Feroaring fan lucht
(2004)–Rink van der Velde– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 128]
| |
It moat fansels earst wol wenne, benammen foar Kekke en Bijke. En Durk hie al sa leaf de learkeklompen oanholden.Bijke giet fansels mei. By de earste rit dy't de ferhûswein makket, hat Durk him yn de kabine set. Bijke sit no yn it hok by it nije hûs en fielt him slim ûnwennich. Hy stekt it kopke omheuch en bilet alderoatmoedichst. ‘Ja jonge, wy sille earst allegear wol ûnwennich wurde, mar dêr moatte wy trochhinne,’ hat Durk fleurich sein en doe binne se werom riden foar de twadde fracht guod. Der is gâns te fertôgjen. Hearken, wat wurdt der yn in fearnsieu al wat yn sjoud. En dan te betinken dat se in heule dei oars net dien ha as âlde rommel opstoke. ‘No earst de geit en de kninen nei de keapman bringe, Durk,’ seit Foekje. ‘Nee, ik ha my betocht.’ ‘Wat seiste? Do wolst dochs it fee net meinimme?’ ‘Ik ha it ris oersjoen en it kin skoan. De blikke is net sa grut mar der stiet aardich gers op. En de heule strjitte lâns lizze strypkes greide. As ik der út en troch mei de seine by del gean, ha 'k fretten genôch foar de geit.’ ‘Dat kin net, heit,’ ropt Klaske wylst hja in âld stoel bûtendoar set. ‘Ik tink dat it net iens mei, sjoch mar ris yn it hierkontrakt.’ ‘Wat mei net? Wy jouwe hier en net in bytsje, mar dan moatte se jin ek frij litte. De geit kin aans moai achter yn de ferhúswein en dy lêste beide kninen wol 'k ek hâlde. Foar in kninehok is altiten plak en takom jier meitsje ik in stjelp foar yn 'e blikke. De | |
[pagina 129]
| |
Flaamse reus wol 'k mei fokke en dat blauwe Hollanderke ha 'k ek plannen mei.’ Durk is der net ôf te bringen. ‘It kin net mem, wier net,’ beart Klaske. Foekje suchtet: ‘Lit mar bern, hy fernimt it fansels.’ It hat der yn hinge mei dat ferhúzjen, dat is sa. Mar doe't Durk út 'e rie wie, hat er mei faasje de saken regele. De maatskiplik wurkster ferliende bystân. Hja hat der foar soarge dat sociale saken de ferhuzerij betellet en it ynrjochtsjen fan it nije hûs hienen se ek wol wat foar oer. ‘Jawis, want se binne aans fan ús ôf,’ hat Durk saaklik opmurken. Foekje, Klaske en Aaltsje - och, wat hat dy Aaltsje wat reizen makke tusken Drachten en de Sânleane - fûnen dat wakker ûntankber. ‘Wat hear ik, sille jim hjir wei?’ frege Elsje doe't it ferhaal troch de Sweach gong. ‘Sa is 't,’ befêstige Durk. ‘Ik wol wer oan 'e slach en ik kin hjir gjin passend wurk fine. Do moatst rekkenje sa'n plak as Drachten hat in soad mooglikheden. En om 'e húshâlding is 't better. Om my wienen wy oan de Sânleane wenjen bleaun, mar ik doch it om 'e húshâlding. Foekje en de bern krije dêr better har gerak; winkels, skoallen, wat mear oanhâld. Se ha der wakker nocht oan.’ Sa bearde Durk en jo soenen sizze dat er it mient. ‘Ik moat sizze, it is my tafallen yn dat Drachten. Ik ha it goed besjoen en ik kin net sizze dat it my oangriisde. De huzen steane fansels ticht op inoar, mar ik krij der dochs noch aardich hiem by. Ik kin der skoan wat fee hâlde, berms genôch en net ien hat belang by dat gers, de gemeente moat it meane.’ En dat hûs is yn ien wurd in lust. Grutte ruten man, jo kinne dwers troch it heule hûs hinne sjen. It is alle- | |
[pagina 130]
| |
