Feroaring fan lucht
(2004)–Rink van der Velde– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 197]
| |
Om in lang ferhaal koart te meitsjen. En wêr't feroaring fan lucht al net goed foar wêze kin.De opset wie goed en der is ek mei ynmoed besocht om it dêrhinne te lieden, dat wy Durk-en-dy yn dit lêste haadstik as tefreden minsken yn har bestean achterlitte koenen. De âldste bern krekt as Aaltsje yn 't fatsoenlike troud en yn earsume beroppen it deistich brea fertsjinjend foar frou en berntsjes of as deeglike húsfroulju de boel by inoar hâldend. De jongsten flitich studearjend oan Mavo, technise skoalle en ien fan de tûksten op de Havo. Foar Klaske wie ek al in oplossing betocht. In kreaze widner mei twa bern soe gading oan har meitsje. Miskien gjin boppeslach, mar Klaske wie der mei rêden. En by wize fan boetedwaning foar de misstap dy't hja ienris begien hat en dy't wy net ferjitte meie, hoegden wy har ek wer net it aldergrutste lok te skinken. Wat Willem oanbelanget, dy soe ta ynkear komme kinne, in ôfgriis krije fan it streupen en fia de dierebeskerming syn bestimming fine: boskwachter op 'e Sweach, mar dan in goeden-ien en net sa'n heale streuper as Feike Dam. En Durk dan? Wel, dy hie út en troch syn mankelike rite ha sild en maitiids soe it bloed gauris sprekke. Want wy moatte reëel bliuwe: it kwea wol maklik yn de minske del, mar jo krije it der sa mar net út. Dochs soe Durk sterk stean en net beswike foar de ferlieding, dêryn stipe troch syn alles begripende Foekje. Mooglik wie hy nei ferrin fan jierren noch chef wurden fan it magazyn. Jawis, sa soe it, mar mannen as Durk Snoad geane har eigen wegen. En wa is dizze skriuwer dat er de skied- | |
[pagina 198]
| |
nis ferfalse mei? It hat dan ek gjin eigenskip en hâld de lêzer langer op 'e tok. It hat net wêze mocht sa't wy graach wold hienen. It griist jin oant benammen foar de berntsjes dy't it libben noch foar har ha, mar it is net oars. Der komt noch wat by. Durk hat de saak fan de yndustrialisaasje gâns ûnderstek dien. Dêr tinke sokke mannen fansels net oan, mar in oar sit der mei. Nim bygelyks dat akkefytsje mei dat eptige mantsje fan it kantoar. Goed, dy man hat skuld, hy hie Durk sa net oankomme moatten. Mar ja, Eindhoven stjoert langer elkenien mar nei Drachten. Wat binne lykwols de gefolgen fan sa'n aksidint? Dy man docht de holle in pear dagen sear. Thús yn Brabân fertelt er nuvere ferhalen oer Wâldsjers dy't der samar yn huffe. Hup, wer in fikse dûk yn it imago fan Fryslân. En ús provinsiaal bestjoer mar skreppe om dy der wer út te krijen. Dit hat Drachten op syn minst in middelgrutte yndustry koste. Want soks sprekt fier: in grutyndustriëel, op 'e reesprong om syn heule bedriuw nei Fryslân te ferpleatsen, heint it ferhaal op. Bliksem, is dat sok mâl folk? Wat stiet my dêr eins te wachtsjen? Dan leaver nei de Europoarte, yn 'e stank en de stakings. Sa, wer in stik goodwill nei de barrebysjes. Dit der even tusken troch, al moat hjir net te licht oer praat wurde. De p.r.-minsken op it provinsjehûs te Ljouwert dy't Fryslân ferkeapje moatte, sille der hooplik wol mei rêde. Wy bejouwe ús dêr fierders net yn. It giet ús yn 't foarste plak om Durk en syn húshâlding. En dêr sil no even koart mei kriemd wurde, sadat de lêzer yn elk gefal wit hoe't it ôfrint. Wolno, Durk sit der dagen lang op om te brieden ear't hy de oaren dermei oankomme doart. Hy nimt earst Foekje ûnder hannen. | |
[pagina 199]
| |
