| |
| |
| |
It hie noait wêze moatten, seit Willem, mar de jonge hat altiten wetich west. En sa fier is de Sânleane ek wer net
- HWAT GIET sa'n hûs hurd fan jin ôf, seit Durk.
- Sa lang binne wy hjir oars net wei, seit Willem, - in dei as tsien.
Se steane togearre op 'e reed neist it hûs en sjogge de pôlle oer.
- It liket wol in healjier lyn, seit Durk. - It wersjen docht my suver goed.
En oars Bijke wol. It dier draeft as in gek om it hûs hinner fan klearebare wille springt er tsjin de muorren op, krekt salang oant er mei de tonge út 'e bek foar Durk syn fuotten delsiicht.
Se binne togearre op 'e fyts fan Drachten kommen. Se soenen net earder as om in ûre as fiif fuort, hwant Willem hie alles klear stean: in hûndert smytlinen, in stik as fyftich dobbers, brune slakjes, dauwjirms en hwat lytse fiskjes foar in swiere iel. Mar it brânde Durk fuort nei it iten al yn en Willem hie de ridel ek, dat se binne mar ôfset. En nou steane se by it âlde hûs en Durk wurdt der suver hwat oars fan. De gemeente hat op beide einen in nij buordtsje spikere mei ‘Onbewoonbaar verklaarde woning’. Durk is yn 'e wille en rop dy buordtsjes der ôf.
- Och, hwat kin it skille, seit Willem. - Wy kinne
| |
| |
better in pear planken foar de doar weiskuorre, dan ha wy fannacht plak. It hok ha 'k al iepen.
- Elk hoecht net to sjen dat wy hjir binne, seit Durk en hy skout syn fyts achterhûs. - Eins binne wy net wiis om hjir sa gau to wêzen. As Feike Dam ús fornimt, leit er joun klear.
- Wy jowe ús yn 'e achterein del, dan sjocht gjin mins ús.
It is hwat rûzich, de sinne hat der hjoed net by west en eins is 't net sa gaedlik to ielfiskjen, al kin it tafalle.
- Hwant ik ha it wol hawn, seit Durk, - dat ik yn oktober mei wyld waer dochs in soad iel fong. It is yn rt foar hast net to sizzen.
Yn it hok leit in bultsje strie. Se nimme der elk in earmfol by wei en bringe it yn 'e keuken, dêr't se der yn 'e hoeke in nachtleger fan meitsje.
- Skoander plak heit, hjir hâlde wy it wol út.
Willem sleept de kiste mei dobbers en iellyntsjes yn 'e keuken en de trompkes mei ies. Hy seit: - Wy hienen dat âlde potkacheltsje der by ha moatten. It leit achter it hok. Ik sil it oare wike ûnder de skoarstien sette.
- It is net kâld, seit Durk, - der hoecht gjin kachel by.
- Mar fan 't winter is 't noflik.
- Jawis, dan is 't noflik. Hwat seiste? Hwat wolstou hjir fan 't winter út 'e wei sette.
- Nou, wy soenen in kear to streupen.
- En dan hjir ús bifak meitsje.
- Dan ha wy krekt as de rike lju in twadde hûs, in rékréaesjewenning.
Durk hat der wille om. - Ik tink, dat Feike Dam ús gau yn 'e gaten hat. Mar as wy it mei fordrach dogge dan soe it wol kinne.
Hy prakkeseart der op om.
Willem seit: - Ik wol de heule winter net yn dat
| |
| |
smoarge Drachten om strune, saterdeis en sneins en heit ek net, tink?
- Ut en troch in loop it fjild yn, dat soe in goed ding wêze.
Durk hat de thermosflesse mei kofje út 'e tas helle en jit har beiden yn. - It is noch ierr mar as wy in stikje iten hawn ha, kinne wy wol bigjinne to iezjen. Om healwe sawnen is 't tsjuster, moatst rekkenje en al to let útlizze is net goed.
Se ite harren brochjes en Bijke kriget syn part ek. De houn hat him omraek tjirge en jowt him del.
- It dier is suver opfleure, seit Durk.
Bûten falt in bui en der komme wynstjitten út.
- Hast de dobbers goed oan it lead?
- Der sit genôch oan, se driuwe net.
