Feroaring fan lucht
(2004)–Rink van der Velde– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 156]
| |
It hie noait wêze moatten, seit Willem, mar de jonge hat altiten al wetich west. En sa fier is de Sânleane ek wer net.‘Wat giet sa'n hûs hurd fan jin ôf,’ seit Durk. ‘Sa lang binne wy hjir oars noch net wei,’ antwurdet Willem. ‘In dei as tsien.’ Se steane tegearre op 'e reed neist it hûs en sjogge de pôle oer. ‘It liket wol in healjier lyn,’ seit Durk. ‘It wersjen docht my suver goed.’ En oars Bijke wol. It dier draaft oerstjoer om it hûs hinne, fan klearebare wille springt er tsjin de muorren op, krekt salang oant er mei de tonge út 'e bek foar Durk syn fuotten delsiicht. Mar fuort letter fansels dwars troch it Djip hinne en op 'e kop yn in molleril. Se binne tegearre op 'e fyts fan Drachten kommen. Se soenen net earder as om fiif oere fuort, want Willem hie alles al klear stean: in hûndert smytlinen, in stik as fyftich dôbers, brune slakjes, dauwjirms en wat lytse fiskjes foar in swiere iel. Mar it brânde Durk daliks nei it iten al yn en Willem hie de ridel ek, dat se binne mar ôfset. En no steane se by it âlde hûs en Durk wurdt der suver oars fan. De gemeente hat op beide einen in nij buordsje spikere mei ‘Onbewoonbaar verklaarde woning.’ Durk is yn 'e wille en rop dy buordsjes der ôf. ‘Och, wat kin 't skille,’ seit Willem, ‘wy kinne better dy planken foar de doar weiskuorre, dan ha wy fannacht plak. Ik ha it hok al iepen.’ ‘Elk hoecht net te sjen dat wy hjir binne,’ seit Durk en hy skoot syn fyts achterhûs. ‘Eins binne wy net wiis om hjir sa gau te wêzen. As Feike Dam ús fer- | |
[pagina 157]
| |
nimt, leit er jûn klear.’ Se dogge har dingen. ‘Wy jouwe ús yn de achterein del, dan sjocht gjin mins ús.’ It is wat rûzich, de sinne hat der hjoed net by west en eins is 't net sa gaadlik te ielfiskjen, al kin it tafalle. ‘Want ik ha it wol hân,’ seit Durk, ‘dat ik yn oktober mei wyld waar dochs in soad iel oan 'e dôbers fong. Jo ha der mei iel gjin sizzen fan.’ Yn it hok leit noch in bultsje strie. Se nimme der elk in earmfol by wei en bringe it yn 'e keuken dêr't se der yn 'e hoeke in nachtleger fan meitsje. ‘Skoander plak heit, hjir hâlde wy it wol út.’ Willem sleept de kiste mei dôbers en iellyntsjes yn 'e hûs en de trompkes mei ies. Hy seit: ‘Wy hienen dat âlde potkacheltsje der by ha moatten. It leit achter yn 't hok, ik sil it takom wike ûnder de skoarstien sette.’ ‘It is net kâld, der hoecht gjin kachel by.’ ‘Mar fan 't winter is 't noflik.’ ‘Jawis, winterdeis is 't noflik. Wat seiste? Wat wolsto hjir fan 't winter út 'e wei sette?’ ‘No, wy soenen in kear te kninestreupen.’ ‘En dan hjir ús bivak meitsje.’ ‘Dan ha wy krekt as de rike lju in twadde hûs, in rekreaasjewenning.’ Durk hat der wille om. ‘Ik tink dat Feike Dam ús gau yn 'e gaten hat. Mar as wy it mei ferdrach dogge...’ Hy prakkeseart der op om. Willem seit: ‘Ik wol de heule winter net yn dat nearzige Drachten omstrune, saterdeis en sneins, en heit ek net, tink?’ ‘Ut en troch in loop it fjild yn, dat soe in goed ding wêze.’ | |
