| |
| |
| |
It stjonkt hjir nei minsken, seit Durk. Mar dêrom hied er dat eptige mantsje fan it kantoar net sa'n reis jaen hoegd
DURK HAT it al foarsein: op in hjerst mei in soad bûkels en ikels folget in strange winter. Dat hat noait oars west en dat kin ek net oars. De natuer is net om 'e noch sa rynsk mei fruchten. Alle bisten, dy't yn 't wyld libje krije har part fan de goede jeften, sadat se der winterdeis tsjin kinne. Yn âlde tiden holden de minsken der ek rekken mei, mar dy binne al sa bidoarn, dat se net mear oan tekens leauwe. Se hoege trouwens ek gjin foarrie oan to lizzen, lyk as de iikhoarntsjes of har fet to fretten, lyk as de réen en de kninen. De minsken rêdde har oars wol. Durk hie it yn 'e rekken en as hja oan 'e Sânleane bleaun wienen, hienen se der klear op west.
Yn Drachten hoecht it net; it gas rint troch en by Philips merkt men net iens oft it winter is of simmer. It liket der earst oars heulendal net op, dat it in swiere winter wurde sil. Mei de krystdagen is it bûten suver myld. Op 27 desimber lykwols giet it los en âldjiersdei binne de iisbanen iepen en wjukkelje de earste riders de fearten en kanalen lâns. In wike letter leit der sa'n bonke iis yn, dat de belsliden foar 't ljocht komme.
- Duvekater, hwat in genot dat men jins wurk binnendoar hat, huvert Durk.
Dochs geane hy en Willem der saterdeis op út. Yn it Djip leit it iis sa mar oan 'e boaijem ta en soks bistjut, dat
| |
| |
der hwat to heljen is. Se slane op de djipste plakken bitten yn it iis en skeppe de mûdhounen en snoeken der sa mar út. Jouns kappe se lytse gatten deun tsjin 'e wâl oan en trop je der proppen hea en strie yn. Sneintomoarns bitiid der wer hinne. Grouwe ielen binne der nachts yn dat hea krûpt. Se geane der foarsichtich op ôf, dan mei in hael de toppe oer it iis smite. De iel rûgelt der út en leit foar it oppakken. Fûl wurk. De jouns mei de lea fol kjeld nei hûs en moarns mei de stive rêch fiersten to ier fan 't nust. Mar dat let allegear neat. Dat is to sizzen, Durk is in pear dagen letter wol sa siik as in houn. Forkâlden, pin' yn 'e holle, spuije as it ielreager. It net leauwe wolle fansels, dus dochs nei de fabryk. Net dat er net siik wêze wol, mar hy wol it net wêze foar Foekje, dy't him warskôge hat foar dy reizen nei de Sweach.
In dei letter in heale longûntstekking en dan helpt Beerenburch net iens mear.
- It komt fan dy forrekte fabryk, seit Durk. - In mins wurdt dêr folslein bidoarn. Jo kinne optlêst gjin sigentsje mear forneare.
- In sigentsje? It himd wie dy saterdei oan 't gat ferzen, hunet Foekje.
- Jawis, mar dêr moat men tsjin kinne. Hoe lang is it lyn, mem, dat ik yn dat wak roun wylst Feike Dam my achter de broek siet? Tsien jier, langer net. Hoe lang haw ik doe oan de skouders ta yn 't wetter stien eart ik der útklauwe doarst? Altiten wol trije kertier. Ik frear der suver yn fêst, ik moast my der sels út bikje. En ha 'k der hwat fan skipe?
- Bist net sa jong mear, Durk.
- Dat is gjin kwestje fan leeftyd, dat is gewoan bihurdzjen.
Sa leit Durk goed twa wike op bêd to foeterjen en der ûntkomt him fan alles. As it bigjint to teijen - like hurd as it ferzen hat - mei hy der noch net út, wylst dan krekt de fisk fan binaudens suver op 'e wâl krûpt.
| |
| |
Ein febrewaris kin it wer wêze. De earste de bêste saterdei fytst er nei de Sânleane en sjocht it spul oer. Underweis nimt er waer, dat de einen bigjinne to pearjen. Jawis, as it trochset binne de earste aeijen der sa mar. De ljippen sille der ek al wêze. Hy eaget it fjild oer nei de kant fan de heide. Der komt libben yn, it is oan alles to sjen. En it wyld hat net folle lit. De winter hat wol fûl west, mar net lang genôch duorre.
