Feroaring fan lucht
(2004)–Rink van der Velde– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 84]
| |
Durk makket de fleispotten fan Egypte fol en Tsjerk túgt in auto oan, dêr't men ek noch oare dingen mei dwaan kin as ride.Hy hat de loop fan de buks oan in eintsje tou yn 'e bokse hingjen. De kerrel op 'e ein fan de loop komt him krekt op 'e knibbel en sa't er dêr rint is der neat te sjen. De oare ein sit ûnder de jas mei it riemke om 'e skouders. It moat no wol wêze, want hy hat de sleat der hast út. Op it plak dêr't de seine, it snijizer en de hekkel lizze, jout er him del, set it gewear yn inoar en leit it sjittersark yn de sleatswâl. Wat gers en snilen der oerhinne en nimmen sil it fine. It waar is omslein. Kâld is 't noch net, mar út en troch belûkt de loft en falt der in buike. It gers waakst net mear en yn 'e sleatten begjinne de planten brún te wurden. Bijke jaget in team einepilen út in rûchtepôle, mar se kinne al aardich fleane en Bijke kriget gjin kâns. It is oars goed iten, sa'n grouwe pike dy't noch krekt net flechtich is. Durk hat oanstriid om Bijke even by te stean, mar soks soe net ferstannich wêze. Hy hat grutter wyld op it each. Hy docht it him oan tiid. Hy stiet gauris te sjen en nei it middeisskoft jout er him even yn de lijte fan de sleatswâl del foar in knipperke. De earm ûnder de holle, in bytsje rûchte ûnder it gat en de kraach fan de jas omheech. As de sinne even skynt, leit it suver noflik. Bijke giet tsjin him oan lizzen en it hontsje jout aardich waarmte ôf. Durk ferslept him suver, as er de raap út 'e bûse hellet is it al trije oere. Hy flokt op himsels, want hy hie it oars yn 'e holle. Hy moat in ein sleat oerslaan om op it plak te kommen dêr't er | |
[pagina 85]
| |
wêze wol as de reebok mei syn geiten ta de bosk útkomt. Hy rint in eintsje werom dêr't de buks leit en strikelt de seine omstandich. Dan leit er de seine del en bynt it gewear mei in eintsje tou bij de seine lâns. Hy slacht wat mei it ark yn 'e sleat om wylst er werom skarrelt. Hjir en dêr in haal, net te hastich. It handicht trouwens ek net mei dat gewear der by lâns, mar it is dochs mar sabeare. Oer in goed healoere wol er by de hikke wêze, likernôch trije hûndert stappen út 'e boskrâne wei. As er achter de hikke is, knopet er it gewear los en skoot it tusken it langgers. Ut 'e bosk wei kin nimmen sjoen ha wat er útspoeket. Hy leit de seine del en giet werom nei it plak dêr't de hekkel en it snijmes lizze. It is de gewoane gong fan saken by it hekkeljen en de meast erchtinkende boskwachter sil der gjin euvelmoed yn ha. Mar it gewear is ûndertusken te plak. Hy giet wer oan 'e slach, mar makket der net in soad fan. ‘Wy moatte fan 'e wike al even wer,’ seit er tsjin Bijke. ‘De lêste ein sil der dochs ek út moatte. Do hiest my wekker meitsje moatten.’ Bijke snúft yn 'e sleatswâl om, hy hat lucht fan in rot of sa. ‘No moatst my de boel aans net bedjerre, Bijke. Mar dat docht myn hontsje net, hen, dêr kin 'k dochs op rekkenje. Gjin opstigings, de kop derby en om 'e baas tinke.’ It kriget him te pakken, mear as er wêze wol, wylst it noch wol in healoere duorje kin ear't de bok foar it ljocht komt. ‘Hoe lang is it lyn, Bijke, dat ik mei dizze buks sketten ha? Altiten wol twa jier. Bliksem, ik hie fan 'e wike even oefenje moatten op in pear protters. Mar troch dat gedonder mei Foekje... En de bern binne ek sa- | |
