| |
| |
| |
Sa'n húshâlding as uzes bistiet gjin twadden fan, seit Durk en dat is grif wier
ALLES GOED en bêst, mar it wenjen tusken de minsken hat syn biswieren, dêr't men yn 't foar sa sear net oan tinkt. Wol oan de hier fansels, fjouwertweintich goune en in kwarts je wyks. Soks wit men en men hâldt der rekken mei. Mar it is frjemd, dat sa'n wike sa gau om is. Dat is to sizzen, as it om biteljen giet dan is in wike gau om. Ljocht en gas fergje ek jild en hjir yn Drachten gâns mear as oan fe Sânleane. Mei in fetsje petroalje kamen se op 'e Sweach de winter wol troch en as de swarte brant oprekke, hellen se hout út 'e bosk. Yn Drachten wurdt it har allegear troch buizen en triedden thús brocht, mar duvel hwat telt it hurd oan.
- En dan noch hwat, krimmeneart Foekje, - de bern binne sa rij. In pear skuon is har neat. It slyt sa blikstienders op de strjitstiennen.
Jawis, it is oeral tegels en klinkerdiken, wylst se oan 'e Sânleane yn 'e moude rounen. Soks skilt in stik. Set in hynder mar ris op nije izers en lit him alle dagen in ein de strjitwei del fjouwerje, dan sille jo sjen hoe gau it hynder wer nei de smid ta moat.
Durk wol de jonges op klompen ha, lyk as oan 'e Sânleane, mar dat kin neffens de froulju net. It soe ek net in soad jaen, hwant hout op stien slyt noch hurder.
En dan komt der in man by de doar, dy't biweart dat
| |
| |
der bitelle wurde moat foar de televisy en de âld radio, dêr't Bouwe mei thús kommen is. Krap oan fjirtich goune en de man neamt it luister- en kijkgeld.
Durk hat der wol fan heard, mar hy beart der mâl fan.
- Nou moat it net raerder. Dy radio sil ik it measte net fan sizze, dêr is de jonge geskikt oankommen. Mar de televisy hat djûr genôch west. En dan ek noch bitelje as er oan stiet. Ik sil 't jo oars sizze: dat ding komt net wer oan.
- Dat is my bêst, mar jo moatte der likegoed om bitelje. As jo der ôf wêze wolle dan moatte jo de televisy de doar út dwaen.
De froulju wolle him fansels net misse, dat Foekje skrabbet alles by inoar en bitellet dat grou stik jild. Fan gefolgen, dat se de hieropheller in kear foarby stjûre moatte. De oare deis is de maetskiplik wurker fan it bidriuw der al. Oft der miskien swierrichheden binne en oft hy ek helpe kin. In geskikte man. Hoe soe 't ek oars, elkenien is geskikt. Mar dat sa'n great lichem as de wenningbouforiening daliks dalje makket om in wike hier, dat is lyts.
- It greatkaptael bern, seit Durk. - Hwat der troch dy hearen net forgriemd wurdt dat is yn 't rare, mar om twa tsientsjes hier dogge se ús in proses oan.
Hawar, dy achterstallige hier komt der wol. Tsjerk en Bouwe de man fiif knaken en klear is 't.
- Hoe bifalt it jo oars? freget de menear fan Philips. - Jo binne nou in skoftsje by ús; de slimste oanpassingsswierrichheden ha jo hawn, soe 'k sizze.
- It is sjisa, seit Durk, - it wurk foldocht my pûr bêst.
- It ynwurkjen hat wol tiid ferge, ha 'k heard.
- Dat koe wol, ik wit net hoefolle tiid der foar stiet, mar....
- Jou chef soe graech wolle, dat jo jusjes flugger
| |
| |
wienen. Mar dat komt wol; de iene hat der langer wurk mei as de oare.
- Hy hat it der mei my oer hawn. Ik siz dit: hwat jo oanpakke, moatte jo goed dwaen. Heal wurk ha 'k in hekel oan. Ik sjoch faek fan dy jonge bazen, dy't hjir en dêr in hantaest dogge en dan mar gau roppe, dat se dien ha. Dêr mei ik min oer, ik wol goed wurk ôfleverje.