‘Leave, do sjochst min ta. Kinsto hjir eins wol aardzje?’ It falt mei Foekje oars wol wat ta. Se hat it drok, dat is sa, mar hat dat oait oars west? Oan 'e Sânleane liet se wat mear oer har kant gean, yn Drachten kostet it ynspanning om de boel by inoar te hâlden, mar dat it sa slim mei har is ... No nee. Durk beart lykwols dat mem wat ûnder de lea hat. ‘It falt ôf leave, ik wit it wol. Ik ferwyt dy ek neat. Do hast der it meast op oanstien om hjir hinne, mar do moatst dysels gjin skuldgefoelens oanprate.’ ‘Dat doch ik ek heulendal net, Durk.’ ‘Let neat, wy sille wat better om dy tinke.’ Dan de bern. Willem hoecht neat sein te wurden. Tsjerk en Bouwe leit it wol sljocht, hoewol't Tsjerk by neier ynsjen wol sa leaf op 'e Sweach bleaun wie. Yn dy sin hat er him alteast útlitten. Hindrik en Bearend komme him aardich temjitte. De jonkjes kleie dat se gjin oanslach ha. De boarterstún binne se al lang op útsjoen. Se begjinne te swalkjen of hingje thús om dêr't se Foekje en Klaske foar de fuotten rinne. En altiten mar foar de televisy sitte, jo wurde der aaklik fan. ‘Jonges, gean te boartsjen,’ ropt Foekje harren ta. Durk seit berêstend: ‘Se ferfele har, dat kin 'k my yntinke. Ik rin hjir yn myn frije tiid ek mei de siel ûnder de earm om.’ ‘Do komst net mear út 'e stoel wei,’ seit Foekje. ‘Nee, it is mysels ek yn 'e wei, mar hjir is ommers neat te ferstriken. No kin 'k jûns de strjitte wol op en del drave, mar dan sjoch ik oars net as televisytastellen en minsken dy't der mei de kramp yn 't gesicht foar sitte. It is allegear gelyk, itselde hûs, itselde wurk, itselde iten, deselde bank en stuollen. It kin net útbliuwe of de minsken wurde ek allegear gelyk. Ik ha der soms al | |
[pagina 200]
| |
muoite mei om de buorlju út inoar te hâlden.’ Klaske seit: ‘As heit him ferfeelt wêrom giet heit dan net by in feriening? In sportklub of sa, der is genôch.’ ‘Och fanke, dat is docks neat foar my.’ ‘De fiskklub dan, der is hjir in grutte fiskklub.’ ‘Fiskje, ikke? Wês dochs wizer.’ ‘Heit fiske eartiids in soad.’ ‘Op in simmerjûn in oere oan it Djip sitte dêr mocht ik hiel wol oer. Mar by in klub en dan mei de angel oan 'e fyts der op út ... Stumper nee, dan soe 'k tsjin mysels stean. Ik bin in streuper en sok folk ha se by fiskkluppen in hekel oan.’ Foekje seit: ‘Asto it sa swier hast Durk, dan moatte wy dochs wat foar dy útfine.’ ‘Nee, dat hoecht wier net leave. Ik hâld it wol út, ik ha it measte dochs hân, mar ik fyn it wol slim foar de bern. Dy hawwe it libben noch foar har en dan sa. As ik Bearend en Hindrik sjoch dan tink ik wolris: komt dit wol goed? Krije dy mantsjes har gerak wol? Se swalkje oeral hinne en jûns hingje se by dy barren om en by de bioskoop. Sokke bern hearre en sjogge in soad wêr't se eins noch te jong foar binne.’ ‘No moatst it net oerdriuwe, Durk.’ ‘Ik wit wol datsto it te drok hast om der om te tinken, mar as ik dy bern praten hear ...’ Sa besiket Durk de geasten ryp te meitsjen foar in feroaring. Aaltsje kriget der weet fan en besiket it mei wat oars. ‘Miskien moast heit ris omsjen nei in oar hûs. Yn 'e Folgeren of op 'e Pein is miskien noch wol wat, in bytsje út 'e minsken, mei wat romte om hûs en dochs net te fier út 'e reek.’ ‘Dat soe miskien wat wêze,’ beart Durk. ‘Sa'k sei, om my hoecht it net, mar wy moatte om de bern tinke.’ | |
[pagina 201]
| |
