| |
| |
| |
Roman, befetsjende de skiednis fan in Wâldman, syn striid foar de frijheid en tsjin it establishmint. Mei gâns komise foarfallen en net te min oangripende scènes. Fersjoen fan in stik as fiif eksplikaasjes, tsjinjende ta in better begryp en om it net te lang te meitsjen.
't Lân moat ik it weardichste taskriuwe.
Dêr wol ik libje, wenjen bliuwe solang my God dit libben skinkt.
Ik hâld dan fêst yn 't fjild is 't bêst.
(Gysbert Japiks)
| |
| |
| |
Haadstik 1
De lêzer komt yn 'e kunde mei de singeliere húshâlding fan Durk Lugtigheid, alias Durk Snoad.
Durk hat him oanwend om it spul earst even troch it gat te sjen. In murd of in foks docht ek altiten in pear slaggen om de hoale ear't hy der yn giet. En in ljip sil net gau deun by 't nust delstrike, mar rint earst in ein troch in greppel of sleatswâl.
Durk giet dêrom noait de reed lâns. Hy komt fan achteren yn en as er yn it beskûl fan de droege sleat stiet, kin er it hiem oan de doar ta oereagje. As der minsken op him wachtsje dy't er leaver net ûnder eagen komt, hat Foekje dy almeast op de reinwettersbak sitten. Durk jout him dan del yn 'e rûchte fan de beamwâl en wachtet oant dat folkje syn nocht hat en ôfset. By min waar moat Foekje se der fansels wol ynlitte, mar de doar stiet dan heal iepen en dan wit Durk wol hoe let it is. Hy makket noch in loopke troch de bosk en om healwe seizen besiket er it wer. As it amtners fan sociale saken binne, dan duorret it noait lang. Tsjin fiven wurde dy mannen ynienen gleonhastich, deabenaud dat der in kertier fan har eigen tiid yn sitten giet.
Durk hâldt it knyntsje dat Bijke ûnderweis snipt hat, ûnder de mesjester jas. Der is gjin frjemd folk op it hiem, mar Feike Dam mei graach yn 'e bosk op 'e side fan 't hiem tahâlde, achter in grouwe beam en soms mei de kiker foar de eagen. Durk stiet dy boskwachter wol, dêr giet it net om, mar as it net hoecht moat men gjin spul ha. En it hoecht net as hy dat stikje wyld even mei it kopke ûnder de linkerearm triuwt, sadat der neat te sjen is en hy de beide hannen frij hat om syn dingen te dwaan.
| |
| |
Hy stapt de bou oer, dêr't de geit yn de kjitten omslacht. It túnkjen is fan 't jier net folle wurden. Hy hie der fan 't maitiid net rjocht aardichheid oan, dat der binne allinne jirpels yn kommen. Foekje hat noch wat giele beantsjes en tusearte boud, mar dy binne wei woarn yn it túch. Hawar, de geit hat der goed fretten oan en de beide skiepkes hawwe har part ek hân. Dochs hie it oars moatten, mei dy strange winter foar de doar.
Op healwe de bou sjocht er twa fan syn beide jonges út de âld linebeam wei rûgeljen. Se hawwe him net yn 'e gaten, want lyk as altiten binne se yn 'e slach. Se tuge inoar ôf dat it in lust is en Durk bliuwt der foar stean. Hindrik, neffens syn roai no tolve jier, is de jongste en de lytste, mar fierwei it feninichst. Hy huft der sa bot yn, dat Bearend it lang net hâlde kin. Dat jonkje krûpt op 't lêst fan benaudens oer de grûn en siket om in kneppel. As er in eintsje peal bemachtige hat, is Hindrik as in kat de beam yn klattere en kin Bearend him net mear benei komme.
