Feroaring fan lucht
(2004)–Rink van der Velde– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 115]
| |
In gearfetting fan it strukturearre proses, dat liede moat ta korreksje fan Durk Snoad syn a-sociaal gedrach.It is dúdlik dat der op mear as ien front tsjin Durk gearspand wurdt. Hy soe net Durk Snoad hjitte as er dat al net lang yn 'e gaten hie. It is ek net de earste kear dat se it mei him besykje. Hy komt wol hyltyd mear allinne te stean yn de striid foar de frijheid en soks is fertrietlik. Benammen Foekje dy't altiten syn kant opholden hat, al wie dat faak net fan herten, lit him gauris yn 'e steek. Se klaget dat it har wat te beswierlik wurdt, it bewurklike âlde rottekleaster, de lytse útkearing, it safier út de minsken wenjen en folle net genôch. De jonges hat er net folle oan. Tsjerk is 't wol goed, dy giet alhiel op yn syn autoboel. Bouwe leit it ek wol sljocht. Willem stiet oan heite' kant. Dat is in fjildman, mar hy is noch mar santjin en hat net folle yn te bringen. Dy heule kampagne om Durk fan syn stee oan it Alddjip te ferbaljen soe fansels omstandich beskreaun wurde kinne. Sa ek de harsensspieling, om it sa mar te sizzen, dy't de mannen op 'e Sweach him ûndergean litte wolle ta korreksje fan syn a-sociaal gedrach. Jawis, Durk moat omturne wurde en ynpast yn de normale maatskippij of wat dêr foar troch giet. Dat proses en benammen hoe't saakkundigen yn de minskwittenskip de kliënt mei ynset fan al har deskundichheid dêryn begeliede, is op himsels slim nijsgjirrich en fertsjinnet sikerwier in nuansearre beskriuwing. Mar it moat dochs mar net wêze. Sjoch, it is sisa gelegen, dit boek is skreaun yn de wittenskip dat de te- | |
[pagina 116]
| |
levisy it lêzen fan boeken alhiel oerstallich makke hat, Sân jûnen yn 'e wike kin men jin by de byldbuis fermeitsje, der is gjin nee te keap. Mar aldergeloks foar de boekeskriuwer is der út en troch in jûn by dat de VPRO, de Evangelise Omrop of de stifting Socutera de programma's fersoargj e moat en dat ek de kabel neat te bieden hat. Se binne seldsum, mar sokke jûnen komme foar en dy liddige oeren kinne dan bestege wurde oan it lêzen fan in boek. In gatsje yn 'e merk dus en dêr moat men, just jawol, as skriuwer ynspringe. It betsjut cd, dat it lêzen fan de aventoeren fan Durk Snoad net mear as in lang junsskoft fergje mei. As ik as skriuwer fan dit ferhaal moarntejûn mei de twadde helte fan myn roman konkurrearje moat tsjin Ron Brandsteder of Ted de Braak dan kin 'k fansels wol ynpakke. Mei oare wurden: myn ferhaal moat men yn ien jûn útlêze kinne, want ik moat mar ôfwachtsje oft der moarn wer belangstelling foar is. Troch breidzjend op de wize sa't dat yn de ôfrûne earste helte bard is, mei al dy omballings, wiidweidige dialogen, sfearbeskriuwings en sa, rêde wy dat noait op. Der sil koarter kriemd wurde moatte. Dêrom in gearfetting fan de belangrykste feiten dy't Durk ta kapitulaasje twinge. Der wurdt foarby gien oan de minslike kant fan de saak, want yn Durk Snoad syn tiid wie der noch net in direkteur fan in Sociale Tsjinst lyk as Jan de Boer, dy't út de Harkema wei op ús gewisse wurke. Wat in fynst oars: in Ljouwter topamtner dy't him nei wenjen set yn in oarde dêr't fyftich jier lyn de kommys tredde klas fan de gemeente Achtkarspelen, belêstige mei de útfiering fan de ferordening op de ôffier fan de faecaliën net iens wenje woe. Mar ja, as jo in bêst ynkommen ha dan is solidariteit net sa'n slimme straf. Goed, yn Durk Snoad syn tiid bestie soks noch net. | |