Hy is net fan doel om der wurk fan te meitsjen, mar dat docht Aaltsje yn 'e mande mei Klaske en Gryt. De sociaal wurker fan de fabryk wurdt derfoar spand en komt in jûn te praten. It is Durk min nei 't sin, mar hy kin him der net foarwei wine. It komt safier dat er nei it kantoar fan de wenningbouferiening moat om te praten oer in hûs yn 'e Pein dat meikoarten frij komt. In geskikt hûs, wol yn it doarp en der sit noch ien tsjin oan, mar it fjild leit der fuort achter en der is dus ûntwyk. De man fan de wenningbouferiening wit it ien en oar. De sociaal wurker hat sines dien en de buertferiening sil der ek wol achter oan west ha om Durk-en-dy fan de Hoannekamp yn Drachten te krijen. ‘Soa, dus jo woenen dat hûs wol ha. Ja, wat moat men der al fan sizze.’ Der is Durk net folle oan gelegen. ‘Dat moatte jo witte, ikke net.’ ‘Miskien ha wy noch wat oars foar jo. Oan 'e Suderdwarsfeart ha wy ek noch in pear huzen. Moai frij, in grut stik tún en net te fier út 'e reek. Ik tink wol dat it wat foar jo is.’ ‘Jo wolle my nei de Forten ha, begryp ik wol.’ ‘Dat hûs yn 'e Pein is net sa grut en jo hawwe nochal wat bern, net wier?’ ‘Tolve en mei Klaske harres der by trettjin, mar de âldste is troud.’ ‘Dat is wol in soad bern foar sa'n hûs.’ Durk seit koart: ‘Sis it mar, hoefolle moat ik der fan fersûpe.’ ‘Net sa mâl, Lugtigheid, net sa mâl.’ ‘Ik hear it wol, in arbeider mei in grutte húshâlding wurdt hjir net teld.’ De man protesteart, mar Durk is de doar al út. ‘Wurdt neat,’ rapporteart er thús. ‘Se wolle ús dêr | |
[pagina 202]
| |
net ha. De Forten hied er it oer, dêr koenen wy wol hinne.’ ‘De Forten hie 'k tocht,’ seit Foekje. ‘No sis ik it dy, wel as dat moat ...’ ‘As dat moat, giest wol sa leaf werom nei de Sânleane,’ besiket Durk. ‘Nee, ik woe sizze, dan bliuwe wy hjir wol.’ It is de earste kear dat Durk it planút seit en de timing is goed. Bearend en Hindrik binne fuort optein en Willem seit: ‘Wy hienen al earder werom moatten.’ De froulju spuie raar guod, mar it is sein en der bliuwt wat fan hingjen. De sociaal wurker en Aaltsje nimme Durk geweken fanwegen syn ûnbehoarlik gedrach tsjin dy man fan de bouferiening oer. Durk wol der neat fan hearre. ‘Dy man ha 'k mei ôfdien,’ seit er ûnferskillich. ‘Nei de Forten woed er ús ha. Ik kin lang fatsoenlik bliuwe, mar it hâldt in kear op.’ Der barre in pear dingen dy't Durk net foarsjoen hie, mar dy't him aardich yn de kaart spylje. Sa, en no docht him foar de skriuwer de mooglikheid foar om dochs noch neffens it oarspronklike skema ien fan Durk syn bern teplak te bringen en dat is Klaske. Jawis, wy binne it net fergetten, mar se hat no wol safolle goede wurken dien dat har in man takomt. Hoe't hja oan dy man slagget, is wol oannimlik te meitsjen, lykas út it folgjende bliken docht. Klaske hat al in heul skoft de rin nei Aaltsje. Se wol wat, dat is dúdlik. Se kriget har jild mar dat se har net deljout, lit him skoan begripe. Har jonkje is aans twa jier. It is sa'n aardich mantsje, mar wol in hannebinerke fansels. Durk en Foekje hawwe mear as ien kear sein, dat se it bern mei alle leafde op har noed nimme wolle. Dat wol Klaske net en soks moat men yn har priizgje. Guon memmen stopje de bern hjoeddedei o | |
[pagina 203]
| |