Durk stiet op 'e brêge en snúft de lucht yn. Hy heint de rook fan de kommende maitiid op en hy kin dêr mar min wei komme. Hy strúnt om it âlde sté hinne, bisjocht de ierdbeiplanten en hy hellet in tûkje fan de wylgepôlle by it Djip. Hy pluzet de skyl der ôf en rûkt. It libben sit der yn en as er de finger oer it hout strykt, wurdt dy fochtich.
- Duvel Bijke, it giet hurd. It is my fansels ek hwat ûntkommen troch dy sykte, mar ik hie net yn 'e gaten, dat it sa foarlik wie.
Hy hie dêr salang net bliuwe moatten. As er yn it skimertsjuster op 'e fyts stappe sil, heart er ynienen de guozzen. Se sitte heech, dat hy kin se net sjen. Mar hy wit hwert se hinne geane; it lege lân oan 'e súdkant fan it Djip, dat om diz' tiid yn 'e splis stiet. Hy heart de guozzen noch as er de Sânleane lâns fytst. Hy dikert tusken de keale krunen fan de beammen omheech nei de heldere loft.
Miskien ha dy guozzen it him wol dien. Hy wurdt thús sa ûnrêstich as in aeisiik hin. Hy dangelt op it hiem om en hat in sin as in baerch.
As Foekje him yn 'e hûs ropt, seit er ûntofreden: - Nou is 't febrewaris en yn 't fjild kinst de maitiid oankommen fiele. Dou kinst it rûke. Mar hjir is 't bare winter. Ik rûk hjir neat.
Hy snúft as in speurhoun. - It stjonkt hjir, stelt er fêst, - it stjonkt hjir nei minsken.
- It kriget jim heit wer to pakken, krimmeneart Foekje
| |
| |
as hja yn 'e keamer komt. - Ik hoopje, dat it goed giet.
Hwerom soe it net goed komme? It forstân moat foarop, is 't net sa? Mar se moatte Durk yn dizze snuorje gjin dwerse kneppels smite. Thús hâlde se der rekken mei. Yn de fabryk leit dat lykwols oars.
- Durk, gjin forkearde dingen dwaen, warskôget Foekje moarns.
By it kofjedrinken freget Klaske: - Hwat hat der eins west mei heit? Hwerom sit mem sa oer heit yn en hwerom draeft mem sa achter him oan as er sa'n frjemde rite hat?
Foekje prakkeseart der op om, dan seit se: - Der hat eartiids hwat mei him west.
- Hwat dan mem?
Foekje bitinkt har. - Né, jimme hawwe dêr neat mei to meitsjen. Letter miskien.
Letter duorret yn dit gefal net lang. Durk hat de kantine oanfage, de taffeltsjes himmele en alles klear set foar it kofjedrinken. Hy drinkt sels in bakje yn 't foar en giet dan it magasyn yn om syn dingen to dwaen. As der spoarweinen lost of laden binne, is 't dêr allegear rommel. Net dat it Durk slim yn 'e wei leit, mar de chef wol 't der graech sa gau mooglik wei ha.
As er even letter yn 'e kantine komt om in stik ark op to heljen, sitte de measten al to skoftsjen. Twa fan dy gystene jonges binne oan it wrakseljen, stompe tsjin it taffeltsje oan en der knoffelt in breatrompke ôf. De brochjes der út en dan kwakt de iene de oare der op 'e rêch yn. De bûter en de sjem sit him yn 't hier en op de skjinne flier sit de bringst ek.
- Even opromje, jonges, ik ha 't hjir krekt skjin, seit Durk.
Sa'n oanmerking kin nimmen hwat fan sizze, wier of net? Mar dan moatte sokke mannen net lêbbich wurde en sizze: feije jo dat mar op, jo wurde der foar bitelle. Sok
| |
| |
praet stiet Durk de kop net nei en dat fornimme se gauachtich.
