Feroaring fan lucht
(2004)–Rink van der Velde– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 171]
| |
Sa'n húshâlding as uzes bestiet gjin twadden fan, seit Durk. En bûten de fabryk is ek noch wol in deihier te fertsjinjen.Alles goed en wol, mar it wenjen tusken de minsken hat syn beswieren dêr't men yn 't foar sasear net oan tinkt. Wol oan de hier fansels, fjouwer-en-tweintich gûne en in kwartsje wyks. Soks wit men en men hâldt der rekken mei. Mar it is frjemd dat sa'n wike sa gau om is. Dat is te sizzen, as it om beteljen giet dan is in wike gau om. Ljocht en gas fergje ek jild en gâns mear as oan de Sânleane. Mei in fetsje petroalje foar de Belgise brander en dy pear oare lampen kamen se op 'e Sweach de winter wol troch. En as de swarte brant oprekke, hellen se hout út 'e bosk. Yn Drachten wurdt it harren allegear troch buizen en triedden thús brocht, mar duvekater wat telt it hurd oan. ‘En dan noch wat,’ krimmeneart Foekje, ‘de bern binne sa rij. In pear skuon is har neat, it slyt sa blikstienders op de strjitstiennen.’ Jawis, it is oeral tegels en klinkers wylst se oan 'e Sânleane yn 'e moude rûnen. Soks skilt in stik. Set in hynder mar ris op izers en lit him alle dagen in ein de strjitwei del fjouwerje, dan sille jo sjen hoe gau dat hynder wer nei de smid ta moat. Durk wol de jonges op klompen ha lykas oan de Sânleane, mar dat kin neffens de froulju net. It soe ek net in soad jaan, want hout op stien slyt noch hurder. En dan komt der in man by de doar dy't beweart, dat der betelle wurde moat foar de televisy en de âld radio dêr't Bouwe mei thús kommen is. Krapoan fjirtich gûne en de man neamt it luister- en kijkgeld. Durk hat der fansels wol ris fan heard, mar hy beart | |
[pagina 172]
| |
der mâl fan. ‘No moat it net raarder. Dy radio sil ik it measte net fan sizze, dêr is de jonge geskikt oankommen. Mar dy televisy hat djoer genôch west. En dan ek noch betelje as er oan stiet... Ik sil it jo oars sizze: dat ding komt net iens wer oan, sa is dat.’ ‘Dat is my bêst, mar jo moatte der likegoed om betelje. As jo derôf wêze wolle dan moatte jo it tastel de doar út dwaan.’ De froulju wolle him fansels net misse, dat Foekje skrabbet alles by inoar en betellet dat grouwe stik jild. Fan gefolgen dat se de hieropheller in kear foarby stjoere moatte. De oare deis is de maatskiplik wurker fan it bedriuw der al. Oft der miskien swierrichheden binne en oft hy ek helpe kin. In geskikte man, hoe soe 't oars kinne, elkenien is geskikt. Mar dat sa'n grut lichem as in wenningbouferiening daliks dalje makket om in wike hier, dat is lyts. ‘It grutkaptaal bern,’ seit Durk. ‘Wat der troch de hearen net fergriemd wurdt dat is yn 't rare, mar om twa tsientsjes hier dogge se ús in proses oan.’ Sa slim is 't net, de man wol allinne mar even prate en dy pear tsientsjes hier komme der wol. Tsjerk en Bouwe skowe daliks de man fiif knaken oer de tafel en klear is 't. ‘Hoe befalt it oars?’ freget de man fan Philips. ‘Jo binne no in skoftsje by ús, de slimste oanpassingsswierrichheden ha jo hân, soe 'k sizze.’ ‘It is sjisa gelegen, it wurk foldocht my poerbêst,’ seit Durk. ‘It ynwurkjen hat wol tiid ferge, ha 'k heard.’ ‘Dat koe wol, ik wit net hoefolle tiid der foar stiet, mar...’ ‘Jo chef soe ek graach wolle dat jo justjes flugger wienen. Mar dat komt wol, de iene hat der langer wurk | |
