| |
| |
| |
It moat fansels earst wol wenne, binammen foar Kekke en Bijke. En Durk hie ek al sa leaf de learkeklompen oanholden
BIJKE GIET fansels mei. De earste loop dy't de forhúswein makke, hat Durk him yn 'e kabine set. Hy sit nou yn it hok by it nije hûs en sil him wol ûnwennich fiele.
- Mar dat wurde wy allegear jonge, dêr moatte wy trochhinne, hat Durk fleurich sein en doe binne se werom gien foar de twadde fracht.
Der is gâns to fortôgjen. Hearken, hwat wurdt der yn in fearnsieu al hwat ynsjoud. En dan to bitinken, dat se in heule dei oars net dien ha as âlde rommel opstoke.
- Nou earst de geit en de kninen fuort bringe, Durk, seit Foekje.
- Né, ik ha my bitocht.
- Hwat seiste? Dou wolst dochs dat fé net meinimme?
- Ik ha de boel bisjoen en it kin skoan. De blikke is net sa great, mar der waekst oare maitiid grif in soad gers. En de heule strjitte lâns lizze strypkes greide. As ik dêr út en troch mei de seine by del gean, hawwe wy fretten genôch.
- Dat kin net heit, ropt Klaske wylst hja in stik húsrie út 'e hûs tôget. - Ik tink, dat it net iens mei. Sjoch marris yn it hierkontrakt.
- Hwat mei net? Wy jowe hier en net in bytsje, mar
| |
| |
dan moatte se jin ek frij litte. De geit kin aens moai achteryn en dy beide knyntsjes wol 'k ek hâlde. Foar ien hok is der altiten plak en oar jier meitsje ik in lytsere stjelp. De Flaemse reus woe 'k mei fokke en dat Blauwe Hollanderke ha 'k ek plannen mei.
Durk is der net ôf to bringen.
- It kin net mem, wier net, beart Klaske.
Foekje suchtet: - Lit mar bern, hy fornimt it fansels.
It hat der yn hinge mei dat forhúzjen, dat is sa. Mar doe't Durk út 'e rie wie, hat er mei faesje de saken regele. De maetskiplik wurkster forliende bystân; hja hat der foar soarge, dat sociale saken de forhuzerij bitellet en it ynrjochtsjen fan it nije hûs hienen se ek wol hwat foar oer.
- Jawis, hwant se binne aens fan ús ôf, hat Durk saeklik opmurken.
Foekje, Klaske en Aeltsje - och, hwat hat dy Aeltsje gâns lopen makke tusken de Sânleane en Drachten - founen dat wakker ûntankber.
- Hwat hear ik, sille jim hjir wei? frege Elsje doe't it forhael troch de Sweach gong.
- Sa is 't, bifestiget Durk. - Ik wol wer oan 'e slach en kin hjir gjin passend wurk fine. Dou moatst rekkenje sa'n plak as Drachten hat in soad mooglikheden. En om 'e húshâlding is 't better. Om my wienen wy oan 'e Sânleane wenjen bleaun, mar ik doch it om 'e húshâlding. Foekje en de bern krije dêr better har gerak; winkels, skoallen, hwat mear oanhâld. Se hawwe der wakker nocht oan.
Sa beart Durk en jo soenen sizze, dat er it mient.
- Ik moat sizze, it is my tafallen yn Drachten. Ik ha de boel goed bisjoen en ik kin net sizze, dat it my oangriisde. De huzen steane fansels ticht op inoar, mar ik krij der dochs noch aerdich hiem by. As 't wêze moat, kin 'k der hwat fé hâlde. En dat hûs is yn ien wurd in lust.
| |
| |
Greate ruten man, dou kinst dwars troch it heule hûs hinne sjen. It is allegear ljocht. En fjouwer sliepkeamers en in souder sa great, dou kinst der de bern it fytsen leare. Wy hoege sels net mear to stoken; der komme gaskachels yn en dy rêdde harsels.
- En dou nei Philips, ha 'k heard.