Durk kriget in pear út 'e bak en bisjocht se. - Yn oarder, it moat al in grouwen wêze as se dizze forslepe wolle.
- Fan alles der hwat oan, heit?
- Ja, it komt net sa krekt.
Se pikke de slakjes oan 'e heakken, heale dauwjirms, dy't se mei de neils yn twaën knipe en lytse wytfiskjes. Der sit al gau in ûre wurk yn, mar se dogge it har oan tiid. As it oan de lêsten ta is, hellet Willem in mingel Beerenburch foar 't ljocht. - Ik tocht, heit sil wol in slokje meije.
Durk sjocht syn jonge oan en fielt it greate genegenheit. - Dit is forrekte aerdich fan dy, seit er. -Ik hie der sels net oan tocht. Jit my gau ien yn.
Willem docht it en skinkt himsels ek yn. - It heart der by, nou?
- Sa is 't, mar ik hâld dy al koart, heite. Twa hast genôch oan, oars stiicht it dy nei de holle.
- Falt hwat ta; ik krij op 't wurk ek wol ris ien.
Willem formakket him, dat sjpcht Durk sa wol en de jonge praet folle mear as oars. It is nuver hoe't er
| |
| |
oplibbet as it om streupen en fiskjen giet. Hy hat it measte fan my, tinkt Durk. Alle oare jonges geane in oare kant út. Hy bigrypt net hwat harren bisielt mei dy moters. En dan sit der sa mar ien tusken, dy't syn aerd hat. Salang se oan 'e Sânleane wennen, is 't him noait bot opfallen.
Om healwe fiven stiet alles klear.
- Ik doch even it fel oer de eagen, seit Durk. - Fannacht sil it net folle wurde.
Hy nustelt him yn 't strie en skikt de âld mansjesterjas ûnder de holle. - Wolst wol leauwe, dat ik hjir suver noflik liz. It is ek in stik rêstiger as yn sa'n nije buert, fornimst dat wol?
Willem draeit in sjekje en giet mei de rêch tsjin 'e muorre sitten. - Miskien jow ik my aens ek del. Wy sille dochs wol op 'e tiid wekker wurde?
- Ik ha my noch noait forslept.
Lang bliuwt it lykwols net fredich. Durk hat krekt de earste sliep troch de lea hawn as Bijke oerein giet en bigjint to brommen. Se hearre in bromfyts, dy 't hiem op komt.
- Dat is Bouwe, seit Willem. - Hwat moat dy hjir?
Bouwe is hjir grif net kommen om fannacht mei to fiskjen.
Hy raest mei syn brommer twa slaggen om 'e pomp hinne lyk as eartiids en ropt: - Hui, binne jim hjirre? Willem, heit hwer sitte jim?
Durk spring lulk oerein en ropt de doar iepen. - Doch dat ding út, dou idioat. Aens ha wy Feike Dam hjir om 'e doar.
Bouwe draeit de gashendel ticht en set de brommer tsjin 'e muorre.
- Hwat moatstou hjir?
- Even in nije karburateur op 'e moter sette. Wol er hwat hurder.
| |
| |
- En moast dêrfoar nei de Sânleane?
- Yn Drachten mocht it net fan mem en Klaske.
- Hwerom net?
- De buorlju ha der west; it makke tofolle leven. Mar ik moat de moter dochs wol even draeije litte, oars kin 'k it net kontroleare.
- En dou ûnforstân woest dat hjir mar even dwaen?
- Hwerom net?
- Dou giest mar nei de Liphúster heide ast dat ding knetterje litte wolste. Elk hoecht net to witten dat wy hjir binne.
- Hwat binne jim hjoed allegear sinnich. Hwer moat ik dan hinne?
- Kin my neat skille. Dou kinst hjir mei it ding omknoeije, mar dat útprebearjen dochtst hjir net.
- Ik ha ek noch boadskip fan mem. Se frege oft heit joun thús komme koe.
- Hwerom?
- Aeltsje en 'e man komme to praten en Gryt har feint komt ek.
- Dat is moai, dan is der folk genôch.
- Aeltsje hat der fan 'e middei west en dy wie wakker sneu, dat heit fuort de earste de bêste saterdei it fjild yn wie.
- Forline wike saterdei ha 'k oars de heule dei yn 'e tún en yn it hok omslein.
