Feroaring fan lucht
(2004)–Rink van der Velde– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 37]
| |
In wurdmennich oan de lêzer, miskien tsjinjend ta in better begryp.It is der no wat út, mar eartiids stie der ûnder in koart ferhaal gauris, dat it wier bard wie. No wurdt it ferhaal fan sa'n meidieling net better of minder en eins docht it der dus neat ta. Dochs hat it my altiten oansprutsen. Duvekater, wier bard, dat makket it nijsgjirrich. Wêr soe it bard wêze? Mar soks waard der hast noait by sein en dat hat my altiten min nei 't sin west. Ta dy sûnde sil ik yn dit boek dan ek net ferfalle. Ik fiel der folle mear foar om de lêzer fuortdaliks witte te litten yn hoefier hy ferlakt wurdt. Twad is der neffens my alles foar te sizzen om net mear fia flashbacks en oar e keunstgrepen it ferline fan de haadfigueren op te ikkerjen. As it foar in better begryp fan it ferhaal noadich is, jou dan ynienen alle ynformaasje dy't foarhannen is. Dan wit elk wêrt er oan ta is. Dêrom by wize fan eksplikaasje de folgjende back ground-information. Dit ferhaal is optocht, mar soks wol net sizze dat it net wier bard is. It soe alteast skoan wier bard wêze kinne. En oer wat west hat mei Durk-en-dy dan noch dit. Hy en syn Foekje binne fuort nei de oarloch troud. Yn 'e oarloch siet Durk yn 'e hannel en dêr wie hy sa drok mei besteld dat er pas ein 1944 oan de befrijing fan it heitelân ta kommen is. Dat seagen jo faker. Och, elk hie sa syn drokten. En yn it lêst hat Durk dochs noch aardich dwaan kind. Hy hat bygelyks noch in pear doarmjende Dútse soldaten mei oppakt. Letter woenen se himsels pakke omdat syn hannel yn 'e oarloch net alheul legaal west hie. Mar hy hie de foarspraak fan guon dy't er gauris geriifd hie mei in stikje spek en sa, dat | |
[pagina 38]
| |
hy hat mar ien dei sitten. Foekje wie achttjin doet er har troude. Aaltsje, no sels al jierren troud, wie der al mei fiif moanne, mar woech likegoed krapoan njoggen pûn. Noadsaken fansels, dy trouwerij, mar doedestiids waard soks stil holden. Doet Aaltsje sels trouwe moast -se wennet yn Drachten yn in kreas wenningwethûs, mei man en twa berntsjes- doe woe Foekje der wat fan sizze. Sa fan: hie dat net wat oars kind. Mar Aaltsje sei: dêr hie mem sels om tinke moatten. Durk brocht der tsjinynt dat de jongelju fan fuort nei de oarloch oars net folle hienenf wylst it no allegear ferdivedaasje is, mar by einbeslút sei er: mem, hâld der mar oer op, wy hawwe it sels ek altiten graach dwaan mocht. En dan moat men net te bot krimmeneare as der wat fan komt, dat ha wy ek net dien. Foekje sei doe noch, dat it op 't heden gjin noadsaken mear wêze hoege. Der wie ommers genôch oan te dwaan mei al dy automaten by de dyk en sa. Yn it fierdere ferrin fan dit ferhaal komt dizze problematyk noch heechút ien kear oan 'e oarder. Soks is noadich, wat sei funksjoneel, omdat Durk en Foekje in stikmennich pearripe froulju hawwe. Mar de lêzer moat him hjir net op fergapje. Wat de seks oanbelanget wurdt it yn dit boek soberearen. Elk fan ûs hat him der ommers wol mei rêden, dat wêrom soe men der wiidweidich oer skriuwe. Boppedat binne der rûnom aardige boekjes te keap, dy't yn wurd en byld fleurich op yn alle ferlet fersjogge. Durk en Foekje hawwe harren nei wenjen set yn de fierste helte fan wat eartiids in kreaze dûbele arbeiderswente wie, op healwe de Sânleane tusken Beetstersweach en Lippenhuzen, deun by it brechje oer it Alddjip. Kadastraal bekend Lippenhuzen, om even krekt te wêzen, mar it wurdt altiten ta it gebiet fan | |