[pagina 158]
| |
‘Dat hie 'k ek tocht.’ Durk hat de termoskanne mei kofje út 'e tas helle en jit har beiden yn. ‘It is noch ier, mar as wy in stikje iten ha dan kinne wy wol begjinne te iezjen. Om healwe sânen is 't tsjuster moatst rekkenje en al te let útlizze is ek wer net goed.’ Se ite harren brochjes en Bijke kriget syn part. De hûn hat him omraak tjirge en jout him del. ‘It dierke is suver opfleure,’ seit Durk. Bûten falt in bui en der komme wynstjitten út. ‘Hast de dôbers goed oan it lead?’ ‘Se driuwe net fuort.’ Durk kriget in pear út 'e bak en besjocht se. ‘Yn oarder, it moat al in grouwen-ien wêze as se dizze ferslepe sille.’ ‘Fan alles der wat oan, heit?’ ‘Ja, it komt net sa krekt, it is dochs besykjen.’ Se pikke de slakjes oan 'e heakken, heale dauwjirms dy't se mei de neils yn twaen knipe en lytse wytfiskjes en poasken. Der sit al gau in oere wurk yn, mar se dogge it harren oan tiid. As it oan de lêsten ta is, hellet Willem in mingel Bearenburch foar 't ljocht. ‘Ik tocht, heit sil wol in slokje ha wolle.’ Durk sjocht syn jonge oan en fielt in grutte tagedienens. ‘Dat is frekte aardich fan dy. Ik hie der sels net oan tocht, jit my gau ien yn,’ seit er. Willem skinkt twa buorrels yn. ‘It heart derby, no.’ ‘Sa is 't, mar ik hâld dy al koart, heite. Twa, mear krigest net, oars stiicht it dei nei de holle.’ ‘Falt wat ta, ik krij op it wurk ek wolris ien.’ Willem fermakket him ta te teannen út, dat sjocht Durk sa wol, de jonge praat folle mear as oars. It is | |
[pagina 159]
| |
nuver hoe't er oplibbet as it om streupen en fiskjen giet. Hy hat it fan my, tinkt Durk. Alle oare jonges kin it neat skille. Hy begrypt net wat harren besielet mei dy moterboel. En dan sit der samar ien tusken dy't syn aard hat. Salang't se oan 'e Sânleane wennen is 't him noait bot opfallen. Om healwe fiven stiet alles klear. ‘Ik doch even it fel oer de eagen,’ seit Durk. ‘Fannacht sil it net folle wurde.’ Hy nustelt him yn it strie en skikt de âld mesjesterjas ûnder de holle. ‘Wolst wol leauwe dat ik hjir suver noflik lis. It is ek in stik rêstiger as yn sa'n nije buert, fernimst dat wol?’ Willem draait in sjekje en giet mei de rêch tsjin it âlde oanrjocht sitten. ‘It is my dêr neat.’ ‘Jou dy ek mar del.’ ‘Wy wurde dochs wol op 'e tiid wekker?’ ‘Ik ha my noch noait ferslept.’ Lang bliuwt it lykwols net fredich. Durk hat krekt de earste sliep troch de lea hân as Bijke oerein komt en begjint te brommen. Se hearre in bromfyts dy't it hiem op komt. ‘Dat is Bouwe,’ seit Willem. ‘Wat moat dy hjir?’ Bouwe is hjir grif net kommen om fannacht mei te fiskjen. Hy raast twa slaggen om 'e pomp hinne, lyk as eartiids en ropt: ‘Hui, binne jim dêr?’ Durk springt lulk oerein en ropt de doar iepen. ‘Doch dat ding út, do healwizeling. Aans ha wy Feike Dam hjir.’ Bouwe draait de gashandel ticht en set de brommer tsjin 'e muorre. ‘Wat silsto?’ | |
[pagina 160]
| |