sa maklik yn in crèche en geane har gong, mar by Durk-en-dy jilde oare noarmen. Jo hawwe bern om der noed foar te stean en dêrmei út. Goed, der komt op in dei in man en Aaltsje is tafallich yn it âldershûs. Se ken dy man tafallich ek en oan Klaske is te fernimmen dat dy him net foar it earst sjocht. In widner en hy hat thús trije lytse bern en in winkel. In fotosaak dy't fierders net folle drokte jout. Want dy man fertsjinnet syn jild mei fotoreportaazjes fan benammen trouwerijen. In aardige breawinning, seit er, want as der troud wurdt, sjocht men net op in gûne. Wat mear foto's wat better. Hy fotografeart fan moarns oant jûns en plakt de brut yn grutte albums mei keunstlearen bannen en hy docht der in grouwe rekken by dy't altiten flot betelle wurdt. In frjemde manier om oan de kost te kommen, mar hawar. Syn mem docht de húshâlding, mar it minske wurdt aans santich en se kin de drokte eins net mear oan. It is samar klear. Durk hoecht der neat oan te dwaan omdat de froulju alles al regele ha. Hy mei dy man net lije, mar dat skynt dochs syn foarlân te wurden wat de skoansoannen oanbelanget. En op it earste gesicht stiet de man him minder tsjin as dy flapdrol fan Aaltsje. It kin him fierders neat skille. Klaske is âld en wiis genôch en Aaltsje sil earst wol goed neifraach dien ha. Klaske húshâldster yn it hûs mei winkel oan de Kade en it sil wol gau trouwen wurde. Durk en Foekje misse it jonkje earst al, mar der bliuwe genôch bern oer. En dan kundicht Gryt oan dat se mei trije freondinnen in flatsje hierd hawwe. Dy fammen ha jild by de rûs en gedrage har al sa frij. Se fertelt thús gewoan dat har feint nachts gauris bliuwt en de oare froulju dogge dat ek. En jûns feestje fansels en oeral hinne. Gryt wol har rydbewiis helje en fan 't simmer nei it bûtenlân ta op fakânsje. As Foekje skruten freget oft se net better | |
[pagina 204]
| |
sparje kin foar de útset dan laitsje dy froulju har slop. Wa praat oer trouwen? Mar se hawwe dochs ferkearing, seit Foekje. Der wurdt noch lûder lake. ‘Komt dit wol goed, Durk?’ freget Foekje. ‘Ik wit it net, leave. Ik tink ek wolris dat it mei de wrâld gauachtich op 'e non rinne sil. Mar it is in oare tiid, seisto dan, en dy bern nimme har trekken waar. Alhiel ûngelyk kin 'k se net jaan. Wy ha de kâns net hân en dat makket ús miskien wat skou.’ Ferstannich praat en Foekje jout har derby del. ‘Mar ik leau safier is 't hinne al, dat wy net mear yn dizze wrâld thús hearre, Durk.’ Dat is Durk folslein mei har iens. It is syn wrâld ek net en hy seit planút: ‘Ik woe stomme graach werom nei de Sânleane.’ Foekje wurdt der net iens mear kjel fan. ‘Ik soe der hast frêde mei ha kinne, Durk.’ ‘Wat let ús dan, leave?’ ‘It kin ommers net, Durk.’ ‘It kin wol.’ ‘Miskien is 't hûs der al ôf.’ Dat wit Durk wol better, mar it begjint al te driuwen. Willem hâldt de boel fan dei oant dei yn 'e gaten en hat fan de gemeentemannen heard dat it meikoarten wêze sil. ‘Wat let ús en pak saterdei de boel by inoar?’ Safier is Foekje noch net, al hat se it fansels oankommen field. It giet har fierstente stoef. Se sit in skoftsje swijend foar har út te stoarjen en jûns op bêd begjint se sa mar te gûlen. ‘It kin dochs net, Durk, dit kin dochs net...’ Mar se hat al belies jûn. Letter begjint se al noch te redendielen. ‘Se brekke it ommers ôf, it is dochs fan de gemeente?’ ‘Se sille it ús net ûnder it gat ôfbrekke, leave.’ | |
[pagina 205]
| |