[pagina 173]
| |
mei as de oare.’ ‘Hy hat it der mei my oer hân, mar ik sis dit: wat jo oanpakke moatte jo goed dwaan. Heal wurk ha 'k in hekel oan. Ik sjoch faak fan dy jonge bazen dy't hjir en dêr in hantaast dogge en dan mar gau roppe dat se dien ha. Dêr mei ik min oer, ik wol goed wurk ôfleverje.’ ‘Dat is in goede ynstelling en jo sitte net yn de produksje, dat it kin wat lije. Mar de chef seit ek dat jo gauris in skoftsje steane te sjen.’ ‘Fansels, dat kin min oars. Ik moat sa'n putsje wurk earst oersjen. Dan freegje ik my ôf hoe't ik it op 'en bêsten dwaan kin.’ ‘Ik begryp it wol en jo moatte út en troch ek even bûtendoar sjen.’ ‘Feroaring fan lucht docht my goed. Ik bin it bûtenlibben wend, moatte jo rekkenje. Ut en troch stap ik even it magazyn út en sjoch nei it waar.’ ‘Jo komme der stadich oan wol yn. En ik begryp dat it josels aardich goed foldocht. Falt de tiid jo ek lang?’ ‘Net yn it minst. Jo moatte tinke ik ha lange dagen wend west. Wy seagen eartiids net op in oere. Sechtich oeren by 't simmer en jo hearden my net krimmenearen. Ik ha der fansels wol wat fan skipe, dy minne rêch ha 'k der fan oerholden. Mar by Philips is it sa, jo binne amper oan 'e slach of it is al wer kofjetiid. Soms is 't my suver yn 'e wei, want as ik wat ûnder hannen ha dan wol ik dat dien meitsje, dat is myn aard.’ ‘Jawis en dêr kin men sels net folle oan dwaan,’ seit de menear. ‘In aardige man,’ sizze Foekje en Klaske tsjin inoar en dêr kin elkenien it mei iens wêze. Wienen de buorlju mar sa aardich. De geit stiet no yn 't hok, dat dêr ha se gjin argewaasje mear fan, al | |
[pagina 174]
| |
wurdt der klage dat er stjonkt en soms sa mekkert. Bijke leart it ek al. Mar de bern moatte wat útstean. Jantsje har ferkearing is der om útrekke. De jonge wie der op in woansdeitejûn by doe't Foekje in buorfrou de panne útfeegde. It minske kaam te sizzen dat de televisy sa lûd stie. De jonge is sa kjel wurden fan Durk syn froulju dat er net wer west hat. Jantsje fûn it oars net sa slim. Se wie dochs al op him útsjoen, sei se. Hja is no ek op de fabryk en hat yn fjirtjin dagen tiid in soad nije kunde opdien en in protte aardige jonges sjoen. Tsjerk hat it yn 'e buert goed bedoarn. Dat hat my in trelit west, dy saterdeitemiddei. Hy hie syn seissilinder Ford Zephir goed teplak set, deun tsjin it trottoir oan en net in sentimeter yn it skoatsfjild fan de buorman. Der strúnden al gau wat bern omhinne dy't wakker troch de ruten fan de auto loerden en der freonen en freondinnen by hellen. ‘Hast de portieren ticht, Tsjerk?’ frege Durk. ‘It is allegear bern.’ ‘Ik wit net, mar se kinne der net in soad oan bedjerre en ik ha de kaikes yn 'e bûse.’ Der wie op 'e Dútse televisy krekt in spannende cowboy-film en omdat Durk oars neat te ferstriken hie, wie hy mar neist Tsjerk sitten gong. Sadwaande tochten se beide net mear oan dy auto. Oant Foekje sei: ‘Do meist wolris sjen, Tsjerk, der steane ek al grutten by en se hawwe it portier iepen en dy bern tôgje mei papier om.’ Tsjerk hoegde der net hinne, se kamen al by him. Earst in man, gjin neiste buorlju mar nei alle gedachten wol immen út 'e buert. ‘Hjir komme myn bern mei thús,’ sei er tsjin Durk dy't iepen die en hy lange him in pear krantsjes oer. ‘Se helje se út dy auto en dy is fan jim, net?’ | |
