Feroaring fan lucht
(2004)–Rink van der Velde– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 186]
| |
It stjonkt hjir nei minsken, seit Durk. Mar dêrom hied er dat eptige mantsje fan it kantoar net sa'n reis ferkeapje hoeckt.Durk hat it al foarsein: op in hjerst mei in soad bûkels en ikels folget in strange winter. Dat hat noait oars west en dat sil ek noait oars wurde. De natuer is net om 'e nocht rynsk mei fruchten. Alle bisten dy't yn it wyld libje, krije de kâns de goede jeften te sammeljen, sadat se der winterdeis tsjin kinne. Yn âlde tiden holden de minsken der ek rekken mei, mar dy binne hjoeddedei sa bedoarn dat se net mear oan de tekens fan de natuer leauwe. Se hoege trouwens ek gjin foarrie oan te lizzen, lyk as de iikhoarntsjes, de murden of de fjildmûzen. Se hoege har net iens fet te iten lyk as de reeën en de kninen. De minsken rêde har wol sûnder in kelder fol jirpels of in side spek. Durk hie wol rekken mei in strange winter holden, mar yn Drachten hoecht er gjin maatregels te treffen. It gas rint ek winterdeis wol troch en by Philips fernimt men yn de fabryk net iens oft it winter is of simmer. En it liket der yn it earstoan ek heulendal net op dat it winter wurde sil. Mei de krystdagen is it bûten suver noch myld. Op 27 desimber lykwols giet it los en âldjiersdei binne de iisbanen iepen en wjukkelje de earste reedriders de fearten en sleatten lâns. In wike letter leit der sa'n bonke iis yn dat de belsliden foar 't ljocht komme. ‘Duvekater, wat in genot dat men jins wurk binnendoar hat,’ huvert Durk. Dochs geane hy en Willem der saterdeis op út. Yn it Djip leit it iis samar oan 'e boaiem ta en soks betsjut dat der wat te heljen is. Se slane op de djipste plakken | |
[pagina 187]
| |
bitten yn it iis en skeppe de snoeken en mûdhûnen der samar út. Jûns kappe se lytse gatten deun tsjin de wâl oan en tropje der proppen hea en strie yn. Sneintemoarns betiid der wer hinne. Grouwe ielen binne nachts yn dat hea en strie krûpt. Se geane der foarsichtich op ôf, dan mei in haal de toppe hea en strie oer it iis smite. De iel rûgelt der út en leit foar it oppakken. Fûl wurk. De jûns mei de lea fol kjeld nei hûs en de moarns mei de stive rêch fierstente ier fan 't nust. Mar dat let allegear neat. Dat is te sizzen, Durk rekket al út 'e tiid. Ferkâlden, pyn yn 'e holle, spuie as in ielreager. It net leauwe wolle fansels, dus dochs nei de fabryk. Net dat er him net deljaan wol, mar hy wol it net wêze foar Foekje, dy't him warskôge hat foar dy reizen nei de Sweach. In dei letter in heale longûntstekking en dan helpt de Bearenburch net iens mear. ‘It komt fan dy ferrekte fabryk,’ seit Durk. ‘In mins wurdt dêr folslein bedoarn. Jo kinne op 't lêst gjin sigentsje mear ferneare.’ ‘In sigentsje, seiste? It himd siet dy saterdei oan it gat ferzen,’ hunet Foekje. ‘Jawis, mar dêr moat men tsjin kinne. Hoe lang is it lyn, dat ik yn dat wek rûn doe't Feike Dam my achter de broek siet? Tsien jier, langer net. Hoe lang haw ik doe oan 'e skouders ta yn 't iis stien ear't ik der útkomme doarst? Altiten wol in healoere. Ik frear der suver yn fêst, ik moast my dersels út bikje. En ha 'k der wat fan skipe?’ ‘Bist net sa jong en sterk mear, Durk.’ ‘It is gjin kwestje fan leeftyd mar fan behurdzjen.’ Sa leit Durk goed twa wike op bêd te fûterjen en der ûntkomt him fan alles. As it begjint te teien - it giet like hurd as it ferzen hat - mei hy der noch net út. Wylst dan krekt de fisk fan benaudens by de wâl op- | |