[pagina 39]
| |
de Sweach rekkene. De Sweach is in delsetting fan amtners, in pear ferhûddûke jonkhearen en freules en in stikmennich rinteniers. De lêste jierren strike der ek wat Drachtster forenzen del, dy't miene dat it tusken de nearzige strewellen te heljen is. Se hawwe der almeast ûnsjogge bungalows boud, dy't se nei ferrin fan jierren troch natuerlik ôfstjerren ferlitte of frijwillich omdat it dochs net tafalt yn san frjemdsoartich doarp, dat gjin fisk is en gjin fleis. Lêzers mei histoarise belangstelling wurde ferwiisd nei in nijsgjirrige stúdzje, dy't de Fryske skriuwer Sjoerd van der Schaaf yndertiid ûnder de titel ‘Abbingawâld’ oan de Sweach wijd hat. Fierders berêst der it ien en oar yn de archiven fan de Fryske Akademy, de neilittenskip fan de Wâldenkommisje. De Sweach fungeart yn dit boek allinne mar as leveransier fan amtners dy't Durk en syn soarte hjitfolgje en dat is al slim genôch. Wa't Durk syn wenstee sjen wol, moat by Harinxma-state -yn it kampke lân foar dy state nustele eartiids in eibertde Sânleaneyn neiLippenhuzen. It is in smûk skaadzjende leane mei oan wjerskanten fermôge ikebeammen. Op healwe leit anno 1990 oan de noordkant -o grouwel- in golfbaan dêr't rike stjonkerts by moai waar en mei in krûme prikke yn 'e hân achter in baltsje oanstappe, dat se hyltiten wer in eintsje fierder reagje. It is mar goed, dat Durk Snoad dit net mear meimakke hat. De Sânleane wurdt ek wol Ald Hearrewei neamd, dat is nei alle gedachten in ferbostering fan Heirwei en as dat sa is, maat er dus yn de Romeinse tiid oanlein wêze. Yn elk gefal is it de histoarise ferbining tusken east- en noard-Fryslân. Bonifatius maat hjir lâns kommen wêze krekt foardat dy heidense Dokkumers harren oan him fergrypt hawwe. Wêrt de bosk ophâldt en de mersken by it Alddjip | |
[pagina 40]
| |
lâns begjinne, stiet de wenning dêr't Durk Snoad en syn húshâlding taholden. Hjoeddedei stiet der ‘Feroaring fan lucht’ op, want it is in rekreaasjewenning wurden. Dêr kin ik ek neat oan dwaan. It hûs sil om 1800 boud wêze. Eartiids wennen der boskarbeiders fan Bieruma Oosting. Dy eallju binne lykwols fierhinne útstoarn en dat waard miskien wolris tiid. Harren arbeiders binne al ridlik gau nei de oarloch opnommen yn it kapitalistise produksjeproses fan de grutte yndustry. Sadwaande is der plak kommen foar Durk. De earste jierren wenne yn de oare helte âlde Jaap Leegsma, dy't san bytsje ûnbesoldige boskwachtere. Nei it ferstjerren fan Jaap is syn widdo nei it bejaardentehûs fan de Van Teijens rekke. Dat ienkeammerwenninkje neist Durk sines hat in pear moanne leech stien, mar doe fûn Durk út, dat de tuskenmuorre aardich weak wie en net botte grou. Doe't hy de kalk út de foegen pluze en der in brekizer yn sette, foel der samar in gat yn de tuskenmuorre. Allinken is dat gat grutter wurden, sadat de bern der troch hinne stritten. Doe hat Durk it gat noch wat grutter makke. Eart hy der erch yn hie, hie Foekje de keamer oan de oare kant al yn gebrûk nommen en stadichoan ha se sa dy heule oare helte derby krigen. Wêrom sil men san hûs ek net brûke as it dochs leech stiet? Dat sei Durk ek noch doe't se der wat fan seinen: Sa'n leech hûs giet hurd fan jin ôf. Wês bliid dat wy it bewenje, sa kriget it syn ûnderhôld. Ferstannich praat en it kaam ek moai út, omdat Durk foar syn oanwinnende húshâlding hyltiten mear ferlet fan romte krige. It boaze mar oan by Durk en Foekje, yn de earste jierren suver mei elk skot in einfûget: Aaltsje, Klaske, Gryt, Tsjerk, Bouwe, Willem, Jantsje, Bearend, Hindrik, even skoft en dêrnei Foekje. Doe de grutte pauze, mar neitiid like fleurich op nei de | |