- En Berend en Hindrik hawwe op 'e bealch hawn.
- Soa, hawwe dy har master foun?
- It wie in greaten-ien, de heit fan de jonge, dy't lêsten in gat yn 'e kop hie. En de buorlju neist ús wienen lulk, omdat wy sa'n lawaei makken. Se koenen ús troch de muorren hinne hearre, seinen se.
- Dan moatte se mar bettere huzen bouwe.
- Dat frommis hat ús mem útskolden foar fiskwiif en doe soe Klaske har in klap jaen, mar Tsjerk hat har yn 'e hûs stjûrd en doe kaem....
| |
| |
Durk draeit him om. - Ho mar, seit er, - ik krij it moarn allegear wol to hearren en dan kin 'k my lulk genôch meitsje. Mar fannacht binne wy to fiskjen en dy wille lit ik my net forgalle.
Bouwe seit: - Ik set de karburateur der op en dan kin 'k him ûnderweis nei Drachten wol iepen sette. Ik kin foar 't tsjuster noch krekt dien.
- Ast mar stil biste en net tofolle yn 't gesicht.
Durk jowt him wer del yn it strie. - En nou sil ik in knipperke dwaen.
Mar dy argewaesje fan thús lûkt er him dochs oan.
- Hwat in gesoademiter, seit er tsjin Willem. - As dat sa moat dan sil ik al ris in pear mei de koppen tsjin inoar hâlde.
- It sil wol bikomme, treast Willem. - Mar ik leau, dat ik net nei Philips gean.
Durk wol der hwat tsjin yn lizze, mar hy hat dei gjin nocht oan. - Dou moatst it sels witte? kinst it altiten noch dwaen. Der is alle dagen forlet fan folk.
Hy slûget in skoftsje oant Willem him wakker makket.
- Heit, wy moatte mar los, it bigjint to skimerjen.
Bouwe is ôfset. Hy hat de brommer in eintsje de reed lâns treaun, fortelt Willem.
Se bringe de beide kisten mei ark nei de skou, dy't yn it sleatsje neist it hiem in kreas plakje hat. Under de beamkes is er suver net to sjen.
- Mar fan de fierste kant ôf bigjinne, heit?
- Fuort om 'e hoeke, soe 'k sizze. Dan kinne wy op 'e weromreis de earsten oppakke.
Willem kloetet it Djip lâns. It wetter is aerdich heger kommen en der stiet in bytsje stream. De wyn hat him deljown en it wurdt moai waer. Om 'e hoeke, dêr't se fan de brêge ôf net mear sjoen wurde kinne, bigjinne se de dobbers út to lizzen. It is dan alhiel tsjuster wurden, mar Durk pakt se op it gefoel út 'e kiste, hellet de strûp der
| |
| |
ôf en lit it lead sakje. Dan kriget er de heak mei it ies en wylst de boat fart, rint de line ôf, sadat it lead op 'e wyn komt to lizzen en de boel net sa gau tizet.
As de dobbers op binne - se binne dan hast by de Kettingleane - wurdt de boat oan 'e wâl lein. Willem sjout de kiste mei smytlinen en Durk leit se út. Hy hat in pak kranten ûnder de earm, kreas yn fjouweren skuord en hy stekt it stokje troch sa'n stik krante. Se soenen de smytlinen oars yn 't tsjuster net maklik werom fine.
Der hoecht net by praet to wurden. As alles to plak is, jowe se har del yn 'e rûchte fan de ûnderwâl, achter in pear jonge elzen. Se roke in sigret en biskermje de gleone punt mei de hân. Durk hellet de flesse út 'e bûse en elk nimt der hwat út. Se hawwe der rekken mei holden, dat it nachts aerdich fris wurdt. In lange ûnderbroek ûnder it mansjester, twa truien oer inoar hinne en de kraech fan de jas omheech. Durk giet op 'e side lizzen mei de holle tsjin de skeane kant en Bijke krûpt tsjin him oan. It duorret mar even en Durk is ûnder seil. Willem skout tsjin heit syn rêch oan, sadat se inoars waermte opheine, mar de jonge slept fansels net. Hy is fiersten to nijsgjirrich en soe it spul daliks wol ophelje wolle.