[pagina 86]
| |
fier dat se alles merke. Wy moatte it besykje, Bijke en dan it bêste der fan hoopje. It wie altiten in bêste buks, gjin kromke ôfwiking.’ Hy skytskoarret der no suver tsjinoan, hy is bang dat er misse sil. It wurdt in slimme boel as de bok net daliks dea delfalt en hy der achter oan moat om him ôf te meitsjen. Se kinne it mâl dwaan, dy dieren, as it om it lêste giet. ‘As hy der even moai foar stean giet, mei it boarst ús kant oer of in bytsje fansiden, dan bin 'k wol aardich wis, Bijke. Krekt achter it skouder, dat is it plak.’ Goed healwe fiven is de bok der en it giet fierders lykas alle dagen. De bok hat him wol opmurken, mar de wyn is geunstich. De lucht fan Durk en syn hontsje soe him trouwens net oerstjoer meitsje, hy ken dat folkje en it wie altiten fertroud. Hy set de stap deryn, bedaard en doelbewust. De geiten teppe al ris in pôltsje gers, mar komme wol achter him oan. As der ien even achter bliuwt, sjocht de bok even oer 't skouder en dan drafket de reegeit al. Durk hekkelt súntsjes fierder, sûnder ferheftige bewegings. Der ûntkomt sa'n bok fansels neat. Bijke leit plat achter de hikke en folget Durk syn dwaan mei skerpe eagen. Hy hoecht it hontsje neat te hjitten. Hy hat him syn plak wiisd en Bijke sil gjin stap dwaan salang de baas neat sein hat. In healoere letter binne de reeën harren foarby en giet it op it Alddjip oan. Se sille safier net gean. Der rint in sleat fan it Alddjip ôf it lân yn. Fan 'e bosk ôf leit de earste ein fierhinne droech, op healwe is in drinkdobbe en dêr giet de bok altiten earst op oan. Dat is ek it plak dêr't Durk him sjitte wol. Se hoege dan net te tôgjen. Jûn mei de skou it Djip del, in ein yn 'e sleat op en de bok yn 'e boat. Durk hat it goed foar it ferstân. Yn it ferline is it by it streupen wolris rûger | |
[pagina 87]
| |
om en ta gien. ‘Ik hie dochs in kear sjitte moatten,’ preuvelt er tsjin Bijke. ‘Jûns op 'e reed, dat hie wol even kind. Ik kin fansels de loop op de ûnderste planke fan de hikke lizze, mar it is in ein. As ik it sa roai is 't wol hast trijehûndert meter. Safier draacht dizze buks skoan, mar it kin net folle lije.’ It falt him ôf en dochs is dy bok net fierder fuort as oars. In pear jier lyn skeat er mei deselde buks de faisanten út 'e beammen wylst Ids mei de staaflantearne ljochte. Hy hoegde mar krekt oer 't fizier te sjen en hy miste komselden. Dan moat dy bok, ek al is er wat fierder ôf, dochs maklik te reitsjen wêze. Jawis, reitsje en dan fuort op it goede plak. Hy leit de hekkel del en strúnt nei de hikke ta. ‘As Feike Dam my no yn 'e kiker hat dan komt aans syn kâns, Bijke. Dat is it risiko fan sa'n ûndernimming, sûnder risiko kin it net.’ Hy knibbelt achter de hikke en nimt it gewear. De bok stiet mei de kont nei him ta en bûcht de kop foaroer. Hy stiet al by de dobbe te drinken. Aans sil er him omdraaie en de wacht hâlde wylst de geiten boarne. Hy stekt de kop omheech en snúft de wyn op. Der binne trije jonge geiten by de keppel. ‘Sa hat er genôch hân, Bijke, hy koe him om my no wol omkeare.’ Hy hat de lûddemper derop set en stekt de loop fan it gewear in eintsje troch de hikke. De bok docht in pear stappen tebek en draait him om. Hy mist de man by de sleat en it liket derop, dat er him wat ûnrêstich fielt. Durk hat him yn it fizier en siket it boarst op. Hy wachtet net mear, want de bok hat wat yn 'e gaten. Durk sjit en wit dat it gjin misser is. It swit stiet him likegoed op 'e holle en as it skot der út is, trilje him de fingers. De bok is omfallen sûnder lûd te jaan | |
