| |
| |
| |
Durk makket de fleispotten fan Egypte fol en Tsjerk túcht in auto oan, dêr't men ek noch oare dingen mei dwaen kin as ride
HY HAT de loop fan de buks oan in eintsje tou yn 'e bokse hing jen. De loop komt him krekt oan 'e knibbel ta en sa't er dêr rint is der neat to sjen. De oare ein sit ûnder de jas mei it riemke om 'e skouder. It moat nou wol wêze, hwant hy hat de lêste ein fem de sleat ûnder hannen. Op it plak dêr't er de seine, it snijizer en de hekkel lizzen hat, jowt er him del, set it gewear yn inoar en leit it sjittersark yn 'e sleatswâl. Hwat gers en snilen der oer hinne en nimmen sil it fine.
It waer is omslein. Kâld is 't noch net, mar út en troch bilûkt de loft en falt der in buike. It gers waekst net mear en yn 'e sleatten bigjinne de planten brún to wurden. Bijke jaget in team einepiken út in rûchtepôlle, mar se kinne al fleane en Bijke kriget gjin kâns. It is oars goed iten, sa'n grouwe einepyk dy't tsjin it fleanen oan sit. Durk prakkeseart der op om oft er Bijke ek helpe moat, mar soks soe net forstannich wêze. Hy hat greater wyld op it each.
Hy docht it him oan tiid. Hy stiet gauris to sjen en nei it middeisskoft jowt er him even yn 'e lijte fan 'e sleatswâl del foar in knipperke. De earm ûnder de holle, de kraech fan de jas omheech en de sinne der út en troch by. Bijke giet tsjin him oan lizzen en it hountsje jowt in noflike waermte ôf. Durk forslept him suver. As er de
| |
| |
raep út 'e bûse hellet, is 't al trije ûre. Hy flokt op himsels, hwant hy hie it oars yn 'e holle. Hy moat in ein oerslaen om op it plak to kommen, dêr't er wêze wol as de réen ta de bosk útkomme. Hy rint in eintsje werom, dêr't de buks leit en strikelt de seine omstandich. Dan leit er de seine del en nimt it gewear, dat er mei in eintsje tou by de seine lâns bynt. Hy slacht hwat mei de seine yn 'e sleat om, wylst er werom skarrelt. Hjir en dêr in hael, net to hurd. It handicht trouwens ek net mei it gewear der by lâns, mar it is dochs mar foar de sjeu. Oer in goed heal ûre wol er by de hikke wêze, likernôch trije hûndert stappen út 'e boskrânne wei. As er achter de hikke is, knopet er it gewear los en skout it tusken it gers. Ut 'e bosk wei kin nimmen krekt sjoen ha hwat er útspoeket. Hy leit de seine del en giet werom nei it plak, dêr't de hekkel en it snijmes lizze. It is de gewoane gong fan saken by it hekkeljen en de meast erchtinkende boskwachter sil der gjin euvelmoed yn ha. Mar it gewear is ûndertusken to plak.
Hy giet wer oan 'e slach, mar makket der net in soad fan. - Wy moatte al noch even wer, Bijke, seit er. - De lêste ein sil der dochs út moatte.
Bijke snúft yn 'e sleatswâl om. Hy hat de lucht fan in rot of sa.
- Nou moatst my de boel aens net bidjerre. Mar dat docht er net, hen. Dêr kin 'k dochs op rekkenje.
It kriget him to pakken, mear as er wêze wol, wylst it noch wol in healûre duorje kin eart de bok mei syn geiten út 'e bosk komt.
