| |
| |
| |
Om in lang forhael koart to meitsjen. En hwat foroaring fan lucht al net dwaen kin
DE opset wie goed en der is ek mei ynrnoed bisocht om it dêrhinne to lieden, dat wy Durk-en-dy yn it lêste haedstik as tofreden minsken yn har bistean achterlitte koenen. De âldste bein kiekt lyk as Aeltsje yn 't fatsoenlike troud en yn earsume biroppen it deistich brea forstjinjend foar frou en berntsjes of as deeglike húsfrou de boel by inoar hâldend. De jongsten flitich studearjend oan Mavo, technise skoalle en ien fan de tûksten nei de Havo. Foar Klaske wie ek al in oplossing bitocht. In kreaze widner mei twa bern soe gading nei har meitsje. Miskien gjin boppeslach, mar Klaske wie der mei rêdden en by wize fan boetedwaning foar de misstap, dy't hja ienris bigien hat en dy't wy net forjitte meije, hoegden wy har ek wer net it aldergreatste lok to skinken. Hwat Willem oanbilanget, dy soe ta ynkear komme kinne, in ôfgriis krije fan it streupen en fia de dierebiskerming syn bistimming fine: boskwachter op 'e Sweach, mar dan in goeden-ien en net sa'n heale streuper as Feike Dam. En Durk dan? Wel, dy hie út en troch syn mankelike rite ha sild en maitiids soe it bloed gauris sprekke. Hwant wy moatte réeel bliuwe: it kwea wol maklik yn de minske del, mar jo krije it der sa mar net út. Dochs soe Durk sterk stean en net biswike foar de forlieding, dêryn stipe troch syn alles bigripende
| |
| |
Foekje. Mooglik wie hy nei forrin fan jierien noch chef wurden fan it magasyn.
Jawis, sa soe it, mar mannen as Durk geane har eigen wegen en hwa is dizze skriuwer, dat er de skiednis forfalse mei? It hat dan ek gjin eigenskip en hâldt de lêzer langer op 'e tok. It hat net wêze mocht sa't wy graech wold hienen. It griist jin oan, binammen foar de berntsjes, dy't it heule libben noch foar harren ha, mar it is net oars.
Der komt noch hwat by. Durk hat de saek fan de yndustrialisaesje gâns ûnderstek dien. Dêr tinke sokke mannnen fansels noait oan, mar in oar sit der mei. Nim bygelyks dat akkefytsje mei it eptige mantsje fan it kantoar. Goed, dy man hat skuld, hy hie Durk sa net oankomme moatten, hy hie better witte moatten. Mar ja, Eindhoven stjûrt langer elkenien mar nei Drachten.
Hwat binne lykwols de gefolgen fan sa'n aksidint? Dy man docht de holle in dei as fjirtjin sear. Thús yn Brabân fortelt er nuvere forhalen oer Wâldtsjers, dy't der sa mar yn huffe. Hup, wer in fikse dûk yn ús imago. En it Etif mar skreppe om dy der wer út to krijen. Dit skilt Drachten op syn minst in middelgreate yndustry. Hwant soks sprekt fier: in greatyndustrieel, op 'e résprong om syn heule bidriuw nei Fryslân to forpleatsen, heint it forhael op. Bliksem, is dat sok mâl folk? Hwat stiet my dêr eins to wachsjen? Dan leaver nei de Europoarte, yn 'e stank en de stakings. Sa, wer in stik goodwill nei de barrebysjes.
Dat der even tusken troch, al moat hjir net to licht oer praet wurde. De h.h. promotors, dy't Fryslân forkeapje, moatte der fierders mar mei rêdde. It giet ús yn 't foarste plak om Durk en syn húshâlding. En dêr sil nou even koart mei kriemd wurde, sadat de lêzer yn elk gefal wit hoe't it ôfrint.
Durk sit der dagen lang op om to brieden eart hy de oaren der mei oankomt. Hy nimt earst Foekje geweken.
| |
| |
- Leave, dou sjochtst der min út. Kinstou hjir wol aerdzje?
It falt mei Foekje oars wol ta. Se hat it drok, dat is sa, mar hat dat oait oars west? Oan 'e Sânleane liet se hwat mear oer har kant gean, yn Drachten kostet it ynspanning om de boel yn 'e stokken to hâlden.
