Feroaring fan lucht
(2004)–Rink van der Velde– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 69]
| |
Durk komt ta de konklúzje, dat it minskdom goed bedoarn is. In moai ding dat yn elk gefal de iel noch rint.Deselde jûns tôget Durk yn it skimertsjuster in stik as fiif fûken en it kearnet nei it Djip. Bouwe en Willem sille him helpe, Bouwe yn 'e boat en Willem hat de swimbroek oan. Durk sels hat de kaplearzens fan 'e souder helle, hy kin it sa'n bytsje bedjipje. Krekt om 'e bocht bringe se it kearnet troch de wjittering. Der stiet net folle stream, mar dêr is 't neffens Durk net minder om. As der tefolle wetter fan de Bakkefeanster kant komt, kinne jo it kearnet der net sa maklik yn hâlde. De boaiem is hurd, dat botte fêst komme de stokken dochs al net te stean. Twa fûken sette se deun op it kearnet, de oaren in eintsje tebek en mei de fang ticht yn 'e wâl. ‘Soe de iel rinne, heit?’ freget Bouwe. ‘It is ôfwachtsjen, men hat der mei iel gjin sizzen fan. Mar wy ha folle moanne hân en it is myld waar. De skieren sil it noch wol te gau foar wêze, mar in flut reade iel moat der no al te fangen wêze, soe 'k sizze.’ Thús hat Foekje de kofje klear. Hja sit mei Klaske yn de achterein by de petroaljefergasser. De froulju breidzje en stopje en kinne it yntusken aardich pratende hâlde. Bûtendoar hat Durk al wat opheind, dat hy is der klear foar. As hy der yn komt, bliuwt it earst in moai skoft stil. De froulju hawwe ynienen neat mear te sizzen, is 't net nuver? ‘Sa, wy ha de brut der yn,’ beart Durk fleurich op. ‘No moat ik der moarnier al even earder út, mem. Foar ljocht moat it berêden wurde en dan moat de boel der moarntejûn nochris yn.’ | |
[pagina 70]
| |
‘Ik gean yn 't hok even mei myn brommer oan 'e gong,’ seit Bouwe. ‘Ast de moter mar net rinne litste, dan ha wy de lytsen wekker,’ seit Klaske. ‘En sunich wêze mei de lampe,’ folt Foekje oan, ‘de petroalje kin wol op.’ Willem kundicht oan dat er op bêd giet. Hy wol moarnier mei heit nei de fûken. ‘Gryt is ek let,’ seit Durk wylst hy oanskikt. ‘Miskien bliuwt se fannacht yn Drachten. Se siket om plak, sei se fan 'e moarn.’ ‘Tsjerk hie der ek al lang wêze moatten.’ ‘Hy sil wol mei de kypauto omgrieme.’ ‘Ik fyn dat Van Dyk syn chauffeurs tefolle oeren meitsje lit.’ ‘Dat falt wol wat ta, se hingje nei it wurk wat om. As Tsjerk woe koed er om seis oere wol thús wêze.’ Dan is alles wol sa wat sein en Durk stint der op om wêr't er it oer ha sil. ‘Klaske en ik hienen it der niis oer,’ sa begjint Foekje, mar Durk is der noch net oan ta. ‘Wol aardich dat Aaltsje ek wer ris in snein delkomt,’ seit er en hy nimt it briefkaartsje, dat de post moarns brocht hat fan de skoarstienmantel. ‘Ja, dat is moai, mar Klaske sei niis...’ Durk lêst it briefkaartsje. ‘Toarnbeisykje, hie 'k tocht, mei de bern te toarnbeisykjen. No, se kinne wol in amerfol fandelje, it is allegear toarnbeien. Ik wik jim dat der in strange winter komt, oars soenen der safolle fruchten net wêze. Ikels en bûkels, hazzenuten, mispels, tamme kastanjes, it kin net op.’ ‘Ja, mar...’ ‘Hoe lang is 't lyn dat Aaltsje hjir west hat? Altiten wol in fearnsjier, soe 'k sizze.’ ‘Dat sil 't wol, mar...’ | |
[pagina 71]
| |