- Ik sil yn 'e fabryk. Us Gryt is der al in pear jier en hat it tige nei 't sin. Nou bin ik mear in fjildman, mar mei bûtendoar omrinnen kinst de kost net fortsjinje, is 't net sa? En it fortsjinnet goed yn dy fabryk. Willem sil der mei de tiid ek hinne en ús Jantsje makket ek gading. Sa'n jonge as Willem is 't helte better f oar. De heule winter by dat leanbidriuw omheukerje, kâld en biroerd wurk en sa'n lytse baes kin it measte net jaen fansels. Ik sil fan de lytse bazen gjin kwea sizze, mar foar in bulte minsken is sa'n fabryk in útkomst. Skjin wurk, net to lange dagen, twa dagen wyks frij en forsekere tsjin alles. Jo kinne siik wurde, deagean, alles giet gewoan troch.
- Jawis, stimt Elsje ta, - it is in moai spul, mar jimme sille omstean leare moatte.
- Dat moatte wy grif. Iksels pas my oars o sa maklik oan. Dat ha 'k wol leard doe't ik by de husaren wie.
As men Durk sa praten heard dan hie it folle earder moatten.
Hy hat ek noch even by Ids op 'e Lege Ein west, mei de flesse drank, dy't Ids noch to goede hie.
- Dou doarst it wol oan, Durk. Ast hjir mar gjin spyt fan krigest.
Durk hat dat fier fan him smiten.
- Ids, út en troch moat in mins trochpakke. Ik ha der oars ûnder stien, mar nou't ik út 'e rie bin, sil ik my der by jaen.
Se hawwe doe togearre dy flesse leech dronken en by einbislút woe Durk it doe dochs wol wêze, dat it him as in stien op it hert lei. - It leit my sa by, Ids, dat it yn Drachten mei my net goed komt. Mar it kin net oars; ik
| |
| |
moat út it hûs wei en ik moat fortsjinje. Ik kin my fansels opknoopje, mar dat is net maklik.
- Dat kinst altiten noch dwaen, sei Ids. - Ik soe 't earst marris bisykje.
Dat hie Durk sels ek tocht. Likegoed is er dy jouns nuver thúskommen.
Hwat er sein hat oer dat hûs is oars wol wier. It stiet yn 'e rige; achter huzen, foar huzen, op 'e side huzen. It falt net iens ta om it eigen hûs to finen, hwant se binne allegear gelyk en de strjitten jildt it selde foar. Aldergeloks hjit harren strjitte de Hoannekamp en dy namme leit maklik yn it ûnthâld. Oars in idioate namme foar sa'n strjitte. Der is op 'e heule streek net ien hoanne; hoe fine se it út.
It is ek wennen mei al dy minsken om jin hinne, dy't jin by alles hwat jo dogge op 'e fingers sjogge. Wylst se noch oan it forhúzjen binne, giet Durk even achter it hok stean to pisjen. Klaske sjocht it, slacht fûleindich op 't rút en wiist nei achteren. In stikmennich buorfroulju sjogge mei niget hoe't Durk de geit forstekt. It is der sa ûnfrij, dat Durk yn 'e hûs moat to pisjen.
Soks is fansels to mâl en dat húske is ek noch sa forrekte lyts. As jo út 'e broek moatte, steane jo fuort mei it bleate gat tsjin dy kâlde tegels.
Ek mei Kekke is 't yn it earstoan in great lijen. De bern fan de buert der omhinne, as hienen se noait in geit sjoen, en it dier fansels fan 't sintrum troch al dy drokte. Hy smoart himsels sahwat yn it tou en Durk moat der algeduerigen om tinke. As de bilangstelling hwat saksearret en de geit ta himsels komt, bigjint it dier to plúzjen, dat is syn natuer. Hy kin it beamkeguod fan buorman krekt rikke en yt der mei smaek fan. It binne suterige pôllen, mar lyk as altiten hat in geit it ûneachlikste fretten it leafste. De buorfrou draeft der út en seit, dat de beamkes in ryksdaelder it stik koste ha en se hawwe fan 't simmer krekt sa moai bloeid. De oare
| |
| |
buorfrou seit, dat it eins in skandael is, sa'n geit tusken de minsken.
