| |
| |
| |
In gearfetting fan it proses, dat liede moat ta korreksje fan Durk Snoad syn a-sociael gedrach
IT is dúdlik, dat der op mear as ien front tsjin Durk gearspand wurdt. Hy soe net Durk Snoad hjitte as er dat al net lang yn 'e gaten hie. It is ek net de earste kear, dat se it mei him bisykje. Hy komt wol hyltiten mear allinne to stean yn de striid ioar bihâld fan de selsstannigens en de frijheit, en soks is fortrietlik. Binammen Foekje, dy't altiten syn kant opholden hat, al wie dat faek net fan herten, lit him hyltiten faker yn 'e steek. Se klaget, dat it har to biswierlik wurdt; it biwurklike âlde hûs, de lytse útkearing, it sa fier út 'e minsken wenjen en folle net genôch. De jonges hat er net folle oan. Tsjerk is 't wol goed; dy giet alhiel op yn syn autoboel. Bouwe leit it ek wol sljocht. Willem is oan syn kant. Dat is in fjildman, mar hy is noch mar sawntjin en hat net folle yn to bringen.
Dy heule kampagne om Durk to forbaljen soe fansels omstandich biskreaun wurde kinne. En fierder de harsensspieling, om it sa mar to neamen, dy't de mannen op 'e Sweach him ûndergean litte wolle ta korreksje fan syn a-sociael gedrach. Jawis, Durk moat omturne wurde en ynpast yn de normale maetskippij. Dat proses is op himsels ek wol nijsgjirrich en fortsjinnet sikerwier in nuansearre binadering.
Mar it moat dochs mar net wêze. Sjoch, dizze roman
| |
| |
is skreaun yn de wittenskip, dat de televisy it lêzen fan boeken alhiel oerstallich makke hat Sawn jounen yn 'e wike kin men jin by de byldbuis formeitsje. Mar aldergeloks is der út en troch in joun by, dat de VPRO, de Evangelise Omrop of de stifting Socutera de programma's forsoargje. Fierders bart it gauris, dat der Keamerdebatten útstjurd wurde of oare politike dingen. Tred is der in lytse groep, dy't net nei fuotbal sjocht en in noch lytsere groep, dy't Peyton Place net langer forneare kin. As op sa'n joun de waersomstannichheden ek noch sadanich binne, dat it twadde net net oer komt en de Dútse senders alhiel de mist yn geane, dan binne der minsken mei in pear liddige ûren. Dy pear ûren kinne bistege wurde oan it lêzen fan dit boek. Dat bitsjut dan wol, dat Durk Snoad syn aventûren yn dy pear ûren har bislach krije moatte. Mei oare wurden: dit forhael moat net folle langer wurde as sa'n hûndertfyftich siden.
Trochbreidzjend op de wize sa't dat oan nou ta bard is, mei al dy omballings, wiidweidige petearen, sfearbiskriuwings en sa, rêdde wy dat noait. Der sil koarter kriemd wurde moatte. Dêrom in gearfetting fan de bilangrykste feiten, dy't Durk ta de kapitulaesje twinge. Der wurdt foarby gien oan de minslike kant fan de saek, mar wy soenen it al lêzende yn ús omgean litte kinne. Fansels, wy moatte saeklik wêze. Minsken as Durk libje yn feite in parasitair bistean oan 'e perifery fan de maetskippij. Wy moatte sokke mannen ta de oarder roppe. Mar wy soenen hwat mear bigryp toane kinne as it harren net daliks slagget. As jo sa fier wei komme moatte, is 't gjin wûnder dat it út en troch mislearret. Dêrom net daliks de hannen der ôflûke, mar harren bigeliede, heine, tomjitte komme, nei harren harkje, gewoan harren de tiid jaen.
Goed, as dat ôfpraet is, folgje hjir in pear feitlikheden, dy't biskiedend binne foar it fierdere forrin fan it forhael. It bigjint mei de bisite fan in man en in frou yn in grea- | |
| |
te Mercedes, sa mar op in dei midden yn 'e wike. In âldachtich man en in slim optúgd frommis, dêr't it jongste allang ôf is. Se stappe frijmoedich oer it hiem, bisjogge nijsgjirrich it hûs fan alle kanten en hawwe dan pas it fatsoen en freegje Durk oft se de boel bisjen meije.