[pagina 117]
| |
Anno 1990 soe men al lêzende yn jin omgean litte kinne hoe't it eins moatten hie, ûndertusken hâld ik it saaklik. Dêrom stiet yn de earste fersy fan dit haadstik ek, dat minsken lyk as Durk Snoad yn feite in parasitair bestean oan de perifery fan de maatskippij libje. Wy moasten dêr ek net al te mijen yn wêze, mar sokke mannen ta de oarder roppe. Dêr stean ik no net alhiel mear achter. As ik no myn sin krige, dan joegen mannen as Jan de Boer harren in fikse útkearing ta prolongaasje fan harren bestean. Hawar, wy farre fierder mei in pear feitlikheden dy't beskiedend binne foar it fierdere ferrin fan itferhaal. It begjint mei in besite fan in man en in frou yn in grutte Mercedes, samar op in dei midden yn 'e wike. In âldachtich man en in slim optúgd frommes dêr't it jongste al tiden ôf is, mar dy't soks net wêze wol. Se stappefrijmoedich oer it hiem, besjogge it hûs oan alle kanten en hawwe dan pas it fatsoen en freegje Durk oft se de boel besjen meie. ‘Dat hinget derfan ôf’ antwurdet Durk. ‘As menear boadskip hat wol ik dat graach earst witte.’ ‘Safier is 't noch net, ik wol it spul earst goed oersjen.’ ‘Wêr is dat goed foar? Binne jo fan de gemeente of sa?’ ‘Ik keapje net op 'e rûs’ seit de man. Hjir wurdt Durk al even kjel fan. Keapje, wat keapje? De menear freget, net ûngenegen, oft Durk as hierder op 'e huchte is. ‘Nee, ik ha nimmen sein dat ik it hûs ferkeapje wol. Mocht dat praat al gean dan is soks in fersin.’ No sjocht dy man fansels nuver en der moot gâns in skoft praat wurde ear't se it beide in bytsje foar it ferstân ha. Mar dan is Durk ek gou út 'e rie. ‘It muoit my om jo, mar ik wol jo net langer op it hiem ha. Al helje jo der in heule legermacht by jo | |
[pagina 118]
| |
dogge hjir gjin stap mear. En wa't my dizze grap levere hat dy sil it fernimme, dat wik ik him.’ Dy minsken wolle wol om lyk, mar deselde deis komme der oaren. Durk reaget se daliks fan it hiem. Der binne twa hearen by dy geane op 'e Sânleane stean en dêr kin men se al min wei stjoere. Durk stiet yn 'e daam wylst de mannen ûnfersteurber har dingen sizze. ‘As it wat wurde sil, moat it der heulendal ôf,’ seit de iene. ‘Ja, hjir is net folle mear fan te meitsjen. De muorren út it lead, it tek trochsakke, it moat derôf. En wêr komt it dy dan op? Dan hast allinne it bouterrein, in moai stee mar wol djoer foar de sinten’. ‘Der falt oer de priis grif te praten!’