| |
| |
| |
Durk komt ta de konklúzje, dat it minskdom goed bidoarn is. In moai ding, dat yn elk gefal de iel noch rint.
DE SELDE jouns tôget Durk yn 't skimertsjuster in stik as fiif fûken en it kearnet nei it Djip. Bouwe en Willem hantlangje him, Bouwe yn 'e boat en Willem hat de swimbroek oan. Durk sels hat syn kaplearzens fan 'e souder helle. Hy kin it krekt sa'n bytsje bidjipje. Krekt om 'e bocht bringe se it kearnet troch it Djip. Der stiet net folle stream, mar dêr is 't neffens Durk net minder om. As der tofolle wetter fan de Bakkefeanster kant komt, kinne jo de netten der net sa maklik yn hâlde. De boaijem is goed hurd, dat botte fêst komme de stokken dochs al net to stean.
Twa fûken sette se deun op it kearnet, de oaren in eintsje tobek en mei de fang ticht yn 'e wâl.
- Soe de iel wol rinne, heit? freget Bouwe.
- It is ôfwachtsjen, mar wy ha folle moanne hawn en it is myld waer. It soe my gjin nij dwaen as wy moarnier in moaije flut hienen.
Thús hat Foekje de kofje klear. Hja sit mei Klaske yn 'e achterein by de petroaljeforgasser. De froulju breidzje en stopje en kinne it sa aerdich pratende hâlde. Bûtendoar hat Durk der al hwat fan heard, dat hy is der klear foar. As hy der yn komt, bliuwt it earst in moai skoft stil. De froulju hawwe ynienen neat mear to sizzen, sa't liket.
| |
| |
- Sa, wy ha de boel der yn, seit Durk fleurich. - Nou moat ik der moarnier al even earder út, mem. Foar ljocht moat it birêdden wurde en dan moat de brut der moarnjoun noch ris yn.
- Ik gean yn 't hok even mei myn brommer oan 'e gong, seit Bouwe.
- Ast de moter mar net rinne litst, oars ha wy alle lytsen wekker, seit Klaske.
- En sunich wêze mei de lampe, folt Foekje oan, - de petroalje kin wol op.
Willem kundicht oan, dat er op bêd giet. Hy wol moarnier mei heit by de fûken lâns.
- Gryt is ek let, seit Durk wylst hy oanskikt.
- Miskien bliuwt se fannacht yn Drachten. Se siket om plak, sei se fan 'e moarn.
- Tsjerk hie der ek al wêze kind.
- Hy sil mei de kypauto dwaende wêze.
- Ik fyn, dat Van Dyk syn chauffeurs to folle ûren meitsje lit.
- Se hingje mar hwat by de garaezje om. As Tsjerk woe koed er om seis ûre wol thús wêze.
Dan is alles wol sahwat sein en Durk stint der op om hwert er it oer ha sil.
- Klaske en ik hienen it der niis oer, sa bigjint Foekje, mar Durk is der noch net oan ta.
- Wol aerdich, dat Aeltsje ek wer ris in snein del komt, seit er en hy nimt it briefkaertsje, dat de post moarns brocht hat en lêst it boadskip oer.
- Ja, dat is moai, mar Klaske sei niis....
- Toarnbeisykje hie 'k tocht, mei de bern to toarnbeisykjen. Nou, se kinne wol in amerfol op krije, it is allegear toarnbeijen. Hoe lang is 't lyn, dat se hjir west ha? Altiten wol in wike as tsien, soe 'k sizze, mar it kin ek wol in fearnsjier wêze.
- Dat silt wol, mar....
- Jawis, nou wit ik it al, it hat yn July west. Doe woe
| |
| |
'k de bern hjir noch yn it Djip har mar dat mocht net fan dy flapdrol. 't Wetter wie net skjin genôch, sei er. Tsjonge noch ta, ús bern binne mei Djipswetter great wurden, de klompe fol en mar boarne. En nou soenen de bern der net iens mear yn swimme kinne. It moat ek net mâlder wurde. Sa'n swimbad yn Drachten, dêr soe 'k fiis fan wêze, hen. Alle dagen withoefolle minsken yn sa'n foege tobbe. As ik myn sin siz dan kin men fan alles skypje.
