Feroaring fan lucht
(2004)–Rink van der Velde– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 17]
| |
Pake fertelt, of: de tiid fan doe, ferklearre foar de jongerein fan no.Dit is in âlderwets ferhaal, it giet oer in minskesoarte dy't eins net mear bestiet. Wurdt soks anno 1990 noch wol begrepen? kin men jin ôffreegje. It sil der bytiden oan ha. Sjoch, krapoan tweintich jier lyn ferskynde fan dit boek de earste druk en doe lei de tiid wêryn it him ôfspilet ek al wer in jier as fyftjin achter ús. De âlde generaasje heucht dat tiidrek fansels skoan, mar dêr giet it net om, dy hat it boek al lang út. Nee, it punt is: kin men it jongfolk soks noch lêze litte? Kin dy it sûnder neiere útlis allegear neikomme? Want foar de generaasje fan no is dizze nije útjefte ornearre. Wurdt der hjoeddedei dan noch lêzen? sille guon skeptisy har ôffreegje. It wol jin hast net oan, no. Der binne ommers sokke spannende searys en safolle moaie films op de televysy en der is sa'n grut ferskaat oan ferdivedaasje, hoe sil men dan oan lêzen takomme? En dan ha 'k it der noch net iens oer, dat dit boek by wize fan ekstra handicap yn it Frysk skreaun is. Mar de ûndersiken wize it út, it lêzen bliuwt bestean en it Frysk lêzen sit selds yn 'e lift, dêr't ik sa'n wurd om sis. Vraag niet hoe het kan, maar profiteer ervan, sei de útjower. Der moat in nije útjefte fan Durk Snood komme. Omstavere fansels, want yntusken is de skriuwwize fan de Fryske taal neffens de easken fan de tiid (taal is kommunikaasje en hoe't jo it skriuwe nukt neat mear) sterk ferienfâldige. Akkoart, ha 'k sein, mar dan mei hjir en dêr in ferklearring derby. Dat sadwaande. Wat wie dat foar in tiid, dy earste tweintich jier nei | |
[pagina 18]
| |
1945, om ús dêrta te beheinen? Ik wie fansels mar in broekje (fan 1932), net iens yn it ferset sitten, dus alheul gjin rjocht fan praten. Mar ik wit wol dat it libben aardich oersichtlik wie. Us Indië (Indonesië) moast befrijd wurde en dêr wie elk it mei iens, op in pear kommunisten en wrâldfrjemde pacifisten net. Mar lit ús de polityk der bûten hâlde, dêr is in sljochtwei minske noch noait better fan wurden. En yn dit boek giet it om gewoane minsken. Wolno, it wie de tiid (ik gean no even yn grutte trêden troch de maatskippij fan doe) dat arbeidersbern arbeider waarden, de tûksten nei it MULO gyngen, de aldersnoadsten nei de HBS en de bern fan de hegerein nei it Gymnasium. Der wie ek noch in ambachtsskoalle dêr't handige jonges timmerman, skilder of machine-bankwurker wurde koenen. Froulju gyngen almeast net te learen, dy trouden mei de tiid dochs. As se foar dy tiid al wat woenen dan koenen se nei de húshâldskoalle. It wie de tiid, dat boargemasters baas wienen yn in gemeente, wethâlders it dêrmei iens wienen en riedsleden allinne mar gear kamen om ja te sizzen en de gemeentelike sigaren op te smoken. Dêr sjocht men hjoeddedei bytiden suver wer nei út, nei sa'n autoritaire boargerheit dy't gjin tsjinspraak duldet en it lak hat oan ynspraak, demokratisearing, brede maatskiplike diskusjes en datsoarte keunsten. Brek my dêr de bek net oer iepen. Mar goed, soks leit ek al bûten it bestek fan dit boek. It wie de tiid, dat trouwe moatten in skande hjitte en hokje (húzje sei men doe trouwens) noch slimmer. Ho, wat wie trouwe moatten? Pake fertelt. Trouwe moatte, myn jonge/fanke, dan wie 't eins wat yn 'e war. Dan hienen de feint en de faam it túntsje te gou yn 'e bou. Wat bedoelt pake dêrmei? No ja, bern- | |