. En dan sette se drok petearjend ôf. Durk hat der wol safolle fan begrepen, dat Ale de Haan syn húshâldster, dy njirre, de pôle te keap oanbean hat. Foar rekreaasje, as twadde wenning, ‘maar na verbouwing ook geschikt voor permanente bewoning’ Klaske siket yn de âlde kranten de advertinsje op. ‘Schitterende lokatie aan rand van bos, weiland en heideveld, aan oever van nog niet verontreinigd riviertje’. Toe mar, it kin net op. Dy ‘schitterende ligging’ docht Durk ek noch in bytsje deugd. Hy seit tsjin Foekje: ‘Sjochst no wol, sa'n skoander plak. Sokke steeën fynst net folle mear. Skjin wetter ek noch. En Aaltsje mar beare, dat har bern hjir net swimme kinne fanwegen it smoarge wetter. ‘Aan oever van nog niet verontreinigd riviertje’. Hy is fansels wol op ien ein, benammen as der in man komt dy't daliks oan de foarkeamer tarint, wilens alle doarren iepen skuort en de muorren bekloppet. Durk moat dy man by 't skouder pakke en him de doar út | |
[pagina 119]
| |
triuwe en dan noch hat er praatsjes. ‘No moatst út 'e wei wêze, oars falle der deaden,’ raast Durk. As dy man al lang fuort is, draaft Durk noch om it hûs hinne en ferflokt it minskdom. ‘Ik sil de spuit út 'e lapen helje,’ ropt er Foekje ta, ‘dy âld stengun. In goed ding dat ik him bewarre ha, Altiten al sein: net ynleverje, der kin in tiid komme dat se wer brûkt wurde moatte,’. Hy moat him even tjirgje en Foekje lit him gewurde. It is har ek oer 't mad kommen en yn earste ynstânsje is selds Klaske solidair. Dit is in minne streek fan de húshâldster, dit roait nearne net De froulju binne it der mei iens, dat Durk op slach nei it minske ta sil. ‘Mar gjin ferkearde dingen dwaan, Durk,’ warskôget Foekje. ‘Fergryp dy net oan dat âld sekreet, dat is se net wurdich,’. Dat er it groufrommes fiks geweken nimme sil, dat kin fansels net útbliuwe. Der wurdt ôfpraat dat de beide froulju eventuele nije gadingmakkers fan it hiem keare sille. Durk set in grippe om 'e doar, as se net om lyk wolle moat Foekje dy mar even omheech hâlde. ‘Ik wraam der yn, Durk,’ ûnthjit Foekje. Durk pakt syn fyts en trapet twa kear sa hurd as oars nei de Sweach ta. By it steatige hearehûs kwakt er it âld rydrak tsjin de muorre en drukt op 'e skille. It frommes komt sels oan 'e doar, Durk stapt fuort op 'e matte. ‘Wy moatte prate,’ seit er. ‘Mar even yn 'e keamer, hie 'k tocht,’. Hy nimt sels de foarstap, hy wit it paad skoan. De húshâldster kriget in kaam, mar yn 'e keamer hat se har wurdsje klear. ‘Kom, jo soenen my de hier bringe’. | |
[pagina 120]
| |
Durk giet der net op yn. ‘Wat hat Ale de Haan by syn libben mear as ien kear sein?’ freget er strang. ‘Ale hat by syn libben safolle sein en letter feroare,’ seit it frommes. ‘Dat freegje ik jo net. Wat hat er altiten sein en noait ynlutsen?’ ‘Der stiet neat beskreaun’. ‘Dêr is er net oan takommen, mar jo witte krekt like goed as ik hoe't er it ha woe. Tink derom, ik ha getugen, mear as ien en as dit in rjochtsaak wurdt dan moatte jo ek getuge. Dan moatte jo mei de fingers omheech ligen hjitte wat ik no sis. En ik sis dat Ale my it hûs taskikt hat’. ‘Miskien hat er dat wolris fan doel west’. ‘It hat gjin opstiging west, dat witte jo wol. Yn dizze keamer hat er it mear as ien kear sein, ek as jo derby wienen. Hy sei: de âld klinte is foar Durk, dêr is syn plak en ik wol net dat er