[pagina 41]
| |
alfde en de tolfde. Yn de earste jierren nei de oarloch wie likernôch alles krap en sadwaande Menen Durk-en-dy it aardich rom. Durk wie betûft yn de hannel yn distribúsjebonnen, mar yn kninen en geiten siet doe ek noch aventuer. Boppedat tilde it doedestiids yn de Sweachster bosken op fan it wyld. De boeren hienen der slim lêst fan en Durk geriifde harren troch gâns oerstallieh wyld op te romjen. Goed besjoen hat er doe nuttich wurk dienfoar de ‘voedselvoorziening.’ Want alle kninen en reeën dy't hy snipte koenen net mear ta de rogge, de weet en de rapen en dat iten wie doe slim ferlet fan. It wie ek moai meinommen, dat in knyn twa ryksdaalders opbrocht, in faisant al gou in tsientsje en dat de poelier yn Drachten foor in ree samar twa bankjes deltelde. It waard minder doet de hearejagers wer patroanen krije koenen en sels yn it wyld om begûnen te reagjen. De klap kaam lykwols troch de myxomatose, de besmetlike sykte dy't suver alle kninen útroege. Jierren letter doet it wyld de slach te boppe wie, rûnen de prizen tebek. De minsken hienen sa't like leaver sa'n bleke, bloedearme pyk út de djipfries as in krûdige knyn. De streuperij leanne eins net mear. En de boskwachters waarden sa fûl, se leinen jûns by Durk ûnder de glêzen, dat hy koe gjin stap oerdwars dwaan. De frije hannel rekke yn dy snuorje de fleur ek út. Durk hie wol yn 'e feehannel wold en hy hat ek in pear skiep, in pinke en ien kear sels in kêde kocht, mar de rjochie aardichheid hie hy der net oan. Hy soe it lykwols rêden ha, seit hy der sels fan, as er mar jild hân hie. In keapman moat in dofke jild ha om it útsjonge te kinnen. Mar wa wol in arbeider mei in stik as tsien bern gerive? Sa is dizze maatskippij; kaptaal siket kaptaal en in arbeider stiet der altiten bûten. | |
[pagina 42]
| |
Durk is yn it grûnwurk rekke, earst foar in oannimmer, doe yn de DUW en letter yn de DACW en hoe't it fierder mar hjitte mei. Grouwe stikken waarden der net fertsjinne, mar it joech fêstichheid en de bernetaslach smiet aardich oan. Hy hie stomme graach yn de ploech bliuwe wold en dat hat er ek mear as ien kear tsjin de hearen sein, as syn rêch it mar net sitte litten hie. Wat moat men fan dy minne rêch fan Durk sizze? Wa kin der oer oardielje oft men mei san krupsje oan 'e lep stean kin? Wa kin san man yn it moarch fan de rêchbonke sjen? Nimmen, ek de knapste dokter net, dat wy moatte it samar litte. Durk is út it wurk rekke. Yn it earstoan wie der noch wolris in rite dat it saksearre en dat de dokter sei hy moast it mar wer besykje. Dat like Durk skoan ta en moedich gyng er mei de ploech op reis. Mar mei twa wike wied er al wer thús en doe wie 't ek goed yn 'e war mei de rêch. Letter hat er it nochris besocht, de lêste kear - mar dat is no al jierren lyn - duorre it ien dei. Se hawwe him doe yn 'e auto thús brockt en Durk ornearre, dat de rêchbonke der no wol los yn lizze soe. Dat gefoel hied er alteast. Net dat soks te sjen wie, mar it sit fansels fan binnen. Al hoe't it Durk ek muoit - en it brânt him noch alle dagen yn - hy hat sûnt dy kear gjin stach wer dien. Noch in gelok dat se him in útkearinkje taskikten, dat linkendewei lytser waard, mar noait heulendal opbolden is. Hy hie der sels net op rekkene, sei er tsjin Anema. Hy sei: Dat jout neat, mar it is nei de oarloch foar in arbeider al better wurden. As ik neigean hoe't ús heit troch de tiid moast as dy in skoftsje út stel wie, dan is it in stik better wurden. By sa'n gelegenheid hat er de hearen ek útlein, dat er dy minne rêch net fan frjemd hat. Heit siet der mei tongele en as it him goed heugde pake ek. Net ien fan | |