- Dat is in goede ynstelling en jo sitte net yn 'e produksje, mar jou chef seit, dat jo gauris in skoftsje steane to sjen.
- Fansels, dat kin min oars. Ik moat sa'n putsje earst oersjen. Dan freegje ik mysels ôf hoe't ik it op in bêsten dwaen kin.
- Ik bigryp it wol en jo moatte út en troch ek ris bûten sjen.
- Foroaring fan lucht docht my goed. Ik bin it bûtelibben wend, moatte jo rekkenje. Ut en troch stap ik even it magasyn út en snúf de bûtelucht yn.
- Jo komme der stadich oan wol yn. En ik bigryp, dat it josels aerdich goed foldocht. Falt de tiid jo ek lang?
- Alhiel net. Jo moatte tinke, ik ha lange dagen wend west. Wy seagen eartiids net op in ûre. Fyftich, sechtich ûren by 't simmer en jo hearden my net krimmenearen. Ik ha der fansels wol hwat fan skipe. Ik ha dy minne rêch der fan oerholden. Mar hjir is it sa, jo binne amper oan'e slach en it is al wer kofjetiid. Soms is 't my suver yn 'e wei, hwant as ik hwat ûnder hannen ha dan wol ik dat dien meitsje. Dat is myn aerd.
- Jawis, seit de man, - en dêr kin men sels net folle oan dwaen.
- In aerdige man, seit Foekje as er de doar út is, en dêr binne se it oer iens.
Wienen de buorlju mar sa aerdich. De geit stiet nou yn 't hok, dat dêr ha se gjin argewaesje mear fan, al wurdt der klage dat it dier stjonkt. Bijke leart it ek al. Mar de
| |
| |
bern moatte hwat útstean. Jantsje har forkearing is der om útrekke. De jonge wie der op in woansdeitojoun by doe't Foekje in buorfrou de panne útfeegde. It minske kaem om to sizzen, dat de televisy sa lûd stie. Dy jonge is sa kjel wurden fan Durk syn froulju, dat er net wer west hat. Jantsje foun it oars net slim. Se wie sochs al op him útsjoen, sei se. Hja is nou ek op de fabryk en hat yn dy fjirtjin dagen gâns nije kunde opdien en in soad aerdige jonges sjoen.
Tsjerk hat it yn 'e buert goed bidoarn. Dat hat in trelit west, dy saterdeitomiddei. Hy hie syn seis silinder Ford Zephir goed to plak set, deun tsjin it trottoir en net in sentimeter yn it skoatsfjild fan de buorman. Der strúnden al gau hwat bern om hinne, dy't wakker troch de ruten loerden en der freonen en freondinnen by hellen.
- Hast de portieren ticht Tsjerk?, frege Durk. - It is allegear bern.
- Ik wit net, mar se kinne der net in soad oan bidjerre en ik ha de kaeikes yn 'e bûse.
Der wie op 'e Dútse televisy krekt in spannende cowboy-film en omdat Durk oars neat to forstriken hie, wie hy der ek mar foar Sitten gong. Sadwaende tochten se net wer oan de wein. Oant Foekje sei: - Dou meist wol ris sjen, Tsjerk. Der steane ek al greaten by en se hawwe it portier iepen en dy bern tôgje mei papier om.
Tsjerk hoegde der net hinne, se kamen al by him. Earst in man, gjin neiste buorlju, mar nei alle gedachten wol immen út 'e buert.
- Hjir komme myn bern mei thús, sei er tsjin Durk en hy lange him yn 'e doar in pear krantsjes oer. - Se helje se út dy auto en dy is fan jim, net?
Durk biseach dy krantsjes; allegear foto's fan bleate manlju en froulju en hwat dy meiinoar út 'e wei sette kinne. - Tsjonge, sei er en doe om 'e keamersdoar, - even komme, Tsjerk?
| |
| |
Tsjerk tsjin it sin by de televisy wei.
