Feroaring fan lucht
(2004)–Rink van der Velde– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 143]
| |
It foldocht o sa skoan, mar Durk soe wolle dat him in ko oer de hannen skiet en hy hat dochs altiten in hekel oan kij hân.‘Sa, dêr wie 'k al,’ seit Durk. Hy stiet foar it iepen rútsje fan it portiershokje en der geane him grutte kloften folk foarby. ‘Ogenblikje,’ seit de portier en yn 'e doar op 'e side stiet er immen te wurd. En dêrnei moat er earst telefoneare. ‘Sis it mar.’ ‘No, ik soe hjir hjoed ommers oan 't wurk.’ ‘Soenen jo oan it wurk? Dat is moai, mar der binne noch twatûzen-fjouwerhûndert-en-twa-en-tweintich minsken dy't hjir op dit stuit oan it wurk geane.’ ‘Ik moast my hjir melde,’ seit Durk geduldich,’ ik begjin hjoed foar it earst.’ ‘Just jawol, hoe is de namme? Ogenblikje.’ Der is wer telefoan. ‘Wêr wienen wy?’ ‘Jo fregen nei myn namme. Ik bin Durk Lugtigheid, ik moat achteroan wêze, yn it pakhûs.’ ‘Yn it magazyn bedoele jo. Ik sil even sjen.’ Skilje en dan it boadskip dat er him op it kantoar melde moat. Der is dêr in Hiemstra en dy sil him opheine. Durk pandert tusken al dat folk it terrein oer. Gryt is al lang wei wurden yn de mannichte. In sprokkelnust gelyk, sa'n fabryk en elk skynt syn plak te witten. Underweis prate se ek noch fleurich mei inoar. Wylst Durk it swit yn 'e hannen hat. ‘Lugtigheid wie de namme, leau ik hen? Hiemstra, oangenaam.’ | |
[pagina 144]
| |
It is deselde man mei wa't er okkerdeis de boel besjoen hat, noch net lang lyn, mar it lykje moannen. In fleurige man, wat al te fleurich lykas moast hy de kost der mei fertsjinje. Mar fierders kin men op sa'n man al net folle tsjin ha. ‘Jo moatte strak mar even by de administraasje lâns, mar ik sil jo earst paadwiis meitsje.’ ‘Jonge ja,’ seit Durk, ‘it is hjir allegear sa grut, ik ha der wol oan.’ Se steane yn sa'n hege loads, sa heuch as in toer en de ein is amper te besjen. Oan 'e kanten grutte steapels kisten en doazen, op 'e midden rails dêr't spoarweinen opsteane dy't hjir laden wurde. ‘Wel, dit is jo foarlân. As korveeër hawwe jo it hjir goed. Kâld is it noait, hyt ek net en it is hjir net sa drok. Suver gjin masines, sjogge jo wol? Allinne in pear heftrucks, mar dy hearre jo amper. Nee, dit is net sa'n beroerd plak.’ ‘Dat liket my sa ta.’ De man wiist Durk de dingen en besiket út te lizzen wat der yn dy kisten en doazeboel sit en hoe't it fierder om en ta giet. ‘En hjir hawwe wy ús kantine, de belangrykste ôf dieting. Jo moatte de boel skjin hâlde, alle dagen in pear oeren, mear tiid ferget it net. Sa machtich binne wy hjir net.’ Mar wer fierderop. ‘Hjir is de klaaigelegenheid. Elk in kast mei syn wurkklean. As wy jo dizze kast ris joegen, nûmer 92. Mar goed ûnthâlde, 92, ik sil jo aans in overal bringe.’ Oan arbeidzjen komt Durk de moarns net ta en de middeis wurdt it ek neat. Hy moat by de administraasje lâns en dêr dogge se it har oan tiid. De jûns seit er tsjin Foekje: ‘No ha 'k dêr de heule dei west en noch gjin slach dien.’ | |
[pagina 145]
| |