‘Jawis, no wit ik it al, it hat yn july west. Doe woe 'k de bern noch yn it Djip ha, mar dat mocht net fan dy flapdrol. 't Wetter wie net skjin genôch, sei er. Tsjonge noch ta, ús bern binne mei Djipswetter grut woarn, de klompe fol en mar boarne. En no soenen de bern der net iens mear yn swimme kinne? It moat net mâlder. Sa'n swimbad yn dat Drachten, dêr soe 'k fiis fan wêze. Alle dagen withoefolle minsken yn sa'n foege tobbe. As ik myn sin sis dan kin men dêr fan alles skypje.’ ‘Heit moat Gerard gjin flapdrol neame,’ seit Klaske. ‘It is in goede man en hy is op 't lêst mei ús Aaltsje troud. ‘Ik sis neat ferkeards fan dy jonge, mar it is in flapdrol, dat kin ik ek net helpe. En dat sokke bern net iens even yn it Djip baaie meie, dat neam ik in skandaal. Hawar, de simmer is hast om, swimmen is it hast te kâld foar, dat dêr kinne wy snein gjin lijen om krije. Ik woe oars sizze...’ Hy praat tsjin 'e klippen op, mar hy kin it net hâlde. De froulju swije almeast en wachtsje oant er him de kiel droech praat hat. Der komt in stuit dat Durk de lêste kofje derút nimt en even stil falt. Foekje nimt daliks har trekken waar. ‘Toe dan mar,’ seit Durk. Hy lûkt noch in stoel oan en leit de skonken der op. ‘Pak mar út.’ Hy draait in sjekje en wachtet ôf. ‘Klaske en ik hawwe it der niis oer hân. As wy de winter troch moatte mei njoggen tsientsjes en as se dat oare der dan ek noch ôflûke wolle, dat jild datst tefolle bard haste...’ ‘Dat wurdt fansels neat.’ ‘Dat kinst no wol sizze, Durk, mar...’ ‘Gjin sprake fan, sit der mar net oer yn, wat wy bard | |
[pagina 72]
| |
ha dat ha wy bard. Werom betelje, seit dy De Vries. Ik sil wol wizer wêze.’ ‘Goed, mar likegoed wurdt it mei njoggen tsientsjes in behyplike boel, Durk. Ik wit net oft wy fan dat protsje jild wol húshâldzje kinne.’ ‘Do hast it kostjild fan de jonges ek fansels.’ ‘As ik dat net hie, koe 't heulendal net. Hûndert daalders is mei safolle minsken net in soad.’ ‘Wy krije altiten sêd,’ is Durk fan betinken. ‘Do wolst it net hearre,’ seit Foekje lulk. ‘Witst wol wat in stik klean op 't heden kostet en wat it fleis jildt?’ ‘Dat lêste sil ik wat oan dwaan. Moarn ite wy as it heal kin iel en ik nim in pear kninestrûpkes mei nei 't wurk. En do krigest meikoarten de kelder fol jirpels.’ Foekje snúft lytsachtsjend. ‘Wat hast fan 'e moarn yn 't skieppehok brocht?’ ‘Ik wit net watst bedoelst, leave.’ ‘Do hast it út 'e fytstas helle en yn it skieppehok brocht.’ ‘O, dat is ek sa. Ik seach ûnderweis in grouwe foerbyt lizzen en dy ha 'k de skiep brocht.’ ‘Dat wie 't net, it wie gjin byt. En do hast Bearenburch yn 'e hûs helle.’ ‘Leave, wat bist wer neigeanderich,’ seit Durk skodholjend. ‘It is moarns al kâld en dan is in Bearenburchje in behâld.’ Klaske seit: ‘In knappe jas foar de bern kostet op 't heden sa mar acht tsientsjes. En heit is oan in nijen ta, sa'n-ien komt al gau op hûndert gûne.’ ‘Yn gjin hûndert jier,’ seit Durk. ‘Ik wol net iens in nije jas ha. De lêste hat my min foldien, der siet gjin waarmte oan. Ik leau net dat der hjoeddedei in goede jekker te keap is. It is allegear ketoen en nijlon, as ik sa'n ding oan ha moat, kin 'k krekt like goed sûnder. | |
[pagina 73]
| |