- Dit kin net, sei Durk guodlik, - sok ûnhuer spul wol ik net yn 'e hûs ha.
- Och hearken, ha se de boel sweve litten?
- De achterbank leit bisiedde, sei de man.
Mei syn trijen nei de auto, mar it measte wie al fuort.
- Jou soan hannelt grif yn dy rommel. Ik meitsje der wurk fan, sei de man.
- Och keardel, dy tydskriften hingje ommers oeral foar de ruten fan sexshops, sei Tsjerk. - Ik ryd oerdei myn maten nei 't wurk en dy hawwe hwat kocht foar ûnderweis.
- Se leinen iepen en bleat op 'e achterbank.
- Ik ha der net om tocht, mar dêrom hoege jou bern se der net út to hel jen. Se moatte trouwens fan dy auto ôfbliuwe, oars meitsje ik dêr wurk fan.
Fansels komme der in pear buorfroulju by. Ien hat sa'n krantsje tusken tomme en wiisfinger en hâldt it safier mooglik fan har ôf, as wie 't in smoarch ruft.
- Jo meije it wol hâlde, ropt Tsjerk har ta, - jo kinne der grif hwat fan leare.
It frommis smyt it him ta. - Hwat is dit foar in húshâlding? It is ôfgryslik, jammert se.
Der is in langliddich en ûnkreas frommis by, dat har bern der wei skuort en fyspeuk ropt. Tsjerk wol har sa'n krantsje jaen en seit: - Hjirre, ha jo ek hwat. Kinne jo sjen, dat der ek noch moaije froulju binne. Mar net jaloers wurde, hear.
In pear opslûpen jonges ha de measte wille en der komt hyltiten mear folk by. Guon manlju sille Tsjerk geweken nimme en it wurdt suver in nuodlike sitewaesje. Se skelle en rache en in âldachtich man kriget Tsjerk by it boarst. De jonge wurdt lulk en hy kriget it miskien ek wol in bytsje binaud. - Moatst my los litte, âlde droechneuker, oars....
| |
| |
Durk pakt troch. Hy hat dy krantsjeboel by inoar swile, kringt troch de kloft hinne nei Tsjerk ta en ropt: - Nou is 't út. Tsjerk, dy auto ôfslute en yn 'e hûs.
It helpt wol. De minsken geane tobek en Tsjerk docht syn dingen.
Durk is min to sprekken, mar as de heule wrâld tsjin jo gearspant, kinne jo jou eigen bern net ôffalle. Hy bidimmet him en nimt him foar om Tsjerk strak yn 'e hûs ûnder hannen to nimmen.
Foekje is der ûndertusken ek al út en rekket yn alle steaten, mar Durk konfoait har der yn.
- Yn 'e hûs jim en der net wer út.
Der bliuwe in pear minsken stean, mar de measten hawwe it nou wol sjoen. Tsjerk gnysket, mar Durk is pûr.
- Dit lapst my net wer, heite, en oars kinst oppakke.
As Foekje en Klaske bigripe hwert it om to rêdden wie, sille dy harres der ek fan sizze, mar Durk leit it near der op. De lytsen sitte al mei sawn pear earen to harkjen.
Twa dagen letter sweve der noch fan dy tydskriften en foto's om en dan hat de plysje der ek al west. De selde dy't okkerdeis om Hindrik en Berend west hat en wol faker mei in akkefytsje oan 'e doar komt.
- Dy rommel soe forbean wurde moatte, seit Durk. - It kin dochs gjin kant út, dat soks sa mar rounom to keap is?
- Gjin mins hoecht it to keapjen.
- Dat is sa, mar jo witte hoe't sokke jonges binne.
De plysje bisiket de boel del to bêdzjen. Letter docht bliken, dat it bistjûr fan de buertforiening der oer praet hat. Neffens Klaske, dy't der mei thús komt, is der in brief nei de wenningbouforiening stjûrd mei it forsyk om de famylje Lugtigheid yn in oar hûs to setten. Durk moat der om laitsje, mar Klaske sjocht tryst en Aeltsje fynt it biskamsum, seit se.