ferballe wurdt’. ‘De man dy't foar my de boel beheart, seit dat ik it ferkeapje moat. Der is wol gading nei, it is in moai stee enguon hawwe al tweintichtûzen gûne bean. Soks kin men samar net op syn berin litte, dat soe te mâl wêze’. ‘Wat binne jo in min persoan,’ seit Durk mei de klam op elk wurd. ‘Wat is dit troch ende troch min. Ale hat jo alles neilitten en dan sa’. ‘Dat wie yn 't foar regele en mei jo is dat net bard’. ‘Hy hat jo alles neilitten en jo doarre likegoed tsjin syn lêste wil yn te gean. Dit is der safier by troch, dit is sa min, sa heul min, hjir ha 'k gjin wurden foar. It stiet my tsjin om mei jo te praten. As Ale dit witten hie... Ik hie him warskôgje moatten, ik wist hoe'n slechten-ien jo binne’. Durk swijt mei de holle foardel en sa't it liket yn tin- | |
[pagina 121]
| |
zen. No net daliks sizze: wat in toanielspiler, wat in hypokryt. Wa binne wy dat wy oer in oar oardielje meie. Miskien mient Durk it wol oprjocht. De húshâldster is der al even ôf, mar lang net ferslein. As jo solang mei Ale de Haan ferkeard ha en der safolle foar dien moatten ha, dan soe soks eins ek wol ynskikt wurde kinne. Hja seit: ‘Hoe lang hawwe jo dêr no wenne sûnder my ien sint hier te beteljen? Ik soe sizze jo moatte my tankber wêze, dat jo der noch wenje.’ Durk heart it net iens. Hy seit: ‘Ik ha myn maatregels troffen. It stiet my tsjin en de neitins fan Ale de Haan is my dierber, mar ik moat wol. Ik ha in soad getugen en allegear wolle se my graach te wille wêze. Jo kinne hjir better mei ophâlde, dat ried ik jo yn bêstens. It hoecht om my net, ik bin wis fan myn saak. Mar jo steane der yn it doarp dochs al sa mâl op en dan dit der noch by... In man mei in grutte en beswierlike húshâlding út syn hûs sette om in pear luzige sinten ... Dêr sil omraak oer praat wurde. En as jo der no ferlet fan hienen, fan dat jild, dan koe 'k it my noch yntinke. Mar in gouden kiste kinne jo josels meijaan en dan noch it lêste ha wolle. Nee, hjir kin ik mei myn ferstân net by, dit is sa minnich... Jo hawwe foar my ôfdien.’ Skodholjend giet Durk nei de doar. ‘Ik sis jo gjin dach, ik soe 't der net útkrije kinne.’ Der binne tiden dat Durk perfoarst net sleau is, lykas Aaltsje beweart. Hy stekt de dyk oer nei it gemeente-hûs. It frommes achter it loket ken him net. ‘Wy binne middels sluten,’ seit se en lit it rútsje sakje. Durk draait him om en giet troch de doar dy't tagong jout ta de sekretary. ‘Jo moatte moarns komme,’ ropt de juffer. ‘Jim binne hjir foar ús,’ seit Durk, ‘middeis ek. Ik | |
[pagina 122]
| |
moat de boargemaster even te wurd.’ ‘Dy hat ien kear wyks sprekoere en hjoed net.’ ‘Dat kin my neat skille, dit is driuwend.’ Der komme in pear amtners by dy't Durk wol kenne. ‘Durk Lugtigheid, leau ik hen? Ja, de boargemaster is middeis net te sprekken.’ ‘Dan stap ik sels wol nei him ta.’ ‘Ho, dat kin samar net.’ ‘Dat kin sa wol.’ Hy sil der út. Oan de oare kant fan de gong is de boargemasterskeamer, hy wit it paad te finen. ‘As it perfoarst net wachtsje kin dan wol ik de boargemaster wol freegje oft er jo ûntfange kin,’ ropt ien fan de amtners him nei. ‘Wêr giet it oer?’ Durk bliuwt stean. ‘As de boargemaster wol dat ik hjir moarn mei myn húshâlding op 'e stoepe stean omdat ik út myn hûs set bin, dan moat hy my no net te wurd stean. Ik wit net oft dat driuwend genôch is.’ ‘Akute húsfestingsproblemen. Ik sil it him sizze, wachtsje mar even op 'e gong.’ It duorret net sa lang. ‘Hjir mar yn,’ seit de amtner en hy hâldt de dûbele doar iepen. ‘Dat soe 'k ek sizze,’ seit Durk tefreden. ‘Ah, zijne doorlugtigheid,’ ropt de boargemaster amikaal en hy komt der foar achter syn buro wei. ‘Dat is al even lyn dat jo by my west ha. Swierrichheden?’ ‘As ik rjochtfeardich behannele wurdt,’ seit Durk, ‘dan ha ik hjir gjin boadskip. Mar wat se my no oandwaan wolle, dat is sa dwars troch alles hinne.’ Hy begjint út te pakken oer de minne streek fan Ale de Haan syn húshâldster. Omdat er dochs dwaande is, klaget er fuort de nije amtner fan sociale soarch oan, dy't him syn oanfoljende útkearing ôfluze hat. ‘Wat dat lêste oanbelanget moat ik mei de direkteur | |
[pagina 123]
| |
fan sociale saken prate,’ seit de boargemaster. ‘Wy ha ús fansels te hâlden oan de ryksnoarmen en it sil wol sa wêze dat jo gjin rjochten jilde litte kinne. Mar der falt miskien yn jo spesjale gefal oer te praten en dat sil ik dwaan. Dan dat hûs fan jo...’ ‘Krekt, sa't jo sizze, myn hûs.’ ‘It hûs dat jo bewenje, wa sines it is dêr bliuw ik bûten. Mar rekreaasje op dat plak sil de gemeente net tastean.’ ‘Dat is moai.’ ‘Dat dogge wy net om jo, hear. It is natuergebiet en neffens it bestimmingsplan mei der hielendal net boud wurde. Ek ferfangende bou is net tastien. As jo derút geane dan keapet de gemeente it hûs en wurdt it ôfbrutsen. Der komt neat foar yn 't plak en as wy der wat oan dwaan kinne, wurdt it ek net opknapt.’ ‘Mar it duorret myn tiid wol út,’ stelt Durk fêst. ‘Dêr soe 'k net tefolle op rekkenje. Jo sitte dêr fansels al fierstente lang. Der komt in tiid dat wy trochpakke moatte. It stiet al sa lang op de krottelist.’ ‘It hûs is oars noch goed hecht.’ ‘It foldocht net oan de easken. Mar as jo bang binne dat dy húshâldster fan Ale de Haan jo it hûs ûnder it gat wei ferkeapje sil, dan kin 'k jo gerêst stelle. Wy sille dy frou der attint op meitsje, dat se it net as twadde wenning of sa ferkeapje mei. De adspirant-keapers moatte harren trouwens earst mei ús ferstean.’ ‘Dat is my al in pak fan 't hert,’ seit Durk. ‘Mar fierders moatte jo der net op rekkenje, Doorluchtigheid, dat jo der altiten bliuwe kinne. Ik soe mar ris omsjen as ik jo wie.’ Durk seit der neat op. ‘Kin it sa earst wer?’ freget de boargemaster. ‘Ik wit tenearsten genôch.’ ‘Moai, dach Doorlugtigheid en goede reis nei de Sân- | |
[pagina 124]
| |