Nee, ik ha dat oars yn 'e holle. Yn 'e oarloch hat Visser fan Lippenhuzen my in jekker makke fan kninefellen en dêr ha 'k jierren wille fan hân. Witst dat noch wol, mem? Wy hienen doe al ferkearing. Ik ha noch noait sa'n waarm stik klean hân en...’ ‘Durk, no ha 'k myn nocht,’ ropt Foekje ynienen. ‘Wy binne gjin Eskimo's dat wy hjir yn bistefellen om rinne. Brûk dyn ferstân, ik stean der faak fersteld fan sa mâl asto derby komme kinste.’ ‘Leave, ik ha it hok fol bêste kninefellen. Ik kin twa kwartsjes it stik barre, it is skandelik dat se net mear opbringe. Ik kin der better in koarte jas fan meitsje litte, dan ha 'k foar twa tsientsjes in bêst stik klean. Dy oare ha 'k jierren genot fan hân. Is dat no sok healwiis praat?’ ‘It is healwiis praat, heit,’ seit Klaske. ‘En dy reebok,’ pakt Foekje daliks troch, ‘Dat moatst dy út 'e holle sette.’ ‘As it foar de húshâlding is, dan stean ik foar neat,’ ropt Durk. ‘Meitsje dysels neat wiis, om ús hoechst it net te dwaan,’ antwurdet Foekje nochteren. ‘As se heit pakke, is 't net bêst. Okkerdeis hat it noch yn de krante stien, dy man hat wol in healjier krigen.’ ‘Dat is wol it measte, bern, dêr kinst op 't heden hast in minske foar dea dwaan. Mar it is wol sa, in stikje wyld streupe dat eins fan ús allegear is, dat is hast sa slim wol as in moard. Wat dat oanbelanget is 't in nuvere tiid.’ Foekje seit: ‘Ik ha dat sjitark, dy âlde stengun út 'e oarloch wei stoppe, dan witst dat fuort mar.’ Durk riist oerein en sil opspatte, mar hy bedimmet him. ‘No giest hast te fier, mem,’ seit er sa guodlik moog- | |
[pagina 74]
| |
lik. ‘Ik kin in soad ha, mar der binne grinzen. Do moatst fan myn streupersark ôfbliuwe.’ ‘It kin my neat skille,’ seit Foekje dwers. ‘Ik ha de patroanen ek oppakt.’ ‘Ast se mar goed opburgen haste en op in droech plak. En as wy hússiking krije, moatte se der net daliks tsjin oanrinne. Dit kinst my better dwaan litte, fanke.’ ‘Miskien smyt ik de heule brut wol yn 't Djip.’ Dan slacht Durk mei de fûst op 'e tafel. ‘En no is 't út. Asto de boel wei griemste, hâld ik dy op 'e harsens yn 't Djip.’ Hy sil noch mear sizze, mar hy wit eins wol dat Foekje it net mient. Se jaget him op stang en dan flapt se der fan alles út. Se besiket der achter te kommen wat hy fan doel is, wa wit hat se fan 'e middei it skieppehok oer de kop klaud. Durk bûcht de holle en lit it yn him omgean. Eartiids hat er Foekje wolris in klap jûn as hja spul hienen. Hearken, wat is it soms mâl gien en it nuvere is, dat se letter sa goed mei inoar koenen. Hy hat har al yn jierren gjin klappen jûn. It wyldste is der oan wjerskanten ôf en hy moat tajaan dat Foekje faak mei rjocht en reden obsternaat west hat. ‘Berntsje, harkje no ris goed. Ik prakkesear der oer om in wraam op dy reebok te dwaan. Miskien sjoch ik der noch wol fan ôf, ik wol der yn elk gefal de bak net foar yn. Om mysels kin my dat it measte net skille, mar ik kin no net by jim wei. It soe net bêst wêze as ik der op dit stuit in skoft út moast...’ ‘Foar dysels is it ek net bêst. Do hast mysels ferteld hoe slim as it doe wie.’ ‘Wat wie dat, mem?’ Foekje seit hastich: ‘Heit hat doe even sitten foar streuperij.’ | |
[pagina 75]
| |