- De minsken hjirre ha 'k mei ôfweefd, seit Durk. - Dêr litte wy ús net troch fan de wize bringe.
| |
| |
Klaske is fan bitinken, dat se daliks lid wurde moatten hienen fan de buertforiening.
- Nimmen hat ús frege en ik soe it ek net wolle.
- Wy hienen ússels oanmelde moatten en dan hienen de bern nei de boarterstún kind.
Hwant eins is dy tún fan de foriening en meije allinne de bern fan leden der yn. Neffens Durk in bispotlike saek. As de bern al foar it boartsjen bitelje moatte, hwer bidarret men dan?
It is dochs al sa'n brike wrâld. Nim nou de Sinterklaestiid. Oan 'e Sânleane waerd der net folle drokte fan makke. De bern in greate taeiman, sadat se har sêd ite koenen en klear wie 't. In bulte wille foar in pear sinten.
Nou drave de bern by de winkels lâns, sjogge har de eagen út 'e holle en komme thús mei forhalen oer bern, dy't racebanen krije, spoartreinen, horloazjes en mear fan dy lúkse. De froulju stiigt it daliks nei de holle.
- Wy moatte meidwaen, Durk, seit Foekje.
- Bern, hwat sjochstou der wurch út.
- Ik ha myn nocht ek wol in bytsje, bikent Foekje. - Hoe moatte wy dit wer ha?
Gryt en Tsjerk bringe útkomst.
- Hjir âlde, seit Tsjerk de jouns en hy skout Foekje in bankje fan hûndert ta. - In aerdichheitsje foar de bern en ik hoech neat.
En dan skinkt Gryt ek sa mar hûndert goune.
Klaske sjocht sneu. - Ik soe der wol út wolle to wurkjen, seit se súntsjes.
- Né Klaske, dou kinst thús net mist wurde, seit Gryt.
- Dou nimst ús mem in berch wurk út 'e hannen. Se soe it sûnder dy net ôf kinne.
- Mar ik ha noait in sint foar mysels.
Elk is dêr even stil fan, dan seit Tsjerk: - Dêr hat se fansels gelyk oan. Wy moatte Klaske leanje, sa is 't.
| |
| |
- Ik wol gjin jild fan jim ha, seit Klaske fûl, - ik wol gjin gunsten.
Gryt seit: - Tsjerk hat gelyk. Moatst ris hearre, Klaske. Astou der net wieste, koenen wy net allegear yn 'e hûs wêze. Dat soe ús mem noait neikomme kinne. Dou wurkest eins foar ús.
- Dat is in wier wurd, seit Durk. - It is net earder by my opkommen, mar nou't wy it der oer ha, moat ik dit sizze: it kin eins gjin kant út, dat Klaske neat fortsjinnet.
- Myn jonkje....
- Dat berntsje ha wy oer de heap hinne. Ien mear as minder dat makket neat út.
Foekje seit: - Hy falt gewoan yn 'e klean fan lytse Durk. It jonkje kostet ús neat. En it is ek noch it leafste bern, dat wy der by ha.
- Net langer eamelje, seit Tsjerk. - Wy jowe net it measte oan kostjild, ik skou in tsientsje wyks ôf foar Klaske.
Hy slacht mei de fûst op 'e tafel om de oerienkomst to bisegeljen. - Mar dan moatst my in nije trui breidzje, sa'n grouwen-ien.
Hy huft Klaske op it skouder.
- Ik jow ek in tsientsje, seit Gryt leaf, - dat hat Klaske mear as fortsjinne.
- Moai, en Bouwe en Willem kinne elk wol twa ryksdaelders jaen, stelt Durk út.
Bouwe is der net, mar Willem seit dat it him goed is.