Lêsten kaam Hindrik, dat baaske, thús mei in knyn dy't er eigenhandich pakt hie. Hy seach him yn 't leger lizzen, slûpte derhinne en plofte der boppe op. Dan moatte jo goed handich wêze. En hy streupt as in grut kearel, as hy in strûp op in knineloop set hat, dan mist it net. Der sit jacht yn dat jonkje, dat jout neat.
Durk stapt op de pomp ta en tapet himsels in mûlfol kâld wetter.
‘Hui,’ ropt Hindrik út de linebeam wei.
Hy sit op ien fan de ûnderste tûken út te pûsten, Bearend stiet derûnder te hymjen.
‘Ik krij dy noch wol, rotsak,’ ropt er omheech. ‘Ik slaan dy hartstikkene kroandea.’
Ut 'e hûs wei komme de lûden fan de froulju, allegear
| |
| |
tagelyk oan it wurd fansels en de lytsen der trochhinne raze.
Durk hat yn it hok de knyn ûnder de jas weihelle en hinget it bistje oan in spiker. Dan nimt er de hoarn fan de planke en stapt nei bûten. Hy dikert it fjild oer nei de heide; der hinget in mûzebiter yn 'e loft en Durk wachtet oant de rôffûgel nei ûnderen saait. Dan dangelt er it hiem oer nei de kninestjelpen. Hy hellet Bijke even oan dy't tsjin him opspringt en yn it foarbygean seit er tsjin Bearend: ‘Kinsto Hindrik net ha?’ ‘Hy is gemien,’ beart Bearend, ‘wy ha tegearre in útkykpost yn 'e beam makke, mar no wol dy rotfint der hyltiten yn.’
‘Kinne jim der tegearre net yn?’
Durk sjocht omheuch en nimt tusken it gieljende blêdsel in protsje planken en balken waar.
‘Der kin mar ien tagelyk yn.’
‘Ik soe sizze dan makkesto ien foar dysels. Der leit hjir en dêr noch wol in stikje hout.’
‘Dy rotsak hat alles ynpikt.’
‘Dan giest hinne en helje wat gaadlike peallen en prikken út 'e bosk. Ferduld, do kinst dy dochs wol rêde.’
Bearend sil daliks mar it hok yn om de bile en spanseage, mar Durk seit: ‘Wachtsje mar oant nei iten, ik sil no earst appèl blaze. It is tiid.’
Hy giet nei de midden fan it hiem en set de hoarn oan 'e mûle. De reveille skattert troch de bosk. It is sa'n moaie blakstille septimberdei en dan klinkt it fier. It is suver wat te waarm foar de tiid fan it jier. Oer it lân wurdt it dizenich en yn de bosk oan de oare kant fan it hûs hinget de damp al tusken de beammen. It komt fan de waarme middeissinne dat it sa gau belûkt.
Durk blaast de taptoe der noch achter oan, omdat it
| |
| |
hjoed sa goed wol. Dêrmei hat er fuort it heule repertoire ôfwurke. Mear kriget er net út de âld hoarn; twa fan de trije fentilen sitte fêst en de bern ha der mei de hammer op om timmere, dat der is ek net folle mear oan te ferhelpen. It ding is al tweintich jier âld en it koper skynt út 'en grienens.
Durk wachtet even en dan blaast er nochris. Dat is in warskôging foar Bouwe, dy't op 'e side fan it hûs mei syn brommer dwaande is. Altiten lit er it ding raze as Durk appèl blaast.
De froulju komme derút, de lytsen derachter oan. Foekje is de lêste, mei lytse Durk oan 'e hân en Pytsje op 'e earm. Durk strykt de lytsen yn 't foarby gean oer de holle.
‘Goeie heit,’ roppe de bern en Foekje seit: ‘Hast bloed yn dyn boesgroen.’
Se skoot mei de frije hân syn mesjester jas fansiden.
‘En hjir noch folle mear, it is allegear bloed.’
Se tilt syn earm op en wiist it oan.
‘Bijke hat dat knyntsje justjes te bot biten,’ seit er. ‘Hy wie nochal fûl, fernaam ik wol.’
