Feroaring fan lucht
(2004)–Rink van der Velde– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 25]
| |
Foar in amtner in frjemde tiid om op besite te gean. Der kin dan ek neat gjin goeds fan komme.‘Goejûn,’ seit de man sljochtwei mar net ûnfreonlik, wylst hy de fyts tsjin de muorre set. ‘Moai dat ik jo thús tref.’ It komt Durk nuver oer 't mad. It miel is behimmele, de alderlytsten binne oan 'e kant en hy is dwaande it knyntsje dat Bijke middeis snipt hat, te strûpen. Hy hat de knyn oan de daksgoate hingjen en docht der krekt de lêste hantaasten oan. Tsjerk, dy't noch krekt op 'e tiid wie foar it iten, is mei Bearend oan it jirpelskilen. Se sitte plat op it gat yn de blikke en fuorje de skilen oan de geit en de skiep. Yn de achterein ûnder it skeane tek binne de froulju oan it ôfwaskjen. In fredige jûn en Durk hat niis noch tsjin Foekje sein, dat se aans wol in eintsje rinne kinne, de Sânleane út of in loopke oer de heide. It kin no noch. ‘Ik tink dat jo Durk Snoad binne,’ seit de man. Durk nimt it hearskip op, mar kin him net thús bringe. It sil wol in amtner wêze. ‘Wa binne jo?’ freget er. ‘Ik bin De Vries fan sociale soarch.’ De man stekt de hân út en wachtet oant it Durk haget om te fûstkjen. Hy faget syn hân ôf oan 'e broek, mar it bloed wol der min ôf. De man hat it dan al sjoen en lûkt syn hân gau werom. ‘Letter mar ris fûstkje,’ seit Durk. ‘En ik moat even dit knyntsje tameitsje foar de panne. De jonge hat him ûnder de brommer hân. Begrutlik fansels, mar jo dogge der net folle oan. En it is iten, dat ik slachtsje it dierke mar even.’ | |
[pagina 26]
| |
‘Jo ha gelyk, it is goed iten, sa'n wyld knyntsje.’ ‘As wy der wat oan ha sille, dan moatte wy eins fiif tagelyk yn 'e panne ha,’ antwurdet Durk. Hy giet mei de knyn nei de pomp en spielt him ôf wylst ien fan de bern foar him pompt. Bijke hat it yngewant bút makke en draaft der mei nei in feilich plakje. ‘Jo sjogge wol der giet hjir neat ferlern,’ seit Durk. ‘Elk kriget der sines fan en it feltsje is ek noch in pear kwartsjes wurdich.’ Durk wasket de hannen, jout de kninebout om 'e hoeke fan 'e doar oan 'e froulju en as er de hannen droech fage hat, draait er earst in sjekje. ‘Ik ha jo hjir net earder sjoen,’ seit er tsjin de man. ‘Dat is sa, seis wike lyn bin 'k hjir beneamd. Ik bin my noch oan it ynwurkjen en sadwaande gean ik jûns wat op ferkenning út.’ ‘En moat soks yn jo eigen tiid?’ ‘Och, it is moai waar te fytsen. Ik sjoch wat om my hinne.’ ‘Just,’ seit Durk, ‘wel, ik bin Durk en myn fan is Lugtigheid, mar op 'e Sweach sille se jo wol sein ha dat ik Durk Snoad wie.’ ‘O, nim my net kwea ôf, wie dat jo bynamme?’ ‘Dat sil't wol. Woenen jo mei my prate?’ ‘Dat sa sear net, it is mear om even yn 'e kunde te kommen. Wy sille inoar wol faker sjen, want ik ha dit rayon fan Anema oer krigen. Anema hat promoasje makke, dat witte jo miskien wol.’ ‘Ik ha der fan heard en it muoit my neat dat ik net mear mei dy man te krijen ha. Ik mocht net oer him, dat sil ik jo fuort mar sizze.’ ‘Died er it jo net nei 't sin?’ ‘Ik ha heul wat mei him te stellen hân, mear wol ik der net fan sizze.’ | |
[pagina 27]
| |
