| |
| |
| |
De froulju spanne gear, mar Durk jowt gjin billes. En hy seit Feike Dam oan, dat er him dea dwaen sil as er Bijke tonei komt
IN MINNE snein foar Durk. Foekje hat him moarns foar tsienen al yn 'e sneinse klean; it brune pak mei it streekje, dêr't er yn troud is. It is as nij, dat pak, al hawwe de froulju de naden allegear útlizze moatten en de boksen ynkoarte. Durk is in it fearns ieu aerdich útweakke yn 'e breedte en biklonken hwat de hichte oanbilanget.
- It giet op 'e groun oan, stelt er fêst.
Hy fielt him lang net noflik yn dat pak. It is dat er binammen hjoed frede hâlde wol mei Foekje en Klaske, oars sette er it yn 'e kant en die syn eigen sin. Hy hie bygelyks yn it hout wold. Tsjerk hat in kypauto fol moai droech hout út 'e bosk riden en dat moat stikken en yn 'e bult. Hy hie ek in flut iel rikje wold; de tonne stie klear en hy hat spesjael nei de Sweach west om in lange turf. In rikke iel is wer ris hwat oars.
Mar de froulju wolle hjoed goed foar 't ljocht komme. Aeltsje is altiten sa sinnich yn dy dingen en oars dy flapdrol fan har wol. Durk hat ynstruksje krigen om him fatsoenlik to gedragen.
De bern rinne allegear yn de knappe klean en Klaske sjocht der op ta, dat se har net smoarch meitsje. In great lijen fansels, hwant hwat sille sokke bern útfine as se har net smoarch meitsje meije.
| |
| |
It hiem is oanfage en Klaske hat juster de bril fan it hûske farve. Durk hat in lange spiker op 'e binnekant fan de doar slaen moatten en dêr hinget nou in rolle echt húskepapier oan. De bern meije it net brûke, hwant oars soe it sa mar op wêze. Foar harren lizze der kranten, mar fansels kinne se net fan dat moaije papier ôfbliuwe. Berend en Hindrik ha der feestslingers fan makke en de linebeam der fol mei hongen. Hyltiten is der rûzje, hwant dy greate jonges litte har net mear stjûre. Tsjerk is al yn de auto ôfset en hat sein, dat er hjoed net wer komt. Hy gong ûnderweis wol by in kafetaria oan om hwat iten, rôp er.
- Sa jeije wy de bern de doar noch út, stint Durk. - It is krekt as draeit hjir alles om Aeltsje. Mar der binne noch in stik as tolve hear, en dy moatte har gerak ek ha.
Hy is fan kleare argewaesje de doar útgien en kuijert de Sânleane út. By de Walle komt er Feike Dam tsjin. Feike, normaelwei al in opljeppen man, springt fan de fyts en bigjint út to pakken.
- Dou hast dy bok sketten, ropt er oerémus.
Durk rûkt it al; Feike hat by Elsje op 'e hoeke in pear sneintomoarnsslokjes kocht.
- Goeije Feike. is de jacht al oan 'e gong? Ik ha jim noch net fornommen.
- Trije wike ha 'k om dy tocht; salang astou dêr oan it sleathekkeljen wieste ha 'k dy yn fe gaten holden.
- Dat hoecht nou net mear, seit Durk wylst hy stean bliuwt en in sjekje draeit. - Ik ha de put der ut. Ik siz 't mar even, oars soest in forgese reis meitsje kinne.
- Ik nim dy geweken, heite, dêr kinst op rekkenje.
- Moai fan dy datst my warskôgest, Feike. Ik sil der om tinke.
- Astou fan 't winter ek mar ien poat yn 'e bosk setst....
Durk heart, dat er lulk wurdt. Mei de mûle kin er wol
| |
| |
tsien kear om Feike hinne, binammen as dy drank hawn hat. Dan praet Feike fiersten to folle.
- Dyn praetsjes ha 'k neat oan. Astou mienst, dat ik streup dan moatst my pakke. Mei de bek kinstou it net fortsjinje.
Mear mar net; hy wit net hoefolle Feike hawn hat en oft er himsels noch yn 'e macht hat. Durk giet fierder. Achter him heart er Feike snuven, mar der bart neat.