‘Ik wie doe sa folle jonger, moatst rekkenje. It is aans achttjin jier lyn. Ik soe der no better oer kinne. Mar it moat net wêze. Dêrom doch ik ek gjin ûnferstannige dingen, gjin kwestje fan, dy wille gun ik de mannen net.’ ‘En dan noch wat, Durk,’ begjint Foekje oer wat oars, ‘ik moat mei dy oer ús Jantsje prate. Nee, bliuw do mar sitten, Klaske. Wy hawwe it der tegearre oer hân en do witst it noch better as ik. Do hast de jierren en de ûnderfining, it is goed datsto dines der ek fan seiste.’ Durk lûkt de fuotten fan 'e stoel en giet der foar sitten. ‘Wat krije wy no?’ freget er erchtinkend. ‘Ik miende dat wy it sawat hân hienen.’ ‘Jantsje slacht mei jonges om, dat hast wol murken, tink?’ ‘Ik ha hjir in jonkje omspringen sjoen. Och ja, de bern binne hjoeddedei foarlik.’ ‘Wy binne bang dat it net goed komt.’ ‘Hoe dat sa, bern?’ ‘Se is fierstente fûl, Durk. Ik ha dat lêsten oansjoen doe't dy jonge hjir wie. Dat frijen fan tsjintwurdich dat giet sa fier, dêr soenen wy ús foar skamme ha. En Klaske seit ek dat wy wat ûndernimme moatte.’ Dit is in nij probleem foar Durk. ‘Wat moat ik dêr yn 'e goedichheid oan dwaan? Moat ik har soms it frijen ferbiede?’ ‘Nee, mar jim moatte har foarljochtsje,’ falt Klaske ynienen út. ‘It liket nearne nei sa't heit ús it libben ynstjoerd hat. Ik ha der krekt noch in stik oer lêzen yn de Libelle en de Koerier hat ek wat yn stien.’ ‘Do lêst fierstente folle,’ seit Durk. ‘Ik sil snein tsjin Aaltsje sizze, dat se dy dy kranteboel net mear stjoere moat. Do kinst dyn ferstân wol ferlêze.’ | |
[pagina 76]
| |
‘Earst Aaltsje en doe ik, ik wist nearne fan,’ seit Klaske ferheftich en it liket der op dat se beginne sil te gûlen. ‘No ja,’ seit Durk delbêdzjend en hy klaut him yn 't hier. ‘Klaske hat gelyk, Durk,’ beleart Foekje. ‘It is mei Aaltsje goed beteard en mei Klaske komt it grif ek goed, mar...’ No begjint Klaske wier te gûlen. ‘Hjir sit ik,’ snokkert se, ‘en...’ ‘Do sitst net ien yn 'e wei,’ seit Durk. ‘En dat jonkje fan dy dêr binne wy allegear like wiis mei. Ik soe him op dit stuit net iens misse wolle en sa'n fanke as dy dêr komt grif ien om.’ ‘Hjir op 'e pôle, tink. Tocht heit dat ik hjir oait wei kom?’ ‘Wêrom net, bern?’ ‘As ik myn jonkje net hie, gong ik der út.’ ‘Asto derút wolste hoechst it om dat bern net te litten, dêr rêde wy skoan mei.’ Durk rydbosket op syn stoel. Hy hat in ferdulde hekel oan dit soart petearen, hy gong op dit stuit wol sa leaf in ein de bosk yn. Mar Foekje is noch lang net útpraat. ‘Wy moatte der mei Jantsje om tinke dat ús dit net wer oer 't mad komt,’ seit se saaklik. Dêr kin Durk it hiel wol mei iens wêze. ‘En no hienen wy sa tocht, Klaske en ik, wy sille mei har prate en as it net oars kin dan moat se mar wat mei ha.’ ‘Foarbehoedmiddels,’ folt Klaske oan. It giet Durk stoef genôch, mar hy wit net krekt wat er der tsjinyn bringe moat. ‘It is in rare wrâld,’ seit er by einbeslút. ‘Ik leau net dat dit stâh hâlde kin.’ | |
[pagina 77]
| |