leane.’ Sokken as boargemasters kin men út soarte fansels net fertrouwe en mei dizze wit men noait wêr't men oan ta is. Mar der falt mei dy man te praten. Thús seit Durk neat oer de warskôging fan de boargemaster, mar hy fertelt wol yn geuren en kleuren hoe't er de húshâldster it mannewaar opsein hat. En Foekje en Klaske binne alhiel gerêst as er seit, dat neffens de boargemaster it hûs net foar rekreaasje ferkocht wurde mei. Jûns komme der wer minsken te sjen en Durk is dan sa frij en sis har alfêst oan wat er fan de boargemaster heard hat. ‘Freegje earst mar even op it gemeentehûs hoe't it der hinne leit,’ seit er. ‘Ik tink net dat jim dan noch gading meitsje.’ Sa, tenearsten is dat dan wol fan 'e baan. Mar soms komt alles tagelyk. Der stiet ynienen samar in frommes oer de flier, in maatskiplik wurkster. Hja hat besteklik praat en Foekje en Klaske kinne foar wûnder mei har. Se hat eartiids alris foar in pear tekkens en wat berneklean soarge. Och sa'n aardich frommes, gewoon yn it praat, maklik yn de omgong en se hat mar in heal wurd noadich. Se is stjoerd troch de direkteur fan sociale soarch nei oanlieding fan Durk syn beklach by de boargemaster. Foekje, Klaske en sij sitte oan 'e kofje as Durk fan syn moarnskuier weromkomt. Se hawwe al it ien en oar bepraat, fernimt er wol. ‘Ik tocht, foar't de winter deryn falt mar even sjen. Miskien kin 'k earne mei helpe.’ Sûnder omballings seit se fuort wêr't it op stiet. ‘Jim soenen hjir eins wei moatte, it leafst foar de winter. It wurdt jo frou te swier en se moast eins wat mear tusken de minsken. Klaske wol trouwens ek graach oars en it is goed foar de lytse bern dat se yn in | |
[pagina 125]
| |
oare omjouwing grut wurde.’ Sa praat dat frommes, mar se kin har yntinke, seit set dat Durk der tsjin oan griist om hjir wei. O ja, dat begrypt se sa skoan. Mar it ferstân moat foarop. Durk lit it oer him komme. Hy kin net lulk wurde op dat frommes, se hawwe har miskien fan 't winter noch noadich. ‘Ik moat it mar ris yn my omgean litte,’ seit er. ‘Jawis, jo moatte der de tiid foar nimme. Sokke dingen kin men net fan de iene op de oare dei beslute. En it driuwt net.’ ‘Dat hie 'k ek tocht.’ ‘Mar it soe wol goed wêze as jo oer in pear wike út 'e rie wienen. It is aans samar winter.’ It binne sokke liepe praters, dy minsken fan de gemeente. En se hawwe it sa goed mei elkenien foar. Mar Durk hat dêr sa syn eigen gedachten oer. En dan is der ynienen dy oprop om foar de dokter te ferskinen. It is net de earste kear, oars soe men hast sizze dat it ôfpraat spul is. Mar as er de oare oproppen derby hellet dan docht bliken, dat it de wenstige periodike keuring is. De dokter ûndersiket Durk oan alle kanten en freget him it himd fan it gat. ‘It giet de goede kant út,’ seit de man, ‘ik taksearje jo op fyftich persint.’ Durk leit de man út, dat er okkerdeis in pear dagen yn it folle wurk stien hat. Gewoan omdat er himsels sa moedich fielde en der nocht oan hie. ‘Mar de twadde deis wie 'k om kofjetiid hinne al te lider slein. Ik bin mei lijen thús kommen. Mar jo sille it wol witte, ik sil mei faasje los.’ ‘Jo soenen it swiere wurk wat mije moatte.’ ‘Nee, dat kin net. As ik arbeidzje dan is 't mei de heule bealch. Ik moot der foar stean, ik kin net mei in | |
[pagina 126]
| |