- Ik leau al, dat wy gelok hawn ha, seit er even letter tsjin Bijke. - Hy hie al bigrepen, dat ik wol ris nocht oan dy bok krije koe.
Hy prakkeseart der op om. It wurdt oppassen fan 't winter. Mar net to folle ûndernimme. In knyntsje út en troch, mar dat kin dan miskien wol mei Tsjerk syn auto. In knyn foar de tsjillen, dêr kin nimmen hwat oan dwaen. En dat eintsje ketting ûnder de wein is hast net to sjen; boppedat kin nimmen Tsjerk forbiede om mei dat ein ketting om to riden.
En dan komt it autootsje fan Aeltsje-en-dy de leane lâns. In healbizen weintsje, mar gjin skramke der op en yn it blik kin men jin wol spegelje. Sil dy flapdrol de heule saterdei wol op om wreaun ha. Oars ha se dochs neat to dwaen op sa'n flat.
Hy rydt stadich en draeit as it heal kin om elk kûltsje en glopke hinne, lyk as leinen der minen. Deabinaud dat it spul tofolle to lijen ha sil. De beide berntsjes achteryn. Net mei de fuotten op 'e bank, net to faek forsitte, oars slyt it sa gau. Hearken, hwat in deune boel. Hoe kin sa'n Aeltsje der oer. Eins in wûnder, dat sa'n jonge al foar it trouwen fan 'e kruk gong. Hoewol, hwat dat oanbilanget is it minskdom wakker gelyk.
It autootsje hâldt en it rútsje giet iepen.
- Hui, dêr wienen jim dus al, seit Durk.
- Wol heit meiride? freget Aeltsje.
- Né, ik rin leaver. Ik kom wol achter jim oan.
De dei is noch lang genôch, fiersten to lang nei alle
| |
| |
gedachten. Hy kuijert werom en docht it him oan tiid. Hy sjocht omheech nei de beammen, dy't keal bigjinne to wurden. De bûken ha de measte blêdden falle litten, mar de iken binne sa fier noch net.
- As 't aens echt hjerst wurdt, moasten wy oars al hwat skiere iel fange, seit er tsjin Bijke. - De grouwen moatte noch komme en dat is moai fangen. Ris sjen oft wy Feike noch in kear fomeuke kinne. Hy moat aens wer mei de hearen to jeijen en to feestfieren? dat is in skoandere gelegenheit. As ik nou ris mei Elsje ôfprate koe, dat dy my even warskôget.... Elsje mei graech in skiere iel en hy hoecht der net folle foar to dwaen. Sa moat it, Bijke.
Yn 't forline ha se dat faek dien, Ids en hy. As Feike en syn kornuten by Elsje sieten to sûpen, wie it fjild foar har. Mar Feike hat noait to biroerd west om nachts dochs noch net in slach troch de bosk to dwaen. Dat jowt neat, hy sit der as de duvel achteroan.
Thús is 't spul knap op oarder. Yn 'e keamer hat Foekje de kofje yngetten. De eigen bern witte, dat der hwat bysûnders is en wachtsje op de traktaesje. Mei in stik koeke yn 'e hân konfoait Klaske de ploech nei bûten.
Aeltsje hâldt har beide bern by har. - Ik gean der strak wol mei jim út, seit se.
Deabinaud dat der ien fan 'e brêge rûgelje sil of yn de skieppestront sitten giet.
- Hoe is 't heit? bisiket Aeltsje fleurich.
- As it net minder wurdt, bern.
Hy skikt oan 'e tafel en heart it praet fan de froulju oan. Klaske lûkt him de pet fan 'e holle en hy seit der neat fan, al hat er dy pet oars noait ôf.
Gerard neamt dy flapdrol himsels, mar by 't trouwen die bliken, dat er Geart hjitte. Tekenaer by gemeentewurken yn Drachten. Botte fier hat er it dêr sa't liket net skopt, hwant yn 'e húshâlding giet it sober om en ta. Hy hat Durk noait hwat missein, mar hy mei dy jonge net
| |
| |
lije al is 't ek noch sa. Hy kin him, om krekt to wêzen, net snuven hearre en hy moat him forhâlde om gewoan tsjin him to praten. It wurdt in drege dei en dat forrekte pak sit him sa stiif om 'e lea en dy boarde knypt sa. Hwat kinne de bern jin al hwat oandwaen.