‘Mei sok praat komme wy net fierder,’ stelt Foekje fêst. ‘Mar as it dan dochs net mear te kearen is,’ mimert Durk fierder. ‘It is net te kearen, dat hat noait oars west.’ ‘Dêr hast gelyk oan, mem, mar moat dat no mei keunstmiddels en sa? Men heart der in soad fan. Yn Drachten ha se der gewoan automaten foar. It minskdom is bedoarn.’ ‘Praat fan neat, Durk,’ seit Foekje. ‘Ik wit net ofsto der wol ris oer neitocht hast hoe't Gryt dat docht. Dy slacht geregeld mei jonges om, mar der komt har neat fan oer.’ ‘It binne allegear freonen,’ seit se. ‘Jawis, mar it komt op itselde del oft it no in freon is of in feint. Hawar, ik sil der wol mei rêde, it komt wer foar my op.’ ‘Ho, sa'k sis, de wrâld is bedoarn, mar myn bern, moatte dy...’ ‘Hat heit leaver dat Jantsje krekt sa thús komt as ik?’ freget Klaske. ‘Jimme falle my hurd,’ klaget Durk. ‘Aaltsje, dy is dochs goed troud? En ha wy it net mei inoar troffen? Goed, it kaam ús oer 't mad, mar wy hawwe ús der dochs mei rêden?’ Dan flapt Klaske der ynienen út: ‘Mem hat fierstente folle bern hân.’ ‘O,’ seit Durk yn earste ynstânsje ferstuivere. En dan: ‘Wat seist my no?’ ‘Ik bedoel, it is net goed, sa folle bern. Sokke grutte húshâldings as uzes dat is âlderwets,’ leit Klaske hoeden út. ‘Leave, oft it âlderwets is wit ik net en dat kin my ek gjin sprút skille,’ seit Durk mei klam. ‘Mar dat it net goed is om in fikse húshâlding te hawwen, dat ha 'k | |
[pagina 78]
| |
noait earder heard. En hoe hie 't oars moatten? Hie 'k se dan mar fersûpe moatten of sa?’ Durk is der aardich ôf. Miskien hied er wol lulk wurde moatten. Men kin jin op 't lêst net alles sizze litte fan de bern. ‘Jimme hienen safolle bern net krije moatten,’ seit Klaske. ‘Do doarst it wol te sizzen.’ ‘It is dochs wier, heit.’ ‘Lyk as hie men it foar it sizzen. Dat sil hjir de boel mar even regelje.’ ‘Ik bedoel der gjin ferkeards mei,’ seit Klaske fermoedsoenjend. ‘Ik wie sels earst ek net wizer, mar ik ha der in soad oer neitocht.’ ‘Wy wienen dus net wiis,’ stelt Durk fêst. Hy prakkeseart der even op om. ‘Ik leau dochs datsto tefolle yn 'e boeken en kranten om lêst. Tinkt dy ek net, mem?’ Foekje hifket. ‘Ik wit net, Durk, mar ik leau wol dat Klaske in bytsje gelyk hat.’ ‘Bisto net wiis mei de bern dy't wy ha?’ ‘Dat hoechst net te freegjen, dat is praat fan neat. Ik bin fansels wiis mei ús bern, mar as wy in pear minder hân hienen, dan hienen wy dy net mist.’ Durk giet oerein, hy hat gjin ferwar mear en dan moat der wat op útfûn wurde. ‘Ik hear it wol, ik pas net mear yn dizze maatskippij, ik kin it net mear byhâlde. Mar leau fan my dat it net goed komt mei it minskdom. It is bedoarn en goed ek.’ ‘No ja, soe dat net wat tafalle, Durk?’ freget Foekje. ‘Dat falt net ta.’ Klaske seit: ‘Harkje no ris, heit.’ Mar Durk wol neat mear hearre. Hy set de pet op en giet derút. Hy sjocht even om 'e hoeke fan 't hok | |
[pagina 79]
| |
dêr't Douwe mei syn brommer omgriemt en pandert dan it hiem oer. Hy triuwt in toppe gers by de kninen yn 't rip, streaket op de geit om en kuiert nei foaren. It is goed tsjuster en Bijke, dy't deun neist him rint, fernimt er earst net iens. Op 'e brêge draait er in sjekje. It is stil en hoarich, hy kin de auto's op de rykswei hearre. Nei it easten is de loft ljocht. Dêr leit Drachten. It jild skynt dêr net op te kinnen, de heule nacht brâne de lantearnen. Durk fielt him net sa noflik. Hy hat it gefoel dat de heule wrâld tsjin him gearspant en dat syn