Hy jout syn folkje even de tiid, dan stiet elk kreas yn 'e rige foar de pomp. Durk jout noch in stjit op 'e hoarn en dan pas komt Bouwe om 'e hoeke.
‘Do bist altiten te let, Bouwe,’ seit Durk. ‘Elk moat op dy wachtsje.’
‘As ik mei de brommer oan 'e gong bin, kin 'k de boel der samar net hinne smite.’
‘Do bist altiten mei dat ding dwaande, mar do hast dy oan de regels te hâlden. Ik jou elk de tiid om dien te meitsjen.’
‘Wat wit heit no fan moters ûf. Ik kin dy fine skroefkes en moerkes samar net op 'e reed lizze. As der sân oan komt en ik krij dat yn de karburateur dan draai ik de moter stikken.’
| |
| |
‘Ho mar, ik leau dy wol, mar likegoed hast der by te wêzen.’
Durk stelt him foar it front fan syn húshâlding op en sjocht nei Foekje. ‘Elkenien presint, mem?’
‘Tsjerk en Willem binne der noch net, Durk.’
‘Dat is de earste kear net.’
‘It binne grutte jonges, Durk,’ seit Foekje.
‘Ik mei der min oer,’ seit Durk. ‘Elk dy't hjir yn de kost leit, moat der om seis oere wêze. Tensij it noadsaken binne.’
Hy sjocht Foekje oan.
‘Ik wit net wat se by de ein ha.’
‘Moai, dus gjin permisje frege. Wel, dan hoechsto gjin iten foar harren waarm te hâlden. Wa't net op 'e tiid oan 'e krêbe is, giet foarby.’
‘No ja ...’
‘Gjin gepraat, regel en oarder moat der wêze. Rapport, mem.’
‘Neat bysûnders, Durk.’
‘Nimmen oan 'e doar west hjoed?’
‘Net ien.’
Durk sjocht by de rige lâns. ‘Klaske?’
‘Nee, ik ha ek neat te melden.’
‘Wêr is dyn poppe, leave?’
‘Yn 'e hûs, hy slept krekt, heit.’
‘Dan moat ik dy aans mar even oersjen. Hoastet er ek noch?’
‘It is hast wer oer, it wie net slim.’
‘Moai sa, bern. Gryt?’
Syn eagen geane der by del. It fanke hat al wer in oare jurk oan, liket him sa ta. En slim opmakke, oan 'e teannen fan de fuotten ta. Hy wol der wat fan sizze, mar bedimmet him. It bern hat de jierren, se moat it sels mar witte.
‘Ik woe fan 't winter yn Drachten bliuwe, heit. Wy
| |
| |
wolle meiinoar in flatsje hiere en dan kostet it net safolle. Dat sparret my fan 't winter de reiskosten út en ik fyn it folle geselliger.’
Der is Durk wat opfallen. Hy wiist nei de feint, dy't achter Gryt nuveraardich stiet te gysgobjen.
‘Hé, do bist aardich feroare,’ seit Durk. ‘Hoe is de namme ek al wer?’
‘Dit is Johan, heit,’ seit Gryt sljochtwei, ‘en hy hat hjir noch net earder west.’
Durk sjocht ferheard.
‘It is ommers út mei Peter,’ ferklearret Gryt, ‘dat ha ik heit fan 'e wike al sein en doe ha 'k ek sein, dat Johan no myn freon is.’
‘It is ek sa,’ stint Durk en hy prakkeseart der op om.
‘Ik bin op 't heden tefolle fan hûs. Heule dagen oan it wurk, in soad oan 'e kop, hawar, it sil wol oerbetteije.
Hoe skriuwt de jongkeardel him?’
‘Ik bin Johan de Vries,’ seit de jonge.
‘Bêst Johan, wel do skikst aans mar mei oan ast der nocht oan haste, mar wy hawwe hjir op 'e pôle ús eigen regels en dêr hast dy oan te hâlden.’
