Feroaring fan lucht
(2004)–Rink van der Velde– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 51]
| |
Durk makket risselwaasje foar in lange, kâlde winter en op 'e Sweach binne se fan betinken dat der trochpakt wurde moat.Hy hat oerdei, wylst hy by Lútzen Bouma oan it sleathekkeljen wie, syn bestek makke. De jûns seit er nei it appèl: ‘Bern, no noch even wachtsje, wy moatte mei inoar in pear dingen beprate. It is sisa gelegen, ik stean dy nije amtner fan sociale saken net. Dy man besiket it grif en it sil my gjin nij dwaan as jim heit aans wer foar de keuring moat. Dêr sit heit net oer yn noed, mar ik doar te wedzjen dat er ek by Lútzen Bouma west hat om út te fiskjen wat ik dêr fertsjinje. En dan sille se jim heit syn útkearing wol wer leger sette.’ ‘Ik fûn it net in aardige man, heit,’ seit lytse Foekje. ‘In mislike fent,’ is Hindrik fan betinken en Bearend is it dizze kear mei him iens. ‘Yn it earste oankommen like it dochs net sa'n minnen-ien,’ bringt Gryt der tsjinyn. ‘In múske,’ seit Bouwe, ‘dat hie 'k daliks yn 'e gaten.’ ‘Wy moatte it ôfwachtsje,’ seit Durk. ‘It kin tafalle, mar heit moat him in slach foar wêze. It komt goed út dat wy jûn ûnder eigen folk binne, dan kinne wy fuort ôfprate.’ Nei it jûnsmiel jout Durk syn oarders. It liket derop, dat Gryt har fan 't winter yn Drachten deljout. Der is al faker oer praat woarn. Se hat de leeftyd en by Philips hat se it nei 't sin. Eins fielt se har oan de Sânleane net mear sa bot thús. Ferline winter hat se ek al wiken yn Drachten ferkeard. It bern begjint easken te stellen. Se wol allinne sliepe, se wol har net mear yn de tobbe waskje mar bliuwt der in bus foar oer en giet dan nei de douche-ynrjochting. | |
[pagina 52]
| |
Skytmerakels fansels. Se hat ek alris tsjin Foekje sein, dat mem en heit eins in oar hûs ha moasten, mei wat mear geriif en leafst op it doarp. Doe hat Foekje planút tsjin har sein: ‘Bern, asto dy foar ús skammest, dan sikest mar in oar kosthûs.’ Dochs hat se fan 't simmer noch hin' en wer reizge tusken Drachten en de Sânleane. Mooglik docht se it om it jild. Thús hoecht se it measte net te jaan en yn dat Drachten kostet it fansels in soad. Gryt sparret, al jierren, en se skynt in moai dofke op it boekje te hawwen. Trouwen hat se lykwols net yn 't sin. It binne freonen, seit se en se feroaret gauris. Foekje hat har der oer ûnderstien, mar se laket mem út en se seit, dat se skoan op harsels passe kin. Yn elk gefal better as mem yndertiid. Dat is bretaal sizzen fansels, mar sa is de jeugd fan tsjintwurdich. Dy Johan sil him ek wol net wurde. Hy hat der ien kear west en omdat de nije man fan sociale saken doe krekt kaam, hat Durk net wer mei him praat. Se soenen it oars noch ha oer de huzaren fan Boreel. ‘Ik wit net oft er wer komt,’ sei Gryt doe't Durk der nei frege. No, dan witte jo it wol. Mar Gryt wol yn dat Drachten oerwinterje. It is net oars, al griist it Foekje oan. Se sil it bern earst al geweken nimme; se moat better oppasse as Klaske. Nei Gryt komt Tsjerk, njoggentjin jier, chauffeur op in sânauto. In wylde bruier dy't soms nuvere oanslaggen hat. Mar hy komt dochs alle nachten thús te sliepen. Soms davert er mei syn kypauto de Sânleane del en lit der Willem yn ride. Willem wurket by Dalstra. Dalstra hat yn Lippenhuzen in leanbedriuw en Willem sit almeast op sa'n ûnbidige trekker. Wreed en rûzich wurk, it liket Durk nei fleanen, mar Willem skynt der aardichheid oan te hawwen. | |
[pagina 53]
| |