Mar dat lit Durk him net sizze. - Hjir bin ik baes, seit er, - as ik op jou gerjochtichheit kom, meije jo it sizze.
En sa is der wol mear, dat argewaesje opropt. Durk tilt der net sa swier oan en it skilt in stik, dat de froulju sa optein binne oer it hûs. Hy hat de lêste tiid sa'n lijen mei Foekje en Klaske hawn, dat de freonlikens fan dy kant him suver noflik oan komt.
Aeltsje hat har ek tige ward, binammen by it keapjen fan nije meubels. Se hat mei Foekje en Klaske by de winkels lâns west en dat hat fortuten dien. Der stiet in bankstel yn 'e keamer, brún hout mei swart spul der oer. Skai, neame de froulju it. In lust om to sjen, dat bankstel. It spul swit knap oan it gat; om krekt to wêzen, as jo der in heal ûre op sitten ha, plakt de broek jin oan'e kont. Mar it is sa praktys, seit Aeltsje, net dat switten, mar de skai-biklaeijing. It kin net stikken, it forkleuret net en it is sa maklik yn it ûnderhâld. It kin gewoan mei sjipsop ôfnommen wurde.
Sa beare de froulju en Durk fornuvert him der oer. Oan 'e Sânleane hienen se hwat reiten stuollen en in pear banken. Dat guod mocht net mei. Hy hat it opbrânne moatten.
Elektrys ljocht ha se noait hawn en it moat sein wurde, dat it in great genot is. Krekt sa hwat de stokerij oanbilanget. Gjin getôch mei hout of swarte brant; dy gaskachels rêdde harsels. En der is in nije televisy kommen. In prachtich meubelstik en neffens Bouwe mei twa Nederlânse en trije Dútse netten. Hy siket se ien foar ien op en wrachtich, om twa ûre middeis op in gewoane dei yn 'e wike is 't al los. In Tarzan-film en it naeit der sa út, dat de heule beraekloft net mear de keamer útkomt. It Dúts is út en troch skoan nei to kommen; salang is 't optlêst noch net lyn, dat dat folkje hjir baes wie. De bern hawwe trouwens oan de printsjes mear as genôch.
| |
| |
It is bjusterbaerlik hoe't it libben fan in mins yn in pear dagen tiid foroarje kin. Durk hat trije dagen om to stoel en to bank to kommen; de moandeis sil it wêze by Philips. In soad hoecht er oan de forhuzerij net to dwaen. As de boel ien kear yn Drachten is, rêdde de froulju der fierder mei. Hy mei allinne de swiere stikken mei to plak sette en dat is yn in heale dei bislikke. Aeltsje draeft tusken de middei even nei hûs en fuorret Gerard en de bern patates en knakwoarst. Om healwe twaën is hja der al wer en dan helpt Durk om in pear ledikanten nei boppe to bringen. Der is op 'e fliering in lyts keammerke mei in dakfinster en dêr sille Hindrik en Berend sliepe. De beide mantsjes binne sa greatsk as hwat, de heale souder ha se ta har foldwaen. Op de foarste ein fan de fliering komme de greate jonges, Tsjerk, Bouwe en Willem.
- Nou binne wy al fiif kwyt, seit Durk tofreden, - en wy binne noch mar krekt bigoun.
Klaske en Gryt togearre op de greatste sliepkeamer. Der sit in waskbak yn mei kâld en waerm wetter, in lúkse dêr't de froulju net oer útpraet reitsje.
Klaske har jonkje, lytse Durk en lytse Pytsje op it oare keammerke, Jantsje en lytse Foekje op it tredde en dan hawwe Durk en Foekje noch in heule keamer foar harsels.
Durk seit: - Der wurdt wolris sein, dat de greate húshâldings út 'e tiid binne, mar as jo sa'n hûs hawwe dan komt it op ien wier net oan.
- It is nou oars aerdich fol, is Klaske fan bitinken.
- Hwat soe 't wêze, dou witst net hwatst seiste. Wy wennen eartiids mei syn njoggenen yn ien keamer, in man as fjouwer yn elk bedsté en de rest oer de flier.