eigen bern ek wat yn 't sin hawwe. It doocht net, dat Aaltsje mei de húshâlding in heule snein delkomme wol. Der sit wat achter want oars komme se noait langer as in sneintemiddei. Dy flapdrol fan in Gerard hat it heuch yn 'e kop en Aaltsje skammet har bytiden suver foar har famylje. Durk kuiert de Sânleane út nei de heide. Op healwe stoot Bijke ynienen de beamwâl neist it paad yn. It hontsje jout ien kear lûd, in sêft mar ferheftich fûl piipjen. Durk skrillet op út syn prakkesaasjes en is mei trije stappen tusken de elzebeamkes. ‘Wêr bist, Bijke? Hâld him yn 'e gaten, jonge.’ Hy sjocht gjin hân foar de eagen en harket. ‘It is dochs wol in murd, net?’ preuvelt er. As it ûndier de greide ynset is, dan moat Bijke him no hast te pakken ha. Mar Durk heart neat. Hy reaget de tûken oan 'e kant en docht in stap nei foaren. En dan fernimt er Bijke. De hûn stiet deun neist him en begjint súntsjes te janken. Durk lit him op 'e knibbels sakje en taast foar him út. Bleden, tûken en dan in bulte rommel, gers en prikkeboel, snoeihout dat se hjir delsmiten ha. ‘Hjir sit er ûnder,’ grommelt er. It is sa'n oanwenst fan him om it mei de hûn te be- | |
[pagina 80]
| |
praten as hja tegearre yn it fjild binne. It wurdt him oars te spannend, as er in wurdmennich kwyt kin, is er himsels better baas. Hy bliuwt even op 'e knibbels sitten. Bijke stiet oan de oare kant fan de bulte, klear foar de slach. ‘Dit wurdt neat, Bijke, ik sjoch gjin hân foar de eagen. As hy der oan myn kant útkomt, kin er my wol ûnder de jas troch slûpe.’ Hy bûcht him foaroer en rûkt oan 'e bult. Jawis, in murd. Bijke fersint him trouwens noait, as it in knyn is docht er heul oars. Durk lûkt foarsichtich wat gers en in pear prikken fan de bult en taast it ôf. Hy fielt in gat en rûkt nochris. ‘Hjir is er lâns gien, Bijke, bliuw do mar oan dy kant.’ Bijke hie soks al lang begrepen, it hontsje stiet deastil. ‘Dit rêde wy net, mar wy sille it al besykje,’ seit Durk. Hy taast de bulte heulendal ôf en fynt noch twa pipen. De iene wâdet er ticht, de oare set er in klompe yn, mei de hân der boppe op. Mei de frije hân tept er lytse boskjes rommel fan de bult. Ut en troch hâldt er even op en harket oft Bijke ek wat docht. It is gâns in bulte rûchte. As er in healoere oan it roppen west hat, is er noch net op 'e helte. Hy giet op it liif lizzen en stekt de hân sa fier mooglik yn 'e pipe. It is krekt as sit der libben yn 'e bult, mar it kin ferbylding wêze. ‘Ik leau hy is der noch, Bijke.’ En dan klapt de murd ynienen tsjin de klompe oan dêr't er it iene gat mei ticht set hat. Durk springt oerein en lit him mei de heule lea op 'e bulte falle. Tagelyk huft er mei de fûsten op de rûchte om de boel sakje te litten sadat de murd fêst komt te sitten. Bijke begjint te janken en giselt as in top om de bulte hinne. Durk komt oerein en smyt syn heule gewicht der nochris op. De deade tûkeboel ûnder him kreaket | |
[pagina 81]
| |