Durk wurdt wekker troch in stomp fan Willem. - Heit, der komt hwat oan, flústert de jonge.
Durk fearret oerein en harket. In kloet yn 't wetter en twa stimmen; in boat dy't it Djip del komt. Se krûpe súntsjes by de wâl op en geane in eintsje tobek. Durk knibbelt en lûkt Willem tsjin 'e groun. - Plat lizze, seit er sacht, - earst sjen hwa't it binne.
Botte mijen binne dy mannen net. Se prate lûdop en hawwe der in bûslantearne by.
- De konkurrinsje komt der oan, gnysket Durk, - se lizze ek dobbers út.
Willem tilt de holle op. - Streupers, heit?
- Ik tink it wol, even hearre hwa't it binne.
| |
| |
De mannen farre harren foarby en Durk giet stien. Hy docht in pear stappen nei foaren en seit: - Bistou dat, Meine?
Even stilte, dan de stim fan Meine van der Heide: - Hwa is 't?
Hy ljochtet oer it lân. - Forduld, Durk Snoad hie 'k tocht.
Se farre nei de wâl en lizze oan.
- Ik wit net hwat jim fan doel binne, mar wy ha hjir smytlinen lizzen, seit Durk. - Hoe sit it, hat Feike Dam in frije dei? Jim koenen hjir wol permis je ha.
- Sa soest it neame kinne.
- Is er hjoed to jeijen mei de hearen?
- Hy sit yn Lauswolt oan it diner.
- Mar hy kin joun noch wol in slach troch it fjild dwaen.
- Jonge né, it is syn tredde dei. Hy hat syn bikomst wol.
De mannen stappe út en geane der even by sitten.
- Moaije nacht, Durk.
- Dou ek mei, Folkert? Ik tocht al....
- Wy ha noch in tritich dobbers, seit Meine, - en dy moatte wy al kwyt.
- Smyt se der mar yn. Wy ha op 'e lêste ein lyntsjes lizzen en as jim in bytsje op 'e oare kant oanhâlde, pleagje wy inoar net. Hwer binne jim bigoun?
- By de Himrikker brêge.
- Duvel, dan ha jim der heul hwat yn.
- Goed trijehûndert.
- As jimme hjir even wachtsje dan kinne wy aens de earste smytlinen ophelje. Jim soenen ús grouwe ielen forbalje kinne.
- Dan keapje wy ien, seit Meine en hy lit de flesse roun gean.
- Hearken Durk, dou hast it yn Drachten net lang útholden.
| |
| |
- Wy sitte noch yn Drachten, mar wy soenen fannacht even nei 't waer sjen. Moarnier geane wy wer op hûs oan.
- Foldocht it?
- Skoan, dat hoecht net better. 't Moat wenne fansels, mar it falt my net ôf. Skjin wurk, moai binnendoar en dat is winterdeis hwat wurdich. Freedtojouns fiif ûre bist der ôf oan moandei ta. Né, dan moatst my net prate fan it boerewurk en sa.
- It hat hwat foarf dat is sa. Ik ha heard, datst earst noch in grouwe bok sketten haste, is dat wier? Feike Dam hat in heule wike fan 't sintrum west.
- Soa, sizze se dat ik in bok sketten ha?
- Feike Dam hat it by Elsje forteld.
- Hy hat it der tsjin my ek oer hawn, seit Durk.
- Ik wie lêsten by Ids op 'e Lege Ein en dy hie réfleis yn 'e panne.
- Ids moat net sa folle prate, seit Durk noartsk.
- Hy hat ek neat sein, mar ik ha dy okkerdeis de Boarnburgumerdyk útfytsen sjoen.
- Nou ja, it let ek neat, seit Durk. - It wie myn útsetter, moatst rekkenje. En ik woe in goed stikje fleis mei nei Drachten ha en Foekje hie in nust lege wekflessen to stean. En it fleis is yn Drachten goed djûr. Streupstou ek noch, Meine?
- In bytsje piele Durk, mar it wurdt nuodlik. De kantonrjochter feecht der yn en ik ha der gjin trije moanne foar oer.
- Sa giet it my ek.
- Mar dou hast in bok sketten.
- De gelegenheit wie der, oars hie 'k it net dien. Dizze bok kaem alle dagen by my to dachsizzen. Ik wie dêr oan 't sleathekkeljen.