[pagina 188]
| |
krûpt. Ein febrewaris kin it wer wêze. De earste de bêste saterdei fytst er nei de Sânleane en sjocht it spul oer. Underweis nimt er waar dat de einen al beginne te pearjen, Jawis, as it trochset binne de earste aaien der samar. De foarlikste ljippen moatte ek hast komme. Hy eaget de greide oer en sjocht even by de heide. Der komt libben yn, it is oan alles te sjen. En it wyld hat net folle lit, want de winter hat wol fûl west, mar net lang duorre. Durk stiet op 'e brêge en snúft de lucht op. Hy heint de rook fan de kommende maitiid op en hy kin der mar min wei komme. Hy strúnt om it âlde stee hinne, besjocht de ierdbeiplanten en hy hellet in tûkje fan de wylgepôle by it Djip. Hy pluzet de skyl derôf en rûkt. Allegear libben en it sop rint him oer de fingers. ‘Duvel Bijke, wat giet it no hurd. It is my fansels troch dat siik wêzen wat ûntkommen, ik hie net yn 'e rekken dat it sa foarlik wie.’ Hy hie dêr salang net bliuwe moatten. As er yn it skimertsjuster op 'e fyts stappe sil, heart er ynienen de guozzen. Se sitte heech, dat hy kin se net sjen. Mar hy wit wêr't se hinne geane. Nei it lege lân oan 'e súdkant fan it Djip, dat om diz' tiid fan 't jier yn 'e gros leit. Hy heart de guozzen noch as er de Sânleane lâns fytst. Hy dikert tusken de keale krunen fan de beammen omheech nei de heldere loft. Miskien ha de guozzen it him wol dien. Hy is thús sa ûnrêstich as in aaisike hin. Hy dangelt op it hiem om en hat in sin as in baarch. As Foekje him yn 'e hûs ropt, seit er ûntefreden: ‘No is 't febrewaris en yn 't fjild kinst de maitiid oankommen fiele, do kinst it rûke. Mar hjir is 't bare winter, ik rûk hjir achterhûs alheul neat.’ Hy snúft as in speurhûn. ‘It stjonkt hjir,’ stelt er fêst, | |
[pagina 189]
| |
‘it stjonkt hjir nei minsken.’ ‘It kriget jim heit wer te pakken,’ krimmeneart Foekje tsjin Klaske. ‘Ik hoopje dat it goed giet.’ Wêrom soe it net goed komme? It ferstân moat foarop, is 't net sa? Mar se moatte Durk yn dizze snuorje gjin dwerse kneppels smite. Thús hâlde se der rekken mei, mar yn de fabryk leit dat oars. ‘Durk, gjin ferkearde dingen dwaan,’ warskôget Foekje moarns. By it kofjedrinken freget Klaske: ‘Wat hat der eins west mei heit en wêrom sit mem der oer yn as er sa'n frjemde rite hat?’ Foekje prakkeseart der op om. ‘Do hast gelyk, der hat wat mei him west.’ ‘Wat dan mem?’ Foekje betinkt har. ‘Nee, dat hoecht net ien te witten, no ja, letter miskien.’ Letter duorret yn dit gefal net lang. Durk hat de kantine oanfage, de taffeltsjes himmele en alles klear set foar it kofjedrinken. Hy drinkt sels in bakje yn 't foar en giet dan nei it magazyn om dêr syn dingen te dwaan. As der spoarweinen lost of laden wurde, is 't dêr allegear rommel. Net dat it Durk yn 'e wei leit, mar de chef wol it graach sa gau mooglik opromme ha. As er even letter yn de kantine komt om in brede feger op te heljen, sitte de measten al te skoftsjen. Twa fan dy gystene jonges binne oan it wrakseljen, stompe tsjin it taffeltsje oan en der knoffelt in breatrompke ôf. De brochjes der út en dan kwakt de iene de oare der op 'e rêch yn. De bûter en de sjem sitte him yn 't hier en op de skjinne flier sit de bringst ek. ‘Even opromje jonges, ik ha 't hjir krekt skjin,’ seit Durk. | |
[pagina 190]
| |