- Heit moat Gerard gjin flapdrol neame, seit Klaske. - It is in goede fint en hy is optlêst mei Aeltsje troud.
- Ik siz neat forkeards fan dy jonge, mar it is in flapdrol. Dat sokke bern net iens even yn it Djip meije, dat fyn ik in skandael. Hawar, de tiid is nou foarby, dat oer it swimmen kinne wy snein yn elk gefal gjin spul krije. Ik woe oars sizze....
Hy praet tsjin 'e klippen op, mar hy kin it net hâlde. De froulju swije almeast en wachtsje oant er him de kiel droech praet hat. Der komt in stuit, dat Durk de lêste kofje der út nimt en even stil falt. Klaske nimt daliks har trekken waer.
- Toe dan mar, seit Durk.
Hy lûkt noch in stoel oan en leit de skonken der op. - Pak mar út.
Hy draeit in sjekje en wachtet ôf.
- Ik en Klaske hawwe it der niis oer hawn. As wy de winter troch moatte mei njoggen tsientsjes en as se dat oare der dan ek noch ôflûke wolle, dat jild datst to folle bard haste....
- Dat wurdt fansels neat.
- Dat kinst nou wol sizze, Durk, mar....
- Gjin sprake fan. Sit dêr mar net oer yn noed. Hwat wy bard ha, dat ha wy bard. Werom bitelje, seit er. Ik sil wol wizer wêze.
- Goed, mar lykwols wurdt it mei njoggen tsientsjes in
| |
| |
heule toer, Durk. Ik wit net oft ik fan sa'n bytsje jild wol húshâlde kin.
- Dou hast it kostjild fan de jonges ek fansels.
- Hûndert daelders is yn dizze tiid net in soad, Durk, en mei safolle minsken.
- Wy kinne ús der sêd fan ite, is Durk fan bitinken.
- Dou wolst it net bigripe, seit Foekje lulk. - Witst wol hwat in stik klean optheden kostet en hwat in kilo fleis jildt?
- Dêr sil 'k hwat oan dwaen. Moarn ite wy iel en ik sil ek in pear kninestrûpkes mei nimme nei 't wurk. En dou krigest meikoarten de kelder fol jirpels.
Foekje snúft lytsachtsjend. - Hwat hast fan 'e moarn yn it skieppehok brocht?
- Ik wit net hwatst bidoelst, leave.
- Dou hast it út 'e fytstas helle en dou hast it yn 't skieppehok brocht.
- Oh....
Durk laket. - Ik seach ûnderweis in grouwe foerbyt lizzen en dy ha 'k de skiep brocht.
- Dat wie 't net, it wie gjin byt. En dou hast ek Beerenburch yn 'e hûs helle.
- Leave, hwat bist wer neigeanderich, seit Durk skodholjend. - It is moarns kâld en as ik by de fûken del moat dan is in Beerenburchje in bihâld.
Klaske seit: - In knappe jas foar de bern kostet optheden sa mar acht tsientjes. En heit is ek oan in nije jas ta. Sa'n ien komt al gau op goed hûndert goune.
- Leave, ik wol gjin nije jas. De lêste hat my min foldien. Dat ding siet gjin waermte oan. Ik leau net, dat der optheden in goede jekker to keap is. It is allegear ketoen en nijlon en as ik sa'n ding oan ha moat, kin 'k krekt like goed sûnder. Né, ik ha dat oars yn 'e holle. Yn 'e oarloch hat Visser yn Lippenhuzen my in jekker makke fan kninefellen, dêr ha 'k jierren wille fan hawn.
| |
| |
Witst dat noch wol, mem? Ik ha noait sa'n waerm stik klean hawn en....