- Dat hinget der fan ôf, antwurdet Durk. - As menear boadskip hat wol ik it graech daliks witte.
- Sa fier is 't noch net; ik wol it spul earst bisjen.
- Hwer is dat goed foar? Binne jo fan de gemeente of sa?
- Ik keapje net op 'e rûs, seit de man.
Hjir wurdt Durk fansels al kjel fan. Keapje, hwat bitsjut soks? Dy menear freget, net ûngenegen, oft Durk as hierder op 'e hichte is.
- Né, ik ha nimmen sein dat dit hûs to keap is. Mocht dat praetsje al gean dan is 't in forsin.
Nou sjocht dy man fansels nuver en der moat gâns in skoft praet wurde eart se it beide sa'n bytsje foar it forstân ha. Mar dan is Durk ek gau út 'e rie. - It spyt my wol, seit er, - mar ik wol jo net mear op it hiem ha. Gjin mins komt by my op it hiem, al helje se der ek tûzen plysjes by. En hwa't my dizze grap levere hat, dy sil it fornimme.
Dy minsken wolle wol om lyk, mar de selde dels komme der oaren. Durk reaget se daliks fan it hiem. Der binne twa hearen dy geane op 'e Sânleane stean en dêr kin men se al min weistjûre. Durk stiet yn 'e daem, wylst dy mannen ûnforsteurber har dingen sizze.
- As 't hwat wurde sil moat it der hielendal ôf, seit de iene.
- Ja, hjir is sa net folle mear fan to meitsjen. De muorren út it lead, it dak trochsakke. It moat der ôf en hwer komt it dy dan op? Dan hast allinne it sté, in moai sté, mar wol djûr foar de sinten.
- Der falt miskien oer de priis to praten.
En dan sette se drok petearjend ôf. Durk hat der wol
| |
| |
safolle fan bigrepen, dat Ale de Haan syn húshâldster, dy njirre, de pôlle to keap oanbean hat. Foar iékréaesje, as twadde wenning, ‘maar na verbouwing ook geschikt voor permanente bewoning’. Klaske siket yn de âlde kranten de adfortinsjes op. ‘Schitterend gelegen aan rand van bos, weiland en heideveld, aan oever van nog niet verontreinigd riviertje’.
Toe mar, it kin net op. Dy schitterende ligging docht Durk ek noch in bytsje deugd. Hy seit tsjin Foekje: - Sjochst nou wol, sa'n skoander plak. Sokke stéen fynst net folle mear. Skjin wetter ek noch. En Aeltsje mar beare, dat har bern hfir net swimme kinne fanwegen it smoarge wetter. Aan oever van nog niet verontreinigd riviertje.
Hy is fansels wol op ien ein, binammen as der in man komt, dy't daliks oan 'e foarkeamer ta rint, wilens alle doarren iepen skuort en de muorren bikloppet. Durk moat dy man by 't skouder pakke en him sa de doar útsette en dan noch hat er praetsjes.
- Nou moatst oppakke, oars falle der deaden, raest Durk, en as dy man allang fuort is, draeft Durk noch om it hûs hinne en forflokt it minskdom. - Ik sil de spuit út 'e lapen helje, ropt er Foekje ta, - en dy âld sten. In goed ding, dat ik him biwarre ha. Altiten al sein: net ynleverje, der kin wer in tiid komme, dat se brûkt wurde moatte.
Hy moat him even tjirgje en Foekje lit him gewurde. It is har ek oer it mad kommen en yn earste ynstânsje is selds Klaske solidair. Dit is in minne streek fan de húshâldster, dit roait nearne nei. De froulju hawwe der dan ek frede mei, dat Durk opslach nei it minske ta wol.
- Mar gjin forkearde dingen dwaen, Durk, warskôget Foekje noch al.