- Dat smyt tritich goune op. As Jantsje aens op fol lean stiet, moat dy ek fiif goune jaen. Wel, ik soe sizze 35 goune boppe de kost, it is miskien it measte net, mar it koe minder. Hwat seist der sels fan, Klaske? Faem by ús mem yn 'e húshâlding.
- Assistinte yn 'e húshâlding, gnysket Tsjerk.
En dan bigjint my dy Klaske ynienen to snokkerjen en
| |
| |
op Tsjerk en Gryt om to tútsjen en Foekje grypt it sa oanr dat se oars net útbringe kin as: - Och hearken, och hearken....
Durk wachtet even ôf, dan giet er stean en seit: - Bern, hwat fyn ik dit moai.
Hy lit him wer yn 'e stoel sakjef pakt Foekje by de knibbel en seit: - Leave, hwat ha wy bêste bern, net? Hwat ha wy it troffen mei de bern.
- Ja Durk, it is in segen.
En Foekje faget har de eagen droech.
Durk seit greatsk. - Ik doar to wedzjen, dat der yn dizze heule buert sa'n húshâlding net is lyk as uzes.
En dêr hat er great gelyk oan? in seldsum ienriedige húshâlding, út en troch.
Tsjerk giet it nei alle gedachten to stûf: - Kom, sa kin it wol wer. Ik gean even to biljerten.
Dat Sinteklaesfeest is net iens ûnaerdich. It stiet Durk fansels slim tsjin, dat weeldrige keapjen, lyk as lei it skip mei jild foar de wâl. En as de froulju foar elk in dinkje kocht hienen, dan hie it noch hinne bruije kind. Mar it kin sa't liket net op. Der wurde doazen fol ditsjes en datsjes yntôge, jouns let, as de bern op bêd binne, útpakt en bisjoen en dan wer ynpakt. It measte is ûnnut guod, jildforgriemerij, mar allé. Durk sil gjin spultsjebrekker wêze.
Sinterklaesjoun stiet it hûs op 'e kop. It papier en de doazen lizze oan 'e souder ta en de bern forslagge der bytiden yn. Foekje en Klaske, it hier yn 'e eagen en it swit op 'e holle, der tusken om de boel yn 'e stokken to hâlden.
Foar Durk is der in heale mingel Beerenburch, gâns in konsessy fan de froulju. Tsjerk en hy priuwe der aerdich fan en op healwe de joun moat Tsjerk der op út om noch in flesse. Dat giet to rûch fansels en Foekje leit it near der op. Se krije dan suver noch rûzje.
- Mar nou ha wy tonearsten de feesterij ek hawn, seit
| |
| |
Durk de oare deis as hja meiinoar oan 'e kofje sitte.
Dêr forsint er him lykwols nuver mei. De krystdagen moatte noch komme en âldjiersdei.
- Dat is sa, jowt Durk ta, - mar dat hoecht gjin slompe jild to kostjen. Jimme bigjinne dochs net wer mei dy pakjeboel?
It is it doel net, mar Klaske hat al hwat yn 't sin. Der moat in krystbeam komme. De heule buert hat in krystbeam en it is sa moai foar de bern.
- Hwa't spjirren sjen wol, giet mar nei de Sweach, seit Durk. - Der steane bosken fol en it is mar in healûre fytsen.
Yn 'e goedichheit, nou ha se in fearns ieu tusken de krystbeammen wenne en nimmen hat der oait nei taeld, hwat sei, de froulju woenen der net langer wêze. Goed en wol yn Drachten moat der ien sa'n spjuchtich beamke yn 'e hûs komme.
- Jawis, it heart sa, seit Klaske.
It heucht Durk net, dat it oait op 'e Sânleane sa heard hat.
- Foar trije, fjouwer goune ha wy in heule moaije beam.
- Hwat seiste?
- Sa'n beamke jildt mar in pear goune.
- Leave bern, seit Durk mei klam, - ik leau dochs wier, dat it dij yn 'e plasse slein is. Ik lit jim safolle mooglik gewurde, mar ik tink dat ik nou it heft yn hannen nimme moat. Hwa jowt nou jild út oan in pear spjirretûken? Dat doogt dochs net?