gear ljocht. Fierders fjouwer sliepkeamers en in souder sa grut, jo kinne der de bern it fytsen leare. Der hoecht yn dat hûs ek net stookt te wurden, der komme gaskachels yn en dy rêde harsels. Elsje jout Durk grut gelyk. ‘En do nei Philips ha 'k heard.’ ‘Ja, ik sil yn 'e fabryk. Us Gryt is der al in pear jier en hat it o sa nei 't sin. No bin ik fansels mear in fjildman, mar mei bûtendoar omrinnen kinst de kost net fertsjinje, is 't net sa. En it fertsjinnet goed yn dy fabryk. Willem sil der mei de tiid ek hinne en ús Jantsje makket ek gading. Sa'n jonge as Willem is it helte better foar. De heule winter by dat leanbedriuw omheukerje, kâld en beroerd wurk en sa'n lytse baas kin it measte net jaan fansels. Ik sil fan de lytse bazen gjin kwea sprekke, mar foar in bulte minsken is sa'n fabryk in útkomst. Skjin wurk, net te lange dagen, twa dagen wyks frij en fersekere tsjin alles. Jo kinne siik wurde, deagean en alles giet gewoan troch.’ ‘Jawis,’ stimt Elsje ta, ‘dat Philips is in útkomst. Mar jim sille omstean leare moatte.’ ‘Dat moatte wy grif. Iksels pas my oars o sa maklik oan, dat ha 'k wol leard by de huzaren fan Boreel.’ As men Durk sa praten heart dan hie it folle earder moatten. Hy hat ek noch by Ids op 'e Lege Ein west, mei de flesse drank dy't Ids noch te goede hie. ‘Do doarst it wol oan, Durk. Ast hjir mar gjin spyt fan krijste.’ Durk hat dat earst fier fan him smiten. ‘Ids, út en troch moat in mins trochpakke. Ik ha der oars ûnder stien, mar no't ik út 'e rie bin, sil ik my derby jaan.’ Doe ha se tegearre dy flesse leech dronken en by einbeslút woe Durk it dochs wol wêze dat it him as in | |
[pagina 131]
| |
stien op it hert lei. ‘It leit my sa by, Ids, dat it mei my yn dat Drachten net goed komt. Mar ik kin net oars, ik moat út dat hûs wei en ik moat fertsjinje. Ik kin mysels opknoopje, mar dat is net sa maklik.’ ‘Dat kinst altiten noch dwaan,’ sei Ids. ‘Ik soe it earst mar ris besykje.’ Dat hie Durk sels ek tocht. Likegoed is er de jûns nuver thús kommen en dat wie al de twadde kear yn in pear wike. Wat er sein hat oer dat hûs is oars wol wier. It stiet yn 'e rige; achter huzen, foar huzen en op 'e side huzen. It falt net iens ta om it eigen hûs te finen, want se binne allegear gelyk en de strjitten jildt itselde foar. Aldergeloks hjit harren strjitte de Hoannekamp en dy namme leit maklik yn it ûnthâld. Oars in idioate namme, der is op 'e heule streek net ien hoanne. Hoe fine se it út. It is wennen mei al dy minsken om jin hinne, dy't jin boppedat by alles wat jo dogge op 'e fingers sjogge. Wylst se noch oan it ferhúzjen binne, giet Durk even achter it hok stean te pisjen. Klaske sjocht it, slacht fûleindich op 't rút en wiist nei achteren. In stikmennich buorfroulju sjogge mei niget hoe't Durk de geit ferstekt. It is der sa ûnfrij dat Durk yn 'e hûs moat te pisjen. Soks is fansels te mâl. En dat húske is ferrekte lyts. As jo út 'e broek moatte, steane jo fuort mei it bleate gat tsjin de kâlde tegels. Mei Kekke is 't yn it earstoan in grut lijen. De bern fan de buert der omhinne, as hienen se noait in geit sjoen, en it dier fansels fan 't sintrum troch al dy drokte. Hy smoart himsels sawat yn it tou en Durk moat der algeduerigen hinne. As de belangstelling wat saksearret en de geit ta himsels komt, begjint er te plúzjen, dat is syn natuer. Hy kin it beamkeguod fan | |
[pagina 132]
| |