- Durk, nou ha 'k myn nocht, ropt Foekje ynienen. - Wy binne gjin Eskimo's dat wy hjir yn bistefellen om rinne. Brûk dyn forstân, ik stean der faek forsteld fan sa mâl astou der by komme kinste.
- Leave, ik ha it hok fol bêste kninefellen. Ik kin twa kwartsjes it stik barre, mar ik kin der ek in jekker fan meitsje litte. Dan ha 'k foar twa tsientsjes in stik klean, dêr't ik jierren genot fan ha. Is dat nou sok healwiis praet.
- It is healwiis praet, heit, seit Klaske.
- En dy rébok, pakt Foekje daliks troch, - dat moatst dy út 'e holle sette.
- As it foar myn húshâlding is, dan stean 'k foar neat, ropt Durk.
- Meitsje dysels neat wiis. Om ús hoechst it net to dwaen, antwurdet Foekje nochter.
- As se heit pakke, is 't net bêst. Okkerdeis hat der noch ien yn 'e krante stienj hy hat wol in healjier krigen.
- Dat is wol it measte, bern, dêr kinst hast in minske foar dea dwaen optheden. Mar it is sa, in stikje wyld streupe dat ienris fan ús allegear west hat, dat is hast sa slim wol as in moard. Hwat dat oanbilanget is de tiid net sa bot foroare.
Foekje seit: - Ik ha dat sjitark, dy stengun, wei stoppe, dan witst dat fuort mar.
Durk riist oerein en sil opspatte, mar hy bidimmet him. - Nou giest hast to fier, mem, seit er sa guodlik mooglik. - Ik kin in soad ha, mar der binne dingen dêr moatte froulju har net mei bimuoije. Dou moast fan myn streupersark ôfbliuwe.
- It kin my neat skille, seit Foekje dwers. - De patroanen fan it jachtgewear ha 'k ek achter de skoarstien weihelle.
| |
| |
- Ast se mar goed opburgen haste, op in droech plak. En as der hússiking komt, moatte se der net daliks tsjin oan rinne. Dit kinst my better dwaen litte, fanke.
- Miskien smyt ik se wol yn 't Djip.
Dan slacht Durk mei de fûst op 'e tafel. - En nou is 't út. Astou dy boel wei griemste, hâld ik dy op 'e harsens yn 't Djip.
Hy sil noch mear sizze, mar hy wit wol dat Foekje it net mient. Se jaget him op stang en dan flapt se der fan alles út. Se bisiket der achter to kommen hwat hy fan doel is. Hwa wit hat se fan 'e middei it skieppehok oer de kop klaud.
Durk bûgt de holle en lit it yn him omgean. Eartiids hat er Foekje wol ris in reis joun as hja rûzje hienen. Hearken, hwat is it soms mâl gien en it nuvere is, dat se letter sa goed mei inoar koenen. Mar hy hat har al yn jierren gjin klappen jown. It wyldste is der fan wjerskanten ôf en hy moat tajaen, dat Foekje faek mei rjocht en reden obsternaet west hat.
- Berntsje, harkje nou ris goed. Ik prakkesear der oer om in wraem op dy rébok to dwaen. Miskien sjoch ik der fan ôf; ik wol der yn elk gefal net de bak foar yn. Om mysels kin it my it measte net skille, mar ik kin nou net by jim wei. It soe net bêst wêze as ik der op dit stuit in skoftsje út moast.
- Foar dysels is 't ek net bêst. Dou hast mysels forteld hoe slim it wie doest....
- Hwat wie dat, mem?
Foekje seit hastich: - Heit hat doe even sitten foar streuperij.
- Ik wie doe sa folle jonger, moatst rekkenje. It is aens achttjin jier lyn. Ik soe der nou better oer kinne, mar it moat net wêze. Dêrom doch ik ek gjin ûnforstannige dingen, gjin kwestje fan. Dy wille sil ik har net gunne.