en de bulte sakket. Hy pûst even út. ‘As it goed is, hawwe wy him no yn 'e knipe, Bijke,’ himet er. ‘Mar ik wit net, ik wit net...’ Hy begjint wer te dollen op it plak dêr't er tinkt dat de murd sitte kin. It is muoisum wurk. Bijke snúft en jankt en sit him suver op 'e hannen. Der sit skerp tusken de rûchte en Durk skrammet him, mar dat kin neat skille. It swit prikelt him ûnder de pet en hy smyt it ding fan him ôf. Fan boppen ôf dolt er nei it plak ta en hy fielt in gat. Hy lit Bijke even rûke en de hûn is alheul oerémis. ‘En no derom tinke, aans spat er der út, Bijke,’ flústert Durk. Mar de murd spat net mear. Durk fielt him, hy sit fêst. Durk grypt op goed gelok en skuort him der út. De murd hinget him yn de mouwe fan it boesgroen. Durk grypt him mei de oare hân op 'e taast yn 'e nekke en smoart him. Hy fernimt al noch wat, krekt as hat it ûndier him dochs noch by 't fel hân. As er oerein komt, docht de rêch him knap sear en hy fernimt no ek, dat it him slim ynspand hat. ‘Ferdomd Bijke, sa ha wy noch noait in murd pakt. Dit wie wat.’ Hy siket syn pet op en faget him it swit fan de holle. ‘Kom op, Bijke, dit moatte wy thús fertelle, dit wie in lust.’ Fleurich giet er op hûs oan. In simmermurd fansels, der sil noch net folle angel yn 'e pels sitte. Mar it is wol in grouwen-ien, in raam, dat mist net. Hy stapt der mei de keamer yn. De beide froulju, Bouwe en Tsjerk sitte by de tafel. ‘Hearken, wêr hasto sitten?’ freget Foekje ferheard. ‘Koest wol yn 'e rûchskerne lein ha.’ Durk hâldt de hân op 'e rêch en laket. ‘Heit stjonkt,’ stelt Klaske fêst. | |
[pagina 82]
| |
Durk hâldt de murd ûnder de lampe. ‘Asjeblyft,’ seit er grutsk, ‘mei de hannen útdold, Bijke en ik. Bliksem, wat ha wy klaud.’ ‘Dat sjoch ik,’ seit Tsjerk kalm, ‘al hiest in dei yn 'e put stien, it hoecht net oars. Wat woest der mei, âlde?’ ‘In murd,’ seit Durk, ‘in grouwe raam, hjir oan 'e reed, ûnder in bulte rûchte, Bijke spoarde him.’ ‘Do hast in skoft fuort west,’ seit Foekje. ‘In dreech kerwei en it is roettsjuster, wy ha him op 'e taast krigen.’ ‘Wêr is soks no goed foar?’ wol Tsjerk witte. Dêr hat Durk gjin antwurd op. ‘Goed foar, goed foar ... It is in murd, bliksem.’ ‘Jawis, mar se binne ommers neat wurdich. En sa'n simmerfeltsje al heulendal net.’ Safolle ûnferstân kin Durk net by. ‘Ik sil my in bytsje hoffenje,’ seit er teloarsteld. Bûtendoar stiet er mei dy murd yn 'e hân en freget him ôf wat sa'n jonge besielet. Mar as er de murd yn it hok oan 'e spiker hongen hat, komt it himsels ek yn 't sin dat er him fergees yn it swit klaud hat. ‘Ferduld Bijke,’ seit er, ‘as in murd al neat mear opbringt dan moat it mei de wrâld dochs op 'e non rinne, dit kin dochs samar net.’ Hy stint en strúnt it hiem oer nei it Djip. Hy draait in sjekje en stapt yn 'e skou. Súntsjes kloetet er nei de hoeke dêr't de tichtset stiet. It leit him swier op 'e lea en hy wurdt hyltiten mismoediger. Sa'n skoandere murd en nei alle gedachten is er net iens in ryksdaalder wurdich. En dochs hat der in tiid west dat ien murd in deihier wie? Hoe kin soks no? Hy fynt in fûkestok en tilt him even op. Hy taast by de lêste kubbe lâns en fernimt it daliks. De iel rint, de earsten sitte der al yn. It jout treast en justjes moediger fart er werom. | |
[pagina 83]
| |
As er yn 'e hûs komt, binne de bern al oan kant. Foekje stiet yn 't nachtjak brochjes te smarren foar Bouwe en Tsjerk. ‘De iel rint,’ seit er. ‘Dat is teminsten noch by 't âlde bleaun.’ |
|