Bouwe is in jier âlder as Willem. Hy sit yn 'e bou en der is útmakke dat er it mar as foeger besykje moat, as er dat no sa graach wol. De trije jonges moatte fan 't winter in binlik kostjild jaan, ornearret Durk. It hat al jierren 25 gûne west, mar dêr kin it net mear foar. Durk stelt it op 35 gûne foar Tsjerk en trije tsientsjes foar Bouwe en Willem. Tsjerk grânzget der tsjinoan. ‘Hy ropt: Hoe sit it, moat ik jim troch de winter bringe?’ Durk is koart yn dy dingen. ‘Asto hjir fan 't winter yn 'e kost lizze wolste dan joust 35 gûne en ast foar dat jild in better plak krije kinste, dan pakst mar op.’ En dêr is it praat mei út. Bouwe freget: ‘As ik der mei de froast útreitsje, moat ik dan ek trije tsientsjes jaan?’ ‘Dan sjogge wy wol wer. Ast tachtich persint barst, kinst it ek noch wol jaan.’ Dat is dan regele. Jantsje is fan 't simmer krekt fan skoalle kommen. Dochs kriget it bern as faam by Bolhús op 'e Sweach al fjouwer tsientsjes wyks. In grou stik jild, mar se wol ek nei Drachten dêr't se yn it fabryk mear fertsjinje kin. Foekje hat it tenearsten opkeard. Se moat earst mar ris sechtjin wêze en by bakker Bolhús kin se it húshâlden leare, dat is ek wat wurdich. Jantsje hat noch gjin kostjild jûn, mar it sil no wêze. Fyftjin gûne, seit Durk en mem moat der om tinke, dat se it oare jild net ûnnut fergriemt. ‘Klean keapje,’ seit Jantsje, ‘ik ha suver gjin klean.’ ‘Do hoechst dochs alle wiken net foar 25 gûne klean?’ freget Durk. ‘Durk, it is wat oars as yn ús tiid,’ seit Foekje. Durk hâldt him mar stil. De oare bern binne noch net oan fertsjinjen ta, mar sokke groujonges as Bearend en Hindrik kinne skoan in hantaast dwaan. | |
[pagina 54]
| |
‘Jimme tôgje ús it hok fol hout,’ hjit Durk harren. ‘En gjin prikkeboel mar goed en dreech hout dat lang leit. Dat sparret ús fan 't winter in moai soad swarte brant út. Ik sil jim in pear deade iken en in stikmennich spjirren wize en dy slane jim der ôf.’ Foekje is it der folslein mei iens. ‘Wy ha te rij libbe, Durk,’ seit se. ‘It hie wol oars kind. As wy fan 't maitiid de bou ynoarder makke hienen dan koenen wy no de kelder fol jirpels ha en dan hienen wy griente ynlizze kind. Jantsje nimt it op 't heden mei fan de Sweach en in krop slaad jildt al in kwartsje. It griist my bytiden oan, safolle jild giet der my by 't húshâlden troch de fingers.’ Durk bûcht skuldbewust de holle. ‘Mem, do hast gelyk, wy ha te weeldrich libbe. It sil oars, wy moatte ússels wer rêde. Ik sil sjen dat ik foar net tefolle jild de kelder fol jirpels krij.’ ‘Ik ha trije lege wekpotten te stean,’ seit Foekje. ‘Eartiids hienen wy dy fol sâlte tusearten en ik ha ek noch in nust wekflessen. En ús bou leit foar fûgelweide en...’ Foekje wurdt der fûl ûnder. Se hat it sa faak sein, mar Durk liet it sloere. ‘Ik wit it mem, ik wit it, it hie oars moatten. Mar myn rêch hat it fan 't simmer nuver sitte litten, dat witst ek wol.’ ‘Nee Durk, do hast de heule maitiid te aisykjen west en fan 't simmer oars net dien as fiskje en omhingjen.’ ‘Jawis, omhingje, wat moat ik oars as my de rêch pleaget.’ ‘Aisykje koest wol,’ seit Foekje in bytsje bitter. Durk hâldt him stil. Foekje moat har út en troch útprate en dêr kin men dan better net tsjinyn gean, want oars wurdt it minder. Se docht it nammers net as de bern der by binne. | |
[pagina 55]
| |