- As heit in fleske Beerenburch ha wol, sjocht heit ek net op in goune, seit Klaske pinnich.
Dat is fansels heul hwat oars, mar sokke tiden is der mei de froulju net to praten. Durk lit it mar sitte, mar hy forbiedt de froulju wol om in beam to keapjen.
- As it dan dochs moat, sil ik ien fan 'e Sweach helje.
| |
| |
Foekje is it dêr mei iens. Hwat jo om 'e nocht op 'e Sweach krije kinne, moatte jo yn Drachten gjin djûr jild foar bitelje.
- Dan kinne wy fuort in pear kninen meinimme, stelt Willem foar.
De jonge stiet der al in heul skoft by Durk op oan, dat se ris in nacht to streupen sille. Alle wiken op syn minst twa kear fytst er fan Lippenhuzen oer de Sweach nei Drachten en bringt Durk forslach út oer hoe't it der oan 'e Sânleane foar stiet.
- Ja, it is miskien wol goed, dat wy yn 'e loop wei in pear kninen snippe. Ha wy hwat yn 'e panne. In stik as fjouwer is genôch en noch ien foar Aeltsje har húshâlding.
Foekje seit: - Né Durk, ik fortrou it net. Ik wol net lije, dat jim to streupen geane. Dou soest nou ek hast wizer wêze moatte.
- Dou wolst dochs mei de krystdagen hwat yn 'e panne ha, of net soms?
- Ik hie tocht wy keapje in pear hinnen, djipfriespiken, dy kostje optheden net folle.
Durk beart der mâl fan. Hy hie Foekje wizer ha wold. Se hawwe ien kear earder sa'n bist yn 'e panne hawn, in bleek en kwabbich ding sûnder rook of smaek. Der kaem suver gjin bloed út en as jo him goed kôgen, wie 't krekt weakke bôlle, mar dan sûnder kaniel en sûker.
- Dat is dochs gjin iten, leave. Dou kinst ús wol forjaen. Bist der net iens wis fan, dat it in hin is. In krûdige wylde knyn dêr hat men hwat oan. Wy sille in stikmennich ophelje.
Foekje seit, dat se it net lije wol, mar soms steurt Durk him net oan it gejeuzel en docht syn dingen.
Tsjerk seit: - Wy hingje it eintsje ketting ûnder de auto en ride in kearmennich de Poastwei op en del.
Dat falt Willem ôf. Hy wol leaver mei de strûpen fuort, mar Durk seit, dat it gemak de minske tsjinnet. Net dat
| |
| |
er in soad mei de moderne technyk op hat, mar it soe dom wêze om der út en troch gjin gebrûk fan to meitsjen. Sadat der bisletten wurdt om tagelyk mei de krystbeam in stik wyld oan to tugen.
Mar as it safier is, wol Tsjerk syn auto net rinne.
- Tofolle petroalje, seit er. - Ik sil om in blik benzine út en dan sil er wol starte.
Dat wol er net, ek net op kleare benzine. Tsjerk de moterkappe omheech, dan op 'e rêch der ûnder, even letter elkenien der achter to triuwen, mar de seis silinder Ford Zephir forpoft it.
- It greatkapitael hat ús wer to pakken, seit Durk.
- Hy is dampich, seit Tsjerk, - even ôfdroegje en de bougys skjin meitsje. Wachtsje mar even.
Se wachtsje in goed healûre, dan hellet Willem in roltsje kopertried út it hok en stappe hy en heit op 'e fyts. Willem is wakker bliid, dat Tsjerk syn auto it sitte liet.
Yn it skimertsjuster geane se de Sânleane del en bringe de fytsen to plak yn it hok. Yn 'e keuken meitsje se in stik as tritich, fjirtich strûpen klear en Willem snijt in bosk stokjes út 'e wâl.