- Dat wie doe, mar it is nou in oare tiid.
- Dat waskhok op 'e oerloop dêr soenen noch skoan twa bern sliepe kinne. Sa'n dûbel bêd deryn en klear is 't.
- Dat is de douchecel, heit en dy moatte wy brûke.
| |
| |
- Jimme ha dochs in waskbak yn 'e keamer?
- It liket my wol noflik ta, sa'n douche, seit Foekje.
- Wy ha it der altiten sûnder red, seit Durk.
- As wy heit syn sin dienen, dan kaem der in kninehok yn.
- Hwerom net? Mar dy bistjes hawwe yn 't hok ek in smûk plak.
Durk hat it al even bisjoen. Yn 'e fierste hoeke fan it hok in stâltsje foar de geit en op in planke der boppe it kninehok. As de geit oare maitiid lammet kin er de jongen der skoan by hâlde.
As it greate wurk dien is, sil Durk mar in eintsje to kuijerjen. Hy soe it paed nei de fabryk sa net iens witte en hy wol neigean oft er op 'e fyts moat of dat it geande foet kin.
Hy sil yn syn learkeklompen stappe, mar Klaske ropt:
- Soe heit net even de skuon oandwaen en in knappe broek oanlûke? Wy binne hjir net op 'e Sânleane.
- Skuon oan? Mar it is in gewoane dei, bern.
- Der rint hjir gjin mins mear op klompen, seit Aeltsje.
Durk is yn dizze rite yn alle silen mak, mar hy sjocht net yn hweromt er syn skuon oandwaen moat. - En ik kin der sa min yn rinne, seit er, - it swit sa en se sitte my krap. Ik ha noait goed oer skuon kind, dat witte jim wol.
- Doch se dochs mar oan, Durk, moannet Foekje, - en ik sil dyn pak krije, dan stiest der tominsten knap op.
Durk skopt de klompen út en giet yn 'e hûs. It is in skoft lyn, dat er de skuon oan hawn hat. Se binne sa goed as nij en hy hat se al tsien jier.
- Dat pak is my to lyts, seit er. - Al siet ik yn it kesjet, it hoegde net oars.
- Dan moat heit oare klean ha. Heit kin net yn in âld mansjester jas en broek nei de fabryk.
- Der giet neat boppe in mansjester pak.
| |
| |
- Op de fabryk kriget heit in overal.
Durk set op syn sneins de dyk út. Botte bihaechlik fielt er him net, mar it sil wol wenne. Hy pandert de nije wiken troch nei it winkelsintrum en dêr is genôch to sjen. It is wol drok oan'e holle, mei al dy auto's, âljende bern en hastige minsken. It is ek in frjemde boel, dat der sa'n bulte minsken binne yn sa'n great plak, dy't neat to dwaen ha, sa't liket. Dat dangelt mar hwat by de winkelruten lâns, praet hjir en dêr in pypfol en hinget by kafé's en hotels om. Op 'e weromreis kuijert er de wâl del nei it yndustryterrein, dêr't de mânske fabryk stiet. In greate poarte mei in portiershokje en in slachbeam oer de dyk, lyk as op it terrein fan de husarenkaserne yn Amersfoart. Greate parkearterreinen mei bussen, dy't strak it folk forfiere, dat yn de fabryk wurket. Heulendal achteroan moat hy moandei wêze. Hy hat der okkerwyks mei ien fan de bazen west. Hy kin net sizze, dat it him oanlaket. It waer is ek hwat skier en dan docht sa'n fabryksterrein mankelyk oan.
Thús binne de froulju noch oan it heisterjen. Durk lûkt daliks de skuon út en bisjocht syn fuotten. Dan de sokken út en krekt hwat er tocht hie: op elke hakke in grouwe blier. - It waerd my hyltiten pynliker, dat ik tocht al.
- Dat kin sa net, seit Aeltsje, - ik sil aens mei heit nei de winkel om in pear greatere skuon.
- Ha wy noch jild, mem? En hwat moat ik mei twa pear skuon.