Aeltsje freget omstandich nei de húshâlding. Komt it wol goed mei Jantsje, soe sa'n jonge as Willem jouns net hwat byleare kinne en hwerom bisiket Bouwe net om hwat fierder to kommen.
- Fynst ek net, Gerard?
- It is noait wei, bifêstigt dy diplomatyk. - It is wol sa, hwa't foarút wol moat studearje.
Hy sels studearret ek alle jounen. Durk seit, dat dy bongels fan him der gjin nocht oan ha en soksahwat en Aeltsje seit, dat it net by nocht út giet.
- Kom mar bern, pake sil in eintsje mei jim to kuijerjen, seit Durk en hy troait de beide bern fan Aeltsje mei. It is har min nei 't sin. Durk trouwens ek, mar hy wol dat gejeuzel net langer oanhearre. En hy hat in hekel oan himsels, omdat er it wurd pake yn 'e mûle naem. Mar jo dogge hwat sokke tiden; jo smite josels heal wei.
Hy pandert mei de bern - syn eigen lytsen der ek by - oer it hiem. Aeltsje harres hawwe fansels wakker aerdichheit oan de skiep, de geit en de kninen. Dy bern kinne har min rêdde. Der falt daliks ien yn 'e drek, omdat it hiem net oeral like sljocht is. En as se knoffelje, falle se lyk op 'e snút; se witte net iens hoe't se har hantsjes brûke moatte om hwat knap del to kommen. It is wol bigreatlik. Durk hellet se mar hwat oan en faget de measte smoargens der ôf. It binne oars wol leave bern. Se soenen in pear wike útfanhúzje moatte oan de Sânleane, dan knapten se wol op. Mar dat sil Aeltsje yn gjin tûzen jier goed fine.
Om tolve ûre moat der iten wurde. It bart yn partûren, hwant de ploech is to great. Earst de bern mar; de
| |
| |
greatsten kinne dan letter op de lytsen passe. Om ien ûre is 't oan Durk ta. Foekje hat in pear poun réfleis bret en Durk hat datoangeande syn ynstruksjes krigen. Hy hâldt him der net al to krekt oan.
- Dit is rikeljusiten, seit er tsjin Gerard. - Nim der mar in moaije lape by wei; wy binne hjir net yn Drachten. It is fan in jonge ré, in edel beestje.
- Duvekater, seit Gerard, - dat ha 'k noait hawn, réfleis. It moat lekker wêze.
Aeltsje set greate eagen op.
- Dat sit sa, leit Durk út, - ik kin optheden skoan mei Feike Dam, dy is hjir jachtopsichter. Hy moast der in pear jonge bokken útsjitte en doe hat er ús in poun as tsien taskikt. Ik sei tsjin Foekje: dit moatte wy snein ite as Aeltsje-en-dy komme.
Hy leit Gerard út hweromt der út en troch bokken sketten wurde moatte en hoe't soks om en ta giet.
Aeltsje sjocht him oan en yt mei lange tosken. Gerard net; dy haffelt yn it fleis om as hied er fan 'e wike noch neat hawn.
- Der stiet ek noch in knyn, net Foekje? ropt Durk. - Dy hast juster dochs op 't fjûr hawn?
En hy docht it forhael fan Tsjerk syn auto en hwat men al net mei sa'n rydtúch dwaen kin. - En nou griist it jin fansels oan om dy bistjes, mar jo kinne al min de ljochten út dwaen. Dat soe to nuodlik wurde.
Nou bigjint Gerard in bytsje to gnizen. Safolle wit hy der wol fan, dat Durk net by elke deade knyn stiet to bearen, dat it him sa bigreatet om it dierke. Aeltsje forhâldt har en sjocht hyltiten gleoner nei heit. Se is binaud, dat er noch mear sterke stikken opbychte sil en as Durk ien kear op 'e tekst is, kin it soms mâl gean.
- Stil mar bern, seit Durk oermoedich, - ik hâld nou op. Mar jimme moatte al in flut skiere iel mei nei hûs ha.
- To fiskjen west? freget Gerard ûnnoazel.
| |
| |
- Wy ha in pear fûkjes út hawn. It mei eins net, mar der is nimmen dy't bilang hat by de fiskerij yn 't Djip.
- Feike Dam ek net? freget Aeltsje.
- Dy fisket al jierren net mear, seit Durk.