Dat er it groufrommis fiks geweken nimme sil, dat kin fansels net útbliuwe.
| |
| |
Der wurdt ôfpraet, dat de iroulju eventuele nije gadingmakkers fan it hiem keare sille.
Durk pakt syn âld fyts en trapet twa kear sa hurd as oars nei de Sweach ta. By it steatige hearehûs kwakt er de fyts tsjin 'e muorre en drukt op 'e skille. It frommis komt sels oan 'e doar. Durk stapt fuort op 'e matte.
- Wy moatte prate, seit er. - Mar even yn 'e keamer.
Hy wit it paed skoan en giet foar. De húshâldster kriget in kaem, mar yn 'e keamer hat se har wurdtsje klear.
- Kom, jo soenen my de hier bringe?
Durk giet der net op yn. - Hwat hat Ale de Haan by syn libben mear as ien kear sein? freget er strang.
- Ale hat by syn libben safolle sein en letter foroare, seit it frommis.
- Dat freegje ik jo net. Hwat hat er altiten sein en noait ynlutsen?
- Der stiet neat biskreaun.
- Dêr is er net oan ta kommen, mar jo witte krekt likegoed as ik hoe't er it ha woe. Tink derom, ik ha getugen, mear as ien en as it in saek wurdt dan moatte jo ek getuge. Dan moatte jo mei de fingers omheech ligen hjitte hwat ik nou siz. En ik siz, dat Ale my it hûs taskikt hat.
- Miskien hat er it wol fan doel west.
- It hat gjin opstiging west, dat witte jo wol. Yn dizze keamer hat er it mear as ien kear sein, ek as jo der by wienen. Hy sei: dy âlde klinte is foar Durk. Dêr is syn plak en ik wol net, dat se him forbalje.
- De man, dy't foar my de boel biheart seit, dat ik it forkeapje moat. Der is wol gading nei; it is in moai sté en guon hawwe al tweintich tûzen goune bean. Soks kin men samar net op syn biloop litte; dat soe to mûl wêze.
- Hwat binne jo in min persoan, seit Durk mei de klam op elk wurd. - Hwat is dit min; Ale hat jo alles neilitten en dan sa.
| |
| |
- Dat wie yn 't f oar regele en mei jo is dat net bard.
- Hy hat jo alles neilitten en jo doarre likegoed tsjin syn lêste wil yn to gean. Dit is der sa fier by troch, dit is sa min, sa heul min, hjir ha 'k gjin wurden ioar. It stiet my tsjin om mei jo to praten. As Aie dit witten hie... Ik hie him warskôgje moatten. Ik wist it...
Durk swijt, mei de holle foardel en sa't liket yn tinzen. Nou net daliks sine: hwat in toanielspiler, hwat in hypokryt. Hwa binne wy dat wy oer in oar oardielje meije. Miskien mient Durk it oprjocht.
De húshâldster is der wol even ôf, mar net lang forslein. As jo solang mei Ale de Haan forkeard ha en der sa folle foar dien ha dan moatte jo soks miskien al wer ynskikke. H ja seit: - Hoe lang hawwe jo dêr nou wenne sûnder my ien sint hier to biteljen? Ik soe sine, jo moatte my tankber wêze, dat jo der noch wenje.
Praet fan neat fansels en Durk réageart der net op. Hy seit: - Ik ha myn maetregels troffen. It stiet my tsjin en de neitins fan Ale de Haan is my dierber, mar ik moat wol. Ik ha in soad getugen en allegear wolle se mei graech to wille wêze. Jo kinne hjir better mei ophâlde, dat ried ik jo yn bêstens. It hoecht om my net. Ik bin wis fan myn saek, mar jo steane der yn it doarp dochs al mâl op en dan dit noch... In man mei in greate en biswierlike húshâlding út syn hûs sette wolle om in pear luzige sinten. Der sil omraek oer praet wurde. En as jo der forlet fan hienen, fan dat jild, dan koe 'k it my noch yntinke. Mar in gouden kiste kinne jo josels meijaen en dan noch it lêste ha wolle. Né, hjir kin ik mei myn forstân net by. Dit is sa minnich, hjir kin ik net oer út. Jo hawwe foar my ôfdien.