Durk is op de reinwettersbak sitten gien en sjocht om him hinne. Foekje komt mei de skûteldoek yn 'e hân út 'e hûs wei. ‘Mem, dit is De Vries, de nije man fan de gemeente,’ stelt Durk foar. ‘Hy wol it spul even troch it gat sjen. Ik soe sizze do moatst om him mar in bakje kofje sette.’ ‘Dach mefrou,’ groetet de amtner en hy jout Foekje in hân. ‘Om my oars gjin drokte, hear, ik kom letter wolris om kofje.’ Mar Foekje is der al yn. ‘Mem, it hoecht net,’ ropt Durk har nei. ‘Hy komt letter te kofjedrinken.’ En tsjin De Vries: ‘Wy drinke allinne op saterdagen en sneins kofje, sjoch. Kofje is djoer en in minske kin der sûnder. In mûlfol kâld wetter is miskien sa sûn noch wol. Net dat ik net graach in bak kofje mei. As it ús barre mocht, dronken wy alle dagen kofje. Mar de húshâlding giet foar, sa stean ik der ûnder.’ ‘Just jawol,’ seit De Vries en hy wol him neist Durk deljaan op de reinwettersbak. Durk sjocht nei de bern dy't om har hinne strune. ‘As jo my te wurd wolle, kinne wy miskien better in eintsje te kuierjen,’ seit er. ‘Dat is my ek goed, skoander waar, is 't net wier.’ Se stappe tegearre nei de leane en De Vries nimt de âld keet op. ‘In rottekleaster, as ik it sa sizze mei, mar in moaier stee as dit ha 'k yn dizze omkriten noch net sjoen. Oan de iene kant bosk, greide neist it hûs, fierderop de Liphúster heide, in âld rivierke neist de doar ... It kin hast net moaier.’ ‘Simmerdeis is 't hjir moai,’ antwurdet Durk. ‘Wat út de minsken, mar wy hawwe ornaris ek genôch oan | |
[pagina 28]
| |
ússels en net sa slim ferlet fan oaren. Winterdeis is 't in lijen, fral foar de bern. De âldsten rêde har der wol mei, mar de lytsen, hen. Se moatte seis kilometer rinne om by skoalle te kommen. En ik wol se nei skoalle ha, se moatte wat mear leare as wy. It is sa belangryk, dat de bern goed ûndenjocht krije. As jo wat leard ha, stiet de wrâld foar jo iepen, sis ik altiten. Ja, it skoalgean dêr bin 'k fûl op. It moat al rûch waar wêze as ik de bern net nei skoalle stjoer. Mar it beroerde is, dat ik se net allegear in fyts jaan kin. Soms ha 'k sels twa op myn âld rydrak en dêr moat ik dan in oere lean om stean litte. Dat is it my wol wurdich, mar it is faak al frekte beswierlik.’ ‘Jawis, it ûnderwiis is belangryk, dêr ha jo gelyk oan.’ Se steane op de Alddjipsbrêge, fier genôch om gjin lêst te hawwen fan de bern. De Vries sjocht it hear oer. ‘In ferduld moai plakje. Ik kin my wol begripe dat jo hjir net wei wolle. Ik soe der sels ek tsjin oan grize.’ ‘Net wolle, net wolle ...’ ‘Wat ik sizze woe, jo ha dochs twa kear foar de kantonrjochter west foar skoalfersom. Nim my net kwea, mar ik seach it yn 'e stikken stean.’ Durk suchtet djip. Hy giet tsjin de brêgeleuning stean en flybket yn it wetter dat stadich ûnder har foarby giet. ‘Ik ha der hinne west,’ seit er muoisum, ‘ik tocht dat ik it de hearen wol útlizze koe, mar se ha my de kâns net jûn. Tweintich gûne boete en it moast net wer barre. Ik sei: edelachtbare, mar hy hammere en dy plysjeman sette my der út. En no freegje ik jo: is dat rjocht? Ik ha de prins der in brief oer skreaun. Jawis, ik ha prins Bernhard skreaun. Ik ha ús koaningshûs heech. Doe't ik noch by de huzaren fan Boreel wie, | |
[pagina 29]
| |