- Oppakke dy rommel, seit er gleon.
- Kalm oan, heite, seit de iene.
Se geane oerein en sille fuort. Durk grypt se by de tûfe. Hier genôch, dat hy hat se goed beet. Yn elke fûst in holle en hy triuwt se even stevich tsjin inoar oan. Net to rûch, mar dochs komt it aerdich oan. De beide mannen sûzebolje der oer en sitte forstuivere neist inoar op 'e flier. Durk kriget syn ark en giet fuort. Mar der wurdt fansels wol even oer praet.
- Sa moatte wy net, Lugtigheid, seit chef Hiemstra. - Sokke bongels fortsjinje it fansels wol, mar dit is net de wei. Yn sokke gefallen moatte jo in klacht yntsjinje by my.
- Och, dit helpt folle better, seit Durk guodlik, - tink om myn sizzen.
Sa rint dat ôf. De pear moaije dagen dy't febrewaris plachtet to hawwen - mar dêr't Durk neat oan hat, omdat er yn dy fabryk sit - binne lykwols noch net om. De oare deis mient Durk ûnderweis nei it wurk in ljurkje to hearren. Hy harket mei niget, mar der sûzje him auto's en brommers foarby en dy forgalje de wille.
De man fan it kantoar, dy't gjin each hat foar ljurken en noch minder foar Durk syn swierrichheden, hie de moarns better net yn it magasyn komme kind. Hy dangelt der om mei listen en rint dan mei Hiemstra by de steapels kisten en doazen del. Se streekje de foarrie ôf op de listen. In eptich man, hy seit gjin mins dach, mar kommandeart ta. Hy ropt Durk oan en seit: - Och, rin even nei de foarrieadministraesje en freegje hear Jacobse nei de stikken oer....
Durk harket net iens mear. Hy draeit him om en faget fierder. Dy man seit forheard: - Hé, ik frege dy dochs....
| |
| |
- Dêr bin 'k net foar ynhierd, seit Durk en hy giet syn wegen.
De man is forslein, mar even letter draeft er achter Durk oan en leit him de hân op it skouder. Mis fansels, heulendal mis. Durk ûnderhellet de fûst en jowt de man in fikse stomp yn 'e mage. De eptige menear teart dûbel en saeit oer de flier. Durk is op ien ein en freget oft der noch mear binne, dy't forlet hawwe. Minsken genôch, mar net ien hat forlet. Hiemstra komt der op in draef oan en bliuwt op feilige ôfstan. Durk stiet as in oansketten foks midden yn 'e rounte en wachtet ôf.
- Oan it wurk minsken, moannet Hiemstra mei sénuwachtige gebearten en hy triuwt de manlju alle kanten út. It folk giet ûnwillich oan 'e slach.
- Even om in bakje kofje, Lugtigheid, beart Hiemstra en hy komt in bytsje tichterby.
- Dat is goed.
Hiemstra draeft nei it buffet. Hy beart as hied er in gefaerlike gek foar him en sa mâl hoecht it ek wer net. Durk mei dy man wol lije, sadwaende hâldt er him kúm.
De menear is oerein riist en sjocht forslein om him hinne. Hiemstra jowt him de wink en de man lûkt him ûnopfallend werom.
- Sa, gean sitten, ik helje even twa kofje.
- Sûker en molke graech, seit Durk.
Hiemstra sjocht him nuveraerdich oan. - Komt klear, Lugtigheid, komt klear, seit er hastich en draeft al wer.
Yn it fierdere forrin giet de lieding mei fordrach to wurk. De sociale wurker wachtet oan jouns goed njoggen ûre ta, as de lytsen op bed binne en de âlderen der út stjûrd wurde kinne. Yn it húslike formidden mei allinne Klaske en Foekje der by doart dy man it wol to sizzen.
- Hoe't jo it ek bisjogge, Lugtigheid, dit kin fansels net. Hjir is gjin ekskús foar. Ek al hie dy man jo noch sa
| |
| |
misledige - mar neffens it rapport hat er allinne hwat bazich en nei alle gedachten ûntaktys west - jo kinne der sa mar net yn slaen.