- En dan is der noch hwat, Durk, bigjint Foekje oer
| |
| |
hwat oars. - Ik moat mei dy oer ús Jantsje prate. Né, bliuw dou mar sitten, Klaske. Wy hawwe it der togearre oer hawn en dou witst it noch better as ik. Dou hast de jierren en de ûnderfining, it is goed datstou dines der ek fan seiste.
Durk lûkt de fuotten fan 'e stoel en giet der foar sitten.
- Hwat krije wy nou wer? freget er erchtinkend. - Ik miender dat wy it sahwat hawn hienen.
- Jantsje slacht mei jonges om, dat hast wol murken tink?
- Ik ha hjir in jonkje omspringen sjoen. Och ja, de bern binne foarlik.
- Wy binne bang, dat it net goed komt.
- Hoe dat sa, bern?
- Se is fiersten to fûl, Durk. Ik ha dat lêsten oansjoen doe't dy jonge hjir wie. Dat frijen fan tsjintwurdich, dat giet sa fier, dêr soenen wy ús foar skamme ha. En Klaske seit ek, dat wy hwat ûndernimme moatte.
Dit is in nij probleem foar Durk. - Hwat moat ik dêr yn 'e goedichheit oan dwaen? freget er. - Moat ik har soms it frijen forbiede?
- Né, mar jim moatte har foarljochtsje, falt Klaske ynienen út. - It liket nearne nei sa't heit ús it libben ynstjûrd hat. Ik ha der krekt noch in stik oer lêzen yn de Libelle en yn de Koerier hat ek hwat stien.
- Dou lêst fiersten to folle, seit Durk. - Ik sil snein tsjin Aeltsje sizze, dat se dy dy kranteboel net mear stjûre moat. Dou kinst dyn forstân wol forlêze.
- Earst Aeltsje en doe ik; ik wist nearne fan, seit Klaske forheftich en it liket der op, dat se bigjinne sil to gûlen.
- Nou ja, seit Durk delbêdzjend en hy klaut him yn 't hier.
- Klaske hat gelyk, Durk, bileart Foekje, - it is mei Aeltsje goed biteard en mei Klaske komt it grif ek wol goed, mar....
| |
| |
Nou bigjint Klaske echt to gûlen - Hjir sit ik, snokkert se, - en....
- Dou sitst net ien yn 'e wei, seit Durk. - Dat jonkje fan dy dêr binne wy allegear like wiis mei. Ik soe him net iens misse wolle op dit stuit en sa'n fanke as dy dêr komt grif ien om.
- Hjir op 'e pôlle, tink? Tocht heit dat ik hjir oait wei kom?
- Hwerom net, bern?
- As ik myn bern net hie, gong 'k der út.
- Astou der út wolste, hoechst it om dat jonkje net to litten. Dêr rêdde wy skoan mei.
Durk rydbosket op syn stoel. Hy hat in fordulde hekel oan dit soart petearen en hy gong op dit stuit wol sa leaf in ein de bosk yn. Mar Foekje is noch lang net útpraet.
- Wy moatte der mei Jantsje om tinke, dat ús dit net wer oer it mad komt, seit se saeklik en dêr kin Durk it hiel wol mei iens wêze.
- En nou hienen wy sa tocht, Klaske en ik, wy sille mei har prate en as it net oars kin, dan moat se mar hwat mei ha.
- Foarbihoedmiddels, folt Klaske oan.
It giet Durk stûf genôch, mar hy wit net krekt hwat er der tsjin yn bringe moat.
- It is in rare wrâld, seit er by einbislút. - Ik leau net dat dit stân hâlde kin.
- Mei sok praet komme wy neat fierder, stelt Foekje fêst.
- Mar as it dan dochs net to kearen is, mimert Durk fierder.
- It is net to kearen, dat hat noait oars west.