‘Ik fyn it hjir hartstikkene leuk,’ seit Johan.
‘Fersjoch dy der net op, jonge. It libben stelt hjir syn easken ek. En wat ik sizze woe: do fynst dit miskien wat in frjemde fertoaning, mar as ik net ienkear deis appèl hâld dan ûntkomt der my tefolle. Sa machtich as wy binne ...’
‘Jawis, dit is de manier,’ seit Johan fol begryp.
‘Moai sa, dan geane wy no fierder. Bouwe? Ho wachtsje even, wêr hiesto it niis oer, Gryt?’
‘Ik wol fan 't winter yn Drachten bliuwe, mei syn fjouweren op in flatsje en dan ...’
‘Dêr sille ik en mem oer prate.’
‘As heit it net goedfynt, doch ik it dochs. Ik bin op 't lêst mearderjierrich, ik mei it sels witte.’
| |
| |
‘Wel ja, sprek mar op, likegoed sille ik en mem it der oer ha. Do wiest oan bar, Bouwe.’
‘Ik leau dat ik takom' wike opsis,’ rapporteart Bouwe noartsk. ‘Ik kin mei foegjen maklik hûndert daalders wyks fertsjinje.’
‘Do kinst wol miene, datst ek al by de grutte minsken hearst, mar sa is it fansels net. As der opsein wurde moat, dan sille wy dat earst goed beprate.’
‘Hy moat by Visser bliuwe,’ bringt Foekje der tusken.
‘Hy kin dêr in soad leare.’
‘Leare, leare,’ hunet Bouwe. ‘Ik doch oars net as stien sjouwe, spesy meitsje en hout tôgje.’
‘Kinsto foegje?’ freget Durk.
‘Ik ha it yn 'e slach. No ja, ik kin fansels noch net sa hurd as de oaren, mar as ik fjirtjin dagen op 'e steiger stien ha, dan sille jim ris wat sjen. Jan Sloothaak wol my graach ha. En hûndertfyftich gûne helje ik altiten. Kin 'k teminsten in nije brommer keapje.’
Durk seit: ‘Wy sille der jûn oer prate, ik en mem. Wy moatte dit goed ûnder eagen sjen. Hoe âld bisto op 't heden?’
‘Hy moat noch njoggentjin wurde, Durk,’ seit Foekje.
‘Hy hat noch in soad te learen.’
‘De behanneling fan dit fersyk wurdt oanholden,’ is Durk syn beskied. ‘Folgjende.’
‘Willem is der net, Durk.’
‘Dat is ek sa, ik sil it him jûn sizze. Jantsje?’
‘Ik wol jûn graach fuort, heit. Ik ha mei in pear famkes op 'e Sweach ôfpraat.’
Durk sjocht Foekje oan.
‘It is gjin bern mear, Durk. Se wurdt aans sechtjin.’
Durk sjocht nei it fanke en stint: ‘Bliksem, wat giet de tiid hurd. Hoe let moat se thûs wêze, mem?’
‘Net letter as tsien oere, hie 'k tocht.’
‘Verzoek toegestaan, nachtpermisje oan tsien oere ta.
| |
| |
Bearend?’
Bearend skodhollet. De lytse Durk hat memme' hân loslitten en stelt him parmantich neist heit op.
‘Hindrik?’
‘Gjin bysûnderheden.’
‘Gjin bysûnderheden,’ kraait de lytse Durk.
De nije feint fan Klaske hat der wille om.
‘Dat wurdt in goede huzaar,’ smyt er der samar tusken.
‘Wat witsto fan de huzaren?’ freget Durk.
‘Ik ha ek by de huzaren tsjinne,’ seit de jongkeardel.
‘Dat is aardich, sa'n ien ha wy hjir noch net hân.’