ha 'k in hân hân fan de âld koaninginne. Se kaam om ús te ynspektearen, wy stienen neist de hyns en se gyng der mei grutte trêden bylâns. Mar by my bleau se stean en ik krige in hân. Sa'n man as de prins hat it fansels drok, dat wit ik wol. Ik ha al berjocht werom hân, mar hy hie it sels net skreaun en ik wit ek net krekt mear wat deryn stie. It hie neat om 'e hakken, safolle ha 'k der wol fan begrepen. Letter ha 'k Marcus Bakker der foar spand, mar dy man docht ek neat mear foar in arbeider. En dy kantonrjochter foel my goed ôf. Sjoch, jo witte dat miskien sa krekt net, mar eartiids wie it op 'e Sweach sa dat de adel, de Harinxma's en sa, dy wienen ek kantonrjochter. It wie in grut skandaal sa't dy hearen mei in streuper om sprongen. As jo yn har fjild in stikje wyld streupt hienen, waard it altiten Crackstate, trije moanne tichthûs. Grutte rakkerts wienen it. En yn 'e oarloch doe't wy yn de illegaliteit sieten, is ús altiten sein woarn: dy tiid komt net werom. Wel, de Harinxma's binne gjin kantonrjochter mear wurden, dat is sa, mar foar in arbeider is der neat feroare.’ ‘Hoe kaam it dat jo de bern thús holden? Wolle jo in sigret?’ ‘Dat slaan ik net ôf. Ik rook sjek en dan is sa'n kleare sigret wol ris lekker. Ik ha ien pakje sjek wyks, oars wurdt it my te djoer. Mei sa'n húshâlding as mines moatte jo it oer lizze, oars rêde jo it net. No is roken it slimste net, och heden nee. It skynt ek noch goed ferkeard te wêzen, sizze de gelearden. Dat ik doch mysels net te koart, sil 'k sizze. Nee, as roken it slimste wie ...Sjoch, as de snie wit hoe heuch leit sadat de lytse bern der oan 'e knibbels ta yn geane, wat moat ik dan? Kinne jo sokke lytse bern de bare winter yn stjoere? En as se goed klean oan 'e lea hienen, dan soe 'k it noch wol oandoarre.’ | |
[pagina 30]
| |
‘Mar dat iene jonkje fan jo ha se doe pakt foar streuperij. Sa heech lei de snie blykber net, dat er net achter de kninen oan koe.’ Durk laket myld. ‘Jo begripe der net folle fan, hear ik wol. Dat nim ik jo net kwea, hear. Sjoch, dat jonkje wie doe in jier as alve-tolve. As sa'n mantsje in heule dei thús sitten hat, dan wol er der even út, in eintsje de bosk yn of oer it fjild swalkje dêr't de snie ôfwaaid is. As sa'n jonge dan in stikje wyld benei komme kin dan snipt er it. Jawis, it mei fansels net. Dat wyld is net fan ús, wy ha derôf te bliuwen. Dat sis ik de bern ek geregeld. Mar no moatte jo goed begripe, sa'n jonge waakst yn it fjild op, yn de frije natuer. Sokke bern sit automatys jacht yn, dat kin net oars en jo krije it der net maklik út. En dan tinkt sa'n bern ek noch oan syn heit en mem en oan syn broerkes en suskes dy't winterdeis lang net altiten genôch yn 'e roppert krije. Ik wol net kleie, hear, och hearken nee. Wat ha ús bern it goed as ik neigean hoe't wy der yndertiid trochhinne skarrele binne. Dan is 't op 't heden allegear lúkse. Likegoed moat der foar in húshâlding lykas mines heul wat komme. Sa'n jonkje wit dat en hy is sa grutsk as wat as er mei in knyntsje thús komt. Moat ik him dan bestraffe? Jawis, ik moat him der oer ûnderstean en dat doch ik ek. Mar ik soe gjin goede heit wêze as ik him der al te hurd om foel. Miskien doch ik it wol ferkeard, hear, mar sa fiel ik it oan.’ ‘Dy jonges fan jo sille dochs wol graach streupe meie.’ ‘Dat sis ik, der sit jacht yn en dat kin al min oars. Sjoch, dit hontsje ...’ Hy hellet Bijke oan dy't neist de baas sit en gjin each fan him ôf hat. ‘Dit hontsje is in fûl dier. Hoefolle murden as dizze hûn net pakt hat ... En foar in foks giet er net op 'e | |
[pagina 31]
| |