- Hoe lang is it lyn, Bijke, dat ik mei dizze buks sketten ha? Altiten wol twa jier. Bliksem, ik hie fan 'e wike even oefenje moatten op in pear protters. Mar troch dat gesoademiter fan Foekje.... En de bern binne ek sa fier, dat se alles merke. Wy moatte it bisykje Bijke, en dan it bêste der fan hoopje. It is in bêste buks, sûnder ek mar ien ôfwiking.
| |
| |
Hy sjocht der nou al tsjin oan. Hy is binaud dat er misse sil. It wurdt noch slimmer as de bok net daliks dea is en hy der achter oan moat om him ôf to meitsjen. Se kinne it mâl dwaen, dy dieren, as it om it lêste giet.
- As hy der even moai foar stean giet, mei it boarst ús kant oer of in bytsje fansiden, dan bin 'k der wol aerdich wis fan, Bijke.
Goed healwe fiven is de bok der en it giet fierders lyk as alle dagen. De bok hat him wol opmurken, mar de wyn is gunstich. De rook fan Durk en syn hountsje soe him trouwens nei safolle wiken net botte oerstjûr mear meitsje. Hy set de stap der yn, bidaerd, mar doelbiwust. De geiten teppe al ris in pôltsje gers, mar komme wol achter him oan. Durk hekkelt súntsjes, sûnder forheftige biwegings. Der ûntkomt sa 'n bok fansels neat. Bijke leit plat achter de hikke en folget Durk syn dwaen mei de eagen. Hy hoecht it hountsje neat to hjitten. Hy hat him syn plak wiisd en Bijke sil gjin stap dwaen salang de baes neat sein hat.
In heal ûre letter binne de réen har foarby en giet it op it Alddjip oan. Se sille sa fier net gean. Der rint in sleat fan it Alddjip ôf it lân yn. Fan 'e bosk ôf leit de earste ein fierhinne droech en de dieren kinne der ek net by komme, omdat der stikeltried by lâns sit. Op healwe is in drinkdobbe en dêr geane de réen alle dagen op oan. Dat is ek it plak, dêr't er de bok sjitte wol. Se hoege dan net to tôgjen. Joun mei de skou it Djip del, in ein yn 'e sleat op en de bok yn 'e boat. Durk hat it goed bisjoen. Yn 't forline is it wol ris rûger om en ta gien by 't streupen.
- Ik hie dochs in pear kear sjitte moatten, seit er tsjin Bijke. - Jouns op 'e reed, dat hie wol even kind. Ik kin fansels de loop op de ûnderste planke fan de hikke lizze, mar it is dochs in heul ein. As ik it sa roai dan is 't wol trije, fjouwerhûndert meter. Sa fier draecht er skoan, mar it kin dan net folle lije.
| |
| |
It falt him ôf en dochs binne de dieren net fierder fuort as oare dagen. In pear jier lyn skeat er mei dizze buks de faisanten út 'e beammen, wylst Ids mei de staeflantearae ljochte. Hy hoegde der mar krekt nei to sjen en hy miste komselden. Dan moat in bok lyk as dizze, ek al is er hwat fierder ôf, dochs maklik to reitsjen wêze. Jawis, reitsje en dan fuort op it goede plak.
Hy leit de hekkel del en strúnt nei de hikke ta. - As Feike Dam my nou yn 'e kiker hat, dan komt aens syn kâns, Bijke, seit er. - Dat is it risiko fan sa'n ûndernimming; heulendal sûnder drokte kin it net.
Hy knibbelt achter de hikke en nimt it gewear. De bok stiet mei de kont nei him ta en bûcht de kop foaroer. Hy stiet al by de dobbe to drinken. Aens sil er him omdraeije en de wacht hâlde wylst de geiten boarne. Hy stekt de kop omheech en snúft de wyn op. Der binne in stik as trije jonge geiten by, sjocht Durk nou.
- Sa hat er genôch hawn, Bijke, hy koe him nou wol omdraeije, preuvelt er.