Durk lykwols beart, dat mem hwat ûnder de lea hat.
- It falt ôf leave, ik wit it wol. Ik forwyt dy ek neat. Dou hast der it meast op oanstien om hjir hinne, mar dat hoechst dysels net to forwiten.
- Dat doch ek heulendal net, Durk.
- Let neat, wy sille hwat better om dy tinke.
Dan de bern. Willem hoecht neat sein to wurden. Tsjerk en Bouwe leit it wol sljocht, hoewolt Tsjerk by neijer ynsjen wol sa leaf op 'e Sweach bleaun wie. Sa hat er him altaest útlitten. Hindrik en Berend komme him aerdich tomjitte; de jonkjes kleije, dat se gjin oanslach ha. De boarterstun binne se allang op útsjoen. Se bigjinne to swalkjen of hing je thús om, dêr't se Foekje en Klaske foar de fuotten rinne.
- Jonges, gean to boartsjen, ropt Foekje har ta.
Durk seit birêstend: - Se forfele har, dat kin 'k my yntinke. Ik rin hjir yn myn frije tiid ek geduerigen mei de siel ûnder de earm.
- Dou komst net mear út 'e stoel wei, seit Foekje.
- Né, it is mysels yn 'e wei, mar hjir is ommers neat to forstriken. Nou kin 'k jouns de strjitte wol op en del drave, mar dan sjoch ik oars net as televisytastellen en minsken, dy't der mei kramp yn 't gesicht foar sitte. Allegear krekt itselde; itselde hûs, itselde wurk, itselde iten, deselde stuollen. It kin net útbliuwe of de minsken moatte ek allegear gelyk wurde. Ik ha der soms al muoite mei om de buorlju út inoar to hàlden.
Klaske seit. - As heit him forfeelt hwerom giet heit dan net by in foriening, in sportklub of sa. Der is genóch.
| |
| |
- Och leave, dat is dochs neat foar my.
- In fiskklub, dat is hwat. Der is hjir in greate fiskklub.
- Fiskje? Ikke? Wês dochs wizer.
- Heit fiske eartiids in soad.
- Op in simmerjoun in ûre oan it Djip sitte, dêr mei 'k wol oer. Mar by in klub en dan mei de angel oan 'e fyts der op út. Stumper né, dan soe 'k tsjin mysels stean. Ik bin mear in streuper en sok folk ha se by fiskkluppen in hekel oan.
Foekje seit: - Astou it sa swier hast, Durk, dan moatte wy dochs hwat foar dy útfine.
- Né, dat hoecht wier net leave. Ik hâld it wol út, mar ik fyn it wol slim foar de bern. Dy hawwe it libben noch foar har en dan sa. As ik Berend en Hindrik sjoch dan tink ik wolris: komt dit wol goed? Krije dy har gerak wol? Se swalkje oeral hinne en jouns hingje se by bars en kafé's om. Sokke bern hearre en sjogge in soad, dêr't se eins to jong foar binne.
- Nou moatst it net oerdriuwe, Durk.
- Ik wit wol, datstou it to drok hast om der om to tinken, mar as ik de bern praten hear ...
Sa bisiket Durk de geasten ryp to meitsjen foar in foroaring.
Aeltsje kriget der weet fan en bisiket him del to bêdzjen. By einbislút seit se: - Oars moast heit omsjen nei in oar hûs. Yn 'e Folgeren of op 'e Pein is miskien noch wol hwat, in bytsje út 'e minsken, mei hwat romte om 't hûs, en dochs net to fier út 'e reek.
- Dat soe miskien hwat wêze, beart Durk.
Hy is net fan doel om der wurk fan to meitsjen, mar dat docht Aeltsje yn 'e mande mei Klaske en Gryt. De sociael wurker fan de fabryk wurdt der foar spand en komt in joun to praten. It is Durk min nei 't sin, mar hy kin him der net foarwei wine. It komt safier, dat er nei it kantoar fan de wenningbouforiening moat om to pra- | |
| |
ten oer in hûs yn 'e Pein, dat meikoarten frij komt. In geskikt hûs, wol yn it doarp en yn 'e rige, mar it fjild leit der fuort achter en der is dus ûntwyk.