[pagina 19]
| |
tsjes, it kaam derop del dan hienen se it brea al yn de oven noch ear't se de bakkerij kocht hienen. Wol pake wat dúdliker wêze? Wie 't miskien sa, dat se al in baby krigen en noch net foar de wet troud wienen? Sa is 't, bern, al waard in baby doedestiids wol algemien in poppe neamd en kaam sa'n berntsje yn in ruft te lizzen ynstee fan yn in pamper. It wie de tiid, dat de plysje it foech hie om minsken dy't net om lyk woenen om te seamjen sûn der dat der gedonder fan kaam. Dat ienkear in dief altiten in dief wie, al wie it mar in fyts. Wat sei dat der op syn minst trije moanne foar stie, dêr't jo hjoeddedei hast ien foar dea meitsje kinne, mei in bêste kâns dat je der subsidiair mei 150 oeren tsjinstferliening ôfkomme. It wie de tiid dat âlden de bern wolris in draai om de earen joegen en dat dy bern jûns lykwols wer thús kamen, omdat der noch gjin subsidiearre opfangadressen wienen dêr't se beskerming sykje koenen tsjin de agressy fan heit en mem. It wie de tiid, dat de milieutsjinst reiniging neamd waard, Jan Keutel de personifikaasje dêrfan wie en dat elke boer Jan Keutel syn ‘mestoverschot’ wol ha woe en der ek noch jild foar betelle. It wie de tiid, dat foar minsken dy't in fyts hienen de wrâld iepen lei. Lykas foar pake, leave berntsjes, dy't doe noch in feint wie en beppe jit faam. Ja, dat wol jim fansels net oan, mar pake en beppe ha ek jong west. Op 'e fyts, bêste bern, hie men op saterdei- en snein-tejûn in aksjeradius fan wol tweintich kilometer. As de ferneamde dûnsband De Amalfi's yn Akkrum spile, wat sei 'k, as dy in optreden fersoarge, dan stoden wy dêr út Beetstersweach wei op de fyts hinne. En it Hearrenfeanster fuotbal, dêr't Abe Lenstra doe foar master opsloech, gyng oan ús net foarby. Allegear | |
[pagina 20]
| |
tanksij de fyts. It wie de tiid, dat der gjin televisy bestie. Wat seit pake, wie der gjin televisy? Wat dienen de minsken dan alle jûnen? Ja bern, dêr freegje jimme my wat. Wat dienen wy op dagen yn 'e wike dat wy net nei de faam (freondin) mochten? Dêr ha 'k sa wol oan. It sille wol drege jûnen west ha, hoewol't my soks net sa goed heucht. Ik leau net dat wy ús no sasear ferfeelden. Beppe, witsto noch wat wy yn ús jonkheid, doet der noch gjin televisy wie, alle jûnen dienen? Wat seiste? Breidzje, jawis, en dat seach doe in feint, hy lake sa, ik skamme my, mar ik breide ta. Sa wie 't, net âlde? Ja berntsjes, dat wie san sankje, in tophit kin 'k wol sizze, 't hat altiten wol in fearnsieu by de earste tsien west. Wat sei beppe? En fansels betiid op bêd, jawis. Net letter as njoggen oere. En net nei de bar, nee fansels net, kin je begripe. Ik mei beppe nei de bar, ús folk soe raar guod spuid ha as ik mei in faam thús kaam wie dy't ik yn de herberch opdien hie. No ja, by de útfiering fan it sjongkoar of de toanielferiening op 'e boppeseal, dat soe noch kinne. Mar in fanke dat samar nei de herberch gyng ... Dat koe fansels gjin kant út, sokken doogden net, dêr sieten losse stekken oan. Wat sei beppe? O, Willemke, jawis, dat wie sa'n-ien, Willemke mei it winkeltsje ûnder de skelk. Pake, wat is dat, in winkeltsje ûnder de skelk? Dat is de rike Fryske taal, bern. O, beppe wol wat sizze, wat woest sizze, âlde? Ha jim it heard, bern? Nee fansels, beppe hat altiten al wat preuvele en as se it gebyt der net yn hat, dan is se min te ferstean. Mar se seit: do moatst dy bliksemse bern net wizer meitsje as se al binne. Dat is sa, jim binne fierstente gou grut foar jim leeftyd. It wie de tiid, dat elk noch arbeidzje moast foar de kost en dat elk soks normaal fûn. Jawis, ek de ww-ers, | |