- Ik wit it net, Durk. Ik kin 't optheden net byhâlde, mar dou moatst dochs hwat om 'e fuotten ha. En as de famkes sizze, datst net op 'e klompen nei 't wurk kinste....
- Né, dat kin net, mem.
- Wel, dan moatte der in pear maklike skuon komme en in knappe broek en sa.
Durk seit: - It is al in nuvere wrâld, dat men net mear
| |
| |
op klompen nei 't wurk kin. Dat hie ús heit hearre moatten, hwat soe de âld man beare.
- Der is noch hwat, Durk. Der hat hjir in man west fan 'e skoalle. Dou moatst nei dy master ta om de bern op to jaen. It hie al wêze moatten, sei dy man, hwant it hipt nau mei dy klassen.
Aeltsje hat der foar in part al mei rêdden. - Se moatte nei skoalle tolve, seit se. - Skoalle tolve is foar dizze strjitten, mar it is de fraech oft se der noch by kinne en dat moat heit mei it haed fan 'e skoalle biprate.
- Kin it moarn ek?
- It moat daliks.
- Dan krij ik it noch drok.
Aeltsje mei heit it doarp yn om skuon en klean.
- In pear heareskuon, seit se en dan giet it op in passen. Aeltsje freget hyltiten nei de priis.
Sechtich goune, fyftich, fjirtich.
- Moat it sa mâl, bern? Tsien jier lyn hiest der twa pear foar.
- It libben is djûr wurden, seit Aeltsje.
- As dat skilt yn re priis dan ha 'k leaver arbeidersskuon as heareskuon, seit Durk tsjin 'e juffer.
Aeltsje skammet har, mar de juffer komt nou mei brede wurkskuon oandragen en Durk kin foar 27 goune klear komme.
- Forkocht, seit Durk.
- Passe se wol, heit?
- Foar dy priis passe se altiten en ik kin hjir tominsten knap ynkomme.
- Jo hawwe in heech krop, seit de juffer. - Jo drage faek klompen, tink?
- Ja, en as ik myn sin die dan kocht ik in pear nije learkeklompen en gjin skuon.
- Nou, dan dizzen mar, seit Aeltsje. - Heit moat it sels mar witte.
Hja sil it earst wol bitelje en letter mei mem
| |
| |
forrekkenje. Dan noch om in broek, in knap bûsgroen en in jaske.
- It libben is hjir knap djûr, seit Durk. - Der mei wol goed fortsjinne wurde.
Letter op 'e dei moat er mei it trouboekje nei de skoalle. It is in forduld moaije skoalle en net mear as fiif menuten rinnen. It sil de bern noflik oankomme; se kinne tusken de middei thús komme to iten.
It haed fan 'e skoalle lûkt djippe tearen yn 'e foarholle.
- Trije tagelyk, seit er en hy bigjint yn de boeken de nammen yn to skriuwen.
- Jo hâlde ek noch in stik as trije togoede, seit Durk.
- Op 'e Sweach wienen se my yndertiid oh sa tankber. Ik koe har krekt oan in f jirde master helpe.
- Hjir leit it hwat oars. Hwat minder bern hwat leaver ik it ha. De klassen binne al to great.
- In nuver spul; út Lippenhuzen wei ha se faek by my west om de bern dêr op skoalle to krijen. Ik hie der suver jild foar freegje kind. Sa fûl wienen se op it pear bern mear.
- Ris even sjen, it famke nei de fjirde klasse, tink? Dat iene jonkje nei de fiifde en de oare sit yn 'e lêste?
Durk hat der wol oan.
- Of witte jo it net?
- Ik ha der wol oan, moat ik jo sizze. As it my net mist dan is Hindrik in kear sitten bleaun en Foekje hat ek ris hwat mei west. Dat is oars in skrander bern, mar it woe net mei dy master. Ik ha der noch mei de man oer praet, wit ik wol. Der wienen mear bern, dy't oars wol koenen, mar dy't altiten spul hienen mei de master.
- Se hawwe op 'e Sweach op skoalle west, sizze jo. Wel, dan skilje ik even mei myn kollega. Jo stjûre de bern moarnier mar en dan sil der mei rêdden wurde. Sa, dat is ek klear.