buorman krekt rikke en yt der mei smaak fan. It binne suterige pôlen, mar lykas altiten hat in geit it ûneachlikste fretten it leafste. De buorfrou komt der út draven en seit dat de beamkes in ryksdaalder it stik koste ha en dat se fan 't simmer sa moai bloeid ha. En in oare buorfrou seit dat it eins in skandaal is, sa'n geit op it gazon. Soks lit Durk him net sizze. ‘Hjir bin ik baas,’ seit er, ‘as ik op jo gerjochtichheid kom, meie jo it sizze. Dy strewellen fan jo hingje in heul ein ús kant oer, dat it stiet Kekke frij om se yn te koartsjen.’ Fuort spul fansels. En sa is der wol mear dat argewaasje opropt. Durk tilt der net sa swier oan en it skilt in stik, dat de froulju sa optein binne oer it hûs. Hy hat de lêste tiid sa'n lijen mei Foekje en Klaske hân, dat de freonlikens fan dy kant him suver woldiedich oankomt. Aaltsje hat har ek tige ward, benammen by it keapjen fan de nije meubels. Se hat mei Foekje en Klaske by de winkels lâns west en dat hat fertuten dien. Der stiet in bankstel yn 'e keamer, brún hout mei swart spul der oer. Skai, neame de froulju it. In lust om te sjen, dat bankstel. It spul swit knap oan it gat, om krekt te wêzen as jo der in healoere op sitten ha, plakt de broek jin oan 'e kont. Mar it is sa praktys, seit Aaltsje, net dat switten, mar de skai-beklaaiing. It kin hast net stikken, it ferkleuret net en it is sa maklik yn it ûnderhâld. It kin gewoan mei sjipsop ôfnommen wurde. Sa beare de froulju en Durk fernuvert him der oer. Oan 'e Sânleane hienen se wat reiden stuollen en in pear âlde skoalbanken. Dat guod mocht net mei, hy hat it op de brânbulte bringe moatten. Elektrys ha se noait hân en it moat sein wurde, it is in grut genot. Krekt sa wat it stoken oanbelanget. Gjin | |
[pagina 133]
| |
getôch mear mei hout en swarte brant, dy gaskachels rêde harsels. En der is in nije televisy kommen. In prachtich meubelstik en neffens Bouwe mei twa Hollânse netten en trije Dútse. Hy siket se ien foar ien op en wrachtich, om twa oere middeis op in gewoane dei yn 'e wike is 't al los. In Tarzan-film en it naait der sa út dat de heule bernekloft net mear de keamer út wol. It is Dúts, mar dat hindert alhiel neat, de bern fine it geweldich en Durk hat der ek wol wat aardichheid oan, al dogge jin de eagen wol gau sear. It is bjusterbaarlik hoe't it libben fan in mins yn sa'n koarte tiid feroarje kin. Durk hat trije dagen om te stoel en te bank te kommen, de moandeis sil it wêze by Philips. In soad hoecht er oan de ferhuzerij net te dwaan. As it spul ien kear yn Drachten is, rêde de froulju har der wol mei. Hy moat allinne de swiere stikken mei teplak sette en dat is yn in heale dei beslikke. Aaltsje draaft tusken de middei even nei hûs ta en fuorret Gerard en de bern patat mei knakwoarst. Om healwe twaen is se der al wer en dan helpt Durk om in pear ledikanten nei boppen te krijen. Der is op 'e fliering in keammerke mei in dakfinster en dêr sille Hindrik en Bearend sliepe. De beide mantsjes binne sa grutsk as wat, de heale souder ha se ta har foldwaan. Op de foarste ein fan de fliering komme de grutte jonges, Tsjerk, Bouwe en Willem. ‘No binne wy al fiif kwyt,’ seit Durk tefreden, ‘en wy binne noch mar krekt begûn.’ Klaske en Gryt tegearre op de grutste sliepkeamer. Der sit in waskbak yn mei kâld en waarm wetter, in lúkse dêr't de froulju net oer útpraat reitsje. Klaske har jonkje, lytse Gryt en lytse Pytsje mei har trijen op de tredde en dan hawwe Durk en Foekje noch in heule keamer foar harsels. Durk seit: ‘Der wurdt wolris sein dat de grutte hús- | |