Nei it iten sil it mei it toarnbeisykjen dan dochs wêze. De heule kloft mei plasticpûden en amers der op út, earst mar by de boskrânne del. Durk en Foekje sille mei de alderjongsten thús bliuwe. Jantsje har skarrel is ek del kommen. Gjin ûnaerdige jonge, tinkt Durk. Se dangelje togearre op it hiem om. En mar op inoar omhingje, frije dêr't elkenien by is en oangean. Durk sjocht dat spul oan en seit tsjin Foekje: - Ik leau al, datst gelyk haste.
- Hwat bidoelst, Durk?
- Dou moatst dat bern warskôgje; it giet my stûf genôch.
- Warskôgje seiste, wel, dat hoecht net mear.
- Hwat seist my dêr.
- Ik soe 't der fan 'e wike mei har oer ha, mar se lake my út. Se hie dersels allang mei rêd. Se liet my dy dingen gewoan sjen.
- Tsjonge, seit Durk, - it minskdom is slecht. Mar it is der ek wol fordulde gau oan ta, mei dat bytsje klean en dy koarte rokken.
- De bern binne foarlik, Durk, seit Foekje birêstend.
- It is oars as yn ús tiid.
Bouwe en Hindrik binne nei Lippenhuzen ta, dat it kin in moai rêstich skoftsje wurde, sij togearre mei in pear lytsen. Mar dat wurdt tonearsten net folle. De kloft is der sa mar wer; elk mei in protsje reade en heal fordroege toarnbeijen yn 'e pûde of amer. En moai hwat skrammen op de bleate skonken.
- Der binne fan 't jier net in soad, seit Aeltsje. - Froeger hellen wy der amers fol wei en nou sit der suver neat.
- Der binne mear as oare jierren, seit Durk, - folle
| |
| |
mearr mar jim hawwe op forkearde plakken west. It iene jier sitte se dêr, it oare jier stjerre se ôf en moatst earne oars sykje.
- Oan 'e Sânleane sitte genôch, seit Jantsje, - ticht by de Walle.
- Geane jimme der dan mei de bern hinne, stelt Foekje foar, - dan kinne wy noch even prate.
- Oars moast ik mar even mei, seit Durk, hwant hy sjocht it swurk driuwen.
- Né Durk, wy ha bisite, dou moatst hjir bliuwe.
Berend en Hindrik komme werom en beare, dat sij noch folle mear toarnbeijen witte, mar Aeltsje fortrout har bern net oan dy beide wyldemantsjes ta. Jantsje en de feint sille dan by einbislút mar mei. De ploech giet fannijs op stap en Foekje tôget stuollen nei bûten, hwant achterhûs yn 'e lijte is 't suver noflik.
- Sigret?, freget Gerard en hy hâldt Durk it pakje foar.
- Né, seit Durk, - ik hâld it mar op in swier sjekje.
- Dy swarte tabak is net goed, seit Aeltsje. - Heit kochelt ek frijhwat.
- Ik kochelje al tweintich jier, bern.
- Mar it wurdt slimmer, falt Klaske har suster by.
- Heit moast minder roke, jeuzelt Aeltsje troch.
- Nou, as jim nou oars neat ha dan gean 'k hjir wei, seit Durk luik. - Ik rook swarte sjek en dêrmei út.
Stilte. Foekje skinkt thé en Klaske hellet it trompke mei koekjes út 'e hûs. De froulju prate oer klean en as dat ôfhannele is, bigjint Aeltsje oer hwat oars.
- Komt it mei Tsjerk wol goed, heit? Yn dy auto, bidoel ik? Hy drinkt ek wol ris in gleske bier en stel je foar, dat er op sa'n dei as hjoed in ûngelok hâldt.
Durk fornimt it wol. Der wurdt gearspand en Foekje koe ek wol yn it komplot sitte.
| |
| |
- Tsjerk is âld genôch om himsels to rêdden. Sa'n jonge kinne wy net mear by de hân ha.
Gerard lit syn eagen by de muorren fan it hûs lâns gean. - 't Wurdt minder, seit er, - der leit in knappe bocht yn de nael.
- Dat hûs kin noch wol twahûndert jier stean. Se bouden eartiids better as nou.