[pagina 175]
| |
Durk beseach dy krantsjes, allegear foto's fan bleate froulju en manlju en wat dy mei inoar út 'e wei sette kinne. ‘Tsjonge,’ sei er en doe yn 'e keamersdoar: ‘even komme, Tsjerk.’ Tsjerk tsjin it sin by de televisy wei. ‘Dit kin net,’ sei Durk guodlik, ‘sokke unhuere printen wol ik hjir net ha.’ ‘Och hearken, ha se de boel sweve litten?’ ‘De achterbank leit besiedde,’ sei de man. Mei syn trijen nei de auto, mar it measte wie al fuort. ‘Jo soan sil wol yn dy rommel hannelje, tink? Ik meitsje der wurk fan.’ ‘Och keardel, dy krantsjes hingje ommers rûnom foar de ruten fan sexshops,’ sei Tsjerk. ‘Ik ryd oerdei myn maten nei 't wurk en dy hawwe wat kocht foar ûnderweis.’ ‘Se leinen iepen en bleat op de achterbank.’ ‘Ik ha der net om tocht, mar dêrom hoege jo bern se der net wei te heljen. Se moatte trouwens fan dy auto ôfbliuwe, oars meitsje ik dêr wurk fan.’ Fansels komme der in pear froulju by. Ien hat sa'n krantsje tusken tomme en wiisfinger en hâldt it safier mooglik fan har ôf, as wie 't in smoarch ruft. ‘Jo meie it wol hâlde,’ ropt Tsjerk har ta, ‘jo kinne der grif wat fan leare.’ It frommes smyt it him ta. ‘Wat is dit foar in húshâlding? It is ôfgryslik,’ stammert se. Der is in langliddich en ûnkreas frommes by, dat har bern derby wei skuort en fyspeuk ropt. Tsjerk wol har ek sa'n krantsje ta ha, hy is der rejaal mei en seit: ‘Hjirre, jo ek ien. Kinne jo sjen dat der ek noch moaie froulju binne. Mar net jaloers wurde, hear.’ In pear opslûpen jonges ha de measte wille en der | |
[pagina 176]
| |
komt hyltiten mear folk by. Guon manlju sille Tsjerk geweken nimme en it wurdt suver in nuodlike sitewaasje. Se skelle en rache en in âldeftich man kriget Tsjerk by it boarst. De jonge wurdt lulk en hy kriget it miskien ek wol in bytsje benaud. ‘Moatst my loslitte, âlde droechneuker, oars...’ No is 't Durk syn tiid om troch te pakken. Hy hat de krantsjeboel by inoar swile, kringt troch de kloft hinne nei Tsjerk ta en ropt: ‘No is 't út.’ En dêr leit safolle driging yn, dat de minsken tebek stappe. ‘Dy auto ôfslute en yn 'e hûs,’ hjit er Tsjerk. Durk is min te sprekken oer de jonge, mar as de heule wrâld tsjin jin gearspant, kinne jo de eigen bern net samar ôffalle. Hy bedimmet him, mar sil der strak yn 'e hûs al noch wat fan sizze. Foekje komt ek daliks foar Tsjerk op, se rekket yn alle steaten en Durk moat har mei ferdrach yn 'e hûs konfoaie. ‘Allegear yn 'e hûs en der net wer út.’ Der bliuwe in pear minsken stean, mar de measten hawwe it no wol sjoen. Tsjerk is oer de skrik hinne en gnysket. Dat makket Durk poer. ‘Dit lapst my net wer heite, oars kinst oppakke.’ Twa dagen letter sweve der noch fan dy krantsjes en foto's om en dan hat de plysje der ek al wer west. Deselde dy't okkerdeis om Bearend en Hindrik west hat en sûnt wol faker mei in akkefytsje oan 'e doar komt. ‘Dy rommel soe ferbean wurde moatte,’ seit Durk. ‘It kin dochs gjin kant út dat soks rûnom te keap is?’ ‘Gjin mins hoecht it te keapjen,’ seit de plysje bedaard. ‘Dat is sa, mar jo witte hoe't sokke jonges binne.’ De plysje besiket it del te bêdzjen. Letter docht bliken dat it bestjoer fan de buertferiening der oer praat | |
[pagina 177]
| |