[pagina 43]
| |
beiden is dan ek âld wurden. Se fergje Durk der de lêste tiid geregeldwei op dat er it nochris besykje sil. Dat is te sizzen, se wolle dat er oar en lichter wurk siket. ‘Ik wol alles besykje,’ hat Durk sein, ‘en der handicht my ek in soad, al sis ik it sels. Wat hienen de hearen tocht?’ Wel, de hearen woenen dat er him ‘omskole’ liet. Hy koe nei in rykswurkpleats en dêr in jak leare, timmerjen, mitseljen, bankwurkjen, ynstrumintmeitsje en folle net genôch. Hy soe der earst foar test wurde. It like Durk mar wakker goed ta en hy hat ek foar dy test west. It wie gjin slim eksamen, bytiden suver ûnnoazel, sei er sels letter. En dochs pakte it heul ferkeard út. Anema sei: ‘As wy op dy test ôfgeane dan binne jo foar likernôch alles ungeskikt.’ Durk wie der ferstuivere fan. ‘Dat leau ik net, ha se har net fersind?’ Se hienen har net fersind. Durk sei dat it him slim yn 'e wei wie. Hy hie him der eins al op fergappe en dan ynienen sa. ‘Ik leau net sa bot oan dy test,’ sei Anema. ‘De gelearden sille it wol witte,’ sei Durk berêstend. ‘Dy witte it ek wol, mar guon minsken witte noch mear. Hoe is dat yndertiid gien, yn 1945 doet jo eins nei Indië moatten hienen. Binne jo doe ek net ôfkeurd?’ Nuver praat fan sa'n man, mar Durk hat altiten ynskiklik west, dat hy lei it Anema geduldich út. Goed, it soe nei de oarloch earst wêze. Allegear mei inoar nei ús Indië om dat te befrijen en sa't al bliken dien hat, ferstie Durk syn heitelânse plichten. Hy hâldt it koaningshûs heech en hy hat fan de ritmeester Van Schaick wol safolle meikrigen, dat er dêrom allinne al de fiere reis wol ûndernimme wold hie. Mar doe't | |
[pagina 44]
| |
er der nochris goed oer neitocht, is hy ta oare gedachten kommen. Net ien woe him op dat stuit leauwe, mar hy sei doe al: dy minsken moatte der sels mei rêde. As se perfoarst op harsels wêze wolle, dan moatte wy der net yn omreagje. Wis, se stienen tsjin harsels, dy brune mantsjes en se soenen letter noch gauris oan ús tinke, mar wy hienen der gjin taak mear. Mar Schermerhorn, Drees, Romme en de oare foaroanmannen fan dy tiid woenen net nei Durk harkje. De tiid hat him yn it gelyk steld, wier of net? Hy is doe trouwens ek ôfkeurd, dat oan in prinsipiële stellingname is it net takommen. Mar sa faak as it te praat komt, seit er dat er der foar stien hie. Goed, dat lei er Anema nochris út, mar by einbeslút sei dy, dat Durk in bepaald soart wurk altiten aardich neikomme kind hat. Lykas doe noch hast alle jierren bliken die, en hy lake der fluensk by. ‘Ik bedoel it lizzende wurk,’ sei er der folslein oerstallieh noch by. Durk is doe knap lulk wurden en hat it oanbrocht by de direkteur. ‘Dit ûnhuere praat wol ik net wer hearre,’ sei er planút. ‘Ik wit wol dat in arbeider him in soad sizze litte moat, mar der binne grinzen. As jo dit gewurde litte, besykje ik it hegerop. Ik ha by de huzaren fan Boreel west, ik wit wêrt ik myn rjocht sykje moat.’ De brief foar prins Bernhard hied er al yn 'e bûse. De direktem foel him net ôf. Hy hat Anema der daliks oer ûnderstien en dy man woe doe wol om lyk. It kaam fansels ek fan Klaske, dat Anema sa frijmoedich waard. Hy tocht dat it by Durk alles lije koe omdat dy krekt om bystân foar it fanke frege hie. ‘As der ien byspringe moot dan binne jo dat,’ sei Anema. Praat fan neat fansels. Wat moat in heit dwaan as syn | |