‘Even in nije karburateur op 'e moter sette, dan wol er wat hurder.’ ‘En moatst dêrfoar nei de Sânleane?’ ‘Yn Drachten mocht it net fan mem en Klaske.’ ‘Wêrom net?’ ‘De buorlju ha der west, ik makke tefolle leven. Mar ik moat de moter dochs even draaie litte, oars kin 'k it net kontroleare.’ ‘En do ûnferstân woest dat hjir mar even dwaan?’ ‘Wêrom net?’ ‘Do giest mar nei de Liphúster heide ast dat ding knetterje litte wolste. Elk hoecht net te witten dat wy hjir binne.’ ‘Wat binne jim hjoed allegear sinnich. Wêr moat ik dan hinne?’ ‘Kin my neat skille. Do kinst hjir mei it ding omknoeie en dan fansels achterhûs, mar dat útprebearjen dochst hjir net, begrepen?’ ‘Ik ha ek noch boadskip fan mem. Se frege oft heit jûn thús komme koe.’ ‘Wêrom?’ ‘Aaltsje en de man komme te praten en Gryt har nije feint is der ek.’ ‘Dat is moai, dan is der folk genôch.’ ‘Aaltsje hat der fan 'e middei west en dy wie wakker sneu, dat heit fuort de earste de bêste saterdei it fjild yn wie.’ ‘Dat giet Aaltsje neat oan, dy is op harsels.’ ‘En Bearend en Hindrik hawwe op 'e bealch hân.’ ‘Soa, hawwe dy har master fûn?’ ‘It wie in grutten-ien, de heit fan de jonge dy't in gat yn 'e kop hie. Hy spile frij wat op en mem ek. Doe kamen de buorlju en dy wienen lulk omdat se mem en dy man troch de muorre hinne hearre koenen.’ ‘Dan moatte se mar bettere huzen bouwe.’ | |
[pagina 161]
| |
‘Dat frommes hat ús mem útskolden foar fiskwiif en doe soe Klaske har in klap jaan, mar Tsjerk hat se der by wei holden en doe kaam ...’ Durk draait him om. ‘Ho mar, ik krij it moarn allegear wol te hearren en dan kin 'k my noch lulk genôch meitsje. Mar fannacht binne wy te fiskjen en dy wille lit ik my net fergalle.’ Bouwe seit: ‘Ik set de karburateur derop en dan kin 'k him ûnderweis nei Drachten wol even útride. Ik kin foar 't tsjuster noch krekt dien.’ ‘Ast mar stil biste en net tefolle yn 't sicht.’ Durk jout him wer del yn 't strie. ‘En no sil ik in kniperke dwaan.’ Mar dy argewaasje fan thús lûkt er him dochs oan. ‘Wat in spul, wat in spul,’ seit er tsjin Willem. ‘As it sa moat dan sil ik aans alris in pear mei de koppen tsjin inoar hâlde.’ ‘It sil wol bekomme,’ treast Willem. ‘Mar ik leau net dat ik nei Philips gean.’ Durk wol der wat tsjin yn lizze, mar hy hat der gjin nocht oan. ‘Do moatst it sels witte, kinst it altiten noch dwaan. Der is alle dagen ferlet fan folk.’ Hy slûget in skoftsje oant Willem him wekker makket. ‘Heit, wy moatte los, it begjint te skimerjen.’ Bouwe is ôfset. Hy hat de brommer in eintsje de reed lâns treaun ear't er him oansloech, fertelt Willem. Se bringe de beide kisten mei ark nei de skou dy't yn 'e sleat neist it hiem in bêst plak hat. Under de beamkes is er suver net te sjen.’ ‘Mar fan de fierste kant ôf begjinne, heit?’ ‘Fuort om 'e hoeke soe 'k sizze. Dan kinne wy op 'e weromreis de earsten oppakke.’ | |
[pagina 162]
| |