Hy hat de lûddemper der op set en stekt de loop in eintsje troch de hikke. De bok docht in pear stappen achterút en draeit him om. Hy mist de man by de sleat en liket even ûnrêstich to wurden. Durk hat him yn it fizier en siket it boarst op. Hy wachtet net mear, hwant de bok hat hwat yn 'e gaten. Durk sjit en wit, dat it gjin misser is. It swit stiet him likegoed op 'e foarholle en syn fingers trilje in bytsje. De bok is omfallen sûnder lûd to jaen en skopt in pear kear. Heul even mar, dan leit er stil. De régeiten binne kjel wurden, mar naeije earst noch net út. Se sjogge nei de bok, trêdzje hoeden tobek en dan pas set de earste de gong der yn, werom nei de bosk. Achter inoar springe se troch de greide. It giet net wyld, mar se nimme it wisse foar it ûnwisse. In pear bliuwe op healwe stean en sjogge achterom. As de bok der net is, steane se twifelriedich om har hinne to snuven en geane dan wer fierder.
| |
| |
- Eben Haezer, Bijke, seit Durk, lyk as beppe placht to sizzen as hja de put der út hie.
Hy hat it gewear ûnder it gers skoud en kriget de seine. Wylst hy strikelt dikert hy nei de boskrânne, dêr't de lêste geiten krekt troch de sleat geane. Se komme net werom en dus is dêr gjin folk. Durk leit de seine yn 'e kant en giet op 'e knibbels lizzen om it gewear út inoar to heljen. Hy hat it even yn him omgean litten en stopje de buks wei, mar hy wol him dochs mar daliks mei werom ha. Earst it gewear nei hûs en joun de bok. Hy hinget de loop yn 'e bokse en it oare stik ûnder de jas oer 't skouder. Undertusken hat er gjin each fan de bosk ôf. As Feike Dam der west hie, soed er nou al hwat ûndernommen ha. Hy kin fansels elk eagenblik komme. Hy is wol sa snoad en nim noait de selde route. Mar syn krite is great; hy kin net oeral tagelyk wêze.
- Kom mar, Bijke.
En dan pas springt it hountsje oerein en sil it lân yn.
- Hjir bliuwe.
Bijke komt krûpende werom, hwant Durk syn lûd wie skerp.
Hy siket syn spul by inoar, de breatromp en de thermosfles en knopet it jaske ticht.
- It is nuodlik, mar it moat wol even, seit er tsjin 'e houn. - Dit fleis moat duorje kinne en dêrom kinne wy him sa net lizze litte.
Hy stapt kalm it lân oer nei de dobbe, dêr't de bok leit. It dier is noch waerm en út it gatsje tusken de skouderblêdden komme mar in pear drippen bloed. Durk lûkt it bist oan 'e achterpoaten yn 'e sleatswâl, draeit him in heale slach, sadat er mei de kop nei ûnderen hast yn 'e sleat leit. Dan nimt er it knyft en snijt de bok de hals út. It bloed kolket nei bûten en rint de sleat yn. Bijke slikket der yn om en jankt skruten. Durk wachtet it net ôf. Hy smyt hwat rûchte oer de bok hinne en komt oerein.
| |
| |
- Bijke.
De houn komt daliks achter him oan. Se rinne by de sleat lâns nei de bosk ta, mar op healwe springe se oer de sleat en stekke skean oer. Op 'e romte kin nimmen har oer 't mad komme.
Achter hûs stekt er in sjekje op en sjocht it hiem oer. Der boartsje in pear bern, mar der is gjin bisite.
- Heity, ropt lytse Durk.
- Ah myn mantsje, ropt Durk fleurich.
Hy sil it jonkje optille, mar as er him foaroer bûgt, stekt de loop fan de buks him yn 'e hokse. - Heit sil aens even mei dy boartsje, seit er.
Yn it achterhûs lûkt er it leiderke nei ûnderen.
- Bist dêr, Durk? ropt Foekje út 'e foarein.
- Ik kom der oan.
Op it souderke pakt er de twa stikken fan it gewear yn in âld jas, bynt der in ein tou omhinne en skout it pak ûnder in ledikant, oant achter de skoarstien. Foekje stiet ûnder to wachtsjen.
