Feroaring fan lucht
(2004)–Rink van der Velde– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 99]
| |
De froulju spanne gear, mar Durk jout gjin belies. En hy seit Feike Dam oan, dat er him dea dwaan sil as er Bijke tenei komt.In minne snein foar Durk. Foekje hat him de moarns foar tsienen al yn de sneinse klean, it brune pak mei it streekje dêr't er yn troud is. It is as nij, dat pak, al hawwe de froulju de naden allegear útlizze moatten en de boksen ynkoarte. Durk is yn in fearnsieu aardich útweakke yn 'e breedte en beklonken wat de hichte oanbelanget. ‘It giet op 'e grûn oan,’ stelt er fêst. Hy fielt him lang net noflik yn dat pak. It is dat er benammen hjoed frede hâlde wol mei Foekje en Klaske, oars sette er it yn 'e kant en die syn eigen sin. Hy hie bygelyks yn it hout wold. Tsjerk hat in kypauto fol moai droech hout út 'e bosk riden en dat moat stikken en yn 'e bult. Hy hie ek in flut iel rikje wold, de tonne stie klear en hy hat spesjaal nei de Sweach west om in lange turf. In rikke iel is wer ris wat oars. Mar de froulju wolle hjoed goed foar it ljocht komme. Aaltsje is altiten sa sinnich yn dy dingen en oars dy flapdrol fan har wol. Durk hat ynstruksje krigen om him fatsoenlik te gedragen. De bern rinne allegear yn de knappe klean om en Klaske sjocht der op ta, dat se har net smoarch meitsje. In grut lijen fansels, want wat sille sokke bern útfine as se net grieme meie. It hiem is oanfage, it paad nei de Sânleane ta bestruid mei moai wyt sân en Klaske hat de bril fan it húske ferve. Durk hat in lange spiker op 'e binnenkant fan de doar slaan moatten en dêr hinget no in rôle echt húskepapier oan. De bern meie it net brûke, want | |
[pagina 100]
| |
oars soe it samar op wêze. Foar harren lizze der kranten, mar se kinne fansels net fan dat moaie papier ôfbliuwe. Bearend en Hindrik ha der feestslingers fan makke en de linebeam der fol mei hongen. Hyltiten is der rûzje, want de grutte jonges litte har net mear stjoere. Tsjerk is al yn de auto ôfset en hat sein dat er hjoed net wer komt. Hy gong ûnderweis wol by in kafetaria oan om wat iten, rôp er. ‘Sa jeie wy de bern de doar noch út,’ stint Durk. ‘It is krekt as draait hjir alles om Aaltsje. Mar der binne noch in stik as tolve, hear en dy moatte har gerak ek ha.’ Hy is fan klearebare argewaasje de doar útgien en kuiert de Sânleane út. By de Walle komt er Feike Dam tsjin. Feike, normaalwei al in opljeppen man, springt fan de fyts en begjint út te pakken. ‘Do hast dy bok sketten,’ ropt er oerémis. Durk rûkt it al, Feike Dam hat by Elsje op 'e hoeke in pear sneintemoarnsslokjes kocht. ‘Goeie Feike, is de jacht al oan 'e gong? Ik ha jim noch net fernommen.’ ‘Trije wike ha 'k om dy tocht, salang asto dêr oan it sleathekkeljen wiest ha 'k dy yn 'e gaten holden.’ ‘Dat hoecht no net mear,’ seit Durk wylst hy stean bliuwt en in sjekje draait. ‘Ik ha de put derút. Ik sis it mar even, oars soest in fergese reis meitsje.’ ‘Ik nim dy geweken, heite, dêr kinst op rekkenje.’ ‘Moai datst my warskôgest, Feike. Ik sil derom tinke.’ ‘Asto fan 't winter ek mar ien poat yn 'e bosk setst...’ Durk heart dat de jachtopsjenner lulk wurdt. Mei de mûle kin er wol tsien kear om Feike hinne, benammen as dy drank hân hat. Dan praat Feike fierstente folle. ‘Dyn praatsjes ha 'k neat oan. Asto mienst dat ik | |
