir deun op 'e mar, mar hwat der op dyselde mar bart, dêr witte jo neat fan.
- Sa is 't.
- Witte jo eins wol, dat it oarloch is?
- Wy merke der hjir net folle fan.
Tweintich jier lyn soed er dit net oer syn kant gean litten ha, en tsien jier lyn ek noch net. Hy hie in greate haet tsjin plysjes en alle oare mannen fan it gesach en dat wie net foroare. Mar hy spatte net mear op en hy wie alhiel net fan doel om it yn 'e kant to setten. Hy tocht oan 'e jonge en hy woe wol yn goedens. Hy hie de mannen op dit stuit miskien wol kofje ta ha wold.
- Mar it is oarloch, sei de plysje, - en dan wurde de minsken oars bihannele as se wend binne.
Ik ha it mei jim noait sa goed wend west, antwurde er en fuort der efteroan: - Ik ha op alles hwat my frege is antwurd jown, wier of net?
Dy plysje frege net nei de jonge, en dêr waerd er ûnrêstich fan. Bûten wie it hast ljocht. Der hong hjir en dêr noch wol in flarde grize damp, mar út 'e mar wei kaem de wyn opsetten.
De offisier gong oerein en stapte nei bûten. De plysje roun efter him oan en se flústeren togearre by de doar. Gryt seach him oan, mar hy hold de soldaet yn 'e gaten, dy't foar it rút hinne en wer roun.
De plysje kaem der yn en sei: - Jo moasten de jas mar oan-dwaen.
|
|