[pagina 134]
| |
hâldings út 'e tiid binne, mar as jo sa'n hûs hawwe dan komt it op ien net oan.’ ‘It is no oars aardich fol,’ is Klaske fan betinken. ‘Wat soe 't wêze, do witst net watst seiste. Wy wennen eartiids mei ús njoggenen yn ien keamer, in man as wat yn elk bedstee en de oaren oer de flier.’ ‘Dat wie doe, mar it is no in oare tiid.’ ‘Dat waskhok op 'e oerloop dêr soenen noch skoan twa bern sliepe kinne. Sa'n dûbel bêd deryn en klear is 't.’ ‘Dat is de douchecel, heit en dy moatte wy brûke.’ ‘Jimme ha dochs in waskbak yn 'e keamer?’ ‘It liket my wol noflik ta, sa'n douche,’ seit Foekje. ‘Wy ha it der altiten sûnder rêden,’ seit Durk. ‘As wy heit syn sin dienen, dan kaam der in kninehok yn.’ ‘Dat soe kinne, mar it is ek in gaadlik plak foar de jirpels, dan kin de froast der net oan komme.’ It mei net fan de froulju, de jirpels kinne wol yn 't hok. Wat it fee oanbelanget hat Durk it al besjoen. Yn de fierste hoeke fan 't hok in stâltsje foar de geit en op in planke der boppe it kninehok. As de geit oare maitiid lammet, kin er de jongen der wol by hâlde. As it grutte wurk dien is, sil Durk mar in eintsje te kuierjen. Hy soe it paad nei de fabryk sa net iens witte en hy wol neigean oft er op 'e fyts moat of dat it geandefoet kin. Hy sil yn syn learkeklompen stappe, mar Klaske ropt: ‘Soe heit net even de skuon oandwaan en in knappe broek oanlûke? Wy binne hjir net oan 'e Sânleane.’ ‘Skuon oan, seiste? Mar it is in gewoane dei, bern.’ ‘Der rint hjir gjin mins mear op klompen,’ seit Aaltsje. Durk is yn dizze rite yn alle silen mak, mar hy sjocht net yn wêrom't er syn skuon oandwaan moat. | |
[pagina 135]
| |
‘En ik kin der sa min op rinne,’ seit er, ‘it swit sa en se sitte my krap. Ik ha noait goed oer skuon kind, dat witte jim wol.’ ‘Doch se dochs mar oan, Durk,’ moannet Foekje, ‘en ik sil dyn nije pak krije, dan stiest der teminsten knap op.’ Durk skopt de klompen út en giet yn 'e hûs. It is in skoft lyn dat er skuon oan hân hat. Se binne sa goed as nij en hy hat se al tsien jier. ‘Dat pak is my te lyts,’ seit er. ‘Al siet ik yn it kesjet it hoegde net oars.’ ‘Dan moat heit oare klean ha. Heit kin net yn dy âld mesjester jas en broek nei de fabryk.’ ‘Der giet neat boppe stúsjekoard.’ ‘Op it fabryk kriget heit in overal of in stofjas.’ Durk set op syn sneins de dyk út. Botte behaachlik fielt er him net, mar it sil wol wenne. Hy pandert de nije wiken troch nei it winkelsintrum en dêr is genôch te sjen. It is wol drok oan 'e holle, al dy auto's, âljende bern en hastige minsken dy't inoar net iens dach sizze. It is ek in frjemde boel dat der sa'n bulte minsken omdangelje dy't blykber gjin beuzichheid hawwe. Dat strúnt mar wat by de etalaazjes lâns, praat hjir en dêr in pypfol en hinget yn it kafé om. Op 'e weromreis kuiert er by de wâl lâns nei it yndustryterrein dêr't de mânske fabryk stiet. In grutte poarte mei in portiershokje en in slachbeam oer de dyk, lykas op it terrein fan de huzarenkazerne yn Amersfoart. Mânske parkearterreinen mei bussen dy't strak it folk ôffiere dat yn de fabryk wurket. Heulendal achteroan moat hy moandei wêze. Hy hat der okkerwyks mei ien fan de bazen west. Hy kin net sizze dat it him oanlaket. It waar is ek wat skier en dan docht sa'n fabryksterrein mankelyk oan. Thús binne de froulju noch oan it heistegen. Durk | |