rin. Hy pakt se en hy docht se dea lykas wie 't in knyn. Mar gesechlik is er ek. Hy sil gjin stap dwaan as ik it him sis. Is 't net sa, Bijke? Likegoed giet er geregeld achter de kninen oan, dat krije jo der net út Fan 'e wike snipte er ek noch ien. Ik wie der krekt op 'e tiid by en koe dat knyntsje noch rêde. Hy pakt sa'n knyn yn 'e rêch, skoddet ien kear mei de kop en dan binne se dea. Mar hy wit dat it net mei, dat hy wachtet oant ik der bin. Ik ha him even bestraft en op sa'n stuit wol er ek om sizzen jaan. Mar heulendal ôfleare, nee, dat kin net.’ ‘De twadde kear dat jo foar komme moasten wie 't gjin winter,’ seit de amtner. Durk sûget oan syn peukje sigret. ‘Ik fernim wol dat jo goed op 'e huchte binne. Anema sil wol net folle goeds fan my sein ha. Wy koenen net, dat ha 'k jo al ferteld.’ ‘It stiet allegear yn it dossier, dêr kin ik ek neat oan dwaan.’ ‘De twadde kear, dat sil fan 't maitiid west ha. Foekje wie doe swier fan Pytsje.’ ‘De hoefolste wie dat ek al wer?’ ‘De tolfde, ja is 't net moai? Krekt tolve, as hie 'k it der om dien. Mar ik hie it sels net yn 'e rekken. Lytse Foekje -dat is no tsien jier lyn- hie nei alle gedachten de lêste wêze kind. In jier as fjouwer lyn doe kaam lytse Durk ek noch. Wat sei? Dat ha wy mei opset sin dien. Doe't wy njoggen hienen, doe ha 'k tsjin Foekje sein: no is elkenien ferneamd, no is 't oan ússels ta. As der no noch in famke komt dan wurdt it in Foekje en as it in jonkje is dan moat it mar in Durk wurde. It waard in famke, in heule aardichheid. Foekje sei: no is 't dien, ús âldste froulju moatte mar foar in Durk soargje. No, ik hie ek tocht dat Foekje de lech út hie. En ferduld, seis jier letter dochs noch in Durk. Is 't | |
[pagina 32]
| |
net in aardichheid. En doe fan 't maitiid lytse Pytsje der noch oerhinne. Pytsje is in muoike fan Foekje, frijfaam, altiten húshâldster west en se hat der in hûske fan oerholden. Mar Foekje hat in pak ruften fan har krigen, oars neat. Dêr hie it dus net om hoegd. Oars in ferduld leaf berntsje. Wêr hienen wy it oer.’ ‘Dat skoalfersom fan fan 't maitiid.’ ‘It is ek sa. Wel, ik leau dat it Bearend en Jantsje wienen. Dy ha 'k doe thús holden en yn 'e húshâlding set, want Foekje wie út stel.’ ‘Jo ha dochs wol âldere dochters, dy't net mear learplichtich binne?’ ‘Dy sille har eigen drokten wol hân ha. Us Gryt is by Philips yn Drachten en jo witte hoe't it giet by it grutkaptaal. In kertier te let op it wurk dan is 't al maleur en in frije dei leafst fjirtjin dagen fan te foaren oanfreegje. Klaske wie der doe ek net, ik wit net krekt wêr't it bern op dat stuit siet. Der bart by ús sa'n soad, moatte jo rekkenje. Ik kin dat allegear net byhâlde, al doch ik myn bêst. Oars wie 'k sels thús bleaun, mar ik stie doe krekt by Miedema yn 't wurk. Ik leau dat wy oan it kuiljen wienen, ik koe dy man yn elk gefal net sitte litte.’ Op 'e side fan it hûs is 't ynienen grut trelit. Hindrik en Bearend binne wer yn 'e slach en it giet Klaske nei alle gedachten te rûch, want dy reaget der yn om. It jout har oars net folle. Bearend sit Hindrik op 'e hûd en beart dat er him smoare sil. Hy knypt ek goed ta, dat is skoan te hearren, want Hindrik pipet der oer. Dan komt Bouwe mei in amer fol wetter om 'e hoeke en kwakt de heule bats oer de beide mantsjes hinne. It is ynienen dien, mar no sille se tegearre oer Bouwe gear. Op dat stuit komt Foekje der tusken. Om der boppe út te kommen, moat se omraak raze, mar dat kin se as it wêze moat. De kloft ferdwynt om 'e hoe- | |
[pagina 33]
| |
