| |
| |
| |
It foldocht o sa skoan, mar Durk soe wolle dat der him in kou oer de hannen skiet en hy hat oars sa'n hekel oan fé
- SA, DER wie 'k, seit Durk.
Hy stiet foar it iepen rútsje fan de portiersloge en der geane him greate kloften folk foarby.
- Ogenblikje, seit de portier en yn 'e doar op 'e side stiet er immen to wurd. En dêrnei moat der earst ek noch telefoneard wurde.
- Siz it mar.
- Nou, ik soe hjir hjoed ommers oan it wurk.
- Soenen jo oan it wurk? Dat is moai, mar der binne noch twatûzen fjouwerhûndert en twa en tweintich minsken, dy't hjir hjoed oan it wurk geane.
- Ik moast my hjir melde, seit Durk geduldich. - Ik bigjin hjoed foar it earst.
- Just, hoe is de namme? Ogenblikje.
Der moat earst wer skille wurde.
- Hwer wienen wy?
- Jo fregen my nei de namme. Ik bin Durk Lugtigheid, ik moat achteroan wêze, yn it pakhûs.
- Yn it magazyn, bidoele jo. Ik sil even sjen.
Skilje en dan it boadskip, dat er him op it kantoar melde moat. Der is dêr in Hiemstra en dy sil him opheine.
Durk pandert tusken al dat folk it terrein oer. Gryt is allang wei wurden yn 'e mannichte. In sprokkelnust
| |
| |
gelyk, sa'n fabryk en elk skynt syn plak to witten. Underweis prate se ek noch fleurich meiinoar. Wylst Durk it swit yn 'e hannen hat.
- Ha, Lugtigheid wie de namme, leau ik hen? Hiemstra, oangenaem.
It is de selde man, mei hwa't her okkerdeis de boel bisjoen hat; noch net lang lynf mar it lykje moannen. In fleurige man, hwat al to fleurich, lykas moast er de kost der mei fortsjinje. Mar fierders kin men op sa'n man net folle tsjin ha.
- Jo moatte strak by de administraesje lâns, mar ik sil jo earst paedwiis meitsje.
- Jonge ja, seit Durk, - it is hjir allegear sa great, ik ha der wol oan.
Se steane yn sa'n hege loads, sa heech as in toer en de ein is net to bis jen. Oan 'e kanten greate steapels kisten en doazen, op 'e midden rails dêr't spoarweinen steane, dy't hjir laden wurde.
- Wel, dit is dan jou foarlân. As korféer hawwe jo it hjir goed. Kâld is it noait, hyt ek net en it is hjir net drok. Suver gjin masines, sjogge jo wol? Allinne in pear heftrucks, mar dy hearre jo amper. Né, dit is net sa'n biroerd plak.
- Dat liket my sa ta.
De man wiist Durk it paed en bisiket út to lizzen hwat der yn de kisten en doazen sit en hoe't it fierder om en ta giet.
- En hjir hawwe wy ús kantine, de bilangrykste ôfdieling. Jo moatte de boel skjin hâlde; alle dagen in pear ûren en dan is 't wol goed. Sa machtich binne wy hjir net.
Mar wer fierderop. - Hjir is de klaeigelegenheit. Elk in kast mei syn overall en syn boargerklean. As wy jo dizze kast ris joegen? Nûmer 92 is dat, ûnthâld it mar, 92 en dan sil ik jo aens in overall bringe.
Oan arbeidzjen komt Durk dy moarns net ta en de
| |
| |
middeis wurdt it ek neat. Jouns thús seit er tsjin Foekje:
- Nou ha 'k dêr in heule dei west en noch gjin slach dien.
- Dat soks allegear út kin. Hwat moat der al hwat fortsjinne wurde as safolle minsken bisteld binne mei de omballingen. Ik ha altiten tocht, dat elkenien hwat makke en nou hear ik, dat party minsken noch noait in skearapparaet of soksahwat oanrekke ha, seit Foekje.
- Soe soks op den duer goed komme?
Durk leit har út, dat der minsken op de kantoaren sitte, dat der túnmannen binne, chauffeurs, kofjesetters, skjinmakkers en gean sa mar troch en Gryt folt oan, dat dei ek noch in laboratorium is en dat dêr gâns minsken sitte, dy't trije kear safolle fortsjinje as in arbeider.
Durk hie noch wol even op 'e tekst wold oer syn earste dei yn tsjinst fan it greatkapitael, mar Foekje hat in pear driuwende dingen.