‘Dat soks allegear út kin. Wat moat der al wat fertsjinne wurde as safolle minsken besteld binne mei de omballingen. Ik ha altiten tocht dat elkenien wat makke en no hear ik dat party minsken noch noait in skearapparaat of sokssawat oanrekke ha,’ seit Foekje. ‘Soe soks op den duer goed komme?’ Durk leit har út dat der minsken op de kantoaren sitte, dat der túnmannen binne, chauffeurs, kofjesetters, skjinmakkers en gean samar troch en Gryt folt oan dat der ek noch in laboratoarium is en dat dêr gâns minsken sitte dy't trije kear safolle fertsjinje as in arbeider. Durk hie noch wol even op 'e tekst wollen oer syn earste wurkdei yn tsjinst fan it grutkaptaal, mar Foekje hat in pear driuwende dingen. ‘No wat oars, Durk, dy hûn dat kin sa net. Ik ha hjir hjoed twa kear dat minske fan hjir neist wei oan 'e doar hân. Bijke skuort by har de blommen út 'e tún, seit se en doe't se him fuortjeie woe, soed er har oanfleane.’ ‘Dat falt wat ta.’ ‘Dat kinst no wol sizze, mar ik sit der oerdei mei. Dy hûn moat fêst.’ ‘Dat kin net, it hontsje moat syn frijheid ha.’ ‘Hy siet ek hast ûnder in auto,’ seit Klaske, ‘it skilde neat.’ ‘Duvel, jimme moatte him achterhûs hâlde,’ falt Durk lulk út. ‘Dat hie 'k dochs sein?’ ‘Wy kinne net de heule dei om dy hûn tinke. Wy ha wol wat oars te dwaan.’ ‘Wat soe 't wêze, dit wie dochs sa'n maklik hûs?’ ‘Dat is 't ek, mar it moat wol syn ûnderhâld ha,’ seit Klaske. ‘En wy ha in soad wurk fan de bern. Lytse Durk siet fan 'e moarn mei in skjirre yn de flierbedekking te dollen en myn jonkje stiek mei in spiker | |
[pagina 146]
| |
yn de beklaaiing fan de bank om.’ ‘Wat dogge jim ek mei sok djoer guod. Hie der in matte op smiten. Der leinen trouwens moaie planken ûnder. By ús folk waard de planken flier skjirre mei wyt sân en dan wie 't sa kreas as wat.’ ‘Och heit, hâld no ris op oer froeger. En heit soe yn 'e keamer de skuon útdwaan, it wâdet sa yn. Dat moat mei de bern ek oars. Se komme mei de geitestront oan 'e sokken de keamer yn stowen.’ ‘Stumpers, wat ha jim sa in wurk fan it wurk. Op 'e Sânleane ha 'k jim der noait oer heard.’ ‘Dêr hoegde it net.’ Durk hâldt him mar stil. Hy sit op dy nijmoadrige bank en slacht yn de âlde kranten om dy't Klaske fan Aaltsje krigen hat. Hy hat noait in lêzer west en it ferfeelt him samar. It is ek goed gleon yn 'e hûs, hy smyt de skuon út en hinget de jas oer de stoel. ‘Oprêde,’ hjit Klaske him, ‘it jaske yn 'e gong oan de kapstok en de skuon der ûnder.’ ‘Miskien doch ik de jas aans wol wer oan.’ ‘Dat kin yn 'e gong ek wol.’ ‘Soe dy geit net fuort kinne, Durk?’ eamelt Foekje. Dan hat Durk wier syn nocht. ‘No moatte jim ophâlde, oars slaan ik jim mei de koppen tsjin inoar. Wat is my dat hjir foar in gedonder.’ De froulju swije en even letter fûtert Durk: ‘De kop rint my om nei sa'n earste dei en dan dat gesanik fan jim der by...’ De grutte jonges komme thús. Earst Tsjerk dy't de kypauto netsjes tsjin it trottoir oan set. Hy is der amper yn of de buorfrou stiet op 'e stoepe. ‘Moat dy grutte bak krekt by ús foar de glêzen?’ freget se brimstich. ‘Wolle jo him yn 'e tún ha?’ ropt Tsjerk út 'e keamer wei. | |
[pagina 147]
| |