Meine hat de flesse noch ris krigen. - Is dit ien fan dyn jonges, Durk? Mei er al in slokje ha?
Hy wachtet net en langet Willem de flesse oer. Willem
| |
| |
bitanket. - Ik ha al in pear hawn. Sille wy aens mar los, heit?
De jonge sjocht it swurk driuwen. Heit noflik yn petear mei in pear maten, de flesse der by. En Feike Dam hat genôch oan himsels, dat it driuwt harren net. It sit smûk yn 'e wâl. Dat kin lang duorje en hy wol fiskje.
- Wy moatte de iel al de tiid jaen om troch to biten, seit Durk. - Ik nim noch ien en dan sille wy ris sjen. Jimme kinne fuort wol achter ús oan komme.
- As it sa útkomt, sizze wy moarnier even dach, seit Meine. - Hoe let ha jim de kofje klear?
Durk nimt noch in slokje, draeit in sjekje en dan pakke se har guod byinoar. Se rinne in eintsje tobek en fine dan al gau de earste smytline. Der sit neat oan.
- Se ha net iens oan 'e wjirm west, seit Willem. - Dat is net in goed bigjin.
- It kin noch komme? der lizze mear.
Trije, fjouwer kear forgees ophelje en dan in iel. Durk slacht him der yn 'e kiste ôf en set op 'e taest nij ies oan 'e heak. Se pakke yn de earste ein in stik as tsien ielen op; gjin grouwe, mar dat kin ek hast net. De grouwen binne foarsichtiger en happe pas yn 'e neinacht ta.
- Fangt it in bytsje? ropt Meine.
- It koe minder.
- Wy ha de lêsten der út, oant moarnier dan mar.
Se hearre it boats je werom farren nei de kant. De mannen hienen tekkens by har. Se sille wol yn 'e boat sliepe en dan oer in ûre as twa fan dizze kant ôf bigjinne op to pakken.
Oan 'e dobbers fangt it al aerdich better en der is ek al ris in swieren-ien by. As hja by de Sânleane binne ha se dochs in flutsje yn 'e skou.
- As it sa hwat troch fangt, krije wy iel genôch, seit Durk.
- Geane wy der fannacht noch in kear by del?
- Ik leau net, dat it hoecht. Dou fangst der net sa folle
| |
| |
mear om en it is better en jow se nou even de tiid. Ik soe sizze moarnier wer en dan fuort oppakke.
Se lûke de skou yn 'e sleat en dogge de iel yn 'e beun.
- Fiifentweintich ielen, telt Willem, - it falt my net ôf.
- Net to folle skine mei dy bûslantearne. Wy kinne it yn 't tsjuster wol fine.
Yn it keukentsje drinke se kofje en ite in brochje. Durk hat noch in lyts flutsje yn 'e flesse en nimt it der út. Hy skikt yn it strie en jowt him del. Willem hat fansels gjin sliepen yn 't sin. Hy giet al lizzen, mar it duorret mar even, dan seit er ynienen: - It hie fansels noait wêze moatten, heit.
- Hwat bidoelste?
- Dy forhuzerij nei Drachten.
- Dou meist dêr net sa graech wêze, mar de oaren hawwe it wakker nei 't sin.
- Dat miene se miskien, mar it wurdt strak wol oars. Mem is heulendal út har dwaen.
- Jawis, it is ek in greate foroaring.
- Wy hearre dêr net. Ik doar to wedzjen, dat heit ek wol werom woe.
Durk hat in hekel oan dit soart petearen. - Ik kin yn dy fabryk wol âld wurde. Ik ha it noch noait sa maklik fortsjinne.
- Ik leau, dat heit himsels hwat wiis makket.
- Nou moatst net bigjinne to wiispraten, bistraft Durk him. - Dou mienst, datst de saek aerdich troch it gat sjoen haste, mar ik bin der langer as dy. Wy jowe ús del, oars binne wy moarnier út 'e liken.
- Goed heit, mar ik ha gelyk.