[pagina 21]
| |
wao-ers, aow-ers, wwa-ers, doppers, jutters, lammen, blinen, kreupelen. Wie niet werkt, zal ook niet eten. Yn elk gefal gjin patates mei of sûnder, nassyballen of frikandellen. Op syn bêsten in timpke genedebrea fan de earmfâd, mar dan moasten jo wol goed âld of fierhinne dea wêze. No hat dat nei de oarloch aldergeloks net solang mear duorre, want doe kaam minister Drees en dy skikte alle âlde minsken in traktemintsje ta. Dat wie wat, dat wie wat, alle moannen jild barre en der neat foar dwaan. Us heit sei noch: dit hâldt gjin stân, tink om myn sizzen, sa rint de wrâld op 'e non. Och heden, wat soe de âldman as er no noch libbe nuver om him hinne sjen. Want letter krigen de kostwiners dy't in slimme krupsje ûnder de lea hienen en dêrtroch net mear arbeidzje koenen, ek in útkearinkje. Mis fansels, heulendal mis. Sokken as Durk Snoad hienen fuort foar it ferstân dat dit de kâns wie om de loaie lea der foar wei te winen. Altiten en erflik yn de syktewet, in minne rêch no. Mar it lizzende wurk koed er skoan neikomme, och heden ja. Hoefolle bern hienen se wol net, witsto it noch, beppe? Wat seiste, gjin skuin praat tsjin de bern? Nee, dêr tink ik wol om. O, beppe wol it ha oer it skoalreiske, Jawis âlde, dat wie maai, allegear op in pear boereweinen, twa molkbussen mei ranje mei en dan nei de dunen yn Bakkefean, in heule lange dei. Wy leinen der nachten yn 't foar wekker fan. Mar ik wit net, beppe, oft dat de bern wat skille kin. Weimoed hat ommers krekt yn it ramt fan de wrâldoriëntaasje in wike nei Parys west, wat maalt san bern om Bakkefean? Stil even, beppe, Weimoed wol wat sizze. Ja, dat is ek sa leave, sij hjit op 't heden Wendy, it gyng pake even troch it sin. Nee, neat op tsjin, mei de tiid meigean, ha 'k altiten al sein. Sa hawwe wy jim mem ek opbrockt, tiden haw- | |
[pagina 22]
| |
we tiden. Ik ha oars noch wol wat foar dy, Iwan, jawis, oer it skoallibben, mar dan op 'e Mulo. Pake hat op 'e Mulo west, dat witst wol. En pake mocht krekt lykas dy graach fuotbalje. Wy hienen fansels net in echte bal, net iens san gummyding, nee, wy moasten it dwaan mei san tennisbal. Wy trapen alle wiken ien stikken, elk in stoer en wy hienen wer in nijen-ien. Mar doe woenen wy in kear ûnder de gymnastykles in wedstryd spylje tsjin de grouwe Mulo. Wat seist, myn jonge, wat wienengrouwen? Noait fan heard, seiste? Toe dan mar, mar it wie yn dy tiid sa, jo hienen finen en jo hienen grouwen en hjir en dêr in pear roomsen, mar dy telden net mei. Dat jo hienen eins mar twa soorten minsken, finen en grouwen. Neffens my hie it sa bliuwe moatten, want ik ferslaan der no yn. Krekt lykas mei it ûnderwiis. Ik wit noch noait wêrsto no op sitst, vwo, hbo, leao, pabo, mavo, lhbo, heao, ito, lbo of ien fan dy oare o's. Wêrom kin it hjoeddedei net ta meiambachtsskoalle, mulo, hbs engymnasium. Der ha wy it yn ús tiid dochs ek skoan mei rêden? Mar goed, wy woenen in fuotbalwedstryd hâlde. Mar tochtsto dat soks mocht. Gjin sprake fan. Jimme binne hjir om te learen en net om te boartsjen, sei menear Draayer. Wat sei, jawis, de masters fan de Mulo wienen menearen, gjin dosinten, gjin Kezen of Jannen, mar menearen. En wy mochten net fuotbalje, wy wienen der om wat te learen. Dêr hie dy man fansels gelyk oan. En fuotbaljen is dom wurk, behalven ast de kost der mei fertsjinje kinste, dan wol ik der neat fan sizze. Mar om de wille achter san bal oandrave, is sa dom as wat. Dêr mootst mei ophâlde, heite. Ast de lea dochs reppe wolste, kinst yn de fakânsje better in krantewyk nimme. Mar do krijst fansels bûsjild fan jim heit, dat ha 'k | |