- Nou hwat oars. Durk. Dy houn dat kin sa net. Ik ha hjir hjoed twa kear dat minske, dat hjir neist wennet, oan 'e doar hawn. Bijke skuort har blommen út 'e tún. seit se en doe't se him fuortjeije woe, soed er har oanfleane.
- Dat falt hwat ta.
- Dat kinst nou wol sizze, mar ik sit der oerdei mei. Hy moat wer fêst.
- Dat kin net, it hountsje moat syn frijheit ha.
- Hy siet hjoed ek hast ûnder in auto, seit Klaske, - it skilde neat.
- Duvel, jimme moatte him achterhûs hâlde, falt Durk lulk út. - Dat ha 'k dochs sein?
- Wy kinne net de heule dei om dy houn tinke. Wy ha wol hwat oars to dwaen.
- Hwat soe 't wêze, dit wie dochs sa'n maklik hûs?
- Dat is 't ek, mar it moat syn ûnderhâld ha, seit Klaske. - En wy ha in soad wurk fan de bern. Lytse Durk wie fan 'e moarn dwaende mei de skjirre de
| |
| |
flierbidekking to biknippen en myn jonkje stiek mei in spiker yn de biklaeijing fan de bank om.
- Hwat dogge jim ek mei sok djûr guod. Hie der in matte op smiten. Der leinen trouwens moaije planken ûnder. By ús thús waerden dy skjirre mei wyt sân en dan wie 't al sa kreas.
- Och heit, hâld nouris op oer froeger. En heit soe yn 'e keamer de skuon útdwaen. It wâddet sa yn. Dat moat mei de bern ek oars. Se komme mei de geitestront oan 'e skuon sa mar de keamer yn stouwen.
- Stumpers, hwat ha jim sa in wurk fan it wurk. Op 'e Sânleane ha 'k jim der noait oer heard.
- Dêr hoegde it net.
Durk hâldt him mar stil. Hy sit op dy nijmoadrige bank en slacht yn 'e kranten om. Hy hat noait in lêzer west en it forfeelt him sa mar. It is ek goed gleon yn 'e hûs. Hy smyt de skuon út en hinget de jas oer de stoel.
- Oprêdde, hjit Klaske him, - it jaske yn 'e gong oan 'e kapstok en de skuon der ûnder.
- Miskien doch ik de jas aens wer oan.
- Dat kin dan yn 'e gong ek wol.
- Soe dy geit net fuort kinne, Durk? freget Foekje.
Dan hat Durk wier syn nocht. - Nou moatte jim ophâlde to seuren, ropt er. - Oars slach ik jim mei de koppen tsjin inoar. Hwat is my dat hjir foar in gedonder.
De froulju swije en even letter foetert Durk: - De kop rint my om nei sa'n earste dei en dan dat gesanik fan jim der by....
De greate jonges komme thús. Earst Tsjerk, dy't de kypauto netsjes tsjin it trottoir oan set. Hy is noch net troch de doar of de buorfrou stiet op 'e stoepe.
- Moat dy bak krekt by ús foar de glêzen? freget se brimstich.
- Wolle jo him yn 'e tún ha, ropt Tsjerk út 'e keamer wei.
| |
| |
- Ho Tsjerk, fatsoenlik bliuwe, moannet Foekje.
- Jo ha der dochs gjin lêst fan, seit Klaske, dy't iepen dien hat, - en moarnier bitiid is er wer fuort.
- It stiet sa raer, sa'n frachtauto foar de doar, krekt as....
- Krekt as wie jou man chauffeur, tink? Nou, dat sil ik him net oandwaen, dat kin net foar in fabryksarbeider by Philips. Ik sil him der fuortdaliks weiride.
Hy rydt de auto nei it parkearterrein fierderop.
- Hwat hat dat folk it hjir drok mei op in oar to passen, bromt Durk.
Dan komt Bouwe thús. Hy knalt mei syn brommer it paedtsje achter de huzen lâns en giet mei piipjende remmen troch it hekje. Bijke blaft him it wolkom ta en it jowt al mei al in soad lawaei.
- Dat moatst net wer dwaen, seit Foekje. - Guon minsken ha de lytsen al op bêd en dan kin soks net. It klinkt ek sa lûd tusken de huzen.
Willem en Jantsje binne de lêsten. Willem hat in sek by him en dêr sit in kat yn. - Is dit noch ien fan ús? It dierke siet foar de doar oan 'e Sânleane en it bigreate my.
- Och hearken, de katten, noait wer oan tocht, seit Durk.
Foekje seit: - Ikke wol, mar ik ha der mar net oer praet. Soenen se har dêr net rêdde.
- Feike Dam sil der grif mei ôfweve.