- Nou ha 'k de ein yn 'e bek, seit Durk as er thús is. -
| |
| |
It is my krekt as hie 'k in heule lange dei yn 'e put stien.
It swit yn 'e skuon en de hannen, lamme skonken, wurch yn 'e holle.
- Oars ik wol, seit Foekje, - hwat is rt in geklau om alles to plak to krijen.
Mar hja hat noch net dien. De trije bern, dy't moarn nei skoalle sille, moatte ek nei de winkel om klean. Aeltsje en Klaske wolle se der knap op ha.
- Kinne jim it sûnder my rêdde? freget Foekje. - Ik woe even bikomme en ik moat aens mei it iten fan de greate jonges dwaende.
De greate famkes sille der wol mei rêdde. Durk past op 'e lytskes, wylst Foekje yn 'e keuken mei it iten dwaende is. De bera sitte fansels oeral oan, de ljochtknopkes, wetterkranen, de geijser en se kinne har wille net op. Mar der sitte in soad nuodlike dingen yn sa'n modern hûs, dat jo kinne de bern gjin momint allinne litte.
En Foekje fortrout har net mei it gasstel. Togearre steane se der by en de bern der omhinne. Durk draeit hoeden oan in pear knoppen en Foekje snúft de lucht op.
- Ik leau ik rûk it gas, Durk.
- Jimme der út bern, hjit Durk. - As der hwat bart dan giet it mâl.
Durk weaget it der op en hâldt in lucifer by ien fan de pitten, dy't omraek rûst. Mei in pof slacht de flam der út en dan giet it fierder dat it slydjaget. De jirpels steane der amper op of it wetter is al waerm.
- Hiest der ek waerm wetter út 'e geijser opdwaen kind, fynt Durk út. - Dan giet it noch hurder.
- Soe dat kinne? hifket Foekje. - Ja, hwerom eins net? It ding stiet der foar.
Durk wer yn 'e keamer en hoeden it televisytastel bisykje. Der wie oars ôfpraet, dat Bouwe der mei rêdde soe, hwant dy hat forstân fan technyk. Mar it moat foar elkenien to learen wêze, ornearret Durk. Der stiet hjir
| |
| |
ommers yn elk hûs sa'n ding en elk draeit der oan. It skerm ljochtet ûnder Durk syn meneuvels op, dan in pear frjemde figuren en ynienen in printsje. Forduld en ek noch in stim, yn 't Dúts. Dêr is 't al sa, in Dútse sender en Bouwe hat der neat oan dwaen hoecht.
- Mem, nou moast komme.
De bern roppe jûchhei en geane der fuort foar Sitten.
- Ast it mar goed dien hast, Durk.
- As it net goed wie, soe der neat op kommen wêze.
Durk jowt him del en bisjocht mei wolbihagen it strykorkest. Net dat de muzyk him hwat skille kin, mar dat soks der sa mar op stiet dat is in wûnder. As er it in kertier oansjoen hat, bigjint it him dochs hwat sear to dwaen oan de eagen. Op 'e Sânleane hat er noait nei dat healbizen ding taeld. Der wie ek suver neat op to sjen. Mar dit is heul hwat oars. Miskien moatte de eagen der ta wenne.
Goed seis ûre komme de greate jonges thús. Aeltsje en Klaske hawwe harren dingen dien en Aeltsje set ôf om har eigen húshâlding to dwaen. Tsjerk, Bouwe en Willem fansels earst it hûs troch en de heule boel bisjen.
- Ik woe moandei ek wol nei de fabryk, seit Jantsje.
Dat kin lykwols neat wurde. Se kin sa mar net de bakkersfrou op 'e Sweach sitte litte.
Willem is sa gleonhastich net. Hy mei daliks wol ophâlde, hwant der is net folle wurk mear by it leanbidriuw. Willem rydt foar in pear boeren in kuilbulte by inoar en der is ôfpraet, dat er dêrnei meihelpe sil om it ark skjin to meitsjen en op to knappen. Mei fjirtjin dagen soed er wol nei Philips kinne.