Skodholjend giet Durk nei de doar. - Ik siz jo gjin dach; ik soe 't der net útkrije kinne.
Der binne tiden, dat Durk perfoarst net sleau is, lyk as Aeltsje biweart. Hy stekt de wei oer nei it gemeentehûs. It frommis achter it loket ken him net.
| |
| |
- Wy binne middeis sluten, seit se en wol it rútsje sakje litte. Durk draeit him om en giet troch de doar, dy't tagong jowt ta de sekretary.
- Jo moatte moarns komme, ropt it frommiske.
- Jimme binne hjir foar ús, seit Durk, - middeis ek. Ik moat de boargemaster even ha.
- Dy hat ien keai wyks sprekûre.
- Dat kin my neat skille; dit is driuwend.
Der sitte in pear amtners, dy't Durk wol kenne.
- Durk Lugtigheid, leau ik hen? Ja, de boargemaster is middeis net to sprekken.
- Dan stap ik sels wol nei him ta.
- Ho, dat kin sa mar net.
- Dat kin wol.
Hy sil der út. Oan de oare kant fan de gong is de boargemasterskeamer; hy wit it paed to finen.
- As it perfoarst net wachtsje kin, dan wol ik de boargemaster wol freegje oft er jo ûntfange kin, ropt ien fan de âldste amtners him nei. - Ewer giet it oer?
Durk bliuwt stean: - As de boargemaster wol, dat ik hjir moarn mei myn húshâlding op 'e stoepe stean, omdat ik út myn hûs set bin, dan moat er my nou net to wurd stean. Ik wit net oft dat driuwend genôch is.
- Akute húsestingsproblemen. Ik sil 't him sizze; wachtsje mar even op 'e gong.
It duorret net sa lang - Hjir mar yn, seit de amtner en hy hâldt de dûbele doar iepen.
- Dat soe 'k ek sizze.
- Ah, zijne doorluchtigheid, ropt de oargemaster amikael. - Dat is al even lyn, dat jo by my west ha. Swierrichheden?
- As ik rjochtfeardich bihannele wurdt, seit Durk, - dan haw ik hjir gjin boadskip. Mar hwat se my nou oandwaen wolle, dat is sa dwars troch alles hinne.
Hy bigjint út to pakken oer de minne streek fan Ale de Haan syn húshâldster. Omdat er dochs dwaende is
| |
| |
klaget er fuort ek de nije amtner fan sociale soarch oan, dy't him syn oanfollende útkearing ôfluze hat.
- Hwat dat lêste oanbilanget moat ik mei de direkteur fan sociale saken prate. Wy ha ús fansels to hâlden oan de ryksnoarmen en it sil wol sa wêze, dat jo gjin rjochten jilde litte kinne. Mar der falt miskien oer to praten en dat sil ik dwaen. Dan dat hûs fan jo...
- Krekt, sa't jo sizze, myn hûs.
- It hûs dat jo biwenje; hwa sines it is dêr bliuw ik bûten. Mar rékréaesje op dat plak sil de gemeente net tastean.
- Dat is moai, seit Durk.
- Dat dogge wy net om jo, hear. It is natuergebiet en neffens it bistimmingsplan mei der alhiel net boud wurde; ek forfangende bou is net tastien. As jo der út geane dan keapet de gemeente it hûs en wurdt it ôfbrutsen. Der kom neat foar yn 't plak en as wy der hwat oan dwaen kinne, wurdt it ek net wer opknapt.
- Mar it duorret myn tiid wol út.
- Dêr soe 'k net to folle op rekkenje. Jo sitte dêr fansels al fiersten to lang. Der komt in tiid, dat wy trochpakke moatte. It stiet al sa lang op de krottelist.
- It hûs is oars noch goed hecht.
- It foldocht net oan de easken. Mar as jo binaud binne, dat dy húshâldster fan Ale de Haan jo it hûs ûnder it gat wei forkeapje sil, dan kin 'k jo gerêst stelle. Wy sille dat frommis der attint op meitsje, dat se ft net as twadde wenning of sa forkeapje mei. De aspirantkeapers moatte harren trouwens earst mei ús forstean.