[pagina 45]
| |
fanke mei de brut thús komt? Moat er sizze: nee bern, it past my net, wy kinne der gjin kostgongers by ha? Dat soe ôfgryslik wêze. Trouwens, yn sokke sitewaasjes spilet Foekje ek net swak by. Dy hie it bern der al ynhelle eart Durk der wat fan sizze koe. Hy waard foar it blok set en der wie gjin ferwin mear op. Sjoch, Klaske is de doar útgien doet se in jier as achttjin wie. Earst yn in winkel yn Drachten, letter yn Ljouwert. Doe woe se op harsels wêze en dat moatte jo as âlder sijnde ynskikke. In flatsje yn Ljouwert mei in pear oare froulju, net sa faak mear thús, al gau ferloofd, even tefoarlik yn it frijen, yn ferwachting, ferloving út. ‘Ik wiis myn bern de doar net,’ hat Durk mei triljend lûd sein. ‘Ik soe sels ek stomme graach wolle dat it trouwen waard, mar it bern hat 21 west en wit sels it bêste wat der dien wurde moat.’ Wel, Klaske woe alheul neat en bleau moai by mem. Dat jonkje fan har belibje se oars alle dagen freugde oan. In helder baaske en it waakst mei syn omke Durk en tante Pytsje op, kin it moaier? It jonkje hjit Jehannes, Klaske neamt him John en dat is eins it iennichste dêr't Durk argewaasje fan hat. Fierders is er o sa wiis mei dizze pakesizzer. Anema sei letter dat er al besocht hie om wat foar Klaske te dwaan, mar it is op neat útdraaid. Och, it giet der wol om troch. Oft der no sechtjin of achttjin man om 'e tafel sitte, in soad makket it net út. En romte is der genôch yn de âld keet. Yn 'e keamer dêr't Jaap en syn frou eartiids wennen, steane in stik as trije ledikanten en as it moat kin der noch ien by. Klaske en de lytse jonge, Gryt, Jantsje, lytse Foekje en lytse Durk hawwe dêr mei inoar in skoander plak. Durk en Foekje hawwe sels it alkoof ta har foldwaan en dêr stiet ek it ledikantsje fan lytse Pytsje. No, en | |
[pagina 46]
| |
de grutte jonges sykje sels har plak wol. Op 'e souder en yn it achterhûs fan Jaap syn helte binne legersteeën by de rûs. Yn 'e regel is 't sa, dat de earsten dy't har deljouwe op 'e fierste bêden krûpe, sadat de oaren dy't letter komme der net oer hinne hoege. Sa rêdt him dat allegear o sa maklik. Ienris wyks moat elk syn eigen koai wierje en Foekje sjocht derop ta, dat de grutjonges dêr net mei sloere. Foekje is datoangeande skytskjin, jral ûngedierte kin se net jerneare. Durk hat it der gauris mei minsken fan de gemeente oer hân. Jierren lyn kamen se al om buordsjes mei ‘Onbewoonbaar verklaarde woning’ op 'e muorre te spikerjen. ‘As jim in oar en better stee foar my ha, leafst net tefolle yn de minsken, dan sil ik dat yn my omgean litte. Mar wy moatte der fansels wol allegear yn kinne.’ Hy wist fansels skoan dat se gjin oar plak foar him hienen. De buordsjes ha der in aardich skoft op sitten, want se sieten net ien yn 'e wei. Mar op in stuit koe Durk mei ien fan dy stikken blik krekt in gat yn it kninehok ticht krije. En it oare paste sa moai op in wrak stee yn de flier fan it gonkje. Oars hie der in nije planke yn moatten, no koe dat plaatsje blik it krekt dwaan. Foekje hat der noch in stikje matte oerhinne lein, doe wie 't sa kreas as wat. Der is ek noch in kwestje mei it hûs en dêr moat ik wol even oer op 'e tekst, omdat it fierderop yn it ferhaal wer te praat komt. De dûbele wenning Zandlaan 6 en 8 hat lang fan de Bieruma Oostings west. Doe't de lêste of op ien nei lêste út dat laach de bosken en buorkerijen ferkocht, die bliken dat it hûs fan Ale de Haan wie, in hearachtige frijfeint fan de Sweach. In nuver hearskip, in swankebast mei jild dy't oan it Alddjip in moai grut fjild sines neame koe. Hoe't hy oan dat hûs fan de Bieruma Oostings kommen is, | |