[pagina 88]
| |
en skopt in pear kear. It duorret mar heul even, dan leit er stil. De reegeiten binne kjel wurden, mar naaie earst noch net út. Se sjogge nei de bok, trêdzje hoeden tebek en dan pas set de earste de gong deryn, werom nei de bosk. Achter inoar springe se troch de greide. It giet net wyld, mar se nimme it wisse foar it ûnwisse. In pear bliuwe op healwe stean en sjogge achterom. Se misse de bok en dy syn lieding, se steane te snuven. Ien fan de âlde geiten nimt de foarstap en dan binne de oaren ek út 'e rie. De heule keppel draaft de bosk yn. ‘Eben Haezer,’ seit Durk, lykas beppe placht te sizzen as hja de put der út hie. Hy hat it gewear ûnder it gers skood en kriget de seine op. Wylst hy strikelt, dikert er nei de boskrâne dêr't de lêste geiten krekt troch de droege sleat geane. Se komme net werom en dus is dêr gjin folk. Durk leit de seine del en giet op 'e knibbels lizzen om it gewear út inoar te heljen. Hy hat it even yn him omgean litten en stopje de buks wei, mar by einbeslút wol er him dochs mar daliks mei werom ha. Earst it gewear nei hûs en jûn de bok, it risiko in bytsje ferpartsje. Hy hinget de loop yn 'e bokse fan 'e broek en skikt de kolf ûnder de jas teplak. Yntusken hat er gjin each fan de bosk ôf. As Feike Dam dêr west hie, soed er no al wat ûndernommen ha. Hy kin fansels op elk stuit komme, hy is wol sa ferstannich en nim noait de selde route. Mar hy hat in grutte krite, hy kin net rûnom tagelyk wêze. ‘Kom mar, Bijke.’ En dan pas springt it hontsje oerein en sil it lân yn. ‘Hjir bliuwe.’ Bijke komt krûpende werom, want Durk syn lûd wie skerp. ‘Ei Bijke, do tochtst fansels dat ik in knyn of faisant | |
[pagina 89]
| |
sketten hie en soest him even foar my ophelje. Mar dat hoecht net, jonge.’ Hy hellet de hûn even oan en siket syn spul by inoar, de breatrompe en de termosflesse en knopet it jaske ticht. ‘It is nuodlik mar it moat wol even,’ seit er tsjin Bijke. ‘Dit fleis moat duorje kinne en dêrom kinne wy him sa net lizze litte.’ Hy stapt kalm it lân oer nei de dobbe dêr't de bok leit. It dier is noch waarm en út it gatsje achter it skouder komme mar in pear drippen bloed. In bêst skot, poerbêst, lykas yn syn bêste dagen. Hy lûkt de bok oan de achterpoaten yn de sleatswâl, draait him in heal slach sadat er hast mei de kop yn 'e sleat leit. Dan nimt er it knyft en snijt de bok de hals út. It bloed kolket derút en rint yn 'e sleat. Bijke slikket der yn om en jankt súntsjes. Eins moast it yngewant der ek noch út, mar dat duorret te lang. Durk wachtet net ôf, hy smyt wat rûchte oer de bok hinne en komt oerein. ‘Bijke.’ De hûn komt daliks achter him oan. Se rinne by de sleat lâns nei de bosk ta, mar op healwe springe se der oer en stekke skean oer. Op 'e romte kin nimmen har oer 't mad komme. Achter hûs stekt Durk in sjekje op en sjocht it hiem oer. Der boartsje in pear bern om, mar der is gjin besite. ‘Heity,’ ropt lytse Durk. ‘Ah, myn mantsje,’ seit Durk fleurich. Hy sil it jonkje optille, mar as er him foaroer bûcht stekt de loop fan it gewear him krekt yn 'e hokse. ‘Heit sil aans even mei dy boartsje.’ Yn it achterhûs lûkt er it leiderke nei ûnderen. ‘Bist dêr, Durk?’ ropt Foekje út de foarein wei. | |