- Dit is my al in pak fan 't hert, seit Durk.
- Mar fierder moatte jo der net op rekkenje, dat jo dêr altiten biiuwe kinne. Ik soe mar omsjen.
Durk seit der neat op.
- Kin it sa earst wer? freget de boargemaster.
- Ik wit tonearsten genôch.
| |
| |
- Moai, dach doorlugtigheid en goede reis nei de Sânleane.
Sokken as de boargemaster kin men fansels út soarte net fortrouwe en mei dizze wit men nooit hwert men oan ta is. Mar hy is de biroerdste net.
Thús seit Durk neat oer de warskôging fan de boargemaster, mar hy fortelt wol yn geuren en kleuren, dat er de húshâldster it mannewaer opsein hat En Foekje en Klaske binne alhiel gerêst steld as er seit, dat neffens de boargemaster it hûs net foar rékréaesje forkocht wurde mei. Jouns komme der wer minsken to sjen en Durk is dan sa frij om harren al fêst oan to sizzen hwat er fan de boargemaster heard hat.
- Freegje earst even op it gemeentehûs hoe't it der foar siet, seit er, - ik tink net dat jim dan noch gading meitsje.
Sa, tonearsten is dat wol fan 'e baen. Mar soms komt alles tagelyk. Der stiet ynienen sa mar in frommis oer de flier, in maetskiplik wurkster. In bisteklik pratend frommis mei hwa't de froulju foar wûnder wurde kinne. Se hat eartiids gauris foar in pear tekkens en hwat berneklean soarge. Oh sa'n gewoan frommis, gewoan yn it praet, maklik yn 'e omgong en se hat mar in heal wurd noadich. Se is stjûrd troch de direktem fan sociale soarch nei oanlieding fan Durk syn biklach by de boargemaster. Foekje, Klaske en sij sitte oan 'e kofje as Durk fan syn moarnskuijer werom komt Se hawwe al it ien en oar bipraet, fornimt er wol.
- Ik tocht: foar de winter der yn falt dochs mar even sjen. Miskien kin 'k earne mei helpe.
Sûnder omballings seit se fuort hwer't it op stiet.
- Jim soenen hjir eins wei moatte, leafst foar de winter. It wurdt jou frou to swier en se moast eins hwat mear tusken de minsken. Klaske wol trouwens ek hwat oars, en it is goed foar de lytse bern.
Sa praet dat frommis, mar se kin har wol yntinke, seit
| |
| |
se, dat Durk der tsjin oan griist om hjii wei. Oh ja, dat kin se skoan bigiipe. Mai it forstân moat foarop.
Durk lit it oer him komme. Hy kin net lulk wuide op dat frommis. Se hawwe har fan 't winter miskien ek noadich.
- Ik moat it marris yn my omgean litte, seit er.
- Jawis, jo moatte de tiid dei foai nimme. Sokke dingen kin men net fan de iene dei op de oare oer bislute. Der driuwt jo alhiel neat.
- Dat hie 'k ek tocht.
- Mar it soe wol goed wêze as wy oer in peas wike út 'e lie wienen. It is aens sa mai winter.
It binne sokke liepe praters, dy minsken fan 'e gemeente. En se hawwe it sa goed mei elkenien foar. Mar Durk hat dêr sa syn eigen gedachtens oer.
En dan is der ynienen dy oprop om foar de dokter to forskinen. It is net de earste kear, oars soe men hast tinke, dat it allegear ôfpraet spul is. Mar as er de foarrige oproppen dei by siket dan docht bliken, dat it de wenstige periodike keuring is.
De dokter ûndersiket Durk oan alle kanten en freget him it himd fan it gat.
- It giet de goede kant út, seit de man, - ik taksear jo op fyftich persint.
Durk leit de man út, dat er okkerdeis in pear dagen yn it folle wurk stien hat. Gewoan, omdat ei himsels sa moedich fielde en der nocht oan hie. - Mar de twadde deis wie 'k om kofjetiid hinne folslein fan 'e kaert. Ik bin mei lijen thús kommen. Mai jo sille it wol witte. Ik sil dei mei faesje op los.