Willem kloetet it Djip lâns. It wetter is aardich heger kommen en der stiet wat stream. De wyn hat him deljûn en it wurdt moai waar. Om 'e hoeke dêr't se fan de brêge ôf net mear sjoen wurde kinne, begjinne se de dôbers út te lizzen. It is dan alhiel tsjuster wurden, mar Durk pakt de dôbers op it gefoel út 'e kiste, hellet de strûp der ôf en lit it lead sakje. Dan kriget er de heak mei it ies en wylst de boat fart, rint de line ôf sadat it lead yn 'e wyn op komt te lizzen en de boel net gau tizet. As se de dôbers op ha - se binne dan hast by de Kettingbrêge - wurdt de boat oan 'e wâl lein. Willem sjout de kiste mei smytlinen en Durk leit se út. Hy hat in pak kranten ûnder de earm, kreas yn fjouweren skuord en hy stekt it stokje troch sa'n stik krante. Se soenen de smytlinen oars yn 't tsjuster net maklik werom fine. Der hoecht net by praat te wurden. As alles teplak is jouwe se har del yn 'e rûchte fan de ûnderwâl, achter in pear jonge elzebeammen. Se roke in sigret en skermje de gleone punt mei de hân ôf. Durk hellet de flesse út 'e binnenbûse en beide nimme se der wat út. Se hawwe der rekken mei holden dat it nachts aardich fris wurdt. In lange ûnderbroek ûnder it mesjester, twa truien oer inoar hinne en de kraach fan de jas omheuch. Durk giet op 'e side lizzen mei de holle tsjin de skeane kant en Bijke krûpt tsjin him oan. It hontsje is al noch wat dampich fan it swimmen yn it Djip, mar dat broeit der aans wol út. It duorret mar even en Durk is ûnder seil. Willem is tsjin heite' rêch oanskood sadat er noch wat waarmte kriget, mar de jonge slept fansels net. Hy is fierstente nijsgjirrich en soe it spul daliks wol ophelje wolle. Durk wurdt wekker troch in stomp fan Willem. ‘Heit, der komt wat oan,’ flústert de jonge. Durk fear- | |
[pagina 163]
| |
ret oerein en harket. In kloet yn it wetter en twa stimmen, in boat dy't it Djip del komt. Se krûpe súntsjes by de wâl op en geane in eintsje tebek. Durk knibbelt en lûkt Willem tsjin 'e grûn. ‘Plat lizze, earst sjen wa't it binne.’ Botte mijen binne de mannen net. Se prate lûdop en hawwe der in bûslantearne by. Dom wurk, neffens Durk. ‘De konkurrinsje,’ gnysket er, ‘se lizze ek dôbers út.’ Willem tilt de holle op. ‘Streupers, heit?’ ‘Ik tink it al, even hearre wa't it binne.’ De mannen komme fan de oare kant en farre harren foarby. Durk komt oerein. Hy docht in pear stappen nei foaren en freget: ‘Bisto dat, Meine?’ Even stilte, dan it lûd fan Meine van der Heide. ‘Wa is 't?’ Hy ljochtet oer it lân. ‘Ferduld, Durk Snoad hie 'k tocht.’ ‘Soest dat ljocht net even útdwaan? Wy hoege Feike Dam der net by, wol?’ De mannen farre nei de wâl. ‘Ik wit net wat jim fan doel binne, mar wy ha hjir smytlinen lizzen,’ seit Durk. ‘Hoe sit it, is Feike Dam der net? Jim koenen wol permisje ha.’ ‘Sa soest it neame kinne.’ ‘Is er hjoed te jeien mei de hearen?’ ‘Hy sit by Elsje te pimpeljen.’ ‘Mar hy kin jûn noch wol in slach troch it fjild dwaan.’ ‘Jonge nee, it is syn tredde dei al, hy hat syn bekomst wol.’ De mannen stappe út en geane der even foar sitten. ‘Moaie nacht, Durk.’ ‘Do ek mei, Folkert? Ik tocht al...’ | |
[pagina 164]
| |