[pagina 90]
| |
‘Ik kom der oan.’ Op it souderke pakt er de twa stikken fan it gewear yn in âld jas, bynt der in tou omhinne en skoot it pak ûnder it ledikant oant achter de skoarstien. Foekje stiet ûnder te wachtsjen. ‘Moarn moatst mar oan it wekjen,’ seit er kalm wylst hy it trepke ôf komt. ‘Ik ha dy reebok by it Djip lizzen. Wy sille him jûn even ophelje en slachtsje.’ ‘Hie'k it net tocht.’ En mear net. Se draait har om en giet nei de foarkeamer. Hy docht in slach om it hûs hinne, ferstekt de geit en de beide skiep en jout de kninen fretten. By de pomp griemt er him wat ôf en dan makket er yn it hok romte foar de slachterij. Bouwe syn bromfytsark, dat oeral omslingeret, smyt er op in bult. De flier moat heulendal frij wêze, sa'n grut stik wyld ferget romte. It wurdt stadichoan tiid foar it appèl. Hy blaast woltemoede de húshâlding by inoar. Hy hat him yn tiden sa noflik net field. De trije âldste jonges binne der net, Bearend en Hindrik ha inoar goed neisjoen. Oars net slim, mar de iene hat de oare de klean ferropt en dêrom moat Durk der neffens Foekje wat fan sizze. ‘As jim tenei fjochtsje wolle dan earst de klean út,’ is Durk syn beskie. ‘Wat is dat foar praat,’ seit Foekje lulk. ‘It is net normaal mear sa't dy bern inoar pleagje. Ik moat der nei skoaltiid algeduerigen yn omreagje.’ ‘Goed, as mem moarn wer klachten oer jim hat dan moatte jim de heule wike jirpelskile. Wachtsje ris even, jim kinne alfêst foar snein skile, dat is in moai drege put. En hoe sit it mei it hout? Ha jim der al moai wat ôf?’ ‘Noch lang net dien,’ seit Bearend. ‘En as heit it hok | |
[pagina 91]
| |
fol hout ha wol dan kinne wy net jirpelskile. No moat heit it mar sizze.’ ‘As jim tiid ha te kreauwen dan ha jim ek tiid te jirpelskilen. As Tsjerk moarn mei de kypauto thús komt, sille wy de earste fracht branje ophelje.’ ‘Der moat ek noch ien foar my te boadskipjen,’ seit Foekje. ‘Ik moat foar snein wat yn 'e hûs ha as Aaltsje en de húshâlding komme te iten.’ ‘Wy ha in moaie flut iel sitten, mem,’ seit Durk, ‘en dat is rikeljusiten.’ ‘Wy moatte ek noch wat oars ha as iel, Durk.’ ‘En jûn helje wy fleis op. Yn Lauswolt kostet it 25 gûne en dan is 't almeast ek noch fan in wite kekke.’ ‘Wat is dat, heit?’ freget Klaske erchtinkend. ‘Neat bern, in grapke. Ha wy alles hân, mem?’ Op dat stuit komt der in auto de Sânleane del daverjen. Foar it hûs draait it âld ding de daam yn. ‘Och hearken, dat is ús Tsjerk,’ ropt Foekje. De bern stowe der mei jûchhei hinne. De auto hâldt mei in pof op en Tsjerk knoffelt der út. ‘Hui,’ seit er, ‘750 gûne, mar ik moast daliks gelok dwaan.’ ‘Hast dat ding kocht?’ freget Klaske ferheard. ‘Jawis, bêste wein, seis silinders, hat noch mar 80.000 km riden, ûnferslytber, sa'n Ford Zephir, ride samar 200.000 km sûnder dat der in sleutel op west hat.’ ‘Wat moatst mei dat grutte kring?’ seit Durk ûntefreden. ‘Hiest dat earst net oer lizze kind? Samar fan de iene dei op de oare in auto keapje, it moat net briker.’ ‘Wy kinne der moai mei nei 't wurk ride,’ seit Tsjerk. ‘Litte wy de kypauto's op it wurk stean en de baas betellet de benzine. Mar ik ha him heal fol petroalje smiten. Dêr rint er like goed op en de petroalje jildt mar in kwartsje.’ ‘Eintsje ride, Tsjerk,’ biddelje de bern. | |