De man fan de wenningbouforiening wit it ien en oar. De sociael wurker hat sines dien en it sil de buertforiening ek wol hwat wurdich wêze as Durk mei syn húshâlding it heil earne oars siket. Se ha der al faker mei de houforiening oer briefke.
- Soa, dus jo woenen dat hûs ha. Ja, hwat moat men dêr fan sizze?
Der is Durk net folle oan gelegen. - Dat moatte jo witte, ikke net.
- Miskien ha wy noch hwat oars foar jo. Oan 'e Suderdwarsfeart ha wy ek in pear huzen. Moai frij, in great stik tún en net fier út 'e reek. Ik tink wol, dat it hwat foar jo is.
- Jo wolle my nei de Forten ha, bigryp ik.
- Dat hûs yn 'e Pein is net sa great en jo hawwe nochal hwat bern, net wier?
- Tolve en mei Klaske har res der by trettjin, mar de âldste is troud.
- Dat is wol in soad foar sa'n hûs.
Durk seit koart: - Siz it mar, hoefolle moat ik der fan forsûpe.
- Net sa mâl, Lugtigheid, net sa mal.
- Ik hear it wol, in arbeider mei in greate húshâlding wurdt hjir net teld.
De man protesteart, mar Durk is al by de doar.
- Wurdt neat, rapporteart er thús. - Se wolle ús der net yn ha. De Forten hied er it oer, dêr koenen wy wol hinne.
- Nou siz ik it dy, seit Foekje, - de Forten hie 'k tocht. Nou, as dat...
- As dat moat, giest wol sa leaf werom nei de Sânleane, bisiket Durk.
- Né, ik woe sizze: dan bliuw ik wol sa leaf hjir.
| |
| |
It is de earste kear, dat Durk it planút seit en de timing is goed. Berend en Hindrik binne fuort optein en Willem seit: - Wy hienen al earder werom moatten.
De froulju spuije raer guod, mar it is sein en der bliuwt hwat tan hingjen. De sociael wurker en Aeltsje nimme Durk geweken fanwegen syn ûnbihoarlik gedrach tsjin dy man fan de bouforiening oer. Durk wol der neat oer hearre.
- Dy man ha 'k mei ôfdien, seit er ûnforskillich. - Nei de Forten woed er ús ha. Ik kin lang fatsoenlik bliuwe, mar it hâldt in kear op.
Der barre in pear dingen, dy't Durk net forsjoen hie, mar dy't him aerdich yn 'e kaert spylje.
Sa, en nou docht him foar de skriuwer de mooglikheit foar om dochs noch ien neffens it oarspronklike skema to plak to bringen en dat is Klaske. Jawis, wy binne it net forgetten, mar se hat nou wol safolle goede wurken dien, dat har in man ta komt. Hoe't hja oan dy man slagget is wol oannimlik to meitsjen, lykas út it folgjende bliken docht.
Klaske hat al in heul skoft de loop nei Aeltsje. Se wol hwat, dat is dúdlik. Se kriget har jild, mar dat se har net deljowt, lit him skoan bigripe. Har jonkje is aens twa jier. It is sa'n aerdich mantsje, mar wol in hannebinerke fansels. Durk en Foekje hawwe taker as ien kear sein, dat hja it bern mei alle leafde op har noed nimme sille. Dat wol Klaske net en soks moat men yn har priizgje. Guon memmen stopje har bern tsjintwurdich o sa maklik yn in crèche en geane har gong, mar by Durk-en-dy jilde oare noarmen. Jo hawwe bern om der noed foar to stean en dêrmei út
Goed, der komt op in dei in man en Aeltsje is tafallich thús. Se ken dy man tafallich ek en oan Klaske is to sjen, dat dy him net foar it earst sjocht. In widner en hy hat thús twa lytse bern en in winkel. In fotosaek, dy't oars net folle drokte jowt. Hwant dy man fortsjinnet
| |
| |
syn jild mei fotoreportaezjes fan binammen trouwerijen. In aerdige breawinning, seit er, hwant as der troud wurdt, sjoch men net op in goune. Hwat mear foto's hwat better. Hy fotografeart fan moarns ier oant jouns let en plakt de brut yn greate albums mei kunstlearen bannen en hy docht der in grouwe rekken by, dy't altiten flot bitelle wurdt. In frjemde manier om oan de kost to kommen, mar hawar... Syn mem docht de húshâlding, mar hja wurdt âlder en se kin de bern eins net oan.