ke fan it hûs, dêr't it skellen en rachen noch in moai skoft oanhâldt. Durk glimket. ‘It binne sokke ychels, hen. Mar jo sjogge it wol, Foekje is se treast. En as it nypt en wedernypt dan binne se o sa ienriedich. As jo bygelyks Bearend wat dwaan soenen dan krigen jo daliks Hindrik op 'e hûd. Wy ha dat okkerjiers hân mei Feike Dam, dy is hjir boskwachter. Eartiids in earsten streuper en in minne hont, oars hienen se him dat baantsje ek net jûn. Yn 'e oarloch, doe't wy as ûnderdûkers wol streupe moasten om wat yn 'e panne te krijen, doe gyng hy mei de Dútse offisieren te jeien. En nachts siet er ús achter de broek. It sil no twa jier lyn wêze doe pakte er hjir op 'e heide ús Bouwe. Dat jonkje hie in nust einaaien opkrigen. Hy bûn de jonge mei in tou oan 'e fyts en sa soe hy der mei nei it plysjeburo op 'e Sweach. Wakker bliid fansels dat er ien fan ús hie. Bouwe sil doe sechtjin west ha. Hy is no aardich bykommen, mar Bouwe wie doe noch in behindich mantsje, suver skraal. En Feike Dam is in boal fan in keardel. Ik wie der net en dat hat Feike Dam witten, dat hy doarste hjir wol lâns mei de jonge. Se wienen hjir op 'e brêge doe begûn Bouwe te âljen. It moat op in woansdeitemiddei west ha, want de measte bern wienen thús. Foekje heart de jonge om mem roppen en stoot der fansels út. De trije bern derachter oan, Jantsje, Bearend en Hindrik. Goed om tinke, dy beide mantsjes sille doe alve en tsien west ha en Jantsje trettjin. Doe't se Bouwe achter de fyts oanbongeljen seagen, doe hie Feike Dam it by harren goed bedoarn. Foekje hat my de jûns ferteld hoe't it syn beslach krigen hie. Se sei: Durk, it hat neat skild of ûs bern hienen Feike Dam dea dien. Jantsje klaude him mei de fine fingerkes suver de eagen út 'e kop, Bearend hinge him fan achteren yn 't | |
[pagina 34]
| |
hier en Hindrik, dy poask, hie him fêstbiten yn ien fan Feike syn grouwe kûten, krekt in jonge hûn. Se hienen him op 't lêst op 'e rêch op 'e reed lizzen en rekken him wêr't se him reitsje koenen. Foekje sei: ik ha se der ôfskuorre moatten, sa fûl wienen se. Feike Dam hat net wer nei Bouwe taald, noait in kear. Is dat no net in lust, sa't dy bern foar inoar opkomme? De fûlens ha se fan Foekje; o sa evenredich, mar as se ûnrjochtfeardich behannele wurdt, dan binne jo fuort net mei har klear.’ ‘Dat ha 'k niis wol sjoen,’ seit De Vries. ‘Ik woe freegje ...’ Bearend en Hindrik komme troch de blikke, springe oer it sleatsje en drave nei de brêge. Beide ûnder de swarte moude troch dat amerfol wetter fan Bouwe. ‘Mem seit dat wy ús yn it Djip ôfspiele moatte,’ seit Hindrik. ‘Ik spring fan 'e leuning ôf, hear.’ Hy lit him by de brêge del rûgelje en Bearend springt achter him oan. ‘Dat folkje fan jo liket aardich sûn,’ seit De Vries. ‘Sykte ha wy aldergeloks in heul lyts bytsje en soks is in segen. It soe ús trouwens ek oer de meuch gean as dat der noch by kaam.’ ‘Hoe is 't mei jo kwaal?’ Durk leit de hannen op it izer fan de brêgeleuning. ‘Fan 't selde,’ seit er berêstend, ‘altiten itselde en ik mei gjin hope ha, seit dokter. In rêch is in raar ding, fral as it yn de ûnderein sit. Ik reitsje hjir net wer ôf. Ik ha mysels yn de goede jierren net mijd en dat moat ik no belije. Hat Anema jo ferteld hoe't it der mei my foar stiet?’ ‘Ik seach it yn 'e stikken. Foar santich persint ôfkeurd, is 't net sa?’ Durk laket bitter. ‘Foar santich persint. Ik hear it Anema noch sizzen: | |
[pagina 35]
| |