‘Dy wekflessen kin 'k noch wol fol krije,’ seit er as Foekje útpraat is. ‘Dêr sil ik it aans even mei de jonges oer ha. Griente is it te let foar, mar foar fleis net en dat is de helte djurder as griente. As wy de slachter in skoft foarby stjoere kinne, skilt ús dat in stik.’ ‘Dat wol ik net, Durk, it is te nuodlik,’ seit Foekje. ‘Stil mar bern, ik ha it goed foar it ferstân.’ Dan komt Klaske derby. ‘De lammen ha de heule simmer de molke fan de skiep opsûpt,’ seit se. ‘Wêrom makket mem der gjin skieppetsiis fan? Ik fûn it altiten sa lekker.’ ‘Mar ikke net,’ ropt Gryt, ‘skieppetsiis, bah.’ ‘Keapje do yn Drachten mar djoere tsiis,’ seit Klaske. Durk seit: ‘Klaske hat gelyk. Lytse Foekje moat it melken leare en mem makket wer skieppetsiis. It is skoander iten, helte better as dy megere tsyskes fan 't fabryk.’ ‘Ik sil se wol melke,’ slacht Klaske foar. ‘Ik ha froeger ek sa faak molken en as mem my it tsiismeitsjen leart, dan doch ik dat derby.’ Lytse Foekje wol ek wat dwaan. ‘Heit, ik gean te toarnbeisykjen. Ik wit in heule soad te sitten en dan moat mem der toarnbeisop fan meitsje.’ ‘Leave, dêr seist wat,’ ropt Durk. ‘Der is neat lekkerder as toarnbeisop mei grôt en krinten en it is o sok sûn iten, waard der eartiids sein.’ Durk kriget der suver aardichheid oan. ‘As men dat sa neigiet,’ seit er jûns op bêd tsjin Foekje, ‘dan kin men jinsels fierhinne rêde. Dat ha wy yn 'e oarloch ommers ek moatten. Mar it libben is op 't heden te lúks en dan wurdt in minske maklik, dat is 't him.’ ‘Do yn elk gefal wol,’ seit Foekje koart en se jout Durk nochris it leksum. ‘Och heden,’ stint Durk, ‘Dit falt my ôf. Ik hie tocht: | |
[pagina 56]
| |
sa'n bêste dei en wy wienen it sa iens, wy soenen it jûn nochris besykje.’ En hy strykt har even oer 't gat. Mar Foekje stuitert nei de oare kant fan it ledikant ta. ‘Ik ha der heulendal gjin nocht oan, Durk, de kop stiet my der net nei.’ ‘Dat merk ik. No, dan moat ik dat mar te goede hâlde.’ ‘En ik wol net ha datst wer te streupen gieste.’ Dêr hat Durk lykwols syn eigen gedachten oer. ‘Ik wol ien haal dwaan,’ seit er, ‘en dan hasto fuort alle wekflessen fol. Ik ha in grouwe reebok op it each, it dier rint my de heule simmer al yn 'e wei. Fan 'e middei seach ik him noch mei in stik as fiif geiten, sa mak as in laam. Hy is oan my wend, wy kenne inoar al. Hy hat dêr fan 't simmer weide en salang ik der oan it sleathekkeljen bin, is hy der yn 'e neimiddei ek. Dat mist noait. En hy is sa fet as in slak. Ear't er begjint te jachtsjen en alle fleis derôf is, wol ik dy reebok yn it hok hingjen ha.’ ‘Do moatst it net dwaan,’ seit Foekje mei klam. ‘Feike Dam hâldt dy yn 'e gaten en it is him wat wurdich as er dy pakke kin.’ ‘Feike Dam wol my graach ha, dat is sa, mar hy leit hjir net alle jûnen mear foar de doar. Hy wit wol dat ik út en troch in knyntsje snip, mar hy wit ek wol dat ik der net mear op út bin om in soad wyld te fangen. Nee, dit komt altiten goed. Om my leit er hjir trouwens alle jûnen ûnder de hage, dat hindert neat. Ik wol dat ree by ljochtskyndei snippe, gewoan ûnder it wurk, begrypst wol?’ Durk hat it goed yn him omgean litten en der jûns mei de jonges oer praat. Net dat er it net sûnder de jonges ôf kin, mar se moatte him nachts even hantlangje. | |
[pagina 57]
| |
Hy hat trouwens al folle mear beoardere. Hy is moarns earst nei Lútzen Bouma tagien mei it boadskip, dat de rêch him begûn te pleagjen. ‘Ik meitsje it dien,’ sei er, ‘mar rekkenje dan mar net mear op my. Jo sille trouwens de mannen fan de gemeente wol op it dak krije. Se fergunne my dizze lytse fertsjinst wer. As se my likefolle koarte op myn útkearing as okkerjiers dan ha 'k der neat oan hân. De rêch heal stikken en der gjin stoer better fan wurden.’ ‘Ik moat it al opjaan,’ sei Bouma. ‘Dat begryp ik skoan.’ ‘Ik hie oars fan 't winter al in bytsje op dy rekkene mei 't melken. As it sa ris útkomt, op in saterdei of snein. De jonge dy't ik op 't heden ha, kin it net oan en ik doar him der allinne ek net foar te setten. In hampelman, moatst rekkenje. Hy hat der heulendal gjin aardichheid oan. In ûnferskillige bongel en ik trape him leaver hjoed as moarn fan it hiem ôf. Mar moatst fansels al bliid wêze, dat der noch in gek is dy't by de boer wol. Knukkelhouwers, oars kinst net krije. Wa't wat mear kin, giet net by de boer. En dan sis ik wolris: se ha grut gelyk, it soe myn lêste ek wêze.’ Sa stinde Bouma der op om, oant Durk sei: ‘Dat ha ik altiten al sein. Dêrom ha ik noait foar fêst by in boer wold. Boere-arbeider dat is it lêste, sei ús heit altiten en dêr ha 'k my oan holden. Us heit kaam op in dei thús, hy hong de seine yn 't hok en hy sei tsjin ús mem: sa, no ha 'k mei de boeren ôfdien. Dat stie derby fansels, ús mem gûlde deroer. Mar ús heit hat noait wer in stik ark yn 'e hannen hân. Altiten yn 'e hannel sitten. Likegoed hied er syn rêch mei dat bealgjen by de boer wol sa knoeid, dat er noait wer sûnder pine west hat.’ | |
[pagina 58]
| |
‘Noch twa jier dan kin 'k yn de sanearing,’ sei Lútzen Bouma. ‘Salang moat ik it folhâlde. Hoe liket it, kin 'k út en troch op dy rekkenje?’ ‘As ik dy pear sinten net ferantwurdzje hoech dan bin 'k net ûngenegen.’ ‘Dat rêde wy wol, 25 gûne kin 'k wol út 'e boeken hâlde.’ Durk hat oars in hekel oan kij en it melken hat er noait aardichheid oan hân. Mar Lútzen Bouma hat in masine en dêr kin Durk him aardich mei rêde. Bouma hat ek mar in stik as tweintich kij. Fan Lútzen Bouma is Durk doe nei de Lege Ein ûnder Koartehimmen fytst. Hy hie Ids Bergsma yn tiden net sjoen. Oan 'e taap yn ‘De gouden klok’ woenen se okkerdeis al ha dat Ids dea wie. Dat blykte letter ta te fallen, mar hy moast syn âld maat dochs ris dach sizze en no koed er fuort syn boadskip kwyt. ‘Ik kom der hast net mear út,’ sei Ids. ‘Myn skonken litte it sitte, mar ik bin oars noch sa sûn as in fisk.’ ‘Bist oars knap grou,’ stelde Durk fêst. ‘Dat komt fan it sitten, hoe sil it oars?’ ‘Komst it fjild net mear yn?’ ‘Sa'k sei, myn skonken wolle net mear, ik wit net oft it fan 't winter wat wurdt. Ferdomd Durk, ik leau dat ik it hân ha en ik woe oars stomme graach noch wat streupe.’ Durk hie suver wat begrutsjen mei Ids en dat hoegde oars net. In bêste maat foar yn it fjild, mar fierders in hont fan in fent, wreed as tou, ek foar eigen. En fierstente folle drank brûkt fansels, dêr't er dan ek noch grutsk op wie. Durk jonge, ik ha safolle drank hân, do kinst der in húshâlding mei grutte bern yn fersûpe, wie syn sizzen. It hat wolris sa west dat Durk him it gewear ôfkrije moast omdat it net mear fertroud wie. En dan sa. Mar | |
[pagina 59]
| |
hy hat it himsels oandien. Likegoed deart it jin fansels wol oan as jo sa'n man as in stumper yn 'e stoel sitten sjogge. De frou wei, de bern de doar út en dy tale net nei him, en dan allinne achter bliuwe mei in pear skonken dy't net mear wolle. ‘Ik krij alle wiken in mingel skjinne, dat nimt de buorjonge foar my mei,’ sei Ids. En dy syn frommeske kaustert de boel hjir in bytsje. Se wolle my hjir wei ha, mar dat doch ik fansels noait.’ Sa sieten dy mannen inoar wat te beselskipjen, mar by einbeslút moast Durk fansels wol mei syn boadskip fanwegen komme en dat hie Ids skoan yn 'e gaten. ‘Ik woe graach wat fan dy brûke,’ sei Durk. ‘Dat hie 'k wol tocht, oars wiest hjir net kommen.’ ‘Ik ha faak fan doel west om nei dy ta, mar myn húshâlding, hen. Do witst dat ik der wat oars ûnder stean as dy. Ik kin der sa faak net by wei.’ ‘Sis it mar.’ Durk die syn ferhaal, oer dy grouwe reebok dy't alle dagen by it Alddjip mei syn fiif geiten kaam te weidzjen. ‘Mar ik wit net hoelang it noch duorret. Se kinne aans wol ris begjinne te reizgjen.’ ‘As de Harinxma's begjinne te jeien dan hoechst it fansels net mear te besykjen, dan wurde se sa wyld as wat.’ ‘Sa is 't krekt. It is no noch rêstich yn 't fjild. En dat bistje is sa nuet, ik kin him hast mei in stien besmite.’ Ids luts oan syn skonken. ‘Dat wie oars al wat,’ gnoarre er. ‘Bliksem Durk, as dy poat...’ Hy knypte himsels yn 'e knibbels en tilde ien fan de skonken mei de hannen op. ‘Dat kin in moaie loop wurde, Durk, mar ik wit net, sa'n reis nei it Alddjip dat wurdt my te machtich, bin 'k bang. Do soest my fansels ophelje kinne.’ | |