- Jo soenen it swieie wurk hwat mije kinne.
- Né, dat kin net, seit Durk. - As ik arbeidzje dan moat ik der foar stean. Ik kin net mei in lytsere lep stean to dollen.
- Der is genôch wurk, dat jo skoan dwaen kinne, as it mar net to leabrekkend is. Ik sil dei achteroan.
| |
| |
En dêr kin Durk it tonearsten mei dwaen.
- Der wurdt oer praet om my op fyftich persint to setten, seit er thús.
- Dat kin net Durk, seit Foekje kjel. - Dêr kin ik net ion húshâlde.
- Dat wit ik bern, ik sil oan 't wurk moatte.
- Mar dyn rêch, Durk?
- Dat wurdt bûge of barste.
De maetskiplik wurkster tinkt der lykwols oars oer. As hja in pear dagen letter it forhael heart, seit se: - Jo moatte licht wurk ha. Dat grounwurk is to swier en by de boer kin ek net.
- Jo tinke dochs net, dat ik nei dy wurkpleats op 'e Sweach gean. Dêr ha se it faker oer hawn.
- Oh né, der binne folle mear mooglikheden. Jo kinne wol hwat mear.
It minske koe wol mear fan him ôfwitte as hysels. It is him ek slim yn 'e wei, dat der bûten him om sa'n soad mei Foekje en Klaske bipraet wurdt. Hy wurdt der mankelyk ûnder en soe it wol oerjaen wolle. Hy komt de lêste tiid net faek by Elsje of yn ‘De gouden klok’ en hy nimt komselden mear as trije, fjouwer. Mar dy saterdeitojouns, as er op 'e Sweach syn twa pakjes swarte sjek kocht hat en even oanstekt, ûntkomt it him. It wurdt goed let en hy moat mei de fyts oan 'e hân de Sânleane del, omdat er it paed net rjocht hâlde kin.
- Met Durk is het gedaan, bromt er tsjin in pûrfrjemde man, dy't syn houn útlit. - Skriuw my mar óf.
En hy knoffelt fierder.
Jawis, in tryst gefal, mar hâld de bûsdoek yn 'e bûse. Mannen as Durk lizze net fan ien slach. Dat sil út it fierdere forrin fan dit forhael wol bliken dwaen. Likegoed sit de skriuwer op dit stuit mei it probleem hoe't er oannimlik makket, dat Durk dochs bilies jowt, byneed foar tydlik. Hwant neffens it skema moat de húshâlding noch foar de krystdagen to stoel en to bank wêze yn
| |
| |
in kreas wenningwethûs middenmank it oppassend boargerdom. En as it heal kin moat Durk op âldjiersjoun ôffûskje mei al de minsken oan hwa 't er earst sa'n hekel hie. - Haw tank, moat er sljochtwei sizze, mar dochs oandien, - haw tank, dou ek Feike en forjow my hwat ik dy oandien ha.
Feike Dam moat dan fansels wol yn 'e buert wêze, mar soks falt to regeljen. Ik meitsje der in greate soendei fan en bring alle partijen ûnder ien dak gear. It is bygelyks heul goed mooglik om Durk en Foekje by gelegenheit fan har 25ste troudei resipiearje to litten yn in sealtje fan in buertgebou to Drachten. En dêr komme dan fansels al dy minsken to lokwinskjen. Ja, dat kin allegear skoan.
Mar hoe forklearje ik de nochal ûnforhoedse forhuzerij fan de Sânleane nei Drachten? Psychologys kin it fansels wol, mar dat ferget gâns útliz. En hwa hat nocht oan dy djipsinnige tizerij? Ik yn elk gefal net. Lit ús it sa sizze: yn greate binaudens en in fleach fan forstânsforbjustering is Durk troch de knibbels gien. Foar de rjochtbank soe hy yn dy sitewaesje net tarekkenber forklearre wurde; dat komt optheden in soad foar. As elk dit fan de skriuwer oannimme wol, kinne wy mei faesje fierder breidzje oan dit forhael.
|
|