hat. Neffens Klaske, dy't dermei thús komt, is der in brief nei de wenningbouferiening stjoerd mei it fersyk om de famylje Lugtigheid yn in oar hûs te setten. Durk moat der om laitsje, mar Klaske sjocht tryst en Aaltsje fynt it beskamsum. ‘De minsken hjir ha 'k mei ôfweefd,’ seit Durk. ‘Wy litte ús net fan de wize bringe troch dat boargerdom.’ Klaske is fan betinken dat se daliks lid wurde moatten hienen fan de buertferiening, dat hie grif skild. ‘Nimmen hat ús frege en ik ha der ek alheul gjin ferlet fan.’ ‘Wy hienen ússels oanmelde moatten en dan hienen de bern ek frij nei de boarterstún kind.’ Want eins is dy tún fan de feriening en meie allinne de bern fan leden deryn. Neffens Durk is soks bespotlik. As de bern al foar 't boartsjen betelje moatte wêr bedarret men dan? It is dochs al sa'n brike wrâld. Nim no de Sinteklaastiid. Oan de Sânleane waard der net folle drokte fan makke. De bern in grutte taaiman sadat se har in kear sêd ite koenen en klear wie 't. In bulte wille foar in bytsje jild. No drave de bern by de winkels lâns, sjogge har de eagen út 'e holle en komme thús mei ferhalen oer bern dy't racebanen krije, spoartreinen, horloazjes en mear fan dy lúkse. De froulju stiicht it ek daliks nei de holle. ‘Wy moatte meidwaan Durk,’ seit Foekje. ‘Fanke, wat sjochsto der wurch út.’ ‘Ik ha myn nocht ek wol in bytsje,’ bekent Foekje. ‘Hoe moatte wy dit wer ha?’ Gryt en Tsjerk bringe útkomst. ‘Hjir âlde,’ seit Tsjerk de jûns en hy skoot Foekje in bankje fan hûndert ta. ‘In aardichheidsje foar de bern en ik hoech neat.’ | |
[pagina 178]
| |
En dan jout Gryt ek sa mar hûndert gûne. Klaske sjocht sneu. ‘Ik soe der wol út wolle te wurkjen,’ seit se sûntsjes. ‘Nee Klaske, do kinst thús net mist wurde,’ seit Gryt. ‘Do nimst mem in berch wurk út 'e hannen. Se kin net sûnder dy.’ ‘Mar ik ha noait in sint foar mysels.’ Elk is der even stil fan, dan seit Tsjerk: ‘Ferduld, dêr hat se fansels gelyk oan. Wy moatte Klaske leanje, sa is 't. Wy lizze by mem yn 'e kost en Klaske is de faam.’ ‘Ik wol gjin jild fan jim ha,’ seit Klaske fûl, ‘ik wol gjin geunsten.’ Gryt seit: ‘Tsjerk hat gelyk. Moatst ris hearre, Klaske: asto der net wieste, koenen wy net allegear yn 'e hûs wêze. Dat soe mem noait neikomme kinne. Do wurkest eins foar ús.’ Durk seit: ‘Dat is in wier wurd. It is net earder by my opkommen, mar no't wy it der oer ha moat ik dit sizze: it kin eins gjin kant út dat Klaske neat fertsjinnet. Sa't Tsjerk seit, it sparret ús in faam út.’ ‘Myn jonkje ...’ ‘Dat berntsje ha wy oer de heap hinne. Ien mear as minder makket neat út.’ Foekje seit: ‘Hy falt gewoan yn 'e klean fan lytse Durk, hy kostet ús neat. En it is ek noch it leafste bern dat wy der by ha.’ ‘Net langer eamelje,’ seit Tsjerk. ‘Wy jouwe net it measte oan kostjild, ik sko in tsientsje wyks ôf foar Klaske.’ Hy slacht mei de fûst op 'e tafel om de oerienkomst te besegeljen. ‘Mar dan moatst my al in nije trui breidzje, sa'n grouwen-ien mei slankjes.’ Hy huft Klaske op it skouder. | |
[pagina 179]
| |