‘Ho Tsjerk, fatsoenlik bliuwe,’ moannet Foekje. ‘Jo ha der dochs gjin lêst fan?’ seit Klaske dy't iepen dien hat. ‘En moarnier is er wer fuort.’ ‘It stiet sa raar, sa'n frachtauto foar de doar, krekt as...’ ‘Krekt as wie jo man chauffeur, tink? No, dat sil ik him net oandwaan, dat kin net foar in arbeider fan Philips. Ik sil him der fuortdaliks weiride,’ ropt Tsjerk. Hy bringt de auto nei it parkearterrein fierderop. ‘Wat hat dat folk it hjir drok mei op in oar te passen,’ bromt Durk. Dan komt Bouwe thús. Hy knalt mei syn brommer it paadsje achter de huzen lâns en giet mei piipjende remmen troch it stekje. Bijke blaft him it wolkom ta en it jout al mei al in soad lawaai. ‘Dat moatst net wer dwaan,’ seit Foekje. ‘Guon minsken ha de lytsen al op bêd en dan kin soks net. It klinkt sa lûd tusken de huzen.’ Willem en Jantsje binne de lêsten. Willem hat in sek by him en dêr sit in kat yn. ‘Is dit noch ien fan uzes? Hy siet foar de doar op 'e Sânleane en it begrutte my in bytsje, dat ik ha him mar meinommen.’ ‘Och hearken, de katten, noait wer oan tocht,’ seit Durk. Foekje: ‘Ikke wol, mar ik ha der mar net oer praat. Soenen se har net rêde?’ ‘Feike Dam sil der grif mei ôfweve.’ ‘Dus, do hast al wer oan 'e Sânleane west,’ stelt Foekje fêst. ‘De skou even oan 'e ketting lein. Se ha planken foar de doar spikere en op it hok sit in grut hingslot,’ rapporteart Willem. ‘Wat moatte wy mei dy kat? Al wer in stik fee derby,’ | |
[pagina 148]
| |
krimmeneart Klaske. ‘In kat bringt gjin wurk oan. Earst in pear dagen yn 't hok en lit him dan mar rinne,’ seit Durk. ‘En dan sil er wol gau deariden wurde. It bist wit net iens wat in auto is.’ ‘Dêr kinne wy net foar wêze,’ is Foekje fan betinken. Durk seit tsjin Willem: ‘Moatst alris femimme wat se mei it hûs fan doel binne. As it safier is dat de gemeente it hat dan sil ik der hinne.’ ‘Dy slach ha wy ferlern, Durk,’ seit Foekje. ‘En de gemeente hat de ferhuzerij betelle, dat moatst net ferjitte.’ ‘Ik wol deroer prate, ik stean op myn rjocht en ik gun dat frommes de winst net.’ Se sille dan mar oan de iterstafel. In heul geheister, want de bern meie net grieme. As der oan 'e Sânleane wat op 'e flier rekke, rêde Bijke der mei. Hy hold de matte sûkerskjin. Mar hjir falle hurde wurden om it swilk yn 'e keuken moai te hâlden. Bearend en Hindrik hawwe gâns te fertellen. Ien strjitte fierderop is in boarterstún en wat dêr net allegear is... Se hawwe al even op 'e fûst moatten, want alle bern kearden har ienriedich tsjin de ynkringers. Mar de beide mantsjes hawwe goed fan har ôffeegd. It grutte foardiel is dat se inoar no net mear ôftuge. ‘Ik ha dy iene in bêste bloednoas slein,’ rapporteart Bearend. ‘Ik leau dat ik trije kear bloed sjoen ha,’ swetst Hindrik. ‘No, dan sille jim moarn wol op 'e bealch krije,’ seit Klaske. En wy lulke memmen oan 'e doar, tinkt Foekje. ‘As se jim tenei komme, feech der dan mar yn,’ moe- | |
[pagina 149]
| |