- Hwat hast dan dien, Durk? freget Foekje binaud, hwant Durk hat summier west yn syn meidielings. Soksahwat as spul hawn en yn 't lêst in pear klappen jown.
- By ús wurdt net gau immen ûntslein, mar yn dit gefal bin ik der net wis fan oft wy it rêdde.
Durk seit der net folle fan. - It moed roun mei even oer, en ja, dan stean ik net foar my sels yn.
- Jo binne in opljeppen man, dat hie 'k yn 'e gaten, mar....
Och, dy sociale wurker is in pûrbêste man en hy hat net alhiel ûngelyk. Mar hy hat ek gjin weet fan guozzen, ljurken en de rook fan de maitiid.
Foekje en Klaske knikke wakker by alles hwat de man seit.
- Hy kin it moai sizze, seit Foekje as er de doar út is.
- In ôfgryslik aerdige man, bifestigt Klaske, - mar nou wol ik witte hwat der yndertiid mei heit west hat.
- Durk, hwat seiste? freget Foekje.
- Bern, ik ha it noait stil holden; dat is fan dy útgien. Ik stean der noch altiten foar.
- Jim heit, bigjint Foekje gewichtich, - jim heit hat Sitten.
Klaske wurdt der yn earste ynstânsje net kjel fan. - Foar streuperij?
- Né, dit wie hwat oars.
- Leave, seit Durk, - dou hoechst der net in foardracht fan to meitsjen.
En dan tsjin Klaske: - Yn '38 ha 'k in opsichter fan de Heidemij tonei west en dêr ha 'k seis moanne foar sitten. It wie yn 'e wurkforskaffing. Wy sieten yn de Beetster
| |
| |
krite; dêr waerd doe lân oanmakke en wy waerden alle dagen negere. En doe't ik dêr optlêst myn nocht fan krige, doe ha 'k yn 'e slach west mei dy fint. It wie oars net folle wurden, mar hy krige in lep wylst ik mines krekt dellein hie. Ik hie him in klap tsjin 'e kop jown en doe krige hy de lep. Doe moast ik ek wol. Ik ha him mei de F. Herder in prip jown. Hy hat my mei de bats in lamme earm slein, mar dat hat de rjochter noait hearre wold. Alles draeide om dy prip.
- Wied er dea? freget Klaske, nou dochs wol hwat ûnder de yndruk.
- Welné, hwat tochtste? As er dea west hie, wie ik noait wer frij man wurden.
- Durk, wolstou dyn mes wol thús litte? freget Foekje.
Durk laket: - Hwat moat ik yn dy fabryk mei in mes? It sit al tiden yn myn âlde broek.
- Gelokkich, stint Foekje.
Durk kriget net dien. Nei alle gedachten is dat allinne in gefolch fan de frees foar opskuor. Yn it magasyn meije se Durk wol lije en dat mantsje, mei hwa't hy sa handich ôfweefde, kin elk wol sjitte. As Durk ûntslein wurdt, kinne guon it wolris yn 'e kant sette? der arbeidzje mear Wâldmannen yn it magasyn.
Durk sels hat it slimste hawn. It wurdt ûnlijich en kâld maertwaer mei sniebuijen, nachtfroasten en hagelstiennen. Der binne dagen, dat it jin oangriist om der út. Durk priizget it greatkaptael, dat him ûnderdak forskaft. It is wol spitich, dat Willem dan krekt mei sokke alarmearende birjochten fan 'e Sânleane komt.
Op in joun stapt hy der yn en seit sljochtwei: - Us hûs giet der ôf.
- Hwat seiste? ropt Durk forheard.
- Se brekke meikoarten ús hûs ôf. Ik ha it heard fan in man fan de gemeente.
| |
| |
Durk riist út syn stoel. - Dat kin fansels neat wurde.
- Durk, dat hûs binne wy kwyt, dat ha 'k dy al sa faek sein.
- Gjin sprake fan? ik stean op myn rjocht.
- It is net biskreaun, Durk, eamelt Foekje. - Wy kinne der neat oan dwaen.