Gerard wol in petear oangean oer de sterkte fan lichte konstruksjes, mar Durk swijt. Foekje seit, dat it hûs yndied minder wurdt.
- En it is sa slim ûngeryflik.
- In soad wurk, seit Klaske, - en it jowt jin neat. It bliuwt in âlde boel.
- Jimme sille der dochs in kear útmoatte, is Aeltsje fan bitinken. - Hoe lang is 't nou al lyn, dat se it ûnbiwenber forklearre ha?
De froulju hâlde it der op, dat soks altiten wol acht jier lyn is.
- Yn ús gemeente hie it der allang ôf west, forklearret Gerard.
- Wy wenje aldergeloks net yn Drachten, seit Durk.
- As ik dêr wêze moast, hinge ik my daliks op.
- Mar se sille hjir dochs ek wol ris in kear trochpakke moatte, oars krije se spul mei it ministery. As sa'n hûs acht jier op 'e krottelist stien hat....
- Falt wol hwat ta.
- Falt wol hwat ta, falt wol hwat ta, dat seit heit al tsien jier, pakt Aeltsje út. - Altiten mar sloere litte. Dat kin dochs net mear; it is gewoan achterlik sa't jim hjir húzje.
- Nou ja, wol Gerard har delbêdzje, - jimme binne fansels net oars wend. Mar de bern hen, dêr moatte jo rekken mei hâlde. Dy kinne letter sa net en dan moatte se omstean leare.
- Ik bin bang, dat it net goed komt mei de bern.
Dat is Aeltsje wer en it giet nou moai op it doel oan.
| |
| |
Durk soe him it leafst stil hâlde, mar dat falt him dochs to swier. Se soenen ek noch miene kinne, dat se gelyk ha.
- De bern binne allegear goed sonn, seit er, - se fortsjinje goed, se gedrage har goed....
- De bern wurde der op oan sjoen.
- Dat jimme hjir sa nuver libje.
- Libje wy nuver, Foekje, hwat mankeart der oan?
- Nou ja Durk, wy wenje hjir wol hwat âlderwets. En de bern, dêr moatte wy wol om tinke.
- Praet fan neat, ropt Durk en hy sil oerein.
- It is ûnforantwurdlik fan heit, seit Aeltsje fûl. - Sa hat heit altiten al west, heit is in greate egoist, heit tinkt allinne oan himsels.
- Aeltsje, sa hoecht it ek wer net, bringt Foekje der tusken.
Durk is bjusterbaerlik kalm ynienen. - Siz mar hwat ik misdien ha, bern.
- Heit hat altiten in rûchhouwer west, in swankebast, in.....
Aeltsje hat it grif allegear folle taktiser oanpakke wold, mar se lit har nou gean en kin sa gau gjin wurden fine.
- Ei toe mar, moediget Durk sarkastys oan.
- Myn jierdei bygelyks, bringt Aeltsje der út.
- Hwat is der mei dyn jierdei?
- Hoe kin it, dat it op 15 juny myn jierdei is en yn it trouboekje stiet 19 juny?
- O, bidoelst dat. Ik hie tocht dou soest dy der oer bikleije, datst fiif moanne nei ús trouwen der al wieste. Mar dyn jierdei, ja dêr hat hwat my west. Hoe is dat eins gien? Witstou it noch Foekje? Der stiet my hwat fan by.
Durk docht oprjocht syn bêst, mar it wol him net yn 't sin komme.
- Nou, ik wit it wol, ropt Aeltsje oerstjûr, - it wie
| |
| |
omdat heit dronken wie. Ik ha my der dea om skamme en hyltiten komt it wer.
Se bigjint der yn om to Stammerjen en it liket der op, dat se in pots je gûle sil.
- Dat hat heit my oandien, snúft se, - en ik sit der myn hiele libben mei.
- Bern, hwat hipt it by jim ek nau, seit heit. - Hwat is nou fjouwer dagen op in minskelibben. Ik leau trouwens net, dat it fanwegen dronkenskip yn 'e war roun is. Fjouwer dagen dronken, né, sa mâl ha 'k it by myn witten noait dien. Is 't net sa, Foekje? Ik mei hiel wol in slokje, mar ik ha net faek ûnbikwaem west.
- Dat is sa, seit Klaske en Foekje knikt forheftich.