[pagina 136]
| |
lûkt daliks de skuon út en besjocht syn fuotten. Dan de sokken út en krekt wat er tocht hie: op elke hakke in grouwe blier en de beide grutte teannen binne blau fan it knipen. ‘It waard my hyltiten pynliker, dat ik tocht al.’ ‘Dat kin sa net,’ seit Aaltsje, ‘ik sil aans mei heit nei de winkel om in pear gruttere skuon.’ ‘Ha wy noch jild, mem? En wat moat ik mei twa pear skuon?’ ‘Ik wit it net, Durk. Ik kin it op 't heden net byhâlde, de holle rint my om. Mar do moatst dochs wat om 'e fuotten ha. En as de fammen sizze datst net op klompen nei 't wurk kinste...’ ‘Nee, dat kin net, mem.’ ‘Wel, dan moatte der in pear maklike skuon komme en in knappe broek en sa.’ Durk seit: ‘It is al in nuvere wrâld dat men net mear op klompen nei it wurk kin. Dat soe ús heit hearre moatte, wat soe de âldman beare.’ ‘Der is noch wat, Durk,’ seit Foekje, ‘der hat hjir in man west fan 'e skoalle. Do moatst nei dy master ta om de bern op te jaan. It hie al wêze moatten, sei dy man, want it hipt nau mei dy klassen.’ Aaltsje hat der foar in part al mei rêden. ‘Se moatte nei skoalle tolve. Skoalle tolve is foar dizze strjitten, mar it is de fraach oft se der noch by kinne en dat moat heit mei it haad fan 'e skoalle beprate.’ ‘Kin it moarn ek?’ ‘It moat daliks.’ ‘Dan krij ik it noch drok.’ Aaltsje mei heit Drachten yn om skuon en klean. ‘In pear heareskuon,’ seit se en dan giet it op in passen. Aaltsje freget hyltiten nei de priis. Sechtich gûne, fyftich, fjirtich. ‘Moat it sa mâl, bern. Tsien jier lyn hiest der twa pear | |
[pagina 137]
| |
foar, stiet my by.’ ‘It libben is djoer wurden,’ seit Aaltsje. ‘As dat skilt yn 'e priis ha 'k leaver arbeidersskuon as heareskuon,’ seit Durk tsjin de juffer. Aaltsje skammet har, mar de juffer komt no mei brede wurkskuon oandragen en Durk kin foar 27 gûne klear komme. ‘Ferkocht,’ seit er. ‘Passe se wol, heit?’ ‘Foar dizze priis passe se altiten en ik kin hjir teminsten knap ynkomme.’ ‘Jo hawwe in heech krop,’ seit de juffer. ‘Jo drage faak klompen, tink?’ ‘Oars net as klompen en as ik myn sin die dan kocht ik in pear nije learkeklompen en gjin skuon.’ ‘No, dan dizzen mar,’ seit Aaltsje. ‘Heit moat it sels mar witte.’ Hja sil it earst wol betelje en letter mei mem ferrekkenje. Dan noch om in broek, in knap boesgroen en in jaske. ‘Dit kin gjin kant út,’ seit Durk. ‘Wat in slompe jild jouwe wy hjir út, der mei wol bêst fertsjinne wurde.’ Letter op 'e dei moat er mei it trouboekje nei de skoalle. It is in ferduld moaie skoalle en net mear as fiif menuten rinnen. It sil de bern noflik oankomme, se kinne tusken de middei thús ite. It haad fan 'e skoalle lûkt djippe tearen yn de foarholle. ‘Trije tagelyk,’ seit er en hy begjint yn de boeken de nammen yn te skriuwen. ‘Jo hâlde ek noch in stik as trije tegoede,’ seit Durk. ‘Op 'e Sweach wienen se my yndertiid o sa tankber. Ik koe se krekt oan in fjirde master helpe.’ ‘Hjir leit it wat oars, wat minder bern wat leaver. De klassen binne al te grut.’ | |
[pagina 138]
| |