Mar net to folle drokte, hat Durk útmakke. It is om in pear kninen to rêdden en dy kinne se op it kampke lân achter hûs, deun neist de bosk, wol krije. Se sykje yn 'e wâl de lopen op. Durk wol de strûpen mar net oan 'e freding ha, hwant dan kin it sa rattelje as der in knyn yn stout. Op it lân, dêr't de kninepaedtsjes dúdlik to sjen binne, fangt it trouwens wol sa skerp. Der is in bytsje ljocht fan de moanne, genôch om de strûpen kreas to plak to krijen. Stokje yn 'e groun, de iene ein fan de strûp der twa slaggen om hinge en fêst sette, de strûp in hanbré boppe de loop en hy stiet. Der kin har nimmen oer 't mad komme, hwant Bijke hâldt de wacht. Se ha se yn in heal ûre stean. De earste kninen gongen al foar har út, werom nei de bosk, mar dy komme wol wer.
| |
| |
Se jowe har oardelûre del yn 'e keuken, lang genôch foar in bak kofje en in flaubyt.
- Der mar op los, seit Durk, - wy hoege se net allegear en der sille genôch op it lân wêze.
Se rinne by it Djip lâns oant op 'e midden fan it kampke lân en dan dwarsoer op 'e boskranne ta. Se sjogge de wite sturtjes fan de kninen foar har útgean. It kriget Bijke to pakken, mar hy wit hwat der fan him forwachte wurdt. Hy rint lykop mei de manlju en docht net ien kear in wraem nei foaren. De kninen moatte net to wyld wurde. Dan nimme se to greate sprongen, rinne de strûpen oer de kop of stouwe dwars it fjild oer. Se moatte kalm nei de bosk dreaun wurde, sadat se har eigen lopen lâns geane. Mar it moat ek wer net to stadich gean, hwant dan dogge se it har oan tiid en birûk elke strûp. As se hwat fornimme geane se der mei in bôge om hinne, sa skrander binne dy bistjes wol.
- Dat is ien, flústert Durk en hy bliuwt stean.
It lûd komt fan rjochts. It knyntsje giselt om de stok hinne.
- Toe mar Bijke, wiis him mar oan.
It is in stap as tweintich oerdwars. De moanne is weiwoarn en dêr is 't net minder om. Durk falt op 'e knibbels en siket de knyn op 'e taest. Hy pakt him yn 'e rêch en slacht him mei de sydkant fan 'e rjochterhân achter de earen.
- Dêr hear ik noch ien, seit Willem súntsjes.
Se geane der op ôf en pakke de twadde op. It fangt goed. Der is hjir nei alle gedachten fan 't hjerst noch net streupt, oars soenen de kninen der sa maklik net ynrinne.
As se by de bosk binne, hat Willem yn elke hân trije kninen.
- Mear as genôch, nou de lege strûpen noch even oprêdde. Ik wol net, dat der letter guon yn komme en hjir lizzen bliuwe to rotsjen.
| |
| |
Se sykje noch in heal ûre it fjild ôf. Der wurdt noch ien fongen en dan ha se op twa nei alle strûpen werom.
- Sa mar, de lêsten sille wol plat roun wêze.
Thús pakke se daliks yn, hwant Durk wol op 'e tiid yn Drachten wêze.
Underweis giet Durk even oerdwars om in knappe krystbeam op to heljen.
- Sa en nou mar gau nei hûs.
Willem hie noch wol in hael dwaen wold en eins hie Durk syn nocht ek noch net. Mar se hawwe by de rûs en men hoecht net mear to fangen as men op kin.
Durk helpt de knyntsjes de selde jouns út 'e jas en sa bot is Aeltsje net op streupen tsjin, dat se der net ien fan ha wol. Dat dy sawn knyntsjes fine har plak wol.
En de krystbeam is sa great útfallen, hy kin amper troch de doar.
- Dy kostet wol trije ryksdaelders, seit Klaske fol biwûndering.
- En sawn kear fiif goune foar de kninen, seit Durk, - it slachtsjen ynbigrepen. Wel, dan ha wy joun in deihier fortsjinne.
|
|