- Se komme sa net fan my ôf. Ik sil myn maetregels treffe.
En dat docht er. Hy stapt de oare deis nei Hiemstra en seit: - Nou jowt it neat, mar ik moast moarn al in pear snipperûren ha.
It hinget der yn. Soks moat fier fan to foaren oanfrege wurde en boppedat kin Durk mei dy trije fjouwer moanne, dat er by dizze baes is, net folle rjochten jilde litte. Hy rêdt it dochs, omdat Hiemstra foar him pleitet.
Hy seit de oare moarns tsjin Foekje: - Nou gean ik earst even fuort.
- Silst net nei 't wurk?
- Né, ik ha in pear boadskippen op 'e Sweach.
- Och hearken, silst foarsichtich wêze, Durk. En hast dochs wol frij frege?
- Dat is yn oarder, bern. Ik ha in snippermoarn. Durk giet yndied foarsichtich to wurk. Earst stapt er nei gemeentewurken en fuort mar oan 'e direkteur ta.
- Dus jim sille dat âlde hûs oan fe Sânleane der ôf helje.
- Lugtigheid leau ik, hen. Ja, ik sjoch it al. Jo wenje yn Drachten ha 'k heard. Jo wolle dochs net werom nei de Sânleane?
- O heden né, ik prakkesear der net oer. Tige nei 't sin yn Drachten.
- Moai sa, hwer giet it jo dan om?
- Ik woe witte oft it ôfbrutsen wurdt.
| |
| |
- Hwerom wolle jo dat witte? freget de direktem erchtinkend.
- Dat sil ik jo sizze, ik ha der noch it ien en oar yn. In âld kachel, in pear mud ierpels ûnder it bedsté. En dan om it hûs hinne hwat planten, ierdbeijen, beijepôllen en sa. En op 'e sydmuorre ha 'k okkerjiers krekt in moaije klimop oanset. Ik woe dat guod der wei ha eart jimme bigjinne to slopen.
- Dêr kin 'k ynkomme. Ha wy dat krot forline hjerst net kocht?
- Dat sil wol
- Ik wit net krekt hwanneart wy der oan ta komme. Woenen jo it op slach witte?
- As dat kin?
- Dan moat ik it even freegje.
De direkteur skillet mei ien fan syn meiwurkers. - Earst noch dy dûbele wenning yn Duerswâld en dan.... krekt, dan wit ik it wol sahwat.
Hy leit del en seit: - It hinget fansels ek fan 't waer ôf, mar de earste fjirtjin dagen sil it noch net folle wurde. Dochs soe 'k jou boel der mar gau weihelje, hwant ik kin jo net garandeare, dat it der oer trije wike noch stiet. En as de bulldozer der foar stiet, is 't yn in heale dei bislikke. Fan jou moaije struken en planten sil dan net in soad oerbliuwe.
Twa wike, seit Durk bûtendoar tsjin himsels, twa wike en langer net.
Hy giet to foet nei de húshâldster fan Ale de Haan, mar dat mins sjocht him oankommen. De doar op in kier en har grouwe lea der achter. Hy set noch al de skoech der tusken, mar fierder komt er net.
- Hwat ha jo der foar bard?
- Ik leau net, dat ik jo forantwurding skuldich bin.
- Aerdich minder as jo tocht hienen. Foar de rékréaesje wie't mear wurdich. Jo hawwe my der oars net yn
| |
| |
kend en dat is my min nei 't sin. Hoefolle hienen jo tocht....
- Och man....
- Net dat ik genoegen nim mei in ôfkeapsom, mar ik moat witte hoefolle, sadat ik myn dingen dwaen kin. Jo ha der dochs wol rekken mei holden, dat ik mei jo yn proses gean?
- Man, pak op. Velstra is myn saekwaernimmer, gean dêr mar hinne.
Se wipt moai handich syn skoech der wei en klapt de doar ticht.
Twa wike, seit er ûnderweis tsjin himsels, twa wike. Hy snuft de lucht op. It waer sil mei gauwens omslaen en dan is 't maitiid.
Fjirtjin dagen, it is koart dei.
|
|