[pagina 92]
| |
De heule kliber deryn. Tsjerk wol Durk en Foekje ek mei ha, mar dy betankje. Klaske hat der eins wol aardichheid oan al wol se it net wêze. Tsjerk kriget it rydrak maklik oan 'e gong. Der komt wol in soad lawaai út en de auto rikket as in fabryk. ‘Sa'n ding kin dochs net yn 'e brân fleane, Durk?’ wol Foekje witte. ‘It is allegear izer, mem, dat brânt noait bot.’ Tsjerk is achterút nei de reed riden en dan giet it oer de brêge. De planken rattelje der oer en de auto wurdt wei yn wolkens moude. ‘Sokke mannen dogge wat op in stuit by har opkomt,’ seit Durk. ‘It sil wol oerbetterje,’ is Foekje fan betinken. ‘Mar it begruttet my al om dy slompe jild.’ Se pakt mei de lytse Pytsje en it jonkje fan Klaske om. ‘No, it appèl wurdt no dochs neat mear, ik sil mar nei myn iten ta,’ seit se. Durk stapt nei de reed. De auto is al lang om 'e bocht, mar hy heart it ding noch wol. Fan de oare kant komt Bouwe op syn brommer. ‘Is der wat, heit?’ Hy draait mei piipjende remmen om Durk hinne. ‘Doch dat ding út,’ hjit Durk him. ‘It is hjir al rûzich genôch.’ ‘Wêr binne de oaren?’ ‘Yn 'e auto fuort. Tsjerk is mei in âld auto thús kommen.’ ‘Hat er dy kocht?’ ‘Dat seit er.’ ‘Duvel, dat hie 'k net tocht. Dêr kinne wy wille fan ha.’ ‘Dat wit ik noch net sa krekt.’ It duorret gâns in skoft ear't de wein werom is. Willem is wilens ek thús kommen en Durk nimt him en | |
[pagina 93]
| |
Bouwe even apart. ‘Jimme moatte jûn even mei my it fjild yn.’ Hy fertelt de jonges wêr't it om te rêden is. Willem hat der aardichheid oan. Fan de grutte jonges is hy de iennichste dy't niget oan de streuperij hat. Tsjerk en Bouwe slane leaver yn de âlde moters om. Foekje kriget de húshâlding de jûns mar min oan 'e krêbe. Durk moat op 't lêst Tsjerk it mannewaar opsizze ear't de auto oan 'e kant riden wurdt. ‘En no begjinst my jûn net mei dat ding, want dan ha wy alle bern wekker,’ seit Foekje. ‘Dan set ik him daliks op 'e reed, want ik wol jûn al noch even ride.’ ‘As wy der mar gjin lêst fan ha.’ ‘Dat riden kostet oars ek jild,’ ornearret Durk. ‘Pear kwartsjes foar de petroalje en de benzine, wat soe dat no?’ Durk stint der op om. ‘Jimme wurde te weeldrich opbrocht,’ seit er. ‘Jim hawwe it te goed, soks moasten wy by ús thús ris sizze.’ Nei 't iten siket Durk syn slachtersark by inoar en slipet de messen. Hy hat yn it hok alles klear makke en baalsekken foar it rút hinge. It hok komt op slot sadat de bern der net mear yn kinne. Hy bringt earst mei de beide jonges de fûken nochris út. It moat de lêste kear mar wêze. As Feike Dam moarn of oaremoarn dy reebok mist dan strúnt er fansels alle nachten om de pôle. En hy komt dy reebok te missen, hy wit krekt wat der oan reewyld yn syn bosk omrint. Wa wit hawwe de hearen de ôfskotfergunnings foar de reeën al yn 'e hûs. Der sil ien minder by wêze as Feike Dam yn 'e kop hie. Duvel, wat sil er lulk wêze as er dit yn 'e gaten kriget. Se farre yn it tsjuster it Djip del, Durk oan 'e kloet en | |
[pagina 94]
| |