- Dus, dou hast al wer oan 'e Sânleane west, stelt Foekje fêst.
- De skou even oan 'e ketting lein. Se ha planken foar de doar spikere en op it hok sit in slot, rapporteart Willem.
- Hwat moatte wy mei dy kat? Wer mear fé, krimmeneart Klaske.
- In kat bringt gjin wurk oan. Earst in pear dagen yn 't hok en lit him dan mar rinne, is Durk fan bitinken.
| |
| |
- En dan sil er wol gau deariden wurde. It bist wit net iens hwat in auto is.
Durk seit tsjin Willem: - Moatst al ris fornimme hwat se mei it hûs fan doel binne. As it safier is dat de gemeente gading makket, dan sil ik der hinne.
- Dy slach ha wy forlern, Durk, seit Foekje. - En de gemeente hat de forhuzerij bitelle, dat moatst net forjitte.
- Ik wol der oer prate. Ik stean op myn rjocht en ik gun dat frommis de winst net.
Se sille dan mar oan 't iten. In heul geheister, hwant de bern meije net grieme, lyk as op 'e Sânleane. As der hwat op 'e flier rekke, rêdde Bijke der mei. Hy hold de flier sûkerskjin en it hountsje kaem op dizze wize aerdich oan 'e kost. Mar hjir falle hurde wurden om it swilk yn de nije keuken skjin to hâlden.
Berend en Hindrik hawwe gâns to fortellen. Ien strjitte fierderop is in boarterstún en hwat dêr allegear net is. Se hawwe fûl op 'e fûst moatten, hwant alle bern kearden har ienriedich tsjin de ynkringers. Mar dy beide mantsjes hawwe har paedtsje wol skjin makke. It greate foardiel is, dat se inoar nou net mear ôftuge.
- Ik ha altiten wol twa in bloednoas slein, rapporteart Berend.
- Ik leau, dat ik trije kear bloed sjoen ha, swetst Hindrik.
- Nou, dan sille jim moarn wol op 'e bealch krije, seit Klaske.
- En wy lulke memmen oan 'e doar, tinkt Foekje.
- As se jim tonei komme, feech der dan mar yn, moedigt Tsjerk oan.
- Mar ek net earder, seit Klaske.
- Jim koenen it earst wol ris yn frede bisykje, slacht Foekje foar.
Sa'n boarterstún is oars al in lust; heul hwat oars as in âlde linebeam en sa'n suterich stik bosk. De jonges
| |
| |
hawwe alles bisocht en se hâlde it tonearsten op 'e rûtsbaen.
Willem seit: - Heit, it is nou noch myld waer. Wy koenen fan saterdei op snein wol hwat smytlyntsjes en dobbers útbringe. Ik leau grif, dat wy iel fange.
- Hwer woest dat dwaen? freget Tsjerk.
- Yn it Djip fansels, by ús thús.
- Dat soe 'k net dwaen, dat kin nou net mear, seit Foekje.
Durk is it der net mei iens. - Ast in heule wike yn de fabryk stien hast dan is 't fansels in goed ding, sa'n nacht yn de frije natuer. Dat hat Willem goed sjoen.
- Dou hast oars noch mar ien dei yn de fabryk west, seit Foekje.
- En ik fornim nou al hoe goed my dat dwaen sil. Kinst bigripe hoe't dat oer in wike wêze sil.
- Feike Dam sil der wiis mei wêze, is Klaske fan bitinken. - Mient er krekt, dat er jim kwyt is en de earste de bêste saterdei binne jim der al wer.
- Wy kinne ús nachts in pear ûren deljaen yn it leech bedsté, stelt Willem út.
- Dou seist, dat der planken foar de doar spikere wienen.
- Dy pear planken ha wy der sa mar foar wie.
Klaske: - Mar dat mei dochs net.
Durk seit obsternaet: - Ik soe net yn myn eigen hûs meije? Nou moat it net mâlder wurde.
En even letter: - It is ek goed foar de houn. Kin er him tjirgje. Ik soe sizze, as it waer knap is moat it oangean. Hoe is 't mei de moanne?
- Hat krekt fol west.
- Dat past skoan. Soenen wy noch brune slakjes fine kinne?
- Dêr rêd ik wol mei, seit Willem. - En ik soargje ek foar in klute dauwjirms.
Foekje seit: - Ik hie oars tocht wy soenen saterdeito- | |
| |
middei moai to winkeljen kinne, dou en ik. Ik wol dy winkels ek wol ris bisjen; ik ha der noch gjin stap út west. As Klaske in pear ûren op 'e bern past dan hawwe wy de hannen frij.