Sa'n oanmerking hat men neat fan te sizzen, wier of net. Mar dan moatte sokke mannen net lêbich wurde en sizze: feie jo dat mar oan, dêr wurde jo foar betelle. Sok praat stiet Durk de kop net nei en dat fernimme se gaueftich. ‘Oppakke dy rommel,’ hjit er de jonges gleon. ‘Kalm oan, heite,’ seit de iene. Se geane oerein en sille fuort. Durk grypt se by de tûfe, yn elke hân ien. Hier genôch, dat hy hat se goed beet. Yn elke fûst in holle en hy triuwt se even stevich tsjin inoar oan. Net te rûch, mar it komt al aardich oan. De beide mannen sûzebolje der oer en sitte ferstuivere neist inoar op 'e flier. Durk kriget syn ark en giet fuort. Mar der wurdt fansels wol even oer praat. ‘Sa moatte wy net, Lugtigheid,’ seit chef Hiemstra. ‘Sokke bongels fertsjinje it fansels wol, mar dit is de wei net. Yn sokke gefallen moatte jo in klacht yntsjinje by my.’ ‘Och, dit helpt folle better,’ seit Durk guodlik, ‘tink om myn sizzen.’ Sa rint dat ôf. De pear moaie dagen dy't febrewaris plachtet te hawwen - mar dêr't Durk neat oan hat, omdat er yn dy fabryk wêze moat - binne noch net om. De oare deis mient Durk ûnderweis nei it wurk in ljurkje te hearren. Hy harket mei niget, mar der sûzje him auto's en brommers foarby en dy fergalje de wille. De man fan it kantoar dy't gjin each en earen hat foar ljurken en noch minder foar Durk syn swierrichheden, hie de moarns better net yn it magazyn komme kind. Hy dangelt der om mei listen en rint dan mei Hiemstra by de steapels kisten en doazen lâns. Se streekje de foarrie ôf op de listen. In eptich man, hy seit gjin mins dach mar kommandeart ta. Hy ropt | |
[pagina 191]
| |
Durk oan en seit: ‘Zeg, loop even voor me naar de administratie en vraag heer Jacobse naar de stukken ...’ Durk harket net iens mear. Hy draait him om en faget fierder. Dy man seit ferheard: ‘Hee, ik vraag je wat.’ ‘Dêr bin 'k net foar ynhierd,’ seit Durk en hy giet syn wegen. De man is even ferslein, mar dan draaft er achter Durk oan en leit him de hân op 't skouder. Dom dwaan fansels, mis, heulendal mis. Durk draait him om, ûnderhellet de fûst en jout dy man in bêste pomp yn 'e mage. De eptige menear teart dûbel en saait oer de flier. Durk is op ien ein en as der folk by komt freget er oft der mear by binne dy't ferlet ha. Minsken genôch, mar net ien hat ferlet. Hiemstra komt der op in draaf oan, mar bliuwt op feilige ôfstân stean. Durk stiet as in oansketten foks midden yn de rûnte en wachtet ôf. ‘Oan it wurk minsken,’ moannet Hiemstra mei senuwachtige gebearten en hy triuwt de manlju alle kanten út. It folk giet ûnwillich oan 'e slach. ‘Even in bakje kofje, Lugtigheid,’ beart Hiemstra en hy komt justjes tichterby. ‘Dat is goed.’ Hiemstra draaft nei it buffet. Hy stelt him oan as hied er in gefaarlike gek foar him en sa mâl hoecht it ek wer net. Durk mei dy man hiel wol lije, sadwaande hâldt er him kúm. De menear is oerein riisd en sjocht ferslein om him hinne. Hiemstra jout him de wink en de man lûkt him ûnopfallend werom. ‘Sa, gean sitten, ik helje twa kofje.’ ‘Sûker en molke graach,’ seit Durk. Hiemstra sjocht him nuveraardich oan. ‘Komt klear, Lugtigheid, komt klear,’ en hy draaft al | |
[pagina 192]
| |