[pagina 60]
| |
Dat wie Durk alheul net fan doel, om Ids deryn te beheljen, net heal. ‘Dit wurdt dy te beswierlik, Ids. Ik soe dy graach mei ha wolle, mar as wy Feike Dam achter ús oan krije hoe moat it dan mei dy?’ ‘Dan nukst my mar yn it Djip, dan bin 'k der yn ien kear ôf. As wy earst dy bok mar krije.’ ‘Gjin healwiis praat, Ids. As dy poat fan dy better is, geane wy wer tegearre. Ik sil dizze put allinne dwaan moatte. En myn jonges hantlangje my even.’ Hy hat it Ids noch ris omstandich útlein. ‘Ik wit syn loop wol en mei de strûp soe 'k him krije kinne. Mar do witst hoe nuodlik soks is. Dy strûp moat der oeren hingje en Feike Dam komt der alle dagen lâns. En dan it kabaal dat sa'n dier makket as ik him deryn ha. As er begjint te razen en it is wat in hoare jûn, dan is 't fier te hearren. En ik kin der net deun by lizzen gean, do witst hoe skerp sa'n bok rûkt. Hy hat Feike Dam al út bêd balt ear't ik der by bin.’ ‘Hast dyn âlde dûbelloops net mear?,’ frege Ids. It jachtgewear leit yn in grou pak fette lapen al twa jier achter de skoarstien op 'e souder en Durk is net fan doel om it der wei te heljen. ‘Ik ha der gjin patroanen mear by, Ids. Dêr is wol oan te kommen, mar mei hagel krij ik him net yn ien kear dea. Dat wurdt moardzjen, sokke grouwe hagel kin 'k der net yn dwaan of hy rint my fuort.’ ‘It kin wol,’ sei Ids, ‘Ast him mar goed yn 'e kop rekkest.’ ‘Ik moat him mei ien skot ha, Ids. Hy moat my net de bosk yn stowe en him dêr deljaan. Bijke soe him wol fine, dat is 't him net, mar de boel is dan al nuver ferballe. Ik doar soks net mear te aventoerjen, Ids, ik bin sa rûch net mear as eartiids. Wat kostet it my as se my snippe? Trije moanne, foar minder dogge de rjochters | |
[pagina 61]
| |
it net.’ ‘Do fertroust dysels ek net sa bot mear,’ sei Ids spytgnyskjend. ‘Ik woe dyn fjoerbuks graach mei ha, mei de lûddemper der by.’ ‘Dat hie 'k al tocht.’ ‘Do hast him dochs noch wol?’ ‘Hy sit ek yn 'e fetlapen.’ ‘Mei sa'n njoggen milimeter hoech ik der net te ticht op,’ hat Durk syn saak mei ynmoed bepleite. ‘Ik sjit him wylst ik oan it sleathekkeljen bin, om healwe fiven hinne. Ik doch it gewear oan 'e kant en lûk moai kalm myn jas oan. Mei it breatrompke ûnder de earm kuierje ik nei de reed. Underweis snij ik him even de hals út, bestopje him en dan set ik lykas oars op hûs oan, begrypst wol? De jûns helje wy him op. Tsjonge Ids, dit kin net misse en mei sa'n lûddemper derop komt net ien my oer 't mad. Ik kin it my oan tiid dwaan en al soe ik Feike Dam tsjinkomme, hy hat der gjin euvelmoed yn, want ik kom der alle dagen lâns. Ik ha deroer tocht om myn âld sten út de illegaliteit ûnder de flier wei te heljen. Ik ha der noch sa'n hâlder mei patroanen by. Mar it binne dingen fan neat, dat witsto ek wol. Ast wat reitsje wolste, moatst der boppe op stean en dy kringen meitsje in soad lawaai. Ik wit net iens oft de patroanen it noch wol dogge, se sille wol dampich wêze. En sa'k sei, it is sjittersark fan neat.’ ‘Dat ding kinst wol weismite, dat ha 'k altiten al sein.’ ‘Ik ha him nei dy iene kear dat wy der in reegeit mei dea krigen ha, ek noait wer brûkt.’ Ids is sunich op syn jachtark, mar Durk hat de fjoerbuks dochs mei krigen. Yn twa stikken yn 'e fytstas en fiif patroanen der by. Lange patroanen mei in holle kop, sokken bringe it boadskip goed oer. De lûd- | |