- Moarn moatst mar oan 't wekjen, seit er kalm wylst hy it trepke ôf komt. - Ik ha dy rébok by it Djip lizzen. Wy sille him joun even ophelje en slachtsje.
- Hie 'k it net tocht.
En mear net. Se draeit har om en giet nei de foarkeamer.
Hy docht in slach om it hûs hinne, forstekt de geit en de beide skiep en jowt de kninen fretten. By de pomp griemt er him hwat ôf en dan makket er yn it hok romte. Bouwe syn bromfytsark, dat oeral omslingeret, smyt er op in bult. De flier moat frij wêze, hwant dêr sil er joun slachtsje.
It wurdt stadichoan tiid foar it appèl. Hy blaest woltomoede de húshâlding by inoar. De trije âldste jonges binne der net. Berend en Hindrik hawwe inoar goed neisjoen. Oars net sa slim, mar de iene hat de oar
| |
| |
de klean forropt en dêrom moat Durk der neffens Foekje hwat fan sizze.
- As jim tonei fjochtsje wolle, dan earst de klean út, is Durk syn biskied.
- Hwat is dat foar praet, seit Foekje lulk. - It is net normael mear sa't dy bern inoar pleagje. Ik moat der nei skoaltiid algeduerigen yn omreagje.
- Goed, as mem moarn wer klachten oer jim hat dan moatte jim de heule wike jirpelskile. Wachtsje ris even, jim kinne alfêst foar snein skile. Dat is in moaije drege put. En hoe sit it mei 't hout? Ha jim der al moai hwat ôf?
- Noch lang net dien, seit Berend. - En as heit it hok fol hout ha wol, dan kinne wy net jirpelskile. Nou moat heit it mar sizze.
- As jim tiid ha om to fjochtsjen dan ha jim ek tiid to jirpelskilen. As Tsjerk moarn mei de kypauto thús komt, sille wy om de earste fracht branje út.
- Der moat ek noch ien foar my to boadskipjen, seit Foekje. - Ik moat foar snein hwat yn 'e hûs ha as Aeltsje en de húshâlding komme to iten.
- Wy ha in moaije flut iel Sitten, seit Durk. - Dat is rikeljusiten.
- Wy moatte ek noch hwat oars ha as iel, Durk.
- En joun bring ik dy in stikje fleis. Yn Lauswolt kostet it dy 25 goune en dan is 't almeast noch in geit.
- Hwat is dat, heit? freget Klaske erchtinkend.
- Neat bern, in grapke. Ha wy alles hawn, mem?
Op dat stuit komt der in auto de Sânleane del daverjen. Foar it hûs draeit it ding de daem yn.
- Och hearken, dat is ús Tsjerk, ropt Foekje.
De bern stouwe der mei in jûchhei hinne. De auto hâldt mei in pof op en Tsjerk knoffelt der út.
- Hui, seit er, - 750 goune, mar ik moast daliks gelok dwaen.
| |
| |
- Hast dat ding kocht? freget Klaske forheard.
- Jawis, bêste wein, seis silinders, hat noch mar tachtichtûzen riden. Unforslytber, sokke Fordten Zephir. Ride sa mar twahûnderttûzen kilometer sûnder dat der in sleutel op west hat.
- Hwat moatst mei dat greate kring, seit Durk ûntofreden. - Hiest der earst net oer prate kind? Sa mar fan de iene op de oare dei in auto keapje, it moat net mâlder.
- Wy kinne der moai mei nei 't wurk ride, seit Tsjerk.
- Litte wy de kypauto's op 't wurk stean en de baes bitellet de benzine. Mar ik ha him heal fol petroalje smiten. Dêr rint er like goed op en de petroalje jildt mar in kwartsje.
- Eintsje ride, Tsjerk, biddelje de bern.