‘Ik jou ek in tsientsje, “seit Gryt leaf,” dat hat Klaske mear as fertsjinne.’ ‘Moai, en Bouwe en Willem kinne elk wol twa ryksdaalders jaan,’ stelt Durk fêst. Bouwe is der net, mar Willem seit dat it him goed is. ‘Dat smyt tritich gûne op. As Jantsje aans op fol lean stiet, moat dy ek fiif gûne jaan. Wel, ik soe sizze 35 gûne boppe de kost, it is miskien it measte net, mar yn ús tiid moast it foar aardich minder. Wat seist der sels fan, Klaske. Faam by ús mem yn 'e húshâlding?’ ‘Ho âlde, assistinte yn de húshâlding,’ gnysket Tsjerk. En dan begjint my dy Klaske ynienen te snokkerjen en op Tsjerk en Gryt om te tútsjen en Foekje grypt it sa oan, dat se oars net útbringe kin as: ‘Och hearken, och hearken ...’ Durk wachtet even ôf, dan giet er stean en seit: ‘Bern, wat fyn ik dit moai.’ Hy lit him wer yn 'e stoel sakje, pakt Foekje by de knibbel en seit: ‘Leave, wat ha wy bêste bern, net? Wat ha wy it troffen mei de bern.’ ‘Ja Durk, it is in segen.’ En Foekje faget har de eagen droech. Durk seit grutsk: ‘Ik doar te wedzjen dat der yn dizze heule buert sa'n húshâlding net is lyk as uzes.’ En dêr hat er gelyk oan, in seldsum ienriedige húshâlding, út en troch. Tsjerk giet it nei alle gedachten wat te stoef. ‘Kom, sa kin it wol wer, ik gean even te biljerten.’ Dat Sinteklaasfeest is net iens ûnaardich. It stiet Durk fansels tsjin, dat weeldrige keapjen lyk as lei it skip mei jild foar de wâl. En as de froulju foar elk in dinkje kocht hienen dan hie 't noch hinnebruie kind. Mar it kin sa't liket net op. Der wurde doazen fol ditsjes en datsjes yntôge, jûns let as de bern op bêd binne útpakt en besjoen en dan wer ynpakt. It measte is | |
[pagina 180]
| |
ûnnut guod, jildfergriemerij, mar allee, Durk sil gjin spultsjebrekker wêze. Sinteklaasjûn stiet it hûs op 'e kop. It papier en de doazen lizze by de trep op en de bern ferslane der bytiden yn. Foekje en Klaske, it hier yn 'e eagen en it swit op 'e holle der tusken om de kloft yn de stokken te hâlden. Foar Durk is der in heale mingel Bearenburch, gâns in konsessy fan de froulju. Tsjerk en hy priuwe der aardich fan, wat sil men oars ek as men mei de hannen omkeard midden yn de feesterij sit. Healwe de jûn is 't al op en sil Tsjerk om noch in flesse út. Dat giet te rûch fansels en Foekje leit it near der op. Se krije der suver noch spul om. ‘Mar no ha wy de feesterij tenearsten ek hân,’ seit Durk as hja de oare deis oan de kofje sitte. Dêr fersint er him lykwols mei. De krystdagen en âldjiersjûn komme noch. ‘Dat is sa, mar dat hoecht gjin slompe jild te kostjen. Jimme begjinne dochs net wer mei dy pakjeboel?’ It is it doel net, mar Klaske hat al wat yn 't sin. Der moat in krystbeam komme. De heule buert hat in krystbeam en it is sa moai foar de bern. ‘Wa't spjirren sjen wol giet mar nei de Sweach,’ seit Durk, ‘der steane bosken fol en it is mar in healoere fytsen.’ Yn 'e goedichheid, no ha se in fearnsieu tusken de krystbeammen wenne en nimmen hat der oait nei taald, wat sei, de froulju woenen der net langer wêze. Goed en wol yn Drachten moat der sa'n spjuchtich beamke yn 'e hûs komme. ‘Jawis, it heart sa,’ seit Klaske. It heucht Durk net dat it oait op de Sânleane sa heard hat. ‘Foar trije-fjouwer gûne ha wy in heule moaie.’ | |
[pagina 181]
| |