[pagina 101]
| |
streup dan moatst my pakke. Mei de bek kinsto it net fertsjinje.’ Mear mar net, hy wit net hoefolle Feike hân hat en oft er himsels noch yn 'e macht hat. Durk giet fierder. Achter him heart er Feike snuven, mar der bart neat. ‘Ik leau dat wy gelok hân ha,’ seit er even letter tsjin Bijke. ‘Hy hie al begrepen, dat ik wolris nocht oan dy bok krije koe.’ Hy prakkeseart der op om. It wurdt oppassen fan 't winter. Mar net te folle ûndernimme. In knyntsje út en troch, mar dat kin no ek mei Tsjerk syn auto. In knyn foar de tsjillen, dêr kin nimmen wat oan dwaan. En dat eintsje ketting ûnder de auto is hast net te sjen. En wa kin Tsjerk ferbiede om mei dat ein ketting om te riden? En dan komt it autootsje fan Aaltsje-en-dy de leane lâns. In healbizen weintsje, mar gjin skramke derop en yn it blik kin men jin wol spegelje. Sil dy flapdrol de heule saterdei wol op omwreaun ha. De beide berntsjes achteryn. Net mei de fuotten op 'e bank, net te bot fersitte, oars slyt it sa gau. Hearken, wat in deune boel. Hoe kin sa'n Aaltsje der oer. Eins in wûnder dat sa'n jonge al foar it trouwen fan de kruk gong. Hoewol, wat dat oanbelanget is it minskdom wakker gelyk. It autootsje hâldt en it rútsje giet iepen. ‘Hui, dêr wienen jim dus al,’ seit Durk. ‘Wol heit meiride?’ freget Aaltsje. ‘Nee, ik kom wol achter jim oan.’ De dei is noch lang genôch, fierstente lang nei alle gedachten. Hy kuiert werom en docht it him oan tiid. Hy sjocht omheech nei de beammen dy't keal begjinne te wurden. De boeken ha de earste blêden ek al falle litten en dat is gau. De iken steane al noch yn 'e fleur, likegoed wiist alles op in strange winter. | |
[pagina 102]
| |
‘As it aans echt hjerstich wurdt, moasten wy oars al noch wat skiere iel fange,’ seit er tsjin Bijke. ‘De grouwen moatte noch komme en dat is moai fandeljen. Ris sjen oft wy Feike Dam noch in kear ferneuke kinne. Hy moat aans wer mei de heuge hearen te jeien en te feestfieren, dat is in skoandere gelegenheid. As ik no ris mei Elsje ôfprate koe dat dy my even warskôget. Elsje mei graach in skiere iel en hy hoecht der net folle foar te dwaan. Sa moat it, Bijke.’ Yn it ferline ha se dat faak dien, Ids en hy, As Feike en syn kornuten nei ôfrin fan de jacht yn de herberch sieten, wie it fjild foar har. Mar Feike hat noait te beroerd west om nachts dochs noch in slach troch de bosk te dwaan. Dat jout neat, mar hy sit as de duvel achter de streuperij oan. Thús is it spul knap op oarder. Yn 'e keamer hat Foekje de kofje yngetten. De eigen bern witte dat der wat bysûnders is en wachtsje op de traktaasje. Mei in stik koeke yn 'e hân konfoait Klaske de ploech nei bûten. Aaltsje hâldt de beide bern by har. ‘Ik gean der strak wol even mei jim út,’ seit se. Deabenaud dat der ien fan de brêge rûgelje sil of yn de skieppestront sitten giet. ‘Hoe is 't, heit?’ besiket Aaltsje fleurich. ‘As it net minder wurdt, bern.’ Hy skikt oan 'e tafel en heart it praat fan de froulju oan. Klaske lûkt him de pet fan 'e holle en hy seit der neat fan, al hat er dy pet oars noait ôf. Gerard neamt dy flapdrol him, mar by it trouwen die bliken dat er Geart hjitte. Tekenaar by gemeentewurken yn Drachten. Botte fier hat er it dêr blykber net skopt, want yn de húshâlding giet it sober om en ta. Hy hat Durk noait in wurd missein, mar hy mei de jonge net lije al is 't ek noch sa. Hy kin him, om krekt | |
[pagina 103]
| |
te wêzen, net snuven hearre en hy moat him ferhâlde om gewoan tsjin him te praten. It wurdt in drege dei. En dat frekte pak sit him sa stiif om 'e lea en dy boarde knypt sa. Wat kinne de bern jin al wat oandwaan. Aaltsje freget omstandich nei de húshâlding. Komt it wol goed mei Jantsje, soe sa'n jonge as Willem jûns net wat byleare kinne en wêrom besiket Bouwe net om wat fierder te kommen. ‘Fynst ek net, Gerard?’ ‘It is noait wei,’ befêsticht dy diplomatyk. ‘It is wol sa, wa't foarút wol, moat studearje.’ Hy sels studearret ek alle jûnen. Durk seit dat dy bongels fan him der gjin nocht oan ha en Aaltsje seit, dat it net by nocht út giet. ‘Kom mar bern, pake sil in eintsje mei jim te kuierjen,’ seit Durk en hy troait de beide bern fan Aaltsje mei. It is har min nei 't sin. Durk trouwens ek, mar hy wol dat gejeuzel net langer oanhearre. En hy hat in hekel oan himsels omdat er it wurd pake yn 'e mûle naam. Mar jo dogge wat sokke tiden, jo smite josels heal wei. Hy pandert mei de bern - syn lytsen der ek by - oer it hiem. Aaltsje harres hawwe fansels wakker aardichheid oan de skiep, de geit en de kninen. Dy bern kinne har min rêde. Der falt daliks ien yn 'e drek omdat it hiem net oeral like sljocht is. En as se knoffelje, falle se fuort op 'e snút. Se witte net iens hoe't se de hantsjes brûke moatte om wat knap del te kommen. It is begrutlik. Durk hellet se mar wat oan en faget de measte smoargens der ôf. It binne oars wol leave bern. Se soenen in pear wike oan de Sânleane útfanhúzje moatte, dan knapten se wol op. Mar dat sil Aaltsje yn gjin tûzen jier goed fine. Om tolve oere moat der iten wurde. It bart yn partoe- | |
[pagina 104]
| |
ren, want de ploech is te grut. Earst de lytse bern mar; de grutsten kinne dan letter op 'e lytsen passe. Om ien oere is it oan Durk ta. Fierstente let fansels, tolve oere is op gewoane sneinen syn tiid. Foekje hat in pear pûn reefleis bret en Durk hat datoangeande syn ynstruksjes krigen. Hy hâldt him der net al te krekt oan. ‘Dit is rikeljusiten,’ seit er tsjin Gerard. ‘Nim der mar in moaie lape fan, wy binne hjir net yn Drachten. It is fan in jonge ree, in edel bistje.’ ‘Duvekater, dat ha 'k noait hân, reefleis. It moat lekker wêze.’ Aaltsje set grutte eagen op. ‘Dat sit sa,’ begjin Durk út te lizzen, ‘ik kin op 't heden skoan mei Feike Dam, dy is hjir jachtopsichter. Hy moast der in pear jonge bokken útsjitte en doe hat er ús in fikse bout taskikt. Ik sei tsjin Foekje: dit moatte wy snein ite as Aaltsje-en-dy komme.’ Hy leit Gerard út wêrom der út en troch bokken sketten wurde moatte en hoe't soks om en ta giet. Aaltsje sjocht him oan en yt mei lange tosken. Gerard net, dy haffelt yn it fleis om as hied er fan 'e wike noch neat hân. ‘Der stiet ek noch in knyn, net Foekje?’ ropt Durk. ‘Dy hast juster dochs oer 't fjoer hân?’ En hy docht it ferhaal fan Tsjerk syn auto en wat men al net mei sa'n rydtúch dwaan kin. ‘En no griist it jin fansels oan om dy bistjes, mar jo kinne jûns en nachts al min de ljochten fan sa'n auto út dwaan, dat soe te nuodlik wurde.’ No begjint Gerard in bytsje te gnizen. Safolle wit hy der wol fan dat Durk net by elke deade knyn stiet te bearen dat it him sa begruttet om it dierke. Aaltsje ferhâldt har en sjocht hyltiten gleoner nei heit. Se is benaud dat er noch mear sterke stikken opbychte sil. As Durk ien kear op 'e tekst is, kin it need gean. | |
[pagina 105]
| |
‘Stil mar bern,’ seit Durk oermoedich, ‘ik hâld no op. Mar jim moatte al noch in flut iel mei nei hûs ha.’ ‘Te fiskjen west?’ freget Gerard ûnnoazel. ‘Wy ha in pear fûkjes út hân. It mei eins net, mar dy fisk is uzes mei elkoar, is 't net sa. En der is nimmen dy't belang hat by de fiskerij yn it Djip.’ ‘Feike Dam ek net?’ freget Aaltsje. ‘Dy fisierren net mear,’ seit Durk. Nei it iten sil it mei it toarnbeisykjen dan dochs wêze. De heule kloft mei plestykpûden en amers der op út, earst mar by de boskrâne lâns. Durk en Foekje sille mei de alderjongsten thús bliuwe. Jantsje har skarrel is ek delkommen. Gjin ûnaardige feint, tinkt Durk. Se dangelje tegearre op it hiem om. En mar op inoar omhingje, frije dêr't elkenien by is en oangean. Durk sjocht dat spul oan en seit tsjin Foekje: ‘Ik leau al datst gelyk haste.’ ‘Wat bedoelst, Durk?’ ‘Do moatst mei dat bern prate, it giet my stoef genôch.’ ‘Prate, seiste, wel, dat hoecht net mear.’ ‘Wat seist my no?’ ‘Ik soe it der fan 'e wike mei har oer ha, mar se lake my út. Se hie dersels allang mei rêden. Se liet my dy dingen gewoan sjen.’ ‘Tsjonge,’ seit Durk, ‘it minskdom is bedoarn. Mar it is der ek ferdulde gau oan ta, mei dat bytsje klean oan en dy koarte rokken. Dan moast ik der yndertiid by dy al mear foar dwaan.’ ‘De bern binne foarlik, Durk,’ seit Foekje berêstend. ‘It is in oare tiid.’ Bouwe en Hindrik binne nei Lippenhuzen ta, dat it kin in moai rêstich skoftsje wurde, sij tegearre mei de lytsen. Mar dat wurdt tenearsten net folle. De kloft is der sa- | |
[pagina 106]
| |
mar wer, elk mei in protsje reade en heal ferdroege toarnbeien yn 'e pûde of amer. En moai wat skrammen op de bleate skonken. ‘Der binne fan 't jier net in soad,’ seit Aaltsje. ‘Froeger hellen wy der amersfol wei en no sit der suver neat.’ ‘Der binne mear as oare jierren,’ seit Durk, ‘folle mear, mar jim hawwe op ferkearde plakken west. It iene jier sitte se dêr, it oare jier stjerre se ôf en moatst earne oars sykje.’ ‘Oan 'e Sânleane, ticht by de Walle, sitte genôch,’ seit Jantsje. ‘Geane jimme dêr dan mei de bern hinne,’ stelt Foekje foar, ‘dan kinne wy noch even gesellich prate.’ ‘Oars moast ik mar mei,’ seit Durk, want hy sjocht it swurk driuwen. ‘Nee Durk, wy ha besite, do moatst hjir bliuwe.’ Bearend en Hindrik komme werom en beare, dat sij by de Liphúster heide noch folle mear toarnbeien witte. Mar Aaltsje fertrout har bern net oan dy wyldemannen ta. By einbeslút sille Jantsje en de feint dan mar mei. De ploech giet fannijs op stap en Foekje tôget stuollen nei bûten, want achterhûs yn 'e lijte is 't suver noflik. ‘Sigret?’ freget Gerard en hy hâldt Durk it pakje foar. ‘Nee, ik hâld it mar op in swier sjekje,’ seit Durk. ‘Dy swarte tabak is net goed,’ seit Aaltsje. ‘Heit kochelt ek frij wat.’ ‘Ik kochelje al tweintich jier, bern.’ ‘Mar it wurdt slimmer,’ falt Klaske har suster by. ‘Heit moast minder roke,’ jeuzelt Aaltsje troch. ‘No, as jim oars gjin praat ha dan gean 'k hjir wei,’ seit Durk noartsk. ‘Ik smook swarte sjek en dêrmei út.’ Stilte. Foekje skinkt tee en Klaske hellet it trompke mei koekjes út 'e hûs. De froulju prate earst oer klean, | |
[pagina 107]
| |
mar op in stuit hat Aaltsje wer wat. ‘Komt it mei Tsjerk wol goed, heit? Yn dy auto, bedoel ik? Hy drinkt ek wolris in gleske bier en stel je foar dat er op sa'n dei as hjoed in ûngelok kriget.’ Durk fernimt it wol, se wolle him geweken nimme en Foekje koe ek wol yn it komplot sitte. ‘Tsjerk is âld genôch om himsels te rêden. Sa'n jonge kinne wy net mear by de hân ha.’ Gerard lit syn eagen by de muorren fan it hûs lâns gean. ‘It wurdt minder,’ seit er karmasterjend, ‘der leit in bêste bocht yn de naal fan it tek.’ ‘Dat hûs kin noch wol twahûndert jier stean. Se bouden eartiids better as no.’ Gerard wol in petear oangean oer lichte konstruksjes, dêr hat er as tekenaar op gemeentewurken doel oer. Mar Durk swijt. Foekje seit dat it hûs yndied minder wurdt. ‘En it is sa slim ûngeryflik.’ ‘In soad wurk,’ seit Klaske, ‘en it jout jin neat, it bliuwt in âlde rommel.’ ‘Jimme sille der dochs in kear út moatte,’ is Aaltsje fan betinken. ‘Hoe lang is it no al lyn dat se it ûnbewenber ferklearre ha?’ De froulju hâlde it derop dat soks altiten wol acht jier lyn is. ‘Yn ús gemeente hie it der al lang ôf west,’ ferklearret Gerard. ‘Wy wenje aldergeloks net yn Drachten,’ seit Durk. ‘As ik dêr ferkeare moast, hinge ik my daliks op.’ ‘Mar se sille hjir dochs ek in kear trochpakke moatte, oars krije se spul mei it ministeary. As sa'n hûs acht jier op 'e krottelist stien hat...’ ‘Falt wol wat ta.’ ‘Falt wol wat ta, falt wol wat ta, dat seit heit al tsien | |
[pagina 108]
| |
jier,’ pakt Aaltsje ynienen út. ‘Altiten mar sloere litte. Dit kin dochs net mear, it is gewoan achterlik sa't jim hjir húzje.’ ‘No ja,’ wol Gerard har delbêdzje, ‘jimme binne fansels net oars wend. Mar de bern hen, dêr moatte jo rekken mei hâlde. Dy kinne letter sa net en dan moatte se omstean leare.’ ‘Ik bin bang dat it net goed komt mei de bern.’ Dat is Aaltsje wer en it giet no moai op it doel oan. Durk soe him it leafst stilhâlde, mar dat falt him dochs te swier. Se soenen ek noch miene kinne dat se gelyk ha. ‘De bern binne allegear goed sûn,’ seit er, ‘se fertsjinje goed, se gedrage har goed ...’ ‘De bern wurde derop oansjoen.’ ‘Wat bedoelste?’ ‘Dat jimme hjir sa nuver libje.’ ‘Libje wy nuver, Foekje? Wat mankeart der oan?’ ‘No ja, Durk, wy wenje hjir wol wat âlderwets. En de bern dêr moatte wy om tinke.’ ‘Praat fan neat,’ ropt Durk en hy sil oerein. ‘It is ûnferantwurdlik fan heit,’ seit Aaltsje fûl. ‘Sa hat heit altiten west, heit is in grutte egoïst, heit tinkt allinne oan himsels.’ ‘Aaltsje, sa hoecht it ek wer net,’ bringt Foekje der tusken. Durk is ynienen bjusterbaarlik kalm. ‘Sis mar wat ik misdien ha, bern.’ ‘Heit hat altiten in rûchhouwer west, in swankebast en flierefluiter, in ...’ Aaltsje hat it grif allegear folle taktiser oanpakke wold, mar se lit har no gean en kin sa gau de goede wurden net fine. ‘Ei toe mar,’ moediget Durk sarkastys oan. ‘Myn jierdei bygelyks,’ bringt Aaltsje derút. | |
[pagina 109]
| |
‘Wat is der mei dyn jierdei?’ ‘Hoe kin it dat it op 15 juny myn jierdei is en dat der yn it trouboekje 19 juny stiet?’ ‘O, bedoelst dat. Ik hie tocht do soest dy der oer bekleie, datst fiif moanne nei ús trouwen der al wieste. Mar dyn jierdei, ja dêr hat wat mei west. Hoe is dat eins gien, witsto it noch, Foekje? Der stiet my wat fan by.’ Durk docht opijocht syn bêst, mar it wol him net yn 't sin komme. ‘No, ik wit it wol,’ ropt Aaltsje oerstjoer,’ it wie omdat heit dronken wie. Ik ha my der dea om skamme en alle jierren komt it wer.’ Se begjint der yn om te stammerjen en it liket derop, dat se in potsje skrieme sil. ‘Dat hat heit my oandien,’ snúft se, ‘en ik sit der myn heule libben mei.’ ‘Bern, wat hipt it by jim ek nau,’ seit Durk. ‘Wat is no fjouwer dagen op in minskelibben. Ik leau trouwens net dat it fanwegen dronkenskip yn 'e tiis rekke is. Fjouwer dagen dronken, nee, sa mâl ha 'k it by myn witten noait dien. Is 't net sa, Foekje? Ik mei hiel wol in slokje, mar ik ha net faak ûnbekwaam west, ek net yn myn feintejierren.’ ‘Dat is sa,’ seit Foekje en Klaske knikt ek ferheftich. ‘Nee, heit is gjin sûplap,’ seit se. ‘Moai sa, dêr binne wy it dus oer iens. Lit ris sjen, ik leau dat it sa west hat: ik wie op kerwei yn Drinte en ik moast der in deihier om stean litte as ik dy oanjaan soe by de boargerlike stân. Dat mocht ús doe net barre en de oare deis ...’ Foekje: ‘De oare deis soest de middeis thús komme en dan nei de Sweach ta. Do koest oan Lippenhuzen ta meiride yn in lúkse auto.’ ‘Krekt en doe ha wy earst yn Lippenhuzen Aaltsje be- | |
[pagina 110]
| |
dronken, dat koe al min oars.’ ‘En doe wiest te let foar it gemeentehûs,’ folt Foekje oan. ‘Sa is 't, ik hie doe noch net yn 'e gaten dat dy amtners sa betiid ophâlde mei arbeidzjen, no ja, ophâlde mei sitten.’ ‘Trije dagen letter,’ sa fertelt Foekje fierder, ‘doe wie der wer gelegenheid om in pear oeren earder nei hûs ta en doe hast har oanjûn. Mar wie it net sa, dat der boete op stie ast net binnen safolle oeren in bern oanjoechste? Miskien is it noch wol sa.’ ‘Ik hearde krekt op 'e tiid, dat it al gau in grou tsientsje kostje soe en doe ha 'k it mar op in pear dagen letter steld,’ makket Durk it ferhaal of. ‘In tsientsje, dat wie doe in deihier.’ Foekje seit: ‘Wy hienen Aaltsje har jierdei ek mar better op dy dei stelle kind, dan hie se der no gjin fertriet fan hân.’ ‘Wat let dy bern en hâld jierdei op 19 juny,’ stelt Durk foar, mar Aaltsje skodhollet tryst. ‘Heit is in rûchhouwer en as jim net oppasse wurde de jonges krekt sa.’ ‘Men kin net alles witte, Aaltsje,’ helpt Foekje har Durk. ‘Do wiest de earste en wy hienen der noait fan heard dat soks binnen 24 of 48 oeren moat of sa. En heit hat gelyk, it is it slimste net. Do wiest dochs al aardich te gau, it koe wol in pear dagen lije.’ ‘Ik fyn dit it praat net wurdich,’ stelt Durk fêst. ‘Om fjouwer dagen sa'n spul meitsje, dat is my neat.’ ‘Dat is 't him krekt, it kin heit neat skille. Heit hat altiten in ferlechje klear en docht syn eigen sin,’ hâldt Aaltsje oan. ‘Wat moat men oars ek al? Mar jimme mem en ik binne yn 't fatsoenlike troud.’ ‘Dat soe der ek noch by komme moatte, dat jim net | |
[pagina 111]
| |
troud wienen.’ ‘Dat kinsto no wol normaal fine, mar jim pake en beppe fan memme’ kant ha noait troud west. Yn dy tiid wie it op 'e Houtigehage gjin wenst en reizgje nei it gemeentehûs. De âldman wie der trouwens poer op tsjin, as Dommela-man moast er neat fan wettige trouwerijen ha. Letter is dat wat feroare, mar as ik it goed begrepen ha dan wurdt it op 't heden wer moade. It is fansels ek nearne goed foar. As it net past, geane se dochs út inoar en as ik hear hoefolle echtskiedings der no binne dan jout dat of fisjele trouwen ek al neat. Nee, froeger trouden se oer de putheak, mar se lieten inoar net sa maklik yn 'e steek as yn dizze tiid.’ Gerard giet der foar sitten. ‘Mei ik even?’ freget er en stekt in sigret op. De froulju ferskikke en swije. Hjir wie it wachtsjen op. Der is ôfpraat dat Gerard as ûnderlein man op in geunstich stuit syn skoanheit in pear dingen ûnder eagen bringe sil. Durk hat it skoan yn 'e gaten en is op syn iepenst.’ ‘Sjoch ris, heit,’ begjint dy jonge. En dat hied er net dwaan moatten. As dy flapdrol him ynienen heit neamt, wurdt it Durk tefolle. ‘Jonkje, no moatst goed harkje,’ seit er muoilik. ‘Do hast my noait heit neamd en dat hat dyn gelok west. Ik hâld der net fan om troch frjemd heit neamd te wurden. En no is 't sa, ik fernim skoan dat jim wat yn 't sin ha en fan de eigen bern lit ik my ek in soad sizze, dat hat niis wol bliken dien. Mar net fan dy, hast dat goed begrepen?’ Dat lêste seit er mei ferheffing fan stim dêr't in dúdlike driging yn leit. ‘Do hast hjir oars net yn te bringen as lege briefkes.’ Durk is oerein gien en rint fuort. | |
[pagina 112]
| |
‘Heit, heit,’ ropt Aaltsje patetys en se begjint no wier te gûlen. Durk hie noch in pear dingen sizze wold, mar hy bedimmet him. Hy trêdet nei de pomp en nimt de gimmeleaden kop fan de spiker. Hy pompt ferwoest en drinkt de heule kop leech. Dan docht er in slach oer 't hiem. As er oan de oare kant fan it hûs is, klinkt yn 'e bosk in skot. Hy sjocht hoe't Aaltsje kjel oerein springt. Se ropt: ‘Wat wie dat, heit?’ ‘In gewearskot,’ seit Durk, ‘hearst dat net?’ ‘Hokker kant binne de bern út?’ freget Aaltsje benaud. ‘Do moatst net sa gau oerstjoer wêze,’ bêdet Foekje har del. ‘Dy bern rêde har wol.’ ‘Se binne oan it jeien, tink?’ freget Gerard. Durk seit: ‘Sneins wurdt der net jage, dat mei net iens. Mar it sil Feike Dam wol wêze. Dy poft der yn as it him gelegen komt, snein of gjin snein. Hy sil achter de aksters oan sitte, dêr is er fûl op.’ Der is neist it hûs in stik bosk mei fral jonge bjirken en hjir en dêr in grutte spjir der tusken. Durk giet op 'e knibbels sitten en dikert ûnder de beammen troch de bosk yn. ‘It is Feike Dam,’ seit er, ‘en hy komt dizze kant oer.’ Se hoege net lang te wachtsjen. De boskwachter pandert mei grutte stappen troch de droege sleat en smyt Durk in deade kat ta. ‘Asjeblyft en as ik wer sa'n wyld kring fan dy tsjin kom, dan krigest in bekeuring.’ ‘Och hearken, dat is ien fan ús katten’ flapt Foekje derút. ‘Moast dat no sa?’ Foekje is nochal wiis mei de katten. ‘Hat dat dierke dy wat misdien?’ freget Durk. ‘Moatst se op 'e tiid fretten jaan, dan hoege se net | |
[pagina 113]
| |
achter it wyld oan,’ seit Feike. Durk docht in stap nei foaren. ‘Fan myn hiem ôf,’ raast er ynienen fûl. ‘Daliks fan myn hiem ôf, do grutte diereboal.’ Feike draait him snuvend om. ‘Do meist op snein net sjitte, ik sil dy oanjaan,’ ropt Durk him nei. Feike ropt oer 't skouder: ‘As dat fee fan dy ek mar ien stap fan it hiem ôfkomt dan kinst der op rekkenje dat ik se dea sjit.’ Hy sjocht wraaksuchtich nei Bijke en dat ûntgiet Durk net. Hy is mei in pear stappen by Feike en giet foar him stean. Hy stekt de finger omheech en hâldt dy Feike foar de snút. ‘Goed ûnthâlde, Feike,’ seit er mei triljend lûd, ‘dit moatst goed ûnthâlde: asto myn hontsje tenei komste dan doch ik dy dea. Stjerrende wier, ik weef foar ivich mei dy ôf asto Bijke dea sjitst.’ ‘Heit heit,’ jammert Aaltsje en Gerard sil al oerein. Feike is lykwols sûnder wat te sizzen om Durk hinne stapt. Durk eaget him nei oant er achter de spjirren wei woarn is. Dan kriget er de kat op en besjocht it bist. ‘It fel ek noch fol hagel, no bar ik der net iens twa kwartsjes foar.’ ‘Sonde, sa'n moai katsje,’ seit Gerard. ‘Katten by de rûs,’ seit Durk noartsk en hy smyt it dier achter it hok op de rûchskerne. ‘Moatst him aans al bedobje,’ seit Foekje. ‘Ik wol net dat er dêr lizzen bliuwt.’ ‘Dat sil ik dwaan.’ Hy hellet de lep út it hok en giet de tûn yn. As it kerwei dien is, skikt er dochs mar wer oan. Foekje hat kofje set en troch it trelit mei Feike Dam is al it oare sa't liket fergetten. | |
[pagina 114]
| |
Dy Gerard is dochs in múske. As se in skoftsje sitten ha, seit er: ‘Dus dat wie no dy boskwachter dêr't jo sa goed mei koenen.’ Durk jout gjin antwurd, Gerard wachtet even en merkt dan fluensk op: ‘Dat reefleis hienen jo dochs fan him krigen?’ Durk seit koart: ‘Dêr ha 'k sels foar soarge en as it heal kin, sil ik him noch in ree ûntnaderje.’ Aaltsje begjint te snokkerjen. ‘Wier heit, wier, it komt net goed mei jim.’ Dochs wol in sneue boel, sa'n ferheftich beslút fan in dei dy't fan wjerskanten mei safolle goede wil begûn wie. |
|