De heule kloft der yn. Tsjerk wol Durk en Foekje ek mei ha, mar dy bitankje. Klaske hat der wol aerdichheit oan al wol se it net wêze. Tsjerk kriget it spul maklik oan 'e gong. Der komt wol in soad lawaei út en de auto rikket as in fabryk.
- Sa'n ding kin dochs net yn 'e brân fleane, wol Durk?
- It is allegear blik, mem. Dat brânt noait bot.
Tsjerk is achterút nei de reed riden. En dan giet it oer de brêge. De planken rattelje der oer en de wein wurdt wei yn wolkens moude.
- Sokke mannen dogge hwat op in stuit by har opkomt, seit Durk.
- It sil wol oerbetterje, is Foekje fan bitinken, - mar it bigreatet my wol om 't jild.
Se pakt mei de lytse Pytsje en it jonkje fan Klaske om.
- Nou, it appèl wurdt dochs neat mear, seit Foekje, - ik sil mar nei myn iten ta.
Durk stapt nei de reed. De auto is allang om 'e bocht,
| |
| |
mar hy heart it ding noch wol. Fan de oare kant komt Bouwe op syn brommer.
- Is der hwat, heit?
Hy draeit mei piipjende remmen om Durk hinne.
- Doch dat ding út, hjit Durk him. - It is hjir al rûzich genôch.
- Hwer binne de oaren?
- Yn 'e auto fuort. Tsjerk is mei in âld auto thús kommen.
- Hat er dy kocht?
- Dat seit er.
- Duvel, dat hie 'k net tocht. Dêr kinne wy wille mei ha.
- Dat wit ik noch net sa krekt.
It duorret gâns in skoft eart de wein werom komt. Willem is wilens ek thús kommen en Durk nimt him en Bouwe even apart.
- Jimme moatte joun mei my op stap.
Hy fortelt de jonges h wert it om to rêdden is. Willem hat der wol aerdichheit oan. Fan de greate jonges is hy de iennichste, dy't niget oan de streuperij hat. Tsjerk en Bouwe slagge leaver yn 'e âlde moters om.
Foekje kriget de ploech dy jouns mar min oan 'e krêbbe. Durk moat optlêst Tsjerk it mannewaer opsizze eart de auto oan 'e kant riden wurdt.
- En nou bigjinst my joun net mei dat ding, hwant dan ha wy alle bern wekker, seit Foekje.
- Dan set ik him daliks op 'e reed, hwant ik wol joun al noch even ride.
- As wy der hjir mar gjin lêst fan ha.
- Dat riden kostet oars ek jild, ornearret Durk.
- Pear kwartsjes foar de petroalje en benzine, hwat soe dat nou?
Durk stint der op om. - Jimme wurde to weeldrich great brocht, seit er. - Jimme hawwe it to goed. Soks moasten wy by ús thús ris sizze.
| |
| |
Nei iten siket Durk syn slachtersark by inoar en slipet de messen. Hy hat yn it hok alles klear makke en sekken foar it rút hinge. It hok komt op slot, sadat de bern der net mear yn kinne.
Hy bringt earst mei de beide jonges de fûken út. It moat de lêste kear mar wêze. As Feike Dam moarn of oaremoarn de rébok mist dan strúnt er fansels alle nachten om 'e pôlle. En hy komt dy rébok to missen? hy wit krekt hwat der oan réwyld yn 'e bosk omrint en hwa wit hawwe de hearen de ôfskotforgunning foar de bokken al yn 'e bûse. Der sil ien minder by wêze as Feike Dam yn 'e holle hie. Duvel, hwat sil er luik wêze as er dit yn 'e gaten kriget.