‘Wat seiste?’ ‘Sa'n beamke jildt mar in pear gûne.’ ‘Leave bern,’ seit Durk mei klam, ‘ik leau no dochs wier dat it dy yn 'e plasse slein is. Ik lit jim safolle mooglik gewurde, mar ik tink dat ik no it heft yn hannen nimme moat. Wa jout no jild út oan in pear spjirretûken? Dat doocht dochs net? Dan binne jo dochs net goed wiis?’ ‘As heit in flesse Bearenburch ha wol, sjocht heit ek net op in gûne,’ antwurdet Klaske pinnich. Dat is fansels heul wat oars, boppedat waakst de Bearenburch net oan 'e beam. Mar sokke tiden is der min mei de froulju te praten, dat Durk lit it mar sitte. Mar hy ferbiedt de froulju al om in beam te keapjen. ‘As it dan dochs moat, sil ik wol ien fan 'e Sweach helje.’ Foekje is it dêr mei iens. Wat jo om 'e nocht op 'e Sweach krije kinne, moatte jo yn Drachten gjin djoer jild foar útjaan. ‘Dan kinne wy fuort in pear kninen meinimme,’ stelt Willem foar. De jonge stiet der al in heul skoft by Durk op oan, dat se in nacht te kninestreupen sille. Alle wiken op syn minst twa kear fytst er fan Lippenhuzen oer de Sânleane nei Drachten en bringt Durk ferslach út oer hoe't it der by it âlde hûs foar stiet. ‘Ja, it is miskien wol in goed ding dat wy yn 'e loop wei in pear kninen snippe. Ha wy wat yn 'e panne. In stik as fjouwer is genôch en noch ien foar Aaltsje har húshâlding.’ Foekje seit: ‘Nee Durk, ik fertrou it net. Ik wol net lije dat jim te streupen geane. En do soest no ek hast wizer wêze moatte.’ ‘Do wolst dochs mei de krystdagen wat yn 'e panne ha, of net soms?’ | |
[pagina 182]
| |
‘Ik hie tocht wy keapje in pear hinnen, djipfriespiken, dy ha se geregeld yn de oanbieding.’ Durk beart der mâl fan, Foekje falt him raar ôf. Se hawwe ien kear earder sa'n bist yn 'e panne hân, in bleek en kwabbich stik guod sûnder rook of smaak. Der kaam net iens bloed út en as jo him kôgen wie 't krekt weakke bôle, mar dan sûnder sûker en keniel. ‘Dat is dochs gjin iten, leave, do kinst ús wol ferjaan. Bist der net iens wis fan dat it in hin is. In krûdige wylde knyn is smaaksum en grif ek folle sûner as sa'n weake hin. Wy sille in stikmennich ophelje.’ Foekje besiket it al noch, mar Durk slacht even mei de fûst op 'e tafel. It is wreed, mar út en troch moat er trochpakke. Tsjerk seit: ‘Wy hingje it eintsje ketting ûnder de auto en ride in kearmennich de Poastwei op en del.’ Dat falt Willem ôf, hy wol leaver mei de strûpen fuort. Durk seit dat it gemak de minske tsjinnet. Net dat er in soad mei de moderne technyk op hat, mar it soe dom wêze om der gjin gebrûk fan te meitsjen. Sadat der besluten wurdt om tagelyk mei de krystbeam in pear stikjes wyld oan te tugen. Mar as it safier is wol Tsjerk syn auto net rinne. ‘Tefolle petroalje,’ is er fan betinken. ‘Ik sil om in blik benzine út en dan sil er wol starte wolle.’ Dat wol er net, ek net op klearebare benzine. Tsjerk de moterkappe omheech, as dat net helpt de bealch der op en elkenien der achter te triuwen. Mar de seissilinder Ford Zephir ferpoft it. ‘It grutkaptaal hat ús wer te pakken,’ seit Durk. ‘Hy is dampich,’ seit Tsjerk, ‘even ôfdroegje en de bûzjys skjin meitsje. Wachtsje mar even.’ Se wachtsje in goed healoere, dan hellet Willem in roltsje kopertried út it hok en stappe heit en hy op 'e fyts. Willem is optein dat Tsjerk syn auto it sitte litten | |
[pagina 183]
| |