- Dêr hast gelyk oan, mem, mar moat dat nou mei kunstmiddels en sa. Men heart der in soad fan. Yn Drachten ha se der gewoan automaten foar. It minskdom is bidoarn.
| |
| |
- Praet fan neat, Durk, seit Foekje, - ik wit net oftstou der wol oer nei tocht hast hoe't Gryt dat docht. Dy slacht geregeld mei jonges om, mar der komt har neat fan oer.
- It binne allegear freonen, seit se.
- Jawis, mar it komt op it selde del. Hawar, ik sil der wol mei rêdde. It komt wer op my del.
- Ho, seit er, - sa 'k siz, de wrâld is bidoarn, mar myn bern, moatte dy....
- Hat heit leaver, dat Jantsje krekt sa thús komt as ik? freget Klaske.
- Jimme falle my hurd, klaget Durk. - Aeltsje, dy is dochs goed troud? En ha wy it net meiinoar troffen? Goed, it kaem ús oer 't mad, mar wy hawwe ús der dochs mei rêdden.
Dan flapt Klaske der ynienen út: - Mem hat fiersten to folle bern hawn.
- Oh, seit Durk yn earste ynstânsje forstuivere en dan:
- Hwat seist my nou?
- Ik bidoel, dat it net goed is, sa folle bern. Sokke greate húshâldings as uzes, dat is âlderwets, leit Klaske hoeden út.
- Leave, oft it âlderwets is wit ik net en dat kin my ek gjin sprút skille, seit Durk mei klam. - Mar dat it net goed is om in fikse húshâlding to hawwen, dat ha 'k noait earder heard. En hoe hie 't oars moatten? Hie 'k se dan mar forsûpe moatten of sa?
Durk is der aerdich ôf. Miskien hie der wol lulk wurde moatten. Men kin jin optlêst net alles sizze litte fan jins eigen bern.
- Jimme hienen safolle bern net krije moatten, seit Klaske.
- Dou doarst it wol to sizzen.
- It is dochs wier, heit.
- Lyk as hie men it foar it sizzen. Dat sil hjir de boel mar even regelje.
| |
| |
- Ik bidoel der gjin forkeards mei, seit Klaske formoedsoenjend. - Ik wie sels earst ek net wizer, mar ik ha der in soad oer nei tocht.
- Wy wienen dus net wiis, stelt Durk fêst.
Hy prakkeseart der even op om. - Ik leau dochs datstou tofolle yn 'e boeken en kranten om lêst. Tinkt dy ek net, mem?
Foekje hifket. - Ik wit net, Durk, mar ik leau wol dat Klaske in bytsje gelyk hat.
- Bistou net wiis mei de bern dy't wy ha?
- Dat hoechst net to freegjen, dat is praet fan neat. Ik bin fansels wiis mei ús bern, mar as wy in pear minder hawn hienen, dan hienen wy dy net mist.
Durk giet oerein. Hy hat gjin forwar mear en dan moat der hwat op útfoun wurde. - Ik hear it wol, ik pas net mear yn dizze maetskippij. Ik kin it net mear byhâlde. Mar leau fan my, dat it net goed komt mei it minskdom. It is bidoara en goed ek.
- Nou ja, soe dat net hwat tafalle, Durk? freget Foekje.
- Dat falt net ta.
Klaske seit: - Hear nou ris heit.
Mar Durk wol neat mear hearre. Hy set de pet op en giet der út. Hy sjocht even om 'e hoeke yn 't hok, dêr't Douwe mei syn brommer omgriemt en pandert dan it hiem oer. Hy triuwt in toppe gers by de kninen yn 't rib, streaket op de geit om en kuijert nei foaren. It is goed tsjuster en Bijke, dy't deun neist him rint, fornimt er earst net iens. Op 'e brêge draeit er in sjekje. It is stil en hoarich; hy kin de auto's op de rykswei hearre. Nei it easten is de loft ljocht. Dêr leit Drachten. It jild skynt dêr net op to kinnen; de heule nacht barne de lantearnen.