Willem seit: - Ik ha even op 'e Sânleane oan west. Ik hie sa tocht, heit: wy forkeapje de skou mar net. Ik ha
| |
| |
him oan 'e ketting lein en as it bigjint to friezen kin 'k him op 'e wâl lûke.
- Hwat moatte wy mei dy boat? freget Foekje.
- Nou, dan kinne wy op in saterdei of snein in kear to fiskjen of gewoan to farren.
- Wy kinne it jild oars wol brûke, seit Klaske.
- It is in âld ding, seit Durk, - mear as fiif, seis tsientjes krij 'k der net foar. En Willem hat gelyk, sa'n skouke is noait wei. Ik soe sizze, lit him mar lizze. Mar wol even in hingslotsje der op.
Durk hat de bêste fûken der út socht en meinommen nei Drachten, al foetere Foekje wakker doe't er mei de smoarge brut nei de fliering gong en se der ûnder in ledikant skoude. - Dou moatst sa rekkenje bern, wy binne hjir tige ôfhinklik fan in oar. Der kin neat barre of dou hast gjin gas of elektrys mear. As it oarloch wurdt, binne wy sa mar útpraet en it is altiten noflik as men dan noch hwat ark hat om to fiskjen.
Foekje woe ek ha, dat er it jachtgewear en de sten fuort die. De sten hied er faeks wol kwyt wold, mar it is nuodlik om sa'n ding to forkeapjen. As se in oar der mei pakke sykje se út hwert it ding wei komt en sa plúzje se krekt sa lang oant se de earste eigner to pakken ha. Weismite is bigreatlik en dus is de sten ek mei gien.
En de hoarn hinget wer yn it hok oan in spiker. Hy hat wol fan doel west om ek yn Drachten it deistige appèl to hâlden. - Wy moatte gewoan ús dingen dwaen, sei er, mar by einbislút sjocht er yn, dat it hjir net kin. It bigreatet him wol; hy hold der fan om oan 'e ein fan de dy syn keppel oer to sjen. En it is de wei om baes to bliuwen. Mar stel, dat er hjir tusken de minsken jouns op 'e hoarn blaze soe en dat de kloft him op it hiem opstelde. It soe in moaije fortoaning wurde en gâns opskuor jaen. It hoecht eins ek net sa bot. Elkenien hokket hjir gear yn 'e keamer, de keuken of boppe op 'e sliepkeamers. It is maklik oer to sjen.
| |
| |
Jouns foar bêdtiid heart er Bijke gûlen. It hountsje sit yn 't hok en jammert sa alderoatmoedichst, dat Durk der wol hinne moat. Bijke is heulendal fan 't sintrum. Hy pipet en wringt him yn alle bochten om oandacht to krijen. As Durk der út sil, byt de houn him sa mar yn 'e boksen. Durk wurdt der kjel fan. - Dit hast noch noait dien, hwat sille wy nou ha?
Hy nimt de houn mei yn 'e hûs en hellet him even oan. Willem sit der noch en seit: - Ik wol leaver net yn de fabryk, heit. As ik yn Drachten hwat oars fine kin dan doch ik dat.
It fornuvert Durk net. De jonge hie oan 'e Sânleane wol aerdich syn slinger. Hy is in fjildman en sa'n ien kinst net tusken fjouwer muorren sette.
- Dou moatst mar ris sjen, jonge.
Durk nimt de houn mei nei de sliepkeamer.
- Hwat sil dit? ropt Foekje wylst hja oerein komt.
- Hy moat fannacht mar by ús bliuwe. Hy is fan 'e wize; niis hat er my yn 'e boksen biten en ik wol net, dat er forkeard wurdt.
- Och hearken, krimmeneart Foekje, - nou tocht ik, dat wy in kreaze húshâlding ha soenen en nou ha wy de houn al by ús op bêd. Dat ha wy oan 'e Sânleane noait bilibbe.
Durk jowt him del en it hountsje giet tankber op 'e fuottenein lizzen.
- It moat allegear wenne, seit Durk.
|
|