hat. Op it Súd komt it Durk yn 't sin. ‘Wat hast deroan dien?’ ‘Watte, heit?’ ‘Dat dy auto net rinne woe.’ ‘O, dat is suver neat, hjir en dêr in kabeltsje los makke, mar ik wit krekt hokker, moarn set ik se wol wer fêst.’ ‘Do duvelse jonge.’ Yn it skimertsjuster geane se de Sânleane del en bringe de fytsen teplak yn 't hok. Yn 'e keuken meitsje se in stik as fyftich strûpen klear en Willem snijt in bosk stokjes út 'e wâl. Mar net tefolle drokte, hat Durk útmakke. It is om in pear kninen te rêden en dy kinne se op it kampke lân achter it hûs, deun neist de bosk, wol krije. Se sykje yn 'e wâl de lopen op. Durk wol de strûpen mar net oan 'e freding ha, want dan kin it sa rattelje as der in knyn yn stoot. Op it lân dêr't de kninepaadsjes yn it gers dúdlik te sjen binne, fangt it trouwens wol sa skerp. Der is in bytsje ljocht fan de moanne, genôch om de strûpen kreas teplak te krijen. Stokje yn 'e grûn, de iene ein fan de strûp der twa slaggen om hinne en fêst sette, de strûp in hanbree boppe de loop en hy stiet. Der kin har nimmen oer 't mad komme, want Bijke hâldt de wacht. Se ha se yn in healoere stean. De earste kninen geane al foar har út, werom nei de bosk, mar dy komme wol wer. Werom nei de âld klinte en oardel oere skoft yn de keuken, lang genôch foar in bakje kofje, in flaubyt en in sjekje. ‘Der mar op los,’ seit Durk, ‘wy hoege se net allegear en der sille genôch op 'e greide wêze.’ Se rinne by it Djip lâns oant op 'e midden fan in | |
[pagina 184]
| |
kampke lân en dan dwarsoer op de boskrâne ta. Se sjogge de wite sturtsjes fan de kninen foar har op. It kriget Bijke te pakken, mar hy wit wat er fan him ferwachte wurdt. Hy rint lykop mei de manlju en docht net ien kear in wraam nei foaren. De kninen moatte net te wyld wurde, dan nimme se te grutte sprongen, rinne de strûpen oer de kop of stowe dwars it lân oer. Se moatte moai kalm nei de bosk dreaun wurde sadat se har eigen lopen lâns geane. Mar it moat ek wer net te stadich, want dan berûke se elke strûp en stappe der omhinne, sa skrander binne se wol. ‘Dat is ien,’ flústert Durk en hy bliuwt stean. It lûd komt fan rjochts, it knyntsje giselt om de stok hinne. ‘Toe mar Bijke, wiis him mar oan.’ It is in stap as tweintich oerdwars. De moanne is wei woarn en dêr is 't net minder om. Durk falt op 'e knibbels, Bijke hat de knyn al yn 'e bek en jout him Durk oer. Hy pakt him yn 'e rêch en slacht him mei de sydkant fan de rjochterhân achter de earen. ‘Dêr hear ik noch ien,’ seit Willem súntsjes. Se geane der op ôf en pakke de twadde op. It fangt goed, der is hjir nei alle gedachten fan 't hjerst noch net streupt, oars soenen de kninen der sa maklik net ynrinne. As se by de bosk binne hat Willem yn elke hân trije kninen. ‘Mear as genôch, no moat Bijke de lêsten mar opsykje.’ De lege strûpen moatte ek noch oppakt wurde, Durk wol net dat der letter kninen lizzen bliuwe. Se sykje noch in healoere it fjild ôf, Bijke bringt noch ien knyn oan en dan ha se op twa nei alle strûpen. ‘Samar, dy lêsten sille wol plat rûn wêze.’ Thús pakke se daliks yn, want Durk wol op 'e tiid yn | |
[pagina 185]
| |
Drachten wêze. Underweis noch even ôfstappe en in knappe krystbeam meinimme. ‘Sa en no mar gau op hûs oan.’ Willem hie noch wol in haal dwaan wold en eins hie Durk syn nocht ek noch net. Mar it ferstân moat foarop, se ha genôch en men hoecht net mear as men op kin, is 't net sa. Durk helpt de knyntsjes deselde jûns noch út 'e jas en sa bot is Aaltsje net op streupen tsjin, dat se der net ien fan ha wol. Dat dy sân kninen fine har plak wol. En de krystbeam is sa grut útfallen, hy kin amper troch de doar. ‘Dy kostet wol trije ryksdaalders,’ seit Klaske fol bewûndering. ‘En sân kear fiif gûne foar de kninen,’ seit Durk, ‘it slachtsjen ynbegrepen. Wel, dan ha wy jûn in deihier fertsjinne.’ |
|