[pagina 62]
| |
demper yn 'e binnenbûse fan de jas. ‘Oare wike hast him wer, Ids en ik nim dy in pear pûn reefleis mei.’ ‘En in mingel skjinne,’ sei Ids doe't Durk al yn 'e doar stie. ‘Dy buorjonge hâldt my koart.’ ‘Dat mingel krigest ek.’ It is min nei te gean hoe't dat sit mei Durk. Slooft er him no út foar de húshâlding of begjint it streupersbloed fannijs te sprekken? Wa sil 't sizze. Soms rint it troch inoar. Durk hat yn elk gefal in bêst sin. Hy hie de moarns al oanstriid om dy bok noch deselde deis te sjitten. Mar dat soe dom dwaan wêze, sokke dingen moatte mei ferdrach dien wurde. Sa leit de saak der hinne en de oare deis stapt er wer op 'e fyts. Earst nei Aldbeets dêr't er by Kees Jeensma foar net tefolle in mud as tsien jirpels keapet. Net fan de bêsten, mar de priis is der neffens en mei in stik reefleis der by wurde de minste jirpels lekker. ‘Set se mar klear,’ seit er tsjin Kees, ‘ús Tsjerk komt fan 'e wike wol even del mei de kypauto, dan krij ik se op 'en makliksten thús.’ Op 'e Sweach stekt er op 'e weromreis oan yn ‘De gouden klok’ en keapet in mingel Bearenburch. Durk is gjin drinker, mar winterdeis moat men wat yn 'e hûs ha, benammen as men nachts it fjild yn sil. Hy docht it him even oan tiid en drinkt twa slokjes by de taap, wylst er mei de geande en kommende man in pypfol praat. Mar om healwe tolven hinne is er wer thús. Yn 't hok klaut er in steal âlde ielfûken fan it souderke. Willem en Bearend ha der fan 't simmer mei fiske en der sitte frij wat gatten yn. Hy siket de knapsten derút en hellet de gatten ticht. Hy hjit Klaske, dy't aardich mei de boetnuddel wurde kin, om de lêste kubbe goed nei te sjen, want in iel hat oan ien stikkene mesk genôch. Hy | |
[pagina 63]
| |
fynt ek noch in stik kearnet dat aardich ticht liket. ‘Wat hast allegear by de ein?’ freget Foekje ferheard. ‘It hat dy knap te pakken, net?’ ‘Fanke, it is in gouden tiid,’ seit Durk fleurich. ‘Der stoot hjir nachts wol tûzen pûn skiere iel it Djip del en dêr wol ik in protsje fan fange. Ik sil de beun opknappe en as it heal kin moat der takom’ wike hûndert pûn yn sitte. De beun set ik op 'e midden fan it Djip fêst, mei in pear balstiennen deryn foar 't sinken, sadat der gjin eagen oer geane. En as wy it dan in bytsje oer lizze en de winter komt net te gau dan ha wy oant nijjier ta iel yn 'e panne. Ien kear wyks bakte of stoofde iel dat ferfeelt net en it skilt dy by de slachter al gau in pear ryksdaalders.’ ‘Moat dit no allegear, Durk? Do koest wol miene dat it wer oarloch wurdt.’ ‘Oft it oarloch wurdt, wit ik net mar in strange winter krije wy yn elk gefal en as de mannen fan de Sweach miene dat dit har kâns is dan hawwe se har mâl fersind. As it wêze moat, kinne wy ús rêde. Wat let my en set ek noch in barchje oan, dan ha wy spek yn 'e skoarstien. Der is fretten genôch foar, de bosk leit fol ikels en bûkels. Ut en troch in hantsjefol moal der by en hy wurdt út himsels fet.’ Foekje jout har ôf en wylst Durk yn de fûken omslacht, mimert er op 'e winter om. As der safolle ikels en bûkels binne - en der is gjin gelde bûkel by - dan moat it in winter mei fûle froast wurde. Dat hat noait oars west en hy hat ek wol waarnommen hoe beuzich de iikhoarntsjes binne. Dy dierkes tôgje de heule simmer al en sokke ‘tekenen der natuur’ moatte in ferstannich minske genôch wêze. Nei it middeismiel - de húshâlding is wat fan 'e regel, dat kin hast net oars - giet Durk it fjild yn om syn putsje sleathekkeljen dien te meitsjen. Dat is te sizzen, | |
[pagina 64]
| |