de beide jonges sitte swijend op de messelbank. Se witte wat der fan har ferwachte wurdt. As hja by de sleat binne, kriget Bouwe de line. Durk stapt út oan de oare kant fan de sleat, Willem bliuwt yn 'e skou. As der al wat is, kin Durk altiten fuort komme wylst Willem ek in kâns hat. Ien op 'e bon is better as trije en Durk kin as kostwinner it minste mist wurde, hat er sels fêststeld. De beide jonges binne fansels ek flugger. Salang Feike Dam harren net by de hûd hat, litte se har net pakke. In eintsje fierderop moat Willem ek út 'e boat omdat der net genôch wetter yn 'e sleat stiet. ‘Ho,’ flústert Durk, ‘De skou keare, it is hjir noch krekt breed genôch.’ Se wrotte de skou mei syn trijen om en litte him lizze. Durk is oan dizze kant kommen en nimt de foarstap. It is fertroud, as der wat west hie, soe Bijke al lang lûd jûn ha. It hontsje is sa kalm as wat, Durk hie ek net oars ferwachte. Hy hoecht net om de bok te sykjen. Willem en Bouwe lizze him it kâlde en stive dier om 'e nekke. ‘In grouwen-ien,’ stint Willem. ‘Wat tochtste, oars hie 'k dizze ek net útsocht.’ ‘Heit, mei 'k in kear mei dy buks sjitte?’ freget Willem. ‘Nee en no stil wêze, wy hawwe him noch net thús.’ Underweis flústert er Willem ta: ‘Dy buks giet moarn daliks werom. Ik wit net wat Feike Dam dwaan sil as er dit fernimt, mar it soe my gjin nij dwaan as er ús de plysje op it dak stjoert foar in hússiking.’ Se lûke de skou oan en Durk skikt syn frachtsje yn 'e punt. De beide jonges lûke de boat nei it Djip en stappe der dêr yn. As it spul fart seit Durk: ‘Sa, dat ha wy hân.’ ‘Geane wy fan 't winter ek te streupen?’ freget Wil- | |
[pagina 95]
| |
lern. ‘As it heal kin, moatte wy der al in set fan ha.’ ‘Dan mei ik mei, hen?’ ‘Do silst in kear mei, mar praat der net oer tsjin mem en sis ek mar neat tsjin Klaske. Dat gekrimmenear fan dy froulju...’ ‘Ik ha moaie kninelopen sjoen op 'e kamp fan Hylkema. Ik tink dat der jûns wol fyftich-sechstich kninen op 'e greide sitte. It is der brún fan de kninen. Do kinst de farske paden yn 't gers sjen. As wy de strûpen oan stokjes sette en wy driuwe se stadich op dan stowe se der samar yn.’ ‘Wy sille sjen, even stil wêze.’ Se lûke neist it hiem de skou yn 'e gloppe tusken de elzepôlen en Bouwe docht earst in slach om hûs hinne. As alles feilich liket, kriget Durk de deade bok ûnder de earm en sjout him nei 't hok. ‘Sis mar tsjin mem dat wy der binne,’ seit er tsjin de jonges, ‘en bring my de Bearenburch. It is kâld yn 't hok en ik wol earst ien ha ear't ik begjin te slachtsjen.’ De jonges bringe him de flesse en Foekje sjocht even om 'e hoeke. Se seit neat. Durk slút himsels op yn 't hok, de skoattel op 'e doar en Bijke der foar om de wacht te hâlden. Klaske kloppet oan, mar Durk wol har der net yn ha. ‘Hoe kriget heit it yn 'e kop,’ ropt se súntsjes, mar Durk heart oan it triljen yn har lûd hoe oerémis se is. ‘Mem hat der pyn yn 't liif fan en ik hie neat yn 'e gaten.’ ‘Gean yn 'e hûs bern, ik ha 't drok.’ ‘It is ûnferantwurdlik fan heit,’ seit Klaske oan de oare kant fan de doar. ‘It is skandelik, as se heit pakt hienen...’ Durk docht de doar even fan 'e skoattel en seit: ‘No moatst oppakke en gau ek.’ | |
[pagina 96]
| |