- Bern, hwat moat ik by de winkels lâns? It kostet trouwens mar jild.
- Dat hoecht net, allinne even bisjen.
- Soks is ûnnut, to winkeljen gean en neat keapje.
- Heit moat ek hwat om mem dwaen, seit Klaske.
- Der komme noch saterdagen genôch, dat wy it doarp yn kinne. En it is nou waer om der út.
- Ik woe saterdeitojoun wol nei de bioskoop, seit Klaske ynienen en hja kriget in kaem.
- De bioskoop, nei de film bidoelste?
- Ja, nei de film.
- Mar bern, der is ommers alle jounen film foar de televisy.
- Yn'e bioskoop is it oars, folle echter.
- Nou, ik bigryp it net, mar dou moatst it sels witte.
- En ik, seit Foekje, - ik soe graech nei in útfiering wolle. Sûnt ús trouwen ha 'k net nei in útfiering west. En dat liket my nou sa moai ta.
Durk bigrypt der neat mear fan. - It koe jim allegear wol yn 'e plasse slein wêze. Jimme binne heulendal út jim dwaen. Nei de bioskoop, nei de útfiering, to winkeljen.
- Wy sitte der nou sa moai deun by, Durk.
- Yn de Lawei binne toanielstikken en revús en sa, soms twa kear yn 'e wike en der binne moaije programma's by, bringt Klaske nei foaren.
- De Lawei, dat greate ding foaroan yn Drachten?
- Jawis, dat is de skouboarch.
- Och bern, dat is dochs neat foar ús soart minsken.
As Tetman der nou noch ris kaem....
- Tetman komt der ek geregeld.
| |
| |
- En hwat kostet soks?
- Goune of trije, fjouwer de man.
- Asjeblyft, dêr ha ik leaver in heale mingel Beerenburch foar.
- Mar ik bin der ek noch, seit Foekje lulk, - en ik ha leaver gjin Beerenburch.
- Leave, dou hast dyn húshâlding.
Se tsiere der ûnder iterstiid oer troch en Durk kin der net tsjin op. It wurdt him dochs allegear tofolle, dy fabryk oerdei, de swierrichheden mei de geit en de houn, it gegûl fan de bern.
- Oan 'e Sânleane hienen wy it aerdich frediger, seit er. - Hawar, wy sille mar rekkenje dat it oerbettert. Wy binne allegear út ús dwaen.
Tonearsten bliuwt dat lykwols sa. Der is alle ûren fan de dei wol hwat. As Durk de oare deis fan 't wurk komt - hy hat nou yndied in pear hantaesten dien - stiet der ridlik gau in plysje foar de doar.
- It giet om jou soan, seit de man, - der binne klachten oer him binnen kommen.
- Kom der yn en siz my hokker it is.
Dêr hat de plysje wol oan, mar ien fan Durk sines hat in jonkje fan de oare kant in optater jown en doe hat de mem de plysje skille.
- Dat is ek hwat, seit Durk, - en moatte Jim dêr dan fuort achteroan? Sokke bernerûzjes ha 'k my noait mei bimuoid, mar as it optheden sa is, dat de plysje der yn om reagje moat dan wol ik wol leauwe, dat der hyltiten mear plysjes komme moatte.
- It is oars aerdich oankommen, seit de plysje.
- Och ja, sokke jonges fege ta. In bulte en in blau plak bliuwt der al gau fan oer.
- It wie justjes mear; in bêst gat yn 'e holle. Ik ha 't even bisjoen.
Durk bliuwt geduldich. - Dat kin fansels, dat kin. Bern binne noch hwat weak boppe op 'e holle.
| |
| |
- It wie gâns in gat; de dokter hat der in stik as fjouwer krammen yn sette moatten.
- Tsjonge noch ta, dan hat er goed lulk west.
- Hwa hat goed lulk west?
- Ien fan myn jonges.
- Is der ek ien thúskommen mei blauwe plakken en bulten? Hwant hy sil sels syn part ek wol hawn ha.
- It moat Berend of Hindrik west ha en dy binne der noch net. Se sille yn de boarterstún wêze. Dat is hwat nijs foar dy mantsjes en se meije der graech wêze.
- Ja, dêr moat it west ha, yn 'e boarterstún.
- Hie 'k wol tocht. De oaren wolle harren der net ha en dan is 't fansels los.
Se prate der in skoftsje op om en dan komme de beide jonges tafallich thús. Durk nimt se daliks yn 't forhoar en it docht bliken, dat Berend de swierste klappen útdield hat.
- En hwerom moastou dy jonge sa fûl slaen? freget de plysje.