‘Ik bin der noch net iens salang út,’ ferklearret Johan him neier. ‘Yn jo tiid wienen der noch hynders, hen. Klas hat my f erteld, dat jo by it hynstefolk west hawwe.’
‘Dei en nacht tusken de hyns, wat tochtsto.’
‘Ik ha noait in hynder sjoen, allinne mar tanks.’
‘Der binne gjin hynders mear, dat ha 'k heard,’ seit Durk. ‘De hynders binne der allegear út. Mar hoe kinst no huzaar wêze sûnder hynder?’
‘Tradysje man, oars net as tradysje.’
‘Oars wol aardich,’ seit Durk. ‘Wy moatte der alris oer prate. Och hearken, wat ha ik wat belibbe by de huzaren. Hast wolris fan de ritmeester Van Schaick heard?’
‘Nee, dy namme ken 'k net.’
‘Ik sprek no fansels fan sa'n tritich jier herwaarts, mar ...’
‘Sille wy earst net even dien meitsje, Durk?’ freget Foekje.
Se pakt mei dat lytse bern om en de oaren wolle der ek wol ôf wêze.
‘Hast al wer gelyk, leave, wy geane fierder.’
Hy sjocht freegjend nei lytse Foekje dy't al lang net
| |
| |
lyts mear is, mar altiten wol sa neamd wurde sil, salang hja alteast ûnder itselde dak ferkeart as mem Foekje. De âldste bern hawwe besocht har Femmy te neamen, mar dy namme hat Durk ferbean. Durk sil him trouwens noait fersinne, want grutte Foekje is by him altiten mem.
Foekje, de lytse, hat al wat.
‘Ik moat in stretsbroek ha, heit. Alle bern op skoalle ha in stretsbroek.’
Durk sjocht syn frou freegjend oan.
Gryt seit: ‘Dat is in lange broek, mar dan in nauwenien en mei bantsjes ûnder de fuotten lâns.’
‘Is dat itselde as in penty?’ freget Durk, want dat wurd hat er ûntholden fan in earder petear oer frouljusklean.
‘Nee, dat is gjin penty,’ seit Jantsje, ‘in penty is heul wat oars.’
‘Binne dy miskien al wer út 'e moade?’
‘In penty is wat oars, dat is in broekje mei hoazzen der oan.’
‘Mem moat dit mar ris besjen,’ makket Durk him der ôf. ‘Ik wit ek net hoe't it op 't heden mei de sinteraasje liket. Is sa'n ding djoer?’
‘In pear tsientsjes.’
‘As it mem fan 'e wike net past, dan krigest ien fan my,’ belooft Gryt gol. ‘Ik ha al wer opslach krigen en as dat bern graach in stretsbroek ha wol ...’
‘Sa mei 'k it hearre,’ beart Durk, ‘de iene komt foar de oare op, soks docht deugd. It is ek wol ris oars, mar as it derop oankomt dan binne wy ien.’
Hy sjocht grutsk nei Gryt har feint. ‘Sa giet dat by ús, jongkeardel.’
Durk priizget Gryt en Foekje seit ek, dat it in merakel is.
‘Hoefier binne wy, mem?’
| |
| |
Durk sjocht it hear oer. De lytse Durk hat sines der al ta dien. Pytsje slept op memme' earm en der wurdt fierders troch nimmen wat nei foaren brocht.
‘Moai, dan mar even de tsjinstlist. Mem, wa binne oan bar?’
Foekje sjocht de rige by lâns.
‘Klaske, soesto net ...’ hifket se.
‘Sa kinne wy net, mem,’ ûnderbrekt Durk har. ‘Strikte rechtvaardigheid, sei de ritmeester altiten en dêr hâlde wy ús ek oan.’
‘No, as jo de huzaren bedoele dan ha ik it wol oars meimakke,’ seit de jonge fan Gryt frijmoedich.
‘Wat seisto my dêr, kin men by de huzaren fan Boreel net mear op inoar oan?’
De jonge bynt gau yn, want Durk sjocht goed gleon.