Durk fielt him net sa noflik. Hy hat it gefoel, dat de wrâld tsjin him gear spant en dat syn eigen bern ek hwat yn 't sin hawwe. It doocht net, dat Aeltsje mei de húshâlding in heule snein del komme wol. Der sit hwat
| |
| |
achter, hwant oars komme se noait langer as in sneontomiddei. Dy flapdrol fan in Gerard hat it heech yn 'e kop en Aeltsje skammet har suver in bytsje foar har famylje.
Durk kuijert de Sânleane út nei de heide. Op heal we stout ynienen Bijke de beamwâl neist it paed yn. It dierke jowt sêft ien kear lûd, in forheftich fûl piipjen. Durk skrillet op út syn prakkesaesjes en is mei trije stappen tusken de elzebeamkes.
- Hwer bist, Bijke? Hâld him yn 'e gaten jonge.
Hy sjocht gjin hân foar de eagen en harket.
- It is dochs wol in murd, net? preuvelt er.
As it ûndier de greide yn set is, dan moat Bijke him nou hast to pakken ha. Mar hy heart neat. Hy reaget de tûken oan 'e kant en docht in stap nei foaren. En dan fornimt er Bijke. It hountsje stiet deun neist him en bigjint súntsjes to janken. Durk lit him op 'e knibbels sakje en taest foar him út. Blêdden, tûken en dan in bulte rommel, gers en prikkeboel dy't se fan de beammen neist it paed snoeid ha en hjir delkwakt.
- Hjir sit er ûnder, grommelt Durk.
Hy is wend om it mei de houn to bipraten as hja togearre yn it fjild binne. It wurdt him oars to spannend. As hy in wurdmennich kwyt kin, is er himsels better baes. Hy bliuwt even op 'e knibbels sitten. Bijke stiet oan de oare kante fan de bulte, alhiel klear foar de slach.
- Dit wurdt neat, Bijke. Ik kin gjin hân foar de eagen sjen. As hy der oan myn kant útkomt, kin er my wol ûnder de jas troch slûpe.
Hy bûcht him foaroer en rûkt oan 'e bult. Jawis, in murd. Bijke forsint him trouwens noait. As it in knyn is, docht er heul oars. Durk lûkt foarsichtich hwat gers en in pear tûken fan de bult en taest it ôf. Hy fielt in gat en rûkt noch ris.
- Hjir koed er wol ris del gien wêze, Bijke, mar bliuw dou mar oan dy kant.
| |
| |
Bijke hie soks allang bigrepen. It hountsje stiet deastil.
- Dit rêdde wy net, mar wy sille it dochs bisykje, seit Durk.
Hy taest de bulte heulendal ôf en fynt noch twa pipen. De iene wâddet er ticht en de oare set er in klompe yn, mei de hân der boppe op. Mei de frije hân tept er lytse boskjes rommel fan 'e bult en út en troch hâldt er even op en heart oft Bijke ek hwat docht. It is in greate bult. As er in kertier, heal ûre dwaende west hat, is de helte der noch net ôf. Hy giet op it liif lizzen en stekt de earm sa fier mooglik yn de gloppe. It is krekt as sit der libben yn 'e bult, mar it kin forbylding wêze.
En dan klapt de murd ynienen tsjin de klompe oan, dêr't er it iene gat mei ticht set hat. Durk springt oerein en lit him mei de heule lea op 'e bulte falle. Tagelyk huft er mei de fûsten yn 'e rommel om de boel sakje to litten. Bijke bigjint to janken en giselt as in top om him hinne. Durk komt oerein en smyt syn heule gewicht der noch ris op. De deade tûkeboel ûnder him kreaket en de bulte sakket. Hy pûst even út.
- As it goed is, hawwe wy him nou yn 'e knipe, Bijke, himet er. - Mar ik wit net, ik wit net.