Berend is wol skruten, mar hy kin him fordigenje, fornimt Durk mei nocht.
- Ik ha him ien klap op 'e harsens jown, mear net, seit Berend.
- Dat moat dan in hurde klap west ha. Mei in kneppel of sa?
- Né, mei in izeren stange, mar sij wienen mei har tsienen en se bigounen allegear tagelyk.
Durk seit: - Oars hie myn jonge net mei in stik izer slein. Dat ha 'k se net leard. Ik siz altiten: as it heal kin net fljochtsje, mar as it wêze moat dan mei de fûsten.
- Hwerom moast der fochten wurde? wol de plysje witte.
- Nou, dy fint sei, dat ús heit in druif wie.
- In hwat?
- In druif en dat ús heit bûtendoar stie to pisjen en dat er in lulke houn hie en sa.
| |
| |
- Soa, en doe tochtstou: ik jow him mar in klap.
- Mar se woenen ús ek net op 'e rûtsbaen ha.
It docht bliken, dat Berend en Hindrik net witte hwat in druif is, mar se hawwe oannommen dat it in slimme mislediging wie en doe't dy rûtsbaen har ek noch forbean waerd, doe hawwe se rjochtdei holden.
Hindrik hat ek noch hwat opheind, dat heit of mem of Klaske in hoer wie of soksahwat.
- Tja, hwat moat men der al fan sizze, seit de plysje.
- Sokke bern prate mar hwat fansels.
- Sa is 't, en dêr moatte greate minsken har net mei bimuoije. Ik soe sokke âlden wizer ha wolle.
- Dat is sa, mar as se inoar in harsenskodding slagge....
- Dêr ha jo wer gelyk oan, sa'n izeren stange, dat is to nuodlik.
En tsjin de jonges: - Dat moat net wer, hearst dat, Berend.
- Ik koe sa gau oars net fine, heit.
- Liz dan tonei in eintsje hout klear; as se dan wer mei tsien man bigjinne dan kinst se dy altiten fan 'e hûd hâlde. Tinkt jo ek net?
- Ik soe it net adfiseare wolle, seit de plysje. - Hout kin ek hurd wêze.
Berend seit: - Wy geane dochs net wer nei de boarterstún.
- Neat mear oan, folt Hindrik oan. - Ik ha wol hûndert kear by de rûtsbaen del west en wol twahûndert kear yn'e draeimoune.
- Nou, dan lost dit probleem him miskien fansels op, seit de plysje en hy giet oerein. - Sille wy it dan sa earst mar litte?
- Dat liket my it bêste ta.
- Miskien kinne jo even nei dy minsken ta en it útprate.
| |
| |
- As dat perfoarst noadich is. Ik ha der oars gjin boadskip, ik bin net nei de plysje gien.
- Dat is wol sa, mar.... hawar, ik sil der sels wol even hinne.
Foekje hat it der swier mei. - Ik leau wy kinne hjir gjin goed dwaen, krimmeneart se.
Gryt seit: - De bern binne oan 'e Sânleane foar wyld opgroeid.
Sokke forwiten kin Durk min oer. - Gjin sprake fan. Dy bern hawwe leard om fan har ôf to biten en ik soe der net oer meije as it oars wie.
Klaske sit tryst foar har út to sjen. - Dat slacht op myr seit se ynienen.
- Hwat bidoelste?
- Dat lêste dêr bidoele se my mei.
- Och berntsje, it boargerdom wol hwat to praten ha.
Se hawwe hjir oars ek net folle, seit Durk.
- Sa is 't Durk, de minsken hawwe hjir suver neat.
- Dat bist dus wol mei my iens?
- Jawis, dat is to sizzen....
- Dat is to sizzen, seit Durk en hy giet der foar sitten,
- dat is to sizzen, dat ik wol sa leaf oan 'e Sânleane bleaun wie.
Hy draeit in sjekje en seit: - Witst hwat it ek is? Ik ha nou twa dagen yn dy fabryk om slein.
- Noch mar twa dagen, suchtet Foekje.
- Alles bêst en ik ha neat to kleijen. Mar fan 'e middei doe hie 'k in moaije bulte rommel byinoar fage en doe tocht ik ynienen: as ik oan it sleathekkeljen wie dan siet der soms in mûdhoun tusken de drek of in ieltsje. En dat bart hjir nou noait, hen. Altiten it selde. En doe tocht ik ynienen ek: ik woe wol, dat my in kou oer de hannen skiet. Nuver, net? Hwant ik ha dochs altiten in hekel oan kij hawn.
|
|