[pagina 23]
| |
wol heard. Alle wiken in grou tsientsje en dêr kinst net iens mei ta. Ik sil jim sizze, jimme wurde fierstente weeldrich opbrocht. Dan wy. Fjouwer wike fekânsje hienen wy op de Mulo, mear net. Mar earst fjirtjin dagen te jirpelsykjen foar twa kwartsjes de roede, dan hienen wy in pear sinten en koenen wy in wike nei Gasterlân of Appelskea te kampearen, by in boer yn 'e skuorre. Yn de earst e jierren nei de oarloch hienen wy ek noch bonnen mei. Ik sei bonnen. Noait fan heard? No, dat siet sa, der wie distribúsje. En distribúsje betsjut dat jo net sa mar f an alles keapje koenen, ek al hienen jo sinten. Nee, jo koenen bygelyks mar ien bôle de man krije en dêr moasten jo dan twa dagen mei ta. Wy hienen him fansels yn in heale dei op en dan moasten wy it fan de ‘vruchten des velds’ ha, koalrapen, woartels, hofkesjonge as de apels en parren ryp wienen. Hofkesjonge? Ek al noait fan heard? Beppe, wat witte dy bern hjoeddedei in bliksems lyts bytsje. Hoe moot ik dat no útlizze? Wat dogge jim eins op sa'n skoalle. Maatskippijlear, dat is op 't heden dochs in fak? No dan. Wat seist, âlde? Dat sei 'k niis al, se leare neat mear. As ik dy no freegje, Iwan, wat wie der yn 1600, wat seist dan? Neat, hy seit neat. Hie 'k wol tocht. No jonge, ik kin dy sizze dat it de Slach by Nieuwpoort wie. En de ‘Tachtigjarige oorlog’ wannear wie dat? Nee fansels. Fan 1568 oant 1648, jongfeint en der siet noch in ‘Twaalfjarig Bestand’ tusken, mar dêr ha 'k no sa gau wol oan. En wat seist fan Soemba, Soembawa, Flores en Timor? En fan de Boven- en Benedenwindse eilannen? En dan sil ik dy mar net freegje om even op de bline kaart Londen, Greenwich, Dover, Brighton, Portsmouth, Southampton, Plymouth, Bristol, Cardiff en Cork oan te wizen. Witst fansels ek net wat Willem de Zwijger sei ear't er yn Delft troch | |
[pagina 24]
| |
Balthazar Gerards fermoarde waard. Wat seist, Iwan? O, do hast gjin Frâns yn dyn pakket. Ja, dan hâldt fansels alles op. Wy hienen dat op de skoalle foar Christelijk Volksonderwijs oars ek net. Likegoed wist ik it doe al. Harkje ta, feint, dit sei de Vader des Vaderlands: Mon Dieu, mon Dieu, ayez pitié de moi et se pauvre peuple. Dat is dochs moai sein, jo moatte der mar op komme as je op stjerren lizze. Slach by Warns, ek noait fan heard fansels en dat is dochs aardich tichter by bûs. Wol even langer lyn, 1345 of dêromtrint. Leaver dea as slaaf, stiet der op dy grouwe balstien. Dat is ryklik, tinkt my, mar ja, dy Fryske bewegers oerdriuwe gauris. Jo kinne it as slaaf altiten besykje, soe 'k sizze, want dea kin altyd noch. Mar goed, wy dwale ôf. En beppe wol ek noch wat sizze, de tafel fan njoggen. Eén keer negen is negen, twee keer negen is achttien ensfh. en negen keer acht is 72 en negen keer negen is 81. Mar dat hoecht net mear, âlde, dêr ha dy bern op 't heden rekkenmasyntsjes foar. Wat sizze jim? O, jimme moatte al wer fuort. Ho mar beppe, ús tiid is om, Wendy en Iwan ha noch oare ferplichtings, dy bern ha in drok bestean. Wel, pake woe mar sizze, leave berntsjes, jimme moatte dit boek mar ris lêze en as der wat is wat jim net begripe, dan komme jim mar by pake en beppe, dan lizze dy it wol út. |
|