lytsere lep stean te dollen.’ ‘Der is genôch wurk dat jo skoan dwaan kinne,’ seit de dokter. ‘It moat net te leabrekkend wêze, ik sil der achteroan.’ En dêr kin Durk it tenearsten mei dwaan. ‘Der wurdt oer praat om my op fyftich persint te setten,’ seit er thús. ‘Dat kin net, Durk,’ seit Foekje kjel. ‘Dêr kin ik net fan húshâlde.’ ‘Dat wit ik, bern, ik sil oan't wurk moatte.’ ‘Mar dyn rêch, Durk?’ ‘Dat wurdt bûge of horste.’ De maatskiplik wurkster tinkt der lykwols oars oer. As hja in pear dagen letter it ferhaal heart, seit se: ‘Jo moatte licht wurk ha. Grûnwurk is te swier en by de boer kin ek net.’ ‘Jo tinke dochs net, dat ik nei dy wurkpleats op 'e Sweach gean. Dêr ha se it faker oer hân.’ ‘O nee, der binne noch oare mooglikheden, jo kinne mear.’ It minske koe wol mear fan him ôfwitte as hysels. It is him ek slim yn 'e wei, dat der bûten him om sa'n soad bepraat wurdt mei Foekje en Klaske. Hy wurdt der mankelyk ûnder en soe it wol oerjaan wolle. Hy komt de lêste tiid net faak by Elsje of yn ‘De gouden klok’ en hy nimt komselden mear as trije-fjouwer. Mar dy saterdeitejûns, as er op 'e Sweach syn twa pakjes swarte sjek kocht hat en even oanstekt, ûntkomt it him. It wurdt goed let en hy moat mei de fyts oan 'e hân de Sânleane del omdat er it paad net rjocht hâlde kin. ‘Met Durk is het gedaan,’ bromt er tsjin in poerfrjemde man dy't him op de Sânleane temjitte komt. ‘Skriuw my mar of.’ Mar dy man lit allinne de hûn út en sjocht nuveraardich. Durk knoffelt fierder. | |
[pagina 127]
| |
Jawis, in tryst gefal, mar hâld de bûsdoek tenearsten yn 'e buse. Mannen as Durk Snoad lizze net fan ien slach, dat sil út it fierdere ferrin fan dit ferhaal bliken dwaan. Likegoed sit de skriuwer op dit stuit mei it probleem hoe't er oannimlik makket, dat Durk dochs belies jout, byneed foar tydlik. Want neffens it skema moat de húshâlding noch foar de krystdagen te stoel en te bank wêze yn in kreas wenningwethûs middenmank it oppassend boargerdom. As it heal kin, moat Durk op âldjiersjûn ôffûstkje mei al de minsken oan wa't er earst sa'n hekel hie. ‘Haw tank,’ moat er sljochtwei sizze mar dochs oandien. ‘Haw tank, do ek Feike en ferjou my wat ik dy oandien ha.’ Feike Dam moat dan fansels wol poer tafallich yn 'e buert wêze, mar dat is te regeljen. Wat let my en meitsje der in grutte soendei fan en bring alle partijen gear ûnder ien dak. It is bygelyks heul goed mooglik om Durk en Foekje by gelegenheid fan harren 25 ste troudei resepsje hâlde te litten yn it sealtsje fan it buertgebou te Drachten. En dêr komme dan fansels al dy minsken te lokwinskjen, Feike Dam ek. Ja, dat kin allegear skoan. Mar hoe ferklearje ik de nochal ûnferhoedse ferhuzerij fan de Sânleane nei Drachten? Psychologys kin it fansels wol, mar it ferget gâns útlis. En sa'k sei, wy moatte koart krieme. En wa hat nocht oan dy djipsinnige dollerij yn de psyche fan in Durk Snoad? Ik yn elk gefal net. Lit ús it samar stelle: yn grutte benaudens en in fleach fan ferstânsferbjustering is Durk troch de knibbels gien. Foar de rjochtbank soe hy yn sa'n sitewaasje net tarekkenber ferklearre wurde. Dat komt op 't heden in protte foar en it begryp is altiten grut. As elk dit ynskikke wol, dan kinne wy mei faasje fierder breidzje oan dit ferhaal. |
|