‘In nuver spul, út Lippenhuzen wei ha se my faak oan west om de bern dêr op skoalle te krijen. Ik hie der suver jild foar freegje kind, sa fûl wienen se op in pear bern mear.’ ‘Ris even sjen, it famke nei de fjirde klasse, tink? Dat iene jonkje nei de fiifde en de oare sit yn 'e lêste?’ ‘Dat koe wol.’ ‘Of witte jo it net?’ ‘Ik ha der wol oan, moat ik sizze. As it my net mist dan is Hindrik in kear sitten bleaun en Foekje hat ek ris wat mei west. Dat is oars in skrander bern, mar se koe net mei dy master. Ik ha der noch mei de man oer praat, wit ik wol. Der wienen mear dy't lêst hienen fan dy master.’ ‘Se hawwe op 'e Sweach op skoalle west, sizze jo? Wel, dan skilje ik even mei myn kollega dêr. Jo stjoere de bern moarnier mar en der sil mei reden wurde.’ Sa, dat is klear. ‘No ha 'k de ein yn 'e bek,’ seit Durk as er thús is. ‘It is my krekt as hie 'k in heule lange dei yn 'e put stien.’ It swit yn de nije skuon en de hannen, lamme skonken en wurch yn 'e holle. ‘Oars ik wol,’ seit Foekje. ‘Wat is 't in klauwen om alles op 'e regel te krijen.’ Mar se hat noch net dien. De trije bern dy't moarn nei skoalle sille, moatte ek nei de winkel om klean. Aaltsje en Klaske wolle se der knap op ha. ‘Kinne jimme it sûnder my rêde?’ freget Foekje. ‘Ik wol even bekomme en ik moat aans mei it iten fan de grutte jonges dwaande.’ De beide fammen sille der wol mei rêde. Durk past op 'e lytsen wylst Foekje yn 'e keuken om slacht. De bern sitte fansels oeral oan, de ljochtknopkes, wetterkranen, de geijser en se kinne har wille net op. Mar | |
[pagina 139]
| |
der sitte in protte nuodlike dingen yn sa'n modern hûs, dat jo kinne de bern gjin momint allinne litte. En Foekje fertrout har net mei it gasstel. Tegearre steane se der foar en de bern der omhinne. Durk draait hoeden oan in pear knoppen en Foekje snúft de lucht op. ‘Ik leau ik rûk gas, Durk.’ ‘Jimme der út bern,’ hjit Durk. ‘As der wat bart, giet it mâl.’ Durk weaget it derop en hâld in lúsjefers by ien fan de pitten dy't omraak rûst. Mei in pof slacht de flam der út en dan giet it fierder dat it slydjaget. De jirpels steane der amper op of it wetter is al waarm. ‘Hiest der waarm wetter út 'e geijser opdwaan moatten, dan giet it noch hurder,’ hat Durk útfûn. ‘Soe dat kinne?’ hifket Foekje. ‘Ja, wêrom eins net? It ding stiet der foar.’ Durk wer yn 'e keamer en dochs dat televisytastel mar ris besykje. Der wie oars ôfpraat dat Bouwe der mei rêde soe, want dy hat ferstân fan technyk. Mar it moat foar elkenien te learen wêze, ornearret Durk. Rûnom steane dy dingen ommers en elk draait der oan. It skerm ljochtet ûnder Durk syn meneuvels op, dan in pear frjemde figueren en ynienen in printsje. Ferduld en ek noch in stim, yn 't Dúts. Dêr is 't al sa, in Dútse sender en Bouwe hat der neat oan dwaan hoegd. ‘Mem, no moatst komme.’ De bern roppe jûchhei en geane der fuort foar sitten. Dat skilt in protte omtinken, se tale net mear nei de ljochtknopkes en sa. ‘Ast it mar goed dien hast, Durk.’ ‘As it net goed wie, soe der neat op kommen wêze.’ Durk jout him del en besjocht mei wolbehagen it strykorkest. Net dat de muzyk him wat skille kin, | |
[pagina 140]
| |
mar it stiet der wol heul moai op. Likegoed begjinne de eagen him dochs wer te stekken. Op 'e Sânleane hat er noait nei dat healbizen ding op de akku taald. Der wie suver neat op te sjen. Dit is heul wat oars. Miskien moatte de eagen der ta wenne. Goed seis oere komme de grutte jonges thús. Aaltsje en Klaske hawwe harren dingen dien en Aaltsje set ôf om har eigen húshâlding te berêden. De jonges fansels earst troch it hûs. ‘Ik woe moandei ek wol nei de fabryk,’ seit Jantsje. Dat kin lykwols neat wurde. Se kin samar net de bakkersfrou op 'e Sweach sitte litte. Willem is sa gleonhastich net. Hy mei daliks wol ophâlde want der is net folle wurk mear by it leanbedriuw. Hy is it ark oan it skjinmeitsjen en opknappen. Hy seit: ‘Ik ha even op 'e Sânleane oan west. Ik hie sa tocht, heit: wy ferkeapje de skou mar net. Ik ha him oan 'e ketting lein en as it begjint te friezen lûk ik him op 'e wâl. ‘Wat moatte wy no noch mei dy skou?’ freget Foekje. ‘No, dan kinne wy op in saterdei of snein nochris te fiskjen of te farren.’ ‘Wy kinne it jild oars wol brûke,’ seit Klaske. ‘It is in âld ding,’ seit Durk. ‘Mear as fiif-seis tsientsjes krij ik der net foar. En Willem hat gelyk, sa'n skouke is noait wei. Ik soe sizze, lit him mar lizze. Mar wol even in hingslotsje derop, al soe it mar wêze om Feike Dam.’ Durk hat de bêste fûken derút socht en meinommen nei Drachten, al fûtere Foekje wakker doe't er mei de smoarge brut nei de fliering gong en se dêr ûnder in ledikant skode. ‘Do moatst sa rekkenje bern, wy binne hjir tige ôfhinklik fan in oar. Der kin neat barre of do hast gjin gas en elektrys. En wy hawwe gjin bou mear, as it | |
[pagina 141]
| |
oarloch wurdt binne wy samar útpraat. It is altiten noflik as men dan noch wat ark hat om te fiskjen.’ Foekje woe ek ha dat er it jachtgewear en de stengun fuort die. De sten hied er faaks noch wol kwyt wold, mar it is nuodlik om sa'n ding te ferkeapjen. As se in oar der mei pakke, sykje se út wêr't er wei komt. Weismite is begrutlik en dus is de sten ek meigien. En de hoarn hinget yn it hok oan de earste spiker dy't Durk slein hat. Hy hat earst wol yn 'e kop hân en hâld ek yn Drachten it deistige appèl. ‘Wy moatte gewoan ús dingen dwaan,’ sei er. Mar by einbeslút sjocht er yn dat it hjir net kin. It begruttet him wol, hy hold derfan om oan 'e ein fan de dei syn keppel oer te sjen. En it is de wei om baas te bliuwen. Mar stel dat er hjir jûns tusken de minsken appèl hâlde soe en de kloft stie op it hiem. It soe in moaie fertoaning wurde en gâns opskuor jaan. It hoecht hjir eins ek net sa bot. Elkenien hokket gear yn 'e keamer, de keuken of boppe, it is maklik oer te sjen. Jûns foar bêdtiid heart er Bijke byljen. It hontsje sit yn 't hok en gûlt sa alderoatmoedichst dat Durk der wol hinne moat. Bijke is heulendal fan 't sintrum. Hy pipet en wringt him yn alle bochten om mar wat oandacht te krijen. As Durk derút sil, byt de hûn him samar yn 'e boksen. Durk wurdt der kjel fan. ‘Dit hast noch noait dien Bijke, wat sille wy no ha?’ Hy nimt de hûn mei yn 'e hûs en hellet him even oan. Willem sit der noch en seit: ‘Ik wol leaver net yn dy fabryk, heit. As ik dien krij, sykje ik yn Drachten wat oars.’ It fernuvert Durk net. De jonge hie oan de Sânleane altiten aardich syn slinger. It is in fjildman en sa'n-ien kinst net tusken fjouwer muorren sette. ‘Do moatst mar ris sjen, jonge.’ | |
[pagina 142]
| |
Durk nimt de hûn mei nei de sliepkeamer. ‘Wat sil dit?’ ropt Foekje wylst se oerein stuitert. ‘Hy moat fannacht mar by ús bliuwe. Hy is fan 'e wize, niis biet er my yn 'e boksen en ik wol net dat er ferkeard wurdt.’ ‘Och hearken,’ krimmeneart Foekje, ‘no tocht ik dat wy in kreaze húshâlding ha soenen en no ha wy de hûn al by ús op bêd. Dat ha wy oan de Sânleane noait belibbe.’ Durk seit mar neat en jout him del. Bijke giet tankber op 'e fuottenein lizzen en suchtet djip. ‘Wy moatte allegear wenne,’ seit Durk. |
|