In forstannige jonge, mar hy lit syn ein net slûpe. Durk is ûnder dat praet hwat ûnrêstich wurden. It leit noflik en de lea bifalt him, mar likegoed is er gâns in skoft wekker en lit it yn him omgean. Hy draeit him in pear kear om,
| |
| |
mar dat moat net to faek, hwant dan kriget Willem it yn 'e gaten. It is duvels, mar it sliepen wurdt sa net folle. Willem docht oars net as mei de lantearne op it horloazje skine om to sjen hoe let it is. Se binne der fiersten to gau út. It is noch roettsjuster as se al yn 'e skou sitte.
- It is to mâl, foetert Durk.
Willem ljochtet út en troch plat oer it wetter. Hy hat de houtsjes fan 'e dobbers wyt farve en se moatte likegoed to sjen wêze as justerjoun. Dochs misse der in pear en guon oaren lizze net mear op 'e rige.
- Dat is in goed teken, seit Durk. - Hwat mear der oan 'e kant lizze hwat better.
Heit kriget gelyk; se pakke de iene nei de oare grouwe iel op. Soms moatte se om de dobber sykje as de iel der mei ûnder de pompen gien is en dan moat der hoeden lutsen wurde om sa'n grouwe iel út 'e rommel to krijen. Se geane der folslein yn op en as hja op healwe binne, hat Willem de ielslimen en de drek by klobben yn 't hier sitten.
- Hwat in iel, hwat in iel, stint er.
As it bigjint to daegjen ha se de lêste smytlinen ek yn 'e skou.
- Ik tink, dat wy wol in sawntich ielen ha, seit Willem optein.
- Wy ha bêst fongen. Ast op elke trije dobbers in iel haste, is 't al bêst en wy ha mear.
Op 'e weromreis hoffenje se har in bytsje en thús pakke se de boel earst op. De dobbers en de smytlinen yn 'e kiste by Willem achter op de fyts, de iel der yn in plasticpûde boppe op.
- En nou noch in bakje kofje en in brochje en dan op Drachten oan.
Se geane der even by sitten en Willem seit, dat er knap slûch is. - Wy kinne ús wol in ûre del jaen, heit. It is noch wit hoe bitiid. Hwat sille wy sa gau yn Drachten.
| |
| |
- Even de sliep troch de lea, it is noch gjin seis ûre.
Durk smyt de learzens út en lit him yn 't strie sakje. En dan duorret it mar in pear menuten of se binne beide ûnder seil.
As Durk wekker skrillet is 't al nei alven.
- Bliksem Willem, wy moatte foar iterstiid thús wêze.
Hastich de boel by inoar en op 'e fyts.
- Wy geane al ris wer, net heit?
- Fan 't jier sil it neat mear wurde. It is to let yn 'e tiid, mar fan 't maitiid meitsje wy grif in loop. It hat my skoan foldien.
Healwe de Sânleane komme se forduld Feike Dam tsjin. Hy set de fyts dwars oer 't paed, sadat se der wol ôf moatte.
- Hwat binne dit foar nuvere oanslaggen, Feike? Wy wolle foar iterstiid thús wêze.
Feike kriget Willem by de fyts en sil in taest dwaen yn 'e kiste.
- Wolst dat litter brutale hont, ropt Durk.
Hy kwakt de fyts tsjin 'e beam en is yn in pear stappen by Feike. - Wy binne hjir op de iepenbiere wei en dêr hastou de minsken fan 'e bealch to bliuwen, tink dêrom.
Hy giet deun neist Feike stean, mar rekket him net oan. Yn 't forline hat er dat wolris dien, mar dan bigoun Feike om him hinne to slaen. Willem rydt syn fyts nei foaren, bûten it birik fan de boskwachter. Durk kriget syn fyts en stapt om Feike hinne.
- Hark ris Feike, astou streupers pakke wolst dan moatst nachts op paed.
En as er op 'e fyts sit, ropt er oer 't skouder: - Miskien sweeft der noch wol in kat om, dan hast dochs hwat foar de muoite.
Willem skattert it út, mar Durk leit it near der op. -
| |
| |
Even wachtsje, as er dûm wurdt is 't net bêst. Hy kin ús wol yn 'e bealch sjitte.
Bijke hat it goed bigrepen; it hountsje tippelt rjocht foar de fyts út en docht gjin stap de bosk yn. It is dochs in wunder, dat hountsje.
Durk hat him de lêste fjirtjin dagen sa noflik net field as op dit stuit.
|
|