dicht Tsjerk oan. ‘Mar ek net earder,’ seit Klaske. ‘Jim moasten it earst mar ris yn frede besykje,’ slacht Foekje foar. Sa'n boarterstún is oars al in lust, heul wat oars as de âld linebeam oan 'e Sânleane en sa'n stik suterige bosk. De jonges hawwe alles besocht en se hâlde it tenearsten op 'e rûtsbaan. Willem seit: ‘Heit, it is no noch myld waar. Wy koenen fan saterdei op snein wol wat smytlyntsjes en in pear dôbers útbringe. Ik leau grif dat wy iel fange.’ ‘Wêr woest dat dwaan?’ freget Tsjerk. ‘Yn it Djip fansels, by ús thús.’ ‘Dat soe 'k net dwaan, dat kin no net mear,’ seit Foekje. Durk is it der net mei iens. ‘Ast in heule wike yn sa'n fabryk stien haste dan is 't fansels in goed ding, sa'n nacht yn de frije natuer. Dat hat Willem goed sjoen.’ ‘Do hast oars noch mar ien dei yn 'e fabryk west, Durk.’ ‘En ik fernim no al hoe goed it my dwaan sil om der even by wei. Kinst begripe hoe't dat oer fiif dagen wêze sil.’ ‘Feike Dam sil der wiis mei wêze,’ is Klaske fan betinken. ‘Mient er krekt dat er jim kwyt is en de earste de bêste saterdei binne jim der al wer.’ ‘Wy kinne ús nachts in pear oeren deljaan yn in leech bedstee,’ stelt Willem út. ‘Do seiste dat der planken foar de doar spikere wienen.’ ‘Dy pear planken ha wy der samar foar wei.’ Klaske: ‘Mar dat mei dochs net?’ Durk seit opsternaat: ‘Ik soe net yn myn eigen hûs meie? No moat it net mâlder wurde.’ | |
[pagina 150]
| |
En even letter: ‘It is ek goed foar de hûn, kin er him even tjirgje. Ik soe sizze as it knap waar is, moat it mar oangean. Hoe is 't mei de moanne?’ ‘Hat krekt fol west.’ ‘Dat past skoan. Soenen wy noch brune slakjes fine kinne?’ ‘Dêr rêd ik wol mei,’ seit Willem. ‘En ik soargje ek wol foar in klute dauwjirms.’ Foekje seit: ‘Ik hie oars tocht wy soenen saterdeitemiddei moai te winkeljen, do en ik. Ik wol dy winkels ek wolris besjen, ik ha der noch gjin stap út west. As Klaske in pear oeren op 'e bern past dan ha wy de hannen frij.’ ‘Mem, wat moat ik by dy winkels lâns? Ik kostet trouwens mar jild.’ ‘Dat hoecht net, allinne even besjen.’ ‘Soks is ûnnut, te winkeljen en neat keapje.’ ‘Heit moat ek wat om mem dwaan,’ seit Klaske. ‘Der komme noch saterdagen genôch dat wy Drachten yn kinne. En it is no noch waar om der even út.’ ‘Ik woe saterdeitejûn wol nei de bioskoop,’ seit Klaske ynienen en se kriget in kaam. ‘De bioskoop, nei de film bedoelste.’ ‘Ja, nei de film.’ ‘Mar bern, der is ommers alle jûnen film foar de televisy.’ ‘Yn 'e bioskoop is it oars, folle echter.’ ‘No, soks begryp ik net, mar do moatst it sels mar witte.’ ‘En ik,’ seit Foekje, ‘ik soe graach nei in útfiering wolle. Sûnt ús trouwen ha ik net wer nei in útfiering west. En dat liket my no sa moai ta.’ Durk begrypt der neat fan. ‘It koe jim allegear wol yn de plasse slein wêze. Jimme binne heulendal út jim dwaan, nei de bioskoop, | |
[pagina 151]
| |