[pagina 47]
| |
moat wol út te finen wêze. Der geane trouwens brike ferhalen oer, mar safolle kin dat net skille. Ale de Haan gong in soad mei de hearen te jeien. Miskien ha se der nei ôfrin fan sa'n jachtpartij gewoan om kaartspile of dat hûs ta ynset makke jan in weddenskip wa't de measte kninen sjitte koe of de measte slokjes tille. Soks koe by de hegerein op 'e Sweach yndertiid allegear, as men de ferhalen leauwe mei. Goed, dat hûs wie op in stuit fan Ale de Haan en dy hat Durk noait hier ôffrege. Durk die it sleathekkeljen foar him en as Ale allinne te jeien wie, gong Durk gauris mei as driuwer en wylddrager. De mannen koenen wakker goed. Ale hie nocht oan Durk syn grutte húshâlding en hy naam hast altiten wat mei foar de bern, snobberij, apels en parren út eigen hôf en in dûbeltsje foar elk as it Sweachster merke wie. Foar Foekje hie hy in swak. In pear kear hat er har klean meinommen, dy't syn hûshâldster net mear pasten omdat se alle jierren grouwer waard. Eartiids slepte er by har, hat er Durk omstandich útlein, mar se waard him letter fierstente swierlivich en hy doarste ek net in farskenien mear oan te heljen. Hy wie doe ek al sa âld, dat it ferlet net sa grut mear wie. Ale hie wakker wille as it Durk slagge om in grouwe reebok te streupen, benammen as dy út it fjild fan de baron kaam. Hy hie in grutte hekel oan de adel, sei er. Dêrom gong er ek mei dat folk te jeien, om har merke te litten dat se minne skutters wienen en om har jûns yn har dronkenskip bespotte te kinnen. Jawis, it soe heul skoan kinne dat er by sa'n gelegenheid oan dat hûs fan Durk slagge is. Ale is der in jier as fiif-seis lyn hommels útpykt. De iene deis noch mei Durk te jeien en nei ôfrin aardich opnommen. Durk lykas wenst de húshâldster even helpe om dat lange lichem op bêd te krijen. De oare | |
[pagina 48]
| |
deis wer sa sûn as in fisk by de tafel en mei Durk prate oer in foks dêr't se in wraam op dwaan soenen. En de jûns dea yn 'e stoel. Hy wie 69 en dan binne jo aardich oer de helte. Likegoed kaam it Durk raar oer 't mad. Se hienen noch in soad oan inoar ha kind, Durk fanwegen de deihier en de oare emoluminten as driuwer en Ale omdat dy oars net folle oanhâld mear hie. Dat er de lêste jierren wolris oanstriid hie om Foekje de lange hân op it gat te lizzen en dat er benammen de âldste fammen graach oer it hier strike mocht, koe wol ynskikt wurde. Se hawwe him dan earst ek wol mist oan de Sânleane. Hy hie Durk noch yn safier te fiter, dat der yn it testamint neat stie oer it hûs, wylst hy dat Durk withoefaak en mei grutte klam tasein hie. Durk soe it âld hûs ha, dat wie goed ôfpraat. Foekje wie derby en de húshâldster hie der weet fan. Ale de Haan hat it grif ek fan doel west, mar is der deagewoan net oan ta kommen. De húshâldster krige alles en dat wie al likemin in geheim. ‘Voor bewezen diensten’ moat der yn it testamint stien ha, want Ale hie in frjemd gefoel foor humor. It groufrommes hat der in moaie haal mei dien en dochs woe se Durk noch betelje litte foar it hûs. Foar fiiftûzen gûne koe hy it krije. ‘Yn gjin fiiftûzen jier,’ hat Durk sein. Hy is nei dat frommes tagien en hat har goed sein wêrt it op stie. ‘Dat hûs is mines, dat witte jo krekt likegoed as ik.’ Letter kaam der in saakwaarnimmer fan de húshâldster dy't it him ûntstride woe, mar dy hawwe se de doar wiisd. De húshâldster hat it net troch set. Sa, de lêzer wit no it measte. Wy moatte mar gau fierder mei it ferhaal, want der is noch gâns te fertellen. Mar earst noch even dit. Guon sille no al in ferhoalen | |