‘Wy ha noch in tritich dôbers,’ seit Meine, ‘en dy moatte wy al kwyt.’ ‘Smyt se der mar yn. Wy ha op 'e lêste ein lyntsjes lizzen. As jim de oare kant oanhâlde dan pleagje wy inoar net. Wêr binne jim begûn?’ ‘By de Himriker brêge.’ ‘Duvel, dan ha jim der wol wat oan dien.’ ‘Goed trijehûndert.’ ‘As jim hjir even wachtsje, dan kinne wy aans de smytlinen ophelje. Jim soenen ús grouwe ielen ferbalje kinne.’ ‘Dan keapje wy ien,’ seit Meine en hy lit de flesse omgean. ‘Hearken Durk, do hast it yn Drachten net lang útholden.’ ‘Wy sitte noch yn Drachten, mar wy soenen fannacht even nei it waar sjen. Moarnier geane wy wer op hûs oan.’ ‘Foldocht it yn dat Drachten?’ ‘Skoan, it hoecht net better. It moat wenne fansels, mar it falt my net ôf. Skjin wurk, moai binnendoar en dat is winterdeis wat wurdich. Freedtejûns fiif oere bist der ôf oan moandei ta. Nee, dan moatst my net prate fan it boerewurk en sa.’ ‘It hat wat foar, dat is sa. Ik ha heard datst earst noch in grouwe bok sketten hast, is dat wier? Feike Dam hat in moai skoft fan de wize west.’ ‘Soa, sizze se dat ik in bok sketten ha?’ ‘Feike Dam hat it by Elsje ferteld.’ ‘Hy hat it der tsjin my ek oer hân,’ seit Durk. ‘Ik wie lêsten by Ids op 'e Lege Ein en dy hie reefleis yn de fetpanne.’ ‘Ids moat net safolle prate.’ ‘Hy hat ek neat sein, mar ik hie dy twa dagen earder al de Boarnburgumerdyk útfytsen sjoen.’ | |
[pagina 165]
| |
‘No ja, it let ek neat,’ seit Durk. ‘It wie myn útsetter, moatst rekkenje. Ik woe in goed stikje fleis mei ha nei Drachten en Foekje hie noch in nust lege wekflessen te stean. En it fleis is yn dat Drachten goed djoer. Streupsto noch, Meine?’ ‘In bytsje piele, Durk, mar it wurdt nuodlik. De kantonrjochter feecht deryn en ik ha der gjin trije moanne mear foar oer. Ik kin sa hurd ek net mear rinne.’ ‘Sa giet it my ek.’ ‘Mar do hast in bok sketten.’ ‘De gelegenheid wie der, oars hie 'k it net dien. Dizze bok kaam alle dagen by my te dachsizzen, hy woe der graach ôf.’ Meine hat de flesse nochris krigen. ‘Is dit ien fan dyn jonges, Durk? Mei er al in slokje ha?’ Hy wachtet net en langet Willem de flesse oer. Willem betanket. ‘Ik ha al in pear hân. Sille wy aans mar los, heit?’ De jonge sjocht it swurk driuwen. Heit noflik yn petear mei âlde maten, de flesse der by. En Feike Dam hat genôch oan himsels, dat it driuwt harren net. It sit ek o sa smûk yn 'e wâl. Dit kin lang duorje en de jonge wol fiskje. ‘Wy moatte de iel al de tiid jaan om troch te biten,’ seit Durk. ‘Ik nim noch ien en dan sille wy ris sjen. Jimme kinne fuort wol achter ús oankomme.’ ‘As it moarnier sa útkomt, sizze wy even dach,’ seit Meine. ‘Hoe let ha jim de kofje brún?’ It ferget al noch in healoere, Durk kriget noch ien en hy draait der in sigret by. ‘No is 't ús tiid, heit.’ ‘Do hast gelyk jonge.’ ‘It moat al in aardichheidsje bliuwe,’ besiket Meine, mar Durk is al oerein. | |
[pagina 166]
| |