wer. Yn it fierdere ferrin giet de lieding mei ferdrach te wurk. De sociale wurker wachtet oan jûns njoggen oere ta, as de lytsen op bêd binne en de âldsten der út stjoerd wurde kinne. Yn it húslike fermidden mei allinne Klaske en Foekje derby doart dy man it wol te sizzen. ‘Hoe't jo it ek besjogge, Lugtigheid, dit kin fansels net. Hjir is gjin ekskús foar. Ek al hie dy man jo noch sa misledige - mar neffens it rapport hat er allinne wat bazich en nei alle gedachten ûntaktys west - dan noch kinne jo der net sa mar yn huffe.’ ‘Wat hast dan dien, Durk?’ freget Foekje benaud, want Durk hat summier west yn syn meidielings. Sokssawat as spul hân en even ien geweken nommen. ‘By ús wurdt net gau immen ûntslein, mar yn dit gefal bin ik der net wis fan oft wy dat keare kinne.’ Durk seit der net folle fan. ‘It moed rûn my even oer en dan stean ik net alheul foar mysels yn.’ ‘Jo binne in opljeppen man, dat hie 'k al begrepen, mar...’ Och, dy sociale wurker is in poerbêste man en hy hat net alhiel ûngelyk. Mar hy hat gjin weet fan guozzen, ljurken en de rook fan de maitiid. Foekje en Klaske knikke wakker by alles wat de man oanfiert. ‘Hy kin it moai sizze,’ seit Foekje as er de doar út is. ‘In ôfgryslik aardige man,’ befêstigt Klaske. ‘Mar no wol ik al witte wat der yndertiid mei heit west hat.’ Foekje suchtet djip. ‘Durk, wat seiste?’ ‘Bern, ik ha it noait stil holden, dat is fan dy útgien. Ik stean der noch altiten foar.’ ‘Jim heit,’ begjint Foekje gewichtich, ‘jim heit hat sit- | |
[pagina 193]
| |
ten.’ Klaske wurdt der yn earste ynstânsje net kjel fan. ‘Foar streuperij?’ ‘Nee, dit wie wat oars.’ ‘Leave,’ seit Durk, ‘do hoechst der net in foardracht fan te meitsjen.’ En dan tsjin Klaske: ‘Yn 1938 ha 'k in opsichter fan de Heidemij tenei west en dêr ha 'k njoggen moanne foar sitten. It wie yn de wurkferskaffing en wy sieten yn de Beetster krite. Dêr waard doe lân oanmakke en wy moasten der hinne. Wy waarden dêr negere. Dêr krige ik myn nocht ôf en doe ha 'k yn 'e slach west mei dy opsichter. Oars wie 't noch net folle wurden, mar hy krige in lep wylst ik mines krekt dellein hie. Ik hie him in klap tsjin 'e kop jûn en dêr wie 't fan myn kant mei ôfdien. Mar hy kaam mei de lep achter my oan, dat doe moast ik ek wol. Ik ha him mei de F.Herder in pripper jûn en hy hat my mei de bats de earm heal lam slein, mar dat hat de rjochter noait hearre wollen. Alles draaide om dy pripper mei 't mes.’ ‘Wied er dea?’ freget Klaske, no dochs wol wat ûnder de yndruk. ‘Welnee, wat tochtste? As er dea west hie, wie ik noait wer frij man wurden. Hy wie it deaskoppen ek net wurdich, dy hont.’ ‘Durk, wolsto dyn mes wol thús litte?’ freget Foekje. Durk laket. ‘Wat moat ik yn dy fabryk mei in mes? It sit al tiden yn myn âlde broek.’ ‘Gelokkich,’ stint Foekje. Durk kriget net dien. Nei alle gedachten is dat allinne in gefolch fan de frees foar opskuor. Yn it magazyn meie se Durk wol lije en dat eptige hearke dêr't er sa linich mei ôfweefde, kin elk wol sjitte. As Durk | |
[pagina 194]
| |
ûntslein wurdt kinne guon it wolris yn 'e kant sette; der arbeidzje mear Wâldmannen yn it magazyn. Durk sels hat it slimste hân. It wurdt ûnlijich en kâld meartwaar mei sniebuien, nachtfroasten en hagelstiennen. Der binne dagen dat it jin oangriist om der út. Durk priizget it grutkaptaal dat him ûnderdak ferskaft. It is wol spitich dat Willem dan krekt mei sokke alarmearende berjochten fan de Sânleane komt. Op in jûn stapt hy deryn en seit sljochtwei: ‘Us hûs giet derôf.’ ‘Wat seiste?’ ropt Durk ferheard. ‘Se brekke meikoarten ús hûs ôf. Ik ha it heard fan de man fan de gemeente.’ Durk riist út 'e stoel. ‘Dat kin fansels neat wurde.’ ‘Durk, dat hûs binne wy kwyt, dat ha 'k dy al sa faak sein.’ ‘Gjin sprake fan, ik stean op myn rjocht.’ ‘It is net beskreaun, Durk,’ eamelt Foekje. ‘Wy kinne der neat oan dwaan.’ ‘Se komme sa net fan my ôf. Ik sil myn maatregels treffe.’ En dat docht er. Hy stapt de oare deis nei Hiemstra ta en seit: ‘No jout it neat, mar ik moast moarn al in pear snipperoeren ha.’ It hinget deryn fansels. Soks moat fier fan te foaren oanfrege wurde. Boppedat kin Durk mei de trije moanne dy't er by dizze baas is net folle rjochten jilde litte. Hy rêdt it dochs op omdat Hiemstra foar him pleitet. Hy seit de oare moarns tsjin Foekje: ‘No gean ik earst even fuort.’ ‘Silst net nei 't wurk?’ ‘Nee, ik ha in pear boadskippen op 'e Sweach.’ ‘Och hearken, silst foarsichtich wêze, Durk. En hast | |
[pagina 195]
| |
dochs wol frij frege?’ ‘Dat is yn oarder bern, ik ha in snippermoarn.’ Durk giet yndied hoeden te wurk. Earst stapt er nei gemeentewurken en fuort mar oan 'e direkteur ta. ‘Dus jim slane dat âld hûs oan 'e Sânleane derôf?’ ‘Lugtigheid leau ik, hen, ja, ik sjoch it al. Jo wenje no yn Drachten ha 'k heard. Jo wolle dochs net werom nei de Sânleane?’ ‘Och heden nee, ik prakkesear der net oer. Tige nei 't sin yn Drachten.’ ‘Moai sa, wêr giet it dan om?’ ‘Ik woe witte oft it ôfbrutsen wurdt.’ ‘Wêrom wolle jo dat witte?’ freget de direkteur erchtinkend. ‘Dat sil ik jo sizze, ik ha der noch it ien en oar yn. In âld kachel, in pear mud jirpels ûnder it bedstee. En dan op it hiem wat planten, ierdbeien, beiepôlen en sa. En op 'e sydmuorre ha 'k okkerjiers krekt in moaie klimop oanset. Ik wol dat guod der wei ha ear't jimme begjinne te slopen.’ ‘Dêr kin 'k ynkomme. Ha wy dat krot ferline hjerst net kocht?’ ‘Dat sil't wol.’ ‘Ik wit net krekt wannear't wy der oan ta komme. Woenen jo it op slach witte?’ ‘As dat kin.’ ‘Dan moat ik even freegje.’ De direkteur skillet mei ien fan de meiwurkers: ‘Earst noch dy dûbele wenning yn Duerswâld en dan... Krekt, dan wit ik it wol sawat.’ Hy leit del en seit: ‘It hinget fansels fan 't waar ôf, mar de earste fjirtjin dagen sil it noch net folle wurde. Dochs soe 'k jo boel der mar gau weihelje, want ik kin jo net garandeare dat it der oer trije wike noch stiet. En as de bulldozer der foar stiet, is 't yn in dei beslik- | |
[pagina 196]
| |
ke. Fan jo moaie struken en planten sil dan net folle oerbliuwe.’ Twa wike, seit Durk bûtendoar tsjin himsels, twa wike en langer net. Hy giet mei de fyts oan 'e hân nei de húshâldster fan Ale de Haan, mar dat mins sjocht him oankommen. De doar op in kier en de grouwe lea der achter. Hy set noch al de skoech der tusken, mar fierder komt er net. ‘Wat ha jo der foar bard?’ ‘Ik leau net dat ik jo ferantwurding skuldich bin.’ ‘Aardich minder as jo tocht hienen. Foar de rekreaasje wie 't mear wurdich. Jo hawwe my der oars net yn kend en dat is my min nei 't sin. Hoefolle hienen jo tocht?’ ‘Och man.’ ‘Net dat ik genoegen nim mei in ôfkeapsom, mar ik moat witte hoefolle it opbrocht hat, sadat ik myn maatregels treffe kin. Jo ha fansels wol yn 'e rekken dat ik mei jo yn proses gean.’ ‘Man, pak op. Veldstra is myn saakwaarnimmer, gean dêr mar hinne.’ ‘Sels witte, ik kom it by de gemeente wol oan 'e weet.’ Se wipt moai handich syn skoech der wei en klapt de doar ticht. No ja, it wie it besykjen wurdich. Fjirtjin dagen, seit er ûnderweis nochris tsjin himsels, twa wike. Hy snúft de lucht op. It waar sil mei gauwens omslaan en dan is 't maitiid. Fjirtjin dagen, it is koart dei. |
|