- Moai sa, dêr binne wy it dus oer iens. Lit ris sjen, ik leau dat it sa west hat: ik wie op kerwei yn Drinte en ik moast der in deihier om stean litte as ik dy oanjaen soe. Dat mocht ús net barre en de oare deis....
Foekje: - De oare deis soest middeis thús komme en dan nei de Sweach ta. Dou koest oan Lippenhuizen ta ride mei in auto.
- Krekt, en doe ha wy earst yn Lippenhuizen Aeltsje bidronken. Dat koe al min oars.
- En doe wiest to let foar it gemeentehûs, folt Foekje oan.
- Sa is 't. Ik hie doe noch net yn 'e gaten, dat dy amtners sa bitiid ophâlde.
- Trije dagen letter, sa fortelt Foekje fierder, - doe wie der wer gelegenheit om in pear ûre earder thús to kommen en doe hast har oanjown. Mar wie it net sa, dat der boete op stie ast net binnen safolle ûren it bern oanjoechste? Miskien is 't noch wol sa.
- Ik hearde krekt op 'e tiid, dat it al gau in tsientsje kostje soe en doe ha 'k it mar op in pear dagen letter steld, makket Durk it forhael ôf. - In tsientsje wie doe noch in deihier.
Foekje seit: - Wy hienen Aeltsje har jierdei ek mar
| |
| |
better op dy dei stelle kind, dan hie der nou neat to rêdden west.
- Hwat let dy, bern, en hâld jierdei op 19 juny, stelt Durk foar, mar Aeltsje skoddet tryst mei de holle.
- Heit is in rûchhouwer en as jimme net oppasse wurde de jonges krekt sa.
- Men kin net alles witte, Aeltsje, helpt Foekje har man. - Dou wiest de earste en wy hiene der noait fan heard, dat soks binnen 24 of 48 uren moat.
- Ik fyn dit it praet net wurdich, seit Durk. - Om fjouwer dagen sa'n spul meitsje, dat is my neat.
- Dat is 't him krekt. It kin heit neat skille. Heit hat altiten syn forlechje klear en giet syn gong, hâldt Aeltsje oan.
- Hwat moat men oars ek al? Mar jimme mem en ik binne yn 't fatsoenlike troud.
- Dat soe der ek noch by komme moatte, dat jim net troud wienen.
- Dat kinstou wol normael fine, mar jim pake en beppe ha noait troud west. Yn dy tiid wie it op 'e Houtigehage gjin wenst en reizgje nei it gemeentehûs. Us heit wie der trouwens pûr op tsjin; as Dommela-man moast dy neat ha fan wettige houliken. Letter stienen de anarchisten der hwat oars foar oer, mar as ik it goed bigrepen ha, dan wurdt it optheden wer moade. It is fansels ek nearne goed foar. As it net past, geane se dochs út inoar en as ik hear hoefolle echtskiedings der nou binne, dan jowt dat offisjele trouwen ek al neat. Né, froeger trouden se oer de putheak, mar se lieten inoar net sa maklik yn 'e steek as yn dizze tiid.
Gerard giet der foar sitten. - Mei ik even?, freget er en stekt in sigret op.
De froulju forskikke en swije. Hjir hawwe se op wachte. Der is ôfpraet, dat Gerard as ûnderlein man op in bipaeld stuit syn skoanheit in pear dingen ûnder eagen
| |
| |
bringe sil. Durk hat it skoan yn 'e gaten en is op syn iepenst.
- Sjoch ris heit, bigjint dy jonge en dat hied er noait dwaen moatten. As dy flapdrol him ynienen heit neamd, wurdt it him tofolle.
- Jonkje, nou moatst goed hearre, seit er muoilik, - dou hast my noait heit neamd en dat hat dyn gelok west. Ik hâld der net fan om troch frjemd heit neamd to wurden. En nou fornim ik wol, dat jim hwat yn 't sin hawwe en fan myn eigen bern lit ik my ek in soad sizze. Dat hat niis wol bliken dien. Mar fan dy net, hearst dat?
Dat lêste seit er mei forheffing fan stim, dêr't in dúdlike driging yn leit. - Dou hast hjir oars net yn to bringen as lege briefkes, sa is dat.
Durk is oerein gien en rint fuort. - Heit, heit, ropt Aeltsje pathétys en se bigjint nou wier to gûlen.