Hy klapt de doar ticht en stekt de petroaljelampe oan. De jas út, in baalsek foar en it slachtsjen kin begjinne. It is in dreech kerwei. Strûpe en it fel net skansearje, de tenns derút, de lever, dat skoandere iten, apart hâlde, útbonkje... Om it kertier rjochtet er even de rêch, nimt in swolch út 'e flesse en wijt him dan wer oan syn taak. It is in edel dier, sa'n reebok, soks moat mei ferdrach dien wurde. Hy hat al gâns in skoft dwaande west as er Foekje fernimt. ‘Kinne wy dy ek helpe, Durk?’ ‘Nee leave, hjir rêd ik sels mei, mar soest my wol in pantsje kofje meitsje kinne. Ik bin al in moai ein hinne. En bring my in pear skjinne amers en in tobbe mei wetter.’ Hy docht de doar fan de skoattel en Foekje bringt him wat er frege hat. It wurdt nachtwurk. Eartiids dienen hy en Ids it tegearre en dan moast der ek al stoef arbeide wurde. Mar Durk hat altiten it measte dwaan moatten, omdat Ids letter op 'e jûn almeast ûnbekwaam rekke en der rûch yn om begûn te snijen. Foekje bringt him in pantsje kofje en bliuwt der even by stean. ‘Moai fleis, Durk.’ ‘In edel bistje, leave.’ ‘Mar it hie net wêze moatten.’ ‘Der is dochs neat te rêden?’ ‘As Feike Dam dit fernimt...’ ‘Dan is 't te let.’ ‘Meist de fûken no ek wol oppakke.’ ‘Dat wie 'k fan doel. Fannacht noch en dan moat dat tenearsten ophâlde.’ Foekje nimt in amer fleis mei yn 'e hûs. ‘Gean mar op bêd, leave, ik rêd der fierders mei.’ | |
[pagina 97]
| |
Hy is krekt yn 't tún in gat oan it dollen om it yngewant te bedobjen as er de auto fan Tsjerk heart. De jonge lit de wein foar hûs yn 'e berm stean, lykas Foekje him hjitten hat. ‘Hui,’ seit er, ‘Ik ha noch wat.’ Hy langet Durk twa kninen oer. ‘De iene is in bytsje stikken, mar dêr kin 'k ek neat oan dwaan.’ ‘Hoe komsto dêr oan?’ Tsjerk is gjin streuper, hy hat der noait nei taald. ‘Snipt mei de auto.’ ‘Deariden?’ ‘No, deariden...? Ik ha in eintsje ketting ûnder oan it chassis en dan mist it net.’ Durk begrypt der it measte net fan en rint mei Tsjerk nei foaren om it spul te besjen. Hy seit: ‘Ik ha jûn tocht: dat ljocht fan de koplampen wolle de kninen wol yn op, as ik no ris mei de wynbuks by dy yn 'e auto sitten gyng...’ ‘Fierstente yngewikkeld,’ seit Tsjerk. Hy kriget de bûslantearne en ljochtet ûnder de auto. ‘Sjoch, dêr hinget it ketting, oerdwers. As ik in knyn foar de auto ha en hy komt tusken de tsjillen telâne dan kriget er fan dat ketting in tik en dan kinst him achter de auto gewoan oppakke. Ik ha it fan Klaas Tuninga, dy snipt sa alle wiken in hazze of in knyn.’ It duorret even ear't Durk it foar it ferstân hat, mar dan is er ek net mijen yn syn lof. ‘Dit is in moai spul, dit is in ferduld moai spul.’ Yn it hok begjint er fleurich de kninen te strûpen. ‘Dochs net sa'n mâle útfining, sa'n auto,’ seit er tsjin Foekje as er in oere letter neist har op bêd stapt. ‘Wat is der, Durk,’ grommelt Foekje yn de earste sliep. ‘Ik fertel it moarn wol, leave, mar sa't it no liket dan | |
[pagina 98]
| |
sitte wy de heule winter oan 'e fleispotten fan Egypte.’ ‘Wer hast it oer?’ ‘Dat wit ik net krekt, mar ús beppe plachte dat te sizzen as wy it goed hienen. Se hie wol mear fan dy sechjes, se wienen by har thús frij wat fyn, ha 'k begrepen, se hat ek op in fine skoalle west. Dêr sil se it wol skipe ha, ik leau dat it yn 'e bibel stiet, dat fan dy fleispotten. Al wienen der doe grif noch gjin auto's.’ |
|