It is sa mar klear. Durk hoecht der neat ta to dwaen, omdat de froulju alles regele ha. Hy mei dy man net lije, mar dat skynt dochs syn foarlân to wurden hwat de skoansoannen oanbilanget. En op it earste gesicht stiet de man him minder tsjin as dy flapdrol fan Aeltsje. It kin him fierders neat skille. Klaske is âld en wiis genôch en Aeltsje sil earst wol goed neifraech dien ha. Klaske húshâldster yn it hûs oan de Kade en it sil wol gau trouwen wurde. Durk-en-dy misse it jonkje earst al, mar der bliuwe genôch bern oer.
En dan kundigt Gryt oan, dat hja mei trije freondinnen in flatsje ôfhierd hat. Dy fammen ha jild by de rûs en gedrage har al sa frij. Se fortelt thús gewoan, dat har feint nachts gauris bliuwt en de oare froulju dogge dat ek. En jouns feestje en oeral hinne. Gryt wol har rydbiwiis helje en fan 't simmer nei it bûtelân mei fakânsje. As Foekje skruten freget oft se net better hwat sparje kin foar 't trouwen dan laitsje dy froulju har slap. Hwa praet oer trouwen? Mar se hawwe dochs forkearing? Der wurdt noch hurder lake.
- Komt dit goed Durk? freget Foekje.
- Ik wit it net, leave. Ik tink ek wolris, dat it mei de wrâld gauachtich op 'e non rinne sil. Mar it is in oare tiid en dy bern nimme har trekken waer. Alhiel ûngelyk kin 'k harren net jaen. Wy ha de kâns net hawn en dat makket ús miskien hwat skou.
Forstannich praet en Foekje jowt har der by del.
| |
| |
- Mar ik leau sa fier is 't hinne, dat wy net mear yn dizze wrâld thús hearre, Durk.
Dat is Durk folslein mei har iens. It is syn wrâld ek net en hy seit it dan ek planút: - Ik woe stomme graech werom nei de Sânleane.
Foekje wurdt der net mear kjel fan. - Ik soe der hast frede mei ha kinne, Durk.
- Hwat let ús dan, leave?
- It kin ommers net, Durk.
- It kin wol.
- Miskien is 't hûs der al ôf.
Dat wit Durk wol better, mar it bigjint al to driuwen. Willem hâldt de boel fan dei oant dei yn 'e gaten en hat fan de gemeentemannen heard, dat it meikoarten wêze sil.
- Hwat let ús en pak saterdei de boel by inoar? Safier is Foekje noch net, al hat se it fansels oankommen field. It giet har to stûf; se sit in skoftsje swijend op 'e stoel en jouns op bêd bigjint se sa mar to gûlen.
- It kin dochs net, Durk? Dit kin dochs net... Mar se hat al bilies jown. Letter bigjint se noch wol to redendielen.
- Se silie it dochs ôfbrekke, it is ommers fan de gemeente?
- Se sille it ús net ûnder it gat weibrekke, leave.
- Wy krije der spul mei, Durk en dou krigest gjin tastimming om der yn.
- Dat bin 'k ek net fan doel, om tastimming to freegjen.
En dan is 't al sa let wurden, dat se noadich sliepe moatte. Foekje leit fansels de heale nacht wekker en sjocht der moarns min út. Durk hâldt him even kúm, mar de jouns wurdt de striid fuortset. Hy siket yn 'e âlde kranten om en leit dy Foekje foar. - Asjeblyft, hwat stiet dêr?
- Woningen gekraakt in Amsterdam, lêst Foekje.
| |
| |
- Dat hie 'k ek tocht. En soenen wy hjir net dwaen meije hwat yn Amsterdam alle dagen dien wurdt?
Nou, en sa is dat gien, mar it soe der noch swier ynhongen ha as Willem de saek net forseard hie. En it wie net iens ôfpraet spul.