Se pakke har guod by inoar. ‘De segen, mannen.’ ‘Doch Philips de groetnis, Durk.’ De earste smytline sit neat oan. ‘Se ha net iens oan de wjirm west,’ seit Willem teloarsteld. Gjin goed begjin, mar it kin noch komme, der lizze mear. Trije, fjouwer kear fergees ophelje en dan in iel. Durk slacht him der yn 'e kiste ôf en set op 'e taast nij ies oan 'e heak. Se pakke yn de earste ein in stik as tsien ielen op. Gjin grouwe, mar dat kin ek hast net. De grouwen binne foarsichtiger en happe pas yn 'e neinacht ta. ‘Fangt it in bytsje?’ ropt Meine. De mannen ha ek opbrutsen en komme yn 'e skou achter Durk en Willem oan. ‘It koe minder.’ ‘Wy ha de lêsten deryn, oant moarnier dan mar.’ Se hearre it boatsje werom farren. De mannen hienen tekkens by har, se sille wol yn 'e skou sliepe en oer in oere as twa fan dizze kant ôf begjinne op te pakken. Oan 'e dôbers fangt it aardich better en der is alris in swieren-ien by. As hja by de Sânleane binne ha se dochs in flutsje iel yn 'e beun. ‘As it sa wat troch fangt, krije wy iel genôch,’ is Durk fan betinken. ‘Geane wy der fannacht noch in kear by lâns?’ ‘Ik leau net dat it hoecht. Do fangst der net folle mear om en it is better en jou se even de tiid. Ik soe sizze moarnier wer en dan fuort oppakke.’ Willem besiket de ielen te tellen. ‘Altiten wol tweintich, heit.’ ‘Net te bot skine mei dy bûslantearne, wy kinne it yn 't tsjuster wol fine.’ | |
[pagina 167]
| |
Yn de keuken drinke se kofje en ite in brochje. Durk nimt noch wat út 'e flesse en skikt him yn it strie. Willem hat fansels gjin sliepen yn it sin. Hy jout him al del, mar it duorret mar even dan seit er: ‘It hie fansels noait wêze moatten, heit.’ ‘Wat bedoelste?’ ‘Dy ferhuzerij nei Drachten.’ ‘Do meist dêr net sa graach wêze, fernim ik wol, mar de oaren hawwe it wakker nei 't sin.’ ‘Dat miene se miskien, mar it wurdt wol oars. Mem is heulendal út har dwaan.’ ‘Jawis, it is ek in grutte feroaring.’ ‘Wy hearre dêr net,’ seit de jonge. ‘Ik doar te wedzjen dat heit ek wol werom woe.’ Durk hat in hekel oan dit soart petearen. ‘Ik kin yn dy fabryk wol âld wurde, ik ha it noch noait sa maklik fertsjinne.’ ‘Ik leau dat heit himsels wat oanpraat.’ ‘No moatst net begjinne te wiispraten,’ bestraft Durk him. ‘Do mienst datst de saak aardich troch it gat sjoen haste, mar ik bin der langer as dy. Wy jouwe ús del, oars binne wy moarnier út 'e liken.’ ‘Goed heit, mar ik ha gelyk.’ Soenen je sa'n jonge net. Durk is ûnder dat praat al wat ûnrêstich wurden. It leit noflik en de lea befalt him, likegoed is er gâns in skoft wekker en lit it yn him omgean. Hy draait him in pear kear om, mar dat moat net te faak, want dan kriget Willem it yn 'e rekken. It is duvels, mar it sliepen wurdt net folle. Willem docht oars net as mei de lantearne op it horloazje skine. Se binne der fierstente gau út, it is noch roettsjuster as se al yn 'e skou sitte. ‘Dit is te mâl,’ fûtert Durk. Willem ljochtet út en troch oer it wetter. Hy hat de houtsjes fan de dôbers wyt ferve en se moatte wol te | |
[pagina 168]
| |