ik moast bliid wêze dat se my net foar hûndert persint oan it wurk setten. Foekje makke har der lulk om. Se woe him de doar wize, mar ik bleau der kalm ûnder. Ik sei tsjin Anema: no wol ik der gjin praat mear oer hearre. Op dit stuit sille wy akkoartsje en dat dogge wy sa: ik byn moandei de lep oan 'e fyts en gean nei 't wurk. As ik moarn in oannimmer belje dan is dat samar klear. De Boltsjes wolle my graach ha, want ik ha in soad ûnderfining yn it grûnwurk, al sis ik it sels. Dus ik stap der moandei wer foar en fansels foar it folle wurk, krekt lykas eartiids. En dan sille wy ris sjen hoe lang dat duorret. Mar as se my mei de stikkene rêch thús bringe, dan soargje jo foar myn hûshâlding. En tink derom, it folle lean. It is op jo ferantwurding. Jawis, mar dat woed er fansels net. Ik sei: man, wat kin it skille. Ik bin goed fyftich, ik bin aardich oer de helte, ik ha it measte hân en as se my dea út 'e put helje, dan hat myn wiif in bêste útkearing. Widdopensjoen, taslach foar de bern en gean sa mar troch. Ik bin dea aardich mear wurdich as libben, as ik mar op it wurk stjer. Dit wie fansels al wat wreed en Foekje gûlde it op 't lêst út.’ ‘Jo binne op 't heden al oan it wurk, ha 'k begrepen.’ ‘Jo kinne it gjin arbeidzjen neame,’ seit Durk. ‘It is eins mear pielen, ik bin wat oan it sleathekkeljen.’ ‘Mar it wurdt betelle.’ ‘Ik bar in bûssint, mear net.’ ‘Dêrom ha jo it mar net opjûn.’ ‘It hat neat om 'e hakken. Ik wol net liddich rinne, dêr kin 'k net oer. Al docht my de bealch altiten sear, ik moat wat om hannen ha. Dat is myn aard. Doe kaam Bouma en dy sei, dat er tsjin de heide oan noch in ein sleat lizzen hie en oft ik dy ek foar him hekkelje koe. Hy koe der mei de hekkelmasine net by, sadwaande. Wel, dêr griem ik no wat om. Hekkelje | |
[pagina 36]
| |
kinne jo it net neame, dat kin 'k om 'e rêch net dwaan. Ik helje it der op 'en rûchsten út. Se komme mei 't skouwen sa fier noait it fjild yn, dat it hipt net sa krekt.’ ‘Mar jo dogge it net fergees.’ ‘Ik krij der gjin jild foar. Ik ha fuort tsjin Bouma sein: gjin jild of it soe in bûssint wêze moatte. Ik wol gjin lijen mei de syktewet, dêr ha 'k in goede ôflear fan hân. Mar as ik fan 't winter by jo kom om in pear mingel molke foar myn bern en om in pear kuorfol jirpels dan rekkenje ik al op jo.’ ‘Dus sa skarrelje jo in bytsje troch de tiid.’ ‘Skarrelje, sis dat wol, mar wat kin ik der fierders oan dwaan? Ik ha it net mear yn 'e macht. Soms tink ik wolris: wie 'k hjir mar wei. Mar sa meie wy net. Ik moat by myn húshâlding bliuwe.’ Foekje komt om 'e hoeke fan 't hûs en ropt: ‘Moat ik no noch kofje sette?’ Durk sjocht de amtner oan. ‘Duvekater, wat is 't al let,’ seit De Vries wylst hy op syn horloazje sjocht. ‘Ik ha myn tiid ferdien, ik hie de frou sein dat ik mar even fuort bliuwe soe.’ Hja rinne tegearre werom nei de fyts. ‘Wy sille jo wolris wer sjen, tink?’ seit Durk. ‘Dêr moatte jo al op rekkenje.’ De Vries stapt op 'e fyts, seit freonlik dach en set ôf. Durk sjocht him nei. ‘Dit liket min,’ seit er tsjin Foekje. ‘Soe 't in minnen-ien wêze, Durk?’ ‘In rakkert, tink om myn sizzen, in grutte rakkert. Dizze kin wol tsien kear om Anema hinne, dat ha 'k him al ôfloerd. Wy moatte op ús iepenst wêze,mem.’ Foekje tapet kofje en docht der in grou stik koeke by. Durk sit yn tinzen en seit: ‘Ik leau dat wy in swiere winter temjitte geane, mem. It wurdt ús wer fergund.’ |
|