Durk hie noch in pear dingen sizze wold, mar hy bidimmet him. Hy stapt nei de pomp en nimt de gimmeleaden kop fan 'e spiker. Hy drinkt de heule kop leech en docht in slach oer 't hiem. As er oan de oare kant fan it hûs is, klinkt yn 'e bosk in skot.
Hy sjocht hoe't Aeltsje kjel oerein springt. Se sjocht him en ropt: - Hwat is dat, heit?
- In gewearskot, seit Durk, - dat kinst dochs hearre?
- Hokker kant binne de bern út? freget Aeltsje binaud.
- Dou moatst net sa gau oerstjûr wêze, bêddet Foekje har del. - Dy bern redde har wol.
- Se binne oan it jeijen, tink? freget Gerard.
Durk seit: - Der mei sneins net jage wurde, mar it kin Feike Dam wol wêze. Dy poft der yn as it him gelegen komt, snein of gjin snein. Hy sil achter de aksters oan sitte; dêr is er fûl op.
Der is neist it hûs in stik bosk mei yn haedsaek jonge bjirken mei hjir en dêr in greate spjir der tusken. Durk
| |
| |
giet op 'e knibbels sitten en dikert ûnder de beammen troch de bosk yn.
- It is Feike Dam, seit er, - hy komt dizze kant oer.
Se hoege net lang to wachtsjen. De boskwachter pandert mei greate stappen troch de droege sleat en smyt Durk in deade kat ta. - Asjeblyft, en as ik wer sa'n wyld kring fan dy tsjin kom, dan krigest in bikeuring.
- Och hearken, dat is ien fan uzes, flapt Foekje der út.
- Moast dat nou sa?
Foekje is nochal wiis mei de katten.
- Hat dat dierke dy hwat misdien? freget Durk.
- Moatst se op 'e tiid fretten jaen, dan hoege se net op rôf út, seit Feike.
Durk docht in stap nei foaren. - Fan myn hiem ôf, raest er ynienen fûl. - Daliks fan myn hiem ôf, dou greate diereboal.
Feike draeit him snuvend om.
- Dou meist op snein net sjitte; ik sil dy oanjaen, ropt Durk him nei.
Feike ropt oer it skouder: - As dat fé fan dy ek mar ien stap fan it hiem ôf docht, dan kinst der op rekkenje, dat ik se dea sjit.
Hy sjocht wraeksuchtich nei Bijke en dat ûntgiet Durk net. Hy is mei in pear stappen by Feike en giet foar him stean. Hy stekt de finger omheech en hâldt dy Feike foar it gesicht. - Goed ûnthâlde, Feike, seit er mei triljend lûd, - dit moatst goed ûnthâlde: astou myn houn tonei komste dan doch ik dy dea, stjerrende wier. Ik weef foar iwich mei dy ôf astou Bijke dea sjitst.
- Heit heit, jammert Aeltsje, en Gerard sil al oerein.
Feike is lykwols sûnder hwat to sizzen om Durk hinne stapt. Durk eaget him nei oant er achter de spjirren wei woarn is. Dan kriget er de kat op en bisjocht it bist.
- Sonde, sa'n moai katsje, seit Gerard.
| |
| |
- Katten by de rûs, seit Durk noartsk, en hy smyt it dier achter it hok op 'e rûchskerne.
- Moatst him aens al bidobje, seit Foekje. - Ik wol net, dat er dêr lizzen bliuwt.
- Dat sil ik dwaen, seit Durk.
Hy hellet de lep en giet de tún yn. As it kerwei dien is, skikt er dochs mar wer oan. Foekje hat kofje set en troch it trelit mei Feike Dam is al it oare sa't liket forgetten.
Dy Gerard is dochs in smycht. As se in skoftsje sitten ha, freget er: - Dus dat wie nou dy boskwachter?
Durk jowt gjin antwurd, Gerard wachtet even en merkt dan fluensk op: - Dat réfleis hienen jo dochs fan him krigen, net?
Durk seit koart: - Dêr ha 'k sels foar soarge en as it heal kin sil 'k him noch ien ûntnaderje.
Aeltsje bigjint to snokkerjen. - Wier heit, wier, it komt net goed.
Dochs wol in sneue boel, sa'n forheftich bislút fan in dei dy't fan wjerskanten mei safolle goede wil bigoun wie.
|
|