Se farre yn it tsjuster it Djip del, Durk oan 'e kloet en de beide jonges sitte swijend op 'e mitselbank. Se witte hwat der fan har forwachte wurdt. As hja by de sleat binne, kriget Bouwe de line. Durk stapt út oan 'e oare kant fan 'e sleat, Willem bliuwt yn 'e skou. As der al hwat is, kin Durk altiten fuort komme, wylst Willem ek in kâns hat. Ien op 'e bon is better as trije en Durk kin as kostwinner it minste mist wurde, hat er sels fêst steld. De beide jonges binne fansels ek flugger. Salang Feike Dam har net by de hûd hat, litte se har net pakke.
In eintsje fierderop moat Willem ek út 'e boat, omdat der net genôch wetter yn 'e sleat stiet.
- Ho, flústert Durk, - de skou keare; it is hjir noch krekt breed genôch.
Se wrotte de skou mei syn trijen om en litte him lizze. Durk is oan dizze kant kommen en nimt de foarstap. It is fortroud; as der hwat west hie, soe Bijke it allang murken ha. It hountsje is sa kalm as hwat. Durk hie ek net oars
Hy hoecht net om de bok to sykjen. Willem en Bouwe forwachte.
lizze him it kâlde en stive dier om 'e nekke.
- In grouwen-ien, stint Willem.
- Hwat tochtste, oars hie 'k him der net út socht.
| |
| |
- Heit, mei 'k in kear mei dy buks sjitte? freget Willem.
- Né, en nou stil wêzej wy hawwe him noch net thús.
Underweis flústert er: - Dy buks giet moarn daliks werom. Ik wit net hwat Feike Dam dwaen sil as er dit fornimt, mar it soe my gjin nij dwaen as er ús de plysje op it dak stjûrde foar in hússiking.
Se lûke de skou oan en Durk kwakt de bok der yn. De beide jonges lûke him oan it Djip ta en dan stappe se der alle trije wer yn. As it spul fart, seit Durk: - Sa, dat ha wy hawn.
- Geane wy fan 't winter ek to streupen? freget Willem.
- As it heal kin dan moatte wy dêr al in set fan ha.
- En dan mei ik mei, hen?
- Dou silst in kear mei, mar praet der net oer tsjin jim mem, en siz ek mar neat tsjin Klaske. Dat gekrimmenear fan dy froulju....
- Ik ha moaije lopen sjoen op 'e kamp fan Hylkema. Ik tink dat der jouns wol fyftich, sechtich kninen sitte. It is dêr brún fan 'e kninen. Dou kinst de paedtsjes dúdlik sjen yn 't gers. As wy de strûpen oan stokjes sette en wy driuwe se stadich op dan stouwe se der sa mar yn.
- Wy sille sjen, even stil wêze.
Se lûke neist it hiem de skou yn 'e gloppe tusken de elsepôllen en Bouwe docht earst in slach om hûs hinne. As alles feilich liket, kriget Durk de bok ûnder de earm en sjout him nei 't hok.
- Siz mar tsjin mem, dat wy der binne, seit er tsjin de jonges, - en bring my de Beerenburch. It is kâld yn 't hok en ik wol earst ien ha eart ik mei it slachtsjen bigjin.
De jonges bringe him de flesse en Foekje komt even yn 'e doar. Se seit neat, bisjocht yn it tsjuster de bok en giet
| |
| |
wer yn 'e hûs. Durk slút himsels op yn 't hok, de skoattel op 'e doar en Bijke der foar om de wacht to hâlden. Klaske kloppet op 'e doar, mar Durk wol har der net yn ha.
- Hoe kriget heit it yn 'e holle, ropt se súntsjes, mar Durk heart it triljen yn har lûd. - Mem hat der pyn yn 't liif fan en ik hie neat yn 'e gaten.
- Gean yn 'e hûs, bern, ik ha 't drok.
- Is is ûnforantwurdlik fan heit, seit Klaske oan 'e oare kant fan de doar. - It is in skandael; as se heit pakt hienen....
Durk docht de doar even fan 'e skoattel en seit: - Nou moatst oppakke en gau ek.