- Moandei giet it los, seit er de jouns. - Der komt in bulldozer en dy raust de heule boel plat.
Dan wurdt de kûgel troch de tsjerke jage. Yn in ûre ha se der oer ôfpraet. Tsjerk sil de frachtauto fan 'e baes liene en Willem in trekker mei oanhingwein. Saterdeitomoarn ier de heule brut der yn en yn ien kear oer, hwant oars soe de gemeente der noch in skoattel foar strike kinne. Hindrik en Berend wyld fan blidens en de greate jonges ha der ek nocht oan. Jantsje protesteart en Foekje gûlt. Durk moat even hurd wêze, mar dat is net oars.
- En tink der om bern, gjin wurd, ek net tsjin Aeltsje. Se moatte ús net foar wêze.
Hwat sil men der fierder fan sizze. De kreak-aksje fan Durk-en-dy slagget oer alle boegen, al hat der noait in rigel oer yn 'e krante stien. It hat wol in soad dalje jown fansels. Earst kaem de wethâlder der by, in eigenwiis man, dy't mient dat er al hast boargemaster is. En doe de greate baes sels.
- Wel duvel, Doorlugtigheid, hwat hast ús nou to pakken. Hoe moat ik hjir mei oan?
- Wier boargemaster, it koe dêr net langer, seit Durk.
- Myn hiele húshâlding wie der oan gien as ik dêr noch langer bleaun wie. Ik wit dat dit in sterk stik is, mar it is út need.
- Dou bist in greate rakkert. Hwa let my en lit dy daliks oppakke en dan de boel dochs noch ôfbrekke? Mar dou hast it wol goed bisjoen: dan sit ik mei dyn húshâlding.
- Sa is 't.
- Jawis, mar dan forsinst dy mâl, heite. Dou hearst
| |
| |
yn Smellingerlân thús en as ik dyn heule klub nei Drachten bringe lit, bin ik der ôf.
- Mar dat dogge jo my net oan.
- Ik tink it ek net. It biroerde is, dat ik dy wol lije mei.
De boargemaster set skodholjend ôf.
It is dêr fansels net mei dien, noch lang net. Hast alle dagen komme der wol minsken, dy't Durk der wei bisykje to krijen. Mar hy hâldt hoek en se litte him tonearsten sitte.
It is nuver, mar as it moaije waer oankomt, kriget er lêst fan de rêch en de kontrolearjende dokter kin der net ûnderút: Durk rekket yn 'e syktewet. Der binne dy maitiid gâns aeijen en sat it liket sil der fan 't hjerst ek gâns wyld wêze. Durk pendelt letter, as er wer soun forklearre is, noch in skoftsje tusken de Sânleane en Philips, mar as it losse wurk ôf komt, seit er Philips op en Hiemstra dach. It muoit net ien fan beide partijen.
En sa hâldt dit forhael op. It is net bikend hoe't it fierder mei Durk-en-dy gien is.
O ja, der is noch ien kear nijs fan de Sânleane kommen. Wy skriuwe dan trije moanne letter, it bigjin fan in moaije simmer.
- Durk, seit Foekje op in dei mei in nuveraerdich lûd yn har stim, - Durk, ik kin it mysels net bigripe, mar ik bin swier.
Nou is Durk in soad wend en hy wist fan himsels wol, dat er ûndanks syn minne rêch it lizzende wurk aerdich neikomme koe, mar dit komt him oer 't mad. Hy seit dan ek planút, dat er hjir wol forsteld fan stiet.
- Mar it is wier, Durk.
Durk sjocht op 'e raep. It is noch gjin tiid, mar hy draeft nei it hok om de hoarn.
- Hwat silst nou, Durk?
- Appèl, dit moatte de bern witte.
- Doch dat nou mar net Durk, it kin noch wol.
| |
| |
- Welné bern, dit nijs moat net stil holden wurde.
En hy blaest de reveille, dat it op 'e Sweach to hearren is.
Wylst syn folkje fan alle kanten opdraven komt, seit Durk: - Nou kinst ris sjen leave, hoe goed dy foroaring fan lucht ús dien hat.
|
|