nei de útfiering, te winkeljen...’ ‘Wy sitte der no deun by, Durk.’ ‘Yn de Lawei binne toanielstikken en revuen en sa, soms wol twa kear yn 'e wike en der binne moaie programma's by,’ bringt Klaske nei foaren. ‘De Lawei, dat grutte ding foaroan yn Drachten?’ ‘Jawis, dat is de skouboarch.’ ‘Och fanke, dat is dochs neat foar ús soart minsken. As Tetman de Vries der no noch ris kaam...’ ‘Tetman spilet der geregeld.’ ‘En wat kostet soks?’ ‘Gûne of trije-fjouwer de man.’ ‘Asjeblyft, dêr ha ik leaver in heale mingel Bearenburch foar.’ ‘Mar ik bin der ek noch,’ spat Foekje op, ‘en ik ha leaver gjin Bearenburch.’ ‘Leave, do hast dyn húshâlding.’ Se tsiere der ûnder iterstiid oer troch en de oare deis wer. Durk kin der net tsjin op. It wurdt him dochs allegear tefolle, dy fabryk oerdei, de swierrichheden mei de geit en de hûn, it gegûl fan de bern en al dy oare lytse argewaasje. ‘Oan de Sânleane hienen wy it aardich frediger,’ seit er. ‘Hawar, wy sille mar rekkenje dat it oerbettert. Wy binne allegear út ús dwaan.’ Tenearsten bliuwt dat lykwols sa. Der is alle oeren fan de dei wol wat. As Durk fan it wurk komt - hy hat no yndied in pear hantaasten dien - stiet der in plysje foar de doar. ‘It giet om jo soan,’ seit de man, ‘der binne klachten oer him.’ ‘Kom der yn en sis my hokker it is.’ Dêr hat de plysje wol oan, mar ien fan Durk syn jonges hat in jonkje fan de oare kant in optater jûn en | |
[pagina 152]
| |
doe hat de mem de plysje skille. ‘Dat is ek wat,’ seit Durk, ‘en moatte jim dêr dan daliks achteroan? Sokke bernerûzjes ha 'k my noait mei bemuoid, mar as it op 't heden sa is dat de plysje der yn om reagje moat dan wol ik wol leauwe, dat der hyltiten mear fan jimme soarte komme moatte.’ ‘It is oars aardich oankommen,’ seit de plysje. ‘Och ja, sokke jonges fege ta. In bulte en in blau plak bliuwe der al gau fan oer.’ ‘It wie justjes mear, in bêst gat yn 'e holle. Ik ha it even besjoen.’ Durk bliuwt geduldich. ‘Dat kin fansels, dat kin. Bern binne noch wat weak boppe op 'e holle.’ ‘It wie gâns in gat, de dokter hat der in stik as fjouwer krammen ynsette moatten.’ ‘Tsjonge noch ta, dan hat er goed lulk west.’ ‘Wa hat goed lulk west?’ ‘Ien fan myn jonges, as it teminsten ien fan mines west hat.’ ‘Is der ek ien thúskommen mei blauwe plakken en bulten? Want hy sil syn part dochs ek wol hân ha.’ ‘Ik tink dat it Bearend of Hindrik west hat en dy binne der noch net. Se sille yn de boarterstún wêze. Dat is wat nijs foar dy mantsjes en se meie der graach wêze.’ ‘Ja, dêr moat it west ha, yn de boarterstún.’ ‘Hie 'k wol tocht. De oaren wolle har der net ha en dan is 't fansels los.’ Se prate der in skoftsje op om, dy plysje is net ûngenegen en hy hat it blykber ek wol oan tiid. Dan komme de beide jonges thús. Durk nimt se daliks yn 't ferhoar en it docht bliken dat Bearend de swierste klappen útdield hat. ‘En wêrom moasto dy jonge sa fûl slaan?’ freget de | |
[pagina 153]
| |
plysje. Bearend is wol skruten, mar hy kin him ferdigenje, fernimt Durk mei nocht. ‘Ik ha him ien klap op 'e harsens jûn, mear net, mar doe wied er ek daliks stil,’ seit Bearend. ‘Dat moat dan in hurde klap west ha. Mei in kneppel of sa?’ ‘Nee, mei in izeren stange, mar sij wienen wol mei har tsienen en se begûnen allegear tagelyk, dat is net earlik.’ Durk seit: ‘Oars hie myn jonge net mei in stik izer slein, dat ha 'k se net leard. Ik sis altiten: as it heal kin net fjochtsje, mar as it wêze moat dan mei de fûsten.’ ‘Wêrom moast der fochten wurde?’ wol de plysje witte. ‘No, dy fint sei dat ús heit in druif wie.’ ‘In wat?’ ‘In druif en dat ús heit bûtendoar stie te pisjen en dat er in lulke hûn hie en sa.’ ‘Soa en doe tochtsto: ik jou him mar in klap.’ ‘Se woenen ús ek net op de rûtsbaan ha.’ It docht bliken dat Bearend en Hindrik net witte wat in druif is, mar se hawwe oannommen dat it in slimme mislediging wie en doe't de rûtsbaan harren ek noch ferbean waard, doe hawwe se rjochtdei holden. Hindrik hat ek noch wat opheind, dat heit of mem of Klaske in hoer wie of sa. ‘Tja, wat moat men der al fan sizze,’ seit de plysje. ‘der giet wat om yn de bernewrâld.’ ‘Sa is 't en dêr moatte grutte minsken har net mei bemuoie,’ seit Durk. ‘Ik soe sokke âlden wizer ha wolle.’ ‘Dat is sa, mar as se inoar hast de harsens ynslane...’ ‘Dêr ha jo wer gelyk oan, sa'n izeren stange dat komt te bot oan.’ | |
[pagina 154]
| |
En tsjin de jonges: ‘Dat moat net wer, hearst dat Bearend?’ ‘Ik koe sa gau oars net fine, heit.’ ‘Lis dan tenei in eintsje hout klear, as se wer mei tsien man begjinne, kinst se dochs fan 'e hûd hâlde. Tinkt jo ek net, plysje?’ ‘Ik soe it net adviseare wolle, hout kin ek hurd wêze.’ Bearend seit: ‘Wy geane dochs net wer nei de boarterstún.’ Hindrik folt oan: ‘Neat mear oan. Ik ha wol hûndert kear by de rûtsbaan del west en wol twahûndert kear yn de draaimûne sitten.’ ‘No, dan lost it probleem himsels op,’ seit de plysje en hy giet oerein. ‘Sille wy it dan sa earst mar litte?’ ‘Dat liket my it bêste ta.’ ‘Miskien kinne jo even nei dy minsken ta en it útprate,’ ornearret de plysje. ‘As dat perfoarst noadich is...Ik ha dêr oars gjin boadskip, ik bin net nei de plysje gien.’ ‘Dat is sa, hawar ik gean der sels noch wol even hinne.’ Foekje hat it der swier mei. ‘Ik leau wy kinne hjir gjin goed dwaan,Durk.’ Gryt seit: ‘De bern binne oan 'e Sânleane foar wyld opgroeid.’ Sokke ferwiten kin Durk min oer. ‘Gjin sprake fan, dy bern hawwe leard om fan har ôf te biten. Ik soe der net oer meie as it oars wie. En do bist ek oan de Sânleane grut woarn.’ Klaske sit tryst foar har út te sjen. ‘Dat slacht op my,’ seit se ynienen. ‘Wat bedoelste?’ ‘Dat lêste dêr bedoele se my mei.’ ‘Och berntsje, it boargerdom wol wat te praten ha. Se | |
[pagina 155]
| |
ha hjir oars ek net folle.’ ‘Sa is 't Durk, de minsken ha hjir suver neat.’ ‘Dat bist dus wol mei my iens.’ ‘Jawis, dat is te sizzen...’ ‘Dat is te sizzen,’ seit Durk en hy giet der foar sitten, ‘dat is te sizzen dat ik wol sa leaf oan 'e Sânleane bleaun wie.’ Hy lit it yn him omgean, draait in sjekje en seit: ‘Witst wat it is, ik ha no in pear dagen yn dy fabryk omslein...’ ‘Noch mar trije dagen,’ suchtet Foekje. ‘Alles bêst en ik ha neat te kleien. Mar fan 'e middei doe hie 'k in moaie bulte rommel by inoar fage en doe tocht ik ynienen: as ik oan it sleathekkeljen wie dan siet der soms in mûdhontsje of in ieltsje tusken de drek. En dat bart yn sa'n fabryk noait, hen. Altiten itselde. En doe tocht ik ek: ik woe wol dat my in ko oer de hannen skiet. Is 't net nuver? Want ik ha dochs altiten in hekel oan kij hân.’ |
|