hy wol der noch op syn minst trije dagen pielen oan ha. Hy meant de reiden der út, stekt de kant ôf en kriget de hekkel. Wylst er yn in evenredich tempo de pôlen op 'e wâl lûkt, eaget er it fjild oer nei de boskrâne. Om goed fjouwer oere komt de bok troch de droege sleat, sjocht it fjild oer en bliuwt stean te snuven. Dan docht er in pear stappen de greide yn. De geiten skarrelje achter him oan. De bok hat Durk al lang fernommen, mar hy is net ûnrêstich. Dy man by de sleat heart derby. Hy hâldt him fansels wol yn 'e gaten, mar al dy wiken dat se hjir weide ha, is der neat bard. De bok hat knap swiere hoarnen, Durk roait dat er in jier as fiif is. Net te jong en net te âld en goed yn 't fleis. In skoander stik wyld. Durk nimt even lins en makket syn bestek. As er opnij de hekkel omheech hellet, merkt er net iens dat der in mûdhûntsje op leit. Oars is dat altiten sa'n aardige ferdivedaasje. De fisk ûntkomt him ek noch, hy hat tefolle omtinken foar de bok. Underweis nei hûs fluitet er en hy lit Bijke in wraam dwaan op in knyn. It hûntsje rêdt it dizze kear net. De knyn fynt in hoale, Bijke begjint ferwoest te dollen, mar hy moat al gau belies jaan. ‘Let neat, Bijke,’ seit Durk. ‘Dy knyn bliuwt der ijs en weder dienende wol, dy hâldst te goede.’ It appèl wurdt suver in fleurige boel. Durk is yn alle silen mak en fynt in soad goed. Foekje is swijsum en sjocht bytiden soargelik. ‘Mem, do koest wol wat fleuriger wêze,’ bestraft Durk har. ‘It is moai waar en wy hawwe it mei inoar o sa goed. Dat is in segen en wy moatte op 'e tiid ús tankberens betoane.’ Foekje sjocht de oare kant út en snúft. Jûn sil Durk it belije moatte, mar it kin him dizze loop neat skille. | |
[pagina 65]
| |
It soe grif in moaie jûn wurden wêze as De Vries, de nije man fan de gemeente, net om 'e hoeke kommen wie. En se ha wat it appèl oangiet noch net iens dien makke. ‘Ik ha boadskip,’ seit er sûnder omballingen. ‘Kin 'k jo even ûnder fjouwer eagen sprekke?’ Durk hie it wol ferwachte, mar dat de man der sa'n faasje achter sette soe, dêr hied er net op rekkene. Dit is in warbere amtner, dizze sil it noch fier bringe. ‘Op dit stuit bin 'k net te sprekken,’ seit Durk koart. ‘Dat jo yn jo eigen tiid foar de baas op stap geane is myn saak net. Mar as jo de regel en oarder yn oarmans húshâlding fersteure dan haw ik it rjocht om nee te sizzen.’ ‘Kom ik ûngelegen?’ ‘Dat soe 'k sizze, ik hâld appèl en dêrnei moatte wy it wurk noch ferdiele.’ ‘Ik wachtsje op 'e brêge,’ seit De Vries. ‘Dat kinne jo dwaan, miskien ha 'k it strak wol even oan tiid.’ As de man fan de gemeente it net mear hearre kin, seit Foekje: ‘Moast dat sa, Durk?’ ‘Sa moat dat,’ antwurdet Durk. ‘Yn goedens is mei dizze man neat te berikken, dat ha 'k al lang sjoen. En hy hat syn dingen al dien.’ ‘Wy kinne der skea fan ha, kinst him better wat temjitte komme.’ ‘Sa'k sis, dat hoecht by dizze net mear.’ It appèl ferrint nuver en wylst de húshâlding binnendoar om de tafel skoot, pandert Durk nei de brêge ta dêr't De Vries stiet te wachtsjen. ‘Ik ha in ferfelend boadskip,’ seit De Vries. ‘Foar jo of foar my?’ ‘It is foar my ek ferfelend, ik moat it jo oansizze.’ ‘Binne jo it der mei iens?’ | |
[pagina 66]
| |
‘Ik moat it der wol mei iens wêze.’ ‘Jo hawwe it sels klear makke, begryp ik wol. Wat prate jo dan?’ Fuort mar oanpakke, dat liket Durk it bêste ta, al sil der net folle mear mei te winnen wêze. De Vries is sa'n behanneling net wend, dat is de man oan te sjen. Hy is even stil, klaut him yn 't hier en docht in pear stappen achterút, lyk as waard er in bytsje bang. Durk kin bytiden ek goed gleon sjen. ‘Jo ha goed fjouwer wike foar Bouma sleathekkele en dat hawwe jo net om 'e nocht dien.’ ‘Dat sizze jo goed, net om 'e nocht. De rêch leit my hast yn twaen. Ik ha Bouma fan 'e moarn krekt opsein, it koe net langer. Ik hie der earder mei ophâlde moatten.’ ‘Ik woe sizze...’ ‘Ik sei: it koe net langer, mar ik woe sa stomme graach dien wurk meitsje. Ik hoopje noch altiten dat it oerbetterje sil. Ik kin sa min oer stil sitten.’ ‘Jo hawwe...,’ besiket De Vries it nochris, mar Durk wol earst syn sechje dwaan. ‘No hie ik fansels op 'e Sweach sizze kind: minsken, ik hoech gjin oanfoljende útkearing fan sociale saken mear, want ik bin wer oan 'e slach. Ik hie dat dwaan kind, mar as myn rêch it de oare deis witte wollen hie, wat dan? Dan hie 'k wer nei jim ta moatten mei it boadskip dat it net trochgong. Wel, dan steane jo foar skut, wier of net? En op it kantoar soenen se der ekstra wurk fan ha: earst út 'e boeken wei, dan der wer yn.’ ‘Foar in bytsje wurk binne wy oars net benaud,’ smyt De Vries der tusken. ‘Om ús hoege jo it wier net te dwaan, of te litten, dat is miskien yn dit gefal better.’ ‘Welja, oars helje jim der noch in amtner by oan,’ seit Durk haatlik. ‘Dat skynt by jim o sa maklik te gean. | |
[pagina 67]
| |
Sa faak as ik der kom, sjoch ik nije gesichten. Mar wa sil soks allegear betelje?’ ‘Jo grif net,’ seit De Vries. Durk sil noch it ien en oar nei foaren bringe, mar der wol him sa gau neat mear yn 't sin komme en hy fernimt ek wol, dat De Vries yn alle rêst syn kâns ôfwachtet. Dat hy jout de man it wurd mar. ‘Jo sille it tenei mei de ynvaliditeitsrinte dwaan moatte,’ seit De Vries. ‘Sociale soarch kin jo der neat mear by jaan.’ ‘Dat hie 'k al begrepen,’ seit Durk. ‘Wel, as jim miene dat ik myn húshâlding mei njoggen tsientsjes troch de tiid krije kin, dan sil dat wol sa wêze. Jimme witte dat allegear sa goed... Jim eigen froulju moatte in pear sinten mear ha fansels, mar Durk kin op 'e pôle wol mei njoggen tsientsjes ta.’ Hy nimt even skoft, mar as De Vries der op yn gean sil, hat Durk it wurd wer. ‘Jimme dogge mar wat jim net litte kinne. As wy hjir fan 't winter mei inoar deafrieze dan fine jim ús oare maitiid wol. Ik wit noch net krekt wat ik dwaan sil, mar jim hearre mei gauwens fan my. Jo begripe wol, dat ik myn rjocht sykje.’ ‘Wat jo by Bouma fertsjinnen dat hienen jo opjaan moatten,’ seit De Vries. ‘Jo ha te'n ûnrjochte fan ús in oanfoljende útkearing hân. Ik ha it neigien en sa't it no liket, sille wy goed hûndert gûne werom foarderje moatte.’ Durk beart as hearde er neat. ‘Ik sil myn rjocht sykje,’ seit er yn tinzen. ‘Moarnier sil ik nei de boargemaster en jûn daliks skriuw ik in pear brieven. Prins Bernhard hat my wol faker holpen en dy Mierlo is ek fûl op sokke saakjes. En ik span de ritmeester Van Schaick der fansels foar. Ik ha syn oppasser west by de huzaren fan Boreel. Doe't ik | |
[pagina 68]
| |
mei grut ferlof gyng, hat er tsjin my sein: Als je hulp nodig hebt, huzaar Lugtigheid, dan laat je het me weten. Hy hat wurd holden, dy man hat heul wat foar my dien. Hy hat fansels in soad kunde yn de hegerein, miskien telefonear ik him jûn noch wol op, dan kin er even nei my ta komme. Dat docht er samar, in keardel út ien stik, dy ritmeester fan ús.’ ‘Wy moatte dan mar in regeling treffe foar it werom beteljen fan it jild dat jo tefolle bard ha,’ seit De Vries ûnfersteurber. ‘En as jo net goedskiks wolle dan kinne wy beslach lizze op jo ynvaliditeitsútkearing. Mar dat dogge wy fansels...’ Dan is it Durk goed oer. ‘Man, gean út myn eagen,’ raast er ynienen, ‘Oars fergryp ik my oan jo. Donderje op, stik ûngelok.’ Bijke docht in wraam op de boksen fan De Vries syn broek. Dy De Vries is in hurden-ien, dat jout neat. Hy skoddet Bijke bedaard fan de broek, nimt syn fyts en stapt kalm it paad del. ‘Dizze ha 'k wol oan,’ moat Durk even letter syn Foekje bekenne. |
|