[pagina 49]
| |
sympaty foar Durk en syn húshâlding fiele. It wurdt ek sa gau idealisearre. Sa'n ploechje noch fierhinne ûnbedoarne minsken yn in âld hûs middenmank de frije natuer, net oantaast troch de ynfloeden fan de moderne maatskippij en de by behearrende kwalen fan dizze tiid. Mar fersjoch jimme der net op. Sa'n libben is bytiden wreed en sokke minsken misse in soad, al binne se it har net altiten bewust. It moat dochs in swier bestean wêze sûnder pil, bankstel, gas, elektrys en meastal ek noch sûnder televisy omdat it âld ding op in akku rint, dy't almeast leech is. Al dy moaie Amerikaanse searjes, de showprogramma's en natuerfilms dêr't oare minsken de geast mei ferrykje, geane oan harren foarby. Nee, lit ús soks beleaven net te moai meitsje. Der sil dan ek alle war dien wurde om it a-sociale gedrachspatroan fan dizze húshâlding yn positive sin om te bûgen, en wol sadanich dat se har by einbeslút ynpasse litte yn ús tsjintwurdige maatskippijstruktuer, wêrby fansels in team fan doch-helpers foar adekwate begelieding soargje sil yn de perioade fan oanpassingsswierrichheden, al sil de help ek wer net sa fier gean moatte, dat se net troch selswurksumens har eigen ynbring yn it proses hawwe, mar har alhiel rjochtsje op wat harren út it fjild wei oandroegen wurdt oan oplossings en mooglikheden. Soks moat perfoarst net, want it soe fan gefolgen wêze kinne, dat se letter wer ta har âlde milieu ferfalle, omdat se har sitewaasje net foldwaande trochtocht hawwe. Benammen yn de effektrapportaazje moat dêr goed om tocht wurde, dat jou ik de nije amtner fan sociale saken alfêst te rieden. Mei oare wurden en no wer yn minsketaal: oan 'e ein fan dit ferhaal moat eins elk syn draai fûn ha. Durk yn in skjin en passend baantsje en mei in hobby, by- | |
[pagina 50]
| |
gelyks nifeljen en byneed angelfiskjen, as er it âlde bestean yn it frije fjild docks net alheul ferjitte kin. Foekje achter de automatise waskmasine en as lid fan de Plattelânsfroulju tuskentiden op de kursus: Hoe kom ik foar mysels op. De bern foar de televisy en trochkrûpt yn de kennisse fan de Top-40. It soe ek mooi wêze as de jonge, dy't Klaske sa raar sitte litten hat, op in stuit werom komt en ferjeffenis freget. Dat is út 'e tiid fansels; hjoeddedei soe 'k fan Klaske in ‘bijstandsmoeder’ meitsje kinne, dy't harsels skoan rêdt. En fertoande sa'n feint him dochs, dan krige er fan Klaske in klap oan 'e kop. Mar goed om tinke, dat koe yn de tiid dat dit ferhaal spilet noch net. In frommes mei in oerwûn bern wie feroardiele ta in ienlik bestean en moast al bliid wêze as se húshâldster wurde koe by in rintenierjend boer dy't widner wurden wie. Dus maat ik, as ik op in happy end oan wol, dy jonge werom komme litte. Klaske moat him dan yn de earms falle en as dy feint dan foar de earste kear syn jonkje sjocht, dan moat er mei triennen yn de eagen en triljend lûd ferklearje: hoe koe ik salang wachtsje, hoe koe ik sa tsjin mysels stean? Duvekater, dit soe in heule moaie scène wêze foar ûnder de krystbeam of op âldjiersdei. De skriuwers fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek moatte harren de fingers der by ôfslikje, sa oangripend moat it wurde. It sil besocht wurde. |
|