‘Der binne minnen by,’ seit er, ‘ûnder de offisieren, bedoel ik.’
Durk heart der nij fan op.
‘Smearlappen,’ seit de jonge manmoedich, ‘grutte smearlappen en sa is 't.’
Durk sil begjinne út te pakken.
‘Durk,’ seit Foekje, ‘it is ommers tritich jier lyn datsto ûnder tsjinst leist. It kin allegear wol feroare wêze.’
‘It is ek sa, mem,’ seit er berêstend. ‘Ik wol it gjin ligen hjitte, it is in rare wrâld. Mar ûnder de ritmeester Van Schaick ha ik noait meimakke, dat der immen ferkeard bejegene waard. Us ritmeester wie dêr fûl op. Fan findeldrager oant faandrich, allegear poer la patry. Sa sei er dat en it betsjut sokssawat as mei inoar ien.’
‘Foar it faderlân,’ seit de jonge eigenwiis.
‘Sa'k sei, sokssawat,’ antwurdet Durk ûnfersteurber, mar hy kriget syn nocht hast al fan de jonge syn grutte mûle.
Foekje hat yn 'e hûs west en langet Durk in stik pa- | |
| |
pier oer. It is de tsjinstlist dêr't fan elk op stiet wat er te dwaan hat en wannear.
‘Ik wol hjir al mei dy oer prate,’ seit Durk tsjin de jonge. ‘It is my nuver yn 'e wei dat it no sa mal liket mei de huzaren.’
‘No ja, sa mâl giet it ek wer net, mar der binne al smearlappen by, lyk as rûnom en dêr dogge jo neat oan.’
‘Wat let my en skriuw de ritmeester in brief,’ seit Durk. ‘Ik doar te wedzjen dat er der wurk fan makket.’
‘Durk, dy man kin ommers wol dea wêze,’ moannet Foekje.
‘Sa âld kin er oars noch net wêze,’ prakkeseart Durk.
‘Mar ja, it is fansels wol goed tritich jier lyn, dat is sa.’
Hy hat de list krigen en giet mei de finger by de nammen lâns.
‘Klaske hat moarn korvee en Tsjerk en Jantsje moatte jûn jirpelskile.
‘Ik soe jûn frij ha,’ ropt Jantsje.
‘Dat is ek sa. Dan skoosto op en is it Bearend syn dei.’
‘Ik soe ...’
‘Gjin protest of it moatte noadsaken wêze.’
‘Ik soe jûn te fiskjen.’
‘Dy fisken bliuwe der wol.’
‘De iel wol op 't heden goed bite.’
‘Moarn ek wol, dit binne gjin noadsaken. Wel, ha wy it sa hân, mem?’
‘Ik moat nei myn jirpels ta, Durk. Se steane te sieden.’
‘Hast gelyk mem.’
Durk set de hoarn oan 'e mûle en blaast de ôfmars.
‘Oer in kertier oan 'e krêbe,’ ropt er der achteroan.
‘En no wol ik mei dy prate, jongkeardel.’
Hy wiist nei Johan.
‘Kin dat letter net, heit?’ freget Gryt. ‘Wy soenen even
| |
| |
mei de lytsen boartsje.’
‘Dat is goed, bern.’
Durk bringt de hoarn yn 't hok en ferset de kninestjelp. De geit en it skiep moatte ek ferstutsen wurde. Bearend freget oft heit him helpe wol om in útkykpost yn de linebeam te meitsjen.
‘Nei 't iten miskien, mar dan moat heit earst noch even in knyntsje út 'e jas helpe.’
‘Wol drok,’ seit Johan dy't it oanheart, ‘wol drok, sa'n grutte húshâlding.’
‘Hjir op 'e pôle hat elk wol wat te dwaan, jongkeardel. Nimmen hoecht him hjir te ferfelen.’
Durk giet even op it potrak neist de pomp sitten te bekommen.
|
|