Hy klaut yn de rommel op it plak, dêr't er tinkt dat de murd sitte kin. It is muoisum wurk. Bijke snúft en jankt en sit him suver op 'e hannen. Der sit skerp tusken de rommel en hy skrammet him knap, mar hy is nou net mear to hâlden. It swit prikelt him ûnder de pet en hy smyt it ding ôf. Fan boppen ôf dolt er nei it plak ta en hy fielt in gat. Hy lit Bijke even rûke en it bist je is alhiel oerémus.
- En nou der om tinke, Bijke. Aens spat er der út, flústert Durk.
Mar de murd spat net mear. Durk fielt him; de murd sit fêst. Durk grypt op goed gelok en skuort him der út. De murd hinget him yn 'e mouwe en docht alle war om him
| |
| |
to biten. Durk grypt him op 'e taest yn 'e nekke en smoart it dier. Hy fornimt al noch hwat, krekt of hat it kring him dochs noch by 't fel hawn.
As er oerein komt, docht de rêch him knap sear en hy fornimt nou ek, dat it him slim ynspand hat.
- Fordomd Bijke, sa ha wy noch noait in murd pakt. Dit wie hwat.
Hy siket syn pet op en faget him it swit fan 'e holle.
- Kom op Bijke, dit moatte wy thús fortelle. Dit wie in lust.
Fleurich giet er op hûs oan en stapt troch de doar. De beide froulju, Bouwe en Tsjerk sitte om 'e tafel.
- Hearken, hwer hastou sitten? ropt Foekje forheard.
- Koest wol yn in rûchskerne lein ha.
Durk hâldt de hân op 'e rêch en laket.
- Heit stjonkt, stelt Klaske fêst.
Durk hâldt de murd ûnder de lampe. - Asjeblyft, seit er greatsk, - mei de hannen útgroeven, Bijke en ik. Bliksem, hwat ha wy klaud.
- Dat sjoch ik, seit Tsjerk kalm. - Hwat woest der mei, âlde?
- In murd, seit Durk, - hjir oan 'e reed, ûnder in bulte rûchte. Bijke spoarde him.
- Dou hast in skoft fuort west, seit Foekje.
- In dreech kerwei. Wy ha him op 'e taest fongen.
- Hwer is soks nou goed foar? wol Tsjerk witte.
Dêr hat Durk gjin antwurd op. - Goed foar, goed foar. It is in murd, bliksem.
- Jawis, mar se binne ommers neat wurdich?
Safolle ûnforstân kin er net by. - Ik sil my in bytsje hoffenje, seit er.
Bûtendoar stiet er mei dy murd yn 'e hân en freget him ôf hwat sa'n jonge bisielet. As er de murd yn 'e hok smiten hat en nei de pomp rint, komt it himsels ek yn 't sin, dat er him forgees yn it swit klaud hat.
| |
| |
- Forduld Bijke, seit er, - as in murd al neat mear wurdich is, dan moat it mei de wrâld dochs op'e non rinne. Dit kin dochs sa mar net?
Hy stint en strúnt it hiem oer nei it Djip. Hy draeit in sjekje en stapt yn 'e skou. Súntsjes kloetet er nei de hoeke, dêr't de tichtset stiet. It leit him swier op 'e lea en hy wurdt hyltiten mismoediger. Sa'n skoandere murd en nei alle gedachten is er gjin ryksdaelder wurdich.
Hy fynt in fûkestok en tilt him even op. Hy taest by de lêste kubbe lâns en fornimt it daliks. De iel rint, de earsten sitte der al yn. It jowt treast en in bytsje moediger fart er werom.
As er yn 'e hûs komt, binne de bern al oan kant. Foekje stiet yn it nachtjak brochjes to smarren foar Bouwe en Tsjerk.
- De iel rint, seit er, - dat is tominsten noch by 't âlde bleaun.
|
|