sjen wêze. Dochs misse der in pear en guon oaren lizze net mear yn 'e rige. ‘Dat is in goed teken,’ seit Durk. ‘Wat mear der út 'e rige lizze wat better.’ Durk kriget gelyk, se pakke de iene nei de oare grouwe iel op. Soms moatte se om de dôber sykje as de iel it driuwhoutsje ûnder de pompen lutsen hat. Dan moat der hoeden lutsen wurde om sa'n grouwe iel yn 'e skou te krijen. Se geane der folslein yn op en as hja op healwe binne hat Willem de ielslimen en de drek by klobben yn 't hier sitten. ‘Wat in iel, wat in iel,’ stint er. As it begjint te daagjen ha se de lêste smytlinen ek yn 'e boat. ‘Ik tink dat wy wol in santich ielen ha, heit,’ seit Willem optein. ‘Wy ha bêst fongen. Ast op elke trije dôbers in iel hast, is 't bêst en wy ha mear.’ Op 'e weromreis hoffenje se har in bytsje en thús pakke se de boel earst op. De dôbers en smytlinen yn 'e kiste en by Willem achter op 'e fyts, in baalsek der oer hinne sadat der gjin eagen oer geane. De iel yn in plestykpûde yn de fytstas. ‘No noch in bakje kofje en in brochje, dan sette wy op Drachten ta.’ Se geane der even by sitten en Willem seit dat er knap slûch is. ‘Wy kinne ús wol in oere deljaan, heit. It is noch withoebetiid, wat sille wy sa gau yn dat Drachten.’ Der is wat foar te sizzen. ‘Even de sliep troch de lea, yn Drachten sil dat wol neat wurde.’ Durk smyt de learzens út en lit him yn it strie sakje. En dan duorret it mar in pear menuten of se binne beide yn 'e rêst. | |
[pagina 169]
| |
As Durk wekker skrillet, is 't al oer alven. ‘Bliksem Willem, wy moatte al foar iterstiid thús wêze.’ Hastich de boel oprêde en op 'e fyts. ‘Wy geane alris wer, net heit?’ ‘Fan 't jier sil 't wol neat mear wurde. It is te let yn 'e tiid, mar fan 't maitiid meitsje wy grif in loop. It hat my skoan foldien.’ Healwe de Sânleane komme se ferduld Feike Dam tsjin. Hy set de fyts dwars oer 't paad sadat se der wol ôf moatte. ‘Wat binne dit foar nuvere oanslaggen, Feike? Wy wolle foar iterstiid thús wêze.’ Feike kriget Willem by de fyts en wol in taast yn de kiste dwaan. ‘Wolst dat litte, brutale hont,’ ropt Durk. Hy kwakt de fyts tsjin 'e beam en is yn in pear stappen by Feike. ‘Wy binne hjir op de iepenbiere wei en dêr hasto de minsken fan de bealch te bliuwen, tink derom.’ Hy giet deun neist Feike stean, mar rekket him net oan. Yn 't ferline hat er dat wolris dien, mar dan begûn Feike om him hinne te slaan. Willem rydt syn fyts nei foaren, bûten it berik fan de boskwachter. Durk kriget syn fyts en stapt om Feike hinne. ‘Hark ris Feike, asto streupers pakke wolst dan moatst nachts op paad.’ Feike seit neat, mar sjocht ferwoest. Hy is noch knap read yn 'e eagen fan de protte drank dy't er justerjûn grif ta him nommen hat. As Durk op 'e fyts sit, ropt er oer 't skouder: ‘Miskien sweeft der noch wol in kat om, dan hast dochs wat.’ Willem laket, mar Durk leit it near der op. ‘Even wachtsje, hy moat net dûm wurde en ús yn 'e bealch sjitte.’ | |
[pagina 170]
| |
Bijke hat it goed begrepen. It hontsje tippelt rjocht foar de fyts út en docht gjin stap de bosk yn. It is in wûnder mei dat hontsje, in ferstân as in grut minske. Yn elk gefal mear as Feike Dam. |
|