Hy klapt de doar ticht en stekt de petroaljelampe oan. De jas út, in sek foar en it slachtsjen bigjint. It is in dreech kerwei. Strûpe, de terms der út, útbonkje. Om it kertier rjochtet er even de rêch, nimt in swolch út 'e flesse en wijt him dan wer oan syn taek.
Hy hat gâns in skoft dwaende west as er Foekje fornimt.
- Kinne wy dy ek helpe, Durk?
- Né leave, hjir rêd ik sels mei, mar soest my wol hwat kofje meitsje kinne. Ik bin al in moai ein hinne. En bring my in pear skjinne amers en in tobbe mei wetter.
Hy docht de doar fan 'e skoattel en Foekje bringt him hwat er frege hat. It wurdt nachtwurk.
Eartiids dienen Ids en hy it togearre en dan moast der ek al stûf arbeide wurde. Mar hy hat altiten it measte dwaen moatten, omdat Ids letter op 'e joun ûnbikwaem wie en der rûch yn om bigoun to snijen.
Foekje bringt him in pantsje kofje en bliuwt der even by stean, wylst hja de doar achter har op 'e skoattel strykt. - Moai fleis, Durk.
- In edel beestje, leave.
- Mar it hie net moatten.
| |
| |
- Der is dochs neat to rêdden?
- As Feike Dam dit yn 'e gaten kriget....
- Dan is 't to let.
- Meist de fûken nou ek wol oppakke.
- Dat wie 'k fan doel. Fannacht noch en dan moat dat tonearsten ophâlde.
Foekje nimt in pear amers mei fleis mei yn 'e hûs.
- Gean mar op bêd fanke, ik rêd der fierder mei.
Hy is krekt yn 'e tún in gat oan it dollen om it yngewant to bidobjen, as er de auto fan Tsjerk heart. De jonge lit de wein foar hûs yn 'e berm stean, lyk as him troch Klaske hjitten is.
- Hui, seit er, - ik ha noch hwat.
En hy langet Durk twa kninen oer. - De iene is in bytsje stikken, mar dêr kin 'k ek neat oan dwaen.
- Hoe komstou dêr oan?
Tsjerk is oars gjin streuper; hy hat der noait nei taeld.
- Snipt mei de auto?
- Deariden?
- Nou, deariden.... Ik ha in eintsje ketting ûnder oan it chassis en dan mist it noait.
Durk bigrypt der it measte net fan en rint mei Tsjerk nei foaren om it spul to bisjen. Hy seit: - Ik ha joun al tocht: dat ljocht fan 'e koplampen wolle de kninen wol yn op en as ik nou ris mei de wynbuks by dy yn 'e auto Sitten gie....
- Fiersten to yngewikkeld, seit Tsjerk.
Hy kriget de bûslantearne en ljochtet ûnder de auto. - Sjoch, dêr hinget it ketting, oerdwers. As ik der in knyn foar ha en hy komt tusken de tsjillen tolânne dan kriget er fan dat ketting in tik en dan kinst se achter de auto gewoan oppakke. Ik ha it fan Klaes Tuininga, dy snipt sa ek gauris in knyn of hazze.
- Forduld, dit is in moai spul, seit Durk. - Dit is in forduld moai spul.
| |
| |
Yn it hok bigjint er fleurich de kinen to strûpen.
- Dochs net sa'n malle útfining, sa'n auto, seit er tsjin Foekje as er neist har op bêd stapt.
- Hwat is der Durk, grommelt Foekje yn har sliep.
- Ik fortel it dy moarn wol, leave, mar sa't it nou liket dan sitte wy de heule winter oan 'e fleispotten fan Egypte.
- Hwer hast it nou oer?
- Dat wit ik ek net krekt, mar ús beppe plachte dat to sizzen as wy it goed hienen. Se hie wol mear fan dy moaije sechjes. Ik leau, dat it yn 'e bibel stiet, dat fan dy fleispotten. Al wienen der doe grif noch gjin auto's.
|
|