‘Wy krije der spul mei, Durk en do krigest gjin tastimming om deryn.’ ‘Dat bin 'k ek net fan doel, om tastimming te freegjen.’ En dan is 't al sa let wurden dat se noadich sliepe moatte. Foekje leit fansels de heule nacht wekker en sjocht der moarns min út. Durk hâldt him even kúm, mar de jûns wurdt de striid fuortset. Hy siket yn 'e âlde kranten om en leit dy Foekje foar. ‘Asjeblyft, wat stiet hjir?’ ‘Woningen gekraakt in Amsterdam,’ lêst Foekje. ‘Dat hie 'k ek tocht. En soenen wy hjir net dwaan meie wat yn Amsterdam hast alle dagen dien wurdt?’ No, en sa is dat gien, mar it soe der noch swier ynhongen ha as Willem de saak net forseard hie. En it wie net iens ôfpraat spul. ‘Moandei giet it los,’ seit er de jûns. ‘Der komt in bulldozer en dy raust de heule boel plat.’ Dan wurdt de kûgel troch de tsjerke jage. Yn in oere ha se der oer ôfpraat. Tsjerk sil de frachtauto fan 'e baas liene en Willem nimt in trekker mei oanhingwein mei. Saterdeitemoarn ier de heule brut deryn en yn ien kear oer, oars soe de gemeente der noch in skoattel foar strike kinne. Hindrik en Bearend wyld fan blidens en de grutte jonges ha der nocht oan. Jantsje protesteart en Foekje gûlt. Durk moat even hard wêze, mar dat is net oars. ‘En tink der om bern, gjin wurd, ek net tsjin Aaltsje. Se moatte ús net foar wêze.’ Wat sil men der fierders fan sizze. De kreakaksje fan Durk-en-dy slagget oer alle boegen, al hat der noait in rigel oer yn de krante stien. It hat wol in soad dalje jûn fansels. Earst komt de wethâlder derby, in eigenwiis man dy't mient dat er al hast boargemaster is. En dan is de grutte baas sels der ek al. | |
[pagina 206]
| |
‘Wel duvel, Doorlugtigheid, wat hast ús no te pakken? Hoe moat ik hjir mei oan?’ ‘Wier boargemaster, it koe dêr net langer,’ seit Durk. ‘Myn heule húshâlding wie deroan gien as ik noch langer yn dat Drachten bleaun wie. Jo witte net heal hoe mâl as it dêr om en ta giet. Ik wit dat it in sterk stik is, mar it is út need.’ ‘Do bist in grutte rakkert, Doorlugtigheid. Wat let my en lit dy daliks oppakke en dan de boel plat? Mar do hast it goed besjoen, dan sit ik mei dyn húshâlding.’ ‘Sa is 't.’ ‘Jawis, mar dan fersinst dy nuver, heite. Do hearst yn Smellingerlân thús en as ik dyn heule klub nei Drachten bringe lit, bin ik derôf.’ ‘Mar dat dogge jo my net oan.’ ‘Ik tink it ek net, it beroerde is dat ik dy wol lije mei.’ De boargemaster set skodholjend ôf. It is fansels net dien, noch lang net. Hast alle dagen komme der wol minsken dy't op Durk begjinne yn te praten. Mar hy hâldt hoek en se litte him tenearsten mei rêst. It is nuver, mar as it moaie waar oankomt, kriget er lêst fan de rêch en de kontrolearende dokter kin der net ûnderút: Durk rekket yn de syktewet. Der binne dy maitiid gâns aaien en sa't liket sil der fan 't hjerst ek in protte wyld wêze. Durk pendelt letter, as er wer sûn ferklearre is, noch in skoftsje tusken de Sânleane en Philips, mar as it losse wurk ôf komt, seit er Philips op en Hiemstra dach. It muoit net ien fan beide partijen. En sa hâldt dit ferhaal op. O ja, der is noch ien kear nijs fan de Sânleane kommen. Wy skriuwe dan in moanne as fjouwer-fiif letter, it is al aardich yn de simmer op. ‘Durk,’ seit Foekje op in dei mei in nuveraardich lûd | |
[pagina 207]
| |
yn har stim, ‘Durk, ik kin it mysels net begripe, mar ik bin swier.’ No is Durk in soad wend en hy wist fan himsels wol dat er ûndanks syn minne rêch it lizzende wurk aardich neikomme koe, mar dit komt him al oer 't mad. Hy seit dan ek planút dat er hjir fersteld fan stiet. ‘Mar it is wier, Durk.’ Durk sjocht op syn raap. It is noch gjin tiid mar hy draaft nei it hok om de hoarn. ‘Wat silst no, Durk?’ ‘Appèl, dit moatte de bern witte.’ ‘Doch dat no net, it kin noch wol.’ ‘Welnee bern, dit nijs moat net stil holden wurde.’ En hy blaast de reveille dat it op 'e Sweach te hearren is. Wylst syn folkje fan alle kanten opdraven komt, seit Durk: ‘No kinst ris sjen leave, hoe goed dy feroaring fan lucht ús dien hat.’ |
|